de Moanne
mei
algemien-kultureel opinybled
literer tydskrift sunt 1969
Kolofon
De útjefte fan De Moanne wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân en it Nederlands Literair Produktie- en Vertalingenfonds. redaksje • Jan Pieter Janzen (einredaksje), Ernst Bruinsma, Marita de Jong, Jitske Kingma, Doeke Sijens, Henk van der Veer en Teake Oppewal (gastredakteur foar de Pauw-special) assistinsje • Meinou Piebenga redaksje-adres • Buorren 17, 9084 BB Goutum, tel (058) 2883242, faks (058) 2889471, e-post
[email protected], ynternet http://demoanne.cjb.net basis lay-out en ûntwerp • BW H ontwerpers (Douwe Huitema) opmaak • Afûk (Daam de Vries) printwurk • Van der Eems, Easterein webmaster • Eeltsje de Vries utjouwerij • Koperative Utjowerij, Nijmerk 7, 8701 KK Boalsert, tel (0515) 575055, faks (0515) 576625, e-post
[email protected] administraasje • Afûk, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert, tel (058) 2343070, faks (058) 2159475, e-post
[email protected] Lêzersjild • 3 35 jiers, bûtenlân 3 45, studinten en cjp-hâlders 3 23,35. Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris. In proefabonnemint foar trije nûmers kostet 3 6,80 (sjoch de antwurdkaart yn it hert fan dit nûmer). In fergees proefnûmer is by de administraasje te krijen. Bydragen en reaksjes binne wolkom. Fan de ynstjoerders wurdt ferwachte dat se gjin beswier ha tsjin eventuele publikaasje op it Ynternet.
•
6
1 4,50
Yn dit nûmer 2 2
3 11 19
6 7 8 10 12 15 17 22 23 24 27 29 29 30 31 32 34 35 36 38 39
Trotwaer 42 44 46 49 50 51 58
27 59
Teake Oppewal, De Pau exit Jitske Kingma, Anne Boelens: ‘Nooit weer zo’n goedkoop hotel bij het station’ André Bralts, Meneer Boelens Klaske Jaspers, De lêste gast? Rita Mulder-Radetsky, Hotel De Pauw 1890–2003 Meindert Bylsma, Hesseline Josse de Haan, Under de fearre fan De Pauw Jaap Ferwerda, Leesclub De Pauw Pieter de Groot, Kealslach hotels krige yn heale ieu syn beslach Geart de Vries, Poëtyske oernachtings Eppie Dam, Stasjon ‘De Pauw’ Willem Abma, Keamer 18 Jacques van Gent, Sybe Sybesma en De Pauw Baukje Wytsma, Menear Boelens Margryt Poortstra, Retoer Henk van der Meulen, Houtsjes en members yn De Pauw Sjoerd Cuperus, El Pavo Real Yme Kuiper, Sybe, Sorel en De Pauw Willems Winters, De praatklub fan Sybe en ‘Lunchroom’ Klaas Bruinsma, Gastmiel Douwe Kootstra, Noait standert Klaas Jansma, De Pauw en de kosmysken Marike Pool, It grutste Grand Café fan Ljouwert
61 62 64 65 66 67 68
Wilco Berga, Fjouwer fersen Mindert Wijnstra, Podde en stikelbaarch Henk van der Veer, Poëzijlân: Albertina Soepboer Simon Oosting, Midsimmer Egbert Born, De ónverwachte bevrijding van de wéduwe Jantsje Oost, Twa fersen S.E., Hearemyntiid Karin de Mik, Debutante Minke Douwesz: ‘Ik ben een tweede generatie Friese migrantendochter’ Jabik Veenbaas, Albumblêd: In heldere tenor Tineke Steenmeijer-Wielenga, Stellingwerver boeken 2002 Jitske Kingma, Libbenselikser: Perspektyf Rudy Hodel, Bylden fan de PC Bartle Laverman, Tradisjoneel wurk yn Eksmoarre Alida van der Meulen, Brel: net by sjongen allinnich Meiwurkers Omslachyllustraasjes Jan Kalma Pauwkastlein Anne Boelens Kwatryn en hânskrift Sybe Sybesma, sjoch ek side 28 Fersilvere boerd, sjoch ek side 30 Trotwaerside, tekening R.R. van der Leest
Trotwaer
De Moanne, algemien-kultureel opinyblêd (mei Trotwaer, literêr tydskrift sûnt 1969) Jiergong II, nûmer 6, july 2003, ISSN 0571-4020, ferskynt tsien kear yn ’t jier, losse nûmers 3 4,50
Trotwaer
foto sake van ek
Oan it ynterieur is dúdlik te sjen dat it karakteristike hotel De Pauw oan ’e Stasjonswei yn Ljouwert yn syn neidagen is. Der hingje noch wol skilderijen oan ’e wand en it koper wurdt noch ien kear poetst. De stoel fan Sybe Sybesma is der ek noch. Mar de himelbêden binne al nei de beide
De Pauw exit
dochters, de skou yn it restaurant is fuort en wat der no noch is, giet foar in artystepryske fuort sa’t Anne Boelens, de
teake oppewal
baas fan De Pauw, it neamt. Op it momint fan ferskinen fan dizze Moanne Yn maaie foel it doek foar Hotel De Pauw oan de Stasjonsstrjitte yn Ljouwert. It hotel wie it lêste bastion fan in foarbije tiid dêr’t hiel wat minsken út it kulturele en benammen literêre wrâldsje koarter of langer har kommen hiene. Dat like de redaksje fan de Moanne in gaadlik ûnderwerp ta foar in temanûmer mei in aparte gastedakteur. It gie dan net om stikken fol weemoed of nostalgy, mar in besykjen fan ferskillende besikers te hearren wat foar oantinkens oft sy oan De Pauw hawwe. Wat foar gasten kamen dêr? Foar hokker rûnten wie De Pauw in thúsbasis en wat hiene dy by de ein? Wat foar besteklik en ôfwaaid praat en wat foar anekdoates wiene der oan de stamtafel op te heinen? En hokker plannen waarden der útbret? Fansels moast der ek in grut fraachpetear yn komme mei de eks-hotelier-yn-spee en mochten wat objektiver stikken oer de skiednis fan it gebou en de hotelbranche yn Ljouwert net misse. Mear as tweintich auteurs reagearren entûsjast op it fersyk om in bydrage en noch wer oaren droegen ideeën en materiaal oan. It resultaat is in bûnt grienmank dat net de pretinsje hat folslein te wêzen, mar dat dochs in lyts mozayk jout fan de wûndere wrâld fan De Pauw. As ien ding dúdlik wurdt út de bydragen dan is it wol dat dy de skepping wie fan de eigener, hotelier, kastelein en gasthear Anne Boelens en fan syn frou Manna. Dit nûmer fan de Moanne is sa ek wurden ta in hommaazje oan har beiden.
is dat allegear ferline. Want op sneon 24 maaie om krekt 12.00 binne de doarren ticht gien en op 31 maaie hat de offisjele oerdracht plakfûn. It boppepart wurdt ferboud ta studintekeamers en ûnder komt in Grand Café. De groepkes dy’t trou yn De Pauw fergaderje, sille in oar ûnderkommen fine moatte, krekt as de trouwe gasten dy’t soms al generaasjes lang nei De Pauw ta geane. Mar, fan ien ding is Boelens wis, sa’n goedkeap hotel sa ticht by it stasjon sil der net gau wer komme. In petear oan de stamtafel mei Anne Boelens.
de Moanne
Rike histoarje mei yllustere gasten De Pauw ôfsletten
Anne Boelens: ‘Nooit weer zo’n goedkoop hotel bij het station’ jitske kingma
foto sake van ek
Boelens sil syn gasten wol misse. Se meitsje suver diel út fan syn libben. Oan ’e stamtafel dêr’t wy no sitte ha al hiel wat petearen plakfûn. Der binne dizze lêste dagen meast sa’n fiif, seis gasten de nacht, dêr’t sa’n twa, trije fêste gasten fan binne. De kantoarminsken, sa’t Boelens se neamt, minsken dy’t in pear dagen yn de wike yn Ljouwert wurkje en de nacht dertusken yn De Pauw sliepe, foarmje in fêst ûnderdiel fan it gastebestân. Boelens ken syn fêste gasten goed en wit presys wat se wolle. “Neem nou mijnheer Steward. Hij werkt hier op een kantoor en komt ’s avonds om een uur of zeven binnen, schuift om tien uur aan de stamtafel, drinkt twee biertjes, nooit meer en gaat dan tegen twaalven naar bed. En om half acht komt hij voor het ontbijt.” Guon gasten ha al in lang ferline mei De Pauw, lykas de hear Van Oort. Syn heit kaam al fan 1947 ôf yn De Pauw en earst kamen se tegearre. Neidat de heit stoarn wie kaam Van Oort allinne, earst alle wiken, letter ien kear yn ’e trije wike. Ek Van Oort hie fêste patroanen. Boelens hat yn de lange jierren dat er it hotel dreau leard, dat dy fêste gewoanten moarns betiid al begjinne, by it iten. “Mensen die in de bouw werken ontbijten voor zeven uur, winkel- en kantoorpersoneel voor acht uur en toeristen en mensen die voor privébezoek hier zijn tussen acht en negen.” Mar ien ding ha se allegear mienskiplik: ier of let skowe se oan oan ’e stamtafel. Der binne al hiel wat famyljeferhalen oer de tafel gien. Minsken krije echt in bân mei Boelens, sa’t se dat earder mei syn heit ek hiene. Boelens: “In 1972 is mijn vader overleden, aan het eind van het jaar. In het begin van het jaar erna kwam er een van de vaste gasten en die vroeg ‘Waar is die ouwe dikke bleven’. Ik zei ‘Die is overleden’. Toen zat hij op de stoel te trillen en te beven, zo schrok hij daarvan.” Dat minsken sa’n bân mei de famylje Boelens krigen, is net allinne te ferklearjen út it feit dat se der sa lang kamen, mar ek dat se de famylje sa faak seagen en fansels om’t se dêr in bêst plak hiene. Guon gasten wiene der wol hûndert nachten yn it jier. Sa wie der in groepke fan fjouwer blommegrossiers dat der alle wiken yn ’e nacht fan tongersdei op freed en fan moandei op tiisdei wie en altyd by Boelens oan tafel skode.
In oare trouwe groep besikers komt fan de waadeilannen. It binne eilanners of toeristen, dy’t fan it eilân ôf de earste nacht yn De Pauw trochbringe en dan de earste trein nei it westen pakke, in nacht yn De Pauw sliepe en dan de earste boat pakke. Boelens: “Dat is iets wat de laatste jaren heel erg veranderd is. Vroeger had je zeven weken hoogseizoen, maar nu heb je het hele jaar door toeristen op de eilanden.” In oare groep gasten binne de ferdwaalden: “Een paar keer per jaar heb je Scandinaviërs die ’s zomers bij Drachten of Heerenveen een verkeerde afslag nemen en dan om half twee ’s nachts verzopen en wel bij ons aankomen.” Sa binne der ek in pear yn it jier dy’t yn Swol de trein nei Grins nimme woene, mar yn dy fan Ljouwert telâne komme en net mear fierder kinne. De Pauw leit net allinne ideaal, flak by it stasjon, de priis is ek net gek: tritich euro foar ien persoan, fyftich foar twa, ynklusyf moarnsiten. Boelens: “Een eenvoudig prijsje, maar het zijn ook eenvoudige kamers, zonder douche, wc, telefoon of tv op de kamer.” Krekt fanwegen dy freonlikens foar minsken mei “een platte beurs” sa’t Boelens it útdrukt, is it sa spitich dat der ticht by it stasjon gjin goedkeap alternatyf is, fynt Boelens. It Anker is der fansels noch wol, mar dat is fierder fan it stasjon. Boelens: “Als er een vier- of vijfsterrenhotel verdwijnt, dan komt daar wel wat voor in de plaats, maar een hotel in onze prijsklasse niet zo snel, al zal er nog zo veel vraag naar zijn. Dat het bij ons zo voordelig is, is historisch zo gegroeid. Het pand is al afgeschreven en de investeringen zijn gespreid gedaan.”
4
fertsjintwurdigers In groep dy’t altyd trou nei De Pauw kaam, wie dy fan de fertsjintwurdigers. Jonge knapen, fol libben, op in fatsoenlike manier brutaal, sa’t Boelens it útdrukt, altyd yn foar in goeie grap. Boelens: “Zo waren er twee vertegenwoordigers die dezelfde Volkswagen hadden. Bij de een stond er een tube tandpasta op, bij de andere een grote sigaar. Dat spul bleek van hetzelfde materiaal te zijn, dus ’s nachts wisselden ze dat om en had die van de tandpasta een sigaar op de wagen.” Dat er meast goede ûnderfinings mei syn gasten hat
foto sake van ek
gehad het terug te betalen. Soms duurde het wat langer dan normaal, maar ze betaalden toch meestal wel.” Oer ien groep gasten wol Boelens it net ha: de lju dy’t net doogden. Boelens: “Mijn vader zei altijd, van de 100 gasten zijn er 97 eerlijke, hardwerkende mensen, met 2 is wat aan de hand en 1 deugt echt niet. Als je nou tienduizend gasten hebt, dan zijn
Als er een vier- of vijfsterrenhotel verdwijnt, dan komt daar wel wat voor in de plaats, maar een hotel in onze prijsklasse niet zo snel, al zal er nog zo veel vraag naar zijn. yllustrearret er mei it folgjende ferhaal. “Een van de gasten liep op een avond zo de Willemskade in. Toen hij in onderbroek en regenjas hier aan de stamtafel zat zei hij: ‘Zo kan ik morgen niet naar mijn klanten toe.’ ‘Nou,’ zei mijn vader, ‘dan moet je hiernaast maar even een pak kopen, bij Van der Boom.’ Mijn vader Van der Boom uit bed bellen en toen ging hij de volgende morgen een pak kopen. Hij had alleen niet voldoende geld. Mijn vader schoot het hem voor. Alleen, toen zagen we hem niet meer terug! Pas na twee jaar kwam hij weer langs en gaf mijn vader het geld voor het pak terug. Pa vroeg waarom het nou zo lang had geduurd. Nou, het verkoopvak was eigenlijk toch niets voor hem, dus daar was hij uitgestapt en hij had niet eerder gelegenheid
er honderd die niet deugen. Als je al die verhalen daarover zou opschrijven, dan lijkt het alsof het hier een hele rare boel is geweest. Maar dat is niet zo. Je had alleen af en toe een storing tussendoor van iemand die geen geld had, overspannen was, familietragedies had of waar ik de hele nacht voor opbleef omdat ik bang was dat hij de boel in brand zou steken. Maar dat waren dus uitzonderingen.” Wat Boelens perfoarst noch kwyt wol, as symboal fan de tawijing oan ’e gasten, is it feit dat syn mem yn ’e winter tegearre mei in keamerfamke al de doarren lâns gong om by de gasten in waarme krúk op bêd te lizzen. Der wie gjin ferwaarming op de keamers en sa hâlden de gasten it dochs waarm. In oar ritueel wie
de Moanne
de ronde mei it skearwetter, moarns betiid. De minsken waarden wekker makke en krigen dan in skoftke letter waarm skearwetter. Boelens: “Maar er was wel eens iemand die zijn eigen scheerwater koud had laten worden en dan op de volgende ronde wachtte. Dan nam die het water van een van de anderen en kregen wij klachten dat het scheerwater niet warm was, haha.”
yllustere figueren Frege nei bysûndere literêre figueren dy’t De Pauw oandienen, komt fansels as earste Sybe Sybesma nei foaren, eare mei in nammeplaatsje op de stoel dêr’t er altyd op siet. Sybesma siet hiele
5
Josse de Haan en Klaas Bruinsma. Mar ek Jan Wolkers hat wol gast west en Drs P. Dy hat sels noch mei Sybesma krystgedichten makke. Ek Simon Vinkenoog kaam wolris del en in man as Jules Deelder, de nachtboargemaster fan Rotterdam. Mar, mei troch Sybesma, wiene it benammen dichters. Fêste gasten wiene altyd de groepkes dy’t har gearkomsten yn De Pauw hiene. Om der in pear te neamen: de redaksje fan de Strikel, it Skriuwersboun, de Moanne en noch in hiel protte oaren. Boelens: “Soms schoof er iemand ergens bij aan en dan bleek dat ze eigenlijk bij een ander groepje hadden moeten zitten, die bijvoorbeeld in het restaurant zat. Er kwam hier van alles. Mijn
Mijn vader zei altijd, van de 100 gasten zijn er 97 eerlijke, hardwerkende mensen, met 2 is wat aan de hand en 1 deugt echt niet. dagen yn De Pauw te filosofearjen, gedichten te skriuwen en ferhalen te fertellen. Boelens: “Een aparte man. Hij zat een keer hier aan de tafel te slapen, het was half drie. Een paar van de andere gasten plakten vloeitjes op zijn bril en toen hij zijn ogen opendeed zag hij alles vaag. ‘Ik bin blyn, ik bin blyn’, zei hij. Wat nou precies zo apart aan hem was, ik weet het eigenlijk niet. Het was de hele sfeer die om hem heen hing. Hij preekte nu en dan wel eens en dan zat hij aan de tafel een preek te schrijven. Midden in de nacht belde hij dan een dominee uit bed om advies. De gasten zaten met de oren te klapperen.” Al te folle besef fan de tiid hie er net altyd. Boelens: “Vroeg hij op een nacht: ‘Hoe laat is het Boelens?’ ‘Twee uur’, zei ik. ‘O, dan blijf ik nog even.’ ‘Dat zal ook wel moeten,’ zei ik dan, het is midden in de nacht. Dacht-ie dat het middag was. Hij zat hier hele dagen, van ’s morgens elf tot ’s avonds tien. En zijn vrienden kwamen hier ook heen. ’s Avonds ging hij dan weer naar huis, naar Heerenveen.” Sybesma is yn de boekhâlding ferivige as debiteur. Boelens: “Hij had altijd geld tekort. Dan vroeg hij aan mij: ‘Boelens,
vader zei altijd: ‘Dat vult mooi op’, al had hij er in zijn hoogtijdagen helemaal geen ruimte voor.”
histoarje Baas Boelens hierde De Pauw yn 1943. Doe hie it al goed fyftich jier jier hotel west. It hotel is yn 1887 boud en neffens Boelens stie der earst in houten herberch. It moat in Belch west ha dy’t dy eksploitearre en dy man hjitte fan De Pauw. Sa skynt de namme ûntstien te wêzen. Boelens: “Maar dat is niet zeker, er staat nergens iets van op papier.” Yn 1949 hat heit Boelens it kocht en Anne wie twa doe’t se der kamen te wenjen. Hy is der eins as fansels yngroeid. Weromsjend op dy earste jierren fertelt er: “Vroeger had je van die topdagen: hokkelingendag, dankdag voor het gewas, de vrijdag voor sinterklaas en kerst. Mijn ouders hadden het dan zo verschrikkelijk druk. Ik zie mijn vader nog voor me, sokken uit, schoenen uit, voeten in een teiltje met water en een sigaar in de mond, terwijl hij anders nooit rookte. Ook mijn moeder rookte
“Een paar keer per jaar heb je Scandinaviërs die ’s zomers bij Drachten of Heerenveen een verkeerde afslag nemen en dan om half twee ’s nachts verzopen en wel bij ons aankomen.” hoeveel staat er nog open?’ Meestal was dat nogal wat en dan zei hij: ‘Da’s wel veel hè?’ ‘Ja, mijnheer Sybesma, da’s veel.’ ‘Maar Boelens, maandag krij ik myn útkearinkje, als ik dan een tientsje betaal, mag ik dan nou nog wel wat bestellen?’ ‘Ja hoor’, zei ik dan. Dan gaf hij een rondje van achttien gulden en dat tientje zag ik maandags helemaal niet. Nou ja, dat hoorde erbij.” Boelens fertelt dat Sybesma winters altyd yn simmerpak rûn en simmers yn winterpak. Boelens: “Dan zou hij de deur uit en dan zei ik ‘Sybesma, de jas moet vast, het sneeuwt.’ Maar dat kon niet, zei hij, want alle knopen waren er af. Mensen vonden hem wel eens een beetje vreemd. Maar als ze dan hoorden dat hij klassieke talen had gestudeerd en gedichten schreef, dan waren de vrouwen niet bij hem weg te slaan.” Oare gasten dy’t hjir geregeld kamen wiene de bruorren Abma, mei wa’t Boelens altyd goed opsjitte koe, en mannen as
op zulke dagen een enkele sigaret. Als jongen van dertien, veertien kreeg ik medelijden met hen omdat ze het zo druk hadden. Dan ga je automatisch helpen, opruimen, het buffet vullen. Het werd niet aan je gevraagd, je deed het gewoon. En zo rolde je erin.” De drokste perioade wie fan 1950-1965. Baas Boelens ekspoitearre doe ek noch it busstasjon en dan gongen der op in dei samar twatûzen koppen kofje troch. Boelens: “De koppen gingen op een dag zeventien, achttien keer door het afwaswater. Ik zag mijn moeder de hele dag staan afwassen. Och, wat hebben dìe mensen hard gewerkt.” De gasten koene ek limonade, in fleske bier, in kop sop of in útsmiter krije. Yn 1970 is Baas Boelens mei it busstasjon ophâlden. Anne slagge yn dy tiid foar de MULO, mei goeie sifers foar boekhâlden, “met dank aan leraar Mollema, Moltsje zeiden wij altijd.” Hy soe earst yn de boekhâldkant fierder, mar doe waard
syn heit siik. Dy wie oerspand. En oft Anne no al of net wat oars wold hie, dêr tocht er net oer nei, dat wie doe sa net. Hy moast helpe en sa kaam er yn de saak. En no giet er der wer út.
Meneer Boelens
ferkocht
andré bralts
De ûnttakeling docht Boelens sear, mar hy wit dat it net oars kin. Doe’t der in pear jier ferlyn foar it earst in keaper kaam, woene syn frou en hy it ynearsten net ferkeapje. Mar dochs binne se der stadichoan hinne groeid. Se moasten op ’t lêst wat foarútsjen, binne net de jongsten mear en as der dan in keaper is en gjin opfolger, dan leit it yn ’e reden der dochs oer nei te tinken, fertelt Boelens. Dy keap gong net troch, mar it drompeltsje wie nommen. Doe’t der dan ek in nije keaper kaam, ha se it hotel dochs mar ferkocht. Mar “ik doe dit werk nu vierenveertig jaar en ik zal het wel missen. Ik heb het altijd met heel veel plezier gedaan.” Lykwols, hy hat ek in protte argewaasje hân. Benammen de gemeente Ljouwert hat him hiel wat kopsoargen koste. Dat begûn ein jierren santich, doe’t herberch De Stee njonken De Pauw festige waard. Troch de lûdoerlêst koe in tredde part fan de keamers net mear brûkt wurde en mei dêrtroch is it tal oernachtingen flink weromrûn. Boelens hat wol de striid mei De Stee oanbûn, mar krige gjin stipe fan de gemeente, in grutte frustraasje. Mei om dy reden hat er it hotel nea moderniseard troch bygelyks dûs, wc en televyzje op ’e keamers te pleatsen, dat hie dochs gjin sin as er it mar foar in part brûke koe, wie er fan betinken. In oar sear punt is it fytspaad lyk foar de doar, wêrtroch’t de gasten net foar de doar útlade kinne. Boelens is tige frustreard oer it belied fan de gemeente. It tal oernachtings rûn yn de ôfrûne fjirtich jier werom fan tsientûzen jiers nei úteinlik fiiftûzen de lêste jierren, sa’n hûndert yn ’e wike. En op 24 maaie is der in tiidperk ôfsletten. Wat sil Boelens dan, útsein fansels genietsje fan de bernsbern, sa’t syn frou as earste neamt? Hy is dan fan doel syn âlde hobbys wer op te pakken, lykas postdowen, tropyske fûgels (“de naweeën van die hobby zie je hier nog steeds om je heen,” seit Boelens, wizend op de fûgeltsjes yn koaien op ferskillende plakken) en de postsegelsamling. “Ik voetbalde vroeger ook en deed aan judo. Maar dat zal er nou wel niet meer in zitten,” seit er wylst er him op ’e búk kloppet.
As ik myn hyperaktyf hoarekalibben ris oereidzje, sjoch ik legioenen kastleins oan my foarbygean: fleurige en deune, golle en sikkeneurige, kreas yn it pak en mei fersliten spikerjaskes. Soe ik der op ferge wurden om út dy hurdwurkjende en skreppende pylders fan de maatskippij in top trije gear te stallen, dan soe meneer Boelens fan De Pauw der altiten yn stean. Meneer Boelens: allinnich it deltikken fan dy wurden jout my al een lyrysk gefoel. Ik sjoch him dêr hierskerp sitten, yn it healtsjuster fan de jachtweide, mei syn mankelike snor, syn flinterstrikje en syn monumintaal stal. It wie fan myn kant leafde op it earste gesicht.
gol en romhertich Syn fleurich synisme bygelyks koe ik net gau genôch fan krije. “Zwarte Haan in de herfst, en dan bij storm en regen en noodweer. Dat is zo prachtig, die ongelooflijke triestheid en die godverlatenheid van alles en iedereen. Dan wil je alleen nog maar het water inlopen.” In joyeuze man ek, mei in soarte fan hoflikheid en healgrasjeuze manieren dy’t eins net mear fan dizze tiid binne en my miskien krekt dêrom wol sa woldiedich oandiene. En dat yn in romte dy’t mei troch it royale pluche en de sabeare fotorealistyske skilderijkes dochs al de sfear fan beppe har tiid oprôpen. Meneer Boelens: hoewol’t myn drompel om ien te dookjen fier ûnder it Fryske gemiddelde leit, is it noait by my opkommen om him oars as sa te neamen. It ordinêre ‘Boelens’ wie my fierste provinsjaal en ‘Anne’, no ja, allinnich it idee al. Dochs hie dat mei ôfstân neat te krijen: jo koene alles tsjin him sizze, hy ferblikte noait en yn tiden dat ik wat yn de lytse loege siet, ha ik him kennen leard as in gol en romhertich mins. Net dat jo by him alles mar meitsje koene. Ik ha him yn goed fyftjin jier ien kear lulk sjoen, mar dan ek sa ferskuorrend dat ik bang wie dat er deryn bliuwe soe. Ien fan syn hotelgasten tocht achter syn rêch in faam fan plezier oer de treppen mei te smokkeljen: “Het is hier godverdomme geen hoerenkast!” Mei kop en kont, jawis! Ik frege him op in stuit oft hy net in bytsje ôffallen wie, mar hy seach my allinnich mar op syn bewende mankelike manier oan, skodholle en sei: “Wat bent u toch een vreselijk aardige man.” Koartsein, it is mei “triennen yn d’ eagen en weemoed yn ’t hert” dat ik hjir ôfskie nim fan dit bjusterbaarlike etablissement en syn ûnferjitlike kastlein: meneer Boelens.
6
de Moanne
De lêste gast?
7
Wie ik mar de lêste gast yn Hotel de Pauw oan de Stasjonswei yn Ljouwert. Ik hie myn bliuwen noch graach trije dagen rekke wollen om de status fan ‘ultime gast’ te berikken, mar it is my net slagge, de plicht rôp. It wie dreech om ôfskie te nimmen fan it hotel dat ik kennen leard ha sûnt ik trije jier lyn op Skylge kommen bin te wenjen. Yndie in hotel dêr’t je goedkeap útfanhúzje koene, en dêrtroch troffen je der in bûnt selskip oan, fariearjend fan in âldere bibliotekaresse, eilanners, in hannelsreizger oant in karavanferkeaper. De lêste gast wie in fuotballer, wit ik no. As ik skille om te reservearjen, wie it altyd sûnder mis: “Fansels, frou. Hoe let tinke jo te kommen?” De moai rûne hotelhâlder like fuortrûn út in ‘Kronkel’ fan Carmiggelt. Iroanysk en somtiden sinysk wie er, mei in goeie grap op syn tiid, dêr’t syn hiele búk oan meidie. Sa út en troch, als er it net mear sitten seach, naam syn mankelikens Russyske foarmen oan. Hy wie altyd gastfrij en geregeld krige ik in Ternaarder Beerenburg fan de saak oanbean, neffens in treflik resept fan syn pake Boelens. Dy ‘echte Boelens’ liet de bekende bearenburchmerken ferblikke. De hear Boelens hie in einleas plichtsgefoel en hâlde altyd in each op ’e saak. Of koe er der net sûnder? Hij seach my dan ek ferbjustere oan, doe’t er hearde dat ik in lange fakânsje hâlde soe yn it bûtelân. En oft der dan wol minsken yn ús Folkshegeskoalle wienen dy’t in hoareka-fakdiploma hienen? It wie hearlik om oan de stamtafel, nei in wiidweidige gearkomste earne oars, it ûntnochterjende kommentaar by it SBS-6 nijs of by Nova te hearren út de mûle fan Boelens. Hy begûn dan mei: “Ach, frou, witte jo wat it is…” En dan wisten jo hoe let oft it wie. Hy koe as gjin oar somberje oer it wrâldnijs mar it hie in heilsume útwurking op syn gasten. It koe ommers altyd noch folle minder? Eins hie de gemeente Ljouwert sa wiis wêze moatten om fan dy prachtige herberch út de foarige ieu in libben museum te meitsjen. Mar ach, dy gedachte smiet ik wer fan my, want sagau’t amtners har mei soks ynlitte is it daliks dea guod baas. Nee, dan bewarje ik leaver myn kostbere oantinkens oan De Pauw. Ien fan de moaiste foarwerpen yn de taapkeamer wie de hingjende krantestander dy’t bestie út seis etaazjes, dêr’t de dagen moandei, tiisdei, woansdei, ensafuorthinne yn izer op stienen. In prachtich ding, mar de moandeiskrante lei noait op de moandeisetaazje. As je de trep omheech gienen nei de hotelkeamers fûnen je dêr ienfâldige en kreaze keamers, mei as dekoraasje in lytse Rabobank-kalinder fan it foarige jier, it Nije Testamint en yn in inkelde keamer in borduerde Spaanske flamenkodûnseres. In binnenhûsarsjitekt hie der foar soarge dat de handoeken en de tekkens yn deselde kleur read wienen. It wie sûkerskjin op de bopperferdjipping, mar wêrom hong der dan altyd sa’n
klaske jaspers
ûndefiniearbere rook? Ik ha it noait frege. Yn alle gefallen feroare myn stimming, ienkear oankommen op de hotelkeamer, faak yn in gefoel fan legens, fan neat mear oan te dwaan. Dy weromkommende oefening yn it my losmeitsjen brocht berêsting. Ik tink ek werom oan de ober dy’t it fak noch leard hat en dy’t persoanlik op jins doar kloppe om jin wekker te meitsjen. De lêste kear dat ik tillefoanysk kontakt socht mei De Pauw, stie der op it antwurdapparaat: “We cannot take your call at the moment, please leave your message after the tone.” Wêrom gjin Liwadders, Frysk of Hollânsk? Jim namen dochs altyd op? Yn de Ljouwerter Krante fan 22 maaie stie in fraachpetear mei de hear Boelens en syn elegante frou Manna, in prachtige stim hat se. De Ljouwerter Krante tekenet oan: “Dit wordt straks een grand café. Maar zo leeg als het hier nu is, is het bij mij binnen nu ook.” Ik ha yn in soad hotels sliept, mar dit sil ik misse. De dichter J.C. Bloem sei it al: ‘Voorbij, voorbij, o en voorgoed voorbij.’ [5 juny 2003]
Hotel De Pauw 1890-2003 Exterieur meer veranderd dan interieur rita mulder-radetzky
Het blok huizen dat grenst aan de Stationsweg en de Baljeestraat is na 1888 verrezen. In dat jaar werden de bouwpercelen op de hoek van de Baljeestraat, nr 8 en nr. 10, waar tegenwoordig herberg De Stee en hotel De Pauw staan, te koop aangeboden. Het eerste perceel werd eigendom van Cornelis van Wely, logementhouder te Leeuwarden. Voor het tweede perceel betaalde Roelof Vermeulen, koopman en fabrikant te Leeuwarden, ƒ 1716,40. Hij bezat ook het naburige perceel nr. 12, waar hij zijn kantoor inrichtte. Deze koopman zag het verwerven van de bouwpercelen waarschijnlijk als een gunstige investering. Dit blijkt uit de wijze van verkoop, die in twee fasen gebeurde. In 1889 verkocht Vermeulen de helft van zijn bezit voor ƒ 1250,– aan Sytze Bouma, vleeshouwer in de stad. In de koopakte worden “aanwezige gedeelten fundamenten aan den Stationsweg” genoemd. Dit betekent dat Hotel de Pauw toen al in aanbouw was. In 1891 was de bouw reeds voltooid, want in de akte van verkoop in genoemd jaar staat vermeld: “een gebouw ingericht tot café, hotel met vergunning, genaamd de Pauw, met veranda, benevens wagenhuis en stalling etc.” Deze keer streek Vermeulen ƒ 8000,– op van de nieuwe eigenaar Heertse de Vries, hotel- en koffiehuishouder. Dit is de eerste keer dat de naam De Pauw wordt vermeld. Het is niet bekend waarom men deze naam aan het hotel heeft gegeven. De Vries runde het hotel-café tot 1903. Toen verkocht hij zijn bedrijf aan Rinze Sjoerd Kuiper, koopman van beroep. Rinze overleed in 1905 en zijn weduwe nam de exploitatie van het hotel op zich. De boedelinventaris die in 1905 werd opgesteld, is van groot belang omdat deze een beschrijving geeft van een reeks vertrekken in het gebouw. Zo bevonden zich in de zaal een biljart, een leestafel, zes tafeltjes, drie spiegels en 42 stoelen, drie gaskronen, een barometerkastje en een klok. Ter opluistering van het geheel was er een papegaai (geen pauw), die als de duurste post in de boedellijst is opgevoerd! Voorts staan in de boedelbeschrijving typische cafébenodigdheden genoemd zoals een bierpomp, karaffen en wijn-, bieren bitterglaasjes. De drankvoorraad werd in de kelder bewaard: likeuren, cognac, madeira, bitter, jenever, brandewijn enz., ter waarde van het respectabele bedrag van ƒ 214,– Het hotel werd in 1908 opnieuw te koop aangeboden en het wisselde daarna tot 1949 nog vijf maal van eigenaar. In dat jaar kwam het hotel in bezit van de familie Boelens. Volgens een koopakte uit 1924 nam de nieuwe eigenaar “het buffet in het cafélokaal, twee waschfonteintjes en het recht op telefoon en de huistelefoon” over. Vooral dat laatste is een aardige mededeling, waaruit blijkt dat De Pauw toen al een goed geoutilleerd hotel was. Voor het eerst werd de telefoon in een koopakte genoemd; het telefoonnummer van De Pauw staat echter al op een telefoonlijst uit 1915 vermeld.
8
de pauw ca. 1930. prentbriefkaart archief histoarysk sintrum ljouwert. op de achterkant staat t. westerbaan als eigenaar vermeld.
architectuur Het gebouw was in 1889 in aanbouw en het werd in 1890 voltooid. De architect is helaas niet meer te achterhalen. Er is wel een oude foto bewaard gebleven van het exterieur. Deze opname toont een bakstenen gevel met een zorgvuldige detaillering in neo-renaissance stijl, die omstreeks 1890 in de architectuur in
de Moanne
eetzaal hotel de pauw, ca. 1910. prentbriefkaart archief hendrik ten hoeve.
9 zwang was. Zo zien we veel zwaar geprofileerde lijsten en opvallende negblokken (speciale sluitstenen) boven de ramen. Het gebouw heeft twee bouwlagen onder het dak waarbij aan de linkerkant de gevel is uitgebouwd en iets hoger opgetrokken dan de rest. Op deze manier zijn hier drie bouwlagen geschapen. Het travee (raamvak) kreeg een extra accent door het plaatsen van een geveltop als bekroning en een aardige detaillering van lijsten en voluten (krulwerk). Een ander accent vormt het timpaan boven het tweede dubbele venster op de eerste verdieping. De voorgevel is vier raamvakken breed, waarvan het meest linkse door zijn breedte beklemtoond wordt. De rest van de gevel met drie vensters springt iets achteruit zodat er een balkon ontstaat met een hek. Boven de ramen is een decoratieve band van geglazuurde tegels onder de daklijst aangebracht. Vanuit het dak is een dakkapel met bekroning en wangen uitgebouwd. Het balkon rustte op een veranda, voor de grote glazen deuren op de begane grond. De ingang was in het midden gesitueerd. De veranda bood ruimte voor de tafels en de rieten stoelen. Links van de veranda, achter de brede deur, bevond zich het restaurant. Uit 1927 dateert een tekening van de bekende Leeuwarder architect A. Witteveen die deze gevel weergeeft. Een aantekening op het Historisch Centrum Leeuwarden meldt dat deze tekening aankoop in 1891 1903 1908 1915 1921 1924 1926 1949 1972
eigenaar Heertse de Vries Renze Sjoerd Kuiper Jelle Jacobs de Haan Titus Bekema Johannes Godhelp David Rosenbaum Tiemen Westerbaan Minne Boelens Anne Boelens
beroep hotel- en koffiehuishouder koopman veehouder / logementhouder koopman / hotelhouder zonder beroep onderwijzer veehouder / kastelein hotelier hotelier
bij een verbouwing hoort. In 1966 werd de houten veranda afgebroken en kwam er een nieuwe glazen pui waarbij de ingang verplaatst werd. De doorlopende glazen wand zonder enige detaillering weerspiegelt de mode van die jaren. De gevel is tegenwoordig door een witte pleisterlaag aan het oog onttrokken. Alleen de decoratieve band met tegels onder de daklijst is nog waar te nemen. Opvallend prijkt de grote pauw als een uithangbord voor de gevel.
interieur In tegenstelling tot het gemoderniseerde exterieur is het interieur van De Pauw weinig veranderd. De sfeer is typisch die van het bruine café, waarin de tijd stil is blijven staan. De bruine lambrizering dateert uit de begintijd en veel van de meubels zijn eveneens van het einde van de 19de eeuw en begin 20ste eeuw. Ook de spiegel in de ruimte links van de ingang stamt uit die tijd. Er waren toen nog twee in het huidige café. Misschien het meest opvallende meubel in de gelagkamer het donkerbruine eikenhouten hemelbed is dat de looproute naar de tap lijkt te versperren. Zijn dominante plaats is echter verklaarbaar. Klanten schijnen niet graag in het midden van de zaal te zitten. Daarom heeft de eigenaar deze locatie bedacht. Ter opluistering van de ruimte zijn enkele aardige schilderijen opgehangen. Het vermelden waard zijn een oude regulateur (wandklok), een biljartklopper en de koffieketel die aan pake (Anne) Boelens herinnert. De stamtafel met kleed past in deze sfeer. Behalve het cafégedeelte bezit De Pauw een restaurant dat in de jaren ’60 bij het bedrijf is betrokken. Deze ruimte grenst aan de Baljeestraat en is op de plaats van het vroegere kaaspakhuis van de fa. Feitsma gesitueerd. [In wiidweidiger ferzy fan dit artikel waard publisearre yn de gids foar Iepen Monumintedei 2001, in útjefte fan ‘Aed Levwerd’ en it Histoarysk Sintrum Ljouwert.]
Hesseline
meindert bylsma
Soe ik tsjin in ‘Literêre Fries’ sizze: “Frou De Bos wie der ek”, de kâns is grut dat ik as andert krij: “Wa seisto dat der wie?” Soe ik lykwols tsjin dyselde sizze: “Hesseline wie der ek”, moai wis krij ik dan as andert: “Soa wie dy der ek wer, no dat fernuveret my neat.” 10
Mei oare wurden: der kin yn Fryslân gjin literêre kat strûpt wurde, of se is derby, Hesseline. Wol wat apart: se wennet yn Gouda, is fan hûs út gjin Friezinne, praat wol Frysk, in kromke Heechhaarlemmerdyks Frysk faaks, mar wol moai. Dêr moatte wy it mar eefkes oer ha. Hesseline dus! As ik yn De Pauw nei binnen stap, sit Hesseline mei in fergrutglês de krante te lêzen. “De eagen no, se wurde der net better op.” Wy ferhúzje nei it hoekje by de trep dêr’t al gâns wat Fryske saken bepraat en bedien binne. Op in spegel hinget in papierke ‘Niet te koop’ as bewiis fan wat der barre sil: Hotel De Pauw sil meikoarten gjin hotel mear wêze. “Ofgryslik spitich,” fynt Hesseline, “foar de minsken sels, in tradysje fuort, mar ek foar my. It wie myn útfanhûzersplakje, moai ticht by it stasjon, net te djoer, freonlike lju en geselligens.” Se sjocht mei in bewyske fan spyt om har hinne. “Ik ha hjir sa
siet – wie Sipke de Vries, dy’t fan Aldeboarn kaam. No, en doe ha wy it der sa no en dan eefkes oer hân.” Do hiest belangstelling foar it Frysk, mar do pratest it net. “Nee, dat kaam letter, ik mei wol sizze dat dêr ek wer gâns tafallichheden mei mank wiene. Yn myn studintetiid – ik studearre Nederlânsk, ik bin literêr histoarika – folge ik op in stuit in stikmannich kolleezjes Frysk. Jelle Brouwer ha ’k noch eefkes hân bygelyks. Op dat kolleezje sieten tafallich ek Rindert Straatsma en Minne Dykstra. Dy ronselen leden foar Cygnus Resurgens, de Fryske studinteferiening. Ik woe gjin lid wurde: ik prate gjin Frysk. En dat wie ik doe ek noch net fan doel. Foar de aardichheid ha ’k in kear nei Cygnus west en ferkocht wie ik: sa gesellich. Ik woe net wer fuort.” “It waard 1965, betinkingsjier fan Gysbert Japiks. Cygnus soe in fertsjintwurdiger ha yn it betinkingskomitee. Wer sa’n
Ik haw him skille en my útnoegje litten foar de útrikking. Dat wie op 9 novimber, myn jierdei, en ek noch de dei dat de Berlynske muorre foel. faak west, hast in stikje fan mysels, mar hawar, ik sil om wat oars sjen moatte.” Wêrom bist diskant noait útkaam te wenjen? ”Och, ik ha it wolris yn my omgean litten, mar Gouda leit sa moai sintraal foar myn twadde hobby: klassike muzyk. Tink mar oan Vredenburg yn Utrecht en fansels it Concertgebouw yn Amsterdam.” Myn konklúzje: op it foarste plak dus ‘hobbyfriezinne’. Dyn bining mei Fryslân en it Frysk! “Dêr seist wat, ien stik tafalligens eins dy bining. Ik wie in jier of sân. Us heit naam in boekje foar my mei, skreaun troch Jouk Terpstra: De kinderen van de Achterweg. Dat spile yn ’e omkriten fan Drachten. It fûn it prachtich en benammen wurden as heit en mem, pake en beppe fûn ik apart en moai. Ek it ferfolch: Zomer aan de Achterweg, haw ik opfretten. Ik hie lêshonger, net allinnich nei boeken oer Fryslân, mar dy ek. Nynke fan Hichtum stie bygelyks ek by ús yn ’e kast. En dan komme jo yn Amsterdam altyd wol in Fryske skoalmaster tsjin. Skoalmasters, plysjes en tsjinstfamkes ha lange tiid dé eksportartikels fan Fryslân west. Myn Fryske skoalmaster – hy joech Nederlânsk op it gymnasium yn Amsterdam dêr’t ik op
tafallichheid: litte se no net ien fine kinne. Ik woe wol, mar ik prate gjin Frysk. Dat soe wol komme, ornearren se. En sa siet ik ynienen mei allegearre Fryske pommeranten om ’e tafel. Sy Frysk prate en ik Hollânsk. Op in stuit moast der immen komme om rûnliedingen te fersoargjen op ’e tentoanstelling. It like my wol wat, mar ja ... dat Frysk. Gjinien fan it komitee hie beswier tsjin my, útsein Ds. Kalma. ‘Dêr moat al Frysk praat wurde,’ sei hy, ‘en dat ha ik juffer De Bos noch nea dien heard.’ Klaas de Vries naam it foar my op: ‘Dêr rêdt de juffer wol mei.’ No, en ik ha my dermei rêden. Letter haw ik fan Anne Wadman, lit my mar sizze, de finishing touch leard.” “Ek al wer sa’n tafallichheid, dat better yn ’e kunde kommen mei Anne. Ik koe him wol, mar oerflakkich. Syn boeken koe ik better. It wie yn 1989 doe’t ik nei Jorwert soe, nei it iepenloftspul. Tafallich kaam ik Anne tsjin, mei Jo Smit, se sieten op in terraske en noegen my derby. Mei ús trijen ha wy doe wat iten en dronken en letter hat Anne my nei Jorwert brocht. Hy hie fuortdaliks ek wol in literêr kerweike foar my. It gong oer in bondel kritiken. ‘Lês it eefkes troch,’ sei er, ‘en sjoch eefkes oft alles deryn moat.’
de Moanne
11
foto jan kalma
In pear dagen letter hearde ik dat hy de Gysbert Japicxpriis krije soe. Ik haw him skille en my útnoegje litten foar de útrikking. Dat wie op 9 novimber, myn jierdei, en ek noch de dei dat de Berlynske muorre foel. Ik hearde it pas in dei letter. Mar goed, fan dy dei ôf haw ik befreone west mei Anne en haw ik it ien en oar foar him dien. Sa haw ik him ek op ’e Q (Koperative Utjouwerij) wiisd. Anne hie altyd mear boeken as útjouwers. It boek In okse nei de slachtbank, dat er yn it Hollânsk skreaun hie, mar dêr’t er gjin útjouwer foar fine koe, hie er yn it Frysk oerset. Dat is doe by de Q útkommen. Ik ha de korreksje dien en dat wie in hûdfol wurk. Mar, hawar!” Hasto sels noait oanstriid hân om de literêre pinne op te nimmen? “In literêr wurk? No nee, mar in boek oer in literêr ûnderwerp, dat wol. Ik ha sels wolris oer in dissertaasje tocht. Ik wit bygelyks dat Winkler Prins yn ’e wrâld brocht hat dat Gezelle yn it Frysk skreaun hat. In bytsje wier wit ik, mar de echte wierheid soe ik noch wol ris hielendal útsykje wolle. Ik haw der al ris in artikeltsje oer skreaun, mar der sit noch folle mear yn. Mar
ja, dan sil der in soad lêzen wurde moatte en do witst wol, myn eagen...” Ik wit it, it fergrutglês leit noch op ’e tafel. “Mar it soe wol in nijsgjirrich boek wurde kinne,” mimeret se noch eefkes fierder, “de korrespondinsje tusken dy beide mannen is noch moai wat fan oerbleaun en der sit in hiel ferhaal efter. No ja, wa wit, men moat noait noait sizze.” Wy hawwe noch folle mear ferhakstûke, Hesseline en ik, mar ja, ús romte yn de Moanne is bemetten. Wy binne al oer de mjitte hinne. Mar dat ferhaal oer Winkler Prins en Gezelle, moat eins noch al ris op papier Hesseline!
ÛNDER DE FEARREN FAN DE PAUW Sa’n kastlein is foar skriuwers goud wurdich Ast yn De Pauw kaamst feroare de wrâld in slach, foaral jûns en nachts. Nei in pear oeren bestie de wrâld net mear. Letter tochst dat De Pauw de wrâld sels wie. In soarte fan paradys, in golle broeisk hea. Of noch better, do waardst de haad- of in bypersoan yn in roman. Soms in gewoane Fryske boereroman, mar ek fakernôch in eksperimintele of absurdistyske stoarje fan wrâldnivo. josse de haan
Yn dy fertellings hâlde Anne Boelens as in marionettespylder al dy skriuwers en skriuwsters yn har eigen boeken oan toutsjes yn ’e hân. Hy boarte der mei, hy liet se de wûnderbaarlikste útspraken dwaan en gefoelsmjittige en heechyntellektuele fersen skriuwe. Ast oer de drompel fan dat kafee kaamst bedarrest tusken al dy poëtyske wurden dy’t der hongen, tusken anekdoates dy’t der al ieuwen boppe de tafels sweefden. Ast dy even frij meitsje woest fan de toutsjes fan Anne dan brochst in fers by Manna, syn frou, want dy siet oan gjin inkeld toutsje, dy hâlde har Boel(ens) yn eigen hân:
anne boelens oan de taap. achter him in portret fan syn heit minne boelens. foto jan kalma.
12
de Moanne
DE PAUW IS IN ROMAN WURDEN
foar Manna en Anne Boelens Jim wennen tusken fersen, ferhalen, skilderijen en grutte swetsers, tusken in skaaktafel en in stadige hûn dêr’t jo altiten oer stroffelen. Soms stapte sa’n bleat skildere nimf út it bosk fan har skilderij en lies op it biljert in modern gedicht út de histoarje fan De Pauw. It omsittend laach klapte mar wat graach yn de hannen en raasde om bieren, om bitters, om jenevers en mear jonge bleate fammen.
13
By jim wisten jo dat jins wurden feilich wiene oant yn de lytse oeren jim fûnen elke dichter, skriuwer, hoe min ek, syn eigen grutte god. Jim hellen wurden út ’e tiis, oarderen se, en joegen hoop yn gleskes skriuwers en oare fantasten krigen fan jim krânsen, grutte prizen. Fjirtich lange jierren fleagen teksten poëzij en proaza troch jim taap heel wat romans, ferhalen, en gedichten begûnen hjir in nij libben. Dé roman oer De Pauw leit yn de neitins mei jim as haadpersoanen Mar wat spyt it my dat ik noait dat skaaktafeltsje yn de bûse stuts.
literêre rariteiten Yn myn roman Piksjitten op Snyp haw ik in lytse sêne wijd oan De Pauw. Ik neam it loazjemint dêre ‘De Blauwe Pauw’ om de tsjinstelling tusken suertsjewetter en drank oan te jaan, it ferskil tusken de ranjadrinkers ûnder de skriuwers en de jeneverdrinkers. De earste kategory kaam dêr net: Op syn reis dêrhinne stuts er even oan yn de haadstêd, yn it keunstnerskafee ‘De Blauwe Pauw’, dêr’t De Boel al jierren ûnderdak ferlient oan lju dy’t mei wurden wat sizze oer de wrâld en de lju dy’t der yn omspringe. De Grutsk en De Pjedde akkoarten ûnder tafersjoch fan De Boel
It iene ferhaal jeide it oare, oant de kastlein súntsjes frege: “Súst noch wel in un auto stappe? Must niet fergete, de bêden hier hewwe goeie veren, de groatste sterren hewwe der met nocht slapen.” Ja, de bêden sliepten bjusterbaarlik goed, foaral mei syn twaën. En moarns nei in gat yn de dei hiest fakernôch de earste rigel fan in gedicht op ’e tonge. It skeelde wa’t njonken dy lei.
elke poes hat in kater noadich Yn De Pauw hat de gearstalling fan de sammelbondel reade kater tsjin har hoksen fan Marten Brouwer plak fûn. It hat in jier duorre. Brouwer útfanhûze dêr gauris en yn 1995 hawwe wy
Ik haw noait sa’n yntinsyf oerlis oer in bondel hân as mei dy fan Brouwer. en it proasten mei trije gleskes jonge dat dy literêre mûtse by testamint taskikt wurde soe oan it museum foar literêre rariteiten en oare ôfwikings (s. 500-501). ‘Literêre rariteiten en oare ôfwikings’(?). Ja, it siet der fol mei, dy Pauw, mar net foar Manna en Anne. Sij fuorren en boarnden, sij brochten de skriuwers op de Parnassus oant se noch mar allinne yn poëzij sprutsen. Wetter waard jenever en jenever spraakwetter.
praten oer de kar, de folchoarder, de farianten en de oersettings foar de sammelbondel. Ik haw noait sa’n yntinsyf oerlis oer in bondel hân as mei dy fan Brouwer. Ik haw ek selden sa’n serieus dichter meimakke as it oer syn eigen poëzij gong. Elke komma, elke punt en dûbele punt moast weage wurde en ferantwurde. Op in jûn let, nei heel wat bierkes en jeneverkes, is de titel fêstlein. Wy ha him daalk foarlein oan de kastlein. Syn andert wie: “Prachtich, in poes het in kater noadich, dat wist myn fader
saliger al. Proficiat heren, ik trakteer op dit skitterende resultaat.” Mei in oare dichter út de quatrebrasrûnten, Sybe Sybesma, haw ik dêr ek gauris yn petear west. Mei Sybe koest de meast assosjative absurdistyske ferhalen opsette. As der ien surreëel tinke koe, wie it dy dichter. It is net om ’e nocht dat de patriargestoel yn De Pauw dy’t oan Sybe wijd is noait in be-sitter hie. Ast der yn siest fieldest de eksorbitante fertelkrêft en taalkeunst fan Sybesma. Ast dy stoel seachst – nei fiif jonkjes – ferskynde it stal fan dat fenomeen en fleagen syn hannen, earmen en stikelige
it geheim fan de pauw Ik haw my faak ôffrege wat it geheim fan De Pauw wie. Mar miskyn wie der ek wol net in geheim. Ik tink dat de kastlein, Anne Boelens, tige wichtich west hat. Hy hie gefoel foar taal, en hy wie eins de anargistyske kant it neist. Hy koe iroanysk, boartlik en soms skerp reagearje op ferhalen dy’t oer de tafel fleagen. In gefoelsmins dy Boelens. In kafee stiet en falt mei de kastlein, mei syn frou en mei de hele entûraazje. It wichtichste is tink ik dat in kroechbaas (pardon, hoteljee!) diskreet wêze moat. Anne lulde net oer oare
“Súst noch wel in un auto stappe? Must niet fergete, de bêden hier hewwe goeie veren, de groatste sterren hewwe der met nocht slapen.” 14
wynbrauwen oer de tafel. Elke dichteresse dy’t dêr oan dy tafel ferskynde – foar Sybe wie elke frou prachtich – krige fan him yn in pear minuten in fers dat sa goed foardroegen waard, dat de frou yn kwestje op syn minst tocht dat de dichter noch nea sa fereale west hie. By har fergelike wie Cleopatra mar in mûs. In yntrodusearjen fan in (nije) freondinne yn De Pauw easke tarieding, sadat se de fersen fan Sybe en de bewûndering en irony fan Anne treast wie. It heucht my noch dat Anne ris in kear frege oan myn kammeraatske fan dat momint mei wa’t ik in nacht yn De Pauw bliuwe woe: “Hest wel permissie fan dyn wettige echtgenoat?” Soks fûnst allinne yn De Pauw, of op it Frânske plattelân. Anne sweefde yn dy taap om as in god yn Frankryk, syn eigenmakke Frankryk, midden yn Fryslân. In anargistyske god, dat wol.
de wetterdrinker Yn De Pauw bin ik let yn in hjerstnacht fan ’94 foar it bestjoer fan It Skriuwersboun frege. De reguliere gearkomste hie neat opsmiten, de foarsitter fan doe (Bangma) hie al ûnderskate lju oan west, en frege doe my. De kastlein stie der by. Ik frege him wat hy der fan tocht. “Must altyd doen,” sei er, “must mar su rekene, baat het niet, het skaadt ok niet. Hoest alleen maar te lullen, en dat kanst wel.” Dyselde lette jûn sieten wy noch mei in seistal lju om de tafel. De rûntsjes jenever fleagen der oer hinne. Nei fjouwer of fiif wie de Fryske literatuer in wrâldliteratuer wurden. Doe kaam it seisde rûntsje. It like wol oft de jenever feroare wie. Hawar, wy preauwen ferskil. Mar nei fiif en mear dêrfoar koest it net mear goed definiearje. In pear wiken letter frege ik oan de kastlein wat der oan de hân west hie mei dat seisde gleske jenever. Hy begûn te gnizen. “Jim hewwe gewoan water dronken”, sei er. “Wetter seist?” “Ja, gemeentepils.” De skriuwer X hie him frege syn gleske by elk rûntsje te foarsjen fan wetter. Nei seis rûntsjes betellen fiif lju seis jenever en dy glûperd seis wetter. Anne hie der op rekkene dat de seis gleskes wetter de skriuwers de skellen fan de eagen strûpe soene, sadat de echte wetterdrinker – it prototype fan in deune Fryske skriuwer – troch de koer falle soe. “As hy later in geselskap in jenever hewwe wu hew ik him altiten water geven, mar by it afrekenen gewoan de jeneverprys rekend. Hy het der nooit wat fan seid.”
gasten, skriuwers of hokker artyst ek. Hy wist fan alle rivaliteiten, hy koe de lju dy’t elkoars bloed wol drinke koene, mar hy seach faak de betreklikheid fan al dy oarloggen. Hy wie betrutsen, mar hâlde ek ôfstân. Koest letterlik en figuerlik net om him hinne. Syn fjirtich jier ûnderfining mei allerhande slach folk hie him fleksibel makke oangeande minsken, oangeande ferhalen en absurde fertelsels. Dy koe er sels ek nei foaren bringe. En dêryn siet foar my de kaai. Anne Boelens hâlde fan ferhalen, fan realistyske en fan fiksjonele. Hy libbe net allinne yn syn kroech, hy libbe ek yn ferhalen. Sa’n kastlein is foar skriuwers goud wurdich. De Pauw wie in wrâld op himsels.
de Moanne
Rijk en gedenkwardig stukje leven
jaap ferwerda
Leesclub De Pauw In 1980 kwam ik in Leeuwarden lesgeven aan het toenmalige Lienward, met aan het hoofd de heer Jobse, die op die school nog een zware pijp zou roken, maar dat is een ander verhaal. Ik had op verscheidene scholen sollicitatiegesprekken gehad, maar mijn besluit om toe te happen bij het Lienward had vast te maken
15
met de aankondiging van een dichtwedstrijd die ik in een lokaal zag hangen. De scholieren werden uitgenodigd een gedicht te schrijven en daarmee voor prettige prijzen in aanmerking te komen. Ik ben mijn hele leven een liefhebber van poëzie geweest en heb ook menigmaal mijn leerlingen daartoe proberen te inspireren, dus deze aankondiging stemde mij positief tegenover de school. Ik werd aangenomen en leerde mijn nieuwe wereld kennen. Het bleek dat de school helemaal niets met poëzie had en dat die ene wedstrijd een toevalstreffer was geweest. Ik had het kunnen weten. Wel waren er collega’s die geïnteresseerd bleken te zijn in literatuur en een jaar later – je moet als nieuweling even de kat uit de boom kijken – besprak ik met collega Goff Spoelstra de mogelijkheid van het vormen van een leesclubje. We vonden medestanders in de personen van Janke Rypkema, Gerrit
niet meer koulijden Het grote nadeel van onze bijeenkomsten aan de Kanaalstraat was dat vrijdagsmiddags na de lessen de verwarmingsketel door de heer Van Dijk onverbiddelijk op een laag pitje werd gezet, zodat we het vaak aardig koud kregen. Het tekent onze toewijding dat we ons niet zelden gedoken in onze winterjas en met koude neuzen bogen over de schatten van de geest, maar het had toch wel iets van een bevrijding toen iemand op het idee kwam onze activiteiten te verplaatsen naar een goed opgestookte horecagelegenheid. En dat was het begin van onze band met De Pauw. Na twee jaar koulijden voor de kunst landden we aan in het paradijs van het knetterend haardvuur bij de stamtafel, die we terstond tot de onze maakten, en de spirituele zegeningen die een
Het bleek dat de school helemaal niets met poëzie had en dat die ene wedstrijd een toevalstreffer was geweest. Ik had het kunnen weten. Kloosterman, Henk Snoeijing, Marleen in ’t Hout en Feike Boschma, en daarmee was de leesclub geboren. Vanaf het begin richtten we ons al op gedichten en niet op andere genres, en bovendien moesten het moeilijke gedichten zijn, waar wat over te discussiëren viel. Zo zetten wij onze tanden in Eliot, Lucebert, Kouwenaar, Rilke, Celan en vele anderen. We kwamen gemiddeld van september tot april (want dan moest er weer getennist en gezeild worden) eens per twee weken op vrijdag na de lessen bij elkaar in een van de lokalen van het gebouw aan de Kanaalstraat, waar het Lienward gehuisvest was. Omdat het gezelschap bestond uit talenleraren konden we ons ook makkelijk van de ene literatuur naar de andere begeven, en zo hebben we een groot repertoire afgewerkt, van Shakespeare tot Gerlach. Vooral een serie zittingen, gewijd aan Achterbergs Spel van de wilde jacht, onder aanvoering van Janke Rypkema, zal in onze herinnering blijven als een monument van voorbereiding en educatieve discipline, zoals wij in het onderwijs dat zo gaarne zien. Gevestigde namen werden gewogen en niet zelden te licht bevonden. Zij beefden.
horeca-etablissement met zich brengt. Vanaf 1983 – het jubileum wordt me pas duidelijk nu ik deze woorden opschrijf – hebben we onze leesclub, die al gauw leesclub De Pauw ging heten, elk seizoen gehouden onder de vleugels van de heer Boelens en zijn vrouw, hun personeel (onder wie we voortdurend leerlingen herkenden) en natuurlijk die prachtige boxers (wij hadden al die jaren slechts éen kynofoob onder onze leden). In de loop der jaren wisselde het bestand van de club nu en dan, Goff Spoelstra viel af door andere belangrijke bezigheden, Janke Rypkema door met pensioen te gaan, maar de rest van de harde kern bleef en werd uitgebreid met onze collega Lenette Beerling en de Leeuwarder tandarts Willem Hollenkamp. Al toen we nog op school samenkwamen nodigden we af en toe leerlingen uit om mee te doen, en ook daaruit zijn gedenkwaardige zittingen voortgekomen, maar tenslotte werden we zo’n hecht clubje dat buitenstaanders het wat moeilijk hadden met het bij ons gegroeide jargon, onze hoogst eigenaardige humor, en met het persoonlijke karakter van menige ontboezeming. Wij beschouwden
dat als de gewoonste zaak van de wereld, maar het is niet ondenkbaar dat het anderen minder aansprak. Een van degenen die geen enkele moeite met ons had, integendeel ons in zijn zak stak, was de heer Boelens. In de bestelpauzes tussen onze verhitte discussies kwam hij er wel eens even – niet lang, want hij erkent het primaat van de poëzie – breeduit bijzitten (hij kan heel breeduit zitten) om een relativerende opmerking of twee te maken. Of drie.
stamtafel In al die jaren is het ons maar een paar maal overkomen dat we op vrijdagmiddag de stamtafel bezet vonden door belangrijke personen. Dan namen we onze toevlucht tot de grote tafel voor het raam aan de straatkant, maar de besprekingen die we daar voerden zijn niet in het geheugen blijven hangen. Waren de bezetters wat minder belangrijk dan oefende de heer Boelens ook wel eens zachte aandrang uit om ze naar een andere hoek te drijven. Maar verreweg de meeste keren kostte het geen enkele moeite om ‘onze’ tafel in te nemen. Van daaruit hadden wij zicht op merkwaardige klanten, zoals de waarzegger, die aan zijn tafeltje in de hoek illustere Leeuwarders de toekomst voorspelde, of de peddel die binnentrad, waar een Duitser aan vast bleek te zitten die van Keulen was komen kanoën en een hotelkamer zocht, of de Leeuwarder die zich onvervaard in ons gesprek mengde en zijn zienswijze op het besproken gedicht van Hendrik de Vries gaf. Het was dan ook daar dat we een paar maal de dichters die we bespraken, konden ontvangen. De eerste was de kortelings
16
detail interieur. foto sake van ek.
koeren van de Pauwduif ) over de zin van het bestaan in het algemeen en die van ons gezelschap in het bijzonder. Hieruit kwam weer een kleine serie radio-uitzendingen voort, die Willem Hollenkamp opzette over de Eerste Wereldoorlog op de Vlaamse slagvelden, ook naar aanleiding van allerlei Engelse oorlogsdichters – Owen, Sassoon, Graves – die hij in De Pauw had besproken. En Feike Boschma berichtte twee jaar lang in het
Gevestigde namen werden gewogen en niet zelden te licht bevonden. Zij beefden. overleden dichter C.O. Jellema, die we aan het hoofd van de tafel zetten (in de stoel van Sybe Sybesma), en die belangstellend ons geredekavel over zijn gedichten aanhoorde, zich er weinig mee bemoeide, maar aan het eind van de middag bedachtzaam meldde dat we het er niet slecht vanaf hadden gebracht. Een mooi moment voor De Pauw. Een tweede dichter die we waar hij bij was bespraken was Ferenc van Damme, dichter en filmer uit St. Jacobiparochie, die ook enige tijd lid van de club is geweest, maar naar Engeland verhuisde. Van die zittingen is me bijgebleven dat Ferenc het eens was met alles wat wij over zijn gedichten zeiden, door eenvoudig telkens te knikken en hmhm te zeggen. Vroeg iemand dan rechtstreeks of hij het zelf ook zo zag, dan zei hij met grote welwillendheid: Jaja, dat zou best kunnen!
op de radio Ook in andere opzichten stak leesclub De Pauw wel eens het provinciale hoofd boven het maaiveld uit, zoals toen hij onderwerp was van een radiouitzending van Koen Verbraak, tegenwoordig werkzaam voor Vrij Nederland, die zo getroffen was door verhalen over ons merkwaardige clubje dat hij er Vara-kunstzendtijd aan wilde besteden. Ook hij kwam, met zijn Nagra voor de buik, aan de stamtafel, en interviewde ons (begeleid door het
Friesch Dagblad over de besprekingen in de klub en lokte daarmee commentaar uit van dominees in ruste en schoolhoofden in actieve dienst. Een mooie geschiedenis, zoals die van ons, zal, hoe onvoorstelbaar ook, eens voorbij zijn, zoals die van onze herberg. Maar we kunnen zeggen dat we met onze leesclub een rijk en gedenkwaardig stukje aan ons leven hebben toegevoegd, en De Pauw speelt daar een melancholieke rol in. Dat zijn voorzeker gevoelige woorden, en ik vermoed dan ook dat mijn medeleden, al naar karakteraanleg, hierbij peinzend zullen knikken of een brok in de keel krijgen.
de Moanne
“Liwwadden is fanself mar un dorp”
pieter de groot
Kealslach hotels krige yn heale ieu syn beslach Hotel De Pauw wie foar gâns fergaderrûntsjes yn Ljouwert it lêste ûntwyk. Se hiene al yn Amicitia sitten, yn De Klanderij, yn Bellevue, yn De Kroan.
17
Hja koene doe noch twa kanten út: it Oranje Hotel of De Pauw. It Oranje Hotel foel ôf, te modern, te ûngesellich en boppe-al te djoer.
hotel amicitia yn glorieuze dagen, ca. 1925. ansicht kolleksje hsl
De bohémien-dichter Sybe Sybesma wie de noarm. Dy moast it betelje kinne en as it him ris net barre mocht, rekkenje kinne op kleminsje fan de baas. It Oranje Hotel, yn 1989 troch de Bonnema’s ferkocht oan de Bilderberg Groep, wie dêr te saaklik foar wurden. Boppedat bepaalt de Pip’s Pub, in tsjuster fjouwerkant, deun achter de hotelresepsje, de útstrieling. En dy is óf kommersjeel – de Kommersjele Klub hâldt der op freed syn Happy Hour – óf nearzich: jo treffe der toatebellen fan wiven oan, allegear royaal boppe de fjirtich, dy’t hongerje nei in proai. Sybe wie foar it iene noch it oare yn ’e widze lein. Sokke froulju sieten net te wachtsjen op in latinte leafdesferklearring, yn in klassike kwatrynfoarm delkwattele op de achterkant fan in bierfiltsje.
gasthear Dat it waard De Pauw: de jachtweide wie in smûke húskeamer, dêr’t de tiid al mear as hûndert jier stilstie. Yn it boek Hotelleven fan Rudie Kagie út 1987 jout Anne Boelens, dy’t yn 1972 syn heit opfolge, dêr in sa foar it each oannimlike ferklearring foar: “Vandaag willen de mensen een bruin café, morgen moet alles wit zijn. Er valt geen peil op te trekken. De tafels in De Pauw zijn in geen honderd jaar van hun plaats geweest, aan de lambrizering is in die tijd niets veranderd. Alles blijft bij het oude. Er is een publiek dat juist op een zaak als deze afkomt zo lang er niet wordt gerenoveerd.” Hie Anne Boelens in ambisjeus ûndernimmer west, dan hie er
doe’t yn de jierren santich it monumintale hûs op ’e hoeke fan Baljeestrjitte en Stasjonswei te keap kaam, fuort tapakt, en it by syn hotel lutsen. Dan hie er dêr de yntree makke en dan wie der yn de Baljeestrjitte alle romte om te parkearen. Mar hy hat dy stap net setten, en doe moast er mar ôfwachtsje wa’t De Pauw as buorman krige. Dat soe gjin sigarewinkel mear wurde. It waard, nei in koart yntermezzo as kafetaria, in brún kafee, dat yn de koartste kearen op in goede namme lei by it jonge útgeanspublyk. En ynstee fan útwreidzje moast Boelens de saak doe ynkrimpe. Fanwege de oerlêst yn de wykeinen – it kafee wie dan oant twa oere nachts iepen – wiene de keamers dy’t tsjin it kafee oan leine, net mear te ferhieren. Boelens leaude net yn dy ynnovaasje, op fyftich meter fan it
amtners ek net it fjoer nei oan ’e teannen lein. Hy hat him der grommeljend by dellein, yndachtich de Ljouwerter wiisheid ‘Ut sal myn tyd wel dure’. Dy mentaliteit past net by in moderne manager, dy’t neffens Boelens “in un paar jaar ryk wurde wil”. Troch dy ynstelling is De Pauw wol altyd deselde Pauw bleaun en koene wy ús fernuverje mei dy grienmank fan âlde, omtrint hûndert jier âlde meubels en plusen kleedsjes. It pronkstik wie it donkerbrune, ikehouten himelbêd. Mar yn nostalgy sit gjin takomst, sa’t no bliken docht. Yn hannen fan de nije eigners sil De Pauw de metamorfoaze ûndergean ta grand-café. Der binne Ljouwerters, tangele mei it Cambuur-syndroom, dy’t der neat fan ferwachtsje. Mar dy’t net doart, dy’t net wint. Al kin men jin ôffreegje, wêr’t by it stasjon
Doe’t Hilton yn Amsterdam oan de Apollolaan in hotel boude, spuide Minne Boelens raar guod: ,,Dat is gyn hotel meer, dat is un slaapfabryk.” Oranje Hotel, dat de stjerstatus neistribbe. Hy trede yn de spoaren fan syn heit Minne, dy’t it gasthearskip noch útoefene op deselde manier as Feldhaus en Koops dat yn Amicitia diene, Blankestijn senior en junior yn De Nieuwe Doelen en De Klanderij en Pim Regnery yn De Kroon. Doe’t Hilton yn Amsterdam oan de Apollolaan in hotel boude, spuide Minne Boelens raar guod: ,,Dat is gyn hotel meer, dat is un slaapfabryk.” No wie de ferbouwing fan it Oranje Hotel perfoarst net hiltoniaansk, mar it wie wol sa, dat it as stjerrehotel te djoer wie foar in grutte kategory gasten. Boufakkers bygelyks, dy’t foar har wurk in tal dagen yn Ljouwert oernachtsje moatte, toeristen dy’t by de NS in meardaachsk reisarranzjemint boekt ha of de lju, dy’t op trochreis nei de eilannen binne en de lêste boat net mear helje kinne. En foar har bea De Pauw útkomst, dy’t op in stuit oer 32 keamers en 58 bêden beskikte. Foar fyftich gûne hie men ‘bêd en brochje’, mar moast men it op ’e keamer sûnder dûs, televyzje en minibar stelle. Hie Boelens destiids ál syn hotel útwreide en ferboud, dan hie it hotel fuort yn in djoerdere kategory fallen, en moast it de konkurrinsje mei it Oranje Hotel oangean. En dêr is Ljouwert te lyts foar. Om it op syn Boelensk te sizzen: “Liwwadden kan nou wel út ’n groat gat blaze, mar ut is fansels mar un dorp. Der is hier gyn ferlet fan hotel met vier of fijf sterren.” Ynstee dêrfan hie hy graach sjoen dat “de sosjalistyske gemeente”, dy’t Ljouwert troch de jierren hinne west hat, him as
mear ferlet fan is: fan in twadde Wouters of fan in betelber alternatyf foar it Oranje Hotel. Wouters, tusken heakjes, hat boppe wol ‘fergader’-akkommodaasje, dêr’t it yn De Pauw oan ûntbruts. Lytse rûntsjes skikten har dêr om ien fan de taffeltsjes yn de jachtweide, in wat grutter selskip wykte út nei it restaurant, dat yn 1966 yn de ‘útbou’ oan de Baljeestrjitte, it eardere tsiispakhûs fan Feitsma, kommen wie. It Skriuwersboun hat der in tal jierren syn gearkomsten hâlden. Yn Ljouwert binne hja no wer oanwiisd op nije lokaliteiten: de maitiidsgearkomste fan it Boun wie yn it Haersma Huys oan de Twibaksmerk. Dat sealtsje, ja eins alle sealtsjes op hokker plak ek , kin it bêst dwaan, mar de gemoedlike sfear, mei it fertroude bromlûd fan de gasthear, kriget men der net mear by levere.
de grote sociëteit No is dat wat persoanliks, oan tiid en generaasjes bûn. Oer tsien jier as wy foargoed ta de âlderein hearre, binne wy de iennichsten dy’t der mei weemoed oan weromtinke kinne. “It is net mear wat it west hat”, sille wy sizze, it fêste sechje as men op jierren komt. Want sa is it altyd gien. Wa mist no noch de herbergen dy’t ieuwen herwaarts op en om de Nijstêd de stêd in libben oansjen joegen? Het Gouden Wagentje (no de Hema), Het Gouden Hoofd en de Gouden Zwaan? De Nieuwe Hopzak, De Bok en De Rode Boer? Of, om wat minder fier werom te gean: wa heart
Wa mist no noch de herbergen dy’t ieuwen herwaarts op en om de Nijstêd de stêd in libben oansjen joegen? útbater fan in goedkeap hotel wat mear yn ’e mjitte kommen wie. Wêrom krige, doe’t op de Stasjonwei in fytspaad oanlein waard, It Oranje Hotel dy pear plakken foar koart-parkearders foar de doar wol klear en waarden automobilisten by him twongen it fytspaad te blokkearjen? “Och myn lieve man, ik kan der wel un boek over fol skrive”, sei Anne Boelens, as it praat op de gemeente kaam. Dat hat er net dien, en hy hat de ferantwurdlike bestjoerders en
noch wolris praten oer de Gro(o)te Sociëteit? Dat wie in selskip Ljouwerter notabelen, dat earst in eigen soasjeteitsgebou hie op de Nijstêd (by de Lange Piip, no de winkel fan Schweigmann Kindermode). Doe’t dat net mear te bestuiverjen wie, ferhuze de klub nei hotel De Phoenix yn de Sint Jacobsstraat, foar de Twadde Wrâldoarloch ien fan de foarnaamste hotels fan Ljouwert. Yn de oarloch kamen de Dútsers deryn. Nei’t it noch as tribunaal
18
de Moanne
hotel spoorzicht oan it suderplein yn 1952. foto argyf hsl
19
tsjinst dien hie, waard it hotel sletten en ferboud ta belestingkantoar. No sitte der wenapparteminten yn; yn it treppehûs binne de spoaren fan de âlde Phoenix noch sichtber.
spoorzicht en amicitia De Grote Sociëteit ferhuze nei hotel Spoorzicht, op de hoeke fan Suderplein en Willemskade. Dat hotel soe men no
ferdjippingen foar yn it plak kaam. Amicitia-baas Jan Koops hat der gjin trien om litten, hy hie de saak goed ferkocht en ferfarde nei Emmeloard, dêr’t er noch jierren fan de rinte libbe hat (twa jier ferlyn is er ferstoarn). Amicitia wie in moetingsplak foar alderlei folk: sakelju, boeren, sjoernalisten. De detectiveskriuwer Havank útfanhuze der geregeld, hy hie in fêste keamer yn it hotel en in fêst plakje oan
Amicitia wie in moetingsplak foar alderlei folk: sakelju, boeren, sjoernalisten. De detectiveskriuwer Havank útfanhuze der geregeld, hy hie in fêste keamer yn it hotel en in fêst plakje oan de stamtafel. multyfunksjoneel neame, want it hie de funksje fan busstasjon, hotel, kafee, restaurant en dancing. Yn de folksmûle hie it de namme fan de kastlein: Sip Castelein, dy’t dêr yn 1921 begûn wie. As de jeugd te dûnsjen gong, seine se: wy geane nei Sip. Hy helle der lanlike, fan de radio bekende orkesten hinne (Ramblers, Eddy Wallis, John Kristel). De Kilima Hawaiians fierden der har earste triomfen. Artysten as Lou Bandy lutsen hjir in folle seal. Nei de oarloch belibbe Spoorzicht noch eefkes in koarte bloei mei de feesten fan ‘Deining’. Yn 1952 waard de saak opdûkt en kaam ek dêr in kantoar, it Fries Rundvee Stamboek. De hearen fan de Grote Sociëteit moasten wer oars omsjen. Hotel Amicitia op de hoeke fan de Wurdumerdyk wie har folgjend stasjon. Amicitia, yn 1837 oprjochte as sosjeteit, soe it úthâlde oant 1968. It hat oan it lêst ta syn foarname útstrieling hâlden, en it wie de Ljouwerters slim yn ’e wei, dat der in 27 meter hege kantoareflat fan sân
de stamtafel. Koart foar syn dea yn 1964 hie er dêr noch sitten en hie er oan de tafallich oanwêzige skriuwer-sjoernalist Piter Terpstra de clou ferteld fan de detective, dêr’t er mei dwaande wie. Doe’t er stoar, wie it boek noch net klear. Om’t Piter Terpstra wist hoe’t it ôfrûn, hat er it foar útjouwer Bruna foltôge. Under de dûbele namme Havank/Terpstra soe er dêrnei noch in hiele rige detectives skriuwe yn de geast fan Havank. It sei himsels dat nei Amicitia de stamgasten, en ek allegearre grutte en lytse klubs, fan Grote Sociëteit oant sjoernalistesoas, wer in oar hinnekommen sykje moasten. Dat waard De Klanderij ‘anno 1903’, de ‘sukertaart’ oan it Suderplein. De hotelier wie in bekendenien: Bert Blankestijn, de baas fan it eartiids renomearre Nieuwe Doelen Hotel oan de Foarstreek.
de nieuwe doelen De Nieuwe Doelen stie op it plak fan it eardere Minnemahûs. Yn 1830 krige it in bestimming as loazjemint. Fan de legindaryske kastleins moatte hjir Hendrik Hoven neamd wurde, dy’t der fan 1898 oant 1938 de septer swaaide, en de heit fan Bert Blankestijn, fan hûs út stjoerman en purser op ’e grutte feart. Doe’t dy yn 1951 de Nieuwe Doelen ferruile foar in hotel yn Kampen, kaam soan Bert yn ’e saak. Hy soe krekt gjin tsien jier folmeitsje. Yn 1959 gong it hotel ticht, it waard sloopt om plak te meitsjen foar in supermerk fan Albert Heijn, dy’t der noait kommen is. Krapoan fjirtich jier hat der sa oan it begjin fan de Foarstreek in grut gat gappe. De Nieuwe Doelen hie gauris hege gasten: “graven en gravinnen, koningen, prinsen en prinsessen”, om de stedsredakteur fan de Leeuwarder Courant Henny Keikes te sitearjen (út dy syn bondele ‘Och heden ja’-ôfleveringen). It wie yndied it earst oanwiisde hotel foar keninklike besites en diners. Elite-sportferienings as de Koninklijke IJsclub en LAC Frisia jubilearren en dinearren yn De Doelen. It hotel ferhierde ek foar ûnbepaalde tiid keamers oan minsken fan kwizekwânsje dy’t yn Ljouwert oan it wurk, mar noch net oan in wenning slagge wiene. Der wie yn de earste neioarlochske jierren in grutte wenningneed. Om in idee te jaan: rjochters en dokters, de nije kommandant fan de fleanbasis
hjoed fielt de haadstêd fan Fryslân de gefolgen fan dat fersin fan de tweintichste ieu. Yn tweintich jier – tusken 1959 en 1979 – ferlear Ljouwert sân ferneamde histoaryske hotels. Nei De Doelen folgen yn 1962 De Groene Weide (fanâlds de lêste herberge foar de Vrouwenpoort, finishplak fan de Alvestêdetocht, yn 1956 foar it lêst), yn 1966 Amicitia (yn 1968 ôfbrutsen), yn 1972 De Klanderij (trije jier letter sloopt en ferfongen troch in troch arsjitekt Abe Bonnema ûntwurpen kantoargebou), yn 1975 Bellevue oan de Nijstêd (dêr’t in kleanwinkel yn kaam), yn 1978 hotel De Bleek op ’e hoeke fan Grinzerstrjitwei en Bleekleane (dat yn de lêste jierren fan syn bestean de funksje hie fan opfangsintrum fan Surinamers; nei de sloop ferriisde ek op dat stee in kantoarekompleks) en yn 1979 De Kroon op ’e hoeke fan de Sophialeane en de Van Swietenstrjitte.
de kroon Dat lêste hotel wie oars al yn 1967 fan de ûndergong rêden troch de Ljouwerter oannimmer Kats, dy’t it hotel kocht hie nei de hastige dea fan eigner-keunstsamler Pim Regnery. Regnery hie in moanne foar syn dea it hotel te keap oanbean. Mar in ryk libben wie foar it hotel net mear weilein. Mei troch Regnery lei De Kroan op in treflike namme, net yn
Hotel-kafee It Anker oan de Iewâl hat no de fakkel yn de kategory ‘goed en dochs net djoer’ oernommen – ek in famyljebedriuw, mar fan jonger datum. en de nije rektor fan it gymnasium hawwe der in skoft útfanhuze. Jierrenlang hat ek de deftige mefrou Baart de la Faille in eigen keamer yn ’e Doelen hân. Nei it idee fan it doetiidske journaille (Keikes en kollegasjoernalisten as Henk van der Meulen en Jildert Sudema (LC), Arend Algra (Friesch Dagblad) en Fenno Schoustra (Vrije Volk) barde der yn it Ljouwert fan dy dagen net folle, dat hja bretten yn De Nieuwe Doelen de iene nei de oare practical joke út, bygelyks de ûntfieringen fan de Dokkumer grenaat en fan it swurd fan Grutte Pier. Dat smiet moaie kopij op en noch moaiere reaksjes.
rykswei 43 deaklap De sluting fan De Doelen lette in perioade fan delgong yn foar it Ljouwerter hotelwêzen. Oarsaak wiene de grutte feroarings dy’t yn de jierren sechstich har beslach krigen. Hieltyd mear hannelsreizgers namen de auto ynstee fan de trein. Dan koene se de jûns werom nei hûs ride en hoegden se net mear in nacht oer te bliuwen. De ynfiering fan de frije sneon makke it der noch minder op. Want doe gongen frijwat gasten dy’t troch de wike yn it hotel oernachten – in soad fertsjinwurdigers – de freedtejûns al nei hûs. En nei it reekommen yn it begjin fan de jierren santich fan Rykswei 43, hoegden automobilisten dy’t op wei wiene fan Dútslân nei de Rânestêd of oarsom, Ljouwert net mear oan te dwaan. Hja koene tenei fuortdaliks oer Drachten en It Hearrenfean nei de Ofslútdyk ride, en vice versa. Oant op de dei fan
it lêste plak by it artistike folkje, toanielspilers dy’t yn De Harmonie spylje moasten; sokken as Ko van Dijk en Ton Lutz, Mary Dresselhuys en Ellen Vogel priizgen it hotel om de konversaasje mei de gasthear oan de stamtafel. De Ljouwerter notaris Hylke Wierda, mei hert foar de stêd en syn histoarje, liet it steatlike pân opknappe en ferbouwe ta notariskantoar.
modernisearring Tsjin dy malaise oer stiet dat it Oranje Hotel fan Bonnema en it neioarlochske Eurohotel oan it Europaplein (dat yn 1969 troch de bruorren Bonnema ek al oan Kats ferkocht wie) yn de twadde helte fan de jierren santich útwreide binne. It Oranje Hotel, dat letter opnij útwreide waard en fan in moderne gevel foarsjoen, soe de famylje Bonnema by eintsjebeslút letterlik boppe de holle groeie. Yn 1989 waard de Bilderberg Groep eigner. Bonnema jr. (Frans) krige ynearsten in oanstelling as manager, mar noch gjin jier letter, april 1990, naam er mei syn Haukje ôfskie en hopen hja mear hoareka-gelok te finen yn de Goai- en Fechtstreek. Jan Thies is de hjoeddeiske manager. It Eurohotel hat sûnt alwer yn ferskillende hannen west, mar bestiet noch hieltyd en tsjinnet oan de râne fan de stêd de minsken-op-trochreis. Dat dogge ek de sljocht-en-rjochte ynstanthotels sûnder rook en smaak fan de ketens Bastion en Campanile, dy’t yn de jierren ’90 oan de stedsrâne ferskynden. Hja gerive de hastige fertsjinwurdiger dy’t ta kin mei in minimum oan komfort.
20
de Moanne
hotel de nieuwe doelen ca. 1955. ansicht kolleksje hsl. foto g.t. van kampen
21
feemerkhotels Ha wy ta beslút ien grutte kealslach noch net neamd: dy fan de hotels, kafees en restaurants oan de Langemerkstrjitte, dy’t it fan de freedsmerk ha moasten. Nei’t dy merk yn 1963 ûnderdak krige yn de Frieslandhal, rekken se stik foar stik oerstallich. Mar in pear saken (Goes, Prins en Boekema) koene mei ferhúzje nei de hal. De Langemerkstrjitte, no Abe Bonnema syn Lyts Manhattan, hat der jierren suterich by lein. Hotel De Vier Leeuwen en it kafee fan de susters Van der Weide (De Twee Sneetjes) ha der it langst sitten. De susters (op de hoeke fan de Snekerkade) binne optlêst troch de FBTO ‘útkocht’: hja krigen as kompinsaasje in prachtich hûs oan de Harnzerstrjitwei. Foar Minne Boelens, dy’t yn 1949 hotel De Pauw kocht hie, betsjutte de ferhuzing fan de feemerk ek in grutte klap. Hy eksploitearre njonken De Pauw de restauraasje fan it busstasjon oan de Sudersingel en foarseach freeds de feekeaplju fan kofje en broadsjes. Ier en betiid wie de húshâlding fan Boelens, ek soan Anne, dan yn ’t spier. Nei’t dy fertsjinst weifallen wie, sette Boelens alle kaarten wer op De Pauw. Hy makke yn 1966 in trochbraak nei de Baljeestrjitte en modernisearre de gevel. It wie de bedoeling dat syn soan Anne noch even om utens sjen soe om it fak op te snuven, sadat er as in folleard hotelier syn heit opfolgje koe. Dat kaam der net mear fan. Yn 1972 rekke syn heit hommels wei troch in hertoanfal en krige Anne Boelens fan de iene dei op ’e oare it famyljehotel op ’e noed.
it anker Heit en soan tekenje tegearre dus foar mear as in heale ieu famyljetradysje. Fan alle hotels dy’t nei de oarloch yn it besit wiene fan in Ljouwerter hoteliersdynasty, hat De Pauw it langst stân hâlden.
Hotel-kafee It Anker oan de Iewâl hat no de fakkel yn de kategory ‘goed en dochs net djoer’ oernommen – ek in famyljebedriuw, mar fan jonger datum. De heit fan de tsjinwurdige eigner, Chris van der Leij, hie foarhinne in kafee yn de Hearestrjitte. Doe’t dat ein jierren santich wike moast foar de nijbou fan it Provinsjehûs, kocht er op ’e Iewâl it pensjon fan Eduard Janssen – in bekende figuer yn ’e stêd, om’t er op syn brommerke nei alle Ljouwerter brannen útrukte. Hy stie al te filmjen, as de brânwar de slangen noch útrôlje moast. Lykas De Pauw njonken it djoerdere Oranje Hotel siet, hat It Anker sûnt in jiermannich ek selskip fan in djoere broer op it streekje: it Stadhouderlijk Hof op it Hofplein. Bedoeld foar de kapitaalkrêftige kultuertoerist en op gleed holpen mei in slompe oerheidsjild, ta grutte argewaasje fan Chris van den Berg, dy’t fan Huize Bornia oan de Ferlingde Skrâns in lúks stjerrehotel makke hie, Van den Berg State. Van den Berg, dy’t syn ûnearlike konkurrint foar de rjochter dage, hat syn hotel koartlyn opdoekt nei in wyldseauwige perioade fan in maksimum oan publisiteit en in minimum oan omset. Twa fan dy idioat djoere hotels yn Ljouwert is op syn minst ien tefolle. De fraach is oft it Stadhouderlijk Hof it op ’en doer op suver kommersjele basis wol rêdt. Men kin net sizze dat Boelens net warskôge hat: “Liwwadden is fanself mar un dorp.”
Poëtyske oernachtings De Pauw yn ‘bysûndere omstannichheden’ geart de vries
De moaiste neisit wie miskien wol op ’e lêste jûn fan de Slauerhoffmanifestaasje, maaie ’87. Under de titel ‘Wie kan er wonen in een gedicht’ hiene wy twa dagen lang in hommaazje brocht oan 22
de grutte Ljouwerter skriuwer.
Syn libben wie de freedtejûns wiidweidich bepraat yn oanwêzichheid fan û.o. Slauerhoff-lêzer Den Uyl, de sneontemiddeis wie in bustocht hâlden by plakken lâns dy’t in rol yn syn wurk spilen en de sneontejûns waard ta beslút yn de Waalske tsjerke út dat wurk foarlêzen troch de akteurs Lou Landré en Jerôme Reehuis. In protte yndruk makke benammen dy lêste mei it dramatyske en wylde proazastik ‘De laatste reis fan de Nyborg’, út de bondel Schuim en As. Mear as in oere duorre dat ferhaal, mar Reehuis syn bolderjend lûd wist de oandacht fan it publyk aardich fêst te hâlden. Al hie ’t lykwols foar guon Ljouwerter pommeranten, dy’t
fan buorman De Stee. “Met mijn vulpen roede ploeg ik de akker van jouw lichaam, stort ik de zaden in jouw voor”, wie de sin dy’t wy by lettere gelegenheden noch geregeld sitearren. Ik sjoch noch it gesicht fan Martin van Amerongen, oan de stamtafel puollemûlkjend en allegeduerigen lûkend oan syn sigaar wylst er de iene nei de oare âlde jenever achteroer sloech. Anne Boelens lake noch it meast fan allegearre. It wie al hiel let doe’t de tillefoan gyng en immen frege oft der noch in keamer beskikber wie. Boelens hie lykwols klandyzje genôch en hy spriek mei de stim fan it automatyske antwurdapparaat dat De Pauw ‘wegens
“Wat een aardige, lieve man was dat, die meneer Wolkers” it festival sponsore hiene, sa njonkelytsen dúdlik lang genôch duorre en foar harren wie ’t noch in hiele toer om wekker te bliuwen op de hurde tsjerkestuollen. De skriuwers dy’t dat wykein in optreden fersoarge hiene, wiene lykwols noch lang net wurch. Elkenien dy’t dat earste seizoen ús gast west hie yn it literêr kafee De Blauwe Stoep wie útnoege en wy hiene harren frege om mei in gedicht te kommen, ynspirearre op de Rimbaud fan Ljouwert. Lyk as wenst lieten wy de dichters, mei de akteurs en presintator Martin van Amerongen, oernachtsje yn De Pauw. Dêr waard it hiele feest nei ôfrin fan it offisjele part fuortset. De net wurch te krijen Reehuis (dy’t yn dy tiid yn hiel wat reklamespotsjes op radio en tv te hearren wie, wêr is dy stim en de man eins bedarre?) hâlde by Boelens in noch folle langer duorjende foardracht as syn krekt ôfsletten foarlêssesje yn de Tsjerkstrjitte. Watfoar ferhaal it krekt west hat bin ’k fergetten, mar benammen it grut ferskaat oan âld-Hollânske termen dêr’t er mei kaam foar de manlike en froulike geslachtsdielen soarge by syn hieltyd rûziger wurdende publyk foar de nedige konsternaasje. Allinne Reehuis syn stim al soarge der foar dat dy nacht de lûdoerlêst fan De Pauw foar ien kear útkaam boppe de desibellen
bijzondere omstannichheden en tot nader order’ sletten wie. De man moast mar earne oars yn Ljouwert in hinnekommen sykje.
it omsittend laach Wat is ’t frjemd dat fan sa’n neisit jin letter faak allinne noch mar fragmintarysk wat te binnen sjitte wol. Wa’t bygelyks dy lette oerkes no krekt allegearre ta it omsittend laach fan Boelens heard ha, is min mear op te roppen. Foto’s wurde eins noait nommen by sokke gelegenheden. Jo Smit wie der grif by. Dy earste seizoenen fan dichtersjûnen yn De Blauwe Stoep kaam er trou (hast) alle kearen fan Skylge en hy wie altiten ien fan de lêsten dy’t opstapte. Op de Slauerhoffjûn hie er syn lang epysk gedicht Seepost (‘Ik bin in flesse mei in brief ’) foardroegen. En Eddy Evenhuis, sonnettedichter Jan Kal, Rutger Kopland en Reinder van der Leest (dy’t oars yn syn gelegenheidsfers dúdlik útkomme liet dat er noait net safolle affiniteit mei Slauerhoff hân hie) moatte der ek by west ha. Alles koe yn dy tiid by Boelens. Jan Wolkers hat ris mei syn húshâlding by him útfanhûze en wylst de skriuwer yn de stêd syn proaza foardroech, paste de âldste dochter fan de famylje Boelens
de Moanne
23
op de twilling. Boelens fertelde letter dat er Wolkers syn boeken wol lêzen hie en nei oanlieding dêrfan nochal in rûchhouwer as gast ferwachte hie, “(...) maar wat een aardige, lieve man was dat, die meneer Wolkers”. Yn it begjin fan it seizoen 1988/1989 wie Simon Vinkenoog by ús te gast. Hy hie krekt syn nije grutte leafde opdien, syn Edith, en de neisit soe dizze kear net te lang duorje, hy wie op syn âlde dei smoarfereale. Foar’t se nei boppen giene moast der fansels earst noch wol even in jointsje smookt wurde. Boelens fûn alles goed. Adriaan Morriën toande him net minder fereale op twa Ljouwerter famkes dy’t nei syn optreden, wy sieten ûnderwyls yn De Harmonie, meikommen wiene nei de Stasjonstrjitte. En alle kearen weroan moasten de skriuwers út it westen de ferhalen hearre oer de dichterlike gast dy’t nei syn dea in spesjale tinkstoel mei nammeplaatsje krigen hie oan de stamtafel, Sybe Sybesma. Hoe’t Boelens geregeld noch in glês bier boppe Sybesma syn grêf leechgeat en wat er allegearre wol net meimakke hie mei de dichter. Wy, Michaël Zeeman – dy’t troch Boelens konsekwint as ‘twee meter tien’ oansprutsen waard – en ik begûnen dan altiten ien fan Sybe syn moaiste gedichten foar te dragen: “Wachtsje mar, ienris komst’ dyselme tsjin / de wiere gonger fan dyn libbensrin (...).”
mear lúkse Wannear’t it momint krekt kaam dat wy foar ús gasten minder gebrûk makken fan de keamers fan Boelens, is min nei te gean. De tiden feroaren. Miskien begûn it wol mei Adriaan van Dis dy’t ris by ús te gast wie doe’t er syn toernee makke fanwegen it Boekewikegeskink dat er skreaun hie en dy’t doe wat mear lúkse (en rêst) easke. En dan beaen it Oranjehotel en letter ek it Stadhouderlijk Hof faaks wat mear komfort as de keamers fan De Pauw. Wy hiene fierders gjin ferplichtings en safolle ha ús skriuwers ek wer net bydroegen ta de totale omset fan De Pauw, mar ik ha der altiten wol wat muoite mei hân om soks earlik tsjin Boelens te sizzen. Al sille der wol hiel wat oare gasten west ha dy’t op in stuit ek mear oer hiene foar wat mear foarsjennings en de priis foar in poëtyske oernachting dochs wat te heech fûnen. Neisitte kin op safolle oare plakken, mar dy spesjale sfear komt net werom.
poezy
eppie dam
stasjon ‘de pauw’
Hjir gie in slúf kopij in middei oer de tonge en kamen kofjebrún de wurden op it kleed dêr’t fryske literatuer de siele mei bedonge (al lokke wol sa hurd de biertaap mei in speet). Rûn bûtendoar de kliber troch gjin rêst beronge, hjir siet it skriuwend laach op syn fertroude steed, syn keutel kakkend yn ’e kulturele ponge – en dêr de âlde dichter, freegjend om in jonge.
willem abma
Keamer 18 De jûn fan Alde Maaie fyts ik nei hotel De Pauw. Foar it earst yn myn libben sil ik der in nacht sliepe. Is dy nacht nedich om der achter te kommen wat De Pauw
24
foar my betsjut of betsjut hat, sa’t de fraach is? Nee, sûnder dy nacht soe ik it ek wol witte, mar it oanbod fan de redaksje is te aardich om ôf te slaan. Boppedat jout it de kâns om einlings de keamer te sjen dêr’t Sybe Sybesma sa faak terjochte koe. Boelens sit op syn fertroud plakje oan de stamtafel, op ’e hoeke. Mei in brede earmswaai makket er dúdlik dat ik mei fyts en al der wol ynkomme kin. De fyts kin moai ûnder de treppen stean, seit er. Wy fûstkje. Tafallich sit Catrinus van der Velde der ek. Hy wie ien fan de lêste bedriuwslieders fan hotel De Kroan en is no wurksum yn de bar/restaurant fan it histoarysk museum yn de Kalverstraat yn Amsterdam. En noch in fertsjintwurdiger yn ferpakkingsmateriaal út Ede. Ik set de tas op in bankje en jou my del njonken Boelens mei de rêch nei de televyzje ta. Der is al in soad fan de ynrjochting fuort. Earne opslein. De stoel mei in plaatsje mei berte- en stjerdatum en berop fan Sybe Sybesma ek. Dy stoel wol Boelens net kwyt. Tresoar kin him yn ’t earstoan ek net keapje, seit er. Boelens is op ’e tekst oer frjemde gasten dy’t er yn de krekt sechtich jier dat er yn De Pauw wenne hat, meimakke hat. Van der Velde pleagerich: “Der binne net folle gasten dy’t it sa lang folholden hawwe.”
humor Aparte gasten? Drs P., Simon Vinkenoog, Jules Deelder en konsorten fral, en Ko van Dijk. De lêste koe it min ferneare dat in âldere man mei in prachtich moai famke oan in tafel in eintsje fierder siet te iten. “Dy is ek net mei syn eigen frou op stap”, sei er tsjin in kollega-akteur en dat wol sa lûd dat elkenien it ferstean koe. De opmerking waard in pear kear werhelle. It begûn de man yn kwestje te ferfelen. Hy gie oerein, rûn nei Ko van Dijk ta en sei: “Jo binne in grut akteur, mar in ûnoangenaam minske en dêr is myn dochter it mei iens.” Sa binne der mear anekdoates dy’t miskien nochris opskreaun wurde troch in betûft sjoernalist. De man op keamer 20 bygelyks dy’t yn de tean knypt wurde moast
de bearenburch fan pake oane. foto jan kalma.
de Moanne
25
om wekker te wurden. Fansels waard der in kear yn de ferkearde tean knypt. De gast dy’t fan de hûnebrokken dêr’t er fertsjintwurdiger yn wie, iet om de ûnkosten foar iterij út te sparjen. Heit Boelens hie in geweldich gefoel foar humor dat dy gie yn in soad fratsen fan syn gasten mei. Sa waarden him op syn syn jierdei geraniums oanbean dy’t út de blombakken fan De Klanderij plukt wiene. Dikke Boelens, sa’t de oanfurdige bijnamme wie fan âlde Boelens, naam se yn tank oan. De oare deis hat Boelens junior se wer werom yn de bak sette moatten. Dat seach in plysje dy’t yn De Pauw om útlis frege. Hy soe prosesferbaal meitsje mar nei’t er wat vieux mei kofje krigen hie en op gebak traktearre waard fanwege de jierdei, gie dat oer. Of de fertsjintwurdiger dy’t fan âlde Boelens út ’e gek altyd dokter neamd waard. Hy krige in kear in klap fan in froulike gast omdat er yn in situaasje dy’t dêr om frege gjin befalling dwaan woe.
men lit jin net fan wanen mear betsjoene dronken demoanen dûnsje in âld ferlet; de lêste treast: ien moarnske sigaret, reekslierten dy’t gjin stalte winne woene. en yn ’e keamer spoeket wyld fenyn, de muorren wurde swart, de boeken lêstich: myn hertsear is oan ’e ein, en sûnder fêstichheid swalkje ik tenei myn nachten yn. ik hold fan dy, en do begearst’ my net – ien lêste treast: in moarnske sigaret. Ik kin dat fers net sûnder ûntroering lêze. Komt it omdat ik Sybe sa goed kend ha? Hy plichte my syn fersen foar te lêzen lyk
De man dy’t in pear fan de moaiste gedichten fan de Fryske poëzij skreaun hat en ik binne wer eefkes op dizze keamer by elkoar.
sybe sybesma Allegearre aardich, mar it giet my fral om Sybe Sybesma. “De man moast net te folle treprinne, dêrom hie er in keamer op de earste ferdjipping,” seit Boelens as er my de keamer wiist. Keamer 15 of keamer 18. Meast hie er keamer 18. “Ik wol se beide ha,” sis ik, “dan kin ik de earste helt fan de nacht op keamer 15 en de twadde helt nei keamer 18.” It wurdt keamer 18. It is al wer 17 jier ferlyn dat Sybe weirekke. Jierrenlang sieten wy op freedtemiddei doe’t De Kroan de doarren sluten hie yn De Pauw. Fenno Schouwstra, Jildert Sudema, Sybe en ik, ûnder oaren. Wat letter kaam Yme Kuiper der by, soms Gerrit-Jan Zwier, Durk van der Schaaf, Jacques van Gent en faak skode der wol ien oan, in passant of in oarenien. Fiif oere wie de uterste tiid. Wie ik letter, dan belle er op. “Wêr bliuwste?” Dan klonk der suver wat fan in ferwyt yn syn stim. Dit wie sa groeid, jo bleaune net samar wei. Aanst sit hjir ûnder in Grand Café. Boppe komme apparteminten foar studinten. Fan De Pauw sil neat mear oer wêze. De man dy’t in pear fan de moaiste gedichten fan de Fryske poëzij skreaun hat en ik binne wer eefkes op dizze keamer by elkoar. Eis heauton. Oostburg, 7 jannewaris 1975. “Wachtsje mar, ienris komst’ dyselme tsjin, / de wiere gonger fan dyn libbensrin, / in frjemd, dy neier as dyn allerneiste:/ kroantsjûge fan in libbenslang fersin!” Mar fral syn passyfers, want sa soe ik it neame wolle, syn ‘Etude 2’: de lêste treast: in moarnske sigaret deawurge eagen dy’t net sliepe koene en tinzen: mei gjin inkel lot fersoene... – it daget al, en it is fierste let.
as er dat safolle oaren die. Nei’t er dit makke hie, ha ik him faak frege om it foar te dragen. Dat wiene bysûndere mominten. Eagenblikken dy’t my in assosjaasje jouwe mei it skilderij fan him fan Sjoerd de Vries. Passy, skreau ik, en ik realisearje my dat dat wurd ek as hertstocht opfette wurde kin.. Dêrom is dit fers in passyliet. Keamer 18, de keamer fan Sybe. Bysûnder hjir fannacht te sliepen. Sa’t it bysûnder wie yn Korinte, yn Karthago, yn Jerusalem om alderlei ferskillige reden, mar mei in mienskiplike ûndergrûn: op in plak te wêzen dêr’t ien wie dy’t in hiel bysûndere betsjutting foar jo hat of in grutte rol yn jo libben spile hat. “Dat wie wat,” seit Boelens, “Sybesma hie altyd keamer 18, mar dy wie beset doe krige er keamer 15, mar dat wie er fergetten dat hy gie nei keamer 18 en klaaide him by it skimerlampke út. Hy gie op ’e râne fan it bêd sitten. ‘Kom derby’, klonk it ûnder de tekkens wei en de gast sloech noegjend de tekkens iepen. Oerstjoer kaam Sybesma wer ûnder,” fertelt Boelens. Sa binne der wol mear foarfallen te neamen. “No moat ik moarn preekje en bin ik godferdomme myn preek kwyt”, raasde Sybesma in kear troch de saak dêr’t krekt in grifformearde frouljusploech siet te konferearen. “Wat is dat foar dûmny, Boelens?” fregen de froulju kjel. “Yn ’e Kroan dronk er jenever, yn ’e Pauw bier”, giet Boelens fierder. “Wy mongen syn bier mei spa , as er in pear op hie, en brochten it noait tagelyk mei oare want it wie wat ljochter en dat seach er fuort. Dan sei er tsjin my oan ’e ein fan ’e jûn: ‘Wat is dit in pracht tinte. Ik wurd net dronken en it is noch goedkeap ek.’ Ik berekkene de spa net”, seit Boelens. “Och ja, dy man hie it ek net rom. Ik sei in kear tsjin him: doch de jas dochs ticht, menear Sybesma, it is roetkâld. ‘Dat wol net,’ sei er, ‘de knopen binne der ôf.’”
“Wolst aanst trouwens ek in Ternaarder Beerenburg fan pake Oane”, freget er. Wer ûnder wiist er my de fjouwerhûndert jier âlde stiennen kanonskûgel oan dy’t oait yn de fundearring fan De Pauw opgroeven is. “Wy ha hjir achtentweintich keamers en sechtich bêden”, seit er. As muorren prate koene dan... ja dan. “De sfear is noch altyd smûk troch de ynrjochting. “Hoe neamst dizze styl?”, freegje ik. “Gewoan húskeamerstyl. Wy ha in hûn, Barras, in bokser, der is in kat, foarhinne wiene de bern der noch by. Wat fûgeltsjes, tegeltsjes oan ’e muorren, aardige skilderijen, alles is skildere yn rêstige kleuren. Ja dan krijst soks.” It is aardich let wurden. “Do soest noch in Ternaarder Beerenburg fan my hawwe.” Hy rint nei de taap en komt mei yndie in tige krûdige smaakfolle Beerenburg mei iis werom. “Fan pake Oane en beppe Banning”, seit er. “Noch famylje fan dy professor Banning.” Ik drink him op, ha fuort sin oan in twadden, mar hâld my yn. Moarn is der wer in dei. It is healwei ienen. It hat moai west ik gean op bêd. Wy fûstkje, Boelens en ik, want moarntemoarn hat de frou tsjinst. Sels sit er frijwol alle jûnen oan healwei twaen ta te wachtsjen oft der noch folk komt. Foar it sliepen lês ik in preek fan Meister Eckhart. It is nûmer 32 yn in fertaling fan Cor Jellema. Hy is foarlêzen by de routsjinst fan Jellema op 24 maart 2003. It is in helder eksposee oer it ûnsisbere. Dat mystyk sa wiskundich wêze kin, hat my ferwûndere doe’t ik nei de preek harke. Thús hie ik al in pear fersen fan Sybe lêzen. Dêrom no dit mar. Bûten klinke stimmen, auto’s tuterje en lûke op. De keamer sjoch út op ’e Baljeestrjitte en is rom twapersoans. Yn gjin jierren ha ik net sa mei Sybe dwaande west. It is as lústerje de muorren de rigels fan ‘Etude 2’ en ferkringe se de lûden fan bûten nei de eftergrûn.
gjin slieppakhús De oare moarns stiet der in treflike moarnsbrogge klear, mei in oerfloed oan belech. De antike blauwe tegeltsjes fan de âlde skou binne der al út brutsen. Noch tsien dagen en De Pauw is ticht. As ik ôfrekkenje wol mei frou Boelens mei ik neat betelje. Sa ha Boelens en de frou dat betocht. Wêr yn de hoareka makkest soks mei? Ik meitsje wat beswierenen, mar nee... Op it stasjon helje ik in moai bosk blommen. Op it kaartsje skriuw ik: “Tige tank. It hat skoan foldien. In goede neisimmer tawinske. Dy ha jim grif fertsjinne nei in libben fan krewearjen en hurd bodzjen, hertlike groetnis, Willem Abma.” “Freeslik,” seit se, “fan alles nei neat.” Nee, sy hoegde net mei de wurge fuotten yn in tobke mei lij wetter lykas beide skoanâlden alle jûnen diene. “As wy mar net yn in gat falle. In famyljehotel is wat oars as in slieppakhús. Wêr moatte de minsken fan de Waadeilannen no hinne, wêr de lytse man mei de platte beurs?” Yn De Pauw sieten gjin jildwolven, safolle is yn ’e rin fan de jierren wol dúdlik wurden. Men waard der altyd poerbêst behannele. Dat is De Pauw ek. Hulde!
hotel de pauw
Al is it sizzen: muorren prate net Bliuw eefkes stean en harkje nei ’t ferhaal Dat gasten dogge yn har eigen taal: Oan Mohammed of God in lang gebed Leafdesgeien de jubel fan it lok In lûde weeklacht om it eigen lot In hinnekommen hie hjir jong en âld Fan waadeilân of d’ oare kant de wrâld In slokje makke alleman gelyk Op lette jûn wie ek de earme ryk Bliuw stean in tel tink oan hotel De Pauw Hjir buorken Oane Boelens en de frou Hark hoe’t wjerklinkt it fers ‘Etude 2’ Fan Fryslâns dichter Sybe Sybesma Willem Abma
26
de Moanne
Sybe Sybesma en De Pauw jacques van gent
27
In de herfst van 1978 ontmoetten Sybe Sybesma en ik elkaar voor het eerst in hotel de Kroon. Ik had er, alvorens naar Friesland te verhuizen na mijn benoeming tot directeur van de Provinciale Bibliotheek, een tijdelijk onderkomen gevonden, terwijl Sybe er, zoals hij zelf zei, “des avonds zijn besognes des levens na gedane arbeid placht te ordenen, te verwerken ofwel soms ook alcoholisch te laten vervluchtigen.” Hij had graag een welwillend doch kritisch gehoor, merkte ik al gauw, dus ik heb toen, na iedere maaltijd, waarbij mijn bestellingen over de hoofden van de aanwezige gasten luid galmend door het etablissement aan de keuken werden doorgegeven, bij hem aan de stamtafel aanschuivend, al dat ordenen en verwerken op bescheiden wijze in redelijke banen geleid. Dit betekende dat mijn deelname vooral bestond uit luisteren en soms te doen alsof. Bij Sybe mocht je maar hoefde je nooit zo heel erg veel te zeggen. Mijn participatie in de alcoholische vervluchtiging had wat meer volume en die hield dus, zij het met moeite, min of meer gelijk tred met zijn inname. En toen was De Kroon plotseling verdwenen. Corona exit, zei Sybe, de classicus. Zeker, De Pauw mocht er zijn, die was behaaglijk en kleurrijk, en de gesprekken daar zouden weer gauw genoeg de juiste toon treffen, maar toch… We hadden inmiddels elkaar niet echt uit het oog verloren, integendeel. Toen de rest van mijn gezin zich bij mij voegde in het lieflijke Goutum, waren de gelagkamerontmoetingen weliswaar wat spaarzamer geworden, maar tegelijkertijd waren we wèl met elkaar in correspondentie getreden. De band die tussen ons was ontstaan bleef daardoor intact. De gedwongen gang naar Hotel, Café, Restaurant De Pauw bracht op bijzondere wijze een hernieuwd en regelmatig ontmoeten met zich mee. Niet alleen had Sybe er weer een bijna dagelijkse stek gevonden – hij was al snel tot de overtuiging gekomen dat de gesprekken ook daar in die gemoedelijke, ietwat bruine sfeer echt konden gedijen en de alcohol er even goed tot zijn recht kwam als in De Kroon – maar ook de regelmatige bijeenkomsten van het in alle betekenissen van het woord geestrijke genootschap Societas Sine Nomine vonden er inmiddels plaats. Sybe was er lid ofwel ‘Genoot’ van. Toen mij begin 1980 dan ook een uitnodiging bereikte om lid van die club te worden, vermoedde ik dat dit op aanbeveling van Sybe was. Kennelijk vond hij mijn lidmaatschap na opgedane ervaringen in De Kroon de moeite van de voordracht waard. Hij was in die tijd bovendien secretaris en dus belangrijk. Zijn functie oefende hij op de hem eigen overdonderende wijze uit, luidkeels zijn aanwijzingen plaatsend als het programma ter sprake kwam of in bloemrijke
sybe sybesma aan het werk in de pauw, november 1984. foto henk kuiper, argyf tresoar.
stijl schrijvend waar het de richtlijnen in zijn convocaten betrof. Ikzelf, gewend om met roerige vergaderingen om te gaan, kreeg al na een paar bijeenkomsten op basis van mijn door allen erkende autoriteit de leiding van het vaak wanordelijke, tot dan toe op gemoedelijke wijze door Yme Kuiper voorgezeten gezelschap en zelfs voordat ik mijn eerste voordracht had gehouden bestuurde ik met strenge doch rechtvaardige hand de vaak onstuimige bijeenkomsten. De leden, maar vooral Kuiper, vonden het allemaal wel goed zo. De Pauw had iets dat De Kroon niet had. Na zovele jaren zijn veel details uit mijn geheugen verdwenen, maar het allegaartje aan vreemde en angstaanjagende parafernalia waar je langs moest lopen om bij de stamtafel te komen ontbrak in De Kroon, voor zover ik me herinner. In de Pauw was het gedeelte waar de eetzaal zich bevond bovendien gescheiden van het restaurant (met stamtafel) door een trap naar de eerste verdieping waaronder zich een telefooncel en de toiletten bevonden. De soms penetrante ‘fragrance flatulente’ die rond het trappenhuis hing, maar waaraan niemand zich scheen te storen zorgde voor duidelijkheid in de ‘bewegwijzering’. Ter linkerzijde van dit reukgordijn kon men een maaltijd nuttigen, ter rechterzijde kon men drinken, desnoods met een uitsmijter of zo. En dáár ook kon men Sybe ontmoeten, die als een wat slordige en soms morsige vorst zijn plaats aan tafel had ingenomen, vrijwel iedere avond omringd door een volkje van uiteenlopende
aard. Het maakte Sybe niet uit wie aanschoof, iedereen was welkom. Elk onderwerp van gesprek was hem bovendien even lief, en altijd weer was hij in staat het besprokene te becommentariëren in het licht van de klassieke oudheid. In dat opzicht had hij wel iets weg van die andere beroemde Fries, Titus Brandsma, die weliswaar Sybes stemgeluid ontbeerde en zeker geen liefhebber van het geestrijk vocht was, maar die volgens Godfried Bomans in staat was om elke discussie in een ander licht, namelijk het licht van de eeuwigheid te zien. Deze vaak verrassende wijze van inbreng in het gesprek bezorgde de aanwezigen de nodige schroom om eigen gezichtspunten naar voren te brengen, tenzij men niet het vermogen had het belang van Sybes oraties naar waarde te schatten en zijn wijsheden bleef interrumperen. Op
door gelijken van geest, boven wie hij weliswaar uittorende, maar die hem desondanks allen even lief waren. Hij genoot van de voordrachten van de anderen en voorzag ze van onverwachtse terzijdes, met graagte gaf hij bestellingen door voor weer een volgend rondje en met nog meer genoegen nam hij deel aan de discussie die volgde op elke lezing die meestal uitmondde in een hoekje van De Pauw, ergens tussen veel varens en andere enge planten, waar de gemoederen nog hoog konden oplopen. Intussen concipieerde hij met veel zwier zijn volgende convocaat, zoals gewoonlijk aanvangend met een krachtig “Lectoribus Salutem!” Het gezelschap is het enige in de wereld dat zijn tweede lustrum vierde bij zijn achtjarig bestaan. Het werd een gedenkwaardige bijeenkomst daar in De Pauw. De tafeldialogen waren
Wetenschap was voor hem geen vast, onveranderlijk gegeven. Wetenschap was ‘weten in wording’. zulke momenten was Sybe op zijn best. De leraar kwam dan als vanouds in hem naar boven. Wetenschap was voor hem geen vast, onveranderlijk gegeven. Wetenschap was ‘weten in wording’. Het was wetenschap in beweging en dat betekende vorming, verrijking van kennis, vergroting van inzicht. En dus onderwees hij met volle overtuiging en altijd met stemverheffing volgens de regels van de klassieke retorica zijn aandachtig gehoor. Zijn ontboezemingen werden al naar gelang de avond vorderde en de streepjes op zijn consumptienota’s toenamen van ontzagwekkende, bijna kosmologische grootsheid. Even zo gemakkelijk als hij belangrijke gebeurtenissen en personen uit de geschiedenis van de Friese taal en cultuur diepgaand analyseerde (of dat nu Alma Tadema was, de Elf Stedentochten, Obe Postma, Gerben Abma, of Gysbert Japix, dat maakte niet uit), becommentarieerde hij de wijde wereld buiten Friesland (literatuurwetenschap, filosofie, Roland Holst, Ginzburg, Georges Sorel, noem maar op). Zijn geliefde klassieke schrijvers en denkers fungeerden daarbij steeds als inspirerende voorbeelden op de achtergrond. Met sonore stem Parmenides of Lucretius, Aristophanes of Cicero citerend deed hij zijn gehoor als het ware in de schoolbanken terugkeren. De stamtafel werd zijn lezenaar, zij het van een merkwaardig Perzisch tapijt voorzien. Zijn krijtje was de pen waarmee hij terloops ook gelegenheidsgedichten schreef voor wie aangeschoven zat, zijn bierglas werd een aanwijsstok waarmee hij kabbalistische figuren in de lucht tekende. Hij had zijn eigen zetel, zorgvuldig door herbergier Boelens voor hem apart gezet, waar trouwens sowieso geen sterveling in durfde plaats te nemen. Tijdens de bijeenkomsten van het Sine Nomine Genootschap (tegenwoordig Sine Nubilo) nam hij opgewekt, maar toch met enige pijn in het hart tijdelijk afscheid van zijn geliefde plaats aan de praattafel en begaf hij zich naar de linkerzijde van het bedwelmende trappenhuis waar de leden, nadat de laatste logementgast zijn avondmaal genuttigd had, tafels en stoelen aaneenschoven ter voorbereiding van de bijeenkomst. Daar, in het halfdonker van de romantisch, dus met weinig lampen verlichte eetzaal leefde hij echter weer snel op, omgeven als hij zich voelde
mede dank zij Sybes volumineuze bijdragen van hoog bijna Platoons niveau en de garnering bestaande uit voedsel en drank was door de goede zorgen van de eigenaar van het etablissement daaraan gelijk. Sybe, voor de gelegenheid in jacquet gestoken, schitterde als nooit tevoren en hij declameerde regelmatig zijn nog in bewerking zijnde of zojuist gereedgekomen Catullus vertalingen met luide stem voor een verbijsterd en ontroerd gehoor. Menig lid snelde daarna naar de balsemieke telefooncel om het ‘Vivamus, mea Lesbia, atque amemus’ van de dichter, nu zo begrijpelijk door Sybe vertaald, aan uit hun slaap gerukte echtgenotes of vriendinnen voor te dragen en de vele duizenden kussen (‘da mi basia mille, dein mille altera’) ook voor zichzelf op te eisen. Begrijpelijkerwijs, gezien het uur en de afstand waarop zulks geschiedde met weinig succes. De poorten van De Pauw werden die nacht laat gesloten. Sybe en De Pauw of De Pauw en Sybe, wat maakt het nog uit? De onafscheidelijken raakten gescheiden toen Sybe in 1986 zich meldde op de Olympus in gene wereld om zich eeuwig te mogen laven aan de wijsheden van zijn geliefde klassieke goden en helden. Zijn stoel, inmiddels van koperen inscriptie ter nagedachtenis voorzien bleef achter, zoals De Pauw. En nu verdwijnt ook dit laatste ijkpunt van sfeer en van vrienden in een kring. Sybe zou zeggen dat het nu eenmaal het lot van alle gloria mundi is. ‘De heugenis giet suver ek toloar, men mimert nei: hwat stelde it eink foar?’ Maar in dit geval zou ik het niet met hem eens zijn en antwoorden: een heleboel, Sybe, een heleboel.
28
de Moanne
Menear Boelens
poezy
baukje wytsma
29
‘Meiske wat hewwe jou mooie ogen’ sei de hotelier steefêst as wy ien foar ien ús plak ynnamen by de tafel, altyd lofts fan de foardoar, yn hotel De Pauw foar ús Strikelgearkomste fan alle moannen. Al fier de fjirtich foarby, fielde ik my dochs noch ferlegen. Menear Boelens sels ek, dat seach ik oan syn eagen, want hy hie oars noait fan dat ôfwaaide praat, want hy wie yn funksje. Mei de soargeleaze swierichheid fan in krekt wat te dikke dûnser skikte er sûnder kantroeren it glêswurk teplak. En dat foel net ta, want de Strikelploech kaam meast op folle sterkte, dat de romte op en om de tafel wie de krappe kant it neist. It wiene moaie tiden, want elk libbe noch: Cor(k) Hoekstra, Frâns Holwerda, Rink van der Velde, Hylkje Goïnga. Utsein Hylkje (goed foar in potsje tee) mochten wy allegear wol in slokje, soms wiene de glêzen earder leech as fol en de ferhalen oer alles wat mar op ien of oare wize mei Fryslân en de Friezen te krijen hiene, wiene al gau net fan de loft dy’t stiif stie fan sigarereek. Dy jûnen yn De Pauw wiene my dierber, it hearde jierrenlang by it libben as iten en drinken, wy wiene dêr om samar te sizzen ‘kind aan huis’. Eins wie dat ek net sa ferwûnderlik. Hotel De Pauw fielde ommers as in fertroude húskeamer, lekker alles altyd op itselde plak, de kachel wat te waarm, de hûn fan Boelens dy’t achteleas tusken de stuollen omrûn, it koperguod, de fûgelkoaikes, wat planten tusken de swiere brune meubels dêr’t elk him op syn eigen wize op deljoech. Yn De Pauw hie de tiid de tiid. Boelens of menear Boelens (wy seine noait fan Anne) soarge tradisjoneel jûns let foar tsiisplankjes en bitterballen, ek neffens tradysje altyd keurich op bestelling fan ponghâlder Douwe Kootstra. Soms waard Boelens yn it Strikelpetear behelle, hy prate mei, harke en lake wat, mar bewarre altyd de nedige beropsmjittige distânsje. In sjarmante en markante minskeman dy’t mei ûnfryske graasje syn wurk die. Wat my oanbelanget is sûnder him De Pauw passee, mar ‘Lang libje de Pauwekening!’
margryt poortstra
retoer
ien kear noch springskâns nei de fierte, it lêste plak om twivelriedich oan it plús te plôkjen, ferlegen mei de blommen foar it nijste boek; âld hout dat kreaket, brún, bier en slim fersleine lucht blau fan ’e reek paublau dêr is it rûzich; dan trillet it izer tsjin ’e raljes, troch it rút, hast breinbrek troch de holle en skokjes fan petear, los fan ferbân, sjitte by fragminten fan gesichten lâns dan hammerje de lûden fan ’e thústaal nei en bine har oan bylden; dan pylkje dy sensaasjes mei giselfeart en hymjend oer it spoar: teloar, teloar
Houtsjes en members yn De Pauw henk van der meulen
It ferdwinen fan De Pauw betsjut dat gâns ploechjes en klubkes nei in oar gaadlik ûnderkommen sykje moatte. En dat jildt benammen in triumviraat dat – tajûn – yn de lêste achttjin jier noch mar trije kear gear west hat mar dochs ûnferbreklik mei dat hoareka-bedriuw ferbûn is. Ik doel op it selsbeneamde ad-hoctrijetal dat sûnt 1985 allinnich nei in Alvestêdetocht gearkommen is om in dielnimmer dy’t it earst op ‘houtsjes’ oer de einstreek op de Bonkefeart kommen wie yn it sintsje te setten. Dat barde op in feestlik gearkommen yn De Pauw, dêr’t him de ‘Ere Prijs Houten Schaats’ (in earebeker) oerlange waard en ek noch in slûf mei in jildbedrach. Boppedat waard syn namme grifke yn in mânsk fersilvere boerd dat yn De Pauw te pronk stean bleau (sjoch yllustraasje op achterkant omslach). Wêrom dat allegearre perfoarst yn De Pauw? Om’t eigenerútbater Anne Boelens hearde by it trijetal, dat fierder bestie út de sjoernalist Jildert Sudema en syn kollega Henk van der Meulen. Boelens wie teffens de haad-sponsor fan dat barren troch de kosten fan beker en boerd foar syn rekken te nimmen, en ek noch rynsk foar hapkes en drankjes te soargjen. Sa koe it jild fan in tal oare sponsors alhiel oan de priiswinner taparte wurde en bleau der neat oan de strykstôk hingjen. Trije kear is de priis yn De Pauw útrikt: yn 1985 oan de feehâlder Olchert Marra fan Aldebiltdyk, yn 1986 oan de boufakker Sybe Laversma fan Mûnein en yn 1997 oan de keunstner Ids Willemsma fan Hallum. Alle trije koene se tûzenen riders op noaren it haklear fan har houtsjes sjen litte. Moaier bewiis dat de houten reed duorjende wearde hat foar tochtriders kin men jin net winskje. De mediagekte dy’t yn de oanrin ta in Alvestêdetocht plichtet út te brekken, is fansels ek de Ere Prijs Houten Schaats net foarbygien. Fral yn 1997 is omraak troch radio en tv frege nei it wêrom fan de priis. Jildert Sudema (dy’t it idee fan de priis as in ‘opstiging’ betitele hat) wie doe al slim siik, mar hy hat de priisútrikking gelokkich noch al bywenje kind. Yn de takomst sil de útrikking fan de Ere Prijs Houten Schaats dus net mear yn De Pauw kinne. Mar der is sûnder mis wol in oar gaadlik plak yn de Ljouwerter hoarekawrâld. En der sil grif ek altyd in ‘útfierend triumviraat’ te finen wêze. Benammen ûnder de ‘members’ fan ‘The Amicitia Memorial Dinner Movement’. Dy dinner-movement – de namme is oernommen út in advertinsje yn The Times – is in fuortsetting fan de sneontemoarnske stam-, lês-, praat-, buorrel- en rabberstafel yn it yn 1966 ôfbrutsen Ljouwerter hotel-restaurant Amicitia, it bekende pied-à-terre fan Havank, foar wa’t de movement-members by it
30
jildert sudema (r.) en eabele jongsma mei sybe sybesma (l.) oan de stamtafel yn de pauw, novimber 1984. foto henk kuiper. argyf tresoar.
iten ek noch altyd in stoel frijhâlde. Sûnt de sloop fan Amicitia komme de members alle jierren op in sneon yn desimber gear foar it opheljen fan dierbere oantinkens, foar in sûpke en foar in út stamppot besteand diner. Yn it earstoan yn ûnder oare De Klanderij (ek al ôfbrutsen) en De Kroon (dat ta in notariskantoar ferwurden is) en de lêste jierren yn De Pauw. It fuortbestean fan de dinner-movement is lykwols fersekere, want al binne der fan it hjoeddeiske selskip noch mar trije members dy’t sels yn Amicitia oan de stamtafel sitten hawwe, koöptaasje soarget altyd foar nije members mei as talittingskritearium it foutleas staverjen fan it wurd Amicitia en in fleurich sin. Men hat ek al in oar ûnderkommen fûn en wol yn it ferneamde brune kafee De Ossekop. En de kâns dat de Ere Prijs Houten Schaats dêr yn de takomst ek útrikt wurde sil, is dus alhiel net tinkbyldich.
de Moanne
El Pavo Real sjoerd cuperus
31
Soa, dus Boelens houwt der met op. Nou, sonde. Weer un stap inne geskiedenis. In ut Stasjonsketier is er eins de man, dy’t un direkte line het met Sip Castelein en miskien ûk wel met Mensonides fannut Oranje Hotel. Dat lykt mij nou un goed ferhaal: Pauw en Oranje. Mar dat mutte anderen mar útsûke. Ik kreech begin jaren ’70 met ’em te doen, toen’t ik inne tyd fanne POW WOW’s begon met bútenlanse artysten naar Liwwadden te halen. Wij dachten toen dat wij hippies waren en wij waren teugen Ut Systeem, dat, wúden dy mensen slape, dan must dat a. hast fegees en b. hippie-friendelik weze. Nou, dan wadder mar een: De Pauw. Boelens is un friend fannut hele mènsdom. Iedereen mag derin, as jou mar un bitsje oké binne. Ut muzikantefolk het der in dy dettich jaar altyd op út weest om apat foor de dach te kommen. En noch inne jaren ’90 sei Boelens dan: “Dy mènsen fan jou, Cuperus, se sien der nyt út, mar se binne hatstikke fetsoenlik”, suks op un toan at hij dat erges wel un bitsje un merakel fon. Een keer mut der toch wat gebeurd weze. Later hoorden wij, dat Ferre Grignard, in dy tyd un bekend folk- en skifflesanger út Antwerpen, nou allang doad, met syn hele bend úte Pauw set was. “Kamermeisje aangerand”, sei de bron. Nou, ‘den Ferre’ ston mear bekend om ut innimmen fan feul fan alles wat te smoken en te súpen was, dan om spul met froufolk, en, binne der wel oait kamermeiskes weest inne Pauw? Uk un fraach foor de wetenskap, lykt mij. Inne Hippo-tyd, eind jaren ’70, waren wij feself ûk klant bij de Pauw, mar toen mochten wij gyn hadde muzyk make, dat wij waren ut beste folkpoadium boven Apeldoorn, dat gyn punkers en su. En wattur kwam, Engelsen, Ieren en Fransen (Bretonnen), dat waren allegaar hatstikke fetsoenlike en onbespoaten types.
Mette Ooievaar inne jaren ’80 en ’90 hadden wij faak Amerikanen út ut Súden of fanne Westkust inne Pauw. Om se dan un bitsje inne stemming te brengen sei ik altyd: “This here is Real Old Dutch.” En soms ging dat derin. Dan hadden je su’n jonge út San Diego of Seattle, dy sat daar wat sweverich om ’em heen te kyken – want se musten allemaal wel eerst naar de koffysjop – en dy sei: “Wow man, this place is really talking history.” Mar we kregen later ûk wel es un klacht deur Mojo fan goedens dy’t wat sterren meer wend waren en dan was ut: “Hoe kon je ze dáár nou onderbrengen?” Een fan sukke bonken, ik meen út Texas, sei teugen mij met fúle ogen: “The goddam joint hasn’ even got an elevator.” Gyn lift = gyn hotel fon disse seun fan Sam Houston. Boelens was as un fader foor dy lui. Ut gyng su: bendsje bouwt op, in Romein of inne Brouwershoeck, speule, uur of twaalf, half een, afbreke, wat mette meiden ouwehoere, en dan wúden se noch wat en dan musten se al naar ut hotel , want half twee wadde ‘curfew’. Sleutels met wadder nyt bij inne Pauw. “Nou, twee uur”, sei Boelens dan. En dan satty te wachten tot se kwamen. Inne jaren ’90 hadden we ûk noch de bútenlanse stazjèrs: Spanjerds, Italjanen, Fransen. Jonges en meiskes, dy’t wachte musten tot ut gastgesin der klaar foor was. Kultuerfeskillen en misfestanden, mar da’s wel leuk, achteraf. Ik sú sêgge dat ik in dy 30 jaar toch wel so’n 300 kames bij Boelens huurd hè. En ut is hatstikke sneu datte Pauw nyt feddergaat. Want nou hè’k krekt weer un klusje fan un kamer of -tich. Boelens laat un gat. Teugenwoadich bin’ ut allegaar ketes en hotello’s en kompjûters en deupjès. En daar kenne jou niks met. Sukken as Boelens, dy komme der noait weer.
Wat sei? Carla Bogaards oer De Pauw “Als er iets literairs in Leeuwarden te doen is, logeren veel schrijvers in De Pauw. Dat komt ook wel door de bijzondere mensen. Ze vinden daar niet gauw iets gek. Wil je ’s ochtends een gehaktbal? Dan krijg je die. Leeuwarden is een heel mooie stad, met prachtige architectuur. Ik herinner me een schitterende winterdag, het
vroor. Het licht werd prachtig weerkaatst door de moderne gebouwen. Als dichter ben je daar overgevoelig voor. Eigenlijk logeer ik niet vaak in een hotel, hooguit voor mijn werk. Een lekker bed en een schone kamer vind ik het belangrijkste. Natuurlijk ook dat de mensen aardig zijn. Dat je, als je je opeens eenzaam voelt, even een praatje kunt maken. Zoals in De Pauw dus.” Het Parool, woensdag 6 februari 2002
Sybe, Sorel en De Pauw Ruim twintig jaar lang kwam in hotel De Pauw een gezelschap bij elkaar dat zich bij gelegenheid tooide met de naam SSN. Het was de dichter-classicus Sybe Sybesma geweest die, als secretaris van dit herengezelschap, de aanduiding SSN had gelanceerd: Societas Sine Nomine. Toch is de benaming SSN nooit echt populair geworden onder de leden. Zij zelf gebruikten veel liever een term als ‘het Pauw-genootschap’. Buitenstaanders hadden het – tot aan zijn overlijden in 1986 – steevast over ‘de club van Sybe’. De term ‘herengezelschap’ verdient hier trouwens enige toelichting. De club was ooit, in 1974, te Heerenveen opgericht, niet door heren maar door studenten, als een soort dispuut. Enkele jaren later werd besloten voortaan in Leeuwarden bijeen te komen. De keuze viel op hotel De Kroon. Volgens Sybe Sybesma was deze uitspanning uitermate geschikt als nieuw onderkomen voor de club. Na een eerste bijeenkomst in De Kroon op de langste dag van 1976 dachten de overige leden daar precies zo over. Nog diezelfde nacht kreeg het gezelschap een nieuwe secretaris: Sybe. De stemming van toen is aardig getroffen in een kwatrijn van Sybe zelf: ‘Verdwaasd door ’t silhouet van avondlijke bomen, / Verdonkerd in de mist op een verlaten plein, / laat ik me wiegen op wat nutteloze dromen / en ik ontzeg de zon het recht, terug te komen …’ Nog in de Heerenveense periode had Sybe eens een voordracht in de club gehouden. Over Griekse filosofie en haar betekenis voor de huidige wijsbegeerte. Dat was kort nadat hij een jaar lang les had gegeven aan twee scholen te Oostburg. Toen al viel op dat het magische en het dichterlijke Sybe meer lag dan de koele, beschouwende analyse. In het voorjaar van 1979 sprak secretaris Sybe – in die tijd verbonden aan het Frysk Ynstitút te Groningen – in De Kroon over de dichter Adriaan Roland Holst. Daarbij bepaalde hij zich alleen tot de laatste bundel van Roland Holst: Voorlopig. Dat was een schoot in de roos. Zelden zal Sybe in de club zo’n gewillig oor hebben gehad als die avond. Met verve droeg hij het ene na het andere gedicht voor uit de bundel en leverde er vervolgens enig commentaar op. De orakeltaal van Holst raakte bij Sybe gevoelige snaren, dat was de aanwezigen prompt duidelijk. Wie Sybes eigen bundel En marge uit 1978 erop naslaat treft daarin niet alleen een twaalfregelig ‘In memoriam A. Roland Holst’ aan (in augustus 1976 geschreven en dat begint met ‘Ging niet een land verloren / Rakelings nauw ontdekt / In streken waar ongeboren / Eeuwigheid leven wekt?’), maar ook zijn Holst-zwangere gedicht ‘Coda’:
yme kuiper
Gehuil van zee en winden Uiteengeslagen ligt Der laatste eensgezinden Aan ’t strand de vloot, gezwicht. Kon zij dit lot niet weren, raakte haar niet dit wild Omkomen? Ongestild Moeten zij wederkeren! Vanzelfsprekend declameerde Sybe dit gedicht ook bij zijn lezing over Roland Holst. Het laatste gedicht uit Voorlopig, ‘Dankwoord’, kende Sybe uit zijn hoofd. Met veel passie droeg hij het voor, waarbij de slotregels indruk maakten: ‘dat in de smidse van de taal / het vuur stookt van mijn oude leven / tot aan het slot van mijn verhaal.’ Het was een van de laatste avonden van de SSN in De Kroon. In de club wist men dat het hotel binnenkort ging sluiten. Een zekere melancholie begon zich al bij sommigen te manifesteren. Wat was er dan niet mooier een dichter in eigen gelederen te hebben die het uitzicht vanuit de serre van De Kroon had vereeuwigd in een kwatrijn, waarvan de beginregel luidde: ‘Er was een park met honderdduizend bloemen’. Dit was kennelijk een pakkend beeld. Ook andere vaste gasten van de stamtafel van De Kroon hieven deze dichtregel namelijk aan wanneer de maker ervan, bepakt en bezakt met koffer en een aantal plastic tasjes, omstreeks vijven de gelagkamer betrad om uit te rusten van zijn dagelijkse beslommeringen. In de winter van 1980 hield de SSN haar eerste bijeenkomst in De Pauw. Opnieuw had Sybe een ambiance gevonden waarin de leden zich weldra thuisvoelden. Een belangrijke rol speelde daarbij de hartelijkheid waarmee de eigenaar van De Pauw, Anne Boelens, het gezelschap binnenhaalde. De club had inmiddels ook een nieuwe voorzitter gekregen: Jacques van Gent, directeur van de Provinciale Bibliotheek. Met strenge hand ging deze op-en-top heer de vergaderingen leiden. Dat was nodig, want het gezelschap was tamelijk heterogeen geworden en de frequentie van de bijeenkomsten steeg snel gedurende de eerste jaren in De Pauw. Ook het feit dat de secretaris geen vaste bezigheden meer had was debet aan dat laatste. In maart 1983 was Sybe zelf weer aan de beurt om een lezing
32
de Moanne
33 georges sorel. afbeelding uit 1910. archief internationaal instituut voor sociale geschiedenis, amsterdam
te houden. Hij had als onderwerp gekozen ‘Ideologie en politiek’, toegelicht aan het werk van de Franse denker-publicist-socioloog Georges Sorel (1846-1922). Zij die erbij waren zullen zich ongetwijfeld de openingszin van de spreker nog goed herinneren. Die was hoogst curieus en luidde als volgt: ‘Mijne heren, laat ik maar met de tuin in huis vallen’. Vrolijkheid alom. Daarna probeerde Sybe nog wel heel serieus toe te lichten dat Sorel ooit als civiel ingenieur was gepromoveerd, zich vervolgens van socialist naar syndicalist had ontwikkeld en de algemene werkstaking (en het geweld daarbij) tot centraal leerstuk van zijn politieke filosofie had gemaakt. Maar de vrolijke stemming bleef die avond permanent aanwezig onder zijn gehoor. Midden veertig was Sorel toen hij zijn baan als staatsingenieur inwisselde voor een publicistisch bestaan. Eerder al had hij zijn studie Le procès de Socrate gepubliceerd. Hierin hekelde hij de figuur Socrates die hij als ondermijner en vernieler van het oude en heerlijke Griekenland neerzette. Het thema dat de intellectuelen wel de oude orde ondermijnen maar de moed missen om een nieuwe te scheppen, zal hem zijn hele leven blijven intrigeren. Vanuit een aanvankelijk socialistisch perspectief ontwikkelde Sorel, in de woorden van zijn Nederlandse intellectuele biograaf Jacques de Kadt, een leer gebaseerd op een psychologie van het proletariaat. De arbeiders moeten op eigen kracht de revolutie tot stand brengen en vervolgens de staat overnemen. In zijn Réflexions sur la violence (1908) schilderde Sorel de algemene werkstaking als ‘de mythe’ die de strijdlust van de arbeiders opwekt en voort doet leven én ze moreel verheft. Alleen de arbeiders zijn de echte producenten , de intellectuelen zijn maar parasieten. Verder bevat Sorels werk veel kritiek op de parlementaire democratie, die in zijn ogen vooral laf en halfslachtig is. Volgens De Kadt zit Sorels werk vol tegenspraken, maar helemaal een warhoofd was de man niet, vond hij ook. Was Sorel een wegbereider voor het fascisme? Althans zijn ideeën. Volgens De
Kadt (in 1938) is dat maar zeer ten dele waar. Staat en partij van de fascist staan ver af van Sorels opvattingen over vrijheid en moraal . Dat neemt niet weg dat vele (Italiaanse) Sorelianen later naar het fascisme overstapten. Volgens Jan Romein, in zijn Op het breukvlak van twee eeuwen (1967), is Sorels mengelwerk van ideeën een cocktail die wel geproefd kan worden maar waarvan de smaak eigenlijk niet te beschrijven valt. Onlangs vond ik een uitvoerige brief die Sybe me in februari 1983 had geschreven vanuit Amsterdam, een maand voor zijn Sorel-verhaal. De inhoud ervan ervaar ik nu zoveel jaar later als een bijzondere toelichting daarop. De brief begint met een heel verhaal over een kennis die hij had ontmoet in de stationsrestauratie te Heerenveen. Daarna beschrijft hij zijn treinreis naar Amsterdam. En dan komt het: “Dat ik je nu dit schrijf staat eigenlijk in de kantlijn van mijn eigenlijke beweegreden, de pen te hanteren. Jij zei gisteravond zoiets als: ‘Ik krijg het gevoel, dat jij nogal gecharmeerd bent van die toch wel gevaarlijke Sorel.’ Daarop heb ik niet oneerlijk doch zijdelings gereageerd. Inderdaad: ik ben van die in Boulogne-sur-Seine tamelijk vroeg rentenierende weg- en waterbouwingenieur zeker gecharmeerd, gelijk dat zonder twijfel één generatie eerder ook het geval moet zijn geweest, én toen hij nog veel jonger was dan ik nu ben, met wijlen mijn vader.” Bekend is dat Sybes vader, de Friese dichter en schrijver R.P. Sybesma, in de vooroorlogse crisisjaren van de vorige eeuw voor het nationaal-socialisme koos. Als (jong) dichter was Sybesma een grootheid geweest, als politicus een tragische man. Over de relatie tussen zijn dichterschap en politiek engagement zijn door zowel Sjoerd van der Schaaf (in zijn Skiednis fan de Fryske Biweging in 1977) als Sybes broer Geecke Sybesma (in een artikel uit 1996) behartenswaardige dingen geschreven. Van der Schaaf heeft het over een Knut Hamsun-in-het-klein, die verblind raakte ‘troch de mystyk fan de soune en primitive boereminske’. De zoon wijst op zijn vaders romantisch conservatisme, dat zich verzet tegen modernisering in het algemeen en de industrialisering van de landbouw in het bijzonder. Deze ontwikkelingen bedreigden de kleine boer, de agrarische gemeenschap, het oude Fryslân. Uit beide kenschetsen komt naar voren hoezeer R.P. Sybesma de gevangene werd van zijn gevoelsdenken en emotionele betrokkenheid. In diezelfde brief merkt Sybe terloops op dat zijn eigen handschrift steeds meer “in toenemende mate – onbewust – opvallend begint te lijken” op dat van zijn vader. Twintig jaar na dato valt Sybes merkwaardige Sorel-lezing eindelijk voor mij geheel op zijn plaats. ‘Is net ús libbenswei ien misbigrepen paed?’, luidt de tweede regel van Sybes gedicht ‘In patris memoriam’, waarmee zijn bundel En marge opent. “Laat ik maar met de tuin in huis vallen”. Wekenlang had Sybe zich voorbereid op zijn voordracht. Kladblokken had hij vol geschreven over Sorels ‘philosophie morale’ en ‘les lois de la grandeur et de la décadence’. Maar in de eerste de beste zin van het betoog struikelde hij al. Niet dat wij genoten het merkten, maar er was die avond nog een luisteraar aangeschoven in het zaaltje van De Pauw om Sybe te beluisteren: zijn vader.
De praatklub fan Sybe en ‘Lunchroom’ willem winters
Teake skillet, freget my in reaksje te skriuwen op Het is niet meer wat het nooit geweest is. In tinkboek mei “bijdragen aan 25 jaar gedachtenwisseling in de SSN” (SSN = Societas sine nubilo, of het wordende weten). Ik ken dat boek net, mar jou mar op. Oer in boek falt altiten wol wat te skriuwen. De oare deis bringt er it. Foar in tinkboek is it hiel ienfâldich, in 125 sljochtweihinne siden mei tekst en ien foto. De stikken binne tige ferskaat. Net allinne wat de ynhâld oanbelanget, mar ek de foarm farieart sterk. Fan loftige foardrachten oant stevich ûnderleine wittenskiplike referaten. De SSN, in debatingklub, kaam in skoft yn De Pauw byinoar. De dichter Sybe Sybesma wie skriuwer fan de SSN en in wichtige gongmakker. Syn konvokaasjes, mei de oanhef “Lectoribus Salutem!” en eindigjend mei “tot ziens alsdan aldaar” wienen ferneamd. Fanwege syn stimpel op de SSN waard dy wol oantsjutten as ‘de klub fan Sybe’. Ik lês en it docht bliken dat net alle stikken earder tsjinnen as bydrage op de gearkomsten. Wat no krekt it doel wie fan de gearstallers is my net dúdlik. Hokker nut dizze útjefte hawwe kin foar net-leden is tsjuster (fan de hûndert dy’t makke binne is noch in hânfol oer foar de leafhawwers). Mar in pear fan de fyftjin stikken slute oan by myn ynteresses. Dy oer Jung, spiritisme, Hermans, postmodernisme en noch in searje oare saken, soe ik net lêze as it net moast foar dit stik. It is in boek dat gading makket oan it etiket ‘nutteleas’. Mar dat sil wol net de bedoeling west hawwe. Bewust nutteleaze boeken, lykas Het Genootschap, eerste handboek voor nutteloze kennis (Jan Kuijk e.o. 1992) binne humoristysk, at se net hilarysk binne. De pear grappige bydragen yn Het is niet meer… binne dêrfoaroer dochs ynhâldlik serieus. Oer de SSN en syn dingen wurde jo net folle wizer. In list fan alle ûnderwerpen, in koart cv fan de partisipanten en in list fan bestjoerders. “Alleen al de opsomming van onderwerpen en sprekers leert dat de SSN veeleer een geordende anarchie is dan een Genootschap met een Doel. (…).” Allinne Sybe Sybesma kriget wat mear omtinken: “Met het noemen van de naam Sybe Sybesma (1924–1986) willen we hier even stilstaan bij de man die bijzonder veel heeft betekend voor de geschiedenis en de continuïteit van de SSN in de jaren 1970 en 1980. Wie van de leden zal niet een convocatie van Sybe uit die tijd hebben bewaard? Niet alleen de opvallende, archaïserende stijl waarin hij de uitnodiging schreef nodigde daar toe uit, maar evenzeer het fraaie handschrift. (…) Met zijn aanstekelijk enthousiasme en niet in het minst door de voordrachten van leden te larderen met uitroepen als ‘meesterlijk’ en ‘geniaal’ wist Sybe velen blijvend aan
de SSN te binden. Daarenboven bezat Sybe een uitgesproken brede belangstelling. Niet alleen lezingen op literair of historisch gebied hadden zijn interesse, maar evenzeer die met een cultureelantropologische, sociologische, psychoanalytische, godsdienstwetenschappelijke, criminologische, pedagogische, theologische, massa-psychologische of archeologische inslag.” Wat it tinkboek foar SSN-leden en net-leden ek betsjutte mei, foar my hat it yngeande konsekwinsjes. Teake bringt it boek, komt yn ’e hûs, wy prate wat, ik slaan it boek iepen: in foto fan Sybe Sybesma! Ik fertel dat ik al jierren omrin mei it plan ris in bondeltsje gedichten fan him út te jaan. Der is, seit Teake, yndie noch hiel wat los wurk fan him. Mar in soad is gelegenheidswurk, net sa sterk. No ja, hy hat dochs ek hiel aparte fersen makke, lis ik der tsjinyn. En kom opdraven mei myn favoryt, ‘Lunchroom’,
lunchroom
as hja it is dan is hja it net mear as hja it net is is hja it faeks dochs it docht my sa of oars allike sear: hja is it en hja is it dêrom nea net mear. en dizze lunchroom dêr’t ha ’t is of net is net mear dy fan oan’e Grote Noord de lunchroom wie en is en bliuwt it oard dêr’t ha it is - ha wie it ommers net? as ik it bin dan bin ik it net mear as ik it net bin bin ik it faeks dochs it docht har, oft hja it is of net, net sear: wy binne’t, as wy ‘t wiene, allang net mear. hwat oft ik ken of wer ken, ’k wit it net de tiid is dûm mar krekt net dûmernôch ien eagenblik: nou’t ik har ankels sjoch is hja it grif en grif fierstento let ...
34
de Moanne
dat ik okkerdeis nochris brûkt ha foar myn stikje yn Uit In Leeuwarden fan jannewaris 2003. Teake lêst it. Der sitte gâns flaters yn, seit er. Wis net, ik haw it letter foar letter oernaam út En Marge! Dat Sybesma op guon plakken net ‘hja’ skreau mar ‘ha’, dat hie ik altyd oansjoen foar in geniale manier om de alteraasje fan de ik-figuer – it rint him troch! – yn it fers wer te jaan.
35
Jûns krij ik in e-mail fan Teake: “Ik ha yn 1968 op it Bogerman in healjier les hân fan Sybe Sybesma, en ús klasse hat sûnt kontakt mei him hâlden. Hy sei ús allegear in eksimplaar ta fan En marge. Ik krige it op 6.12.78 oer de post, mei in kwatryn fan Sybe foaryn.Yn de tekst sels binne allerhanne printflaters ferbettere, mei deselde fulpinne as dêr’t er mei foaryn skreaun hat. En ja, yn ‘Lunchroom’ is trije kear ‘ha’ ferbettere yn ‘hja’. Sybe wie sels ek min te sprekken oer dy flaters, wit ik noch, en yn 1979 ferskynde in twadde printinge (ferbettere, nim ik oan, dy haw ik hjir net). Mei fr gr Teake”
poezy
klaas bruinsma
gastmiel
As dat gjin yllustraasje is fan de Sybesiaanse titel “Het is niet meer wat het nooit geweest is.” Spitich, tige spitich.
Wa’t yn De Pau komt, komt grif yn ’e pronk en wurdt optein fan wat er iet en dronk. Want wat hja yn Biljards Grolsche Taveerne ha is kleare nektar en ambrosia.
Hjoed sneon 16 novimber 2002
foto sake van ek
Noait standert
douwe kootstra
Ik leau dat guon fan ús yn ’t earstoan sels ‘menear Boelens’ seine. Wêrom wit ik eins net, mar it wie wol dúdlik dat jo, grif kwa oanklaaiïng en útstrieling, mei 36
in hear te dwaan hiene. Nee, it moast wol even wenne yn hotel-restaurant De Pauw want de redaksje fan De Strikel, algemien kultureel moanneblêd foar Fryslân (1958–1995), kaam út de wat folksere sfearen fan it Oranje Bierhûs. Foar it grutte tal nije (jongere?) lêzers fan de Moanne sil de achtergrûn fan dy ferhûzerij miskien earst even literêrhistoarys ferklearre wurde moatte.
in fikse rekken út de tiid dat de strikelredaksje it strikeljierboek gearstalde.
De Strikelredaksje hie sûnt jierren alle moannen syn fêste sit yn in hoeke fan it OoBeeHaa. By de ynventaris hearde de lytse ober Jelte van Dijk dy’t de wakker drinkende, rikjende en troch elkoar
sette, gongen de Strikelders –jimmeroan beselskippe fan adviseur, kommentator mar alderearst húskartûnist Cork – út solidariteit mei Jelte nei De Pauw. En dat skilde gâns omset. Ik wit wêr’t ik
Ik wit wêr’t ik oer skriuw, want ik haw as Strikelpenningman hiel wat fikse rekkens lyk strutsen. Meast ferskynde ik in mennich wiken nei de redaksjegearkomste om de fertarrings te beteljen. Boelens gie o sa soepel om mei de terminen. roppende Strikelgearstallers oanfielde as gjinien. Doe’t pilsmagnaat Heineken it Oranje Bierhûs oernaam en Jelte oan de dyk
oer skriuw, want ik haw as Strikelpenningman hiel wat fikse rekkens lyk strutsen. Meast ferskynde ik in mennich wiken nei de
de Moanne
37
redaksjegearkomste om de fertarrings te beteljen. Boelens gie o sa soepel om mei de terminen. Ik arrivearre der ek wol ris en dan koe de dienstdoende jongeling it rekkentsje even net fine yn ien fan de gleskes op de planke achter de baly. Kom letter mar ris wer. Anne Boelens – jierren haw ik syn foarnamme net iens witten – wie by dat ôfrekkenjen in goeie gasthear. Gean even sitten. Sigaar? Kop sop of kofje? In pypfol prate en dan tradysjegetrou in amerijke humorfol kleie oer it anty-Pauwbelied fan de gemeente Ljouwert. Wy hiene dêr in moai plakje, oan dy lange tafel by it grutte rút. Ik gie altyd sa sitten dat ik elkenien sjen koe dy’t rjochting stêd of stasjon gie, benammen op de keapjûn wie ’t in drokte fan belang. Wa hat dy dêr no achter op ’e fyts?! De Strikelredaksje siet letterlik yn ’e etalaazje en is letter dan ek moai flot yn ’e útferkeap dien. Ik soarge der wol foar dat de nije sittingsdatum altiten op ’e tiid yn it tsjokke Boelensboekingsboek kaam te stean om’t der folle mear Frysk-kulturele gearkommers wiene dy’t yn dat noflik ôfskutte hoekje sitte woene. Dêr skarrelen en roekoerden lange jierren boppe de redaksjehollen de altiten fereale wite dokes yn harren kouwe; dy moatte hiel wat sigarereek binnen krigen hawwe. Ik hie soms de yndruk dat se suver wat út ’en gielens skynden. Sokke natuerlike lûden wiene folle better te fernearen as dy fiersten te lûde rampetampmuzyk dy’t yn oare etablisseminten de gearkomstegast it praten meast ûnmooglik makket. Yn lettere jierren siperen de moderne tiden in bytsje yn de Pauw troch; der kaam in televyzje om de yn mearderheid manlike gasten de gelegenheid te jaan nei it fuotbaljen te sjen. It folume wie sadanich dat de Strikelploech dêr maklik boppe-út kaam. Tige nijsgjirrich wie ek wa’t allegear as hotelgast dêr tidens ús strikeljen de trep opswingden rjochting keamers (dêr’t ik noait west ha). De meast aparte spantsjes en ploechjes al of net mei ôfladen plestikpûden haw ik nei boppen gean sjoen, pratend yn allerhanne frjemde talen. De Pauw wie in echt folkshotel. Hichtepunt fan de redaksjegearkomsten wie altiten de hartige hap. Behalven de wenstige bitterballen fregen de hongerhalzen ûnder ús steefêst om in ‘lekker plankje’ dat Boelens dan kreatyf gearstalde mei wat de hotelier yn foarried hie. Dat smiet faak ferrassende produkten op: sâlte en soere hearrings, alderhanne soarten woarst en kâlde gehakballen. Nee, standert wie de Pauw noait. En dy trein en bus sa tichteby wie frekte handich. Soms fiif minuten foartiid sette ik ôf om dan noch kreas op ’e tiid myn yntercity rjochting Visvliet te heljen. Ik soe net witte yn hokker Ljouwerter gelegenheid in kritise redaksje hjoed de dei noch fatsoenlik gearkomme kin. Ja, op it plattelân sit hjir en dêr noch wol ris in âld kroech dy’t kwa gastfrijens en ambiance yn ’e buert komt fan OoBeHaa en de Pauw.
foto sake van ek
“kleine duif, hier en daar dragend een grijze mantel, koer teder een lied, een lokroep, ach de schilder ziet de pauw. Pauw pauw laat eens zien hoe mooi je bent en onbevangen het kroontje op het kopje schildert hij duif en pauw.” Koarte oanhaal út it fers ‘Het hoogste licht wil ik schilderen’ fan Carla Bogaards út de bondel God bewogen (1997).
De Pauw en de kosmysken klaas jansma
Oan myn buro sjoch ik alle dagen út op De Baas fan De Pauw, yn in jeugdich tête-à-tête mei de frou dy’t derby heart. It is in ôfgryslik karikatuer mei ferwrongen koppen en skerpe wiidútsteande tosken fan minsken dy’t opgroeiden foar’t de beugeldokters kamen. It skilderij is op syn minst oardel yn ’t fjouwerkant, fan felle en bertale kleuren dy’t ik amper by Boelens thúsbringe kin. Hy smookt in piip en hja in sigretsje – wat op himsels al in bysûnderheid op in skilderstik is, yn in entoeraazje dy’t by har útwrydske presintaasje hast ûnsichtber weiwurdt. Inkeld de glêzen bier en wyn bewize dat it mei hoareka te krijen hat. As myn wurkkeamer net seis meter djip wie, soe it skilderij
skriuwer, in sabeare frijtinker, dêr’t ik geastlik oan besibbe wêze moast. En dêr siet Lútsen, dy’t sa lang yn Hollân wenne hie en fan de mores yn guon Fryske fermiddens gjin aan hie. Dat ik besocht oan ’e pynlike konfrontaasje te ûntkommen mei in tour de force, in ferheffen fan alle dompraat boppe de doarpske realiteit fan antytese en foaroardiel tusken fyn en grou. Ik sei, om in slinger oan Josse syn filofoby te jaan: “It is Kosmos Josse, alles is kosmysk. Wittgenstein tocht syn foarletter yn ’e stjerren te sjen, More tocht krekt itselde. In M is in W en in W is in M, it is mar hoe’t men de kop hâldt. Wat Boelens dêr smookt is gjin piip.”
Spul en strideraasje ferdampe dêr, om’t se dêr net passe. der net hingje kinne – of ik koe it dêr net ferneare. No is it mear as krekt om út te hâlden. En it aparte is: it hat neat fan De Pauw, en dochs is it De Pauw. En it hat likemin fan Boelens, dy’t der wol op stiet. Dat binne fan dy tsjinstellings dy’t har inkeld surrealistysk, en dan noch fan in kosmysk soarte, begripe litte. By De Pauw, dêr’t ik yn rûzige jierren geregeld ôfspraken hie mei boeiende lju, trof ik yn novimber 1993 Josse de Haan. Hy wachte op Popke Popma en in pear oare kultuerridders, foar in boekeprojekt of sa. Ik wachte op in nijsgjirrich persoan foar samar. Wy krigen it oer it Friesch Dagblad, dêr’t ik doe krekt as ynfaller lieding oan ’e redaksje joech. Hy fûn dat wol in aardich idee, en it noaske him ek dat der noch krêften wiene dy’t hoek hâlden tsjin it grutkaptaal fan de Friese Pers. As KU-man hie er itselde sentimint. In abonnemint like him wol wat – hoewol’t er fan ’e finen net folle ha moast. Ik koe him oertsjûgje dat dat dus no net mear in probleem wie. Wy, Josse en ik, wiene beide fersetsstriders tsjin grutmachten en dat joech in waarm gefoel fan iensens. It praat wie makliker om’t de baas op lytse distânsje mei siet te knypeagjen. In man fan Maigret. Hy koe better net folle sizze; syn snor, it stal, it glimkjen en dat knypeagjen die it him. By myn twadde moeting mei Josse de Haan wie er kiezzich op ’e Deiblêd-redaksje, dy’t mist hie dat de skoalle De Moskeflap nei in berneboek (‘It geheim fan...’) fan him neamd wie. It wie wer by De Pauw. Ik wie ferbjustere fan sa’n ûnbeskromme manifestaasje fan idelens. Jo kinne dochs maklik tûzen foarbylden fan sleauwens fan in kranteredaksje fine sûnder josels sa lyts te meitsjen? Sa lit men jin dochs net yn ’e kaart sjen? Doe kaam Lútsen Kooistra. Josse wie ferfelend. Hy begûn mei smeulske praatsjes oer fyn en bekrompen – dêr’t er it Opperwêzen spytgnyskjend by oanhelle. Ik skamme my. Hjir siet no in Frysk
Dat wie praat dêr’t Lútsen wol fierder op woe. Sa’t dy, mei mar út en troch in heakje, mei de taal omgûchele, wie fan in apart soarte bûtenwerklik, surreaal suver. Dêr hiene Josse en ik beide wol oan. Sels it neamen fan in skoalle nei de titel fan in berneboek en it net neamen fan dat feit yn de krante dy’t der in abonnee troch ferlear, krige in plak by It Hegere. En de baas mar knypeagje – dy fernaam dat hjir literatuer libbe, net skreaun waard. Josse grommele wat. Hy hie it oer bekrompen hân – hy wie it. Hy hie it oer foaroardielen – hy hie se. Winliken hie er op dat stuit it mier oan geastlike frijheid, oan frij en ûnbeheind tinken. Mar om’t it yn De Pauw wie, om’t Boelens in eintsje fierderop siet en betsjinne, om’t dizze fjouwerhoek sa ûnwierskynlik fan gearstalling wie, bleauwen wy net yn kribbekeurichheden hingjen. Wy koene by syn fuortgean gewoan goeie tsjin elkoar sizze. Sa haw ik it sels by de spannendste gearsitten faker by De Pauw meimakke. Spul en strideraasje ferdampe dêr, om’t se der net passe. En oars glimket dy man wol, wat ornaris útrinne wol op bûkskodzjend laitsjen om suver hast neat. Der floeide in waarm gefoel troch my doe’t ik yn Piksjitten op Snyp it kosmysk, mar winliken ek kosmopolitysk komplot weromfûn. De kosmo’s wiene echte figueren wurden en aldergeloks wiene se de anty-helden. It iennichste dat ik by it lêzen miste, wie it knypeagjen fan De Baas en syn laitsjen. Hy soe, as ik Josse moarn yn ’e Pauw wer trof, alles goedmeitsje, sels dit stikje. Hy ís it relativisme. Mar ik sil Josse net mear by him treffe. Want alles fan wearde fergiet, hjir yn Fryslân noch hurder as wêrearne oars..
38
de Moanne
Trije hikke en teine Ljouwerters nimme Hotel De Pauw oer
Sjen en sjoen wurde yn it grutste Grand Café fan Ljouwert
marike pool
Noch foar de feestdagen wurdt it grand café fan 350 kante meter iepene. De nije eigeners fan De Pauw, twa broers en ien freon, ha ambisjeuze plannen. Nico en Marcel Bakker (44 en 39) en Harry Hartmans (43) binne hurd oan it wurk om alles
39
op ’e tiid foar elkoar te krijen. Der kin poolbiljerte wurde, der sil live muzyk wêze mei sa út en troch op snein in kofjekonsert. Mar ek Barney kinne we der ferwachtsje want dart-eveneminten hearre ek by it noch tige geheime konsept.
de lege pauw op 6-7-3. foto teake oppewal
“Het liefst hebben we straks natuurlijk elke avond de hele tent vol. Dat komt neer op zo’n tweehonderd man. Dat is ons streven. Of het gaat lukken is een tweede natuurlijk. Maar we zullen er alles aan doen om dat voor elkaar te krijgen.” Nico Bakker, meieigner en wurdfierder, sjocht it dúdlik wol sitten. Sels in hoarekagelegenheid hawwe wie altyd al in winsk fan de trije mannen mar se hiene noch net de kâns krigen. “Op een gegeven moment maakte iemand van de biljartclub van De Pauw ons opmerkzaam op het feit dat de eigenaar wilde ophouden. Nou bleek dat eigenlijk al jaren het geval te zijn, maar ons kwam het pas anderhalf jaar geleden ter ore.”
goodwill De gemeente wol de buert om it âlde hotel hinne fernije en in grand café past moai yn dy plannen. “Het was een zaak die eigenlijk op z´n rentree was. De goodwill was er ook niet, als er op een avond tien klanten waren dan werd de elfde bijna geweigerd.” Oer de lokaasje sa ticht by it stasjon en knap op ’t sicht is Nico Bakker tige tefreden. “Er komt een nieuwe bar en een glazen pui die open kan als het zomer is. De mensen willen graag zien en gezien worden, dat is hun aard. En dat kan hier. Alles rijdt hier ook langs, dat heb je in het centrum niet.” De oankeap fan it hotel wie in gouden ynvestearring, want no wol elkenien it wol ha. Nettsjinsteande it feit dat mannen yn wite pakken de boel ôfplakke fanwegen de asbest, mar dat wie ynkalkulearre.
40
studinten Der moat by dit nije kafee net oan in disko-eftich gehiel tocht wurde, mar it sil mear in bytsje in brune kroecheftige útstrieling ha. It publyk fan it grand café sil neist fiifentweintigers en tritigers wierskynlik ek út studinten bestean. Dêr’t earder benammen eilanners sliepten komme no studintekeamers. Der binne no noch fiifentritich keamers en uteindelik sille seisentweintich dêrfan foar studinten wêze. “We hebben niet gekozen voor een hotel omdat dat heel veel werk met zich meebrengt en we daar geen ervaring in hebben. De studentenwereld daar zitten we al een jaar of tien in.We bezitten meerdere studentenwoningen in Leeuwarden. Dat hebben we ook altijd al gedaan met z’n drieën.”
barney De hearen binne sels ek regelmjittich op stap en witte dêrtroch neffens harsels wol aardich wat der libbet. “Er komen dartevenementen. En als dat een beetje aanslaat zullen er ook beroemdheden worden ingehuurd. Barney bijvoorbeeld, al weet hij het zelf nog niet. In darten zijn we niet thuis, maar we worden hier en daar ook wel in begeleid door mensen die daar meer ervaring in hebben. Ook poolbiljarten zal hier mogelijk zijn. En livemuziek met op zondag mischien koffieconcerten.” De diskusjejûnen en literêre heechstantsjes fan eartiids hoege we foarearst dus noch net te ferwachtsjen, al is alles mooglik salang’t der mar fraach nei is.
foto teake oppewal
grut geheim Oer de oanpak en it konsept fan it grand café wolle de kompanjons eins net safolle kwyt. It iennichste wat dúdlik is, is dat it grut oanpakt wurde sil en dat alles oars as oars wêze sil. En wat mei Spanje. “We zullen eerst bekendheid moeten krijgen. Ik kan nog niet alles vertellen, maar de aanpak zal anders zijn dan de meeste grand cafés hier. Je hebt in Spanje ook heel veel dingen die gebeuren om de mensen binnen te krijgen. Ik kan het helaas nog niet helemaal blootgeven omdat anders de concurrent het al oppakt voordat we de zaak open hebben. We hebben mensen die samen met ons een groots concept bedacht hebben.” Der wurdt nei stribbe om de saak novimber/desimber te iepenjen. Foar de feestdagen dus eins.
literer tydskrift sunt 1969
Trotwaer 41
Trotwaer
de Moanne
poezy
wilco berga
tinkend oan brel (of gauguin)
oannimmer wurde
Earst tinke, dan dwaan, seine heiten tsjin de soannen; wy dy’t mar wat diene. Pas by thúskomst yn ’e nacht waard neitocht, om dan yn in sucht de wrâld oer,
Yn minuten wurdt de muorre mitsele mei potlead op in slúf, de kosten der omhinne skrast. Nije stiennen foar myn hûs út ’e tiid dat de bewenners noch fan focht krepearden – men hie in stoel en men koe sliepe.
oan it eilân Hiva Oa ta, dêr’t in skilder straffeleas de froulju streake mei fleiskleurige pinsielen. Dêr’t in sjonger neat oars die as sjonge oer ferlerne leafdes. Gauguin en Brel ta skande
Dan syn hân, net om ’e nocht in krêftich teken dat de muorre boud wurde sil mei yl fan withoefolle huzen dy’t in libben lang mei moasten, dêr’t syn laits noch yn wjerkeatst. Hoe leart men soks?
waard ik sa’n soan; ien dy’t der noait oan begûn is. Tinkend oan Hiva Oa bin ik dan wer skilder, dan wer sjonger, oare kant de wrâld dizze oere fan dit libben.
Mei potlead huzen del te setten, yn itselde koart bestek de bern, frou en ferline út te tekenjen. Oannimmer is men, freon wurde je, miskien – op tafel leit syn hân fan stien, djipreade klaai fol spikerskrift.
Trotwaer
de Moanne
schreeuw van de meeuw
eiland
Achter gesloten deuren worden wij gevaren door de veerboot, mannen bonken onderdeks, brengen lucht van dieselolie en frituurvet, vrouwen letten op bagage. Verre lichten zijn geen stad meer, wij bewoners stuurloos op een schip. Een kinderklas valt binnen als een stormvlaag, de tafel is mijn rots, gelamineerd houvast uit het
Voor wie terugkeert naar een eiland – waar je kind was met de rest, en alles op één dag gebeurde zodat later geen verrassingen meer bood – is het of er enkel nog een graf bezocht moet worden.
vertrouwde leven aan de wal; ook nu worden wij opgetild en voortgemalen door een schroef, alweer motoren, voelbaar dreunend. Iedereen kan lezen waar de deur van zwaar geklonken ijzer heen leidt: GEEN TOEGANG! zelfs niet in geval van nood – de kinderschreeuw uit zee is maar een hongerige kokmeeuw.
Niets te zien, toch doet stuivend zand je ogen tranen. Niets te horen en toch indianen in het bos. Op de foto van de schoolklas kijk je onverschrokken; stokken moesten woest in zee, een van ons de hond die apporteerde. Ligt er nog wel een dode tak waar je de grond mee aantikt, zoals oude mannen over paden gaan – zo’n stok gooi je niet weg. Zo wroet je evenmin onder mos en dennennaalden waar de hond moet liggen, met de rest die dag.
proaza
Podde en stikelbaarch
mindert wijnstra
44
Podde siet net lekker yn syn fel. It wie moai simmerwaar, mar podde hie de smoar yn. Hy wist net wat er woe. Hy ferfeelde him. Miskien wit stikelbaarch rie, tocht er, dy ferfeelt him noait, dy is altyd dwaande. Podde waggele nei it hûs fan stikelbaarch en hipte sûnder klopjen oer de drompel. ‘Hoi stikelbaarch, hast it drok?’ ‘Ik wie oan it damjen’, sei stikelbaarch. ‘Mei wa?’ ‘Mei mysels.’ ‘O’, sei Podde. Hy seach nei it damboerd. Der leine koekjes op, giele en brune, gjin damstiennen. ‘Ien kear remise en twa kear ferlern’, sei stikelbaarch, ‘ik kin my net ha.’ Hy kôge in koekje op en seach mismoedich foar him út. ‘Ik ferfeel my’, sei Podde. Hy naam ek in koekje. ‘Wolst in potsje damje?’ Podde skodholle. ‘Ik hâld net fan spultsjes. Ik wit net wat der mei my is, mar ik ha nergens nocht oan.’ Stikelbaarch seach podde ûndersykjend oan. Doe sei er: ’Do moatst der ris út.’ ‘Wêr út?’ frege Podde. ‘Gewoan, der even tuskenút. Op fakânsje, bedoel ik.’ ‘Op fakânsje?’ Podde naam noch in koekje, in gielen. ‘Ik ha noch noait op fakânsje west. Wol op besite, of op begraffenis, mar noch noait op fakânsje.’ ‘Ast op fakânsje bist, bist wer op ’e tried’, sei stikelbaarch. Podde gie der by sitten en tocht lang nei. ‘Op ’e tried,’ sei er, wylst er bedachtsum in brún koekje op iet, ‘ik wit net oft ik dat wol wol.’ Hy fage him de krûmels fan ’e mûle. ‘Op ’e tried… Ja, sjoch stikelbaarch, ik ha al op safolle west… Ik ha wol op tiid west, doe’t ik noch jong en fluch wie, en ik ha wol op ’e siik west en op jacht… mar noch noait op ’e tried.’ ‘Ast op ’e tried bist, bist op ’t skik,’ sei stikelbaarch, ‘dêrom moatst op fakânsje, dan hoechst dy net te ferfelen.’ Podde sei in hiel skoft neat. Hy stoarre nei bûten en suchte djip. ‘Soe ’k dat wol kinne?’ sei er doe. ‘Op fakânsje, bedoel ik. Ik ha net safolle leard.’
Trotwaer
de Moanne
yllustraasje babs wijnstra
45
‘Elkenien kin op fakânsje,’ sei stikelbaarch, ‘dat is sa makkelik. Ast wolst, kinne wy ek wol tegearre op fakânsje.’ ‘Kin dat?’ Podde fearre op. Hy stiek twa koekjes tagelyk yn ’e mûle. In daam. ‘Dan wol ik wol,’ sei er, ‘sis mar wat ik dwaan moat.’ ‘Hast in petsje en in sinnebril’, frege stikelbaarch, ‘én in koarte broek?’ Podde knikte. ‘Oanlûke, én sandalen mei wite sokken.’ ‘Is dat alles?’ ‘Dat is genôch. Sjoch, nim noch mar in koekje mei foar ûnderweis. Ik sil my ek even ferklaaie. Wat prate wy ôf, oer in kertier?’ ‘Goed,’ sei podde, ‘oer in kertier op fakânsje. Hjir?’ ‘Hjir,’ knikte stikelbaarch, ‘do komst by my op fakânsje.’ ‘Fakânsje moatst fiere’, sei stikelbaarch doe’t se in kertier letter by him ûnder de parasol sieten. ‘Do hoechst neat, hielendal neat. Hoechst nergens om te tinken, hoechst neat te dwaan, neat te regeljen, hielendal neat. De kop leechmeitsje, dêr giet it om.’ ‘Lekker,’ sei podde, ‘dit fielt goed. Even hiel bot neat dwaan. Hast noch koekjes?’ ‘Ik ha neat mear’, sei stikelbaarch. ‘Dan moat ik aanst sels mar even oan it bakken’, mompele podde, ‘nei de fakânsje. Dan hoech ik my ek net te ferfelen.’ Hy joech him noflik del yn it skaad fan ’e parasol.
poezijlan
Albertina Soepboer: ‘Poëzij is gjin boartersplakje foar in sinnige neimiddei’
henk van der veer Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze rubryk oer út 46
oan de hân fan fyftjin fêste fragen. As fjirde komt Albertina Soepboer (1969) oan it wurd (sjoch ek har webstek: www.geocities.com/baduenna/).
1. Besteane der neffens dy op dit stuit streamingen yn de Fryske poëzij? At der streamingen binne op dit stuit yn de Fryske poëzij, dan binne dat neffens my in tal ûntjouwingen dy’t al langer oan de gong binne. Sintraal elemint yn dy ûntjouwingen foarmje it beskriuwen en foarmjaan fan wat wurklikheid hjit. Op dy manier sjen nei in tal poëzijbondels fan de lêste jierren smyt in pear aardige saken op. Yn de bondel fan bygelyks Lida Dykstra Frou ûle (2000) binne eleminten werom te finen dy’t ek Margryt Poortstra yn Eva (1997) en BaukjeWytsma yn Thúslûd (1997) al brûkt hawwe. It giet dan om it delsetten fan in wurklikheid dêr’t de dichterlike en faak froulike stim ferhellet fan in oare wurklikheid dy’t de normale wurklikheid omfiemet of sels ûntstiicht. Dy oare wurklikheid krijt stal troch it brûken fan bibelske en mytyske ferhalen dy’t foar it framewurk fan de fersen soargje, sa’t dy om samar te sizzen in dûbele stim krije. It binne trouwens net allinne damesdichters dy’t op dy wize mei wurklikheid omgeane. Tsjêbbe Hettinga brûkt yn de bondel Fan oer see en fierder (2000) itselde prosedee. It ferhaal fan it swalkjen fan Odysseus tilt er fier boppe Homerus en de wrâld fan no út. Yn de bondel Ynwijing (2001) fan Willem Schoorstra komt ek in oare wurklikheid bûten de wenstige om op it aljemint, mar Schoorstra refearret yn dy bondel ek oan in wurklikheid dy’t dúdlik yn mear bondels fan de lêste jierren werom te finen is: Fryslân en syn lânskip. Dat lânskip spilet in sintrale rol yn De weromkommer yn it ûnlân (2002) fan Abe de Vries. Mei earst Cornelis van der Wal syn In nêst jonge magneten (1991) en Anne Feddema letter yn syn Slapstickiepenbierings (1997) is der sprake fan in wer in oar soarte fan realiteit yn de poëzij dy’t absurdistysk, dadaïstysk, boartlik, iroanysk en postmodernistysk te neamen is troch dat har omtinken foar de
taal sels. De bondel Gegrommel fan satyn (2003) fan Tsead Bruinja slút foar in part oan by dy wize fan wurkjen. Boppesteande sjoch ik net as nije streamingen, omdat se fierder bouwe op besteande tradysjes. It binne foar my mear ferskowingen fan perspektyf op foarm en ynhâld as streamingen dy’t wat folslein nijs biede. Boppedat tink ik dat de ynfloed fan oarstalige dichters op Fryske dichters sa grut is dat it net sa maklik is om te praten fan streamingen dy’t har inkeld ôfspylje yn de Fryske poëzij. 2. Stiet de Fryske poëzij op ’e dea, of is der noch fernijing mooglik? Fernijing yn relaasje ta poëzij is in idee dêr’t ik net safolle mei op ha. It idee dat poëzij fernijend wêze kin of sels wêze moat, is in idee dat syn woartels hat yn de Romantyk doe’t fan de dichter in heechst yndividueel en heech wêzen makke waard. Dat dichters en skriuwers de dragers wêze soenen en ek wêze moasten fan fernijing is in idee dêr’t foaral de tweintichste ieu flink misbrûk fan makke hat. Sjoch mar nei de kommunisten en de nasjonaal-sosjalisten. Likemin at ik leau oan fernijing yn de Fryske poëzij, leau ik oan de dea fan dyselde poëzij, omdat de dea simpelwei de oare kant fan de fernijingsmedalje is. Sa lang at minsken noch fersen skriuwen yn har taal, is dy taal net dea. De Fryske poëzij dea ferklearje is itselde as sizze dat dy fernijd wurde moat. It giet derom wat minsken no skriuwe, publisearje en lêze. Wat sysels mei en yn har taal dogge. 3. Wat fynsto fan de kwaliteit fan de hjoeddeistige Fryske poëzij? Yn Fryslân ferskynt aardich wat poëzij yn bondels en tydskriften de lêste jierren, mar lang net alles fyn ik nijsgjirrich. Kwaliteit bestiet foar my út it fermogen en de moed om echt wat del te setten yn poëzij. Ik wol sjen dat in dichter wraksele hat mei de
my oan wêzentlike eleminten lykas de taal priuwe op papier, de foarm fan it fers sjen kinne, de ynhâld begripe en oer dat geheel neitinke kinne. Nei poëzij harkje giet foar my oer de stim fan de dichter dy’t it fers om samar te sizzen draacht mei lûden en ritme dy’t inoar flechtsje ta bylden. Nei poëzij harkje is in sintúchlike ûnderfining, wylst poëzij lêze mear te krijen hat mei de ferstanlike kant fan de minske. 6. Wat is de mearwearde fan in beat, ritme of flow by it foardragen fan in gedicht? Poëzij bestiet foar in part by de graasje fan ritme en flow. It binne basiseleminten dy’t yn elk slagge fers oan te wizen binne. Asto skriuwst mei muzyk oan is myn ûnderfining, kinst ritme en flow fan dy muzyk brûke yn in fers. Guon fan myn fersen hie ik noait skeaun at ik net yntinsyf nei muzyk harke hie. Ik ha wol ris muzykpatroanen yn kleur úttekene om dat as basis foar in fers te brûken. Asto foardraachst mei muzyk derby, kin dat it ritme, de wurden en de bylden fan it fers fersterkje, omdat it letterlik lûd jout oan dy dingen. Poëzij en muzyk sitte foar my dan ek ticht byinoar. Dat is gjin nij idee. It wurd ‘lyryk’ komt fan oarsprong út it âlde Grikelân dêr’t guon dichters op in liere har eigen poëzij begelieden.
47
albertina soepboer (foto jean-paul yska)
taal en mei himsels om ta in fers te kommen. Te faak sjoch ik poëzij dy’t miskien wol moai en aardich is, mar dy’t delskreaun is krekt omdat it wol moai en aardich is. Poëzij is gjin boartersplakje foar in sinnige neimiddei. In goed fers heart in aventoer te wêzen dat dyn eigen wrâld eefkes ferskowe lit. 4. Wat fynsto fan de kwaliteit fan de poëzijkrityk yn Fryslân? De poëzijkrityk yn Fryslân is traach, dat yn it foarste plak. It kin heel lang duorje foar’t in bondel besprutsen wurdt. Fierders fyn ik de poëzijkrityk nochal yn himsels keard en oerflakkich. In dichtbondel wurdt lij besprutsen as wer in nije Fryske bondel en folle fierder giet it net. Nim ris in fûndearre posysje yn, tink ik at ik guon besprekken lês, oertsjûgje my ris op alle mooglike manieren fan wat de bondel is of krekt net is. Fierders tink ik dat in poëzijbesprek krekt nijsgjirrich wurdt as it wat mear sjen lit as in gearfetting en in konklúzje fan de ynhâld fan in bondel, grif at it giet om besprekken yn literêre tydskriften. Grutte fragen oer en nei oanlieding fan poëzij wurde faak net steld. Dat is fansels úteinlik de dea foar alle poëzijkrityk. 5. Moat poëzij lêzen wurde of moat der nei harke wurde? Poëzij moat lêzen wurde én der moat nei harke wurde. Lêze en harkje binne twa ferskillende manieren om poëzij ta dy te nimmen dy’t foar my like wichtich binne. Poëzij lêze rekket foar
7. Is it in taak fan de Fryske oerheid om de Fryske poëzij nei de minsken te bringen? It is fansels noait de taak fan in oerheid om nei de minsken ta te stappen en him op dy wize direkt te bemuoien mei wat minsken lêze moatte. Wêr’t de Fryske oerheid him wol om bekroadzje moat at it giet om poëzij, is de soarch om dy kwetsbere sektor yn de Fryske literatuer. Poëzijbondels lûke yn it algemien net in protte omtinken en wurde gjin bestsellers. Finansjeel sjoen is it foar útjouwer en dichter bepaald gjin lúkse. Lykwols leit de wearde fan poëzij net allinne yn hoefolle sinten de bondel yn it laadsje bringt of wat it grutte publyk derfan fynt. In bondel mei goede gedichten is in drager fan syn kultuer. In bondel is in utering yn taal op in abstrakt nivo dy’t de lêzer op datselde nivo meitinke lit oer himsels, it libben en de wrâld. In dichter jout de wrâld stal op in unike manier yn taal en lit sa de lêzer neitinke oer dy wrâld. Mei sokke tinzen yn de achterholle soe de Fryske oerheid har belied op Fryske poëzij útstippelje en fiere moatte. It soe gean moatte oer de soarch foar kwaliteit yn dy kwetsbere sektor foar dichters, útjouwers en lêzers. Punten fan omtinken soenen bygelyks wêze kinne: bettere sichtberheid fan poëzijbondels yn en bûten Fryslân, stypjen fan lytse en nije projekten, de mooglikheid foar útjouwers om goede begelieding foar dichters te beteljen, goede en serieuze publikaasjemooglikheden foar poëzij yn tydskriften en in up-to-date belied op de digitale tydskriften. 8. Fynsto dat út de poëzijwrâld wei genôch war dien wurdt om it grutte publyk te berikken? It al wer romantyske idee fan de dichter dy’t thús wachtet op in útjouwer en publyk is achterhelle. De measte dichters binne bergen tiid kwyt om har wurk nei bûten ta te krijen. Se steane op
Trotwaer
de Moanne
poadia, dogge mei oan radioprogramma’s, organisearje poëzijjûnen, sette tydskriften op en skriuwe kolumns yn kranten. Dat jildt ek foar Frysktalige dichters. Ek it idee fan it grutte publyk dat noch yn de kunde komme moat mei poëzij fyn ik achterhelle. Minsken hawwe noch noait safolle oplieding hân as yn 2003, dus se hawwe kâns en om yn de kunde te kommen mei poëzij. Alle kranten hawwe plak op har siden foar literatuer en op it Ynternet kinst alle kanten út, ek wat it Frysk oanbelanget. At it ergens mis rint tusken de dichters, har poëzij en it publyk, dan is dat omdat skoallen hieltyd minder tiid te besteegjen hawwe oan literatuer en lêzen, seker at dat oer it Frysk giet. Fierders is it krusiaal foar de takomst dat ynstânsjes dy’t har dwaande hâlde mei poëzij ek wurkje mei jonge minsken op alle mooglike gebieten, omdat dy de sensoaren hawwe foar nije ûntjouwingen op it gebiet fan poëzij
is ien fan de reden dat ik graach poëzij lês út Galisië of Meksiko, beide gebieten dy’t in sterke bân hawwe mei Spanje at it giet oer poëzij, mar tagelyk in heel eigen skiednis dêryn hawwe.
9. Soe it wat opsmite as Fryslân, yn neifolging fan it ynstitút Dichter des Vaderlands, in Frysktalige ekwivalint krige? Yn in ynstitút dat yn opdracht fan it heitelân dichtet yn ’e memmetaal leau ik net.
14. Oan watfoar kritearia moat foar dy it ideale gedicht foldwaan? Dat iene ideale gedicht bestiet foar my net. At ik tinke soe dat it wol bestie, dan soe ik noait wer skriuwe. Der binne wol fersen dy’t ik prachtich fyn. Omdat se prachtige bylden oproppe. Omdat har stim earlik is en my rekket. Omdat har foarm in goed slutende jas is. Omdat se my neitinke litte. Omdat se my de wrâld wer in kear op ’e nij sjen litte.
10. Ha de útjouwers soks as in poëzijbelied? Ast sjochst hokker útjouwers regelmjittich poëzij yn it Frysk útjouwe mei in idee achter dy útjeften en ek in fûns mei dichters opboud hawwe, dan binne dat neffens my Bornmeer en Frysk en Frij. Beide hawwe in fûns mei aardich wat dichters. Frysk en Frij bringt fierders oersettingen út fan klassikers en Bornmeer hat in eigen poëzijrige. 11. Is der wol in polemyk yn de Fryske poëzij? In echte polemyk is der net yn de Fryske poëzij. Fûle polemiken oer poëzij hearre ek net by dizze tiid. It idee fan de literêre polemyk komt út de jierren sechtich en santich doe’t de poëzij oars soe. Ik tink dat de nije generaasje Fryske dichters sa hybride is kwa manier fan skriuwen dat in polemyk tusken har net folle oars opsmyt as de konstatearring dat se nochal ferskillend binne. Elkenien dichtet op syn eigen wize en yn syn eigen taal. It gegeven fan in stel yndividuen dat yn poëzij stal besiket te jaan oan har eigen wrâld fyn ik folle nijsgjirriger om oer nei te tinken en te skriuwen as in polemyk opsette oer wat net goed is en oars moat yn de poëzij. 12. Hoe is it nivo fan de Fryske poëzij yn fergeliking mei de Hollânsktalige poëzij? In fergeliking meitsje fan it nivo tusken Fryske en Hollânsktalige poëzij fyn ik likemin nijsgjirrich. Sa’n fergeliking giet der fan út datsto dy fergelykje kinst, wylst ik it sjoch as twa tradysjes dy’t in soad mienskipliks hawwe, mar ek faninoar ferskille. Fierders ymplisearret en ûnderstreket sa’n fergeliking it idee fan poëzij yn in minderheids- en mearderheidstaal en dat soks om dy reden fergelike wurde moat. At it giet oer nivo fan poëzij, dan moat it yn it foarste plak gean oer dy poëzij sels. In folle nijsgjirriger fergeliking fyn ik bygelyks de ûntjouwing fan poëtyske tradysjes dy’t in selde soarte fan skiednis hawwe. Dat
13. Stiesto ek yn in poëtyske tradysje? Ik sjoch mysels net as in part fan ien poëtyske tradysje. Sels ha ik mear it gefoel dat ik as dichter troch bepaalde ynfloeden foarme bin. Dichters dy’t ik in soad lêzen ha, binne bygelyks Herman Gorter, Anna Achmatova, Bloem, May Sarton, Margryt Poortstra, Octavia Paz, Lorca, Hans Faverey, Eavan Boland, Jan Wybenga, Hans Lodeizen, Rixt, Ida Gerhardt, Alfonsina Storni, Yeats, Sylvia Plath en Tsjêbbe Hettinga. In oare mar like grutte ynfloed hawwe de teksten fan in tal popartysten hân. Foarbylden binne Suzanne Vega, Leonard Cohen, David Sylvian, Moby, Kate Bush, R.E.M., The Smiths, Joe Jackson, PJ Harvey, Tori Amos en The Cowboy Junkies.
15. Wat is dyn meast eigene gedicht? Ien fan myn meast eigene gedichten is in fers dat stiet yn myn nije bondel De fjoerbidders dy’t yn ’t neijier ferskine sil. It fers hat as titel ‘I’ll never be your Maggie May’, in song fan Suzanne Vega. In pear rigels yn har tekst rekken my bot, foaral doe’t ik se sels begûn te spyljen en sjongen. Dy rigels gean sa: “and so a woman leaves a man / and so a world turns on its end / so I’ll see your face in dreams / where nothing’s what it seems / still you appear some kind of friend.” Dy rigels rôpen by my sterke gefoelens en bylden op. Doe’t ik wurke oan dy nije bondel dêr’t de tizeboel fan gefoelens oer leafde dy’t foarby is en de muzyk sels in grutte rol yn spylje, lei it foar de hân om dat materiaal te brûken. It waard it folgjende fers:
I’ll never be your Maggie May Sleatwetter by it bytfabryk, wytljocht at ik moarns wekker waard en it seach. De romten dy’t mar net ôfsletten rekken, dûzeljende noaten op ’e westerstoarmen. Net de toarst net de honger net hy net doe’t ik de heale moannen skjinhimmele. Mar it sleatswetter, as de reindrippen en reade surch stoffich by it spoar del.
48
simon oosting
egbert born
midsimmer
de ónverwachte bevrijding van de wéduwe
’t is dyn namme: skyn sinne en yn wyn ferlangen nei lân nei see – gjin blommen – nei sân dat op de golven brekt
’s Ochtends in de rozentuin waren er in mei te veel bládluizen aanwezig om stúk voor stúk doodgeknepen te kunnen worden met haar gerimpelde handen die al twintig jaar niet meer beroerd… of gestreeld… waren door haar tirannieke man die nóóit sloeg, maar zéker wilde zijn…
’t is dyn namme: blyn’ leafde en ferlyn ferlangen nei dy dyn hûd – gjin blommen – myn liif dat op de golven brekt middernacht dyn namme heech noch yn de loft in iere fûgel skril it lûd dryst dyn dûnsjen rotsen omseame see do lûkst wy rinne – earst noch – wy rinne wy rinne dan fleane wy wy fleane heger hurder en heger oer de eilannen sjoch ik út hâld dyn hân wy fleane wy fleane hurder heger en hurder dan it strân dyn hân rêst op myn liif ’t is dyn namme: skyn sinne en yn blyn ferlangen nei dy dyn liif – dyn blommen – myn liif dat op dyn golven brekt
En omgekeerd verbood ze haar jongste katje vlindertjes te vangen om te spelen, terwijl haar natuur haar ertoe dwong het bed te verschonen voor haar man en op de bank te slapen, of onder de kapstok… Daar droomde ze, ze droomde, ze dacht, ze wist dat haar man weer boven was, verliefd… met een melodieus meisje, niet stiekem… en dat er op het verschoonde bed níéts gebeurde, zo wás hij niet… Maar toen ik ’s nachts om twee uur thuiskwam, niets zag, en de geur van schuimend badschuim mij verontrustte, klopte ik op de donkere deur, een ander geluid dan het kloppen kwam niet, misschien was de zwarte weduwe vergeten het licht uit te doen… De vier poesjes lagen vast al in haar warme bed en de bevrijde vrouw lag daar in het bad, haar ogen gesloten, zó mooi, zó vredig, zó naakt, ik wist zéker dat het niet mijn moeder was…
Trotwaer
de Moanne
poezy
jantsje oost
stjerhus
ofskie
achter it rút beweecht him de dea nimt slûpend it hiele hûs yn beslach
yn in grêf fan letters haw ik dy hjoed begroeven
de doarren kinne him net keare de ôffoer rekket him net kwyt –
de skerpslipe deadlike wurden kamen op dyn eigen holle werom
tusken de fjouwer muorren docht er soarchfâldich syn wrede wurk oant op it biente
de risping fan kwea siedzjen falt yn in tsjuster gat
stadich wevet wurgens de tekken fan akseptaasje oer it stille bêd
beret stamp ik de ierde oan foargoed foargoed
laitsje net jimme eksters op it dak it sil jin) der nei fergean
befrijd sjoch ik de takomst yn ’e eagen leafde sûnder wurden wit ik sterker as de dea
proaza
s.e.
51
Hearemyntiid Dy jûns skode Mijnema oan by fjouwer froulju en in pear mannen, brede draaidoarren treauwen har it âlde hospitaal yn. Hy liet de oergong nei de droege waarmte rêstich op him ynwurkje; it smakke him as iis yn waarme fanylje… hearlik, hy liet him noch twa rûntsjes draaie. Doe fage er glêde stikjes blêd ûnder de skuon wei op ’e swartrubberen matte, rûn rjochtsôf in betegele trep op, by in krusifiks lâns en dêrnei de ferlitten gong yn. Yn ’e flier leine kleurde banen, dy fan him wie read, rjochting ‘ynterne’. Hy moast tinke oan de troch syn omke mei advokaat fuorre hinnen dy’t – dronken en mei de koppen plat oer in krytline skowend – ien foar ien foar de bile giene… Mar dat wie lang lyn, noch op de pleats dêr’t hy as soargeleas boike de skiep mei melke mocht en tiken telde. Oan de ein fan ’e gong wist er it ‘ferstjerkeammerke’, dêr’t omke lêstendeis op in bêd hinne riden wie. Foar dy keamer stie in sitsje: twa jassen hongen oer reiden stuollen en op in knibbelhege glêsplaattafel leinen roddelblêden by in stoffich plastyk plantsje yn ’e midden. Mijnema die it him oan tiid en seach nei foto’s fan húsdieren oan de muorre. Hamsters en bargemotten hongen der, sokjeshinnen en in swarte rôt sûnder sturt. Ut de susterspost ferskynde Maria. Se hie grif de wacht en kaam der krekt oan, optein neontsjend, mei sûnreade wangen, in griene strik yn it hier. Ja, omke lei yn koma, opjûn, slangen der út, it wie in kwestje fan wachtsjen. Nijs wie dat net, àl de twinkeling yn har turkoise eagen. Se hie him roppe litten foar de lêste wacht. Freonen wiene oan it ôfskie nimmen, ek in geastlike soe noch komme. “Wa mei dat yn godsnamme wêze?” “Ut de papieren begriepen we dat dyn omke protestantsk is. Der komt in dûmny, we hawwe twa.” Se meunstere Mijnema dy’t de foarholle fronsele. “Wa’t ynroastere is? God mei it witte.” Se seach him ûnbefongen oan. “Ik bin hjir foar liif en lea, net foar de geast.” “Ja, mar...” “Daliks is der kofje... no moat ik de keamers bylâns.” En dêr gie se. Bleate fuotten yn blanke sandalen, in fêste trêd. In stik of tsien stappen fierder ferlear de glimk oer har skouder syn betsjutting. Mijnema seach nei bûten dêr’t wynfleagen beammen djip bûge en tûken knappe lieten. Doe draaide er nei de doar dy’t nei binnen ta iepengie. Thea, dy’t er wolris by omke moete hie, kaam derút. Har eagen wiene read, swarte maskaratriennen rôlen har oer de wangen; snokkerjend drukte se de holle tsjin
Trotwaer
de Moanne
proaza
hearemyntiid
Mijnema’s boarst. Syn hannen kloppen sêft op it pearse wollen fest dat se ris fan omke krigen hie. Har man stie der treurich by te knikken. Douwe, altyd beknypt yn brede galgen en spikerbroek, wie foars en in man út ien stik. Kalm fan aard en tagelyk trochtaastend, as brânwachtman wie hy wend oan de einigens fan de dingen. Thea klearre op. “De dea is in frucht fan it libben, hen?” In giel bûsdoekje wrong se yn ’e hannen. “It neigesetsje...” Se glimke sels! Douwe knikte har ta, gie oerein en naam har jas oer de earm. Foar him wie dit wyklikse kost, mar sa tichtby jins freon ferlieze wie dochs wat oars: syn skier antlit like dizich, krekt oft er him net op syn plak fielde no’t it slimste noch komme moast. Mijnema rûn in eintsje mei oant se earm yn earm de hoeke omgongen. Dêrnei hastige er him nei omke nei wa’t er út de gong wei in pear kear flechtich sjoen hie. Yn de doar bleau er stean. Omke op bêd, sa fertroud… en dochs oars. Gjin doaskes mei meters mear en gjin flessen mei slangen, pleisters ôfskuord en tûpet tusken âlde kranten, ferwylgjende snijblommen yn it finsterbank en gebit yn in kopke sûnder wetter. Griiswyt lei er dêr, oerdutsen mei blauwe plakken. En sa stil, gjin grap of grol as begroeting. Mijnema stapte fertwivele tichterby. “Hé, wekker wurde do!” Syn eagen glieden fan holle nei fuottenein, hinne en wer. “Kom op... wekker wurde... do moatst der ôf!” Omke bleau stil lizzen. Al waard er skodde, bekloppe of bestreake, neat holp, mar kâld wie er net. Mijnema begûn te roppen. “Omke... omke, bist der noch? Kom, omke kom... sodom... om...” Syn wanhoop mindere net en syn eagen baarnden. Hy moast him behearskje, fielde in stek yn ’e rêch, taaste nei efteren foar in stoel en wist him betrape. In ûnbekende frou stie him yn ’e doariepening oan te stoarjen; yn ‘e alteraasje klonk har hege stim. “Ik bin mar fêst kommen, Sara Sevenster is myn namme. Ik bin domina, de pastor om samar te sizzen.” “Djiezus, dat is wier, jo soene komme, Mijnema is myn namme.” “Neffens my kinne jo wol wat ôflieding brûke. Kopke kofje of sa?” Mefrou Sevenster, klaaid yn in mearkleurich, blokt mantelpakje mei dêrûnder skotse hoazzen, postuerde har efter it bêd foar it rút. “Dat sjocht der net bêst út,” sei se. De wurden wjerklonken pynlik lâns de keale muorren. “Jo binne famylje hearde ik op ’e gong, mar goed dat der famylje is.” Se meunstere Mijnema dy’t it ûnbehaachlike gefoel krige yngripe te moatten. Omke moast neat fan gepreek hawwe, dat wie wis, en bidde wie foar de fûgels yn’e loft, lyk foar de fal. “Ik soe graach in momint mei de sike allinne wêze wolle,” sei se, “om ús te besinnen.” “Us?” “In moai ferhaal kin gjin kwea.” Se pakte út har neplearen tas mei twa brune fjouwerkante knopen in swart bibeltsje dat op har skurte iepenfoel. “Dan gean ik om kofje,” sei Mijnema ynienen en hy draaide him ôf fan har... en fan syn ûnbeweechlike omke. “Godtank heart er neat mear,” mompele er op ’e drompel.
52
53
Op ’e gong rûn Maria mei ferfrommele lekkens en in healfol urinaal. Se hie in lang wyt wollen fest oan, har earmtakke iepene in doar. Oer it skouder seach se Mijnema en se knikte útnoegjend nei har iepen kantoarke. De kofje stie klear op in kranteside mei heal ynfolle kryptogrammen. Yn in hoeke wie skjinmakkersguod by elkoar set. Op in metalen amer lei heal ûnder in seemlearen lape in ôfskuord briefke mei ‘Claudia, je bent het einde’ derop skreaun. Mijnema glimke en lies noch ‘je t’aime’, mar folle mear seach er net. De holle wie him fol fan dat minske Sevenster, wat moast er mei har? Omke hie him net útlitten oer wat der barre moast nei syn libben. “As deade is dat net myn soarch,” sei er dan, “yn ’e grûn kom ik grif.” Maria kaam der yn mei twa ûnderstekkers yn ’e hannen. Se wie beswit en read oanrûn. “Kalm, kalm,” warskôge Mijnema, “daliks litst noch in ‘steek’ falle.” Se seach him laitsjend oan. Wylst Maria de hannen frij makke en se ûnder in spuitsjend kraantsje wosk, sei se: “Do hast gelyk, de haast fielt oplein. Ik wol sa net, mar moat wol,” en sûnder oergong: “Sevenster is der, hen? In blanke pit.” Mijnema skode in stoel foar sines oer. “Is sa’n geastlike altyd by in ôfrinnend libben, is dy ynklusyf?” “Man, do meist bêst wegerje, hear. Foarhinne wie it hjir Roomsk. Do sjochst dêr noch in Madonna mei ljochtsjes.” Hy seach ûnder de Hillige Faam in borduersel mei ‘Alle segen komt fan boppen’ oan loslittend plakbân hingjen. “Mar dit liket my net in algemien gefal,” klonk Mijnema ûnwis. It wie efkes stil. Hy sette syn leech kopke del en gong oerein om nei omke ta te gean. “Wat hasto dochs mei dyn omke?” “Och, ik wit net,” sei er skruten, “wy binne krekt-en-gelyk.” “Hast de matras al sjoen? Hy stiet wer tsjin de muorre, efter de doar.” “Net om tocht, moai, tankewol. Ik wit net oft ik sliepe kin.” “Dan help ik dy dochs?” Sa die se altyd, puzzels meitsje en yn riedsels prate. Mei in foldien gesicht klapte Sara Sevenster har bibel ticht en liet him yn ’e tas falle. Mijnema seach de matras, rekke him efkes oan en rûn troch nei omke. “Hast it ferstien?” Der kaam gjin antwurd, it wie oft syn mûle wat tichter stie. Doe frege er de domineeske: “Leauwe jo echt mefrou, is it in fêst witten?” Efkes glimke se, die de hannen gear en lei se op it bêd. “Soks freegje jo net... jo hawwe dy fraach net fan in frjemd.” Dat wie wier. ‘Leauwe = fêst witte’ wie der as in wiskundige wetmjittichheid troch syn foargonger ynstampt, yn einleaze preken. Mar neffens him wie it fan twaen ien: òf men wie der wis fan en hoegde net te leauwen, òf men leaude en dan die it oare der net ta, ek gjin fêst witten. “As jo bidde wolle en omke jout in teken, dan hâld ik jo net tsjin.” In felle kramp skeat him troch de side en in lef gefoel fan ferleagening bekrûpte him, hoe koe er omke sa tusken harren yn skowe? Dy hie wol ried mei har witten! “Wol, mynhear Mijnema, ik wol jo neat oplizze, it is út frije wil.” “Frije wil? Ik leau tafallich yn it lot en jo yn ’e foarsjennichheid, in frije wil hat hjir neat te sykjen.” “Wat bedoele jo dochs?”
Trotwaer
de Moanne
proaza
hearemyntiid
“Dat de frije wil der net ta docht.” Hy seach nei in los wimperhierke ûnder har rjochtereach. “Stel... jo wolle my beminne, moai, mar dan stekt jo Hear dêr in stokje foar.” De domina sette grutte eagen op, har mûlshoeken lutsen fansiden. Efkes rûn it har skril troch de lea. “Dat is dan net tafallich.” Se gong oerein, draaide har om, lei har tas yn it finsterbank en hong it jaske fan har mantelpak oer it bekling fan ’e stoel. Mijnema seach yn har nekke in opstrutsen waskynstruksje: 40 graden. Wer sittend frege se: “Leauwe jo dit, of witte jo it fêst?” Se laken no allebeide en seagen elkoar foar it earst yn ’e eagen. Der wie wat dat him betize. “Sille wy dan mar?” Koart sei se wat se woe, it ‘Us Heit’, en frege: “Is dat goed?” Mijnema fierke troch de eachteisters. “Mefrou, as ik op jo yngean is de ein derfan wei.” Hy sei it oerlangsum. Har eagen waarden wer grutter en se sprate har ringe fingers foar de iepen mûle. Hy seach nei de rêst fan omke en fielde mei de rêch fan ’e hân de lippen dy’t hast ticht wienen. De pastor stoarre dernei. It kopke mei it gebit naam er en folle it oan ‘e râne ta mei wetter. Dêrnei bedripte er omkes mûle. Tegearre seagen se ferstille nei syn fragile fingers. Hy fertelde dat dy foarhinne rourânen hienen; deagewoan wie dat mei it boerewurk, krekt as soer swit. “Hawwe jo dat ek by in ferlies, dat men safolle oantinkens fynt?” Se stoarre him oan en wie noch efkes stil. “Ik haw ris in film sjoen,’ sei se doe, “dêr’t twa Frânske finzenen har op in heech eilân – mei wat bisten – sjen moasten te rêden. De iene flechte troch in sprong yn it djippe, oant twa, trije kear ta, oant it slagge. Dat bin ik, net bliuwe wêr’t men sit, mar altyd fierder. Ik mis dy minskelucht net.” Mijnema wie rekke. Hy hie dy film ek sjoen. Wie dy flechtling net troch in non ferret? “Wat tafallich, sis, want ik lykje op dy oare... tefreden mei it deistige... en... as hoarizon de ferbylding.” No stoarren har eagen him ferheard oan en hy seach wat him betize: binnen de blauwe rânen wie dêr wer turkoise... as fulkanysk grien yn wyld waarm wetter. “Mar dan binne jo op it eilân bleaun en hawwe jo de bargen hoeden en de hinnen,” sei se, “libbenslang! En jo ferwite my myn hoedzjen oer de skiep?” By dit âlde byld seach er troch it rút, fier by har lâns. Syn eachlidden sakken heal, mar dat waard misferstien. De domineeske begûn it ‘Us Heit’. Syn eagen sprongen iepen, kloatsek, kinst dit net te foaren komme? Kjel meneuvele er nei omke troch it gesicht freegjend omheech te lûken. Ynienen stûken Sara’s wurden. Untheistering! Wêr wie se bleaun? Har eagen smeekten, hie de fersiking al west? Yn de fallen stilte dwaalde er yn ’e djipte fan har kraters, fûn doe feilichheid yn it wêzen fan syn omke en sei: “Jou ús hjoed ús deistich brea,” wêrnei’t sy ûnwis en mei brutsen lûd oant en mei it ‘Amen’ fierder bea. Unwennigens, mandéligens, haat en longerjen troch mekoar, in mingeling fan alles wat west hie gong by de râne fan it bêd lâns en kaam byinoar. In lange stilte folge. Doe folle
54
55
brekberens de keamer, it wie oft de stilte ferfongen waard troch stilte en sa fierder, oant se opskrille waard troch wat op in swak kocheljen like. Mijnema sprong op. “Heardest dat?... Omke, wurd wekker. Kom!... Omke kom!” Oerémis stoarre er de pastor oan. “Goddomme, asjebleaft… helje Maria, we moatte wat dwaan!” “Mar dy hat gjin foech om op te treden.” “Toe... Sara, wa hat wol foech by dea of libben?” Koart omklamme er omkes hannen en struts him doe wêr’t er koe. “Kom op omke, kom werom do. Kom!... Kom!... Omke kom!” Mei Sara yn har spoar draafde Maria de keamer yn. Opfallend kalm naam se de pols en seach op it horloazje, in termometer yn d’ oare hân. Efkes letter glieden har eagen wikseljend fan omke nei Mijnema op waans earm har hân rêste. “Frjemd, eigenaardich, wat tinksto, hy hat miskien wer nocht, ik sil de dokter skilje.” Underwilens massearre Mijnema syn omke wylst Sara ûnrêstich hinne en wer rûn en aloan har rok oploek. “De dokter sil sa wol komme, ik moast mar wer gean, it is fier oer tolven.” Hy fielde in knyp yn ‘e hân. “Oant moarn Mijnema, miskien.” “Wachtsje, ik rin wol efkes mei... kin ik myn ûnrêst útlitte. Wat in nacht.” “Mar hoop is der wol en dy docht libjen!” Lyk foar it krusifiks frege er: “Binne jo ek domina yn jo frije tiid?” “Jawol, wis en wrachtich, mar oars.” Se lake ‘skean’, de holle efteroer. Op ‘e trep nei ûnderen wie it wer stil. Mijnema hie har net begrepen. “Leauwe kin allinne yn mienskip, fine jo net? Oars is it mear selsbefrediging... in iensume ferslaving.” “Bliid ta as dat kin,” sei se glimkjend, mar ôfmetten. Efkes lei er har de earm oer it skouder en sei: “Ik gean mar wer nei boppen,” wêrnei’t Sara weidraaide troch de doar en ferdwûn tusken dûnsjende blêden. “Dyn omke bromde wat,” sei Maria doe’t er har tsjinkaam op de gong en “do moatst dy deljaan, Mijnema, de dokter komt moarnier pas.” Yn ’e keamer, by omke, like neat feroare. Hy bleau efkes stean en aaide hannen en wangen. “Ik gean ek lizzen omke, doch it kalm oan, wy krije dy wol wekker.” It wie mear fallen as lizzen wat er die. “Maria, och, myn matras,” klonk it sunich en yn in omsjoch wie er fierder fuort as syn omke, dy’t wer gromme, mar gjin ear dat it hearde. Letter lei Mijnema langút op de gong, efteroer op in reiden stoel mei de blêden fol rabbelerij ûnder de fuotten. Hiel fier fuort wie er tusken wol tûzen stjerren en dan wer gewoan op ierde. Dêrnei kaam Maria lâns, se rûn foar him út en it wie as wonk sy him. Doe wie se troch in tichte doar stapt. Op de gong song no in koar fan siken, mar de sjongers ferstommen by it sjen fan elkoars wûnen. Stadich as in flecht guozzen dy’t op ‘e wjukken gongen waard in kakofony berne. Ferhalen fan tafal en stomme tsjinslach. Oaren krigen in fertsjinne lean of liken útkard. Allegearre waarden se mei kryt op in swarte laai set, hongerige tongen
Trotwaer
de Moanne
proaza
hearemyntiid
en iepenspalke earen. De gong rûn oer fan in ferfrjemdzjend libben, lûdroftich, in kwaken en kweakjen, byld en film, Babylon en Papillon, de minsken finzen yn wurden. Húsdieren krûpten kjel fan de muorren en wrotten by de plinten lâns. Fan efteren kamen wite rotten yn in rige, ek swartwyt bûnte. Marmotten sakken út har list en mûzen kamen út har nissen. In kreupel knyn sleepte him foarút en dronken draafden kuierjende tûken foarby. Wat wie der yn godsnamme geande? Mijnema wrotte him nei de doar ta dêr’t Maria troch ferdwûn wie. Yn in heech wyt bêd lei se foaroer te sliepen mei syn omke derneist, knibbels en ankels yn in kleaune. Hy pakte de bedsrâne fêst en besocht syn gefoelens te ûntknoopjen. Efkes rekke er har oan en fuort wie se, oplost. Ferheard skodholle er mei de eagen tichtknypt. Syn omke begûn no mei in soad wille in goar lietsje. It gong fan ‘o jie ho, jou my de po, jou my de po, ik moat mige, ik moat mige, kom dochs hjir, kom dochs dêr, ik moat mige, ik moat mige, neist de po, nim my mar,’ sa ûngefear, helder wie it net. Mijnema hastige him werom, mar waard diel fan de begearige, oerallige mienskip op de gong. Wat in wurden! Elkenien friet yn ûnstjoer fan mekoar, sûnder moederaasje of bekommernis... hy rydboske. Dêrnei hearde Mijnema út ‘e fierte wei syn namme, it lûd kaam tichterby. “It is healwei sânen, kofje brún.” “Wa, wêr, klear, Maria do?” Ferdwaasd en ferstive draaide er him oerein. “Ik haw dy lizze litten, do likest fier hinne.” “Wie ik ek, of… hoe is ’t mei omke?’ “Der is mear libben. Komst sa? Ik haw ek bôle.” Omke lei der better by, minder bleek en mear oanwêzich, in dizige glimk om ‘e lippen. Om him hinne stie allegearre apparatuer. Yn it kantoarke lei de moarnskrante neist de stikjes bôle. De kleurige foarpagina liet fan alles ferlitten flechtlingen sjen… bommen op brêgen en skoallen, sels in sikehûs wie rekke! Ut it skelettearre gebou stutsen betonizers dêr’t wimpeljende lekkens en in pear spiraalbêden as flaggen tusken hongen. “Us leger is der dochs foar de frede? En no dit. Moatst hjir ris sjen, wat in deaden! It liket de ein fan ’e tiden wol.” Fol ôfgriis tearde Maria de krante om. Se seach ûnrêstich om har hinne en gong doe oerein om it hantwurkje oan de muorre rjocht te hingjen. Dêrnei stoarre se nei Mijnema dy’t foaroer siet en himsels fuorre mei stikjes bôle wêrt er stadich op kôge. ‘We wurde ryk bedield mei skamte, hen?” “Ja, bommen goaie liket my it toppunt fan untgûcheling,” foel hy har by. “Arrogânsje silst bedoele!” “Wat it oanrjochtet!... út namme fan wa?” Hy rjochte him de rêch. “Men tinkt it libben te hawwen en boem, it is oer.” “Fan d’ iene yn d’ oare wrâld, krekt as yn dyn sikehûs, hen?” “De goedbetelle gekte boppeoan…” Maria knikte de holle efteroer. ‘It is in sletten ôfdieling, en wy mar drave.” Mijnema rikte nei de kofje. “Witst, fan de skiednis leare wy neat, wy wolle de ôfrin net witte… wy hâlde der allinne wat oantinkens oan oer.” Hy seach Maria bôlekrûmels yn in plastyk pûdsje skowen wylst se freegjend nei him seach. “Geweld liket in útfergrutting fan antike genen...” Hy slokte in pear kear en sette it
56
57
kopke del. “Krekt skoalbern dy’t mei stiennen smite, we hawwe allegearre... mear of minder, fynst net?” No naam Mijnema in stikje bôle, belei it mei loftige tútsjes, tearde it dûbel en rikke it Maria oan dy’t glimkjend frege: “Leaust do earne oan?” “Ik wit it net, ik fiel my oft ik allinne en leech stean by in ûnbestimd ein.” Hy seach dat Maria de wynbrauwen fronsele. “Mar jawol, ik leau yn de dûns fan elfen mei ierdmantsjes ûnder helder moanneljocht yn in sêft glidend boatsje en...” “Dat liket my wol wat… louter kabouter...” Douwe gniisde yn ’e doar en rûn doe gau efter Thea oan. “O ja, dat hie ik dy noch net sein. Thea skille hoe’t it gong. Se binne daliks kommen. Ik sil se efkes byprate.” Maria gong oerein en Mijnema sei dat er syn heit skilje woe. Op ’e gong stienen amers, swabbers en in weintsje mei doeken en plastyk flessen. It deistige himmeljen, Claudia oan it wurk, Claudia út Ghana. Mijnema drintele efkes… rûn skytskoarjend fierder... seach om, krekt as wie er wat fergetten, glimke en gong doe mei ûngewoane opteinens nei de hal ûnder. Dêr wie in fleurige drokte fan minsken yn wite klean en mei drokke maneuvels. Efkes letter hearde er boppe alles út syn namme. “Mijnema... Mijnema, kom, dyn omke praat, kom gau!” It wie Maria. Hy kriemde en draafde sa hurd dat er har hast fan ‘e sokken reage. Hy sloech stappen oer en naam op ’e trep twa trije trêden tagelyk. Nei it krusifiks stode er de hoeke om dêr’t Claudia yn ‘e hoksen siet mei in dweil. Hy besocht har noch te mijen, mar op de glêde flier glied er ûnderút. De ammerrâne tesnijde syn rjochterear dat efter it hingsel heakjen bleau. Hy glied fierder yn syn ‘waterloo’ oant er mei de holle yn Claudia’s skurte ta stilstân kaam. Mei sêft gegrom gjalpe bloed oer Claudia’s skelk dy’t se – alhiel fan ’e wize – oer Mijnema’s holle drapearre. Har sêftswarte eagen stoarren ferbjustere nei it bliedend ear dat as in fraachteken stadich nei it rosee ferkleurjende skjinmakkerswetter glied. Maria kaam de hoeke om en leaude har eagen net. “Mijnema,’ frege se, ‘wat dochst no?” en tsjin Claudia: “Is er net mear by de tiid?” Douwe kaam mei grutte stappen tichterby, seach, seach nochris goed, pakte Mijnema resolút mar hoeden yn de earms en brocht him nei de ein fan ’e gong. Dyselde deis koe omke wer oan ‘e slangen en waarden der farske blommen yn it finsterbank set. Wat letter stie yn de lokale krante dat er stoarn wie. Op in krytwyt skylpaad waard er trije kear om ‘de lêste halte’ droegen en troch freonen yn de ierde lein. Ut de pastorijtún wei brocht in snijende wyn ôfskuorde tûken mei en yl keakeljen fan hinnen. De kjeldlijers ferwaarmen har oan de ynhâld fan in yn foly wuolle fleske. Maria hie efter de baar Sara’s hân nommen en noch fan Mijnema rept. En oan de ein, oan ’e râne, hienen se tegearre mei hantsjesfollen modder leauwe, hoop en leafde tadutsen, foardat se – draaiend om it ferline – fierder skoden.
Trotwaer
de Moanne
‘Ik ben een tweede generatie Friese migrantendochter’ Debutante Minke Douwesz karin de mik
58
Ze vroeg haar Friese moeder een mooie, Friese naam te bedenken die ze als pseudoniem kon gebruiken. Uiteindelijk koos ze zelf voor Minke. “Het moest lekker klinken”, vertelt psychiater/schrijfster Minke Douwesz (40) in haar rijtjeswoning in een Brabantse nieuwbouwwijk. “En in Minke zit iets van minkukel, dat vond ik wel grappig.” Vanwege de associatie met een motief dat in Strikt een belangrijke rol speelt en dat ze bovendien uit eigen ervaring kent. ‘Stevig overkomen, maar toch kampen met een negatief zelfgevoel, twijfel, onzekerheid. Als je een iets realistischer, volwassen gevoel van eigenwaarde hebt ontwikkeld, dan kun je jezelf wel wat zelfspot veroorloven.’ Ze koos overigens voor een pseudoniem omdat ze onderscheid wilde maken tussen de schrijfster en psychiater, die ze beiden is. Douwesz heeft dus Friese roots, want haar beide ouders zijn Friezen en wonen in de provincie. Ze keert er geregeld naar terug en geniet dan van de mooie natuur rond de Lindevallei. “Ik kan Fries verstaan en redelijk lezen. Als kind noemde ik mijn ouders ‘heit’ en ‘mem’. Mijn ouders brachten het doopsgezind en sociaaldemocratisch gedachtengoed uitdrukkelijk als iets dat hoorde bij hun Friese roots.” Ze verlieten na hun huwelijk hun Friese geboortegrond en verhuisden, in verband met het werk van haar vader, naar het midden van het land. Douwesz: “Maar mijn moeder heeft nooit kunnen wennen aan de bossen en zodra zij en mijn vader met pensioen gingen, gingen ze terug naar Friesland. Ze genieten elke dag van het uitzicht over de weilanden. Sinds Simmer 2000 praten ze zelfs weer Fries met elkaar en anderen. Ik beschouw mezelf in die zin als ‘tweede generatie’ migrantendochter van teruggekeerde Friezen om utens.”
gecompliceerd Ook de hoofdpersoon van haar debuutroman luistert naar een echte Friese naam. “Ze heet Idske met als tweede naam Annegje.” Een recensent bedacht dat Idske moest slaan op ‘Id’, zoals Freud
het onderbewuste noemde. “Maar dat is niet zo, ik vond het gewoon een mooie naam.” Strikt gaat over de zich moeizaam ontpoppende liefdesrelatie tussen psychiater Idske en celliste Judith. Het boek is in literair Nederland wisselend ontvangen, maar is niettemin enkele maanden na verschijning al toe aan zijn tweede druk. De kritiek was dat de stijl niet bijster origineel en zelfs stijfjes is, de hoofdpersoon al even weinig bijzonder en dat het te dikke boek te veel details bevat. “Zitten we te wachten op dit gezeur uit een uitgetikt dagboek?” vroeg de recensent van De Stem zich geërgerd af. Voor Minke Douwesz was het even slikken. “Ik had het gevoel dat niet het boek, maar ik gerecenseerd werd.” Overigens waren er ook positieve kritieken, zoals van Ton van Deel in Trouw, die de schrijfster roemde om de gedegen opbouw van haar boek, de verhaallijn en de heldere, onopgesmukte passages. Om maar meteen een misvatting uit de weg te ruimen: Strikt is slechts ten dele autobiografisch en beslist niet gebaseerd op een minutieus bijgehouden dagboek. “Als dat zo was had ik er wel dagen mee bezig moeten zijn en zou ik geen tijd hebben gehad om te werken”, spot de schrijfster. Hoewel Idske, haar jeugd en opleiding zijn gebaseerd op de persoon van de auteur en enkele andere personages op mensen in haar omgeving, is het hele verhaal verzonnen. “Ja, ook de analyse die Idske zelf ondergaat, de patiënten die ze behandelt en alle andere gebeurtenissen, allemaal verzonnen. Mijn eigen geschiedenis heb ik in een doos gegooid en als puzzelstukjes komt die in mijn boek naar voren.” Douwesz wilde een gecompliceerd liefdesverhaal schrijven en bedacht daarbij dat de vrouw op wie Idske hopelijk verliefd wordt, een kinderwens heeft en nooit eerder romantische gevoelens voor vrouwen heeft gehad.
minke douwesz (foto bert nienhuis)
59
damesliefde Douwesz groeide op in de provincie Utrecht als jongste in een gezin van drie kinderen. Nadat ze alle bibliotheekboeken had verslonden, ging ze als tienjarig meisje zelf avonturenboeken schrijven. Toen al vond ze fantaseren leuk. “Schrijven is een uitgebreide vorm van fantaseren, die aantrekkelijk kan zijn, als de werkelijkheid ingewikkeld is. Ik geniet van schrijven en hoop dat mijn lezers plezier beleven aan wat ik bedenk.” Dat haar eerste boek de damesliefde als thema moest hebben, stond voor haar vast. Ze wilde haar steentje bijdragen aan een rijker lesbisch oeuvre in de Nederlandse literatuur. “Als grap zei ik dat ik bezig was met een lesbische bestseller, als mensen ernaar vroegen. Want wees eerlijk: er zijn haast geen boeken met lesbische thema’s in Nederland. En zelf vind ik die altijd leuk om te lezen. Ik hoop dat Strikt een lesbische klassieker wordt.” Op haar achttiende werd Douwesz voor het eerst echt verliefd. Op een vrouw. “Een heftig gevoel dat volkomen onverwacht kwam. Ze zat vooraan in de collegezaal. Ik móest haar leren kennen.” De twee studentes sloten vriendschap, maar daar bleef het bij. Teleurstelling in de liefde heeft Douwesz met Idske gemeen. “Als je het vergelijkt met mijn ouders, die al 47 jaar bij elkaar zijn, wil het mij niet zo lukken in de liefde.” Ze heeft twee lange relaties achter de rug. Ook in haar praktijk als psychiater begeleidt ze veel mensen met relatieproblemen. Niet verrassend dus dat menselijke en liefdesrelaties belangrijke thema’s in haar boek zijn. “Ik ben gefascineerd door de vraag waarom het moeilijk is een goede relatie in stand te houden.” Misschien zijn lesbische vrouwen daartoe minder goed in staat, stelt ze desgevraagd. “Misschien kunnen zij een relatie minder
spannend houden. In hetero-relaties kan een man vreemdgaan, zonder dat hij verliefd wordt en zijn huwelijk stuk loopt. Hij blijft vanwege de kinderen, omdat het huwelijk toch niet zo slecht is of omdat hij niet alleen wil zijn. Vrouwen worden sneller verliefd, verlaten hun vriendin en beginnen een nieuwe relatie.” Douwesz hoopt dat haar boek een functie zal hebben voor meisjes of vrouwen die ontdekken dat ze lesbische gevoelens hebben en daarover willen lezen. “Het zou toch mooi zijn als over dertig jaar een hockeymeisje ergens in de provincie, dat voor het eerst verliefd wordt, bijvoorbeeld op haar keepster, mijn boek gaat lezen. Want je wilt toch over de lesbische liefde lezen als je ontdekt dat je gevoelens voor een vrouw hebt. Dat had ik ook. En daarnaast hoop ik natuurlijk dat Strikt als literair werk gezien zal worden.”
levensgevaarlijk Een ander thema in het boek is de psychiatrie. Douwesz beschrijft de ‘binnenkant’ van haar vakgebied en de lezer wordt een interessante blik in de keuken van de psychiatrische praktijk gegund. “Over de psychiatrie bestaan veel vooroordelen”, vertelt Douwesz. “Dat alle psychiaters gek zijn bijvoorbeeld. Dat zal dan misschien door dit boek bevestigd worden”, schertst ze. “Of dat ze zelf geen problemen hebben. Of dat het seksistische honden zijn. Ik heb die mythes willen doorbreken.” Ze vond het best ‘eng’ hoe haar vakgenoten zouden reageren op het boek. “Misschien word ik wel direct geroyeerd. Dat zo iemand als Idske psychiater is, levensgevaarlijk! Maar collega’s herkenden zich gelukkig in hoe ik hun werk beschrijf.” Dat Idske in het boek overkomt als een onzekere en gevoelige vrouw, maakt
Trotwaer
de Moanne
haar enerzijds sympathiek, maar kan anderzijds tot irritatie leiden over het feit dat een psychiater blijkbaar de dingen des levens ook niet eenvoudig weet te hanteren. Naar Douwesz’ smaak is dat laatste echter geen nadeel. “Als je niet weet wat er in jezelf omgaat, kun je ook geen goede psychotherapeut zijn. Wie in het diepe durft te springen en weer op het droge komt, is in elk geval niet bang. Idske is misschien meer dan gemiddeld onzeker, maar je kunt beter onzeker zijn dan bang. Wie bang is, vermijdt een hoop dingen en neemt niet deel aan het echte leven.”
hetero-man Drie jaar werkte Douwesz, elke vrijdagmiddag – en soms een week achtereen – “als in trance” aan haar boek, naast haar vierdaagse baan als psychiater. Met vulpen schreef ze drie dikke schriften vol. “Ik zag de beelden in mijn hoofd en hoefde alleen maar op te schrijven wat ik zag. Het was een film, waarvan ik het verhaal opschreef. En ook in films gaat het om details. Wat hebben ze aan, waar staat die stoel? Zo schrijf ik. Zo kan ik een sfeer oproepen waarin de gebeurtenissen zich afspelen.” Onnodig te zeggen dat de visueel ingestelde Douwesz een groot filmliefhebster is. Ze noemt Strikt “een film in boekvorm”. Het is dan ook haar wens dat haar boek verfilmd wordt. “Dat kan heel eenvoudig. De dialogen zijn al uitgeschreven. Met Kate Winslet in de hoofdrol”, fantaseert ze hardop. Ze is fan van de Engelse actrice, zoals haar lezers weten. “Een heel goeie actrice en een uitermate knappe verschijning. Maar ja, dan moet het boek eerst in het Engels vertaald worden.” Toen het boek af was tikte ze de schriftinhouden over op haar computer. Het uittikken was tegelijkertijd een “proces van kritisch herzien”, zoals ze zegt. Het redigeren en opschonen duurde twee jaar. Daarna stuurde ze het manuscript naar Van Oorschot. “Omdat die bekend staat als een degelijke en goede uitgeverij. Als zij het wilden hebben, zou ik geslaagd zijn voor mijn examen.” Dat bleek. De uitgever drukte drieduizend exemplaren en de tweede druk ligt inmiddels in de boekhandels. In haar hoofd is Douwesz al bezig met het uitzetten van lijnen voor een tweede boek, waarin hoe dan ook de lesbische liefde een rol zal spelen. Is ze niet bang om als louter lesbisch schrijfster beschouwd te worden en daardoor mogelijk minder serieus genomen te worden in literaire kringen? “Nee. Gerard Reve schrijft toch ook alleen over de herenliefde en hij wordt beslist niet alleen maar als de homoseksuele schrijver gezien. Het zou wel heel slecht zijn dat ik om alleen om die reden het thema damesliefde los zou laten. Maar ik sluit niet uit dat ik ooit een hetero-man als hoofdpersoon neem.” Minke Douwesz, Strikt. Uitgeverij G.A. van Oorschot, Amsterdam 2003. 839 p. 4 35.
Je blijft geobsedeerd doorlezen Nederlandse literatuur kan me de laatste jaren nauwelijks boeien: die is mij vaak te modieus, te gekunsteld of juist te populair. Dat ging niet op voor Minke Douwesz’ onlangs verschenen roman Strikt, mogelijk door de grote verwantschap die ik voelde met hoofdpersoon Idske. Hoewel, daarmee doe ik de schrijfster wellicht tekort. Want Douwesz weet hoe dan ook een wereld op te roepen die je als lezer volledig in beslag neemt. Dit debuut deed me enigszins denken aan Een alpenroman van Simon Vestdijk. Niet alleen het thema – een moeizame liefdesverhouding tussen twee vrouwen – komt overeen, Strikt is net zo gedegen, gedetailleerd en boeiend geschreven. Douwesz schetst een jaar uit het leven van de onzekere psychiater Idske Wolters, filmfanaat en poezenliefhebster, vegetariër en bovendien lesbisch (behalve haar beroep gaat alles voor mij op, dus Idske, ‘dat ben ik’, stelde ik geregeld tijdens het lezen verrukt vast!). Ze wijdt zich aan haar vriendschappen, haar tuin, dijkhuis en katten, maar vooral ook aan haar werk en opleiding tot psychoanalyticus. Het boek biedt daardoor een aardig inkijkje in de psychiatrische praktijk. In de liefde is Idske doorgaans niet erg gelukkig. Haar geregelde bestaan komt in onrustig vaarwater, wanneer ze hevig verliefd wordt op de chaotische en innemende celliste Judith. Een verhouding met pieken en dalen. Judith is onervaren in de damesliefde en bovendien op zoek naar een man, vooral omdat ze kinderen wil. Het verrassende van dit lijvige boekwerk het boek is dat je als lezer geboeid en in mijn geval zelfs geobsedeerd blijft doorlezen. Krijgen ze elkaar wel of niet? Douwesz weet de spanning erin te houden. Ze schrijft in een haast ambachtelijke en beslist heldere stijl. Ze mag dan iets te vaak ‘een brok in mijn keel’ schrijven en het mijns inziens te modieuze ‘zeiknat’ gebruiken (in plaats van het fraaiere ‘kletsnat’), een schrijfster die het nauwelijks meer gebruikte woord ‘placht’ (de gewoonte hebben) durft te gebruiken verdient een pluim. Haar beschrijvingen zijn filmisch gedetailleerd, maar nergens langdradig. Het interessante is dat de onzekere Idske zichzelf voortdurend van commentaar voorziet, waardoor je als lezer steeds dieper in haar gevoelswereld doordringt. Daardoor groeit de verwantschap met de hoofdpersoon. Natuurlijk is er wel iets aan te merken op Strikt. Het einde is misschien niet echt verrassend en de ontmoeting tussen Idske en Judith in de filmzaal iets te toevallig, anderzijds is het voor lesbisch Nederland prettig te lezen dat een verhouding tussen twee vrouwen hier niet, zoals in vele ‘damesromans’, desastreus eindigt. KdM
60
albumbled
Wobbelke Myn hert dat trillet my, it iz nin rôy! Mijn ljeafste Wobbelke, Mijn swietste Wobbelke, Mijn wirdste Wobbelke, Het biste môy!
jabik veenbaas
61
In heldere tenor Mooglik hat se nea bestien, dy Wobbelke fan Gysbert Japix. Of miskien bestie se wol, mar hie se in oare namme. Mar grif hat de dichter doe’t er, lit ús sizze op in ynspirearre simmerjûn, dit leafdesfers skreau, syn gedachten gean litten oer syn eigen leafdesaventoeren. Piter Terpstra, dy’t in yndrukwekkende roman-trilogy oer it libben fan Gysbert Japix skreau, ropt yn it earste diel dêrfan nammers wol in Wobbelke ta libben, en dat docht er oertsjûgjend genôch. Yn syn ferbylding wurdt se in tsjinstfamke by Tjaard van Aylva, in notabele freon fan Gysbert út syn Wytmarsumer jierren. Gysbert, in dan noch betreklik jonge fint, wurdt fereale op har op ien fan de jûnen dy’t er by Tjaard trochbringt. En dy leafde ynspirearret him ta it fers. Op in jûn sjongt er it foar har, hy spilet der sels by op syn lute, en wit har mei syn sjongen en spyljen hielendal te betsjoenen. Terpstra foarmet it karakter fan syn Wobbelke mei op grûn fan it fers. Hy makket fan har in bloedmoaie, mar wat pleagerige en spotske frou, dy’t yn earste opslach in spul fan oantrekken en ôfstjitten mei de bleue skoalmaster spilet. Sa hat er gebrûk makke fan de lêste twa kûpletten, dêr’t it dichterlik ik syn need yn útropt: ik bestjer it, leafste, asto net by my bist, toe, tútsje my dochs. It rint by Terpstra nammers net goed ôf mei dy leafde. Der bestiet úteinlik in te grutte ôfstân tusken Gysbert, de skoalmaster, de soan fan de foarname bouwer fan it Boalserter stedhûs, en it famke, dat fan ienfâldich komôf is en amper geastlike foarming hân hat. It seit wat oer de krêft fan dit leafdesliet dat Terpstra der in wichtige byfiguer op basearret. En Terpstra is net de iennichste hjoeddeiske auteur dy’t him troch ‘Wobbelke’ ynspirearje liet. De dichter Eeltsje Hettinga naam yn syn bondel Dwingehôf in pastysje fan it fers op mei de titel ‘Heabeltsje’, in aardich en geastich stikje postmodern rederikerswurk. De ienfâld is grif ien fan de geheimen fan dit fers. Fan begjin oant ein befettet it rigels dy’t sa út de sprektaal wei lykje te kommen. “Het biste môy!” – Wat bist moai! “Paetke my swiete Tuwt” – Tútsje my, leave! Fansels, we treffe yn it fers ek bylden
Ick fiel oon ’t kreauweljen, ljeaf, het my dert, Mijn gouden Ingelke, Mijn gouden Ingelke, Mijn gouden Ingelke, Du biste’ ijn ’t hert. O! ’t hert ontfljuecht my beyd’ mijn eagen trog. Ja, ’t rint uwt my ijn dy, It tjocht uwt my ijn dy, It ljeapt uwt my ijn dy, Az ick dy sjog. Ick kin naet wezze fen dy, swiete Djier, Aef ick môt stearre ljeaf, Aef ick môt stearre ljeaf, Aef ick môt stearre ljeaf, Dat ’s inckel wier. Help Ljeafste’, ô litste my in docken quea, Paetke my swiete Tuwt, Paetke my swiete Tuwt, Paetke my swiete Tuwt, Aef ick bin dea. oan dy’t ta de fêste bagaazje fan de santjinde-ieuske leafdespoëet hearden. De hjoeddeiske dichter soe syn hert net sa gau mear ta de eagen útfleane litte. Mar Japix brûkt ek sa’n byld hjir op sa’n manear, dat it ús noch altyd dalik dúdlik is wat er bedoelt. Hy bliuwt helder as glês, en hy lit sjen dat er in geweldich goed ear hie. Syn Boalserter tiidgenoaten wisten trouwens wol dat er dat hie, want hy wie foarsjonger yn de grutte Martiny-tsjerke. Sneins moasten se op him te seil as se psalmsongen. Gysbert Japix syn geef leafdesliet soe ek werklik as liet de wrâld yn gean. Joast Hiddes Halbertsma skriuwt earne dat er it yn syn jonge jierren noch wol sjongen heard hat troch âlde minsken, en dan binne we al bedarre yn ûngefear 1800. En ‘Wobbelke’, nei alle gedachten in jeugdwurk fan Gysbert Japix, wie der miskien yn 1640 al. Inkeld sjong ik it sels noch wolris, en dan op de moaie, justjes mankelike nije wize dy’t Jan Slofstra derby makke. Piter Terpstra lit Gysbert Japix de lute bespylje as er it liet foar syn Wobbelke sjongt. Dy lute is fansels in optinksel. Mar al in plausibel optinksel. In dichter dy’t sa fan lieten hold en sa muzikaal wie, kin bêst it talint en de ambysje hân ha om himsels te begelieden. Wat foar stim soe er hân ha? We sille it nea witte. Ik hâld it op in heldere tenor, dy’t fier droech. Hy moast ommers dy mânske Martiny-tsjerke bestrike kinne.
Trotwaer
de Moanne
Ferlet fan ferskaat
Rispinge 2002 oan Stellingwerver boeken
tineke steenmeijer-wielenga
62
Doe’t sa’n tweintich jier lyn de Provinsje Fryslân jild beskikber stelde foar in ‘opdrachtepot’, wie ien fan de arguminten dat der ferlet fan ferskaat wie yn de Fryske literatuer. Der waard lykas yn alle lytse talen wol poëzy skreaun, mei de fiksjonele roman wiisde it ek net sa min en it grutte ferlet fan berneboeken, ûntstien troch it ynfieren fan it ferplichte Frysk op de legere skoallen, waard û.o. yn foarsjoen mei oersettings, mar bygelyks op it mêd fan it skôgjend proaza ferskynde der fiersten te min om fan in folsleine literatuer prate te kinnen. Sûnder de situaasje yn de Stellingwerver skriuwerij lykslaan te wollen mei dy fan de Fryske sa’n tweintich jier tebek, jildt ‘mutatis mutandis’ foar de streektaalliteratuer like goed, dat der in ferskaat fan sjenres oanbean wurde moat, wolle de minsken op ’e smaak fan it lêzen brocht wurde en wolle se lêzende bliuwe kinne. It is moai as it eigene en benammen it eigen ferline weromfûn wurde kinne yn ienfâldige gedichten en anekdoatyske ferhalen, mar dat stadium binne de Stellingwervers tanksij it krewearjen fan de Schrieversronte mei de eigen útjouwerij lang al foarby. En in harsels respektearjende literatuer hat ferlet fan nij oanbod op ferskillende mêden. Wat dat oangiet foldocht de rispinge fan 2002 oan de ferwachtings. De trije boeken dy’t ferline jier útjûn waarden, binne foar ferskillende doelgroepen en fertsjintwurdigje in ferskaat oan sjenres. Literêre alleskinner Johan Veenstra kaam mei in bondel nije folksferhalen, Karst Berkenbosch mei in koarte roman foar pubers en Jan Oosterhof mei in boekje fol bûnt ferskaat oan ferskes, strips, kollumkes en mimeringen.
drumpelvri’je Om mei dat lêste te begjinnen. De jonge ûnderwizer Jan Oosterhof fan Steggerda ferklearre yn it fraachpetear by it ferskinen fan dizze earste samling fan syn wurk dat opnommen is yn Twie pond ’n stuver fan it ‘boekejaor 2002/2003’: “Ik wol beslist een makkelik leesber boekien mit licht verteerbere kost maeken, omreden ik viene dat oonze streektael drumpelvri’je beriekber wezen moet.” En dat is syn Krentiesbri’j’ ek wurden, in kleurich, smaaklik gehiel, mar mei net folle ynhouten, lichte kost, sis mar, maklik yn te nimmen, mar der bliuwt jin ek net folle fan by. De skriuwer hat al wat namme krigen troch syn optredens mei
Lieske Schiere yn harren ferdivedaasjeprogramma ‘Krieties’, dêr’t er sels de measte teksten foar skriuwt en troch syn bydragen yn de foarm fan ferskes en striptekeninkjes oan de Stellingwarver Spreukekalinder, dat it docht jin gjin nij, dat de teksten yn dizze bondel de kabareteske kant it neist binne. De útlis dy’t er by wize fan yntermezzo tusken syn teksten troch jout, hat it measte wei fan de konferenses yn in one-man-show en hoe aardich soks yn in seal fol publyk ek oerkomme mei, as it swart op wyt printe wurdt, bliuwt der net sa folle fan oer. Mear wurdearring haw ik foar de fjouwer lietteksten fan de CD Stroffelen… en staon gaon, mar de filosofy dêryn is ek wol wer wat klisjee-eftich. Net better soe men ferwachtsje fan de koarte rymkes dy’t as ‘tegeltsjewiisheden’ presintearre wurde, mar dy binne soms krekt wol aardich en orizjineel. ‘Gezicht’ bygelyks spriek my wol oan: jow / bin niet / verantwoordelik / veur et heufd / daj’kregen / hebben // mar wel / veur et gezicht / daj’trekken. It grappichst fan it hiele boekje binne eins de stripkes oer in wjirm en in slak, Piere en Slakke. In foarbyld: Piere sit te fiskjen, komt Slakke op him ta en freget, oft se bite wolle en dan anderet Piere: “Waoromme daenk ie… da’k zo veer van de kant of zitte?” Of dizze: Slakke toant grutsk syn swimdiploma en dan seit Piere, dat hy dat net nedich hat, omdat er altyd yn it pierebad swimt. Of Piere dy’t oan de fiskerij in piercing oerhâlden hat, dat binne fynsten dy’t in orizjinele geast ferriede. Jan Oosterhof krige yn 1995 De Oolde Pookpries foar syn bernemusical Keuning Hum is uut zien hum. It is moai, dat der no in boekje fan him is, dat troch Sijtze Veldema kreas en fleurich foarmjûn is, mar ik hoopje, dat er in folgjende kear mei wat streksumers komt as dizze Krentiesbri’j.
folslein eigentiidsk Ek al sa moai fersoarge troch deselde foarmjouwer is Karst Berkenbosch syn twadde koarte roman, de sjaal. Hy krige destiids yn 1989 de earste ‘anvieteringspries’ foar syn debút Blauw Zwiet. Yn myn resinsje foar De Ovend haw ik de kwestje fan de sjenrebeneaming eefkes op it aljemint brocht. Blauw Zwiet waard presintearre as in novelle, wylst de personaazjes gâns in ûntjouwing trochmeitsje en dit twadde boekje wurdt oanbean as “in bundel”. Mei’t it ferhaal ferteld wurdt yn koarte fragminten dy’t mei-inoar
63
net mear as 47 siden beslane, liket it dêr ek wol wat op, mar omdat der wol echt in plot is mei in begjin, ûntwikkelingen oer in tal jierren hinne en in ôfrin, soe ik it dochs leaver in koarte roman neame wolle, lykas Berkenbosch syn debút nammers, destiids. De sjaal is in bysûnder boekje. Formaat en omslachyllustraasje binne oars as oars en dat hat grif te meitsjen mei de spesjale doelgroep dy’t de skriuwer op it each hân hat: de learlingen fan it fuortset ûnderwiis dêr’t er sels lange jierren yn wurke hat. Lykas de dichteresse Baukje Wytsma en Utjouwerij Fryslân (fan de Afûk) mei de bondel Lokaal 13 besocht hawwe de bern oan te sprekken troch it formaat fan de skoalaginda te kiezen, sa hat Veldema de sjaal it uterlik jûn fan in moai cahier. Wie streektaalliteratuer foarhinne wat, dat assosjearre waard mei nostalgy, dit boekje sjocht der folslein eigentiidsk út. Dat it foar pubers skreaun is, liket my ek nij. Oant no ta wie der foar dy doelgroep amper lektuer yn it Stellingwerfs te finen. Wurdearring alsa foar Berkenbosch syn inisjatyf om yn dat ferlet oan ferskaat te foarsjen en foar Sijtze Veldema syn tapaslike foarmjouwing, mar it komt fansels op de ynhâld oan. En dy is ek yn oarder. Yn de sjaal lit de skriuwer it libben fan in jonge en in famke sjen yn (soms wol tige) koarte fragminten, wêrby’t er ek noch mei de gronology boartet. Somtiden folget er de ûntjouwing fan Emmy dan wer dy fan Steven. De earste is de haadpersoan. Fan side ien ôf is dúdlik, dat har wat slims oerkommen is. Stadichoan krijt de lêzer foar it ferstân, dat dit beskerme grutbrochte famke, dat iepen en nijsgjirrich oan it studintelibben yn de grutte stêd begûn is, it slachtoffer wurden is fan in (groeps)ferkrêfting. Steven hat in hiel oare eftergrûn. Hy komt út in húshâlding dêr’t net folle omtinken en leafde foar de bern yn is en hy ûntjout him ta in lytse krimineel. Yn koarte sênes, dy’t ynearsten neat mei-elkoar te krijen lykje te hawwen wurdt in sfear fan driging opboud en as der dan ek noch in plysjeman yn byld komt, begrypt de lêzer wol, dat dizze jonge en dat famke elkoar tsjin it liif rinne sille en dat dat foar ien fan beiden fataal ôfrinne sil. Wa’t úteinlik dieder en wa of bút wurdt, bliuwt lykwols lang spannend. Myn iennichst beswier tsjin de oars knappe miljeutekening fan Berkenbosch is, dat dy wol slim stereotyp is. Steven hat in wurkleaze heit, dy’t oan ’e drank is en in mem dy’t mear belangstelling hat foar de leafdesbabys yn de Story as foar har eigen bern, wylst Emmy har mem in fleurich simmerjurkje foar har famke naait en sels in sjaal foar har weeft, wylst yn dy húshâlding ek de heit tige soarchsum is. Troch sa’n swart/wyt skema, krijt it ferhaal wat jierren-santich-foarmingstoanieleftichs en wurdt it in yn byld brocht tema, dat mei de learlingen bediskusjearre wurde kin. Dêrfoaroer stiet de moderne struktuer mei de koarte flitsende sênes, dy’t it gehiel wat `zapperichs’ jout, dat neffens my dizze doelgroep wol oansprekke sil. In moai en spannend boekje!
gewoan in kostlik boek De tredde útjefte fan 2002 is in bondel mei nije Stellingwerver folksferhalen skreaun troch Johan Veenstra. ‘Skreaun’ en net ‘optekene’ sa’t jo by dit sjenre ferwachtsje soene. De
Stellingwerven blike earm oan âlde folksferhalen te wêzen, wat jin fernuverje moat, omdat it lânskip en de sfear fan de krite suver útnoegje ta it stallen fan ferhalen. It wol jin hast net oan, dat se der nea west hawwe soene, mar yn alle gefallen binne se net noteard. Fedde Schurer hat ris sein, dat in dichter in keardel wie, dy’t fersen makke as syn folk dêr ferlet fan hie en Johan Veenstra is dus sa’n keardel dy’t ferhalen makket as syn Stellingwervers dy misse. Yn Wonder boven wonder jout er tweintich nij-betochte ferhalen dy’t suver net fan ‘echte’ te ûnderskieden binne. Lykas yn tradisjonele folksferhalen komt er mei ferklearrings foar histoaryske toponimen en fertelt er oer doarmjende deaden, wûndere ferskynsels, dy’t allinne minsken dy’t dêr gefoelich foar binne waarnimme kinne en sels in seemearmin yn de Linde. Op in fernimstige manier frisselet er mearkefigueren as kabouters en heksen en ynternajonaal bekende motiven as dat fan de man dy’t syn siele oan ’e divel ferkeapet (Faust) en in ferliedlike sjongster (Lorelei) troch fierder yngreven Stellingwerver ferhalen hinne. De lokalisearring is meastentiids tige krekt, “de zunnekaante van et Wiede van de Lende”, de “Blesdiekiger Heide”, in “aentien zudelik van Bekhoftille”, oan de “Schipsloot in Ni´jlaemer” of “et plak daor now de Prikkedam is”. Wat de tiid fan hanneling oangiet bliuwt de skriuwer lykwols – lykas by dit sjenre past – yn it ûnbestimde: “herwerts jaoren leden”, “veer veur de tied van Napoleon” , “in hiele zet leden” of “tieden leden”. Somtiden bedarje de lêzers yn de Midsieuwen by de legindaryske jonkers fan Keuningsbargen, in oare kear yn ’e jierren tweintich fan de foarige ieu, mar moderner as de wrâld fan bakjerinders en stuollematters wurdt de entûraazje net. Troch it hookstrooks brûken fan reklamejargon út ús tiid berikt Veenstra soms in uterst komysk effekt, mar hy hat him gelokkich net ferliede litten troch al te folle anagronistyske grapjagerijen. In foarbyld fan sokke reklame taal is, dat Miranda, de kreaze jonge frou dy’t Berend mei syn midlifekrisis krigen hat fan Gustaaf, de Sweedske Keningsgoes, in rook om har hinne hat fan “wilde limoenen”. In foarbyld fan sa’n knypeachje nei de aktualiteit is de ynset fan it ferhaal ‘De wonderbrille’: “D’r was es een boertien in Buil dat op een dag een betien dom was. Zoks overkomt vanzels alleman wel es. Een boer krek zo goed as een preens.” As jo jo foarstelle, hoe’t Johan Veenstra soks fertelt op ien fan syn foardrachtejûnen, dan witte jo, dat er nei sa’n ynset fuortendaliks de seal plat fan laitsjen hat. It hiele boekje strielet de wille út, dy’t de skriuwer sûnder mis by it skriuwen oan syn fantasije belibbe hat en it liket ek wol as hat er by foarrie de wille dy’t syn teksten jaan soene by it fertellen, al ynkalkulearre. De humor is lykas yn de tradisjonele anekdoatyske stikjes yn de streektaalliteratuer net altyd like subtyl: ek hjir wer wurde domme minsken te fiter nommen en wurde der wolris maklike seksueel kleure taspilings makke, mar dat skynt derby te hearren. Oan de oare kant toant Veenstra him ek in master yn lytse fynsinniger grapkes. Sa bychtet Berend yn it ferhaal ‘Gustaaf ’ oan de ‘keboolter ’ fan de ‘Blesdiekiger Heide’ syn probleem op mei de wurden: “Och, ik wor over een schoffien vuvenveertig en…”,
Trotwaer
de Moanne
dêr’t it ierdmantsje dan op reagearret mei: “O, is dat et, en now daenk ie: is dit et…”, koarter kin it probleem fan in man mei prakkesaasjes oer de sin fan syn bestean net gearfette wurde. Yn de nije Stellingwerver folksferhalen hie de skriuwer fansels ek moai de gelegenheid om ris út te heljen nei de Friezen en de Drinten en dat hat er net litten. Sa beskriuwt er yn ‘Wat in et duuster brocht’ in “noodnaegel van een kerel. Een alderaekeligste inklauwer uut de buurt van Tjerkwerd, boven op ’e Friese klei”. Omdat de boer him yn syn berteplak ûnmooglik makke hat, moat er útwike nei in pleats op it sân fan de Stellingwerven. “Op et volk dat d’r woonde, keek die stienrieke Friese boer vanzels huzenhoge daele. Hi’j achtte himzels duzend keer zo belangriek as die kleine griemerds van boerties; die bekrompen aarmoedszi’jers mit heur brieke praot. Et was dus een grote lillikerd van een kerel. Een malle, gruusaordige klofferd. Een min stokkien vreten. Rindert Roorda.” En mei it kiezen fan krekt dy namme wierret er it âld sear út, dat de ‘krûmpraters’ noch altyd pleaget fan it taalymperialisme, dêr’t Afûk-direkteur Rindert Straatsma him neffens har skuldich oan makke hawwe soe yn de foarige ieu. De Drinten, dy’t in folle rikere folksferhaletradysje hawwe, wurde beskuldige fan it ferfalskjen fan de wierheid oangeande har reuzen Ellert en Brammert dy’t eins mar “malle, vieze gloeperige reuzen” west hawwe, net te ferlykjen mei Klofferd en Gofferd út it Fochteloer Fean. Sa is der yn Wonder boven wonder in soad te belibjen op ûnderskate nivo’s. En no haw ik de prachtige taal fan Veenstra noch net iens neamd, mar út de foarbylden sil dúdlik wurden wêze, dat de skriuwer ek wat dat oangiet wer rynsk útpakt en syn hiele rike idioom oansprekt. Net allinne om yn in ferlet (fan ferskaat) te foarsjen is dit boek mei nije folksferhalen in oanwinst, it is gewoan in kostlik boek. Hjir besprutsen útjeften fan de Stichting Stellingwarver Schrieversronte yn Berkeap: Jan Oosterhof, Krentiesbri’j. 4 6,50. Karst Berkenbosch, de sjaal. 4 6,50. Johan Veenstra, Wonder boven wonder. 4 10.
libbenselikser
Perspektyf
jitske kingma
64
It hie nochal wat muoite koste om in ôfspraak te meitsjen. Hy hie it drok, der kaam fan alles tusken, it wie te fier fuort, altyd wie der wol in reden om minder as 24 oeren tefoaren in smoesje út ’e kast te heljen. Fansels wie er bang. Ik hie har ien kear sjoen en wist genôch. Dy festing soe nei ien stevige kanonskûgel falle. Ik wie lykwols net fan doel dy ôf te fjurjen. Wie allinne fassinearre troch de fraach wêrom’t sa’n ûnthechte persoan sa’t it like nèt ophâlde mei skuorren oan in al foarbije relaasje. Hy sette altyd alles samar op ien kaart, stuts syn jild yn ûndúdlike projekten, sei syn baan op wylst er noch neat oars hie en kocht in boufal mei liend jild. Dy losse mentaliteit fûn ik wol bysûnder. Dat ik hâlde altyd kontakt, bespruts fantastyske plannen mei him, sette briljante tips op lollige kaartsjes en makke iderkear wer in nije ôfspraak. Lang om let sieten wy dan no yn Het Leven en hy fertelde oer syn nijste projekt. “It is it aai fan Columbus, nimmen hat hjir ea oan tocht. Ik haw it hielendal trochrekkene, nei in jier of trije, fjouwer bin ik binnen” “En dan?” “Lêze, reizgje, in boek skriuwe.” Orizjineel, wa net! “Komst hjir hielendal hinne om my dat te fertellen?” “Fansels, ik wol it dy persoanlik freegje.” Ik tocht even oan de kanonskûgel en gong yn gedachten ús petearen en myn kaartsjes nei. Hie ’k myn fassinaasje skine litten, hie ’k de yndruk jûn dat ik him wol begriep? Nee, wy hiene it altyd oer saken hân. Ik fielde my ûnskuldich. “Eeh…” brocht ik doe mar út. “Wy dogge dit tegearre. Wy foarmje it perfekte pear.” “Mar dyn…?” “Hjir wurkje wy ommers al sa lang nei ta. Do wurdst dochs myn direkteur?”
Bylden fan de PC
Iepen doarren en bewende paden rudy hodel
65
Bylden fan de PC. Ferkeaptentooanstelling. Oant 24 augustus yn de Martinitsjerke te Frjentsjer, moandeis fan 14.00 oant 17.00, tiisdeis o/m sneons fan 10.30 oant 12.00 en 14.00 oant 17.00. Tagong fergees. Byldzjende keunst is krekt Haarlemmeroalje. It is goed foar alles en noch wat. Ha je in jubileum of in oar feest en wolle je oandacht yn ’e media, dan binne der altyd wol keunstners reewillich om harren siel te ferkeapjen en jo feestje wat op te fleurjen. Keunst hat langer in tige posityf imago. Keunst stiet foar jeugdich, kreatyf, iepen foar it nije en wurket slim statusferheechjend. Soks strielet fansels ôf op je sels of de organisaasje, dêr’t je foar wurkje. As je de goeie keunstners kieze (net te wyld, te goar, te lûd, te ûnbegryplik of te avantgardistysk, want dat jaget de klandyzje allinnich mar yn de gerdinen) dan kinne je der eins allinnich mar better fan wurde. En as je it wat tûk oanpakke (je litte dy keunstners gewoan foar eigen rekken wurkje), dan is dy keunst noch heal fergees ek. Dan binne je hielendal spekkeaper. Dat wienen myn earste tinzen op de tentoanstelling Bylden fan de PC yn ’e Martinitsjerke te Frjentsjer.
artistike selsmoard Ik ha nea witten dat safolle (Fryske) keunstners eat mei dy nommele folkssport hienen. It monumint fan it keatsen – de PC – bestiet 150 jier en hupsakee 44 byldzjend keunstners dûke nei de lytse bal, lizze in keats, meitsje in boppeslach of sjogge mear as ien kear Hotze Schuil (Harns, 1924) wer yn aksje. Tochten se oan de keunst of tochten se oan harren eigen beurs, doe’t se ja seinen tsjin de útnoeging fan de Permanente Commissie om in keunstwurk foar in ferkeaptentoanstelling-mei-boekje te meitsjen? Ik haw yn tiden net safolle iepen doarren en bewende paden byinoar sjoen. Werklik de hiele omgong fan de tsjerke hinget fol bekende, letterlike bylden en oare klisjees. Nee, mei (grutte) keunst hat it measte yn de Martinitsjerke net te krijen. Keunst hâldt op syn minst yn dat de produsint fan dy keunst fragen oer syn of in bepaalde oare werklikheid hat. Mar keatsen is keatsen. Keatsen is aksje. Keatsen is emoasje. Keatsen is sfear. Keatsen is wrakseling. Keatsen is ek heldedom. En dêr kin neat oan feroare wurde. Sport is spitigernôch frij iendiminsjonaal, plat en sûnder djippere filosofy. Keunstners dy’t dat byld bystelle wolle, hawwe it dreech of doge net. Mei oare wurden: it ferbyldzjen fan sport is in foarm fan artistike selsmoard.
louis oetelmans, dream. fotografy, 40x40 sm. 4 170. (ut bylden fan de pc, it aansichtkaarteboekje by de tentoanstelling; 4 4)
keutelsykje De measte keunstners yn de Frjentsjerter tsjerke slaan kwea of steane letterlik op ’e dea (om mar eefkes in pear fan de moaiste keatswurden te misbrûken). Mar – en dat is ek it aardige fan keunst en keatsen – de ‘Dream’ bliuwt. As der in priis jûn wurde moat foar de bêste ynstjoering dan giet dy nei de ‘Dream’ fan Louis Oetelmans: in foto fan in fytswant (?) mei in krystbal. It is in ienfâldich dwers byld, mar de symbolyk docht fris oan yn dat fjild fan djipearnstigens. Like goed is syn foto ‘It Sjûkelân’: twa as skiep ferklaaide mannen steane op ’e útkyk by de hillige PC-grûn. Wat se dêr dogge is net rjocht dúdlik. En krekt soks prikelet jins ferbylding. It die my sa tinken oan it keatsfjild fan myn bertedoarp Húns, de Terp, dêr’t foar elke keatspartij earst de skieppekeutels opsocht wurde moasten. Dochs aardich fan Oetelmans, want sûnder skieppekeutelsykjen wie der gjin keatsen, gjin aksje, gjin ferdivedaasje en ek gjin heldedom. Keatsen (en dus ek de PC) begjint mei keutelsykjen.
Trotwaer
de Moanne
Tradisjoneel wurk mei de klam op de waarnimming bartle laverman
Eksmoarre dwaan 66
It Lânboumuseum is in loads mei âld ark dy’t fan april oant oktober foar publyk iepen is. Al it krûmpoatich lânfolk sil der sa njonkenlytsen no al west ha, dat om nij publyk te krijen – en tink derom: sûnder publyk gjin subsydzjes – besiket direkteur Gerben Groenhof alle jierren wat aparts yn ’e hûs te heljen. Soms bout er in muorre fan striepakken, lit er in pear jonges graffity spuitsje, mar meastentiids moat wurk fan keunstners de minsken de reis nei Eksmoarre dwaan litte. Wy sitte no yn It Jier fan de Pleats, dat it tema fan in útstalling lei foar de hân. Ik wenje op in pleats: moat ik der dêrom in stikje oer skriuwe? Want it giet yn dy útstalling net om de keunst. It is net de bedoeling om yn Eksmoarre sjen te litten hoe’t hjoeddeiske Fryske keunstners fia it tema ‘Pleats’ de keunst fierder helpe, it is ek gjin ‘Salut à la Ferme’. Dat sjogge je fuort as je de eksposysjeseal yn komme, in moaie romte yn twaen dield troch in front mei de foto’s fan de 29 dielnimmers. In aardich idee fan Groenhof. Op Theo Jaasma nei is elts fan boppe en fier boppe de fjirtich. Neat gjin jonge keunst, ek net fan âlde knarren. It is tradisjoneel skilder- en tekenwurk mei de klam op de waarnimming. Dat fernuveret je ek net as je lêze dat Galerie Goutum it museum mei de kar fan de eksposanten holpen hat. Galerie Goutum hannelet al jierren mei grut sukses yn ferve foar boppe de bank. Dat wêrom in stikje fan my?! Dy eksposysje is ‘entertainment’, ‘pleasing’ en fertsjinnet gjin gisel fan krityk, hoewol’t der wurk by hinget dêr’t dy keunstners harren de eagen foar út de kop skamje moatte. As se teminsten keunstner hite wolle. Mar nochris, de útstalling giet net oer de keunst, dit is in lânboumuseum, dit is de delslach fan keunst: net aktueel mar bekend, net ûntrêstigjend mar akseptearre. Bêst genôch, de Bazuin, Hallelujah: Fryslân! Allinnich Han Reeder fersteurt it byld fan de tefreden skilders/ grafisy mei in hjoeddeiske foto fan in steapel viconpakken: it topstik fan d útstalling en dêrmei, ek qua technyk, de dissonant. (P.S.: Mei boppesteande doch ik yn elts gefal Sita Geerling, Klaas Koopmans, Abe Gerlsma en Peter B. van Houten tekoart. Mar dat is it risiko as je wurk sa sosjalistysk presintearre wurdt.)
Brel: net by sjongen allinnich alida van der meulen
Yn ’t foarjier deagean dat is slim, dat witst Mar ik gean mei blommen, de eagen ticht, gerêst (Le moribond/De stjerrende, oersetting Tsjêbbe Hettinga/Wilco Berga).
67
“Als Gilbert Bécaud Monsieur 100.000 volt is, dan is Brel een kerncentrale op de drempel van een meltdown”, skriuwt earne in kritikus. Wa’t ek oer him oan it wurd is, Ernst van Altena, Liesbeth List, Mohamed El-Fers, syn biograaf Olivier Todd, oer ien ding binne se it iens: Jacques Brel joech himsels mear as hûndert prosint, yn it libben mar foaral op it konsertpoadium. Mei liters whiskey-cola en alle dagen fiif pakjes Gauloises fiede er syn dochs al ûnberoaide enerzjy. Brel stoar yn 1978, 49 jier âld. Hy wegere de rol fan pasjint, doe’t er yn 1969 longkanter en leverproblemen krige. Leaver hielendal opbaarne as in stap tebek. De stêd Brussel (dêr’t er in algemien bekende haat-leafde ferhâlding mei hie) of leaver sein, de Fondation Jacques Brel ûnder lieding fan syn dochter France, betinkt de sjonger 25 jier letter mei in útstalling en tal fan oare aktiviteiten.
akteur Brel as sjonger wie wrâldferneamd. Chansons as ‘Mathilde’, ‘Le plat pays’, ‘Les bourgeois’, ‘Les paumés du petit matin’ en ‘Ne me quitte pas’ steane printe yn it ûnthâld fan tûzenen. (Sjoch foar Fryske oersettings troch Tsjêbbe Hettinga/Wilco Berga, Baukje Wytsma/Hylkje Goïnga en Jaap Duijs it tekstboekje by de cd Brel, in Fries. Douwe Heeringa sjongt Jacques Brel, útbrocht yn1989.) Minder bekend is Brel as filmakteur en -regisseur. Op 16 maaie 1967 jout er syn lêste konsert yn Roubaix. Foar’t er him yn ’e filmwrâld stoart, spilet er earst noch de rol fan Don Quichotte yn ’e Frânske ferzje fan de Amerikaanske musical Man of la Mancha. Fan 1967 oant 1973 sil er spylje yn tsien films. Net raar foar in man dy’t ommers al akteur wie. Syn optreden as sjonger wie mear as sjongen allinnich. Elts liet waard brocht as in toanielstik, mei mimyk en gebearten. Ik seach en werseach de registraasje dy’t de VPRO makke fan in unyk konsert yn Bergen yn 1964. Dat konsert waard in anekdoate. Brel wie op it toppunt fan syn rom en tocht te sjongen yn in grutte konsertseal. Hy kaam terjochte yn restaurant het Huismet-de-Pilaren, dêr’t tout Bergen (dôve Adriaan Roland Holst en Antonie van Kampen derby ynbegrepen) mar ek Liesbeth List yn it publyk siet. Brel wie poer mar as professional joech er dochs gewoan syn konsert en frege de VPRO nei ôfrin de gaazje yn eigen reet te stekken. Brel wie dichter en akteur. Oars kin ik net sizze nei it sjen fan
dat konsert. Yndrukwekkende teksten en in noch yndrukwekkender optreden. Om Brel as akteur te besjen moast ik myn gelok sykje yn de fideoteek. De eigner seach der sels fan op dat er in fideo hie fan Les Risques du Métier, de earste film mei Brel yn ’e haadrol (1967). Meispilers binne Lino Ventura en Emmanuele Riva (Hiroshima mon amour). In film fan Cayatte dy’t gauris in juridysk probleem as ûnderwerp hat. Brel spilet in ûnderwizer dy’t troch trije famkes beskuldige wurdt fan oantaasting. In frij flakke rol. Sels seach er it hielendal sitte nei it lêzen fan it skript. Hy hie it idee dat er himsels spile, in ferlegen man dy’t net foar himsels op doart te kommen, want yn syn eigen wurden: “De minsken fernimme it net,mar ik bin deaferlegen.” It waard net hielendal wat er him foarsteld hie, mar de film luts dochs publyk. Dêrnei kamen der noch njoggen films en net mei de minste regisseurs. Bygelyks L’aventure, c’est l’aventure fan Claude Lelouch (Un homme et une femme en Les uns et les autres).
regisseur Der binne net allinnich films mei Brel mar ek fan Brel. Twa: Franz en Le Far West.Yn beide spilet er sels de haadrol. Franz wurdt net min ûntfongen troch publyk en krityk. Gjin echt grut sukses mar goed genôch om noch in twadden oan te doaren. Dat wurdt Le Far West. As Belgyske ynstjoering op it festival fan Cannes moat er stride mei ûnder oaren La grande bouffe fan Marco Ferreri. Spitich foar Brel mar syn film wurdt in ramp. Yn itselde jier spilet er noch yn L’Emmerdeur en dan set er in punt efter syn filmkarriêre. De muzyk fan hast alle films mei en fan Brel hat er sels komponearre yn gearwurking mei François Rauber. Fan de muzyk fan Franz en Le Far West wurdt heech opjûn. Its is my net slagge om beide films hjir yn ’e omkriten te finen. Faaks haw ik fan’t simmer yn Parys mear kâns. Jim krije de útslach yn ‘Wachtsje op Godard 2’.
Trotwaer
de Moanne
Meiwurkers
Nim in (proef)abonnemint of jou ien kado. Brûk it antwurdkaartsje. willem abma (1942) Wie oant 1987 learaar. Dêrnei gespreksterapeut yn Ljouwert en Drachten. Publisearret romans en gedichten yn it Frysk. Lêste roman: In Ierse nimf; Lêste fersebondel: Kuiers of definysjes fan in ik. wilco berga (1947) is wurksum as byldzjend keunstner en skriuwer, yn it Frysk en it Nederlânsk. Fan him ferskynden dichtbondels, romans en toanielstikken (û.o. útfierd troch Tryater). Hy sette lieten fan Brel oer en skreau sels lietteksten dy’t troch ferskate artysten op CD set binne. egbert born (1966) is dichter, meer is op dit moment niet van belang. Sommige mensen kennen hem van Radio en TV en Internet. andré bralts (1945), net praktisearjend doktorandus Frysk. Ald-redakteur fan De Strikel. klaas bruinsma (1931) wurke as learaar Ingelsk oan it Ichthus College yn Drachten en hat grutte namme makke as oersetter. Hy levere in wichtige bydrage oan it dit jier ferskynde boek Gysbert Japix.Een keuze uit zijn werk en hy hopet dat yn de hjerst syn oersetting fan Homêros syn Ilias en Odysseia ferskine kin. meindert bylsma (1941) hat altyd yn it ûnderwiis wurksum west. No hoecht er net mear as profoplieder yn it spier. Hy is profdichterkeunstner wurden. Publisearre gedichten, ferhalen, romans, kremearkes en ‘Baas boppe Baas’-ôfleveringen. Strúnt regelmjittich de kust ôf tusken Harns en Surch en makket fan wat er fynt oan oantaast hout ‘Waadlingen’ (bûtsikersbylden). sjoerd cuperus (1949) is free-lance organisator fan û.o. it Befrijdingsfestival; hy wurke earder by de no sliepende stichting Ooievaar foar de organisaasje fan popkonserten. Hy wurket ek as sneuper mei oan de Iepen Monumintedei 2003. eppie dam (1953) is skoalmaster en skriuwer. Publisearre yn ûnderskate genres mear as tritich titels. Hat nei literêre en semy-literêre omswervingen syn earste leafde wer opkrige en hopet yn 2003 syn tolfde fersebondel yn it ljocht te jaan. s. van ek is recensent van het Friesch Dagblad. jaap ferwerda (1941), leraar Engels havo/vwo, schildert, tekent, debuteerde als dichter (met o.a. gedichten over Harlingen) in 2002 in De Tweede Ronde. jacques van gent (1937) was bibliothecaris van de Provinsjale Biblioteek en van de Rijksuniversiteit Leiden, publiceerde naast tal van vakartikelen o.a. (samen met Sybe Sybesma)de dichtbundel Kwânskwiis/kwansuis (1980). pieter de groot (1946), redakteur Leeuwarder Courant, âld-redakteur De Strikel. Ko-auteur Leeuwarden beeld van een stad 1 (1984) en 2 (1993), IJsvermaak in Leeuwarden, Geschiedenis van Koninklijke Vereeniging ‘De IJsclub’ (1999). josse de haan (1941) wennet yn Frânsk Baskelân. Wie ûnderwizer en learaar Nederlânsk en redakteur fan quatrebras, Trotwaer en iP2r90. Is sûnt 1986 fulltime skriuwer fan proaza, poëzy en toaniel. Yn maart ferskynde fan him de roman Nanette. rudy hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as freelance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik. klaas jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, boekeresinsint en skriuwer fan romans, nonfiction en kabaretteksten. klaske jaspers (1949) is direkteur fan de Folkshegeskoalle Schylgeralân. Is Neerlandicus en advysjouwer by it Fonds voor de Letteren. Se wie earder haad publisiteit by útjouwerij De Bezige Bij. jan kalma (1955) is byldzjend keunstner en grafysk ûntwerper. Makket objekten en ynstallaasjes fanút de fotografy wei, dêr’t de minske sintraal yn stiet. jitske kingma (1959) wurke by it Friesch Dagblad, de lêste jierren as sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn ’e Ganges, yn 1999 oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan de Moanne. douwe kootstra (1951) is publisist, kolumnist en skriuwer fan reisferhalen. Hy makke begjin 1998 de oerstap fan it basisûnderwiis nei GCOfryslân.
yme kuiper (1949) is historicus en cultureel antropoloog en verbonden aan de Rijksuniversiteit Groningen. bartle laverman (1948) is koördinator Byldzjende Keunst, koördinator Theory en dosint filosofy oan Academie Minerva yn Grins. reinder r. van der leest (1933) is sûnt 1966 by riten warber yn it Frysk. Publisearre dichtbondels, ferhalen, in jeugdboek en in sândielige romansyklus. Makke ek tekeningen en skilderijen. alida van der meulen (1944). Wennet yn Reahûs. Is learares Frânsk oan de RSG yn Snits. henk van der meulen (1925) wie sjefredakteur en resinsint fan de Ljouwerter Krante. Skreau û.o. in monografy oer de keunstskilder Jerre Hakse en wie ko-auteur fan Leeuwarden, beeld van een stad. karin de mik (1960) is historica en zelfstandig journalist. Ze is o.a. vaste correspondent voor NRC Handelsblad in Noord-Nederland. rita mulder-radetzky (1952) is kunsthistoricus. Zij publiceert boeken en artikelen op het gebied van architectuur en tuinarchitectuur in Friesland. Haar laatste bijdrage is opgenomen in de bundel Nassau uit de schaduw van Oranje (2003). jantsje oost (1943) wie learkrêft yn it basisûnderwiis, publisearre yn Hjir en wûn yn 1998 in Rely Jorritsmapriis mei in gedicht. Is redaksjlid fan it Frysk Skriuwerskalinderboek. simon oosting (1959) meiwurker Universiteit fan Wageningen, ûndersyk en ûnderwiis maatskiplike aspekten fan feehâlderijsystemen. teake oppewal (1952) is koördinator literatuerbefoardering by Tresoar. Hy wurke as gastredakteur mei oan dit spesjale nûmer oer De Pauw. marike pool (1983) studearret sjoernalistyk yn Swol. Se skreau earder foar Sjedêr en wurket ek mei oan de Pompeblêden. margryt poortstra (1953) wurke yn de swaksinnigesoarch en as siktaresse yn de psychiatry en (op dit stuit) by it RIAGG, publisearre romans, ferhalen, berneboeken en gedichten. s.e. debutearret yn dit nûmer. tineke steenmeijer-wielenga (1946) oant 2003 direkteur fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, wie resinsint Fryske literatuer by de LC, publisearre yn ferskate sjenres en wurke mei oan tal fan útjeften. jabik veenbaas (1959) skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir, Kistwurk en Trotwaer, wurket as oersetter en is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. Yn 2001 kaam syn fersebondel Metropolis út. Yn febrewaarje 2003 ferskynde de essasybondel De lêzer is in duvel. henk van der veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan de Moanne en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Publisearre ferskate dichtbondels – de lêste wie Kajapoetoaly (2000). geart de vries (1956) is programmamakker by Omrop Fryslân Televyzje, lanlike tv-útstjoerings en sûnt de oprjochting aktyf yn de Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden. Fan him ferskynde yn 1999 Trochpaden. Oantinkens fan D.A. Tamminga oan syn libben en wurk. babs wijnstra (1969) studearre ‘frije rjochting’ oan keunstakademy Minerva, is letter ôfstudearre op yllustraasje. Wurket as yllustrator fan berneboeken, tydskriften en skoaltelevyzje, makket dekors foar (berne)teater en projekten. mindert wijnstra (1945) ferhaleferteller, skriuwer, kollumnist, skoalmaster en putsjeskepper. Simke Kloostermanpriis (1992), Ibby-honourlist (1994). willem winters (1946) sosjolooch, publisist en útjouwer (lyts). Publisearre oer de âldereisoarch, skreau foar De Strikel, de LC, Hjir en Trotwaer oer – koartsein – keunst en kultuer. baukje wytsma (1946), yn it ferline redaktrise fan De Strikel, is redakteur by Utjouwerij Fryslan fan de Afûk en wurket as sjoernalist mei oan F-side, Tematydkriften en de Friesland Post. Skriuwt fersen, kabaretteksten en lieten en publisearre gâns boeken foar bern. Basearre op troch de auteurs levere gegevens.
68