45ste jiergong / nûmer 1-2 - / juny 2011 / ferskynt 4 x yn ’t jier
Ut de Smidte 60ste edysje
De 60ste edysje fan it Genealogysk Jierboek is útkaam en befettet sân bydragen.
3
Rembrandt
4-5
Rembrandt is in wichtich ikoan foar It Bilt wurden, sa stiet te lêzen yn De Vrije Fries.
Frysk yn Hollân
8
Taalkundigen Arjen Versloot en Eric Hoekstra leveren in bydrage oan in sympoasium oer Fryske spoaren yn Noard-Hollân.
40 jier yn tsjinst Foar sekretaresse Gelbrigje HaringsmaBandsma wie it op tiisdei 5 april 40 jier lyn dat se yn tsjinst kaam by de Fryske Akademy. Dit jubileum koe net samar foarby gean, dat se waard de moarns feestlik ynhelle troch de Akademykollega’s en tasprutsen troch direkteurbestjoerder prof. dr. Reinier Salverda.
Nijbou Fryske Akademy
Filologekongres 10 Foar it 19de Frysk Filologekongres yn desimber kinne opsetten foar lêzings ynstjoerd wurde.
Ynaugurele rede prof. dr. Versloot Prof. dr. Arjen P. Versloot (1965) hat op freed 25 febrewaris syn amt fan bysûnder heechlearaar Fryske Taalkunde oan de Universiteit van Amsterdam oanfurdige. Hy hat dat dien mei it útsprekken fan syn ynaugurele rede ‘De kracht van de herhaling’, dy’t giet oer it belang fan frekwinsje foar de wurking fan taal. Versloot is sûnt 1993 by de Fryske Akademy yn it wurk, sûnt desimber 2008 is er haad fan de fakgroep Taalkunde.
De Fryske Akademy hat plannen om de húsfesting oan te pakken. De kosten om de plannen te realisearjen, komme op sân miljoen euro. Provinsjale Steaten hawwe dêr ein ferline jier 2,3 miljoen euro foar tasein. Yn febrewaris koe de KNAW inselde tasizzing dwaan. De Akademy is tige ynnommen mei dy stipe. Om de dekking hielendal klear te krijen, is de Fryske Akademy noch wol drok oan it fûnseswyljen, sadat it Coulonhûs ek restaurearre wurde kin. De nijbou bestiet dus út renovaasje, restauraasje en (fer)nijbou. No’t it hoe en het en de kondysjes derfan wat langer wat dúdliker wurde, sil de Rie fan Tafersjoch ynkoarten in prinsipebeslút nimme. De nije húsfesting fan de Fryske Akademy bliuwt op it eigen terrein.
Wa wurde de nije leden fan de Fryske Akademy? Op de Akademy-dei fan freed 10 septimber 2010 binne der acht nije leden fan de Fryske Akademy beneamd: dr. Geart Benedictus, Klaas Bruinsma, prof. dr. Jouke van Dijk, dr. Piet Hagen, Jeltje Kingma-Jagersma, Jelma Knol, prof. dr. Pim Kooij en dr. Johanneke Liemburg. Dit jier wurde der op de Akademy-dei (freed 16 septimber 2011) fansels ek wer nije leden beneamd. Wy roppe de lêzers fan Ut de Smidte op om dêr minsken foar foar te dragen. Immen kin ta lid beneamd wurde op grûn fan syn/har bysûndere fertsjinsten
yn ien fan de ûndersteande kategoryen, of in kombinaasje dêrfan: a. fertsjinsten op it mêd fan de wittenskip dy’t mei Fryslân, it Fryske folk en syn kultuer yn al har uteringen, en soks yn de wiidste omfieming, te krijen hat; b. fertsjinsten foar de Fryske kultuer; c. grutte, oanhâldende niget oan de wittenskip sa’t dy under a. oantsjut is, of foar de Fryske kultuer yn it algemien.
Lês fierder op side 11
Freed 16 septimber:
Akademy-dei
Op freed 16 septimber wurdt de Akademydei holden. Fan 14.00 oere ôf is elk wolkom yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy oan de Doelestrjitte yn Ljouwert. De leden en stipers fan de Fryske Akademy krije yn augustus noch in spesjale útnoeging foar de gearkomste, mei dêryn opnommen it programma fan de middei.
Ynhâld 40 jier yn tsjinst........................................ 1 Nijbou Fryske Akademy............................. 1 Ynaugurele rede prof. dr. Versloot.............. 1 Wa wurde de nije leden fan de Fryske Akademy?............................................ 1, 11 Akademy-dei............................................. 1
Utjeften Genealogysk Jierboek 2010.......................... 3 It Beaken......................................................... 4 De Vrije Fries diel 90: . .............................. 4, 5
Personalia Leden ferstoarn.............................................. 2 In memoriam Trinus Riemersma . ................ 9
Wurkferbannen en wurkgroepen Greidefûgels tusken krimp en kramp.......... 5
Aginda Aginda-oersjoch........................................... 10 Oprop lêzingen 19de Frysk Filologekongres............................................ 10 Akademylêzingen.......................................... 11
FA-ria
Utjeften
Kleur en ôfwikseling foar Ut de Smidte
Genealogysk Jierboek 2010
Yn it foarige nûmer fan Ut de Smidte wiene de foto’s al yn kleur, mar fan no ôf kriget it blêd foar de leden en stipers fan de Fryske Akademy noch mear kleur. Visser en de Graef Communicatie hat in nij ûntwerp makke, dat mei basearre is op de útkomsten fan it lêzersûndersyk dat yn 2009 ûnder de leden en stipers holden is.
It 60ste Genealogysk Jierboek hat op in feestlike gearkomste op 27 novimber 2010 it ljocht sjoen. De sân bydragen binne troch de bank nommen justjes langer of koarter, mar dêrom net minder ynformatyf as oars. Benammen ek út de Fryske stêden wurdt der in soad nijs út it ferline foar it fuotljocht brocht.
De nije Ut de Smidte is rommer fan opset en hat in oar lettertype dat noflik lêst. De bopperâne fan it blêd is foarme op basis fan nijsgjirrige plaatsjes út de Fryske skiednis. It âlde segel fan de Fryske Akademy komt dêr ek yn werom. Op de foarside is de balke mei ferwizings nei de berjochten fierderop yn it nûmer, no horizontaal delsetten yn stee fan fertikaal. De yndieling docht wat tinken oan boekesiden.
De foarmjouwer hat besocht de yndieling wat ôfwikseljender te meitsjen foar de lêzers. De nije opmaak is no yn oerienstimming mei de foarmjouwing fan de fernijde website, de nije folderline en de jierferslaggen. Wy binne tige benijd wat jo fan dizze nije opmaak fan Ut de Smidte fine. Jo reaksje is wolkom by de redaksje:
[email protected]. In briefke of kaartsje mei fansels ek: Fryske Akademy, Redaksje Ut de Smidte, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert.
Yn it earste, mânske, artikel presintearret Gerrit Boeijinga de famylje Fullenius yn wurd en byld. Dy famylje, ôfkomstich út it Dútske Fullen, hat ûnder oaren professoaren en dokters levere. It stik jout in fierhinne folslein oersjoch fan harren publikaasjes en pamfletten, fan it fêstgoed en fansels ek fan sibben, lykas Balthasar Bekker. Yn de kolleksje Wierts yn it Ryksmuseum Twinte is in grutte mannichte famyljeportretten weromfûn; troch fererving kaam Hinnemastate te Jelsum, âld Donia-besit, yn de famylje.
FA-ria Kleur en ôfwikseling foar Ut de Smidte........2 Kopij ynstjoere................................................ 2 Stipe foar boeken. ........................................ 11 Fryske Akademy makker oersetting Ctrl-WORK....................................................... 11 Fernijde website........................................... 12 Wêr stiet dizze pleats?. ............................... 12
Weromsjen Wike fan de Skiednis .................................... 6 Fjirde Dei fan de Fryske Taalkunde.......... 6, 7 Fryske spoaren yn Hollân.............................. 8 Meartaligens en universiteiten/ûndersykssintra. .............................................................. 9
Paadwizer en kolofon.................... 12
www.fryske-akademy.nl
Poptaslot
Kopij ynstjoere
Menno de Lange en Rob Boom hawwe harren mienskiplike komôf út de Jellema’s fan Ljouwert yn kaart brocht. De famylje hat moai wat spoaren neilitten yn it Poptaslot te Marsum, dêr’t Johannes Jellema earst feint wie en letter slotfâd. Johannes wie ek skepen fan Ljouwert, syn neiste sibben wiene skuonmakker, dûmny en skoalmaster. It neiteam, benammen yn Ljouwert en Frjentsjer, is oant de achtste generaasje folslein útwurke.
Wy stelle it tige op priis as jo saken oan ús trochjouwe dy’t fan belang wêze kinne foar in grut part fan de stipers en dy’t in dúdlike bân mei it Akademywurk hawwe. As it heal kin krije wy dy teksten graach oanlevere yn it Frysk.
Foar it septimbernûmer kin de kopij oanlevere wurde oant 15 july 2011.
Personalia Leden ferstoarn De Fryske Akademy hat berjocht krigen fan it ferstjerren fan inkelde leden. Op 26 jannewaris is Geale de Vries fan Drachten ferstoarn yn ’e âldens fan 89 jier. Op 2 maart ferstoar Theunis Watzes Jensma fan Bûtenpost. Jensma is 79 jier wurden. Trinus Riemersma fan Frjentsjer is ferstoarn op 15 maart yn ’e âldens fan 72 jier. In in memoriam oer Trinus Riemersma stiet op side 9 fan dit nûmer fan Ut de Smidte.
Yn in navenant koarte bydrage jout mr. J.T. Anema in moai folslein oersjoch fan it neiteam fan Symen Scheltes, boer op de Magere Weyde yn Kleaster Anjum. It giet dan om de Lambsma’s, dy’t de namme ûntliend hawwe oan Grut Lammema te Minnertsgea, mar ek de famylje Rollingswier (nei in pleats mei terp fan dy namme yn Minnertsgea) fynt hjir syn oarsprong.
It titelblêd fan in kolleezjediktaat fan Bernhardus Fullenius.
Ferskil yn religy
Leo van der Hoff hat it neiteam fan Jurrien en Peter Albersz yn de Stellingwerven oardere en fangefolgen ek famyljes as Terwisga en
It spoar fan de famyljes Herbranda en Meynsma fan Bûtenpost fiert jin werom nei de midsieuske Fryske Meynsma, en hja binne it ûnderwerp fan in stik fan Onno Hellinga. Gâns ûndersikers sille dêr in mienskiplik stikje komôf yn oantreffe. Fan ien út dit laach, Gabbe van Meynsma, is in pamflet oerlevere dêr’t er mei bewiist, ûnder oaren oan de hân fan trije Meynsmastinzen, dat
syn famylje fan adel is. Dat jout oanlieding ta in yngeande analyze.
Bernhardus Fullenius 1561-1637
Wapens
By in jierboek heart in kroantsje, fersoarge troch de Fryske Rie foar Heraldyk. Fjirde Heraut Frisia Rudolf J. Broersma leveret in nije rispinge wapens op Ljouwerter sarken. Fierders binne de famyljes Bosma, Hettinga, Steerenberg, Van der Terp en Veenstra tenei ek fan harren famyljewapen foarsjoen. De Biltdoarpen Nij Altena, Aldebiltsyl en Froubuorren krigen dit jier ferantwurde wapens en flaggen.
Brouwers, Ype, Anne Hielke Lemstra, Reid van der Ley, Pieter Nieuwland en Jarich Renema; heraldysk meiwurker Rudolf J. Broersma (red.), Genealogysk Jierboek 2010, Fryske Akademy/Afûk, Ljouwert, 2010, 373 siden, Akademy-nûmer 1044, ISBN 978 90 6273 861 8. Priis: € 31,50.
3 Ut de Smidte juny 2011
Ut de Smidte juny 2011
2
Schulting skerper yn byld brocht. In grut part fan dat neiteam is roomsk bleaun, mar mei itselde gemak is in oar part griffermeard wurden, benammen ek as in offisjele funksjes soks fan ien ferge. Dat ferskil yn religy spilet letter in rol, wannear’t der fâden foar weesbern socht wurde. It neiteam is oant likernôch 1750 ta útwurke. Hoe’t it neiteam fan in kleasterboer (yn Feinsum, fan Mariëngaarde) it brocht ta eigners fan in âld kleasterpleats (Fogelsanghstate te Feankleaster) kin lêzen wurde yn de bydrage oer de famylje Doma fan Joop Woudstra. In pear generaasjes hawwe yn de stêd taholden as izerkeaper, sulversmid of riedshear; dêr rekke de famylje oan de namme en kaam er ta oansjen. Opmerklik is wol dat de lettere generaasjes, lykas de earste, meast wer boer binne.
Utjeften
It Beaken
Nûmer 1-2 fan jiergong 72 fan It Beaken, it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy, is yn de hjerst fan 2010 ferskynd. It is in mânsk nûmer, mei seis artikels, in ‘tsjilling’, fiif besprekken en fjouwer oankundigingen.
Tsjilling
In nij elemint yn dit Beaken-nûmer is de rubryk ‘Tsjilling’, ornearre foar koarte, nijsgjirrige, prykjende en ta reagearjen útnoegjende stikjes. Philippus Breuker iepenet de rige mei Kroader en Nij Ljocht yn it Oera Linda Boek. De neikommende boeken wurde besprutsen: - Oebele Vries (mei meiwurking fan Dieneke Hempenius-van Dijk), Asega, is het dingtijd?: de hoogtepunten van de Oudfriese tekstoverlevering (troch Thom Johnston); - J.M. van der Horst, Geschiedenis van de Nederlandse syntaxis (troch Eric Hoekstra); - Merijn Knibbe, Lokkich Fryslân: land-
pacht, arbeidsloon en landbouwproductiviteit in het Friese kleigebied, 1505-1830 (troch Peter van der Meer); - J.J. Huizinga, Tot Heil Onzer Ribbenkast: een eeuw sport in Harlingen (troch Gosse Blom); - Marco van der Leest en Titus van ’t Veer (redaksje), Rûge Gids van de Friese Popmuziek (troch Beart Oosterhaven). De neikommende boeken wurde oankundige: - Thimo de Nijs, Op zoek naar de verdwenen middenstand - Handleiding voor onderzoek naar de detailhandel (troch Jouke van Dijk); - Ton Crijnen, Titus Brandsma: de man achter de mythe: de nieuwe biografie (troch Piet Hemminga); - Hindrik Brouwer (besoarger), Peter Michael Clemens: die vier Evangelien auf Sylterfriesisch (troch Beart Oosterhaven); - Martin Tielke (besoarger), Biographisches Lexikon für Ostfriesland (troch Ferenc Postma). Alles mei-inoar in moai nûmer mei in grut ferskaat. Faber, R.A., G.H. Jelsma, B. Looper, F. Postma, R. Salverda en W. Visser (redaksje), It Beaken. Tydskrift fan de Fryske Akademy. Jiergong 72, 2010, nûmer 1-2. 156 siden. Priis € 17,50 foar losse nûmers. € 45,00 foar in abonnemint (4 nûmers yn it jier).
De Vrije Fries diel 90: Rembrandt op It Bildt en Fryslân as trauma De 90ste ôflevering fan De Vrije Fries, it jierboek fan it Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer en de Fryske Akademy is útkaam. Diskear hat de edysje ek wer in kreas kleurekatern.
Rembrandt
Yn de earste twa artikels fan De Vrije Fries spilet Rembrandt in rol. Kees Kuiken lit sjen hoe’t de memoarjekultuer op It Bildt yn de rin fan hast fiif ieuwen (1566-2006) ferskood is fan in semi-fiktive stamheit fan alle Biltkers Steven Huigen nei Rembrandt as wichtich ikoan. Auteur fan it twadde artikel, de keunsthistoarikus Herman Colenbrander,
www.fryske-akademy.nl
ûndersiket de gronology fan it houlik fan de hân fan Rembrandt mei Saskia Uylenburgh nochris hiel sekuer. Hy docht dat nei oanlieding fan in betiizjend opskrift op in ets fan Rembrandt fan syn frou Saskia. Dy ets is, mei ek noch in pear oaren, opnommen yn it kleurekatern.
Arbeiders, boeren en grytmannen
Merijn Knibbe sjocht yn syn sosjaalekonomysk tinte artikel nei de wolstân fan grûnwurkers en arbeiders yn Skoatterlân yn de 18de ieu. Mear wolstân hiene fansels boeren en grytmannen. Albert ten Broecke Hoekstra in grytman, dy’t ein achttjinde
Rembrandt, selsportret Rembrandt en Saskia.
Ljouwert
Twa artikels hawwe in streekrjochte link mei Ljouwert. Wim Dolk beskriuwt de skiednis fan it hûs St. Jacobsstrjitte 13, dat de Ljouwerter printer Albert Dircks yn de 17de ieu bouwe liet. Marcel Broersma jout yn de rubryk ‘Bronnen en egodocumenten’ de autobiografyske skets út dy’t byldzjend keunstner Pier Pander yn 1909 skreau.
hoe’t de Fryske identiteit fol sit mei bylden en sentiminten fan ferline en ferlies. Hy skriuwt: ‘De stelling dat voor Friesland zijn geschiedenis een trauma is, impliceert dus dat Friesland een gewest is dat zichzelf in termen van verlies definieert’. Troch dit rjochte-wêzen op it ferline pleatst Fryslân himsels ûnder in glêzen stjelp. Dy stjelp moat trochbrutsen wurde, pleitet Jensma foar. In Pingsdorf-krúk, ien fan de argeologyske fynsten ôfkomstich út Heech.
Pander joech dy skets de titel ‘Een jongetje op een schip’ mei.
Fryslân as trauma
Yn it essay ‘Plat land, diepe geschiedenis. Friesland als trauma’ beskriuwt Goffe Jensma
Bakker, P., et al. (red.), De Vrije Fries, diel 90, Keninklik Frysk Genoatskip foar Skiednis en Kultuer/Fryske Akademy, Ljouwert 2010, Akademynûmer 1045, 272 siden, wêrfan 16 yn kleur, ISBN 978-90-6171-017-2. Priis: € 19,50.
Kronyk
Ernst Taayke hat foar de twadde kear de argeologyske kronyk fan Fryslân op ’e noed nommen. De nije formule betsjut in systematysker en minder detaillearre oersjoch fan de wichtichste argeologyske ûntjouwings oer de ferslachperioade. Dit jier binne guon ôfbyldings yn kleur te finen yn it kleurekatern. Fierders is der lykas wenst it jierferslach fan it Frysk Genoatskip, oer 2009. De redaksje fan De Vrije Fries bestiet út: Piet Bakker, Johan Frieswijk, Derk Jansen (skriuwer), Goffe Jensma (foarsitter), Otto Knottnerus, Han Nijdam (einredaksje) en Ernst Taayke.
Wurkferbannen en wurkgroepen Greidefûgels tusken krimp en kramp Ryklik 170 minsken wiene der op de stúdzjedei fan it Biologysk Wurkferbân en de Nederlandse Ornithologische Unie op sneon 25 novimber yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy. De populaasjes fan de greidefûgels sitte al jierren yn ’e krimp en it belied wit der gjin ried mei en sjit yn ’e kramp, want de oarsaken sitte yn it wetterbehear foar yntinsive lânbou, rekreaasje, ferkear en stêdsûntjouwing. Kin ferskerpe romtlike oardering de delgong keare? It giet benammen om seis soarten greidefûgels: de strânljip, ljip, skries, tjirk, snip en hoants (sjoch de ôfbylding). De hoants is as briedfûgel fan wiete greiden ferdwûn en komt ek op trek al folle minder dêl, om’t er de trekrûte ferlein hat fan Afrika direkt troch East-Europa nei Sibearië. Foar de wettersnip is der ek hast nearne mear plak. De tjirk rêdt it noch in bytsje yn ’e sleatskanten en de skries yn fochtige healannen. De ljip kin wol wat droeger lân en koarter gers hawwe, mar krijt benammen mear lêst fan meanmasinen en lânbewurking, mar ek rôvers as foksen en krieën en aaisikers. De
Nêsten Lis-fermogen Ferdigening Kleed Briedsoarch Gedrach
meast iepen........................................ ferfolch-lechsel 2x4.......................... fûl en organisearre. .......................... fûl kleure en opfallend.................... piken fuorre troch beide âlden..... (semy)koloniaal.................................
strânljip kin noch better oer droech lân en kin as it moat ek wol in nêst meitsje op grintdakken en neist autodiken.
Fan lege nei hege dynamyk
Yn ryklik in ieu is it gea feroare fan lege nei hege dynamyk en op plakken hyperdynamyk en as de greidefûgels har net oanpasse kinne, wurdt de greide ûnder har poatsjes wei lutsen. Wiete en iepene lânskippen mei hast gjin predaasje, en in romme briedperioade en goede kânsen fan opgroeien fan de piken yn ynsekterike fegetaasjes makken plak foar griene biljertlekkens dêr’t masinen, minsken, foksen en krieën foar master opslaan. It gea is de fûgels frjemd wurden: har stee is ferdwûn.
goed fuortstoppe gjin ferfolch-lechsel gjin ferdigening minder opfallend skieding briedtaken (hoants) solitêr
Wat no? Alles draait om foldwaande oanwaaks fan piken. Dat kin allinnich mar yn grutte oaniensletten kearngebieten fan greiden mei ekstinsyf behear. Reservaten en skriezekriten mei heger opset grûnwetter en effektyf oanpast boerebehear. Dat betsjut dat it belied ynsette moat op lânskipsherstel útgeande fan de kearngebieten. It belied moat in sprong meitsje om dy gebieten planologysk feilich te stellen. Dat freget om gearwurking mei boer en gea yn streekplannen fan ’e provinsje en gemeenten. In treflik foarbyld is it LIFE-projekt yn Dútslân om de Dümmersee hinne tusken Oldenburg en Osnabrück: fan yntinsyf boerelân wer werom nei in grutte fûgelrykdom.
5 Ut de Smidte juny 2011
Ut de Smidte juny 2011
4
It nûmer begjint mei twa koartere artikels fan D.J. Henstra. It earste, ‘Nogmaals: De herkomst der Brunonen’, is in oanfolling op in earder Beaken-artikel fan syn hân oer de oarsprong fan de hearskippij fan de Brunoanen yn de alfde ieu. Neffens Henstra is dêr it lêste wurd no sawat wol oer sein. Yn ‘Het veengebied aan de overzijde van de Nagele’ giet er benammen yn op de fraach, hoe’t it sit mei de rjochten op it feangebiet yn Súdeast Fryslân yn de alfde ieu. In ferkeard lêzen riviernamme yn in oarkonde hat gâns lju op ’e doele brocht oangeande de lokaasje fan dat gebiet. Hoe’t it mei de rjochten siet, is noch net goed útsocht. Yn ‘De Hongaren en het onderwijs aan de Universiteit te Franeker’ giet Ferenc Postma yn op de fraach, hoe’t it kin, dat der tusken 1623 en 1811 safolle Hongaarske studinten yn Frjentsjer studearre hawwe, foaral filosofy, teology en medisinen. Eric Hoekstra syn artikel ‘Oer Folle en ‘WEINICH’ yn it Nijfrysk en it Midfrysk’ giet oer in nijsgjirrich aspekt fan it kwantifiseardersysteem fan it Frysk, mei it telwurd ‘folle’ dat allinnich yn beskate konteksten foarkomme kin en it missen fan ien wurd as wjergader fan it begryp ‘weinich’. Hoekstra giet ek yn op hoe’t Nederlânske gearsettingen mei ‘veel-’ yn it
Frysk oerset wurde kinne. Yn ‘Friese Amerikanen en de Friese Beweging’ giet Gerlof D. Homan nei, wat Fryske emigranten yn de Feriene Steaten diene om har Fryske identiteit te bewarjen en hoe’t se besochten om de Fryske Beweging hjir te stypjen. De figuer fan Bernard Fridsma stiet dêrby sintraal. It artikel is foar in grut part basearre op netpublisearre argyfmateriaal. Piet Hemminga, as lêste, giet yn ‘Wethâlder yn Fryslân: amt, weryndieling en dualisme’ nei, hoe’t de wethâlders yn Fryslân oan de ein fan de riedsperioade 2002-2006 tochten oer de rol fan it dualisme yn de gemeentepolityk, de gemeentlike weryndieling(en) en oer it amt fan wethâlder. It slút oan by soartgelikens ûndersyk ûnder de wethâlders doe’t se oan it begjin fan de riedsperioade stiene.
ieu op ’e hân fan de Oranjes wie. Dêrtroch siet er in hoartsje sûnder baan, mar yn de iere njoggentjinde ieu, kaam er yn syn amt werom. Dizze grytman en gelearde krige fan kening Willem I sels de earfolle opdracht om de Middelnederlânske tekst Van den Vos Reynaerde út te jaan. Jan de Kater beskriuwt Ten Broecke Hoekstra syn libbensrin en syn wittenskiplike karriêre. Klaas Cornelis Nijdam (1774-1845) wie in eigenierde boer ûnder Jirnsum. Om 1825 hinne begûn er yn it Frysk te dichtsjen. Yn dy tiid waard it Frysk krekt wer as skreaune taal ûntdutsen en Klaas Nijdam, dy’t nei alle gedachten troch Eeltje Halbertsma ynspirearre waard, wie der betiid by. Symen Schoustra en Han Nijdam skriuwe oer him en syn wurk.
Weromsjen Wike fan de Skiednis Yn it ramt fan de lanlike Wike fan de Skiednis (www.weekvandegeschiedenis. nl) waard yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint in lêzingemiddei organisearre op woansdei 20 oktober 2010. De organisaasje wie yn hannen fan de Fryske Akademy, Tresoar en de Wurkgroep Maritime Skiednis. It sintrale lanlike tema wie ‘Lân en wetter’. De organisaasje hat dêrby oansluten mei it tema ‘De Fryske handelsfeart nei de Eastsee yn de 17de en 18de ieu. De earste sprekker wie Hanno Brand oer de Fryske skippers en de Eastseefeart yn de ier-moderne tiid. Hy fertelde dat yn de achttjinde ieu, en dan benammen nei 1720, de Fryske skippers it grutste oanpart fan de skippen út de Republyk foarme. Nei him kaam Jan de Vries foar it buordsje oer Jacob Benckes fan Koudum. Oer dy 17de ieuske Fryske see-offisier yn tsjinst fan de Amsterdamske admiraliteit wie oant no ta noch net folle bekend.
Nei it skoft folge de lêzing fan Rienk Wegener Sleeswijk oer de 18de ieuske skipper en keapman Hylke Jans Kingma fan Makkum. Oan de hân fan de details op in tegeltablo koe de sprekker sjen litte hokker fernijings oft dy Hylke Jans op it kofskip “De Twee Gebroeders” ynfierd hie. De lêste sprekker fan de middei wie Siem van der Woude oer de Rienk Wegener Sleeswijk oan it wurd. Sonttolregisters as boarne foar de bestudearIt folsleine bestjoer fan de Wurkgroep ring fan de Fryske keapfardij yn de 17de en 18de ieu. Hy joech in oersjoch fan de stân Maritime Skiednis hat sa dy middeis op ‘e tekst west en himsels dêrby kreas presinfan saken fan it mânske Sonttol-projekt (www.soundtoll.nl), dêr’t Tresoar en de tearre foar sa’n 75 taharkers. Ryksuniversiteit Grins by belutsen binne.
Fjirde Dei fan de Fryske Taalkunde
De dei wie kombinearre mei Oktober Kennismaand, dat ‘Leve(n) de variatie’ as tema hie. Yn dat ramt wiene der de middeis twa publykslêzingen. De earste, mei as titel Dialectrenaissance, tien jaar later, wie fan prof. Marc van Oostendorp (Meertens Instituut en Universiteit Leiden), ek bekend as meiwurker fan tydskrift Onze Taal. Van Oostendorp hold út, dat der feitliks gjin dialektrenêssânse (mear) is en dat wy te krijen hawwe mei de swannesang fan ’e dialekten. It dialekt mei dan wol foar popmuzyk brûkt wurde, lykas troch Rowwen Hèze, en der mei dan wol krekt in Grinslânske oersetting fan de Bibel útkommen wêze, mar it tal âlden dat de bern yn dialekt opbringt, rint flink tebek.
www.fryske-akademy.nl
Prof. Arjen Versloot (Fryske Akademy en Universiteit van Amsterdam) hie syn lêzing de titel Fariaasje en feroaring meijûn. Hy liet mei prachtige kleurekaarten en in filmke sjen, hoe’t taalferoaring sûnt de Aldfryske tiid by einsluten risseltearre hat yn de moderne dialektferhâldingen. Guon dialektskaaimerken binne al hiel âld. Sa komt de Súdwesthoekster o (lykas yn sonne en ronne) yn de fyftjinde ieu al yn dy kontreien foar. Wat dat oangiet is der yn 500 jier tiid dus net folle feroare. Mar oare skaaimerken binne minder âld. Nim it wurd snein, dat yn de Dongeradielen 250 jier lyn noch snaun wie (sjoch it kaartsje en de taljochting dêrop).
Boekoanbieding
In hichtepunt fan de dei wie de boekoanbieding. Germ de Haan, âld-heechlearaar Frysk oan de Rijksuniversiteit fan Grins, krige fan Prof. Jarich Hoekstra (Universiteit Kiel) in boek oanbean mei dêryn syn wichtichste artikels oer it Frysk: Studies in West Frisian Grammar: Selected Papers by Germen J. de Haan. It boek is redigearre troch prof. dr.
Jarich Hoekstra, dr. Willem Visser en prof. dr. Goffe Jensma en is ferskynd by útjouwerij John Benjamins. It ‘gewoane’ programma fan de Dei bestie út lêzingen oer in grut tal ûnderwerpen. Anna Merkuur biet it spits derôf mei in ferhaal oer de oergong fan haadwurd nei tiidwurd, lykas fan kompjûter (haadwurd) nei kompjûterje (tiidwurd). Omdat dy omsetting (konverzje) suver altyd swakke -je-tiidwurden opsmyt, komme sokke tiidwurden in hiele protte foar. Dêrom wurdt yn ’e Fryske taalkundige literatuer ek altyd útholden, dat de klasse fan de swakke –je-tiidwurden de gewoane tiidwurdklasse fan it Frysk is. Yn har lêzing sette Merkuur dy opfetting yn ’e kiif. Omsetting nei swakke e-tiidwurden liket nammentlik ek net ûngewoan te wêzen. John Foulks (Friesische Philologie, Universiteit Kiel) analysearre Noardfryske modale helptiidwurden, benammen de foarmen fan de twadde persoan iental. Truus de Vries (Masterstudinte Frysk, Rijksuniversiteit Grins) rapportearre dat it
Nanna Hilton en Charlotte Gooskens (Frysk en Skandinavysk, Rijksuniversiteit Grins) hiene it oer de assosjaasjes dy ’t minsken by it Frysk hawwe. It die bliken dat deselden dy ’t Hollânsk prate en yn Fryslân wenje it negatyfst oer it Frysk tinke; Hollanners bûten Fryslân binne positiver! Ben Hermans (Meertens Instituut) en Willem Visser (Fryske Akademy en Rijksuniversiteit Grins) giene yn op de distribúsje fan de rûslûden (s en z bygelyks) yn it Frysk. Eric Hoekstra (Fryske Akademy) analysearre de ynfloed fan it Hollânsk op it Frysk fan Gysbert Japicx. Esther Hanssen (Language Studies, Universiteit Nijmegen, mei help fan Arjen Versloot (Fryske Akademy en Universiteit van Amsterdam) en Eric Hoekstra (Fryske Akademy)) hie in lêzing oer it tuskenlûd -e- (bygelyks yn nut-e-kreaker), dat goed stânhâldt yn it Frysk. Bouke Slofstra (Grins) liet sjen, dat in protte geef-Fryske wurden net yn gearstallingen of idiomen foarkomme kinne: Hollânsk ‘afspreken’ = ôfprate, Hollânsk ‘spreken’ = prate, mar ‘gesproken Fries’ is net praat Frysk, mar sprutsen Frysk. Lyksa komt in ferbining as hâlden en dragen ‘gedrach’ net foar yn gearstallingen, sadat in oersetting fan it Hollânske ‘gedragsproblemen’ swierrichheden jout. Jarich Hoekstra (Universiteit Kiel) hie in nijsgjirrich ferhaal oer it wurd gâns, dat bygelyks al foarkomme kin yn Hy is gâns in keardel, mar net yn Hy is gâns in suertsje. Gertjan Postma (Meertens Instituut) hie it oer alles wat der syntaktysk sjoen te rêden is mei de twadde persoan iental yn it Frysk en de Hollânske dialekten. Yn 2011 sil der gjin Dei fan de Fryske Taalkunde wêze, want dan wurdt it njoggentjinde Frysk Filologekongres holden.
Taljochting by de kaart: It Fryske wurd snein komt fan it Aldfryske sunnandei ’sinnedei’. Troch klamferspringing waard ’sunnandei (mei de klam op sun-) ta se’nandei (mei de klam op -nan-). Yn dy lêste foarm foel de stomme e fan it part se- wei en waard it lûd fan it part -dei redusearre ta in stomme e, en sa kaam it op snande út. Yn ’e midden fan Fryslân wie de ûntjouwing sa: snande > snaind(e) > snein(d). Yn it noarden ûntjoech snande him krekt sa as land (de âldere foarm fan lân): op Skylge ûntstie sa snân, yn it noardeasten snaun (ferlykje Skiermûntseagersk haun en laun = hân en lân). Yn it suden wie der gjin klamferspringing. Dêr waard sunnandei ta sennedei, de foarrinner fan de Hylper foarm sende. De foarm snein hat yn de rin fan benammen de 15de en 16de ieu de oare foarmen ferkrongen, útsein yn it Hylpersk en yn de Fryske eilândialekten.
Wolle jo ek advertearje yn Ut de Smidte? Freegje nei de mooglikheden en tariven fia
[email protected]
7 Ut de Smidte juny 2011
Ut de Smidte juny 2011
6
Freed 29 oktober wie yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy de fjirde Dei fan de Fryske Taalkunde. Noch net earder wiene der safolle lêzingen. Dat wie fan dy gefolgen dat der foar it earst parallelsesjes wiene. En it tal meidoggers wie mei goed 60 ek grutter as de foarige kearen.
Frysk ferrassend goed te ferstean is foar Limboargers, en frjemdernôch folle minder foar lju út Noard-Hollân. Stefan Meckel (Friesische Philologie, Universiteit Kiel) die ferslach fan syn ûndersyk nei it lienen fan telwurden yn it Frysk.
Weromsjen
Weromsjen
Fryske spoaren yn Hollân
Meartaligens en universiteiten/ûndersykssintra
De Universiteit Leiden organisearre op 12 en 13 novimber in workshop mei as ûnderwerp ‘Sporen van het Fries en de Friezen in Noord-Holland: Taalkundige en Historische Evidentie’. Prof. dr. Arjen Versloot en dr. Eric Hoekstra, taalkundigen by de Fryske Akademy, leveren ek in bydrage.
komt yn sintsjes as ‘Hy wol sitte’ (ynfinityf) en ‘Ik sjoch him sitten’ (gerundium) of ‘Hy bliuwt sitten’ (gerundium). Hy liet fierder sjen dat de ynfinityf syn útgong al yn it Aldfrysk kwytrekke is, en dat dêrom it
binne as de lettere Friezen, al is de namme itselde. Nei de fjirde ieu wurdt yn Fryslân it saneamde Angelsaksysk ierdewurk fûn, en ek wol yn Súd-Hollân, wylst der yn NoardHollân Frankysk ierdewurk ymportearre
Prof. dr. Rolf Bremmer Jr., heechlearaar Frysk te Leien, liet sjen dat Hollânske wurdboeken te’n ûnrjochte in protte wurden beskôgje as lienwurden út it Frysk, wylst it yn feite substraatwurden binne of wêze kinne. Dat wol sizze, dat it Fryske wurden binne dy’t yn it Hollânsk bedarren doe’t Friezen yn Hollân har taal opjoegen en oerstapten op it Hollânsk. Foarbylden fan sokke wurden binne: eiland, zeil, baken, gier, berooid, krioelen, sjouwen. Dy taalwiksel hat foar Súd-Hollân al lang ferlyn plakfûn: faaks yn ’e tsiende of alfte ieu, as de Frankyske adel yn Hollân begjint mei de feanûntginningen. In âlde fermelding fan in namme as Swieten by it lettere Zoetermeer wiist op besibbens mei it Fryske swiet; it plakje Swieten lei oan it wetter dat yn âldste fermeldingen mei swiet oantsjut waard, letter mei Frankysk-Hollânsk zoet.
Lettere taalwiksel
Foar Noard-Hollân, benammen foar WestFryslân, hat de taalwiksel letter plakfûn. Arjen Versloot hat earder al útholden dat de Saanstreek en Wetterlân pas yn ’e santjinde ieu oerstapten. Bredero lit nammentlik in boer út Wetterlân ‘soch’ sizze foar ‘kijk’, wat op it Fryske ‘sjoch’ liket. En der wie langer al in oanhelling fan in oare santjinde ieuske boer út Wetterlân bekend, nammentlik “Hy leut dy it leut, ik leu it naet”, dat frijwat Frysk oandocht. Diskear liet Versloot sjen dat beskate oerienkomsten tusken Noard-Hollân en Fryslân der oarspronklik net wiene, mar letter ta stân kamen ûnder ynfloed fan de Hollânske ferkearstaal yn ’e Gouden Ieu en letter. Eric Hoekstra liet sjen dat it Westfrysk, krekt as it Frysk, it ferskil koe tusken ynfinityf en gerundium, dat bygelyks ta utering
www.fryske-akademy.nl
Foarbylden út Skotlân, Finlân en Switserlân kinne brûkt wurde om de meartaligens fan de University Campus Fryslân (UCF) stal te jaan: learplannen, kar en ynhâld fan modulen, sichtberens fan de talen yn it universitêre lânskip. Jeroen Darquennes (Namen/Namur, België) sketste de kânsen foar meartaligens as ûndersykstema yn it ramt fan it achtste Kaderprogramma fan de EU (2014-2019): binnen de sosjale wittenskippen en rjochte op it berikken fan de Lissabon-doelstellings.
Masteroplieding
René Jorna - haad fan de fakgroep Sosjale Wittenskippen fan de Fryske Akademy - hat de plannen foar in akademyske Masteroplieding Meartaligens fan twa jier yn it ramt fan de UCF taljochte. Nei in ynliedend healjier yn Ljouwert kinne de studinten fan thús út digitaal modulen kieze op it mêd fan taalplanning en taalgebrûk, twadde taallearen, taaltoetsing, taal- en kultuerskiednis, taalfilosofy en metodology. It twadde stúdzjejier is benammen foar de ûndersyksstaazje en de skripsje. Underwilens komme de studinten elk jier in pear wiken foar winter- en simmerskoallen werom nei Ljouwert. De krêft fan de Masteroplieding sit yn de kombinaasje fan ynternasjonale oanpak en regionale fokus. Mooglike partners om mei te dwaan by de ûntwikkeling en de útfiering fan dy Masteroplieding komme út Kataloanië, Ierlân, Skotlân en Wales.
Provinsjale Steaten fan Fryslân en de gemeenteried fan Ljouwert hawwe ûnderwilens mei de UCF-plannen ynstimd.
De dielnimmers oan it EUNoM-sympoasium.
Personalia Untjouwing fan de Middelnederlânske en let-Aldfryske lange ā yn de 20ste ieuske dialekten.
Noard-Frysk en it East-Frysk yn dizzen tige op ús Frysk lykje en op it Westfrysk. Prof. dr. Cor van Bree hie der in protte twivels by dat Frysk substraat yn Súd- en Noard-Hollân, mar woe foar West-Fryslân dochs wol ynskikke dat der ea Frysk praat is. Prof. dr. Arend Quak liet sjen dat by de oerlevere persoansnammen út Noard- en Súd-Hollân noch wol wat Fryske persoansnammen te finen binne. Sa fûn er sawol de Fryske foarm Adbrecht as de Frankyske foarm Odbrecht. De Fryske persoansnammen waarden by de leechste stân oantroffen, wat strykt mei it feit dat in ferdwinende taal him dêr it langst hanthavenet.
Fryslân mooglik net bewenne
Argeolooch Jan de Koning wiisde nochris op it probleem dat Fryslân yn ’e fjirde ieu nei Kristus mooglik net bewenne wie, omdat der út dy tiid gjin argeologyske fynsten dien wurde. Dat wiist der ek op dat de Friezen dy’t by de Romeinen neamd wurde, oaren
wurdt. Dat der yn ’e fjirde ieu gjin bewenning yn Fryslân wie, wurdt stipe troch de nammekunde: der binne gjin prehistoaryske nammen yn Fryslân, wylst dy der al binne yn Noard-Hollân, hoewol wer net yn West-Fryslân. Neffens De Koning is NoardHollân in tige nijsgjirrich gebiet, al kinne wy de fragen oproppen troch de fynsten noch net allegear beäntwurdzje. Dr. Karel Gildemacher joech fierders in lêzing oer de Noard-Hollânske plaknammen. Dr. Michiel de Vaan kaam op ’e tekst oer it leksikon, dr. Chris de Bont prate oer ferfeaningspatroanen, Prof. dr. Marco Mostert hold in lêzing oer de midsieuske skriftkultuer, dr. Mathilde Jansen kaam op ’e tekst oer de ynfloed fan it Hollânsk op It Amelânsk en dr. Guus Kroonen kaam mei de drystmoedige teory dat de útspraak fan ’e ‘harde g’ yn it Hollânsk Fryske woartels hawwe soe.
In memoriam Trinus Riemersma
Op 15 maart 2011 is Akademy-lid Trinus Riemersma ferstoarn. Hy is 72 jier wurden. Riemersma, berne op 17 maaie 1938 yn Ferwert, is de auteur fan in tige fariëarre en kwalitatyf heechsteand oeuvre en waard dêrmei ien fan de wichtichste Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu. Twa kear waard him de Gysbert Japicx-priis takend.
Hjir wurdt stilstien by syn wittenskiplike aktiviteiten en syn krewearjen yn it fermidden fan ’e Fryske Akademy. Wat dat lêste oangiet, fan 1977-1991 wie Riemersma bestjoerslid fan it Literêr-Histoarysk Wurkferbân, fan 1988 ôf yn ’e funksje fan foarsitter, en hy hat sit hân yn de redaksje fan de Literêre Rigen. Trinus Riemersma, fan hûs út ûnderwizer, hat nei syn stúdzje Frysk dosint west oan de stúdzjerjochting Frysk oan de Vrije Universiteit, de oplieding Frysk MU by
de Noardlike Leargongen en de stúdzjerjochting Frysk oan de learare-opleiding fan de NHL Hogeschool. Hoewol’t Riemersma benammen as letterkundich ûndersiker warber wie, hat er ek in taalkundich wurkstik op syn namme te stean, de fonologyske stúdzje Sylabysjerring, nazzeljerring assymyljerring út 1979. Sa’t de titel sjen lit, hat er it boek skreaun yn syn eigen stavering, dy’t er ek jierrenlang brûkt yn syn literêre wurken. Yn dy stúdzje brûkt er de taalfeiten fan syn eigen dialekt, it Dongeradielstersk. Yn dy eigen oanrette stavering kamen de wittenskipper en de skriuwer byinoar. Mei dy fonologyske stúdzje ferkende Riemersma in doe frijwol braaklizzend terrein binnen de Fryske taalkunde. Braaklizzende terreinen ferkende er ek as letterkundige, sa as yn ’e stúdzje It koarte ferhael yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu (1977), Type en talees:
un stúdzje oer it point of view (1979), syn dissertaasje Proza van het platteland: een onderzoek naar normen en waarden in het grotere Friese proza van 1855-1945 (1984) en De KFFB yn literêr Fryslân (1992). As literatuerhistoarikus smiet er him de lêste jierren inkele kearen op it byinoarbringen en bekommentariearjen fan artikels oangeande inkele saillante literêre items. Sa besoarge er yn 2005 Op ’e barrikaden en der by del: literêre striidskriuwerij 19651970, yn 2006 Hoe binne de helten fallen mei dêryn artikels oer Bauke de Jong en syn krityk op E.B. Folkertsma, en yn 2007 De kul oer it skouder mei artikels oer it literêr tydskrift Quatrebras. Riemersma siet ek yn de kommisje dy’t it editoarysk tafersjoch hie op ’e twa rigen Fryske klassiken. By in tal fan dy útjeften skreau er de útlieding. Piter Boersma
9 Ut de Smidte juny 2011
Ut de Smidte juny 2011
8
Op 18 en 19 novimber 2010 wie yn Ljouwert it twadde sympoasium yn in Europeeske rige fan it EUNoM-netwurk, it Europeesk UniversiteiteNetwurk oangeande Meartaligens. Tema wie de relaasje tusken universiteiten en ûndersykssintra mei it tema meartaligens: globalisearring en regionalisearring; it taalbelied en de nije ûndersyksaginda fan de Europeeske Uny; de meartaligens fan de ynstellings sels.
FA-ria
Aginda Aginda-oersjoch De neikommende gearkomstedata binne bekend op it stuit fan it printsjen fan dit nûmer fan Ut de Smidte. Alle byienkomsten binne, behalve as it oars oanjûn wurdt, yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint, Doelestrjitte yn Ljouwert. Hâld ek de aginda op ús thússide, www.fryske-akademy.nl yn ’e gaten. Moandei 20 juny 2011 15.00 oere:
Gemma Frisius Lecture, ôfsluting fan it Akademysk jier yn it Fries Museum/ Kanselarij, Turfmerk, Ljouwert. Foar mear ynformaasje: www.gemmafrisius.nl
Tongersdei 30 juny 2011 13.00 oere:
Promoasje Anne Dykstra op it proefskrift J.H. Halbertsma als lexicograaf. Studies over het Lexicon Frisicum (1872), Aula Universiteit van Amsterdam (Oude Lutherse Kerk), Singel 411, Amsterdam
Moandei 4 july, tiisdei 5 july en woansdei 6 july 2011 9.00 oere:
ICISO-konferinsje - Problems and Possibilities of Computational Humanities 13th International Conference on Informatics and Semiotics in Organisations. Foar mear ynformaasje: www.orgsem.org/2011
Stiper wurde?
Stjoer in berjocht nei
[email protected]
www.fryske-akademy.nl
Taal, Tekst en Maatskippij It Frysk yn in feroarjende omjouwing De Fryske Akademy organisearret fan woansdei 14 oant en mei freed 16 desimber fan dit jier foar de njoggentjinde kear it Frysk Filologekongres. It kongres wol in poadium wêze foar it wittenskiplik debat oangeande de frisistyk yn ’e breedste sin. De kongreskommisje ropt hjirby saakkundigen op om in opset (fan likernôch 250 wurden) foar in lêzing yn ien fan ’e parallelsesjes yn te tsjinjen, leafst mei in ûnderwerp dat mei it kongrestema ferbân hâldt.
Undersyksfjilden lêzingen
As ynfolling fan it tema tinkt de kongres-kommisje yn it foarste plak oan dizze ûndersyksfjilden: 1. Taalkunde: de libbene taal en syn feroaringen. 2. Leksikografy: databanken. 3. Literatuer-/kultuerskiednis: tekst en kontekst. 4. Laboratoarium Fryslân: meartaligens. It ûndersyksfjild is dêrby like rom as altyd: it Frysk yn al syn fazen en mei ynbegryp fan de dialekten dy’t yn Fryslân foarkomme en it Frysk yn Dútslân (Noard- en East-Frysk). In lêzing duorret tweintich minuten (folge fan tsien minuten neipetear). Ut it oanbod fan lêzingen sil nei de slutingstermyn – tongersdei 30 juny – in kar-út makke wurde foar it kongres. It kongres wurdt hâlden yn Ljouwert yn sealesintrum It Aljemint fan ’e Fryske Akademy. De kongreskosten binne € 85,- foar it hiele kongres of € 35,- foar ien dei (ynklusyf kongresdokumintaasje, kofje/tee en lunsj). Lêzinghâlders binne frij fan kongreskosten foar de dei dat se in lêzing hâlde. Studinten ha fergees tagong. Op tongersdei 15 desimber is der in kongresdiner. De kosten dêrfan binne € 30,-.
Yntsjinjen opset lêzing
Dy’t in opset foar in lêzing yntsjinje of dy’t him no al foar it kongres opjaan wol, kin dat dwaan by: Kommisje Frysk Filologekongres 2011, Janneke Spoelstra, Fryske Akademy, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert, email:
[email protected]. De slutingstermyn foar it ynstjoeren fan in opset is tongersdei 30 juny 2011.
Kommisje
De kongreskommisje bestiet út: Piter Boersma (Fryske Akademy), foarsitter Dr. Hanno Brand (Fryske Akademy) Prof. dr. Rolf H. Bremmer Jr (Universiteit Leiden) Prof. dr. Jarich Hoekstra (Christian-Albrechts-Universität, Kiel) Prof. dr. Goffe Jensma (Rijksuniversiteit Groningen) Prof. dr. René Jorna (Fryske Akademy/Rijksuniversiteit Groningen) Prof. dr. Reinier Salverda (Fryske Akademy/University College London) Janneke Spoelstra (Fryske Akademy), skriuwer Prof. dr. Arjen Versloot (Fryske Akademy/Universiteit van Amsterdam)
Stipe foar boeken De Fryske Akademy beheart al jierren it Pot-Cuperusfûns. Dit fûns is neilitten troch frou Pot-Cuperus en bedoeld foar it befoarderjen fan de útjefte fan Fryske en yn it Frysk oersette boeken foar de skoalgeande bern en de jongerein. Wa’t oanspraak meitsje wol op finansjele stipe út it Pot-Cuperusfûns kin in skriftlike oanfraach, foarsjoen fan it oanbelangjende manuskript, stjoere nei: Fryske Akademy, Pot-Cuperusfûns, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert.
Akademy-publikaasjes kinne jo keapje fia
www.afuk.nl
Tûker en sûner wurkje yn it Frysk
Fryske Akademy makker oersetting Ctrl-WORK
CtrlWORK
De Fryske Akademy hat in Fryske ferzje fan Ctrl-WORK makke. It kompjûterprogramma fan de firma ErgoDirect bestiet al langer yn it Nederlânsk, Ingelsk en Frânsk en wurdt brûkt om brûkers fan pc’s te trainen yn it brûken fan toetskombinaasjes, yn it goed en ferstannich brûken fan har tiid, yn it ynrjochtsjen en op peil hâlden fan in sûn wurkplak en yn it oannimmen fan in sûne wurkhâlding. De Fryske ferzy fan Ctrl-Work waard op freed 11 febrewaris presintearre. Ferskate Fryske organisaasjes, lykas Tresoar, de Waddenacademie, de NHL Hogeschool, gemeente Leeuwarden en Bibliotheekservice Fryslân wiene der by oanwêzich. Marketing & Accountmanager Niek Nendels fan ErgoDirect joech in algemiene presintaasje oer it wurkjen mei ditsoarte fan software en taalkundige dr. Eric Hoekstra fan de Fryske Akademy fertelde oer de tûkelteammen dy’t er tsjinkaam by it oersetten fan it programma fan it Nederlânsk nei it Frysk ta.
De blokjes mei tips dy’t yn it Frysk
It programma slút goed oan by de ARBO-regels en wurdt troch bedriuwen op kompjûters set. De wurknimmers fan de Fryske Akademy krije no ek yn it Frysk tips om tûker en sûner te wurkjen.
op it skerm ferskine.
Ferfolch fan de foarside
Nije leden Foardracht opstjoere
Foardrachten foar nije Akademy-leden kinne oant 30 juny 2011 per brief stjoerd wurde oan de direkteur-bestjoerder fan de Fryske Akademy, prof. dr. Reinier Salverda. Motivearje yn de foardracht dúdlik, wêrom’t de persoan yn kwestje it lidmaatskip fan de Fryske Akademy neffens jo fertsjinnet. As it heal kin wolle wy ek graach de kontaktgegevens fan it beëage nije lid hawwe. Set jo eigen kontaktgegevens der ek dúdlik by, want as de troch jo foardroegen persoan ta lid beneamd wurdt, wolle wy jo ek graach útnoegje. It brief kinne jo stjoere nei: Fryske Akademy, nije leden 2011, Postbus 54, 8900 AB Ljouwert. Tinke jo dat de persoan dy’t jo op it each hawwe faaks al lid fan de Akademy is, nim dan efkes kontakt op mei it sekretariaat fia
[email protected] of tel. (058) 213 14 14.
Aginda
(Advertinsje)
Akademylêzingen De wurkgroep Akademylêzingen organisearret foar it winterskoft 2011-2012 wer de rige Akademylêzingen. De lêzingen wurde lykas wenst holden yn kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint yn Ljouwert en yn sealesintrum It Haske op De Jouwer. De lêzingedatums binne: tiisdei 15 novimber 2011, freed 13 jannewaris en tiisdei 7 febrewaris 2012. Sadree’t de sprekkers en tema’s bekend binne, wurdt dat bekend makke op de website fan de Fryske Akademy.
www.fryske-akademy.nl
11 Ut de Smidte juny 2011
Ut de Smidte juny 2011
10
Oprop lêzingen 19de Frysk Filologekongres
Paadwizer
FA-ria
Wittenskiplik sintrum fan Fryslân
Fernijde website
Fryske Akademy
Coulonhûs Doelestrjitte 8, 8911 DX Postbus 54, 8900 AB Ljouwert/Leeuwarden Telefoan..................................(058) 213 14 14 Faks....................................... (058) 213 14 09 E‑
[email protected] Ynternet................... www.fryske-akademy.nl Friesland Bank......................... 29.80.06.200 ING (earder Postbank)........................ 923369
Jo hawwe it grif al sjoen, de útstrieling fan de website fan de Fryske Akademy is folslein fernijd. It ûntwerp is fan Visser en de Graef Communicatie yn Ljouwert, it buro dat ûnder oare ek ferantwurdlik is foar de foarmjouwing fan Ut de Smidte. De kommende tiid sille alle teksten op ’e nij hifke en wêr nedich oanpast wurde. Wy binne fansels benijd wat ús leden en stipers fan de fernijde website fine; jo binne dan ek fan herte wolkom op: www.fryske-akademy.nl
Kontaktpersoanen
Rie fan Tafersjoch Foarsitter: M.F. Koopmans Direkteur-bestjoerder Prof. dr. R. Salverda Heechleararen Amsterdam (UvA): prof. dr. A.P. Versloot Leien: prof. dr. R.H. Bremmer Jr. en prof. dr. J.A. Mol Fakgroepshaden Skiednis en Letterkunde: dr. A.J. Brand Sosjale Wittenskippen: prof. dr. R.J. Jorna Taalkunde: prof. dr. A.P. Versloot Haad Algemiene Saken drs. S.M. Tjalsma
Kolofon Ut de Smidte fan de Fryske Akademy fearnsjierblêd foar leden en stipers
Stipersbydrage
Ut de Smidte juny 2011
12
De stipersbydrage foar 2011 is op syn minst € 25,00. Foar stipers yn it bûtenlân en foar studinten binne de bedraggen respektivelik € 35,00 en € 20,00. Yn kombinaasje mei It Beaken, it wittenskiplik tydskrift fan de Fryske Akademy, komt de bydrage op € 45,00. Stipers yn it bûtenlân betelje dan € 60,00 en studinten € 25,00.
De âlde website.
De website yn it nije ûntwerp.
Wêr stiet dizze pleats? Wa wit wêr’t de hjirby ôfbylde foto nommen is? Stiet ‘ons huis’ der noch, of is er ûnderwilens ôfbrutsen? Opfallende eleminten oan dizze fariaasje op in stjelp binne de rûne mendoarren en de grutte molkenkelder. Efter de pleats stiet in hege Amerikaanske wynmotor. Graach jimme reaksjes nei Jacob van der Vaart op de Fryske Akademy, tel. (058) 213 14 14, of oer de e-post nei
[email protected]. Yn it folgjende nûmer fan Ut de Smidte sil ferslach dien wurde oft dizze fraach in antwurd en in ferhaal opsmiten hat.
Opsizzen fan stipe moat fóár 1 desimber skriftlik trochdien wurde oan de stipersadministraasje fan de Fryske Akademy.
Redaksje
Mettje de Vries
Kopij kin stjoerd wurde oan:
[email protected]
Ut de Smidte
Postbus 54 8900 AB Ljouwert/Leeuwarden
Basisfoarmjouwing en opmeitsjen
Visser en De Graef communicatie, Ljouwert
Printer
Van Leer & De Jong, St. Anne
www.fryske-akademy.nl
Wêr stiet dizze pleats??