de Moanne
mei
algemien-kultureel opinybled
literer tydskrift sunt 1969
2 3 8
Yn dit nûmer
8 24
12 19 22 24 29 30 32 34 35 37 40 42 46 50 51 52 54
Trotwaer
• /
9 10
1 4,50
Redaksje Gryt van Duinen, Fan Beuys oant Aldi Marita de Jong, Pieter Verhoeff oer Gerard Thoolen: ‘Bûten boartsje, net grut wurde, sa woe der libje’ Johan Frieswijk, De Fryske Akademy (1938-2004) Tony Feitsma, In universiteit oer Europeeske mindertallen yn Ljouwert? Klaas Jansma, It folk mist de wittenskip Karin de Mik, Germ de Haan: ‘Leeuwarden kan nooit de infrastructuur van een universiteit bieden’ Coen Peppelenbos, Hoog geprezen Hans Brans, Waar staat Tryater? Antine Zijlstra, It gefaar fan de Fryske ‘knuffel’kultuer E. Hettinga, Friese zingsporen Jan Pieter Janzen, Biten en brokken Ulke Brolsma, De hel fan Rimbaud Klaas Jansma, Fryslân en de ‘imagined community’ Piet Hemminga, De kommunisearjende oerheid of de tút fan de kommissaris Atze van Wieren, De bouwmeester van Mildam Willem Winters, In foto as medisyn Gedichtedei Marita de Jong, Fotografe Elske Riemersma: ‘It moarnsljocht hat my yn ’e besnijing’ Bouke van der Hem, Fryslân, ús Foppe en ik
42 66 86
56 57 59 60 65 66 69 70 73 75 80 81 82 83 84 85 86 90 92 94 96
Baukje Wytsma, In boat dreau fan de wâl Egbert Born, ‘De gekooide man’ & ‘Het sláápvervangend ontwerp van het hoofd’ Klaas Feenstra, Yn tel Geertruida van Assen, In aaklik bist Reinder van der Leest, Egotripkes Jelle Krol, Trije nêsten Anneke Reitsma, Albumblêd. Woorden die bij elkaar willen horen Babs en Mindert Wijnstra, It krystmiel Lolkje Hoekstra, De diggels fan Che Johannes Dijkman, Sinnekear Jitske Kingma, Ferhalen fan Froukje Annema trochsteane de tiid Jitske Kingma, Henk de Haan set tradysje as ferteller fuort Jitske Kingma, Van der Leest fantastysk op dreef yn ‘It moaiste famke fan Antarctica’ Jitske Kingma, Libbenselikser. De priis Jitske Kingma, Anders Rozendal groeit hieltyd mear yn syn skriuwersrol Justus, De koele kamera fan Poortstra: klinyske yntegriteit yn telegramstyl Henk van der Veer, Poezijlân: Harmen Wind Jan Pieter Janzen, In ympuls foar Rink van der Velde? E. Hettinga, Muze ferlern, dichter feroardiele. Abma op syk nei Abma Willem Winters, Riemersma’s healwize oanslaggen Meiwurkers Omslachyllustraasjes Foto omslach: Cine/Vista, Huizen Foto’s efterside en binnenkant omslach: Elske Riemersma Trotwaerside, tekening R.R. van der Leest
Trotwaer
Trotwaer
fan ’e redaksje
2 Kolofon De Moanne, algemien-kultureel opinyblêd (mei Trotwaer, literêr tydskrift sûnt 1969) Jiergong II, nûmer 9/10, desimber 2003, ISSN 05714020, ferskynt tsien kear yn ’t jier, losse nûmers 3 4,50 De útjefte fan De Moanne wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân en it Nederlands Literair Produktieen Vertalingenfonds. redaksje • Ernst Bruinsma (einredaksje), Marita de Jong, Jitske Kingma en Henk van der Veer assistinsje • Baukje Wytsma redaksje-adres • De Vlet 92, 9001 HX Grou, tel (0566) 620139, e-post
[email protected] basis lay-out en ûntwerp • BW H ontwerpers (Douwe Huitema) opmaak • Afûk (Daam de Vries) printwurk • Van der Eems, Easterein utjouwerij • Koperative Utjowerij, Nijmerk 7, 8701 KK Boalsert, tel (0515) 575055, faks (0515) 576625, e-post
[email protected] administraasje • Afûk, Postbus 53, 8900 AB Ljouwert, tel (058) 2343070, faks (058) 2159475, e-post
[email protected] Lêzersjild • 3 35 jiers, bûtenlân 3 45, studinten en cjp-hâlders 3 23,35. Abonneminten rinne lykop mei it kalinderjier en kinne opsein wurde foar 1 jannewaris. In proefabonnemint foar trije nûmers kostet 3 6,80 (sjoch de antwurdkaart yn it hert fan dit nûmer). In fergees proefnûmer is by de administraasje te krijen. Bydragen en reaksjes binne wolkom. Fan de ynstjoerders wurdt ferwachte dat se gjin beswier ha tsjin eventuele publikaasje op it Ynternet.
De skriuwer Joost Zwagerman is 40 wurden, de âlde Gerard Reve 80, A.F.Th. is 25 jier skriuwer, it wie fan ’t hjerst in tiid fan moaie (en minder moaie) literêre jubilea. Goed in jier lyn is de Moanne út ein set, mar it like der lang op dat wy noait hokker jubeljier dan ek fiere soene. In healjier lang hat de redaksje him ôffrege oft wy de mylpeal fan ien jier de Moanne wol helje soene. Der is, no’t de winter echt begûn is, noch altyd gjin reden foar in feestje, mar de Moanne libbet noch al en giet oare jier fierder mei twa útjouwers: de Afûk en de KU. Der binne goeie ôfspraken makke tusken redaksje en útjouwers en alle partijen binne derfan oertsjûge dat de Moanne sûn út de striid kaam is. Oan ’e ein fan it jier is de redaksje fan de Moanne dêrom oprjocht bliid jim dit spesjale dûbelnûmer te presintearjen. Nei in pear swiere moannen kinne wy dit jier lokkigernôch ôfslute mei it tefreden gefoel dat ús blêd, nettsjinsteande alle swierrichheden, dochs oereinbleaun is. En lykas dat mei tsjinslach faak giet: wy ha it gefoel dat wy der sterker út kommen binne. Mei in soad nocht binne wy al út ein set mei it wurk fan de nije jiergong, der wurdt drok praat mei kandidaat-redakteuren en moaie plannen moatte no fierder útwurke wurde. Fansels rekkenje wy ek oare jier wer op de stipe fan ús trouwe meiwurkers om yn 2004 de Moanne noch better te meitsjen en noch mear abonnees te winnen. Wy binne yn elts gefal fan doel om takom jier tsien nûmers út te bringen, dêrûnder in pear temanûmers. Hoe’t dat allegear krekt yn kalk en semint getten wurde moat, binne wy noch net hielendal út, mar dêr wurdt drok en mei entûsjasme oer kediisd. Wy ha as redaksje hielendal ús slinger wer, no’t de grutte problemen ta it ferline hearre. Yn dit nûmer lykas wenst in soad omtinken foar literatuer, byldzjende keunst, film, teater en oare kulturele uteringen. Diskear is der boppedat spesjaal omtinken foar de Fryske Akademy. Underskate skriuwers litte har ljocht op dat foar Fryslân sa wichtige ynstitút skine. Wy ha in stikmannich minsken frege om te reagearjen op de plannen fan de Fryske Akademy om in universiteit foar minderheidstalen te wurden. Wy hoopje dat dy stikken it fûnkje wêze sille foar in fûnemintele diskusje oer plak en posysje fan de Fryske Akademy (en by útwreidzjen it Frysk) en dat minsken derop reagearje sille om dy diskusje breed te fieren. Wy noegje jim dêr fan herten ta út.
de Moanne
/
Felix Droese: ‘Kunst moet een leefbare vorm vinden voor de dingen die gebeuren’ gryt van duinen
3
foto’s: auteur
Felix Droese, at ik dêr wolris fan heard ha, freget galeryhâlder Milco Onrust yn Amsterdam my. No nee. Haw ik dan noait witten dat dy byldzjend keunstner santjin jier yn Peazens taholden hat? En dat hy yn 1982 al furoare makke mei ‘Ich habe Anne Frank umgebracht’ op de Documenta yn Kassel?
Ik bin by galery Onrust yn de Plantiusstrjitte foar ynformaasje oer Robert Zandvliet, in keunstner mei Fryske roots, dêr’t ik in televyzjedokumintêre oer meitsje sil. Mar it ferhaal oer Droese, dy’t ek yn harren portefeuille sit, makket my nijsgjirrich. Onrust lit katalogy en dia’s fan Droese sjen mei keunst dy’t er yn Peazens
it wurkhûs yn peazens
in ‘fundstück’ foar it printsjen fan ‘by dokkum om’
4
makke hat. It slyk fan it Waad sit der omtrint opplakt. Droese is in hele aardige man, seit Onrust, hy kin ek noch Nederlânsk. Ik kin rêstich ris by him lâns gean. Net dat ik dat daliks al fan doel wie, want Droese (1950) wennet no yn Mettman by Düsseldorf. De oare wyks lês ik syn namme yn de Volkskrant. Yn in artikel dat de kop hat ‘Kunst bij Aldi neemt obstakels weg’. De Aldi-Süd sil fan sân keunstners wurk oan ’e man bringe. Ien fan harren is Droese. Ik belje him en kin daliks wol by him lâns komme op syn pleats yn it Neanderthal. Yn 2000 hat er syn twadde wente yn Peazens, dy’t er as atelier brûkte, ferkocht. Hy hie no safolle romte yn Mettman, dat er hieltyd minder faak de reis nei Fryslân makke.
daar wat mee”, zeggen ze dan. Dit is uitgedroogd slib van het Wad, dat kun je er soms zo afplukken. Ja, ik zat zeventien jaar in Peazens, zonder ruzie met de buren. Dat is toch ook wat. Ik ben nog bij de burgemeester geweest. Hij wilde weten wat dat betekende dat er een kunstenaar in het dorp kwam. En hij zei tegen me, ik kan niks voor je doen, want ik heb stapels kunst in de kelder. Hij doelde op de BKR-regeling.’ East-Dongeradiel hoegde ek neat foar Droese te dwaan. Hy hie wat de ôfset fan syn wurk oangie, syn kontakten yn Dútslân. Droese syn leafde foar it waadgebiet hat te krijen mei syn jeugd. Hy groeide op op it eilân Nordstrand yn Noard-Fryslân. It leit foar de kust by Husum en is no mei in dyk oan it fêstelân ferbûn.
‘Beuys was een soldaat, hij was altijd aan het front.’ Hy mist de see wol, ek it rûzjen. Mettman leit heel lanlik midden yn it Ruhrgebiet. Gjin skoarstienpiip te sjen, mar je hearre wol dúdlik it ferkear op de A3 nei Keulen. Droese hâldt himsels foar dat it it lûd fan de see is en kin dermei libje.
Syn heit wie dêr pastoar yn de âld-katolike tsjerke. Der kamen ek faak pastoars út Nederlân by harren útfanhûs, sadwaande klonk de Nederlânske taal Droese al bekend yn de earen.
kunstenaars: kämpfer druksels op hout Earst mar nei de grutte skuorre, dêr’t er wurket. Syn âlde bline hûn giet der op it lûd achteroan. De romte leit, stiet, hinget fol mei keunst. Fan lyts oant grut, yn alle mooglike techniken. ‘Voor iedereen wat, ook voor mij. De druksels maak ik meest op hout. Niet met machines, daar zijn ze soms ook te groot voor. Ik verzamel ook wel dingen van buiten, uit de natuur. Mensen brengen mij ook wel materiaal, “misschien kan die kunstenaar
Yn 1970 giet Droese nei de keunstakadeemje yn Düsseldorf. Hy wurdt oannommen troch Peter Brüning, in skilder fan de Informellen, in groep dy’t spontaan, somtiden ûnder ynfloed fan seriële muzyk, keunst produsearre. In oare learaar fan him wie Joseph Beuys. Dy wie as keunstner engazjearre mei de polityk, it miljeu, eins mei alles wat der om him hinne barde. Hy hat de weareld oan keunst neilitten en brûkte dêrby alle techniken en materialen dy’t him mar fan pas kamen. Environments en
de Moanne
/
droese oan ’t wurk
5
performances wienen ek eigen oan dy man mei de hoed. Beuys hat grutte ynfloed op Droese hân, ek polityk. ‘Het was toen nog de tijd dat kunstenaars Kämpfer waren. Ik deed mee aan Vietnamdemonstraties, weigerde dienst.Toen moest ik Ersatzdienst doen. Achttien maanden in een psychiatrisch ziekenhuis. Dat was heel belangrijk voor mij, ik leerde de basis van het bestaan kennen. Het was die generatie van Beuys die de maatschappelijke blik in de kunst bracht. Beuys leerde ons om dieper in geschiedenis te zien. Waar kom je vandaan, hoe is jouw bestaan en waar ga je naar toe. De spiritualiteit, de natuur, alles kom je dan tegen.
‘Beuys was heel belangrijk en voor de volgende generatie wordt hij nog veel belangrijker. Wat we in de jaren tachtig en negentig beleefd hebben was marginaal. De bewustwording komt weer, dat moet. De maatschappij kan niet overleven zonder een kracht die de boel bij elkaar houdt, een gemeenschappelijk idee. Waar staan wij voor, wat streven wij na. Dat zie je in Nederland, in alle landen, de maatschappij valt uit elkaar. Nu komt de kracht van de islam naar boven, zij zeggen dat ze voor alles een oplossing hebben. We zijn midden in een nieuwe oorlog terecht gekomen.’
‘Een mens is heel open en laat zich door de eerste de beste die aan de deur komt bedonderen.’ Beuys was een soldaat, hij was altijd aan het front. Je had in Nederland bijvoorbeeld Schoonhoven, ook een avantgardist. Die streed ook voor opvattingen in maatschappelijke en esthetische zaken. Eigenlijk waren ze niet zover van elkaar entfernd.’
de mens is verführbar ‘Beuys was een kunstpriester. Iedereen die iets met kunst te maken had kwam bij hem met de vraag: Wat moet ik doen? En dan heeft hij meestal gezegd: Wat doe je, wat heb je gedaan, nou ja, dan is het beste het nog een keer te proberen en het beter te doen. ‘Beuys had een individuele benadering, zonder ideologie. Later kwam hij de Groenen terecht. Eigenlijk had hij los moeten blijven van die stromingen. Want toen heeft hij zijn nederlaag erlitten, toen begon het machtsspel. Er was een Hoffnung, maar die was in 1981 al kapot.
Soenen minsken dat wer wolle, in ideology? ‘Een mens is heel open en laat zich door de eerste de beste die aan de deur komt bedonderen. Hij is verführbar (gemakkelijk te misleiden). Vaak onzeker. Het is moeilijk om tegen jouw buren, jouw bazen, of tegenover bedreigingen te zeggen: ‘Nee mensen, ik doe niet mee, dit loopt verkeerd af ’. Mensen zijn vaak passief en bang voor de vrijheid.’
iemand is verantwoordelijk Yn 1982 brocht Felix Droese op de Documenta yn Kassel in keunstwurk mei de titel ‘Ich habe Anne Frank umgebracht’. ‘Het is een installatie met een voor- en een achterkant. Je kunt het van twee kanten bekijken. De aanleiding was een artikel in Der Spiegel, waarin stond dat iemand later stukken aan het dagboek had toegevoegd. De vader en de oom van Anne Frank zouden dat
atelier
6
gedaan hebben. Ze zijn daarom ook afgeperst. Zo werd Anne Frank weer verraden. En dan zeggen mensen steeds “wij hebben het niet gedaan”, daarom heb ik gezegd “ich habe Anne Frank umgebracht”. Ik wou een statement maken.’
uit alle leeftijdsgroepen gaan er naar toe en lezen de teksten en luisteren naar de verhalen. Ik heb ook meegedaan aan de opening in Neurenberg.’
vergangenheitsbewältigung Woenen jo dêrmei de kollektive skuld oanjaan? ‘Nee, juist niet. Geen collectieve schuld, nee, er is iemand verantwoordelijk voor, een persoon of een idee.’
‘In Duitsland heb je die riesengrosse discussie van die Vergangenheitsbewältigung (de verwerking van het verleden). Het is belangrijk, het moest gebeuren. Maar die anderen die hebben gewonnen en mooi toegekeken, die hebben dat systeem niet
‘Voor mij was het heel goed om anoniem in Fryslân te werken. Geen telefoon, weinig visite, ik was afgeschermd.’ Moatte je trochgean mei it Dútske skuldbesef? ‘Het is een verhaal uit het verleden, maar nog steeds actueel. Het zal niet uit de maatschappelijke discussie verdwijnen. De Duitsers worden altijd weer geconfronteerd met de woorden “jullie zijn nazi’s” en dat kun je zo niet zeggen, je kunt niet generaliseren. Net zo min als je kunt zeggen dat alle Nederlanders collaborateurs zijn. Ik ben van na de oorlog, onze kinderen zijn van de tachtiger jaren. Je moet een keer stoppen met dat verhaal.’ Wat fine je fan de tentoanstelling ‘Das Verbrechen der Wehrmacht’, dy’t no troch Dútslân reizget en dêr’t de hâlding fan de gewoane Dútske soldaat yn oan ’e kaak steld wurdt? ‘De titel is een beetje “lawaaiig”, daardoor is ook nog al veel ophef over de tentoonstelling ontstaan. En toch is het goed om het op deze manier te doen, omdat het gat te groot is. Tussen de mensen die het beleefd hebben en daarover niet meer willen of kunnen praten en de jonge mensen die nu vragen stellen. Mensen
overgenomen. En dan krijg je soms die arrogante houding van “die Duitsers moeten nog een keer discussiëren, maar wij niet”. In Nederland speelt het nog: wat is er nu werkelijk gebeurd. Het is niet echt uitgediscussieerd, het wordt overgeslagen. Dat ouderwetse idee van tolerantie kan verstikkend werken. Zo van, laten we eigenlijk wel oppositie toe. Het ergste, het vervelendste was de moord op Pim Fortuyn. Een maatschappij die dit overkomt heeft een groot probleem. Nu zijn de mensen weer passief en vallen terug in de houding van “wij kunnen er niets aan doen”. Zo bouwt het zich opnieuw op. Yn Dútslân neame se Felix Droese in ‘zeit-kritischer Künstler’. De titels fan syn wurken sizze al genôch, lykas it ‘Haus der Waffenlosigkeit’ (foar de Biënnale fan Venetië yn 1988) of ‘Mangelmutanten überleben Kapitalismus’ (1984) en ‘Ozonlöcher über Konzentrationslager’ (1994). ‘Kunst moet van maatschappelijk belang zijn. Wanneer het om esthetiek gaat, dan heeft het ook met ethiek en geschiedenis te
de Moanne
/
een andere nationaliteit, een andere religie, meer of minder geld. Maar als je bent opgenomen mag dat geen verschil maken. Dan geldt het beginsel van gelijkheid. Het was een hele mooie tijd in Paesens, ik heb daar veel van mensen ontvangen.’
beetje nieuwsgierig ‘Als je in Amsterdam bent en je vraagt de weg, dan schrikken mensen zich dood. Wat wil die man, word ik beroofd? En op het platteland heb je het omgekeerde. Dan wil je niks, maar kan het wel gebeuren dat iemand uit zijn auto stapt en vraagt waar je vandaan komt en waar je naar toe wilt. Daar bestaat nog sociale controle. Je bent nieuwsgierig naar de ander. En dat vind ik interessant, dat heb ik hier in het Neanderthal ook beleefd. En je moet zelf ook een beetje nieuwsgierig zijn en bereid zijn om je een beetje aan te passen.’ Yn syn tiid yn Peazens wie Droese geregeld op ’e dyk te finen. Om âld wrakhout út ’e see te heljen. ‘Ik kwam dan thuis in de regen met Fundstücke. De buren die dachten dan, wat doet hij er mee. Hij stopt het niet in de kachel, maar het kan toch niet waar zijn dat hij dat gaat verkopen. Dat bestaat niet. Ik heb hier nog een oude paal, daar heb ik de tekst “Bij Dokkum om” in gekerfd. Ik drukte die tekst op krantepapier. ‘Voor mij was het heel goed om anoniem in Fryslân te werken. Geen telefoon, weinig visite, ik was afgeschermd.’
7
fak suiker of kunstwerk
maken en met maatschappelijke verantwoording. Kunst moet een leefbare vorm vinden voor de dingen die gebeuren.’
achter dokkum Mensen in Nederland hebben mij wel eens gevraagd, hoe kun je nu in Peazens gaan zitten. Achter Dokkum, een conservatieve uithoek. En dan zeg ik, deze mensen zijn helemaal niet achtergebleven. Toen we de moderne media nog niet hadden, was dat misschien anders. Eigenlijk is het een vorm van discriminatie. Het komt ook vaak naar voren in grapjes. Nederland hecht erg aan anti-discriminatie, maar hoe zit het echt.’ Hawwe jo jo as Dútser wolris diskriminearre field yn Fryslân? We kwamen wel bij een boer in Peazens, zaterdags na het koeienmelken. Zaten alle vrienden op een baal stro met een krat bier. Toen kwam er een keer een veehandelaar langs en hij gaf aan iedereen een worstje, behalve niet aan mij. Om bepaalde redenen hoorde ik er niet bij. Toen zei Marten, de boer, neem mijn worstje dan ook maar weer terug. Er was geen discussie, niemand heeft er over gepraat. Maar het was toch dat men zei: Die man zit hier bij ons, die hoort erbij. Het is een Duitse mof, maar hij krijgt ook worst. Ik vond dat mooi, zonder ideologie, puur pragmatisch. Je weet dat iemand een andere geschiedenis heeft,
Yn desimber is de Aldi-Süd begûn mei it ferkeapjen fan keunst. 140.000 wurken fan sân keunstners moatte har wei nei de klant fine. Yn njoggen dagen hat Droese 20.000 passe- partouts sinjearje moatten. De Aldi-Süd winkels begjinne by Keulen om en binne ek yn oare súdlike Europeeske lannen te finen. Yn elke Aldi binne trije oant fjouwer wurken fan Droese te keap. Se kostje 4 12,99 it stik. Wêrom docht de Aldi-Süd dat? ‘Ik denk dat het gaat om geld verdienen en om het gewinnen van prestige. Wie weet wordt het net zo’n groot imageverhaal als met de computers. Daar zijn ze in Duitsland de grootste leverancier van. Je vindt het op alle voorpagina’s en de televisie wijdt er reportages aan. Klanten van de Aldi werd gevraagd of ze het zouden kopen. Een mevrouw zei: “Ik koop alles van de Aldi.” Bij de start van de actie komt er ’s ochtends een rechtstreekse uitzending vanuit mijn atelier op de ARD. Zoiets is nog vertoond.’ Droese docht it omdat er, lykas syn learmaster Beuys yn de sechstiger jierren, wol dat minsken mei keunst yn ’e kunde komme. ‘Het publiek wordt nu de vraag gesteld of ze een pak suiker of een kunstwerk zullen kopen. Dat werkt confronterend, want voor de prijs hoeven ze het niet te laten.’ Sjoch foar mear ynformaasje op www.aldi-sued.de en www.felixdroese.com
Pieter Verhoeff oer Gerard Thoolen:
marita de jong
‘Bûten boartsje, net grut wurde, sa woe der libje’ De nije dokumintêre fan Pieter Verhoeff, ‘Gerard Thoolen - Alles komt ergens van’, oer de akteur Gerard Thoolen is yn septimber op it Nederlands Film Festival yn premjêre gongen. It giet goed mei de film. De dokumintêre waard troch it 8
publyk op it fiifde plak keazen op it
IDFA
dat yn Amsterdam hâlden is. Der wiene
210 ynstjoerings. Thoolen, ien fan de grutste akteurs fan de ôfrûne desennia, wie in komplisearre persoanlikheid. Syn neef Jean Paul Franssens neamt him ‘een losgeslagen, verloren, dolend kind’. Mei in langst nei it ûnskuldige. Mar hy wie ek troud mei it net-lokkichwêzen. In mysterieuze man. Dochs hat Verhoeff him troch it meitsjen fan de dokumintêre in bytsje better kennen leard.
de Moanne
/
9
foto: jaap spieker
Filmmakker Pieter Verhoeff seach akteur Gerard Thoolen foar it earst yn 1976 of 1977. Dat wit er net krekt mear. Thoolen spile doe by Het Werktheater yn it stik ‘Nico’s feestje’ yn in tinte op it Museumplein yn Amsterdam. “In tante mei grutte titten spile er. Ik ha bot om him lake. Letter seach ik him yn ‘Een Zwoele Zomeravond’, in produksje fan itselde selskip. Yn 1977 makke ik
moete. Hy hie in homofile kant, dat froulike, dy broeierige sensitiviteit. Dat wie wat ik socht. No’t ik weromsjoch, wie dat personaazje fan Wijkstra in part fan him. Hy hie ek lang by syn sike mem wenne om har te fersoargjen. Mar dêr wist ik doe neat fan. Dy sucht nei it hegere, mar ek dy fulgêre kant. Himel en goate. Dat kontrast siet yn IJje, mar ek yn Gerard.”
Gerard fûn syn homoseksualiteit in kweade kuer fan de natuer it dokudrama ‘De Bewakers’. Dêr spile Gerard in ordinêre semyfaksistyske oppasser yn. Dat die er geweldich.” “In pear jier letter makke ik ‘Het Teken van het Beest’, in film oer IJje Wijkstra, in anargistyske ‘outcast’. Ik wie op syk nei de man dy’t de haadrol spylje koe. De produsint woe Rutger Hauer. It soe hjir syn lêste rol wurde, foardat hy nei Amearika gie. Boppedat wenne hy twahûndert meter fan de haadlokaasje ôf.” “Marja Kok, dy’t IJje syn frou spylje soe, kaam mei Gerard op ’e proppen. Ik wie it mei har iens. Gerard wie de geskikte man foar dy rol. IJje wie in manlike man mei in ûnderhûdse homoseksualiteit. Hy wenne noch by syn mem, doe’t er Aaltsje
“Yn de dokumintêre seit er: ‘Ik ben niet wat ik lijk. Mijn leven lijkt vaak in niets op wat ik nastreef. Alleen soms, in een rol. Dan speel ik iemand waarvoor ik mij niet hoef te schamen.’ Hy fûn syn homoseksualiteit in kweade kuer fan de natuer. Dêr wie hy oprjochte yn. Hy woe rêst en harmony, haad fan in gesin wêze. Sa’n dûbellibben fassinearret elkenien. Wy dogge allegear dingen dêr’t wy ús foar skamje, dingen dêr’t wy net foarwei kinne.” “Ik hie de beskikking oer al syn deiboeken. Dêr woe ik wat mei dwaan. Se wiene net analysearjend. It is gefaarlik om der tefolle oer te praten, faaks wolle je fuort psychologisearje. Mar net alles is te ferklearjen. Dat moatte je ek net wolle. Dy riedseleftichheid woe ik
joop admiraal en kitty courbois, freonen fan gerard, op de jûn dy’t verhoeff foar de dokumintêre organisearre.
10
behâlde. Dy riedsels sitte yn eltsenien. Je tinke soms dat je jesels aardich sketten hawwe, mar it liket faaks nearne nei. Syn deiboeken besteane net út lange, útskreaune refleksjes. It binne koarte sinnen, krekt poëzyteksten. Gerard wie net in man dy’t ta selsrefleksje kaam. In inkeld momint miskien. Hy koe himsels net ûnder eagen sjen. Yn de feilige rol fan syn personaazjes koed er dat wol. Dan joech hy de yndruk dat hy lykwichtich, folwoeksen en yntelligint wie. Sa’n personaazje wie in wrâld op himsels. Dêr koe er oer prate, dan wie it persoanlike efkes fuort en kaam it net te tichtby. Ik tink dat hy bang wie om te ûntdekken wa’t er werklik wie.” “Dêr’t er syn lusten úthelle, dat wie syn ferskrikking. Skuld en boete. Hy is hikke en tein yn it roomske suden. Syn broer seit yn ’e film, dat doe’t Gerard him fertelde hoe’t er ompakt hie mei syn
kafee út, rûnen troch de Spuistrjitte, de earmen om elkoar hinne, lûd sjongend, op wei nei it nachtkafee. Dêr seach Gerard in jonge jonge efter de bar stean. Ik koe op dat stuit deafalle, ik bestie net mear foar him.” “Guon mominten wie er hielendal yn ’e war. Dan wiene der minsken dy’t op him pasten, lykas Loes Luca en Olga Zuiderhoek. Se rommen de rotsoai op, wosken en skearden him. Mar at se te tichtby kamen, skopte er dy froulju wer fan him ôf. It wie in man fan ekstremen, dy’t dûbelsinnige relaasjes ûnderhold mei famylje en freonen. Hy rekke altyd fereale op ûnmooglike jonges. Hy kaam net graach yn homo-kafees, mar as Gerard dronken wie, strúnde hy de darkrooms ôf.” “Ik lit Gerard ûnder oare sjen troch de eagen fan syn freonen.
Dêr’t er syn lusten úthelle, dat wie syn ferskrikking homoseksualiteit, syn iennichste reaksje ‘so what’ wie. Dat makke Gerard dûm. Hy waard troch syn omjouwing twongen om syn gefoelens foar jonges te ûnderdrukken. Sa fielde Gerard dat. Dat makke him gek. En dy wrakseling docht syn broer dan ôf mei ‘so what’. Syn homoseksualiteit hat er lang ferburgen hâlde moatten. Ik tink dat it in soad fan meganisme wurden is. Sa skerme er himsels ôf. Dêrom liet er in oar net ta. At se te tichtby kamen, wie er wer fuort.” “It heucht my noch dat wy tegearre op in moandeitejûn yn kafee Swart op it Spui bedarren. Hy waard dronken en ik ek. It wie ein novimber, in treurige jûn, allegear artistyk folk om ús hinne. Ynienen begûn it te snijen. Alles waard wyt. Wy gongen it
Hiel nijsgjirrige minsken. Syn neef, de teatrale Jean Paul Franssens bygelyks, mar ek Olga Zuiderhoek en Joop Admiraal, dy’t in geweldige wize fan praten hat. Ik kaam op it idee om dy freonen byinoar te bringen. Ite en drinke yn in familiêre sfear en wat ûnferplichte toanielspylje, sa’t bern dat dwaan kinne. Dat wie wat Gerard foar eagen hie. Franssens is dizze simmer ferstoarn. Hy wie slim siik en wist dat er net lang mear te libjen hie. Mar de dei fan de opname, twa moanne foar syn dea, wie hy der fan healwei tolven oant healwei ienen nachts by. Dat wie hiel bysûnder.” “Yn de dokumintêre is Gerard te sjen doe’t er tegearre mei syn freon Bruce Gray yn Amearika wie. Ut ’e skroeven, sa woe er
de Moanne
/
peter faber en olga zuiderhoek ha tegearre mei gerard diel útmakke fan het werktheater.
11
libje. Bûten boartsje, net grut wurde. Boartsje en minsken fermeitsje, emoasjes fiele, waarmte. Mar dêrneist wol sizze, dat er heit wêze woe. Wylst er dy ferantwurdlikens net iens oan koe.” “In film stelt syn eigen wetten, dat jildt ek foar de struktuer. It ferhaal krijt syn eigen rin. Dat is by it meitsjen fan in dokumintêre ek sa. It wie in hiele wrakseling om stikken fan it diner wei te litten. Der binne sa’n fyftjin minuten fan oerbleaun. De opset fan it teaterkafee wurke. It wie in jûn lang De Revue Gerard Thoolen. Dat soe yn earste ynstânsje de titel fan de film wurde. Mar ik ha dochs keazen foar ‘Alles komt ergens van’. In wierheid as in ko. Dat seit Gerard oer himsels as Sjef de Sjacheraar yn ‘Van geluk gesproken’. Mei dy útspraak rjochtfeardige hy syn dûbellibben. Sa moasten wy it snappe. Der
Jong sei ea: ‘Men moet langzaam durven gaan’. As ik it gefoel ha dat ik stroffelje oer myn eigen fuotten, nim ik de tiid. Dêrmei winne je tiid. By de montaazje op ’e nij dy wrakseling. Ik tocht: hoe krij ik it materiaal op in rychje. Ik woe de minsken dêr’t ik mei wurke net teloarstelle. Dy fûnemintele twivel brekt my altyd op. Ik fiel my der soms beroerd fan. Mar it betsjut ek dat ik nea op rûtine wurkje.” “Hy woe dy smearlap Sjef wol spylje, dêr wie er net te beroerd foar. Mar hy woe him wol snappe. Hy waard oandien fan dy Bond zonder Naam Scheurkalender-wiisheid ‘Alles komt ergens van’. Hy hie de triennen yn ’e eagen. Dat wie de fisy fan dy man, yn ien sin gearfette. Hy koe fluch en hiel krekt ta de essinsje fan it personaazje trochkringe, mar in goeie akteur hâldt altyd wat efter.
It wie in man fan ekstremen, dy’t dûbelsinnige relaasjes ûnderhold mei famylje en freonen is gjin skuldige. It wie it lot, de ‘genen’ miskien.” “Yn ’e fakânsje ha ik de teksten makke. Ik moast fragminten fan deiboeken útsykje. Mar wer op ’e nij lêze. Faak tocht ik: ik kom der net út. Dan soalde ik de boekjes yn ’e hoeke. Myn frou Hanneke sei dan: ‘Het komt wel’. Ik koe der nachts net fan sliepe of ik waard swittend wekker, mei de gedachte dat ik der diskear wier net útkomme soe. Dan belle de editor wer út Amsterdam. Jo sitte altyd mei tiidsdruk. Mar ik woe de romte ha, tiid nimme. Seure, twivelje, op syk nei de essinsje. Op in bepaald stuit siet ik yn ’e trein nei Parys. Hy skille wer en ik fertelde him ynienen de struktuer. Dat wie de frucht fan it tinken. Under it draaien is it wol helder wat ik wol. As ik dan al twivelje, sis ik it ek. Oek de
Draacht in geheim yn him mei. Dat makket him dûbelsinnich, ‘meerduidig’. En dat wie Gerard syn krêft ek.” “Gerard fertroude my. Wy hiene in soarte fan freonskip. Hy fielde dat it my earne om gie. Wy binne allegearre ego’s, mar meiinoar besykje wy wat te meitsjen dat boppe ússels útgiet. Ik hie mei Gerard altyd it gefoel mei in besibbe geast te wurkjen. It gie ús om suverheid, wrachtichheid.” De film is op 26 jannewaris en 2 febrewaris om 20.30 oere te sjen yn Het Filmhuis yn Ljouwert. Letter yn it jier wurdt ‘Gerard Thoolen Alles komt ergens van’ op ’e televyzje fertoand troch de Humanistische Omroep. De muzyk is fan Cees Bijlstra.
De Fryske Akademy (1938-2004) johan frieswijk
Yn de Nederlânske wittenskiplike wrâld liket de Fryske Akademy in nuveraardich ynstitút. Fansels, der binne mear regionale ynstellings op dat mêd, bygelyks de lytse 12
IJsselacademie yn Kampen of it wer wat gruttere Sociaal Historisch Centrum voor Limburg yn Maastricht, mar dy hawwe net de omfang en de breedte fan de Akademy. De Akademy – ‘wittenskiplik sintrum fan Fryslân’ - is boppedat sûnt 1990 ferbûn mei de Koninklijke Nederlandse Academie van Wetenschappen (KNAW). Dat betsjut dat de Akademy foar de gevel fan de fryske akademy mei de swanne en de wapens fan gemeenten dy’t bydroegen oan de earste grutte ferbouwing
in part finansierd wurdt troch it Ryk en om de safolle jier beoardield wurdt op syn wurk troch in ynternasjonale fisitaasjekommisje.
Under de KNAW-ynstituten - it Meertens-ynstitút (foar folks- en nammekunde), it Internationaal Instituut voor Sociale Geschiedenis (IISG) en it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie (NIOD) binne bekende foarbylden - is de Akademy it iennige regionale ynstitút. De provinsje Fryslân jout ek in fûnemintele finansjele bydrage oan it Akademy-wurk. De Akademy is net (lykas de oare ynstituten) in ûnderdiel fan de KNAW, mar dêrmei lieard. Dy formeel selsstannige posysje hâldt ferbân mei de spesifike posysje fan de Fryske taal, sa’t dy fêstlein is yn de bestjoersoerienkomst tusken de provinsje Fryslân en it Ryk. Fierders jout de Akademy romte oan ‘sneupers’. Foar harren is nêst de profesjonele saakkundigen in plak ynromme yn ien fan de trettjin wurkferbannen, yn in rûnte of in wurkgroep.
in fryske akademy fan wittenskippen Al soe it noch sawat 25 jier duorje foardat it safier wie, de idee fan in ‘Fryske Akademy fan Wittenskippen’ kaam yn 1914 foar ’t earst te praat. Ds. Sipke Huismans fan it Kristlik Frysk Selskip neamde doe in eigen akademy wichtich foar de Fryske striid: ‘Wy moatte mannen fen wittenskip hawwe, dy’t oan de Fryske tael- en
histoarjestúdzje hjar libben wije - wy moatte in Academy fen Fryske Wittenskip to Ljouwert hawwe’. Dy ‘Akadeemje’ moast dan soargje foar de drege boeken dêr’t de skoalmasters it materiaal út helje koene om har bern de skiednis fan Fryslân by te bringen. Sûnt it opdoeken fan de Frjentsjerter hegeskoalle yn 1811 hie de provinsje Fryslân ommers gjin universiteit mear. De kultuer yn Fryslân wie dêrtroch in hiel skoft en fierhinne in ‘skoalmasterskultuer’. Der bestie yn Fryslân net in ynfrastruktuer dy’t wittenskipsbeoefening stimulearre. It Friesch Genootschap voor Geschied-, Oudheid- en Taalkunde fungearre sûnt de oprjochting yn 1827 as foarum foar alle (populêr-)wittenskiplike aktiviteiten op it mêd fan de argeology, de folkskunde, de skiednis en de taalkunde fan Fryslân. It earbiedweardige selskip joech sa út en troch ek wichtige publikaasjes út. De boeken fan Klaas Uilkema oer Het Friesche boerenhuis (1916), fan P.C.J.A. Boeles oer Friesland tot de elfde eeuw (1927) en fan P. Sipma oer de Oudfriesche Oorkonden (diel I, 1927) wiene dêr sprekkende foarbylden fan. Dêrnêst waarden yn Fryske blêden as It Heitelân en Sljucht en Rjucht sa út en troch populêr-wittenskiplike bydragen publisearre op argeologysk, skiedkundich of folkskundich mêd.
de Moanne
13
Mar mei de groei fan de Fryske beweging yn de jierren tusken de beide wrâldoarloggen, it nije libben dat de Jongfryske Mienskip ûnder de jongerein brocht en de ferdûbeling fan it tal Fryske útjeften (fan noch gjin tweintich yn it twadde desennium fan dy ieu nei fjirtich yn de tritiger jierren) kaam der ferlet fan nije ynstânsjes, benammen op it mêd fan it ûnderwiis. Yn febrewaris 1917 soe Wumkes bepleitsje dat ienris it Friesch Genootschap útgroeie soe ta in ‘Fryske Acadeemje fen Wittenskip en Kinst’, nei analogy fan de grutte Koninklijke Academie van Wetenschappen. Sa’n ynstitút seach er net as in eksklusyf en elitêr ynstitút, mar earder as in sintrum fan wittenskip yn relaasje mei en ornearre foar it Fryske folk. De provinsje soe in subsydzje fan f 5.000,- jaan moatte. Op útstel fan AR-deputearre Pollema skreau Wumkes yn 1918 in taljochting op in adres oan it provinsjaal bestjoer fan Fryslân, dêr’t er in ‘Bureau voor Cultuur-historische publicaties [...] onder leiding van een wetenschappelijk man’ bepleite. Hy konstatearre dat der op tal fan mêden sokke hiaten bestiene, ‘dat een speciale instelling daarvoor geen weelde, maar eisch van onzen tijd mag worden genoemd’. Der wie teminsten 25 jier nedich om dy efterstân yn te rinnen. Yn 1919 kaam Wumkes der nochris op werom. Dêrnei waard it in skoft stil. Yn de twadde helte fan de tweintiger jierren feroare de oant dan ta ôfsidich bliuwende provinsjale oerheid syn koers oangeande de Fryske taal en kultuer. Op it Grutfrysk Kongres fan 1927 bepleitte Kommissaris fan ’e Keninginne P.A.V. van Harinxma thoe Slooten it oprjochtsjen fan in provinsjale ûnderwiisrie. Wumkes wie yn dy tiid foar de kommissaris syn riedsman op it mêd fan it Frysk, somtiden as in beliedsamtner Frysk avant la lettre. ‘In wichtige stap ta de Godsfrede wie bard. It Gewestlik Bistjûr en de Fryske Biweging kamen tichter byinoar’, oardiele Wumkes by it ta stân kommen fan de Provinsiale Underwiisrie (PUR) yn 1928. Mar net elkenien wie like bliid mei dy ynstitúsjonalisearring. De Fryske beweging wie tusken de beide wrâldoarloggen ommers net folle mear as in troch persoanlike skelen ferskuorde grienmank fan persoanen, groepen en groepkes. In ferpyldere beweging boppedat, dêr’t minsken, nettsjinsteande harren mienskiplike stânpunten oangeande de Fryske taal, yn libbensskôglik en ideologysk opsicht fier útelkoar rûnen. Dat wie mei de reden dat tal fan inisjativen, dus ek de útstellen om ta in Fryske Akademy fan Wittenskip te kommen, lizzen bleaune. Pas op in gearkomste fan ’e Provinsiale Underwiisrie yn april 1932 brocht prof. Titus Brandsma, bestjoerslid fan it Roomsk Frysk Boun en heechlearaar yn Nijmegen, it plan foar in ‘Fryske Akadeemje fen Wittenskippen’ op ’en nij te praat. Brandsma tocht dêrby, oars as Wumkes, oan in beskate rûnte fan Fryskpratende en Frysk-skriuwende wittenskippers. Mar de PUR oardiele dat de tiid dêr noch net ryp foar wie. Dochs kamen der yn de tritiger jierren mear lûden oer it ferlet fan in Frysk wittenskiplik ynstitút, bygelyks yn 1936 en 1937 fanút de Federaesje fan Fryske Studinte-Forienings. Boppedat waard op it Grutfrysk Kongres fan 1937 besletten om ‘een Friesche studiekring te vormen, die bouwstoffen kon verzamelen voor de samenstelling van een nieuw Friesch woordenboek’. Dat frege in koördinearjend buro. Datselde jier stelde de PUR út om foar it ûnderwiis
/
in histoarysk-geografysk buro foar ‘Heimatkunde’ op te rjochtsjen. Dat doe’t Titus Brandsma ein febrewaris 1938 de Akademy dochs wer op ’e wurklist fan de PUR sette, krige Wumkes de opdracht om der neier oer te rapportearjen. Hy lei oer mei Kommissaris fan ’e Keninginne Van Harinxma thoe Slooten. Wumkes wie mei in swier moed nei de griffy rûn, mar ferliet ferromme it gebou: ‘Mei in klear bigryp, in ré tankwurd en mei de folle ynset fan syn persoan sei de Kommissaris daelks syn stipe ta. En dêr is it binammen oan to tankjen dat de saken sa gau har bislach krige ha’. Alhielendal iens wiene hja it noch net. Moast de Akademy in lytse, suver wittenskiplike rûnte bliuwe of ien dy’t iepenstie foar elkenien dy’t mei wittenskip oangeande Fryslân dwaande wie, leafhawwers likegoed as wittenskippers. By eintsjebeslút waard ta it lêste besletten. Om dochs it wittenskiplik karakter klam te jaan, waard - ek wer op útstel fan Brandsma - besletten foar it ‘logo’ it segel fan de Frjentsjerter Bibleteek te kiezen. It ynstitút soe ynearsten syn wurk dwaan ûnder de wjukken fan de Provinsiale Underwiisrie. It krige fan de PUR in startsubsydzje mei fan f 1500,- (f 800,- dêrfan foar útjeften) en fan de provinsje in oanrinsubsydzje fan f 3000,-, dêr’t tenei alle jierren wer f 500,- ôfgean soe. Op de plechtige iepeningsgearkomste fan ’e Akademy - it wie 10 septimber 1938 liet Pieter Sipma as de nije foarsitter, mei in stim fol emoasje, oan it Fryske folk witte, dat er it nije ynstitút as ‘de kroane fen de Fryske Biweging’ seach. By dy gelegenheid brocht Sipma al de pretinsje ûnder wurden dat de Akademy in grut part fan wat no de frisistyk neamd wurdt bestrike soe.
it wurdboek Lang bleau dy pretinsje beheind ta it wurk oan it (grutte) Wurdboek fan de Fryske taal. Der moast earst in wurdboekapparaat makke wurde, dat wol sizze: kaartebakken fol mei Fryske wurden, mei siswizen en tongslaggen. Dêrút koe dan letter it wurdboek gearstald wurde. Frijwilligers waarden frege om te helpen by it ekserpearjen fan besteande boarnen en it garjen en fêstlizzen fan sprutsen taal yn Fryslân. Dêrby gong it benammen om saken dy’t net yn it âlde wurdboek fan Waling Dykstra stiene. It útfieren fan dat ambisjeuze plan waard opdroegen oan Ype Poortinga, dy’t - sa fertelde Sipma – ‘ré foun waerd om for in minimale forgoeding, - om it sa mar to neamen, - wittenskiplik assistint to wirden. It wie ús hast to slim, mar de winsk om fen ’e ein to setten mei it wirk, hat dien, det wy syn help oannamen’. Yn de hjerst fan 1939 krige Poortinga, dy’t allinnich moarns op de Akademy wurke, nei’t de provinsje subsydzje tasein hie, help fan twa meiwurkers. De earste jiergongen fan It Beaken steane fol mei listen fan minsken dy’t boeken ekserpearden, taaleigen opskreaunen of notearden wat se oan faktaal tsjinkamen. E.B. Folkertsma kaam in skoft ien moarn yn de wike om nij materiaal te bringen en ien of twa man wiene der dan drok mei beset om dat fuort yn kaart te bringen. Net allinnich Folkertsma, mar ek oare Fryske pommeranten wurken mei: Jan Melles van der Goot, Gooitzen Burgy, J.J. Hof, J.J. Kalma, S.J. van der Molen, Sjoerd van der Schaaf en Koos Wiersma. Mar Douwe Kalma bygelyks
14
wer net. Nei twa jier sieten der 30.000 kaartsjes yn de kartoteek, nei trije jier 60.000 en nei de oarloch 100.000. Yn 1950 waard in nije loop makke. Dêrta waard in seleksje makke út it skreaune Frysk út de perioade 1800-1950. Frijwilligers en tydlike krêften typten it materiaal út. En yn 1954 wiene der al 300.000 wurdboekkaartsjes. Der waard út ein set mei it hânwurdboek (dat yn 1956 ferskynde) en trochwurke oan it grutte wurdboek (dêr’t diel I yn 1984 fan útkaam). Mei it wurk oan it wurdboek wie it personeel fan de Akademy folslein besteld. As it om dialektology of nammekunde gong, wiene it bestjoersleden en stipers dy’t foar de publikaasjes soargen. J.H. Brouwer en Sipma wiene bygelyks dwaande mei it Aldfrysk, Jan Jelles Hof joech omtinken oan de dialekten en G. Knop publisearre in stúdzje fan de Skylger dialekten. Der waard yn dy jierren benammen taalmateriaal sammele en yn it Taalkundich Wurkferbân waarden de risseltaten fan al dat wurk besprutsen. Yn 1956 sette de Akademy út ein mei syn filologekongressen, dêr’t de skiednis en de literatuer ek omtinken krigen. Yn de sechstiger jierren ferskynden wichtige publikaasjes op taalkundich mêd: grammatika’s, taalatlassen, taaleigenstúdzjes en in rige útjeften fan Aldfryske teksten.
wurkferbannen, sneupers en publikaasjes It wurk fan de Akademy, en dat jilde net allinnich foar it
wurdboek, soe pas goed út ein sette yn de jierren nei de oarloch. Op tal fan terreinen waarden wurkferbannen ynsteld, dêr’t fakgelearden en ‘sneupers’ elkoar moetsje koene. Troch de wurkferbannen waard oandacht jûn oan de nammekunde, de genealogy, de geakunde, de folkskunde en oan literatuerstúdzje. Wat de Akademy op dat mêd ta stân brocht wie dus benammen it wurk fan minsken dy’t net profesjoneel oan de Akademy ferbûn wiene. Sa wie dr. G.A. Wumkes bygelyks al yn 1938 yn de foarkeamer fan it Coulonhûs út ein set mei it sammeljen fan materiaal foar syn biografyske wurdboek. Dat soe der noait komme, mar de grutte rispinge oan kaartsjes, oantekens en knipsels yn enveloppen is noch altyd op de Akademy te finen. Sa wiene der mear ferneamde meiwurkers. Dr. Obe Postma, dy’t sawat oant syn dea op de Kânselarij, dêr’t doe Ryksargyf en PB sieten, te finen wie, wurke foar de Akademy. De lettere PvdAminister Anne Vondeling publisearre (yn 1942) in demografysk ûndersyk by de Akademy. En de genealooch R.S. Roarda joech der de risseltaten fan syn iverich neisneupen fan saken yn de argiven út. Der waarden troch de wurkferbannen jierboeken útjûn, boeken gearstald en publikaasjes foar it wittenskiplik tydskrift It Beaken gearstald. Gâns stúdzjeprojekten waarden fanút de Akademy-ferbannen op gong brocht. Sa brocht it Geakundich Wurkferbân (mei Meint Wiegersma en S.J. van der Molen as driuwende krêften) op fersyk
de Moanne
/
side 14: gasten foar it diner by de iepening fan de fryske akademy
foto’s: fryske akademy
15 de wurdboekseal mei kartoteek fan de fryske akademy. f.l.n.r. klaas van der veen (haad), rients de boer, jant van der weglaverman, piter boersma, sybren dyk en jarich hoekstra. opname út 1984 by it útkommen fan it earste diel fan it wurdboek.
fan de gemeente as earste wurkstik de geakunde Baerderadiel út (1957). Sawat tweintich auteurs namen ien of mear aspekten foar har rekken. By de geakunde Wûnseradiel die bliken dat dy formule eins te breed wie. Akademy-streekûndersiker J.J. Spahr van der Hoek krige de opdracht om it manuskript yn te koartsjen ta de helte: ien (dochs ek wer tsjok) boek. It ferhaal oer Makkum wie al earder ta in aparte publikaasje makke. Sûnt folge by de Akademy noch in lange rige fan gritenij- en doarpsskiednissen, meastentiids mei mear auteurs. Foar grutte projekten wie de Akademy mei de al útwreide, mar dochs noch ridlik lytse stêf dus net benaud. Der kaam fanút de Akademy yn 1958 in Encyclopedie van Friesland, dêr’t de haadredaksje (Jelle Brouwer) fan op it Coulonhûs siet, en mei ds. J.J. Kalma as buroredakteur. Ryksargivaris Van Buijtenen wie yn 1962 fan betinken, der moast mar in hânboek foar de skiednis fan Fryslân komme. De direksje fan de Akademy fûn it in moai idee en der waard in earste gearkomste belein. De belangstelling wie fuortendaliks net hiel grut: nêst direkteur Jelle Brouwer en frou (fanwege it ferfier) wiene der in man út Snits en skiednislearaar Harm Oldenhof fan It Hearrenfean. Fierders wie der noch in kaartsje fan master Twerda om him ôf te melden, om’t de lêste bus nei Bakhuzen fuortgong op it momint dat de gearkomste begjinne soe. It waard dus in praatsje om ’e tafel. Dochs lei der fiif jier letter in Geschiedenis van Friesland, dêr’t
gâns auteurs oan meiwurke hiene, benammen ek fan bûten it reguliere sirkwy fan de Akademy. It wie yn 1968 de earste provinsjale skiednis yn Nederlân. Yn de rin fan de jierren soe it tal histoaryske publikaasjes fan de Akademy mear en mear tanimme. De skiednis waard al gau it mêd dêr’t de measte Akademy-publikaasjes op ferskynden.
it streekundersyk In wichtich faset fan it Akademy-wurk waard yn de fyftiger en sechstiger jierren it streekûndersyk yn de Wâlden: in grut histoarysk en sosjaal-wittenskiplik ûndersyk, betelle troch ZWO. It projekt soe gâns eleminten fan it ferdwinende karakteristike ferline fan it yn heech tempo feroarjende easten fan de provinsje dokumintearje, ûndersykje en fêstlizze moatte. Emigraasje en migraasje út de wâlddoarpen waard doe foars stimulearre en de ferwachting wie, dat ûnderskate doarpsmienskippen yn koarte tiid in hiel oar karakter krije soene. De komst fan Philips nei Drachten wie de oankundiging fan in fierdere yndustrialisearring. De lêste spitketen waarden opromme, de lânarbeider makke plak foar de masine en oerheidsjild waard ynset tsjin de earmoed en de strukturele wurkleazens. Johan Spahr van der Hoek waard yn 1952 skriuwer fan de Wâlden-kommisje en hy soe oant 1980 de driuwende krêft wêze fan it streekûndersyk. Yn de aadlike wente yn Olterterp, dêr’t no It Fryske Gea sit, kaam it streeksintrum. Dat waard it
it streeksintrum te olterterp, dêr’t de fryske akademy foar it streekûndersyk yn de wâlden in dependâns hie
16
moetingspunt fan al dyjingen dy’t op de ien of oare wize oan it Wâlden-ûndersyk meiwurken: wittenskippers en bestjoerders, mar ek in grut tal frijwilligers en sneupers yn de regionale skiednis. Somtiden waard de dyk oerstutsen om yn It Wite Hûs wat te iten of by in buorrel en in sigaar te evaluearjen en nije ynspiraasje op te dwaan. Spahr waard, ear’t er der erch yn hie, in ‘gratis avondvullend programma’ wurden, benammen foar doarpsrûnten en ôfdielingen fan de plattelânsfroulju. Der waard gâns materiaal sammele oer de sosjale en ekonomyske ûntjouwing fan it gebiet, de migraasje, de sosjale netwurken en de demografy. Dêrfoar wie de âlde wynkelder fan jhr. Sandberg ta klûs omboud. Der waard troch Spahr en in grut tal frijwilligers in bulte wurk ferset. Fan belang wie de stipe fan Dam Jaarsma fan Easterwâlde. Dy ‘hie it folle fertrouwen fan de faak fan oarsprong wat erchtinkende minsken “op de heide” mar wat er witte woe, dat fertelden hja him’, neffens Spahr. It streekûndersyk makke nammentlik nêst tradisjonele foarmen fan ûndersyk gebrûk fan de nije metoaden fan de sosjale wittenskippen lykas de enkête, it psychogram, it ynterview en it mienskips-selsûndersyk. Yn alle doarpen fan de Wâlden waarden fraachpetearen hâlden mei âldere minsken, neffens in fêst skema. Sa ûntstie in wichtige samling fan sosjale data oer de wâlddoarpen út de tiid tusken 1900 en 1960. Jaarsma wie yn de fyftiger en sechstiger jierren fan de tweintichste ieu altiten op ’e fyts ûnderweis foar dy ynterviews of om út ’e folksmûle folkskundich materiaal op te tekenjen. Fan dat lêste is in protte werom te finen
yn gâns publikaasjes, bygelyks yn de troch Akademy-meiwurker Ype Poortinga gearstalde boeken mei Fryske folksferhalen. Ta in synteze fan it Wâlden-ûndersyk soe it net komme, mei trochdat it ‘folksaard’-ûndersyk, dêr’t de ‘skaeisoarch’-saakkundige Haring Piebenga noch in hoartsje foar ynset waard, stykjen bleau. Spahr soe letter dat projekt yn net mis te fersteane termen beskriuwe. ‘It hat goed mis west om alle belangstellende gelearden fan fier en hiem yn dy kommisje op te nimmen. Al yn desimber 1954 sieten der safolle fakulteiten om ’e tafel, dat ik se net mear ûnderskiede koe troch it reekgerdyn fan al dy piipsmokers’. De wittenskiplike latte waard dus wat leger lein en net sûnder sukses: yn totaal ferskynden der 51 boeken, boekjes en spesjale Beakennûmers. Yn 1962 waard it ûndersyk mei de Visser-Neerlandiapriis bekroand. Under de titels út de Wâlden-rige sitte noch hieltyd gâns wichtige. Ik sil der twa fan neame. Yn De heidedorpen in de noordelijke Wouden (1959) beskreau Spahr van der Hoek de skiednis fan de lytse wrâld fan de heide, it sosjale libben yn de eigen mienskippen, it mienskipsgefoel en de reservearre hâlding fan de heidebewenners foar in fijannige, boargerlike bûtenwrâld oer. In ferhaal oer in wrâld dy’t no alhielendal ferdwûn is. De dissertaasje fan Spahr út 1969, Samenleven in Friesland, kin men sjen as de ôfsluting fan it Wâlden-ûndersyk. Spahr soe him yn dat boek ôffreegje ‘of er verschil in innerlijke samenhang bestaat tussen diverse nederzettingstypen, en - zo ja - of dat bepaald wordt door een fase in de sociale ontwikkeling dier
de Moanne
/
ype poortinga (rjochts) set de folksferhalen fan roel piters de jong fan ousterhaule op de bân
17
nederzettingen, en voorts of er verband bestaat - en zo ja, op welke wijze - met de verhouding tot een andere gestructureerde omgeving’. De wurdkar yllustrearret al de stadige feroaring yn it karakter fan de Akademy: it gie om wittenskip.
wittenskiplik undersyk yn soarten Dy feroaring waard nei 1960 op tal fan plakken dúdlik: yn de útwreiding fan it personeel en fan de gebouwen, de ferbreding fan it wurkterrein en de taname fan de aktiviteiten. Yn dat jier hie de Akademy 17 meiwurkers yn tsjinst; yn 1979 wiene dat al 30. De taalkundige ôfdieling waard yn 1964 splitst: it wurdboek waard in aparte ôfdieling (dy’t him yn de santiger jierren stadich útwreidzje koe) en literatuerskiednis, folkskunde en de maatskiplike problematyk fan taal en taalgebrûk waarden ûnderskieden dissiplines. Dêrfoar wie doe (noch) gjin formaasje beskikber. Wol waard op oantrún fan de provinsje yn 1964 in bestjoerskundige (Sytze Faber) yn tsjinst nommen, ynearsten foar de helte fan de tiid en yn 1966 folslein; yn 1972 kaam der in twadde by. Yn datselde jier waard Krine Boelens beneamd as taalsosjolooch. It Ryk wie ynearsten nochal skruten om mei te beteljen oan it sosjaal-wittenskiplik ûndersyk, om’t it fan betinken wie dat de Akademy him beheine moast ta skiednis en taal. Mar de provinsje liet yn 1977 witte dat de útbou mei in sosjaal-wittenskiplike stêf nedich wie. Benammen gong it om de taalsosjology en de stúdzje fan de twataligens, mar ek in regionaal-ekonoom en twa nije streekûndersikers waarden neamd. Yn de folgjende jierren krige
de Akademy in literatuerkundige (Philippus Breuker), op ’en nij in taalsosjolooch (Durk Gorter, dy’t de oare helte fan syn tiid foar ZWO oan it ûndersyk Taal yn Fryslân wurke), in sosjaal-geograaf en in regionaal ekonomysk ûndersiker. Yn 1981 bestie de wittenskiplike formaasje fan de Akademy al út 16,5 plakken (beset troch 19 minsken); seis jier letter wie dat oprûn ta 29,5 (35 minsken). Dy rappe útwreiding hie te krijen mei it sneuveljen fan it eksperimint universitêre festiging Ljouwert by de besunigingsoperaasjes fan 1983. As kompensaasje waard it heger beropsûnderwiis yn Ljouwert útwreide en krige de Akademy der sân nije ûndersyksplakken by. Der koene no aparte fakgroepen foar skiednis en sosjale wittenskippen foarme wurde. Yn 1984 krige de Akademy boppedat it tafersjoch op de bysûndere learstuollen yn de frisistyk. Yn de njoggentiger jierren kaam der in doktoraaloplieding Frysk oan de Universiteit van Amsterdam, dêr’t de Akademy nau by behelle is. Fierders waard yn 2003 fanút de Akademy in bysûndere learstoel foar de midsieuske skiednis fan de Fryske lannen oan de universiteit yn Leiden ynsteld. Op dit momint bestiet de formaasje fan de Akademy yn totaal út 32 wittenskiplike formaasjeplakken. De fakgroep taalkunde (ynklusyf de wurdboekôfdieling) is de grutste, mei 11,8; de fakgroep skiednis komt op it twadde plak mei 8,8 en de sosjale wittenskippen hat 6,6 (ynklusyf de Jeropeeske ôfdieling minderheidstalen). Foar de direkte en yndirekte tsjinstferliening oan it wittenskiplik wurk binne 22,7 formaasjeplakken reservearre.
de akademy as motor Wie de Akademy yn 1938 ûntstien ûnder tafersjoch fan de PUR, doe’t it ynstitút nei de oarloch selsstannich wurden wie, waarden der tal fan nije inisjativen oan ferbûn. Dy begûnen ûnder de wjukken fan de Akademy, mar soene letter ferselsstannigje. It makke de Akademy ta de motor fan kultureel Fryslân. Sa ûntstiene de Noordelijke Leergangen Ubbo Emmius (MUopleidingen), it ‘Pedagogysk Adfysburo’, it Fuortset Boukeunstich Underwiis, de Bestjoersakademy en de Agogyske Akademy ûnder de wjukken fan de Akademy. De Akademy joech de stjit ta de oprjochting fan de Ljouwerter Orkestferiening, dêr’t it Frysk Orkest út fuortkaam, en naam yn 1959 it inisjatyf ta de oprjochting fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokuminitaesjesintrum. Yn de tachtiger jierren waarden de taken fan de Akademy werombrocht ta dy fan de wittenskip oangeande Fryslân, sa’t dat ek yn de statuten fêstlein wie. De direksje fan de Akademy konstatearre yn 1988 by it fyftichjierrich bestean, dat de Akademy sûnt koart profesjonele wittenskippers op tal fan mêden yn tsjinst hie. Der wiene no bygelyks trije histoarisy yn tsjinst: foar de midsieuwen (en nammekunde), de Nije Tiid en de Nijste Tiid. Dêrmei koe no it projekt fan it nije hânboek foar de skiednis fan Fryslân oanpakt wurde. Mar, konstatearre de direksje wol, der moast hieltiten wer op ’en nij útlein wurde wat de Akademy net mear wie. Guon minsken hiene dêr noch wolris in probleem mei, dat de útwreiding fan de Akademy foar fierdere spesjalisaasje yn profesjonele en wittenskiplike rjochting soarge. Soks hâlde ek ferbân mei de maatskiplike ûntjouwing: it tanimmen fan it trochsneed opliedingsnivo. It fenomeen fan betûfte sneupers as Obe Postma, S.J. van der Molen, J.J. Kalma en oaren, dy’t safolle foar de Akademy betsjut ha, dat hie west. De ynbring fan oplate wittenskippers waard wichtiger en yn syn algemienens naam de betsjutting fan de wurkferbannen foar it wurk fan de Akademy ôf. Men sjocht it ek werom yn it tal publikaasjes: op dit momint bedraacht de produksje (en dêr wurdt de Akademy by de fisitaasje op ôfrekkene) mear as hûndert wittenskiplike en mear as fyftich populêr-wittenskiplike titels yn ’t jier. It tal publikaasjes fan de wurkferbannen naam ôf fan tsien yn it ferslachjier 1996/1997 ta fiif no. In útsûndering ûnder de wurkferbannen foarmje it Genealogysk en it Argeologysk Wurkferbân, mar dy beweegje harren op in mêd dêr’t - sa bewize elts jier wer it Genealogysk Jierboekje en de argeologyske kronyk fan De Vrije Fries - de amateur noch in wichtige ynbring hat. Fan âlds hat in grut tal fan de goed 3000 stipers in hechte bân mei de Akademy. Dat die bygelyks bliken yn 1956, doe’t it Coulonhûs útwreide wurde moast. Troch in kommisje ûnder lieding fan LC-redakteur (en letter Akademy-direkteur) Keimpe Sikkema waard yn de provinsje f 95.000,- ophelle. Letter soe it Akademy-kompleks oan de Grienewei en yn de Doelestrjitte gâns útwreide wurde. De finansiering fan de Akademy lit de ûntjouwing yn de tiid ek sjen. Ynearsten waard de Akademy allinnich troch de provinsje Fryslân subsidiearre. Yn 1947 wie dat bedrach fan f 7000,- ferhege nei f 37.000,-. Yn 1956 begûn it Ryk mei te
beteljen (f 30.000,-). Yn 1990 waard al twa kear safolle rykssubsydzje jûn fanút de KNAW as fanút de provinsje; yn 2002 lizze dy bedraggen wer tichter byelkoar: fia de KNAW 4 1.450.394,- en fan de provinsje 4 971.656,-, wylst de Akademy sels 4 1.054.450,- byelkoar swile foar ekstern finansierde projekten. Sokke sifers bringe jin de wurden yn ’t sin dy’t dr. Geert Aeilco Wumkes, ien fan de oprjochters fan de Fryske Akademy, yn de fyftiger jierren fan de foarige ieu útspruts: ‘Jow en jimme scil jown wirde; in goede yntreaune, skodde en oerrinnende miette scil men yn jimme skirte jaen. Dat wurd út de Berchrede, dat is fan tapassing op ús Fryske striid en benammen op ús Fryske Akademy. Se sil oanwinne yn krêft, se sil groeije en se sil bloeije, tot der hannen tekoart komme’. Hy wie der wis fan: de Akademy soe in grut, manmachtich ynstitút wurde.
18
de Moanne
/
In universiteit oer Europeeske mindertallen yn Ljouwert? tony feitsma
ynlieding
19
It idee fan Lammert Jansma om ta in universitêre fêstiging yn Ljouwert te kommen dy’t him – yn oparbeidzjen mei of as ûnderdiel fan de Fryske Akademy - rjochtsje moatte soe op ûndersyk en ûnderwiis op it stik fan Europeeske mindertallen, liket my tige de muoite wurdich ta. Ik stean dêr posityf foaroer, en wy soene der om te begjinnen ris in goede diskusje oer ha moatte, mar yn myn reaksje wol ik my net bejaan yn de technyske finesses fan de nijste organisatoaryske bachelor-masterproblemen, dêr’t ik in aardich skoft nei myn pinsjoen no just net sa goed yn sit. It giet my om de ynhâldlike kant fan de saak, dêr’t ik wol de nedige ûnderfining mei ha. Sa’n ynstitút soe net yn it plak komme moatte fan universitêre opliedingen bûten Fryslân, mar soe dêr boppe-op komme moatte, as in ûnderwiis- en
ensfh., dy’t allegearre mear of minder ticht by ien fan de poalen taal en dialekt steane. Ek it eigen karakter fan taal en dialekt kin yn it ramt fan dy problematyk en dy ferliking noch namste dúdliker wurde. Al dy faktoaren sil de wittenskiplike frisistyk rekken mei hâlde moatte.
de ‘objektive’ frisistyk Dat tema hat net altyd foarop stien by de frisisten. De frisistyk sa’t dy beoefene is oan de universiteiten en op de Fryske Akademy hat him om te begjinnen meast beheind ta Fryske taal- en letterkunde. It wie doe in hiele toer om foar it Frysk in eigen plak te krijen, as de klam net lei op de Aldfryske taalkunde. Boppedat wie der – benammen yn de Grinzer letterefakulteit – hiel wat wjeraks tsjin Frysksinnige frisisten, ek al die it bliken dat de
It Frysk is in minderheidstaal; dat wol sizze dat it tusken in ‘echte’ steatstaal en in dialekt yn stiet. ûndersyk-ynstitút op doktoraal of mastersnivo. Op dy manier soe in spesjalisme brocht wurde kinne dat fierder bouwe kin op de basiskennis fan in soarte fan universitêre kandidaatsoplieding en oan de oare kant alhiel oanslút by wittenskiplike aktiviteiten fan de frisistyk yn brede sin. Dat domein wurdt al in hiel skoft beoefene mei goede konkrete risseltaten wat it Frysk oangiet en mei goede oanslútmooglikheden nei oare Europeeske mindertallen ta. Yn dat ferbân jout in lyts spesjalistysk universitêr ynstitút goede mooglikheden foar ferdjipping en fernijing. De frisistyk yn rûme sin rint ynhâldlik lykop mei de stúdzje fan taal- en letterkunde op harsels en yn sosjaal perspektyf, en fansels ek yn it ramt fan har histoaryske ûntjouwing. Dat wol sizze dat dêrby ynbegrepen is net allinne de histoaryske taalkunde, mar ek de taalsosjology/sosjolingwistyk en de útwindige taalskiednis, en parallel dêrmei wat de literatuer oangiet ek de literatuersosjology. Mei oare wurden: taal en literatuer besjoen yn alderhande ferbannen mei de maatskippij dêr’t de Fryske taal en literatuer yn funksjonearje. Dat liket yn ús tiid hast fanselssprekkend te wêzen, mar is yn ’e praktyk dochs minder ienfâldich as it liket. It Frysk is in minderheidstaal; dat wol sizze dat it tusken in ‘echte’ steatstaal en in dialekt yn stiet; it hat oan ’e iene kant in swakkere posysje as sa’n ‘echte’ taal, oan ’e oare kant stiet it sterker en hat it wat in oare posysje as in dialekt. Yn dy sin is it Frysk bygelyks te ferlykjen en moat it ek ferlike wurde mei oare Europeeske minderheidstalen lykas Katalaansk, Welsh
mooglikheden net sa grut wiene om dêrbûtenom gaadlike dosinten te krijen. Dat de frisistyk fan de tritiger en fjirtiger jierren hold him o sa katoen en wie benaud om op it stik fan de ‘objektiviteit’ bûten de stringen te stappen. Ik sil in pear foarbylden út de histoarje bybringe. Jierren lyn fertelde Laurens ten Cate my ris dat er it mei de Akademy-direkteuren Brouwer (en Kok?), al in moai skoft foar de publikaasje fan Lieuwe Pietersen syn De Friezen en hun taal yn 1969, ris hân hie oer it soarte fan wittenskip dat de Akademy winliken bedriuwe moast. It like Ten Cate nuttich ta dat de Akademy ris neigean soe hoe en wêrom’t bygelyks de grienteboer al of net Frysk prate, m.o.w. de Akademy moast neffens him stúdzje meitsje fan de posysje en de takomstmooglikheden fan it Frysk. De Akademy-direksje wie it net mei Ten Cate iens dat soksoarte ûndersyk op de wei fan de Akademy lei. De Akademy hat him faaks hâlde wollen by de âldbewende, mear of minder filologyske bestudearring fan wat ‘objektyf ’ foarhannen wie, dat hy hat him tink ik ek net rjocht weagje doarst oan in mear ‘engazjearre’ soarte fan sosjaal ûndersyk op it teare punt fan it Fryske taalgebrûk. De Akademy moast net in taalstriid-orgaan wurde, hy moast respektabel en wittenskiplik bliuwe. Ien en oar is yn it ramt fan de hoedene taktyk fan de Fryske beweging nei de oarloch - en dat jildt ek foar de Fryske Akademy – wol te begripen.
it begjin fan de frisistyk yn sosjaal perspektyf Yn de 60’er jierren lykwols waard it idee oppere (yn de rûnten fan It Fryske Boek (en de RONO?)) dat der in ûndersyk komme moast nei it lêzen fan Fryske boeken (en it harkjen nei Fryske útstjoeringen?). Lieuwe Pietersen woe dat ûndersyk graach dwaan, mar hy woe dêr noch alderhande oare korrelaasjes (mei taalgedrach, taalhâlding, taalideology) by behelje. De fraach wie doe oft it by in (hark- en) lêsûndersyk yn ingere sin bliuwe moast (dat wie makliker en gauwer út te fieren, en dan koene de risseltaten fuort brûkt wurde) of dat der in grut taalhâldingsûndersyk komme moast. Pietersen hat it grutte ûndersyk trochsetten en it hat bliken dien dat dat grutte ûndersyk foar it wittenskiplik ûndersyk en foar de taalpolityk fan grut belang west hat. Nijsgjirrich is dat de Akademy der yn earste opslach hielendal net sa hyt op wie om it ûndersyk fan Pietersen op ’e noed te nimmen. Der wurdt sein dat ZWO (no NWO) der yn dy snuorje ek net oan woe. Nei de wegering fan de Akademy wie de Bewegingsrie wol ree om dat al te dwaan, mar yn 1966 hat de Akademy lang om let dochs de opdracht ta it ûndersyk oan Pietersen jûn, en dêrút is dy syn publikaasje De Friezen en hun
rjochting ha Henk Meijering en ik fierder wurke, doe’t wy yn 1968 oan de VU beneamd waarden. Dy aktiviteiten waarden ferbrede doe’t de YSF (de Ynteruniversitêre Stúdzjerie Frysk) om 1970 hinne út ein sette mei syn aktiviteiten. Al gau ûntjoech de YSF him ta in dissidint yn it frisistysk fermidden fan dosinten (benammen oan de VU) en fan studinten oan ferskillende universiteiten. It begryp frisistyk waard dêr wat breder opfette as by de ‘klassike’ dosinten frisistyk, dat de YSF-konferinsjes besloegen mear domeinen en in bredere rekrutearring oan sprekkers, ek bûten it eigentlike Fryske fermidden. Dat spitste him ta op de konferinsjes fan 1972 en 1981 oer de skiednis fan Europeeske minderheidstalen (yn 1972 The position of the old relatively less influential vernaculars in Europe in the 16th and 17th centuries: Welsh, Oksitaansk, Katalaansk, Platdútsk, Frysk; en yn 1981 The less influential vernaculars in Europe and Romanticism in the 19th century: Flaamsk, Westerlauwersk Frysk, Noardfrysk, Iislânsk, Faeröersk, Baskysk, Skotsk Gælic, Welsh, Oksitaansk, Katalaansk). Oanlieding ta it organisearjen fan dy konferinsjes mei meast sprekkers út de ferskillende behannele gebieten sels wie de needsaak fan ferliking tusken de ûnderskate minderheidstalen en de breklikens fan de ynformaasje oer de ferskillende mindertallen yn besteande hânboeken. Dat der wie ferlet fan op
De stelling dat der wittenskip mooglik is sûnder ideology is wittenskiplik net hâldber. taal (Drachten 1969) fuortkommen. It materiaal foar dat ûndersyk wie basearre op de antwurden op in mânske fragelist, dy’t oan 800 persoanen fan 12 jier en âlder ôffrege wie. Datsoarte fan taalsosjologysk ûndersyk yn Fryslân hat, sa’t út de hjirboppe oanhelle skiednis bliken docht, yn guon opsichten fier wei komme moatten. Mar yn 1984 kaam dan dochs de opfolger fan Pietersen út: Taal yn Fryslân fan D. Gorter, G.H. Jelsma, P. v.d. Plank en K. de Vos. Dat ûndersyk wie allyksa basearre op antwurden op in mânske enkête, ditkear foarlein oan 1126 ynformanten boppe de 12 jier. De slimste bangens op it stik fan de ‘eksplosive eleminten’ yn sa’n enkête en de frees foar de net-neutralens fan it ynstitút ‘Frysk’ wiene ûnderwilens wat saksearre, en it stellen fan de fragen rûn dêrtroch wat makliker en der koe mear op it stik ôf frege wurde. Troch de stipe fan de Akademy en de ynbêding fan it ûndersyk yn de wurkmienskip Sociolinguistiek fan de Stichting Taalwetenschap fan ZWO wiene ek de tûkelteammen op it stik fan de ynfrastruktuer sa’t dy by Pietersen in rol spile hiene, foar dit ûndersyk ûndertusken net mear aktueel.
ferskillende soarten fan taalsosjology/sosjolingwistyk In oar domein fan de frisistyk wie de útwindige taalskiednis, dêr’t al folle earder – al foardat de universitêre frisistyk goed fan de grûn kommen wie - omtinken foar west hie. Foar Klaas Fokkema, dy’t fan 1949 ont 1967 heechlearaar west hat oan de VU, wie dat ien fan de swiertepunten fan syn wittenskiplik wurk. Yn dy
dy mêden kundige sprekkers dy’t de sitewaasje fan binnenút koene. Njonken it globale ûndersyk mei help fan it statistysk ferwurke troch ynformanten rapportearre taalgebrûk dat him konsintrearre op de (rapportearre) taalkar, hat Durk Gorter yn syn dissertaasje fan 1993 sjoen nei it troch himsels waarnommen taalgebrûk tusken siktary-amtners en ynwenners, dêr’t de sosjale faktoaren, de taalhâlding, de machtsfaktoaren en de ynfloed fan it offisjele taalbelied yn har wikselwurking oan de oarder komme. De sosjale en de talige aspekten wurde dêr yn har ûnderling ferbân besjoen en de alles behearskjende dominânsje fan de macht en de machtichste taal wurde dêrmei namste dúdliker. It ûndersyk nei fariaasje en ûntwikkeling yn Fryske sandhiferskynsels yn Boarnsterhim (1987), hie in dúdlik talich útgongspunt. De dêr bestudearre ferskynsels is de taalbrûker him ornaris minder bewust fan, en krekt dêrom wie it ûnderwerp o sa gaadlik foar neiere bestudearring. Net allinne de fariaasjes yn it Frysk, mar ek dy yn it Hollânsk fan de ynformanten waarden besjoen. Dêrby die bygelyks bliken dat jongeren it Frysk Frysker útsprieken en it Hollânsk Hollânsker, wylst it Frysk en it Hollânsk fan de âlderein mear opinoar like. Yn oare ûndersiken leit de klam op it mear of minder Hollânske karakter fan it sprutsen Frysk, op de ynterferinsjes út it Hollânsk wei sis mar. Yn syn stúdzje oer ‘Min Frysk’ Een onderzoek naar het ontstaan van transfer en ‘code-switching’ in gesproken Fries ûndersocht Bo Sjölin yn 1976 it troch ynterferinsjes beynfloede sprutsen Frysk. Oer de ferklearring en
20
de Moanne
metoade fan beskriuwing fan dy ynterferinsjes wiene de opfettingen fan de taalkundigen ferskillend. Ek de Grinzer frisisten Germ de Haan en Pieter Breuker rjochtsje har yn de njoggentiger jierren benammen op de bestudearring fan de ynterferinsjes yn it Frysk.
wittenskip en ideology
21
De kar fan de ûnderwerpen fan stúdzje by de ferskillende frisisten hinget fansels gear mei de ideologyske en wittenskiplike foarkar fan de ûndersikers. Yn it histoarysk oersjoch fan de ûntjouwing fan de frisistyk dat ik hjirboppe jûn ha, kaam dat al nei foaren. De measte frisisten út de ‘begjintiid’ mienden dat bestudearring fan taal- en letterkunde ‘objektyf ’ barre moast en dat hja mei it ynheljen fan it sosjale elemint bleatleine foar ‘subjektiviteit’. Mar de praktyk fan de Fryske taalsitewaasje en it taalbelied twong ek de wittenskippers in oare wei op. Dêr wurdt de beoefening fan de frisistyk net makliker fan. Wa’t de frisistyk beoefenet, sil net allinne wittenskiplik kieze moatte op it stik fan teory en metoade, hy sil ek in ideologysk útgongspunt kieze moatte, net om it wittenskiplik op in sêft sin te setten, mar wol om it Frysk in dúdlik plak te jaan tusken taal en dialekt, tusken dominante en net-dominante taal, of om mei Halbertsma te sprekken tusken skriuwtaal en folkstaal. Earst mei sa’n útgongspunt kinne it Frysk en de posysje fan it Frysk mei de nedige nuânses beskreaun wurde, earst dan hat de taalkundige de nedige observaasjemooglikheden. As men jinsels dy mooglikheden troch in ûngelokkige probleemstelling en/of in ferkearde terminology ûntnimt, is de skea amper mear yn te heljen. Hjir leit in prinsipieel probleem. Guon taalkundigen dy’t it Frysk leaver inkeld as in dialekt beskriuwe wolle, binne fan betinken dat taalkundigen dy’t it Frysk as in minderheidstaal beskriuwe, ideologysk en net wittenskiplik dwaande binne. Sa’n ûnderskie tusken wittenskiplik en ideologysk is ryklik ienfâldich. In minske tinkt net - kin net tinke - sûnder in ideologysk útgongspunt. Wa’t in taal bestudearret, hat op syn minst in foarsprong as er dy taal sels ken, en dy kennis is mei beskiedend foar it objekt taal dat er bestudearret. Dat útgongspunt ûntkomt gjin minske oan; de wittenskiplikens fan syn ûndersyk hinget fan hiel oare dingen ôf, bygelyks de suverens fan materiaalsamling en riddenearring, it opfolgjen fan metoadyske foarskriften, it kiezen fan gaadlike techniken, ensfh. De stelling dat der wittenskip mooglik is sûnder ideology is wittenskiplik net hâldber. De hjir oantsjutte problematyk makket it namste nuttiger en nediger om ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan de frisistyk te konsintrearjen yn in fermidden dat de problematyk fan binnenút ken en dêrmei yn steat is om de ferskillende mooglikheden fan observaasje te brûken en de ûnderskate nuânses yn it ûndersyk oan te bringen. En út de Fryske sitewaasje wei leit ek de oergong nei de bredere problematyk fan de Europeeske mindertallen navenant mear yn ’e reden.
en wat noch mear? Fansels moat sa’n ynstitút, sa’t dat hjir sketst is, noch gâns mear te bieden ha as de taal- en letterkunde yn sosjaal perspektyf, mar it
/
like my nuttich ta om mei de hjirboppe beskreaune problematyk út ein te setten. Dy stiet nammentlik sintraal yn myn argumintaasje foar nut en needsaak fan sa’n spesjalistysk ynstitút en dy soe ek sintraal stean moatte yn de ynhâld dêrfan. Fansels sil ek de Fryske taal- en letterkunde yn dat ramt in goed plak ha moatte. Mar it ûndersyk sil breder opset wurde moatte as inkeld nei de prinsipiële begjinsels fan de posysje fan taal en letterkunde by mindertallen. Om in goede yndruk te krijen sil der ek yngeand stúdzje dien wurde moatte nei de konkrete taal- en letterkunde fan guon mindertallen. Dy útwreiding yn de breedte liket my hiel belangryk en nedich ta. It belang fan fierder ûndersyk yn it fiere ferline fan bygelyks Aldgermaansk en Yndo-europeesk (= Yndogermaansk) hinget foar in grut part ôf fan posysje en belangstellingssfear by de ferskillende mindertallen sels. By it Frysk ha it Aldfrysk en it Aldgermaansk fan âlds de tagongspoarte foar de stúdzje Frysk west en dy talen nimme dêrtroch noch altyd in navenant foarnaam plak yn. Ik soe my fierder foarstelle kinne dat bygelyks yn de Baskyske taalkunde, yn ferbân mei it aparte karakter fan de taal, de ynteresse foar hiel âlde taalstadia hiel grut is, en dat dy belangstelling by oare mindertallen wer op hiel oare punten konsintrearre is. It útgongspunt bliuwt foar my de taal- en letterkunde fan mindertalletalen yn sosjaal perspektyf en yn har histoaryske ûntjouwing. Wat dat oangiet liket my bygelyks it sicht op de midsieuske taal, de ynfloed fan de Reformaasje op de ûntjouwing fan taal- en letterkunde of de groei fan it selsbesef en it taalbesef navenant belangriker ta as de skiednis fan it hiel âlde en hypotetyske Yndo-europeesk. Alles byinoar bin ik fan betinken dat in universitêr ynstitút sa’t Lammert Jansma dat bedoelt, foar Fryslân – en foar de mindertallen yn it algemien - in goed ding wêze soe en it tinken oer it Frysk en de Europeeske mindertallen wer in eintsje foarúthelpe koe. Dêrby is it fan grut belang dat der kundige dosinten en ûndersikers by behelle wurde, dy’t guon mindertallen – en de problematyk yn it algemien - fan binnenút kenne, wittenskiplik de nedige statuer ha en de saak op gong krije en hâlde kinne. Dêrby sille uteraard ek krêften fan bûten de Akademy en bûten Fryslân net mist wurde kinne. Wy moatte net tinke dat sa’n inisjatyf maklik realisearre wurde kin en fansels giet.
klaas jansma
It folk mist de wittenskip Fan ’e hjerst ferskynde in Steatebibel-tsjok skiedniswurk oer de rige doarpen noardeastlik fan It Hearrenfean: Terbant, Tsjalbert, Lúnbert en Gersleat. In boek oer de skiednis fan dy doarpen, om krekter te wêzen. It is in bysûnder wurk foar de leafhawwer en der stiet in almeugend soad yn. Mar it mist de dissipline en it oersicht fan de histoarikus; ien as Johan Frieswyk bygelyks hie moai wat gatten stopje kinnen en guon skriuwers oanfiterje ta gruttere prestaasjes. Neffens Siebe Siebenga fan ’e útjaande wurkgroep hat it wurk gjin histoarysk-wittenskiplike pretinsje. De redaksje hat der net
iens op sind om der ris mei nei de Akademy ta te gean, sei er. Sa hat in boeiend boekwurk in wiffe status krige – wat om mear as ien reden spitich is. Der wurdt op ’t heden in soad sneupt en dien, gauris wurk dat tsjin ’e histoaryske en sosjale wittenskip oan hinget, en dat der mei in bytsje begelieding in grutte ferriking fan wêze koe. Nim it ûnbidige skipsargivearringsprojekt fan Sicko van Albada: dy sit alle dagen yn ’e argiven om te sneupen. Sjoch wat Jan Post mei syn eigen kurieuze publikaasjes bewrot, gewoan om’t er syn Grutte Gelyk oer de Fryske midsieuwen oanienwei troch bewize
de fryske akademy nei de earste útwreiding. rjochts is noch de levertraanfabryk fan draaisma van valkenburg
22
de Moanne
wol. It tilt hjir op fan klubs om âldheidkeamers en musea hinne, dy’t gauris heal en dûbeld wurk dogge. Trije houtbouprojekten yn Fryslân. In skûtsje-, in skipfeart- en in feanwinningsmuseum. Aldheidkeamers by de rûs, guon mei mear as gewoane frijwilligers. Men wurdt as boekbesprekker bedobbe ûnder útjeften fan sneupers mei in niget dy’t djipper stekt as hobby. Geregeld moat men dan mei lichte teloarstelling fêststelle dat it mei al dy ynset en enerzjy krekt net wurden is wat it wêze kinnen hie. Ik ha in planke fol miste kânsen by myn hoeke Frysk.
23
In moai skoft hat de Fryske Akademy de ynstânsje west dêr’t sokke inisjativen mei leafde op-, oan- en bytiden oernommen waarden. Dat wie ien fan de funksjes dy’t de fiif leden fan de Provinsiale Underwiisrie op 30 maaie 1938 foar eagen stie doe’t hja de stjit joegen ta it oprjochtsjen fan in ‘Fryske Akademy fen Wittenskip’. Frou Anne van der Minne-Buma en de hearen G. Wumkes, J.H. Brouwer, J. Botke en W. Kok fûnen de moeting fan gelearde autodidakten en profesjonele wittenskipslju sa wichtich dat hja de oare deis it epiteton ‘fen Wittenskip’ ferfalle lieten. It wie in professor, Brandsma, dy’t útstelde om dy beide wurden mar te skrassen om it iepen karakter oan te jaan. Sûnt hawwe net- en heale wittenskipslju har yn it waarme broeinêst fan it Coulonhûs ûntjaan kinnen, of de kwaliteit fan har wurk dêr gâns ferbetterje litten. De sneuper-sjoernalist Sytse Jan van der Molen hat mei stipe fan lju fan de Akademy witwat bydroegen ta de Fryske folkskunde, de skiedskriuwing en ek de nammekunde. Hy hie dêr in poadium foar publikaasjes dy’t fierder gyngen as krantewurk, en de akseptaasje fan him as sjoernalist troch minsken mei titels sil him net in lyts bytsje oantrune ha om sân dagen yn ’e wike yn ’e boeken om te slaan. It grutte ljocht fan ’e Ouwer, Roel Piters de Jong, hat troch wittenskipslju fan de Akademy sels twa sitten op ’e Fryske Olympus fertsjinne. Ype Poortinga hat him yn ’e iere santiger jierren as masterferteller fan folksferhalen ferivige. En J.J. Spahr van der Hoek hat him yn 1982 holpen om fan de lokale skiedskriuwing oer De Ouster Trijegeaën (Fryske Akademy nr. 608) in foarbyld te meitsjen dat spitigernôch mar op in pear plakken op sa’n nivo werhelle is. Dat lei him oars net oan Spahr van der Hoek, want dy hat wat sneupers oer stroffelpaden hinne holpen. Mei dêrtroch binne frijwat weardefolle geakundeboeken en streekhistoarjes yn it Frysk ferskynd, wat it Frysk taalgebrûk net in bytsje besterke. It wie mei dy konfrontaasje fan yntellektuele nivo’s en sfearen oars net altyd winst. Der binne ek wolris publikaasjes ferskynd mei in Akademy-stimpel en -nûmer dêr’t men jin fan ôffreget hoe’t se dat yn ’e goedichheid hân ha. Dr. Klaas de Vries wie as wittenskiplik Akademy-direkteur kenlik in royaal man: in yn Fryslân seldsume kwaliteit, dy’t ek wolris in skaadkant hie. It wurk dat it Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy yn ’e lette sechstiger jierren en de iere santiger jierren die, soe Lammert Jansma no tink mei rjocht net mear foar syn ferantwurding nimme – hoe nuttich dat doe foar de twatalige skoallen ek wie. It hie nammers mear mei Fryske beweging en ûnderwiispraktyk te krijen as mei it grinsferkear tusken sneuperswurk en wittenskip.
/
Soksoarte hybride ferskynsels binne no seldsum; dêr binne oare ynstituten foar. It liket derop dat dingen al gau te triviaal binne foar de Fryske Akademy. It kontakt mei de deistige Fryske praktyk is der fansels wol, yn ûndersyk, middeispetearen en publikaasjes. Mar men komt Akademy-lju yn funksje mar in bytsje yn it frije fjild tsjin. En dan is it ek al riskant, sa’t lêstendeis bliken die út lêbich praat fan Jelle Breuker oer ûndersyk nei taalgedrach, dat sosjaal winsklike resultaten opsmiten ha soe. Of, oar foarbyld, út de duorsume, deprimearjende debatten oer de ûnderwiisefterstân fan Fryske bern, oantoand troch Bernie van Ruijven. Sels it Akademy-blêd It Beaken liket no sokke skerpe kritearia te hantearjen dat se lêstendeis yn ’e nûmering noch fierder efterleine as De Moanne. Se bringe skynber leaver gjin nûmers út as sjoernalistykeftige opstellen op te nimmen. Mei troch in skerpere konsintraasje op wittenskiplike kwaliteit as op wurk ta nut fan it algemien, de Fryske maatskippij, docht it wûndere feit him foar dat by fisitaasje de Fryske Akademy oer alle boegen ‘eksellint’ blykt te wêzen, mar troch minsken as Siebenga fan Tsjalbert net kend wurdt. It skynt dat de hjoeddeiske lieding fan de Akademy dat ek wol goed fynt sa. It ferrassende perspektyf dat earder fan ’t jier iepenbiere waard, leit yn in soarte fan ‘Minderheden-Universiteit’. En dus net, om mar wat te neamen, in moetingsplak foar alle Fryske stúdzje, in Iepen Fryske Universiteit mei byhearrende titulatuer (‘Master yn Fryske Stúdzje’ as fantasijtitel bygelyks), net in mastersneuper-ynstelling, net in begeliedingsorgaan fan al dy hûnderten dy’t alle frije oeren mei harren eigen ûndersyk oan ’e gong binne. Wêrom hawwe net twa, trije Spahr van der Hoekennije styl dêr deiwurk oan? Mei behâld fan it kwaliteitstinken fan ’e hjoeddeistige Akademy-lieding mocht it aspekt fan brûken, begelieden en opwouterjen fan sneuperstalint ûnder it folk wol ta nije bloei komme. It leit ek sa ticht by wat by Tresoar mear praktysk út ’e wei set wurdt, dat men it suver mist. It folk mist de wittenskip ûnbewust like bot as de wittenskip it folk.
Germ de Haan: ‘Leeuwarden kan nooit de infrastructuur van een universiteit bieden’ karin de mik
Te ambitieus, wonderlijk en curieus. Professor dr. Germ de Haan van de Faculteit der Letteren aan de Rijks Universiteit Groningen (RUG) is weinig enthousiast over de plannen van de Fryske Akademy om een internationale mastersopleiding Europese minderheidstalen en -culturen op te zetten. De Akademy heeft daarvoor te weinig expertise in huis, denkt hij. In een onderzoeksmastersopleiding Oud Fries en Friese taal- en letterkunde, wat de Akademy ook wil, ziet hij evenmin veel heil. Veel studenten zal men niet trekken, voorspelt hij. ‘Leeuwarden kan nooit de infrastructuur van een universiteit bieden.’
Germ de Haan (Heerenveen, 1944)is sinds 1991 hoogleraar Fries aan de Faculteit der Letteren van de Groningse Universiteit. Hij studeerde Nederlands in Groningen en werkte na zijn doctoraal examen zo’n twintig jaar als wetenschappelijk medewerker aan het Instituut voor Algemene Taalwetenschap van de Universiteit van Utrecht. Vanaf 1986 was hij daar bijzonder hoogleraar Fries. De Haan is sinds 2001 ook decaan van de Groninger letterenfaculteit.
foto: jan koster
24
de Moanne
/
25
faculteit der letteren in groningen
Vooropgesteld: de samenwerking met de Fryske Akademy is goed, zegt prof. Germ de Haan. En de contacten met de Akademy zijn ‘prima’. Het ‘Fries’ in ‘Groningen’ stelt bijvoorbeeld gedigitaliseerd materiaal beschikbaar aan Akademy-medewerkers die samen met de Groninger frisist Oebele Vries een woordenboek oud-Fries samenstellen. Wat De Haan betreft zou de samenwerking zich nog verder kunnen ontwikkelen. Maar dan wel op voet van gelijkwaardigheid. ‘We zouden elkaar nog meer kunnen aanvullen.’ De Haan gunt zijn collega Lammert Jansma van de Akademy diens gunstige visitatie. Vorig jaar kreeg de Fryske Akademy het predikaat ‘excellent’ van een internationale visitatiecommissie. Maar in de plannen directeur Lammert Jansma van de Akademy om in de Friese hoofdstad drie gespecialiseerde mastersopleidingen op te zetten (Europese minderheidstalen en –culturen, Oud-Fries en Friese taal en letterkunde red.) ziet hij niets. Binnen vijf jaar moet er aan zo’n gespecialiseerd instituut als de Fryske Akademy een dergelijke opleiding van de grond zijn
gekomen. Daarmee zou Friesland weer een universitaire opleiding in huis hebben en zou een lang gekoesterde wens van zowel Jansma als de provincie Fryslân in vervulling zijn gegaan. De toekomst is aan deze gespecialiseerde mastersopleidingen, weet Jansma. In de nieuwe opzet van het universitair onderwijs is er een driejarige bachelorsopleiding en vervolgens een mastersopleiding van een à twee jaar (het huidige doctoraal). Het idee is om studenten na een algemene driejarige opleiding aan de universiteit, naar de Akademy te lokken waar ze zich vervolgens kunnen specialiseren op de drie genoemde vakgebieden. De weg ernaar toe is moeilijk, beseft Jansma. Er moeten fondsen worden geworven en de minister van Onderwijs moet toestemming geven. En daar zit hem nu net de crux, vindt Germ de Haan. ‘Want als je een mastersopleiding hebt, heb je nog geen universiteit.’ En een universitair klimaat is essentieel voor een goede mastersopleiding. ‘Het werken aan een universiteit heeft voordelen, ik praat met taal- en letterkundigen van andere talen en bevind me niet in een klein, naar binnen gericht wereldje.’ En
26
diskusje oer de frisistyk oan de grinzer universiteit. spotprint fan willem hielkam, 1930.
dat nu, verklaart De Haan, zal Leeuwarden altijd achter hebben op Groningen. Studenten hebben veel contacten binnen de faculteit en dat werkt positiever op de opleiding dan wanneer ze alleen ‘in dat kleine Friese wereldje’ zitten. Nee, De Haan ziet een aparte mastersopleiding in Leeuwarden niet van de grond komen. Daarvoor zal zo’n opleiding
verstandig er een te beginnen’, stelt hij. ‘Als je dat wel doet, dan ga je onverstandig om met gemeenschapsgelden.’ Want waarom zou je een opleiding opzetten, terwijl er 50 kilometer verderop een plek is waar je al Fries kunt studeren? vraagt De Haan zich af. ‘Wij hebben nu de enige bachelor- en mastersopleiding Fries van Nederland. Ik kan me voorstellen dat de Minister niet nog een
‘Vorig jaar kreeg de Fryske Akademy het predikaat ‘excellent’ van een internationale visitatiecommissie’. eenvoudigweg te klein zijn, voorspelt hij. ‘Wij hebben momenteel maar acht a negen hoofdvakstudenten Fries. De groep die geïnteresseerd is in de Friese taal is klein. Een reden is dat de economische perspectieven van afgestudeerden niet groot zijn. Voor nog een opleiding Fries is geen ruimte. Die zal dan ook weinig studenten trekken. Het achterland van Leeuwarden is te klein. De belangstelling zal nihil zijn en daarom lijkt het me niet
opleiding wil financieren.’ En zo ja, dan ziet de toekomst van het Fries in Groningen er niet gunstig uit, is zijn vrees. ‘Dan zal ons College van Bestuur kunnen redeneren dat ze deze opleiding niet meer hoeft te betalen. Want er moet hier nu al geld bij, omdat er zo weinig studenten zijn.’ Meer ziet hij in een hechtere samenwerking met de Fryske Akademy. ‘Ik ben al tien jaar bezig, maar de pogingen blijven
de Moanne
/
Lammert Jansma: ‘Fryske Akademy heeft geen politieke missie’
27
Directeur Lammert Jansma van de Fryske Akademy is gevraagd te reageren op enkele uitlatingen van Germ de Haan. Onnodig te zeggen dat hij die betwist. Jansma beklemtoont dat zijn 35 wetenschappelijk medewerkers en onderzoekers wel degelijk de expertise in huis hebben om een masteropleiding vergelijkende Europese minderheidstalen en andere masters op te zetten. Doet de Akademy immers niet al jaren vergelijkend onderzoek naar de positie van de Europese minderheidstalen? En is Durk Gorter niet de deskundige bij uitstek in ons land op dit gebied? De door De Haan aangemerkte minderheidstalenuniversiteit ‘Euroculture’ noemt Jansma ‘heel globaal’. Dat de voertaal op zijn instituut Fries is, kan en wil Jansma uiteraard niet ontkennen. ‘We zitten hier in een tweetalige gemeenschap. Maar het zal duidelijk zijn dat als we de mastersopleiding van de grond krijgen ook Engels of Nederlands als voertaal zullen worden gebruikt.’ Dat kan ook niet anders, omdat studenten internationaal gerekruteerd worden, stelt hij. Wat hem stoort is De Haans uitlating over de taalpolitieke rol die de Akademy zou spelen. Hij noemt die ‘heel gezocht en een beetje zielig’’ en spreekt van een ‘kromme redenering. ‘Wij hebben geen politieke missie en geen enkele politieke ambitie. We doen wetenschappelijk onderzoek. Daarom maakt de Akademy ook deel uit van de nationale wetenschapskoepel de KNAW. Maar als we een woordenboek Fries maken, doen we dat toch niet ten faveure van het Fries, om de taal te bevorderen? Dat is toch onzin. Zoiets zeg je toch ook niet tegen iemand die een Nederlands woordenboek maakt? Dat hij zo de positie van het Nederlands wil bevorderen?’ Kan iemand die een positieve attitude heeft ten opzichte van het Fries geen Fries onderzoek doen? Moet dat dan iemand zijn met een anti-Friese houding?’
Nee, Jansma onderstreept dat de Akademy een onderzoeksinstituut is dat gebonden is aan wetenschappelijke waarden en normen, zoals objectiviteit en bovendien openstaat voor wetenschappelijk debat. ‘Al onze onderzoeken zijn publiek toegankelijk.’ De Akademy zou toch nooit van een internationale wetenschapscommissie een lovend judicium hebben kunnen krijgen, als het onderzoek geen kwaliteit zou hebben, meent hij. ‘En juist die commissie doet de aanbeveling tot het instellen van gespecialiseerder masters’. Wat betreft de door De Haan voorspelde geringe animo voor de mastersopleiding aan de Akademy merkt Jansma op: ‘Ik heb niet de illusie dat we horden studenten trekken, maar dat is ook niet de opzet. Maar als de universiteiten de bachelors opleiden, kunnen ze voor hun onderzoekmasters naar Leeuwarden. Dan zit je meteen in het mekka van het onderzoek naar de Friese taal en cultuur, steeds van uit het vergelijkende perspectief. Bij ons vind je de beste mogelijkheden om onderzoek naar het Fries plaats te doen, gezien al onze lange termijn projecten. Je kunt hier ‘training on the job’ doen. Laat ze elders instromen en bij ons gespecialiseerd uitstromen.’ Dat de Akademy te veel naar binnen zou zijn gericht en duidelijk een universitair kader ontbeert, kan Jansma al evenmin beamen. ‘Het gaat hier immers om onderzoeksmasters’. Verder merkt hij op dat de Akademy nadrukkelijk internationaal is georiënteerd. ‘Ik heb geld vrijgemaakt om medewerkers in het buitenland internationale congressen te kunnen laten bijwonen. Ik zie daar nooit mensen van het Frysk Instituut. We organiseren overigens zelf ook internationale congressen in het Aljemint. En natuurlijk publiceren we behalve in het Fries, ook in het Engels, Frans, Duits en Nederlands.’
vruchteloos.’ Hij vermoedt dat men aan de Akademy van oordeel is dat ‘Groningen’ dan maar naar Leeuwarden moet worden overgeheveld. ‘De Fryske Akademy claimt het alleenrecht in onderzoek naar en onderwijs in de Friese taal.’ Merkwaardig, want Jansma c.s. zouden via het ‘Fries’ in Groningen gemakkelijk toegang kunnen krijgen tot de universitaire wereld. ‘Hij zou zijn
naar minderheidstalen, het sluit niet of nauwelijks aan bij het Fries.’ Mastersopleidingen dienen nauw verweven te zijn met wetenschappelijk onderzoek. De kernvraag is dan of de Fryske Akademy gezien kan worden als een internationaal onderzoekscentrum op het gebied van Europese minderheidstalen. Mijn oordeel is van niet. De jaarverslagen van
‘Want waarom zou je een opleiding opzetten, terwijl er 50 kilometer verderop een plek is waar je al Fries kunt studeren?’ personeel hier bijvoorbeeld les kunnen laten geven’, oppert De Haan. ‘Er zitten tenslotte ook medewerkers van hem in Leiden en Amsterdam.’ In de opzet van een mastersopleiding Europese minderheidstalen en culturen aan de Akademy ziet hij evenmin veel heil. ‘Daar hebben ze aan de Akademy de expertise niet voor’, is zijn oordeel. ‘Ze doen ook geen wetenschappelijk onderzoek
de Fryske Akademy laten zien dat er op dit gebied slechts incidenteel wetenschappelijk onderzoek plaatsvindt. En dan versta ik onder wetenschappelijk onderzoek niet het documenteren van onderzoek, noch het publiceren van samenvattingen van onderzoek van anderen.’ Bovendien klopt de claim van de Akademy om de eerste universitaire opleiding Europese minderheidstaal- en cultuur op te
28
academiegebouw rijksuniversiteit groningen
zetten, niet, onderstreept De Haan. ‘Zo hebben wij in Groningen een internationale mastersopleiding ‘Euroculture’, waarin we onder meer samenwerken met universiteiten uit Duitsland, België, Zwitserland, en Schotland, waarin we volop aandacht besteden aan Europese minderheidstalen en -culturen. ‘Fries’ doet
te bestuderen? Hij betwijfelt het. ‘Daar zou je eerst marktonderzoek naar moeten doen.’ Daar komt bij, geeft De Haan aan, dat het toch ‘merkwaardig’ is dat op een Europees wetenschappelijk instituut de voertaal Fries is. Maar het echte probleem van de Akademy, aldus De Haan, is
‘Je kunt je afvragen of ze voldoende distantie in acht nemen en niet te dicht bij hun onderzoeksobject zitten’. mee aan die mastersopleiding.’ In Utrecht is een mastersopleiding ‘Euroculture’, een ‘University College’ minderheidstalen, waar zeven internationale universiteiten samenwerken, waaronder die van Spanje, Zweden en Gent. Wij verzorgen daar overigens colleges Fries voor.’ Een in Leeuwarden gesitueerd Europees expertisecentrum van minderheidstalen vindt De Haan getuigen van een ‘hoge ambitie’. Te ambitieus, verklaart hij. Zouden studenten die geïnteresseerd zijn in het Bretons of Baskisch naar Leeuwarden gaan om die taal
dat het instituut een ‘taalideologische rol’ speelt. ‘Ze willen de Friese taal en cultuur bevorderen en die taalpolitiek staat mijns inziens op gespannen voet met hun wetenschappelijke rol. Je kunt je afvragen of ze voldoende distantie in acht nemen en niet te dicht bij hun onderzoeksobject zitten.’ Een voorbeeld dat De Haan noemt is het onderzoek dat de Akademy eens in de tien jaar doet naar de positie van het Fries in de provincie. ‘De uitkomsten wijzen op een stabiele positie van het Fries, terwijl alles op het tegendeel wijst. Ze houden zo’n onderzoek voor de beleidsmakers,
de Moanne
29
de provincie, die hen ook deels betaalt. Dat is voor de Fryske Akademy een lastige positie.’ In dit verband wijst de Groningse hoogleraar Fries op een artikel van de hand van H.M. Jolles ‘Het Fries als wetenschappelijk domein.’ (1992) die schrijft dat de Fryske Akademy ‘niet zonder meer’ gezien kan worden als ‘natuurlijke vestigingsplaats’ voor wetenschappelijk onderzoek naar het Fries. ‘Zij (de Akademy red.) laat zich ter zake van de politieke strijd om het Fries ook niet onbetuigd.’ Jolles wijst op ‘de erkenning midden jaren zeventig van het Fries als verplicht leervak in het basisonderwijs, aan het gebruik van het Fries in ambtelijke stukken en bestuurlijke gremia en aan de tweetalige plaatsnaamborden. Volgens Jolles kun je om deze redenen de Akademy niet uitsluitend zien als ‘afstandelijk wetenschappelijk centrum’, hoeveel waardering zij ook verdient ‘voor het vele onderzoekswerk (..) op taalkundig, lexicografisch en grammaticaal gebied.’ De Haan sluit zich bij Jolles’ mening aan. Hij wijst op publicaties die erop wijzen dat het Fries in Friesland een levendige spreek- en schrijftaal is. De Haan: ‘Als spreektaal klopt dit, maar als schrijftaal leeft het Fries nauwelijks. Neem de Friese les op basisscholen. Ouders en docenten zien het nut er niet van in en zijn niet gemotiveerd, maar toch blijft het gewoon bestaan.’ Ook de vertaling van beleidsstukken van gemeenten, waterschappen en provincie in het Fries vindt hij weinig zinvol. ‘Daar bevorder je de positie van het Fries niet mee.’ Hij wijst erop dat een van de belangrijke doelstellingen van taalpolitiek is: codificatie, dat wil zeggen, het vastleggen van de taal in kwestie door het maken van woordenboeken, grammatica’s en spellingsafspraken. De Haan: ‘Op al deze terreinen is de Fryske Akademy actief of actief geweest. Dat Jansma dat zelf overigens ook weet blijkt uit het volgende. In 1999 is door de Fryske Akademy in opdracht van het Ministerie van Binnenlandse Zaken een rapport opgesteld over de uitwerking van het Europees handvest voor minderheidstalen in Nederland. In bijlage 5 van dat rapport wordt een lijst gegeven van instellingen ‘die gericht zijn op de bescherming en ontwikkeling van de Friese taal’. Wie staat onder 2.2. op die lijst? Jazeker, de Fryske Akademy.’
buitenpost
/
Hoog geprezen
coen peppelenbos
Als het Nederlands elftal speelt dan ga ik een goed boek lezen. De vreugdekreten in de buurt, of de blijken van afgrijzen, die opklinken zorgen er wel voor dat ik op de hoogte blijf van de stand. Soms knip ik na massaal geschreeuw de tv aan om de herhaling van een doelpunt te zien. Wedstrijden zouden alleen maar uit goals mogen bestaan om mij te kunnen vermaken. Maar van het gepraat na afloop over wat er had kunnen gebeuren als, en indien die dat had gedaan dan zus, daar kan ik echt van genieten, want dat gaat tenminste weer over fictie. Zo vergaat het me ook met de Friese literatuur. Ik houd het niet bij, ik lees het niet, maar als er een doelpunt valt dan kijk ik op. Willem Tjerkstra wint de Gysbert Japicxpriis 2003. Leuk, denk je, en van harte gefeliciteerd. De tv kan weer uit. Maar het duurt niet lang of het literaire nakaarten begint. Van de discussie die is ontstaan snap ik helemaal niets. Het komt in feite op drie punten neer. De schrijver schijnt christelijk te zijn (en dan schijn je automatisch geen literatuur meer te schrijven). Het boek Ridder fan Snits behoort niet tot de literatuur (maar ik zie verdomd weinig steekhoudende argumenten om het boek af te wijzen in de stukken van de tegenstanders). Eigenlijk had Durk van der Ploeg de prijs moeten winnen (maar ja, toch hopelijk niet alleen vanwege diens leeftijd). Het lijkt me voor de Van der Ploeg, die uiterst hoffelijk de winnaar feliciteerde, een merkwaardig genoegen om door collega’s opgehemeld te worden, die een ander af zitten te zeiken. En je zult ook net zien dat ze bij de uitgeverij zijn vijftigjarig schrijversschap niet hebben gevierd: geen toespraak van Harry Mulisch, geen mooie gebonden deeltjes, laat staan een verzameld werk. Kortom: Durk moet in leven blijven en doorschrijven. En als hij de prijs weer niet wint zich troosten met de gedachte dat de beste schrijvers de Nobelprijs ook niet hebben ontvangen. Of zoals een supermarkt in mijn geboortedorp altijd adverteerde: hoog geprezen, laag geprijsd.
Waar staat Tryater?
hans brans
Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. Nu moet volgens Hans Man in ’t Veld het ‘Wolkom-festival’ ook niet zozeer gezien worden om hèm als de nieuwe Grote Roerganger van Tryater te verwelkomen, maar meer om iedereen spelers, makers en publiek - te verwelkomen in het gebouw. Een soort open uitnodiging om mee te komen denken en vooral werken aan het Friese toneel van de toekomst. Met het vertrek van de oude en de komst van een nieuwe artistiek leider staat Tryater op de drempel van een nieuw tijdperk. Niet dat de overgangen die dit toneelgezelschap in zijn achtendertigjarige geschiedenis doormaakte alleen bepaald werden door nieuwe kapiteins aan het roer, maar zo’n wisseling van de wacht is wel een moment om eens bij stil te staan. Waar staat Tryater nu eigenlijk en welke kant moet het op met dit in Nederland toch wel bijzondere beroepsgezelschap? Uniek is Tryater niet alleen omdat het in het Fries speelt, maar ook omdat het veel meer dan andere regionale theatergezelschappen gebonden is aan een relatief klein gebied. In een nog steeds overwegend ‘landelijke’ provincie met minder inwoners dan Amsterdam moet het gezelschap niet alleen zijn toeschouwers vinden, maar ook haar ‘voeding’ moet grotendeels uit Fryslân komen: schrijvers van oorspronkelijk repertoire, vertalers, medewerkers, maar natuurlijk vooral spelers. Tot voor kort kwamen de meeste spelers voort uit het amateurtoneel en nog steeds bestaan er bijzondere banden tussen het beroeps- en het amateurtoneel in Fryslân. Maar door de toegenomen professionalisering van het gezelschap is die bron amper toereikend. Een toneelschool bestaat er niet in Friesland en vermoedelijk door de binding aan het Friestalige amateurtoneel zijn er relatief weinig jonge spelers die zich in Amsterdam, Utrecht of Maastricht professioneel laten scholen - en dan ook nog terug keren naar het ‘heitelân’. En als ze dat al doen, wat heeft het kleine Tryater ze dan te bieden? De voeding met nieuw talent was en is dan ook al geruime tijd de grootste zorg van het gezelschap. Na de oprichting door Pyt van der Zee, de ‘godfather’ van het Friese toneel, de consolidatie onder Thom van der Goot en de theatrale hoogstandjes onder Guido Wevers, bleek voor het eerst met artistiek leider Peter te Nuyl dat het nu gevestigde en erkende gezelschap met negen beroepsacteurs in vaste dienst niet alleen
een prachtige verworvenheid was, maar ook een struikelblok kon worden voor haar eigen toekomst. In de eerste vijftien jaar was er vooral hard gewerkt aan ‘professionalisering’. Dat resulteerde in een brede erkenning bij het Friese publiek, waarmee een band ontstond die in Nederland volstrekt uniek is. Ook vanuit de subsidiegever in ‘Den Haag’ werd die rol van Tryater onderkend. Met de professionalisering kwamen vaste contracten en een fatsoenlijke salariëring volgens de gangbare CAO. Maar hoe moest het gezelschap zich op den duur vernieuwen en verjongen? De eerste artistiek leider die de koe bij de horens wilde vatten was Peter ten Nuyl. Maar de plannen die hij begin jaren negentig op tafel legde, stuitten op zoveel weerstand dat dat hem ook meteen de kop kostte. Nadat de kruitdampen rond de ernstigste crisis in haar jonge bestaan waren opgetrokken bleek een onbarmhartige interimmanager een aantal pijnlijke maatregelen genomen te hebben. Het aantal vaste contractspelers was teruggebracht van negen naar zes, en na de pensionering van Romke de Leeuw uiteindelijk naar vijf. De ‘oude’ kern bestaat vanaf die tijd uit Klaasje Postma, Jan Arendz, Marijke Geertsema, Alie Bruinsma en Romke Toering, allemaal spelers vanaf de pionierstijd van Tryater. Spelers als Hilbert Dijkstra, Thijs Veenstra en later Tamara Schoppert traden ook onder Ten Nuyl af en toe naar voren als gastspeler, maar vanaf de tweede helft van de jaren negentig werden zij en anderen een soort ‘vast gastspelers’. Hiermee was een basis voor vernieuwing gelegd waarop Jos Thie als artistiek leider van Tryater vanaf 1995 kon voortbouwen. Onder zijn leiding ontwikkelde Tryater zich naar alle kanten. Met zijn grote theaterproducties (Abe, Peer Gynt, King Lear) bereikte hij niet alleen ongekende bezoekersaantallen, maar zette hij Tryater ook buiten de provinciegrenzen op de kaart. Ook de ‘gewone’ producties waren groter in aantal en trokken meer mensen. Daarnaast werd er veel meer gedaan op het gebied van
30
de Moanne
/
31
kindertheater en theater voor jongeren. Daarvoor werden nieuwe stukken geschreven en nieuwe regisseurs aangetrokken, meestal van buiten Fryslân, maar ook veel nieuwe spelers. Waar kwamen die spelers vandaan, want een Friestalige toneelschool was er niet? Sommigen hadden een opleiding gehad bij de Docent Drama opleiding van de Noordelijke Hogeschool Nederland, anderen kwamen vanuit het amateurtoneel, met name uit de Jeugdtheaterschool, die sinds 2001 buur van Tryater was in hetzelfde gebouw. De producties voor kinderen en jongeren vormden een terrein waar jonge spelers praktijkervaring konden opdoen. Niet dat voor die producties minder kwaliteit verlangd werd, maar het toneel voor jongeren vraagt nu eenmaal om jonge spelers. Bij de wisseling van de wacht lijkt Tryater er dus beter voor te staan dan ooit te voren. Wat moet de nieuwe artistiek leider doen om het succes van zijn voorganger te evenaren? Het is maar de vraag of dat de doelstelling is van Hans Man in ’t Veld. Als toneelman is hij van een totaal ander snit dan Jos Thie. Hij heeft betrekkelijk weinig ervaring als regisseur en al helemaal niet met grote spektakelstukken. Zijn achtergrond als speler (en later ook zakelijk leider) van het fameuze collectief het Werktheater in de jaren zeventig en tachtig heeft van hem eerder de man gemaakt van het bescheiden, op authenticiteit en oorspronkelijkheid gerichte spel. In de prachtige Dakar-trilogie die hij samen met oud-leerling Guido Kleene maakte en die als een soort visitekaartje ook tijdens het Wolkom-festival te zien was, kwamen die eigenschappen breeduit naar voren. Dit is een manier van toneelspelen - persoonlijk, kwetsbaar, speels - zoals dat in Fryslân toch niet veel te zien is geweest. Door zijn ervaring als hoofd van de Regie-opleiding aan de Amsterdamse Theaterschool, brengt Man in ’t Veld ook nog de nodige spelpedagogische ervaring mee. Een belangrijk onderdeel
van het festival waren dan ook de workshops die door hemzelf en anderen gegeven werden. Meteen bij de start heeft hij voor regie, voor spel en vormgeving al een groot aantal jonge talenten aan zich weten te binden. Zelden zag ik bij de opening van het festival - anders toch meer een gelegenheid van gedistingeerd grijs - zoveel nieuwe en vooral jonge gezichten. ‘Nij yn Fryslân’ was de reclamespreuk die als motto aan het festival hing. Is wat je van ver haalt lekker en wat nieuw is goed? Man in ’t Veld werpt de suggestie verre van zich dat de ‘oude’ achterban van Tryater niet meer aan zijn trekken zou komen. Zijn opdracht van het bestuur is verjonging en vernieuwing. Vandaar dat hij ook actief de samenwerking zoekt met De Jeugdtheaterschool, met FRATS (de Fryske Amateur Teater Skoalle) en met de Docent Drama opleiding van de NHL. De Vijverschool - het onderkomen waar Tryater zo lang voor gevochten heeft - kan zijn naam eer aan doen als kweekvijver voor nieuw talent èn voor nieuwe theatervormen. Het Wolkom-festival was daarvan een voorproefje. Een voorstelling als ‘De sin fan it libben’ of de reading van vier nieuwe eenakters trekken niet alleen een klein, deels nieuw publiek dat een meer dan gemiddelde interesse heeft voor het experiment en het nieuwe, maar het zijn ook producten uit de proeftuin waar onderzocht kan worden wat succesvol genoeg is op tournee te gaan langs de dorpshuizen. Man in ’t Veld ziet zijn eigen rol daarin vooral als ‘stimulerende gelegenheidgever’. Zo is hij van plan om meer voorstellingen op lokatie te ontwikkelen en ook daarbij uiteenlopende vormen van samenwerking te zoeken. De afwisseling van kleine en grootschalige voorstellingen zoals dat door Jos Thie was ingezet, blijft echter de ‘core bussiness’ van Tryater, een theater dat in zijn ogen een model vormt in Nederland en daarbuiten van de manier waarop regionaal theater kan functioneren.
It gefaar fan ’e Fryske ‘Knuffel’kultuer
antine zijlstra
Neijier 2003, it Fryske teaterfjild is yn beweging. Hans Man in ’t Veld, de nije artistyk lieder fan Tryater, stelt himsels en syn ideeën foar op it Wolkomfestival. Hy siket neidruklik gearwurking mei oare organisaasjes dy’t wurksum binne op it mêd fan teater yn Fryslân en Grinslân: de oplieding dosint drama fan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL), de Jeugdteaterskoalle, De Noorderlingen en
FRATS
(Fryske Amateurteaterskoalle). Dêrneist wurdt der hurd
wurke om foar 1 desimber nij belied te formulearjen foar de kommende kultuerbeliedsperioade 2005-2008. In goed momint foar de fraach: hoe hat it teater yn Fryslân him de ôfrûne jierren ûntjûn? Watfoar trends binne der te sjen? En benammen: watfoar útdagingen lizze der foar de takomst? In ferslach fan in rûnetafelpetear mei Gudrun Beckmann, ynterim-managementteamlid fan ’e oplieding dosint drama fan de
NHL,
Hans Man in ’t Veld, artistyk lieder fan Tryater
en Hilde Mulder, artistyk lieder fan de Jeugdteaterskoalle en Productiehuis ’n Meeuw.
De ûntjouwings hieltyd gruttere foarstellingen Mulder: In trend is dat der hieltyd gruttere foarstellingen makke wurde foar in breed publyk. Sjoch nei Tryater. Mar ek de iepenloftspullen ha har dy kant op ûntjûn. Beckmann: Dy ûntjouwing is der sûnt Abe! en is bot ferbûn mei Jos Thie, dy’t fan it begjin fan syn artistyk liederskip fan Tryater ôf spektakelstikken mei it selskip makke hat. Mulder: Dochs is der ek yn it algemien in groei fan grut montearre foarstellingen te sjen. Dat is beslist in wjerslach fan it wurk fan Tryater. Dat wat Tryater oanbiedt, sjochst altyd yn ien of oare foarm werom yn it amateurtoaniel.
groei fan it jongereinteater Mulder: In oare wichtige ûntjouwing is de groei fan it jongereinteater: by ’n Meeuw, by Tryater en by FRATS. En ek by de opliedingen: de Jeugdteaterskoalle, de oplieding drama en – krekt nij – de popakademy. Dy ûntjouwing hat him sawol yn it profesjonele as yn it amateurteater foardien. Der is ek in grut jongereinpublyk
bykaam troch it ûntstean fan it fak CKV yn it fuortset ûnderwiis. Fryslân is in foarrinner op it mêd fan jongereinteater.
mear gearwurking Beckmann: Dêrneist binne der mear gearwurkingsferbannen ûntstien. Elkenien ken elkoar. Der komme ek hieltyd mear partisipanten: Theaterstudio De Bres, festivals, it ‘Friese Poort’ teater. Organisaasjes binne ek hieltyd mear nei bûten rjochte ynstee fan op harsels. Sa is der in netwurk ûntstien dat elkoar opsiket. Net foar grutte projekten of op strukturele basis, mar foar as dat goed útkomt. Mulder: De linen binne koart yn Fryslân. Der wurdt yndie yn wikseljende konstellaasjes gearwurke. Dat soe yn ’e takomst miskien effektiver kinne. Beckmann: Der is noch gjin beliedsôfstimming, elkenien hat syn eigen toko. Kontakten binne persoanlik en rjochtsje har benammen op Ljouwert. It giet faak om it praktysk realisearjen fan projekten.
32
de Moanne
/
De útdagingen it gefaar fan in ‘knuffel’kultuer
33
Man in ’t Veld: De koarte linen yn Fryslân wurkje noflik, mar it is te min. It ambysjenivo is faak leech. Sawol artistyk as wat oplieding oanbelanget. It gefaar fan in maklike gearwurking is dat der in ‘knuffel’kultuer ûntstiet. Organisaasjes moatte wol de slach meitsje moatte nei har ambysje. Har artistike dreamen en ferlangens kenber meitsje. Dat jildt ek foar de oerheden yn Fryslân. Beckmann: Der is eins gjin stjoering fan de oerheid út. Man in ’t Veld: It is mei de ferantwurdlikheid fan de kultuerorganisaasjes om saken te beneamen en stappen te setten. Om foar te kommen dat it wurkjen yn ’e provinsje yn romantyk hingjen bliuwt.
wite flek Man in ’t Veld: Ien fan ’e saken dy’t ik sjoch, is de wite flek tusken de opliedingen fan de NHL en de Jeugdteaterskoalle, en de doarpshuze- en lytse seal-produksjes. Der soe in tuskengebiet wêze moatte, dêr’t jonge makkers wurkje kinne, sûnder fuortendaliks troch de hiele provinsje spylje te moatten. Der is eintsjebeslút in probleem oan te wizen: Fryslân leveret it minste tal studinten foar keunstfakopliedingen yn Nederlân. Op dat mêd soe der mear ambysje wêze moatte by de stêd Ljouwert en de provinsje.
ferlet fan in krityske dialooch Mulder: De oerheid freget meast gjin prestaasjes, mar fynt it wichtich ‘dat it bart’, dat in ynstânsje bestiet. Datselde jildt foar it Fryske publyk. As it Frysk is, is it altyd goed. It is ‘not done’ om in krityske dialooch oan te gean. It liedt altyd ta behyplike situaasjes, just om’t de linen sa koart binne. Man in ’t Veld: It is tige wichtich dat de organisaasjes dy dialooch al oangeane. Dêr drage se meielkoar de ferantwurdlikheid foar. Fryslân is by útstek it plak dêr’t je dat ûntwikkelje kinne. It biedt in breed en fariearre oanbod fan teater en spilet in foartrekkersrol op it mêd fan lokaasjeteater, tink oan Oerol, Spangea, muzykteater. Troch de koarte linen kin der konkreet wurke wurde oan de mienskiplike ferantwurdlikheid foar it kulturele lânskip fan it Noarden. Beckmann: Der is beslist ferlet fan in publike opiny, fan in prikeljende omjouwing. Mulder: Alle ambysje moat no út jesels komme. De ferantwurdlikheid om je te mjitten mei nasjonale en ynternasjonale noarmen leit by jesels. Je wurde wol ôfrekkene op publyksoantallen, mar net op je artistike prestaasje.
ferlet fan wurkpleatsen Man in ’t Veld: As selskip moatte je in bepaald publyksberik yn acht nimme. Mar ek wurkje oan kwaliteit en politike meistanners sykje foar de útdagingen dy’t der lizze. Bygelyks om plakken te kreëarjen dêr’t kwetsbere jonge makkers teater meitsje kinne sûnder dat se ophongen wurde oan publykssifers. Oan
wurkpleatsen tink ik dan. Sa as Oerol en ’n Meeuw. Om sa talint in kâns te jaan om har te ûntwikkeljen nei gruttere foarstellingen. Foar doarpshuzen en lytse sealen en mooglik ek foar de grutte seal en lokaasjeteater. Jonge minsken moatte de kâns krije om nei har oplieding it ambacht te learen. Beckmann: Plakken dy’t ek Nederlânsktalich wêze kinne. In probleem foar de NHL is dat der in soad fraach is nei Frysktalige akteurs en foarstellingen, wylst mear as de helte fan ’e learlingen fan de oplieding dosint drama Nederlânsktalich is.
in akteursoplieding yn fryslan Beckmann: Plakken dêr’t jonge teatermakkers wurkje kinne, binne wichtich, just yn it ramt fan it ûndersyk dat de NHL op dit stuit docht om in rykssertifisearre útfierende teateroplieding – in akteursoplieding - te realisearjen yn Ljouwert. In lytse topoplieding. Sa’n oplieding past typysk yn it belied fan de stêd Ljouwert om him as HBO-stêd, as ‘Kenniscampus’ profilearje te wollen. Petearen dêroer binne op dit stuit al geande. Sa’n oplieding kin lykwols net sûnder de gearwurking fan alle teaterorganisaasjes yn it Noarden. Mulder: Sa’n oplieding moat wol in ynhâldlike needsaak ha. Beckmann: De fraach ‘Watfoar ynfloed hat sa’n oplieding op it kulturele klimaat yn Fryslân?’ is minstens sa wichtich. Man in ’t Veld: Fryslân hat in tal spesifike skaaimerken dy’t it poergeskikt meitsje foar sa’n oplieding: meartalichheid, de sterke posysje fan it lokaasjeteater, benammen troch Oerol. Dat soe ek ien fan ’e partisipanten wêze moatte. Fryslân is by útstek in plak om even út de Amsterdamske ‘hegedrukpanne’ te kommen. Om op ’e syk te gean nei autentisiteit. Fryslân hat in rike tradysje yn ferskate foarmen fan teater en rint dêrmei beslist net achter op de rest fan Nederlân. En yn Fryslân kinst dy net ferskûlje achter it grutte tal aktiviteiten. Mulder: Yn Fryslân kinst dy net ferstopje. Ast wat makkest, stiet fuortendaliks de skynwerper derop. Beckmann: Dat mocht ek wolris wat minder. Man in ’t Veld: Teatermakkers kinne har wurk yn Fryslân maklik oan it publyk toetse. Beckmann: Moai is dat it Fryske publyk iepenstiet foar ferskate ûntjouwingen en gjin fêst ferwachtingspatroan hat. Dêrom is Fryslân in goed plak om wat nijs te meitsjen. Mulder: Ek Tryater lit alle kanten fan teater sjen. Dat wit it publyk. Der is in iepen hâlding nei teater. It is wol wichtich om dat ferskaat te hâlden. Dat net elkenien itselde makket.
kultuernota Man in ’t Veld: In soad sil ôfhingje fan wat der yn ’e kultuernota fan de provinsje stiet. De wichtichste fraach is ommers oftst de finansjele romte krijst om ambysjes te effektuearjen. Just yn tiden fan besunigingen.
friese zingsporen
elupus hettinga
Wy binne in nust Turken as it om it Frysk giet. Koartby makke vutter Breuker dêr in wurd smoarch oan. Hy wiisde op it Siameeske twilling-ferskynsel en it probleem fan alle sjirurgen, ferplegers en oare taalmantelsoarchdragers. Dy lju stelden neffens vutter Breuker de sûnens fan it twakoppich mûnster fierste moai foar. Op it skoalplein wurdt út ien Hollânsk gat praat, gâns mear as Frysk-Akademysk ûndersyk ha wol. Frysk skriuwe? Net mear as ien man en oardel mûlezelkop. Foar de rest fan de befolking is it Fryske skrift langer Sineesk. Vutter Breuker brocht neat gjin nijs. Syn sizzen wie it yntraapjen fan in iepen doar. Dy wie in pear jier ferlyn al iependien troch prof. dr. G. de Haan. Sûnder resultaat. Oan de Twibaksmerk bleaune de taalbemantelsoarchamtners Sibearysk kâld foar de ûnderlizzende gjalp yn De Haan syn wittenskiplik rapport. Dêr wurde se foar betelle. Fryske-taalbeliedmakkers en ynstellings as de Afûk, Fryske Akademy of Keunstwurk hâlde net fan gjalpen. Dy hâlde fan fatsoenlike boargers. Fan kaffers, dy’t mei de frije Frânske kneppel foar de freet de Hollânske kop fan it Siameesk mûnster houwe wolle, hawwe dy taalsjirurgen gjin ferlet. Alle dagen oefenje se har de ynkorporearre Fryske earen yn Ingelsk dôf-wêzen. Sa hawwe se har emansipearre. Vutter Breuker waarden de earen wosken. Jo hawwe oer ’e tonge skiten, wyn op de mole fan de LC en it hiele anty-fryske Apparaat plante. Ferrieder!! Wy hawwe der - Spaansk benaud - heit byhelle: de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW). En heit KNAW seit: Binnen Fryslân is de Akademy in top- en weareldynstitút. Wy woene mar sizze, wy sitte net stil. Wy skriuwe op ’e Akademy it libben sels, sette hjir Nietzsches oer, kwattelje der in dichtbondel by. Dat, vutter Breuker, hâld op mei it neiblaaien fan dy heale Grinslanner De Haan. Us taalûndersyk is top. Sa min giet it mei it Frysk net. De nacht nei de dei dat syn eks-assistint, amtner Breuker, út it Fryske Apparaat klapte, hie dr. Pulder in dream. Midden yn syn readstookte papavernacht boarte er foar Opper-Opperteur út it
lân Vandalië. Hy hie de hiele Twibaksmerk yn ’e fik stutsen. Allegearre papier en neat om te kneppeljen... Wat leist dêr te razen, rôp Pulder syn frou, likest Broeder Vutter Breuker wol. Jou dy dochs del. Frjemde dream, tocht dr. Pulder de oare moarns. Doe die er kreas de strik foar, hufte syn dôve Keulske pôt achter yn de Saab en tufte mei Jimi Hendrix op ’e walkman, stoned free, nei de Twibaksmerk. Op syn keamer joech er in raam op de bel om in tel letter, hiel foldien, te fernimmen hoe’t de Fryske karrûsel, as yn in film, wer moai yn ’t rûntsjemeallen gie. Dead walking man. Ja, dy film. Dus, vutter Breuker moat net kleie. Dy moat gewoan sjonge: Over vijfentwintig jaar... Okee, okee, fyftich dan. Nee, Fryslân wurdt net allinne ynternasjonaler, mar mei de dei ek orizjineler. Sa ha de leden fan Fryske sollisitaasjekommisjes gauris oerlis yn de fjilden boppe Ferwert. Het uitzicht is er zo wijds, hè... Steefêst is der wol ien dy’t healwei de rit ropt: Sttt... Luister, horen jullie nou die Friese zingsporen ook? By it oerlis oer de direksjefakatuere by Keunstwurk wist in kommisjelid: Wil het in dit reservaat nog ooit vlotten met de kunst en de taal, dan zullen wij iemand moeten hebben die van zingsporen weet. Wat dunkt? De Ferwerters ha dy deis – it wie hast 40 graden - raar opsjoen. De koarte broek oan, it T-shirt út en de pinne foar it krús stapte de kommisje âljend en sjongend O, wat zijn wij heden blij... de Ferwerter Haadstrjitte yn. As wiene it seis jodeljende peniskokers, skreau De Bildtse Post letter. Yn it Ferwerter kafee ‘Stap der ris yn’ belle de kommisjefoarsitter mei de Twibaksmerk. Prof. De Haan siet yn in hoekje fan it kafee te krantlêzen, bearde dat er der net wie. Hy harke: Wij zijn iemand op het spoor. Perfect profiel voor Keunstwurk: een aboriginal. Wat? Nee, niet uit Friesland.
34
de Moanne
biten en brokken
jan pieter janzen
35
irony Dy earme Bertus Mulder. Stiet er der yn it Kolleezje fan Deputearre Steaten al faak allinnich foar, krige er bij de priisútrikking op it Noordelijk Filmfestival ek noch te hearren dat er him fan syn frou, filmfan pur sang, út ’e polityk weromlûke moast as de provinsjale besunigingen trochgongen en it populêre festival – dus – nei gychem gean soe. In grapke. Troch de omstanners wol wurdearre en begrepen, mar troch Omrop Fryslân Radio de oare deis as serieus nijs brocht. It baltsje rôle fierder. LC-kollumnist Pieter de Groot hie it in wike letter al oer in echtskieding. Mulder soe ‘vurig’ hoopje dat it festival der bleau, ‘want had zijn vrouw niet gezegd, dat hij anders moet aftreden, op straffe van scheiding?’ Tsja, it oerbringen fan mûnlinge humor-mei-non-ferbaleynteraksje hat sa syn riskante kanten. Dat die ek bij de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis bliken. Dêr begong Mulder yn syn taspraak daliks oer it funksjonearjen fan de advyskommisje: ‘It soe goed wêze kinne dat der in kleau ûntstien is tusken de ferwachtings en de wize dêr’t de sjuery op te wurk giet, in sjuery dy’t hieltyd mear bestiet út wittenskippers, ek fan bûten de provinsje. Ik tink dat wy ús as provinsje beriede moatte op dy hieltyd fierder geande akademisearring fan de sjuery’. Dat wie der fier bijtroch, liet it Skriuwersboun witte. In snútslach, woe Joop Boomsma yn syn ynternetdeiboek ha. Sa fielde sjuerylid Eric Hoekstra it ek. As troch in weps stutsen reagearre er ûnder de kop Bertus Balkenende op it webstee fan Farsk: ‘Tenei gjin minsken fan bûten de provinsje yn de sjuery! Allinnich rassuvere Friezen, waans ideeën lykop rinne mei dy fan Bertus’. Yndied in nuvere saak: in deputearre, dy’t de gearstalling kritisearret fan in advyskommisje dy’t er sels ynsteld hat. Mar hat er it ek sa bedoeld? Dat wol Karel Gildemacher, ien fan de oare sprekkers yn Boalsert, net oan: ‘Ik hie mear it idee dat it irony wie. En Bertus hat bij sokke gelegenheden wol faker de oanstriid om wat persoanliks te sizzen’. Dat soe fansels in hiel oar ljocht op ’e saak smite. Wat net weinimt dat de wize dêr’t de Gysbert-sjuery op gearstald wurdt net doocht: a. om’t de Fryske Akademy dêrfoar de
/
minsken útsiket, wylst de Akademy him as wittenskiplik ynstitút better beheine kin ta de Joast Halbertsmapriis (Tresoar is as Histoarysk en Letterkundich Sintrum better tarist foar de aktuele literatuer); b. om’t guon leden dan wol ferbûn binne oan in universiteit (fan Amsterdam of Leiden), mar dêrmei noch gjin doel hoege te hawwen oer it wurk fan Fryske skriuwers (de foarige kears wienen der twa fan sokke fierhinne blanko blêden, dizze kear gie it om ien); c. om’t de Fryske Akademy net sokke goede kontakten hat mei de universiteit fan Grins (dy’t dan ek gjin sjueryleden leveret). Heech tiid dus foar in oare proseduere. Dat skine se op it Provinsjehûs gelokkich ek te finen. Dêr is de rol fan de Akademy op it stuit ‘yn diskusje’, sa liet beliedsmeiwurkster Anna van Dijk witte. Hooplik jildt dat ek foar de ynbring út it westen. Want foar in sûn en saakkundich oerdiel oer de Fryske skriuwerij sit hjir yn it Noarden kader genôch, ‘rassuver’ of net. (Sjoch foar de GJP-taspraken it hânsume KFFB-boekje Willem Tjerkstra – Gysbert Japicxpriis 2003 of www.kffb.nl en www.farsk.nl. Spitigernôch hat gjinien fan de trije de laudatio fan Gildemacher.)
mof It moaie fan it edysjestelsel fan de Ljouwerter Krante is dat der geandewei de dei noch wat aktualisearre en ferbettere wurde kin. Sa ek op tiisdei 4 novimber. Yn de earste edysje (noard) stie yn it berjocht oer it ferstjerren fan fersetsman Douwe Roelof Douma dizze sin: ‘In 1941 verliet hij de Kamer [van Koophandel], omdat hij niet voor de mof wilde werken’. It skelwurd foar Dútsers anno 2003 achteleas yn in serieuze krante – dêr seach in Ljouwerter LC-lêzer, dy deis foar in oppasbeurt yn Harns, raar fan op. Werom yn ’e haadstêd die ta syn ferrassing bliken dat ‘mof ’ yn de lêste (steds)edysje ferfongen wie troch ‘Duitsers’. Hij bleau wol sitten mei trije fragen: hoe kaam dat ‘mof ’ yn de krante, hoe kaam it der wer út en yn hoefolle edysjes hat it ‘foute’ berjocht stien? Dêr hie haadredakteur Rimmer Mulder wol in antwurd op: ‘It stikje is yn de edysje-súd ferbettere. Der is gebrûk makke fan in âlder stik út it argyf. Dêr waard it wurd “mof ” yn brûkt. Dat is oernommen troch de (jonge) ferslachjouwer. In wat âldere einredakteur fûn letter dat wurd yn in ferstjerberjocht net sa passend...’
oanstelleritis Gong it bij dat ‘mof ’ noch om in betreklik lyts ding dat linich út ’e wei holpen is, kranten litte ek gauris berjochten passeare dy’t gewoanwei net doge. Foaral at it oer de polityk giet, want dan mei sûnt Pim Fortuyn alles wat field en tocht wurdt ek sein wurde. Leechlizzen en oerdriuwen binne dêrbij maklike middels om te skoaren. In skoallefoarbyld: it GPD-berjocht oer triennen yn de polityk, op 20 novimber publisearre troch ferskillende regionale kranten. Ik basearje my op dat yn de Ljouwerter. ‘Na Wiegel nog vijf politieke snikpartijen’ is de kop. Dêrmei is de toan setten: serieus moatte je gûlende politisy út soarte net
nimme. ‘Huilen in het openbaar in de politiek is sinds 1990 behoorlijk in zwang gekomen’, sa giet it fierder. ‘Vóór dat jaar liet alleen VVD-coryfee Hans Wiegel de tranen de vrije loop. Nadien biggelden de waterlanders liefst vijfmaal bij politici over de wangen’. Bij sokke populistyske sjoernalistyk heart oerdriuwing: ‘behoorlijk in zwang gekomen’, ‘liefst vijfmaal’. Yn trettjin jier! Ien kear yn ’e twa, trije jier in politikus mei de triennen yn ’e eagen. Ja, dan is de hikke wol fan de daam fansels. Hans Wiegel hie yn 1981 ‘de primeur’, sa giet it fierder. Dy krige it te krap doe’t him, koart nei’t syn (earste) frou ferûngelokke wie, foar de televyzje in fraach steld waard oer widnerspensjoenen. Dêrnei folgen noch fiif ‘openbare snikpartijen’, fan Jan Pronk, Elske ter Veld, Karin Adelmund (2x) en Hanja Maij-Weggen. De suggestje is dúdlik: oanstelleritis. En dêrbij past kenlik in populêre, sabeare humoristyske, mar yn wêzen ûnmeilydsum leechlizzende toan, in deeglike krante ûnweardich.
undergong Dy Jelle Breuker. Seach er yn in Te gast al yn wranteligens werom op in like lange as sinleaze karriêre as amtner foar it Frysketaalbelied (‘Taalbeleid provincie moet snel op de schop’ – ‘Het geld kan veel nuttiger worden besteed’), in deimannich letter liet er him yn in ynterview yn dyselde LC ek noch ferliede ta in swartgallige takomstfoarsizzing: ‘As ik djip yn myn hert sjoch,
Johan Winkler der net fan wjerhâldt om it Frysk yn 1868 op termyn dea te ferklearjen: ‘Tevens valt niet te ontkennen, dat de friesche volkstaal [...] langzamerhand uitsterft en voor het hollandsch wijkt. Er zal, dunkt mij, een tijd komen, misschien over één, misschien over meer eeuwen, dat Friesland nog zal bestaan, maar het friesch eene doode taal zal zijn geworden. Vele woorden en uitdrukkingen zijn er, die thans onder ons nog leven en bloeien, maar die weldra door onze monden niet meer zullen worden gesproken, en die onze kleinkinderen nooit ter ooren zullen komen’. Neat gjin nijs dus ûnder de sinne, ek net wat de sinjalearre oarsaken fan de delgong fan it Frysk oangiet. Pieter Breuker hat se op in rychje setten: it ferlern gean fan de ‘Fryske Frijheid’ en it Fryske aard, de hannel, de geastlikheid en it ûnderwiis, dy’t in ferhollânskjende ynfloed hawwe, de lege status fan it Frysk, it idee dat elke taal ienris útstjert en it feit dat it Frysk en it Hollânsk inoar (te) nei besibbe binne. Dêr kaam oan ’e ein fan de njoggentjinde ieu in foar it Frysk fatale ûntjouwing bij, skriuwt Jan Jelles Hof yn 1927: ‘Ik behoef de ouderen onder ons, Friezen, niet in herinnering te brengen, hoe verrassend snel zich hier alles wijzigde in de richting van het moderne, gejaagde wereldleven. De nieuwe verkeersmiddelen [...]; de overal verrijzende boterfabrieken [...]; de steeds toenemende centralisatie van den handel; de groote politieke opleving op ’t platteland; de sterke toeneming van het
Ws vry Friesch schell aeck worda wey (1622) leau ik net dat it Frysk oer fyftich jier noch bestiet as taal. Dan is it ferwurden ta in dialekt, fergelykber mei it Stellingwerfs.’ Dêrmei wie de nijbakken studint Frysk en filosofy net de earste dy’t de memmetaal de dea oansei. Sjoch it lange en learsume artikel ‘Undergongsfoarsizzingen oer it Frysk troch de ieuwen hinne’ fan (broer) Pieter Breuker (Us Wurk, 1983, side 142). De earste ûndergongsprofeet lit him – yn it Latyn – al yn 1555 hearre: ‘Hjoeddeisk skikke de Westfriezen, benammen yn de stêden, har hast hielendal nei de Brabânske en Hollânske omgongstaal, net allinne fanwegen de hannel fan de Hollânske keaplju, mar ek om’t de keizer [Karel V] [...] yn har heechste Gerjochtshôf foar it meastepart Brabanners oansteld hat, dy’t yn har eigen taal rjochtsprekke en alle pleitsaken en oerienkomsten foar it gewoane folk opskriuwe’. Yn 1723 sil in oare skriuwer dêroan taheakje: ‘Van toen aen nam de Oud-Friesche Tael hand over hand af, en sint verbannen van Hof en Kerk, houd ze haer herberg thans bij den Huisman’. Begjin njoggentjinde ieu is der neffens Joast Halbertsma in grut gefaar bijkommen: ‘... sedert de laatste jaren beginnen [de bewoners van het platteland] meer te lezen, en laten door dat kanaal enige Hollandsche woorden binnen sluipen, voor welke de Friesche vormen onmerkbaar plaats ruimen.’ – Noch in gelok dat it Frysk doe wer aloan mear skreaun waard. Wat de Ljouwerter
vereenigingsleven; de kranten, de boeken, maar boven alles de breede vlucht die het onderwijs nam.’ Koartsein: it is de foarútgong dy’t it Frysk ûnderstek docht. De deastek moat lykwols noch altiten komme. Dat it Frysk hieltyd mear in dialekt fan it Nederlânsk wurdt (en it Nederlânsk in fariant fan it Ingelsk), liket wol wis. Mar wa wit is dat ek wol de rêding foar it Frysk. Sjoch it Biltsk, ek in mingtaal. Dat bestiet yn 2005 al wer fiifhûndert jier. Sûnder folle oerheidssoarch.
36
de Moanne
/
De hel fan Rimbaud ulke brolsma
is foar it earst hast dat syn mem wat fan meilijen mei him hat. As er dat merkt, leit er de holle op ’e tafel en gûlt. Alles is der besteld om de fjilden om lyk te krijen. De hiele famylje is yn ’e war. Rimbaud net, hy wegeret. Hy slút himsels op yn de skuorre en skriuwt Une Saison en Enfer.
37
Donker leit it asfalt derby. In swarte stream kronkelet tusken heuvels, oerklaaid mei it gleone giel fan krekt meande weetfjilden. Der komt nij asfalt op de wei fan Roche nei Attigny. Mei de auto is it amperoan tsien minuten oant Attigny. Yn 1891 giet it ferfier tusken Roche en Attigny net mei auto’s. Foar Rimbaud en syn suster Isabelle is der de eigen ponywein. Dy sil him yn de nacht fan 23 augustus fan Roche nei Attigny ferfiere. Rimbaud wol de trein nei Marseille helje, hy sil werom nei Abessinië. Maaie 1891 giet er yn Marseille oan lân, werom út Abessinië. Rimbaud koe dêr net langer bliuwe. De man is slim siik, hy kin syn iene skonk hast net mear bewege. Yn Abessinië en yn Aden koe nimmen him helpe, hy moast sa gau as mooglik werom nei syn heitelân. Yn Marseille is der gjin tinken oan dat er ôfset nei Roche yn de Frânske Ardinnen, nei syn mem. Syn skonk wurdt fuortendaliks amputearre. Kanker? Syfilis? Nei de operaasje komt er yn july werom nei it plak dêr’t er syn hiele libben al weromkomt: Roche. Dêr stiet de pleats fan syn mem. Sy is spikerhurd tsjin him. Altyd west en dochs, as er yn de benaudheid sit, giet er werom nei Charleville, syn berteplak, en letter nei Roche as syn mem har dêr definityf nei wenjen set. Yn 1871 komt der oan de homoseksuele leafdesferhâlding mei Verlaine in bluodderich ein. Op it stasjon fan Brussel sjit Verlaine de santjinjierrige Rimbaud in kûgel yn de pols. Rimbaud draaft nei de plysje ta en freget beskerming. Dy komt, Verlaine wurdt oppakt en feroardiele ta twa jier gefang. Rimbaud merkbyt hoe’t der yn Brussel tocht wurdt oer twa manlju dy’t it mei elkoar dogge. Nei’t de kûgel út de pols helle is, leit Rimbaud in wike siik yn Brussel. Yn it museum yn Charleville is in kopy fan in skilderij. Der leit in jonge op bêd, heal oprjochte, it hier yn de war, grutte eagen dy’t jo oansjogge. Nei in wike giet Rimbaud rinnend nei hûs ta, nei Roche, nei syn mem en beide susters. It wurdt gjin Parys, gjin Londen, dêr’t er krekt al in skoft mei Verlaine in keamer parte. Op in simmerdei wurdt der sêftsjes op de doar kloppe, fertelt syn suster Vitalie yn har Journal. It is Rimbaud, siik, de earm yn it ferbân. It
Tweintich jier letter, yn 1891, wol Rimbaud al om trije oere nachts op wei nei Attigny, nei it stasjon. Op ’e tiid om de trein te heljen nei Parys, nei Marseille, nei Abessinië. It giet oer de deselde wei dêr’t no de mannen yn har pakken it nije asfalt opbringe. Sy winke om it wat kalmeroan te dwaan. Rimbaud wie dy nachts net kalm, hy woe opsjitte, bang om de trein te missen. De pony is it allegearre in bytsje te ier en ferrekt it. Rimbaud hellet de riem út syn broek en slacht derop los... It helpt, mar as se by it stasjon binne, is de trein krekt fuort. It stasjon fan reade bakstien is der noch, neat is der feroare. Fan de mânske pleats yn Roche is net in protte oer. In stiennen muorre, dat is alles. Op it stee stiet in nij, nee net nij, in oar hûs. It leit der ferlitten by. De gerdinen binnen ticht, je kinne sa de tún ynrinne. It ûnkrûd en wat deroer is fan it tún komme je hast oan de broeksriem ta. Der hawwe mear west dy’t it oandoard ha om de tún yn te rinnen, om fan tichtby in stik muorre te sjen, it iennichste dat der noch stiet. Binne der wol bewenners, binne se der net? De ûnsichtbere bewenners hawwe foar in boerd op harren hûs soarge. Dat boerd fertelt dat hjir Arthur Rimbaud syn Une Saison en Enfer skreau. Op in plak by de dyk is in monumint foar it pubersjeny. Roche: in pear huzen, pleatsen, in waskplak. De waarmte trillet boppe de fjilden. Tûfkes grien fan boskpartijen, de heuvels, de fierten. It is it lân dêr’t Rimbaud it betiden yn syn wurk oer hat, de Ardinnen. Op it plak fan de skuorre steane beammen, it is der donker en oeral lizze kûlen. In rustich stek moat de wrâld ôfhâlde fan it plak dêr’t Arthur snikkend, kreunend, baltend en flokkend wurke oan syn Saison. In samling ûngelokkige ferhaaltsjes, sa’t er yn in brief oan in freon skreau. Je kinne sjen dat in pear Rimbaud-freonen it stek oergien binne. Om sa tichter by it hert fan de master te kommen, him hiel tichtby te fielen? De dichter/skriuwer is fyftjin, as er yn 1870 syn earste gedichten opstjoert nei in literator fan namme. Fjouwer jier letter is alles oer. Illuminations is dan klear, Une Saison en Enfer is printe. De oplaach sil syn hiele libben lang en mear op de solder fan de printer lizzen bliuwe. Nei syn tweintichste komt der neat mear. It is hielendal dien mei de literatuer, net mei it libben. Hy hat alderhande baantsjes, reizget troch Jerope, bedarret yn Hurderwyk om dêr oplaat te wurden foar ús Nederlânsk-Yndysk leger. De bân mei Nederlân is koart, nei seis wike desertearret er en fart op in Ingelsk skip werom nei Jerope.
it wenhûs
it grêf
‘sensation’
Nei dat aventoer ferwachtet er mear fan it sakelibben. Hy wurdt hanneler yn Aden en letter yn Harrar, Abessinië. Yn Harrar hannelet er yn fan alles: gewearen, slaven, hy wol jild fertsjinje krekt as syn mem Vitalie Cuif. By harren thús waard it jild net by de rûs útjûn. Stoke yn de winter, it wie der hast net by. As Rimbaud it waarm ha woe, moast er de pony opsykje.
De Maas rint yn in sleauwe bôge by de stêd lâns. It hûs fan de Rimbauds stiet oan de Maas mei útsicht op de grutte stiennen wettermûne. Hy sil der boarte ha, wis is dat er yn in boatsje lei en dreamde, dreamde. De boatsjes binne fuort. De wettermûne is der noch, der stiet no in boerd by de yngong: “Musée Arthur Rimbaud.”
Charleville is it plak dêr’t er yn 1854 berne wurdt. “Jo ha gelok dat jo net mear yn Charleville wenje!” skriuwt er yn 1870 oan syn learaar Georges Izambard. “Myn berteplak is sa ôfgryslik stom as je it fergelykje mei oare lytse stêden.” As je soks lêze, ferwachtsje je net folle fan Charleville. In stom plak. It stasjonsplein, hy hat der in gedicht oer skreaun, oer it benepene, oer de beheinde boargers.
As je sa’n hûs sjogge, dan wiene de Rimbauds net earm. It is grut, rom, op stân. Oare jier wurdt it iepene foar it publyk, fertelle de minsken op it toeristeburo. Dan komt der in winkel yn mei produkten út Charleville en de Ardinnen, want ja, der moat jild komme en oan Rimbaud sels ha jo net genôch, sa wurdt ferdúdlike. Rimbaud is al business yn Charleville. Yn de winkels kinne je hiel wat Rimbaud-oantinkens krije. It gesicht fan Rimbaud stiet op in porsleinen barchje. Dat gesicht komme je noch faker tsjin op teepotten, bekers en soksoarte ark mear.
Sur la place taillée en mesquines pelouses, Square où tout est correct, les arbres et les fleurs, Tous les bourgeois poussifs qu’étranglent les chaleurs Portent, les jeudis soirs, leurs bêtises jalouses. Op it plein dat yn benypte perken fersnien is Plantsoen dêr’t beammen, blommen sa kreas teplak steane Al dy hymjende boargers warch troch de hjitte Slepe tongersdeitejûns harren domme jaloerskheden mei Mar as ik Charleville ynryd, is it in grutte ferrassing. It is der prachtich, echt wier. In plein, sa moai. Strjitten, de huzen, je soene der hast wol bliuwe wolle. It plein tsjinoer it stasjon is der noch krekt sa. Mei de ‘mesquines pelouses’. Der is ien ferskil mei doe: no stiet yn sa’n perk syn byld. Tsien jier nei syn dea waard it pleatst, flak by it plak dêr’t syn mem har legerkaptein Frédéric Rimbaud moete. By de muzykkoepel, der wie in konsert: -L’orchestre militaire, au milieu du jardin, Balance ses schakos dans la Valse des fifres -It militêre orkest yn ’e mids fan it park Balansearret harren sjako’s op de Wals fan ’e pipers
It hûs moat noch restaurearre wurde. Je kinne no noch de stoepe sjen út de tiid fan Rimbaud. Dy stiennen stoepe stiet der wat faai by, fersakke, der sitte gatten yn. Dat wurdt aanst wol oars by de restauraasje, dan wurdt der fêst wol ‘ferantwurde’ restaurearre... As nij, sa’t je dat sa faak sjogge by restauraasjes. No kinne je noch krekt, noch hiel efkes de echte stoepe sjen. Oer dy stoepe gie hy alle dagen nei in plein tichteby, nei it Collège de Charleville. Oant syn fyftjinde hellet syn mem him alle dagen wer op. Se woe net ha dat har jonge bedoarn waard troch ferkearde freonen. Dy kuier is net sa lang, der is ek net sa’n bulte feroare. It plein foar de skoalle stiet no fol auto’s. Op de hoeke sit in seksshop, mei in waarme ûntfangst sa’t der by de doar stiet. In pear jonges fan omtrint fyftjin, hy hie ien fan har wêze kinnen, sille deropta. De hiele wrâld mei it wite. Syn skoalle waard ôfbrutsen, der kaam in oare skoalle foar yn it plak. Dêr sit no de bibleteek fan Charleville yn. Op it plak dêr’t hy as learling tahâlde, wurdt no alles wat er ea skreau as in hillige skat bewarre. Charleville hat in grut part fan de manuskripten en oar guod dat te dwaan hat mei de dichter.
38
de Moanne
/
saken. Syn brieven binne saaklik, der is net in bulte oan. It giet oer jild. De man dy’t der sa op los libbe, is sunich. Op reis yn de binnenlannen fan Abessinië hat er altyd wat rys yn de bûse, dat kin je siede en dan ha je ek iten. Sunichheid, krekt as syn mem. As er yn Marseille leit, hat er 30.000 goudfranken, in kaptaal. Rimbaud hat twa kear yn Abessinië in frou yn de hûs nommen. Mar as er hast oan de ein is yn Marseille, hat er it mar oer ien: Djami, syn húsfeint. Hast mei de namme Djami op de lippen is er stoarn. Syn biograaf Starkie seit, mei it fingerke omheech, dat net bewiisd is dat beide manlju in “ymmorele ferhâlding” hiene. Je begripe dat de biograaf nei alle ymmorele ellinde mei Verlaine dêr yn alle gefallen tige wiis mei is. By syn ferstjerren feroarderet Rimbaud dat dy Djami 3000 frank krijt.
39
De ferlegen jonge wie de knapste fan de klas. Wûn alle prizen, wie in foarbyld foar eltsenien. Ynienen is dat jonkje der net mear. As er op in sneintemiddei mei mem en beide susters by de Maas lâns kuieret, moat er efkes fuort. Om in boek te heljen. It jonkje giet sûnder jild nei Parys... Wurdt oppakt, sit yn de finzenis, komt werom en rint wer fuort. Wer nei Parys, wurdt troch soldaten yn harren barak ferkrêfte, komt werom nei Charleville. Hy is dan 16.... Nei skoalle, nee, dat wol er net mear. It hier wurdt lang, de klean binne smoarch, hy wasket him net mear. En sa showt er himsels foar de ruten fan syn skoalle. Kinne se ris sjen hoe’t de learling mei de measte prizen it fierder yn de wrâld bringt as sy. Par les soirs bleus d’eté, j’írai dans les sentiers, Picoté par les blés, fouler l’herbe menue: Rêveur, j’en sentirai la fraîcheur à mes pieds. Je laisserai le vent baigner ma tête nue. Oer de paden sil ik rinne yn de blauwe simmerjûnen Prike troch it weet, rinne oer it tinne gers Dreamer, ik sil de dau fiele op myn fuotten Ik sil de wyn gean litte oer myn keale holle Dat skriuwt in fyftjinjierrige jonge. ‘Sensation’ is de titel. Sa’n gedicht soe in sensaasje wêze moatte. Dat wie it net foar it literêre tydskrift dêr’t er it hinne stjoerde. It kaam der net yn. Pas doe’t er wat gedichten op de post die nei Paul Verlaine, wie der in reaksje. Verlaine noege him út nei Parys, dêr’t er mei syn frou ynwenne by syn skoanâlden. It komt ta in eroatyske relaasje tusken beide manlju. In krante sinjalearre dat op in iepening de hear Paul Verlaine der ek wie yn it selskip fan juffrou Rimbaud. Letter, doe’t Rimbaud yn Afrika wie, hat Verlaine gedichten fan Rimbaud publisearre. Op it stuit dat hy deasiik yn Marseille lei, wie syn namme in sensaasje yn Parys. Ferneamd sûnder it sels te witten. Soe er der bliid mei west ha? Wis net, want hy hie neat mear mei soksoarte
Yn it museum fan Charleville, de wettermûne, is de koffer fan Rimbaud, syn atlas. Der is it telegram fan syn mem oan Arthur. Dy hat dan yn it hospitaal yn Marseille krekt heard dat syn skonk derôf moat. Se telegrafearret him dat se fuortendaliks komt, de oare deis al. Courage stiet der op it blauwe formulier fan de Frânske PTT. Dat wurd Courage, dat sa flak by je hân yn de fitrine leit, hy hat it lêzen, it hat him holpen. Efkes, want as er dan foar syn lêste moanne yn Roche is, kin er net mear oer dy kâlde frou en lit it har merkbite. Syn suster Isabelle fersoarget him yn Roche as in ingel. Se jout him tee dy’t se makket út de papavers om it hûs hinne. It bringt Rimbaud yn in rûs. Hy begjint te praten, te fertellen. De Rimbaud fan Une Saison en Enfer, Le dormeur du Val, Le bateau ivre is der wer. De minsken út it doarp komme nei it rút fan syn keamer en harkje nei de betsjoenende stimme, nei de dichter dy’t noch nimmen ken. Rimbaud komt werom nei Charleville: dea. Syn mem feroarderet by de tsjerke in begraffenis, première classe, earste klas. En fuortendaliks. Alle klokken fan Charleville liede foar Jean Nicolas Arthur Rimbaud, tweintich weesbern mei in kers yn de hân rinne efter de kiste oan. De begraffeniskoets wurdt lutsen troch hynders mei swarte kleden. Twa minsken yn it swart rinne efter de lykwein: syn mem en syn suster. Fierders is der nimmen by. Ut it sintrum fan Charleville wei is it net sa’n grut ein nei it hôf. Dy deis dat ik yn Charleville bin, is it waarm. Efkes foar de poarte fan it tsjerkhôf is in kafee, in plak om fan de waarmte te bekommen. De namme: “Le dernier sou” (de lêste sint). Dêrnei kin ik op de poarte oan en op wei nei it grêf. Einliken is it it twadde grêf. Syn mem fûn it plak net goed. Se liet Arthur en syn suster Vitalie wer oan ’t ljocht bringe. Arthur wie der noch, mar fan syn suster wie allinnich it bonkespul noch oer. Syn mem socht de bonken fan har dochter byelkoar en die se yn in wyt lekken. Sa kamen de twa Rimbauds alfêst op in nij plak. Letter kaam har mem der ek by. Mei tank oan mem Rimbaud hoege je net lang te sykjen. Direkt by de haadyngong lizze Rimbaud, syn mem en syn suster. In boerd wiist de wei. De Rimbauds lizze werklik première classe.
Fryslân en de ‘imagined community’
klaas jansma
Neffens Goffe Jensma yn Het rode tasje van Salverda hat de Fryske beweging yn ’e njoggentjinde ieu in Fryske identiteit betocht, of konstrueard. Yme Kuiper folget him nei yn De fiifde woansdei, it jubileumboek fan ’e
PC
fan 40
Frjentsjer. De Fryske mienskip is neffens beide histoarisy in yn ’e njoggentjinde ieu optochte ‘community’, mei ‘typysk Fryske’ deugden. Dat is in aardich ferhaal, mar doocht it ek? De bydrage fan Yme Kuiper oer ‘Beeldvorming en achtergrond’ is erudyt, goed skreaun, breed fan scope en fol fan moaie details. It hoecht jin net te muoien dat Kuiper Goffe Jensma as skriuwer fan dy bydrage ferfongen hat, al hat dat ek in Hollânsk eilantsje yn in see fan Frysk oplevere. In pear sitaten út dy bydrage: ‘de Franeker Kaatspartij (werd) door Friese intellectuelen en door de sleutelfiguren in haar eigen Commissie in een lange folkloristische, inheemse traditie geplaatst. Die traditie zag men als onderdeel van een oorspronkelijke Friese volkscultuur, waarin ook de karakteristieke eigenschappen en talenten van de Friezen goed tot uitdrukking kwamen.
draait alles om natievorming: het ontstaan van een zelfbeeld dat contrasteert met andere naties, en waarin bepaalde beelden, verschijnselen en houdingen beklemtoond worden.’ Soksoarte konstruksjes soene, hat earder Goffe Jensma skreaun, typearjend wêze foar it tiidrek yn ’e njoggentjinde ieu doe’t Fryske organisaasjes opgong makken en de skiednis brûkten om harsels foarnamer te meitsjen. By Jensma wurdt de ‘imagined community’ ferbûn mei de opkommende Fryske beweging. Jensma ferwiist by dat begryp nei ‘Fryske deugden’ as frij en ûnôfhinklik, wat boerich en rûch miskien, mar earlik en oprjocht. Ja, dêr kin sels in ‘eale wylde’ (bon sauvage) as Salverda by brûkt wurde.
Friezen, klaget Van Lennep, kenne har plak net, ha gjin doel oer manieren, bekroadzje har net om stânsferskil, sûpe en frette as bisten. In de hedendaagse cultuurgeschiedenis is het gebruikelijk geworden zo’n visie als een constructie van romantischnationalistisch ingestelde intellectuelen te beschouwen. (...) De historicus Benedict Anderson heeft er als eerste op gewezen dat het fenomeen nationalisme zoals dat in verschillende varianten in het negentiende-eeuwse Europa ontstond, verwijst naar een ‘imagined community’. Mensen beelden zich in dat zij – op grond van bijvoorbeeld geschiedenis, taal of gewoonten – met elkaar een natie vormen. (...) Volksaard of een hedendaagse term als ‘nationale cultuur’ is een problematisch begrip, omdat het de natie als homogeen en in essentie onveranderlijk voorstelt. Daardoor krijgt het een ideologische lading of wordt het een stereotype. Maar in feite
Optocht, konstrueard, as in soarte fan kontra-mal tsjin it Nederlânske nasjonalisme, benammen nei 1850: it komt by Kuiper werom as it om de sportive deugden giet dy’t Friezen ferbine mei it keatsen, en dan benammen de PC. Folle diskusje hat dy fisy oer it belibjen fan in Fryske identiteit net opsmiten. En dochs. Is de jonge konstruksje mei de byhearrende Fryske deugden wier de basis fan it Frysk identiteitsbesef, dat earst yn 1850 en letter it ramt foar in ‘imagined community’ waard? It wol jin hast net oan. Jacob van Lennep lei op syn reis mei Hogendorp yn 1823 de neifolgjende observaasje fêst: ‘Gehechtheid aan zijne provintie is lofwaardig, maar bij den Fries ontaart (sic) zij in stijfhoofdigen lof van al wat Friesch, in onkundige verachting van al wat uitheemsch is. (...) Bij de minachting voor het uitheemsche komt de oude vete tegen de Hollanders, die uit de Grafelijke tijden
de Moanne
41
herkomstig is, en de felle jaloezij tegen de Groningers.’ Friezen, klaget Van Lennep, kenne har plak net, ha gjin doel oer manieren, bekroadzje har net om stânsferskil, sûpe en frette as bisten. De ‘stijfhoofdigen lof ’ wurdt moai yllustrearre yn it wurk fan de Harnzer dokter Simon Stijl in lyts heale ieu earder. Hy skreau, mei ferwizing nei Romeinske boarnen, optein oer it by âlds al bysûndere karakter fan ’e Friezen, har gevens en oprjochtens. Yn de ‘Tegenwoordige Staat van Friesland’ (it earste diel ferskynde yn 1785) lêze wy: ‘De (Friese) Natie was niet listig of bedrieglyk, maar openhartig, en beminde daarom alle openingen van ’t gemoed. (...) In getrouw hun woord te houden werden zy van niemand overtroffen; al hing ‘er ook hun leeven en vryheid aan, zouden zy het zelve niet verbreeken. (...) Het onderscheid tusschen Heer en knecht viel ‘er nauwlyks te ontdekken (...). Over ’t geheel waren ze zeer maatig in ’t eeten, en wisten van geene overdaad (...).’ Sa wie it eartiids. Oer syn tsjintwurdige tiid skreau de skôger yn 1785 dat ‘de Fries’ as eigenskip hie, of ha moast: ‘Getrouwelyk zyn woord te houden; zyn vaderland en vryheid te beminnen, en als de nood aan den man gaat, kloekmoediglyk voor te staan, om zich geen nypend juk van bange slaaverny op den hals te laaten dringen.’ Oer de lichaamlike eigenskippen, dy’t Kuiper de keatspioniers fan nei 1875 mei it Frysk folkskarakter ferbine lit, stiet hûndert jier earder beskreaun: ‘...dat zulk een volk geenszins geschapen is, om zich in weelde en wellust te baaden, in koetsen gewiegd te worden, en dagelyks eenige uuren aan tafel door te brengen; maar om de kracht van een welgespierd gestel door stoute en vaardige lichaamsoefeningen te verdubbelen. (...) onvermoeid op de jagt, in het overspringen van vaarten en wyde slooten, in het kaatsen en kolven, en vooral in het schaatsryden, waar in zy nergens hun gelyken hebben (...)’ Jensma en Kuiper lykje de Fryske skiednis foar 1830 oer te slaan om in nijmoadrich histoarysk konsept ta te passen. Mar as men âldere boarnen rieplachtet, doocht dat ‘kontra-mal’ idee net sûnder mear yn ’e kontekst fan de njoggentjinde-ieuske naasjefoarming. Der wie al in langere tradysje fan identiteitsbesef en ‘folksaard-oantsjutting’, dêr’t de lju fan it Ald Selskip, it Friesch Genootschap en de PC op fuortbouwe koene. Stijl hat syn idee oer de Friezen ek net hielendal fan himsels, stelt men fêst as men even trochsiket. Hat Van Lennep gelyk mei syn ferwizing nei de tiid doe’t greven keninkjes waarden? Of moatte wy foar spoaren fan dy Fryske identiteitsomskriuwing noch fierder werom, oant by Melis Stoke en de heechmidsieuske Fryske rjochtsboarnen? Idealisearring en stereotypearring binne fan alle tiden. ‘Frijheidssin’, rjochtutens en ienfâldige krêft binne ek net eksklusyf Frysk, al wol it jin wol oan dat it hjir oant by de hegerein wat gewoaner en ynformeler om en ta gyng as yn gebieten mei in wielderiger (hof )kultuer. Wy fine sokke deugden en ûndeugden ek beskreaun by Bretons, Ieren, Skotten en earder by de Stedingers dy’t in krústocht wurdich wiene. It ideaaltype
/
fan in Grutte Pier ha se yn mear plattelânsgebieten dy’t har selsstannigens ferlearen. Dy wylde reus, dy’t domwei foar de frijheid opkomt, is gjin produkt fan de njoggentjinde ieu en gjin spesjaliteit fan Friezen. Der binne Friezen nammers ek wol oare (ûn)deugden taskreaun. Neffens Lebecq wiene Fryske skippers om 1000 hinne bekend om har houlikstrou en winstsucht. Hy neamt as eigenskip ek har ûnfermogen om de eigen lytse negoasje ta grutte hannelsbelangen útdije te litten. Dat lêste tekoart fynt men yn in stúdzje nei de problemen fan ’e skipperij yn 1953, gâns ieuwen letter dus, op ’e nij – en dêr driuwt dan wer in hiele romantisearjende skûtsjekultuer op. De oarsprong fan in eigen Frysk identiteitsbesef en fan ‘typysk Fryske’ (ûn)deugden, de dynamyk dêryn troch de tiden hinne en it spanningsfjild tusken ‘imagined’ en ‘real’ bliuwe nijsgjirrige ûnderwerpen fan neiere stúdzje. It hiele fraachstik fan nasjonale kultuer, folkskarakter en datsoarte dingen is nei Kosovo, Pim Fortuyn en Bin Laden te aktueel en eksplosyf om it yn in heale ieu fan ús skiednis op te sluten. It sit folle djipper.
De trend yn de oerheidskommunikaasje fan de ôfrûne jierren is ien fan tanommen omfang, belang en oansjen. Ik soe sels wol prate wolle fan in haus yn oerheidskommunikaasje. En dat is fansels net sa’n grutte ferrassing yn in maatskippij dêr’t yn 1999 al leafst 11.500 buro’s op kommunikaasjemêd teld waarden. En der binne, hiel konservatyf rûsd, op dit stuit sa’n 5000 oerheidsfoarljochters warber. Mei-elkoar binne yn Nederlân op syn minst 55.000 kommunikaasjefunksjonarissen yn it spier. Dat is mear as twa kear safolle as alle wittenskiplike meiwurkers ferbûn oan de Nederlânske universiteiten. En mear as de helte fan alle ferpleechkundigen yn Nederlânske sikehûzen. Nederlân kennislân? Nee, wis net: Nederlân kommunikaasjelân! De fraach nei it ‘to be or not to be’ is yn ús lân al lang ferfongen troch de kwestje ‘to communicate or not to communicate’. Allinne Mabel en har Johan Friso wie dat even ûntkommen. En dat mei in broer dy’t sûnt koart kommunikaasje-adviseur is!
De kommunisearjende oerheid of kommunikaasjekunde Dêr’t earder noch mei in heale foarljochter folstien wurde koe, is tsjinwurdich in ôfdieling kommunikaasje al it minste. En dêr’t earder mulo-A, en tagelyk in flotte prater, mear as genôch wie, is hjoed de dei in hbû-diploma kommunikaasjekunde werklik it minste. Dêrmei sprek ik trouwens gjin wearde-oardiel oer it diploma mulo-A út, lit stean oer de kwaliteit fan it hbû-diploma kommunikaasjekunde. Noch sterker, de noarmen om dy kwaliteit oan te hifkjen binne der net iens. In dúdlik profyl fan wat ta it fakgebiet al of net heart, mist. Teoretysk of metodologysk fundearre ramten binne oant no ta likemin ûntwikkele. En ûndersyk lit fierders sjen dat yn de kommunikaasjepraktyk amper of gjin gebrûk makke wurdt fan ûndersyk en yn alle gefallen net it ûndersyk dat binnen de ûnderskate opliedings fan belang fûn wurdt. It hat der al mei al in soad fan dat mar wat dien wurdt.
aäron Dat nimt net wei dat de kommunikaasje-adviseur de wyn mei hat. Hy of sy is al lang net mear allinne mar in foarljochter dy’t, om’t dat no ienris moat, him of har beheint ta it skriuwen fan in parseberjocht. Nee, it giet tsjinwurdich, en dat jildt foaral foar it
Haachske, om in topamtner, foar wa’t gjin doar lang ticht bliuwt, waans advys foar elke amtner fan belang is en dy’t fan it iere begjin ôf behelle wurdt yn de beliedstarieding en dy’t it meitsjen fan in parseberjocht graach oan VandeLinde Consulting BV ‘you get what you pay for’ oerlit. Dy docht dat foar mar 4 1.500 eks. BTW it berjocht. Hoewol’t der mar wat dien wurdt en in Nijmeechske ûndersykster koartlyn noch fêststelde dat kommunikaasje-adviseurs mei Aäron te ferlykjen binne, dy’t ommers ek allinne wat putsjes foar syn grutte broer Moazes dwaan mocht, en Maarten Huygen it yn NRC-Handelsblad oer it jierliks ôfstudearjen fan ‘honderden nutteloze mediadeskundigen’ hat, liket de trend op it earste gesicht in oare kant út te wizen: de eardere boadskipjonge is ûnderwilens evoluearre ta ien fan de machtichste amtners yn oerheidslân. En it fak fan kommunikaasje-adviseur kriget boppedat hieltiten mear keninklike trekjes. Ek al is dat foar mar twa dagen yn ’e moanne en in tiidrek fan twa jier. De nije funksje fan de keninklike heechheid kin sjoen wurde as it juwiel yn de kroan fan de oerheidskommunikaasje, dy’t earder al moai oppoetst waard mei it opwurdearjen fan de ryksfoarljochtingstsjinst ta in direktoraatgeneraal. Is in bettere yllustraasje fan it tanommen belang fan de oerheidskommunikaasje mooglik?
42
de Moanne
/
bestjoerder òf it tsjinjen fan hegere demokratyske belangen? En hoe stiet it mei de belutsenens fan de gemeentlike foarljochter as it tsjinwurdich giet om it kolleezje fan b. en w. oan de iene kant, en de ried oan de oare kant? Waans stânpunt wurdt útdroegen en foar waans stânpunt wurdt besocht om de befolking waarm te krijen? Sa’n spagaat is net sûnder gefaren. Mocht kommunikaasjeadviseur Ineke Lantinga har koffers net pakke, doe’t de Gelderske deputearren krekt wat minder bliid wienen mei de wize sa’t de media oer de ferfalske hantekeningen om it Gelredome en it provinsjale evenemintebelied hinne skreaunen? Myn stânpunt is trouwens dúdlik. Ik fyn net dat in bestjoerder ûnder in waarme tekken fan kommunikative warberens hoecht te lizzen. Hy of sy moat it belied net ferkeapje, mar fiere. De kommunikaasjeadviseur mei bêst ris in jûn thúsbliuwe, as it om it krijen fan draachflak foar prachtige plannen giet. De sjoernalist set it ommers wol yn de krante.
43
imagology
foto: provinsjehûs
Benammen sûnt de komst fan de televyzje is politike kommunikaasje wat langer wat mear op de persoan fan de politisy rjochte. Net har tinken en kinnen binne noch nijsgjirrich, mar har optreden, persoanlik wjerfarren en imago. En it slimste is dat dyselde politisy dêr mar wat graach oan meidogge. Ik behein my ta inkelde Fryske foarbylden. De moderne boargemaster docht mei oan in ûnnoazel spultsje op de televyzje. Is der dan nimmen dy’t foar dy eare betanket? In ynterview en foto yn de lifestyle-
de tút fan de kommissaris spagaat Mar it tanommen belang giet lykop mei in tanimmende kontroversjelens. Dat komt benammen nei foaren yn de aktuele Britske kommunikaasjekrisis. It giet dêr net allinne om de fraach yn hoefier’t it Britske regear de driging dy’t fan Saddam Hussein útgie, bot oerdreaun hat om de ynstimming fan it parlemint foar it meidwaan oan de oarloch tsjin Irak mar te krijen. Folle fûneminteler giet it om in fraach dy’t yn elke westerske demokrasy oan de oarder is, te witten dy nei it needsaaklik gesach en de ûnmisbere yntegriteit fan de moderne oerheid. Dêrfoar is in ûnôfhinklike en betroubere ynformaasjefoarsjenning in ûnmisbere betingst. It giet om de spagaat dêr’t elke oerheidsfoarljochter yn telâne komme kin, sels dy fan de gemeente Wymbritseradiel. As bestjoeren wat langer wat mear kampanjefieren wurdt, bliuwt dat ommers net sûnder gefolgen foar de kommunikaasjestrategy. It giet foar in part om in klassike diskusje yn kommunikaasjelân. Giet it om it útdragen fan fêststeld belied, of ek om it krijen fan wat hieltiten faker draachflak foar belied neamd wurdt? En hoe stiet it met de persoanlike stipe foar bestjoerders by it ûntwikkeljen fan in kommunikaasjestrategy? Wat posysje kiest de oerheidsfoarljochter as it giet om it út de wyn hâlden fan in
piet hemminga
rubryk fan in provinsjaal katern, ja, dat set grif seadden oan de dyk. Hokfoar auto ride jo en wêr keapje jo jo klean? De op de foto sichtbere lytsboargerlike ynrjochting fan de boargemasterswente lit it slimste tinke. In Ljouwerter teaterpremjêre betsjut foar goed tweintich Fryske boargemasters in ritsje mei in moaie rjemmewite ‘28 foot, 8 passenger, Super Stretch Limo’. Hollywood as nearzich foarbyld, men soe der mislik fan wurde. Myn fraach is oft sok dwaan helpt om it gesach en de yntegerens fan de oerheid te stypjen. Soe it net de helte better wêze om as bestjoerder dy merke fan idelens hurd te ferlitten en fierders foar te behâlden oan soapstjerren, beropsbalskoppers en in inkelde advokaat en makelder? Nei’t it postmoderne tinken dat de wierheid in yllúzje is of op syn bêst yn it meartal bestiet fierders fjild wint, nimme manipulaasje en mislieding yn de polityk ta. De demokrasy kin sa ferwurde ta in manipulaasje fan de boargers troch politisy, kommunikative helpkrêften en net te ferjitten opinyhifkers. Ynstee fan wat in demokrasy heart te wêzen, te witten in mooglikheid om de politike lieding te beynfloedzjen mei help fan in politike argumintaasje op grûn fan politike wearden en feitekennis. Sa’n manipulaasje is, sa hat dit lân de ôfrûne twa jier sjen litten, ek by ús
net langer ûntinkber. Hoefolle folksfertsjinwurdigers fine de eigen presintaasje tsjinwurdich wichtiger as de represintaasje fan har kiezers? Imagology hat wat langer wat mear it plak fan de ideology ynnommen. Yn dat patroan past ek dat bestjoerders dy’t krityk op har belied krije yn it algemien net sizze dat hja better nei de boarger harkje moatten hienen, mar ynstee dêrfan witte litte dat hja har belied better útlizze moatten hienen. Wat moat der ek al wer barre mei de magneetsweeftrein, ear’t der in referindum komme kin? Wat seinen de partijen dy’t dik ferlearen mei de beide lêste ferkiezings foar de Twadde Keamer? Krekt, it wie har ûnfoldwaande slagge om de minsken har wollen goed út te lizzen. Wat seit Europeeske Kommisje-foarsitter Romano Prodi, nei’t de Sweden nee tsjin de euro seinen: ‘Politisy moatte Europa better útlizze’!
burgumers Prodi wit grif net wêr’t Peazens en Peins of Sumar en Suwâld lizze. Lit my dêrom ris op de lokale omstannichheden yngean. De gemeente Tytsjerksteradiel frege koartlyn in koördinator kommunikaasje m/f. De advertinsje begjint mei dúdlik te meitsjen dat de frege persoan in ‘sterke persoanlikheid is, enerzjyk, selsbewust en eigensinnich.’ Mar ek wer net al te mâl, soe ’k sizze, want dan duorret it tsjinstferbân grif koarter as de útstelde goed twa jier. De nije funksjonaris moat fierders ‘organisaasje en bestjoer op strategysk nivo advisearje mei it doel om de gemeente in dúdlik gesicht te jaan en belied en plannen foar boargers helder, ynsichtlik en kontrolearber te meitsjen.’ Dat is fansels wol wat iensidich. De gemeente wol himsels ferkeapje en dat is yn beskate gefallen grif hiel moai, mar yn it gefal fan de eigen boargers krekt net nedich. Dy witte ommers wol wat se oan de gemeente hawwe as it bygelyks giet om it heljen fan it ôffal, it wurkjen fan it rioel, it ûnderhâld fan de stoepe, de hichte fan de ûsb of it tempo dêr’t in bou-oanfraach mei ôfhannele wurdt. Fansels, men kin der wiis mei wêze dat Tytsjerksteradiel de eigen transparânsje heech yn it findel hat, lykas de omskriuwing sjen lit, mar ik mis yn it advertinsje krekt it iepen each en harkjend ear foar wat de ynwenners dwaande hâldt. De Burgumers geane noch fan it saneamde ynformaasjemodel út en dat sjocht kommunikaasje foaral as de fersprieding fan ynformaasje oer de plannen en besluten fan de organisaasje. Dat model wurdt troch beskate kommunikaasjesaakkundigen tsjinwurdich as te beheind sjoen. Se hawwe it sels oer in nayf konsept. Ik soe ek graach wat mear omtinken sjen wolle foar in nijere oanpak yn de kommunikaasjekunde, te witten it reflektive model, dat omtinken freget foar de legitimaasje fan de organisaasje yn de maatskippij. Dat betsjut dat in ôfdieling kommunikaasje de top fan de organisaasje ynformearret oer en konfrontearret mei de analyze fan wat der ûnder de eigen ynwenners libbet. Sok dwaan hat fansels alles te krijen mei de eask ta in maatskiplik en transparant ferantwurde dwaan en litten.
foarljochter yn ferwert Ik reizgje noch wat noardliker en kom yn de gemeente Ferwerderadiel. Fryslâns lytste gemeente op de fêstewâl ‘worstelt met haar imago’, sa skriuwt de Leeuwarder Courant, nei oanlieding fan in petear yn de riedskommisje oer dy drege
kwestje. De grutte fraach is ‘Hoe kom je toch eens in de krant?’ Jelle de Vries fan it CDA is fan betinken dat de gemeente mear parseberjochten útjaan moat. Sjak Papma fan Gemeentebelangen tinkt oan in ‘persuurtje’. Bauke van der Heide, FNP-tinker, mient lykwols dat, as der neat is, ek neat te melden falt. As it berjocht yn de Ljouwerter doocht, dan is it yn alle gefallen sa dat de Ferwerter politisy it iens binne oer it sa gau mooglik oanlûken fan in foarljochter. No, ik kin my dat ek wol yntinke. Wat is no in gemeente dy’t yn syn boargerjierferslach oer 2002 ûnder it kopke ‘een terugblik op 2002’ net fierder komt as de konstatearring: ‘Er is in het jaar 2002 veel gebeurd in de gemeente Ferwerderadiel.’ Men tinkt: no komt it, ik bin benijd, want ja, yn it jier sels hat men dêr, de parse lit it ommers ôfwitte, net folle fan fernommen. En wat binne de folgjende twa sinnen yn it ferslach fan de boargemaster? ‘Een belangrijke ontwikkeling is dat sinds 7 maart 2002 de verhoudingen in het gemeentelijk bestuur zijn veranderd. Oorzaak hiervan is de invoering van het dualistische systeem.’ No ja, as dat alles yn Ferwerderadiel anno 2002 is! En dan haw ik it noch net iens oer ‘een belangrijke ontwikkeling’ dêr’t de boargemaster it oer hat! It oanlûken fan in parttime-foarljochter sil as ‘belangrijke ontwikkeling’ wol it ferfolch wurde. Mar goed, dat is noch net alles, want it jierferslach fan de boargemaster lit ek it folgjende witte: ‘Wat de bevolking betreft: het inwonertal is ook in 2002 gestegen. Het inwonertal werd vermeerderd met 24 mannen en 35 vrouwen.’ ‘Werd vermeerderd’: hokfoar Ferwerter taalwrotter hat soks skreaun? It giet dochs net om ierappels! Of moat ik soms Preker, of winliken Prediker, oanhelje: ‘Voorwaar, er zijn veel dingen die de ijdelheid vermeerderen’. En, as ik, lit my in eigentiidsk wurd brûke, de mismatch tusken de twa tallen foar resp. manlju en froulju sjoch, dan tink ik dat it net goed komt dêr yn Ferwerderadiel. Mar goed, dan sit der grif noch in moai krantestikje yn en stiet Ferwerderadiel ek ris yn de krante.
fris frysk Lit my ris nei de provinsje Fryslân sjen. It provinsjaal bestjoer fan Fryslân hat ferline jier besocht om in kommunikaasjebeliedsplan fêst te stellen. Besocht, want it plan foel yn Provinsjale Steaten sa ferkeard dat deputearren twongen wienen om it plan werom te nimmen. Op himsels hiel opmerklik foar in plan dat neffens eigen sizzen opset is ‘vanuit het oogmerk en kijkend naar hoe een moderne provincie behoort te communiceren. Zonder theoretische verhandelingen, concreet, praktisch en met respect. Op resultaten gericht. Kortom een even frisse als Friese aanpak.’ Ik soe net witte watfoar fris en Frysk dêroan is, mar dat docht der even net ta. Slimmer is dat it plan gjin ûnderskied makket tusken ynformaasje oer foarnommen en fêststeld belied. Feitlik hat it krekt wat tefolle fan in opsetsje om it provinsjaal belied te ferkeapjen en, as ik it goed sjoch, om provinsjale bestjoerders te promoaten. Elke Fryske deputearre hat no syn eigen foarljochter, en dat yn in provinsje dy’t noch gjin 650.000 ynwenners telt, en, noch folle wichtiger, in provinsje dy’t noch twa deiblêden hat dy’t alle dagen wer ferskine en folskreaun wurde. It hat der in soad fan dat de omfang fan de provinsjale ôfdieling kommunikaasje rjochtstreeks it produkt is fan it oerskatten belang fan it provinsjaal bestjoer.
44
de Moanne
/
foto: leeuwarder courant / jan de vries
45 typysk De ôfsketten provinsjale nota, foar djoer jild produsearre ûnder rezjy fan it Haachsk buro CommunicatieWerk, lit de nedige ûnsin sjen, dy’t net allinne, en dat is al slim genôch, fan it steatsrjochtlik ûnbenul fan de skriuwers tsjûget. It gemak dêr’t allerhanne konkrete útstellen mei dien wurde is suver noch slimmer. ‘Het pakket aan relatiegeschenken voor met name niet-Friezen dient te worden bezien. Dat pakket dient vaker typische,’ (gjin bywurd, mar in eigenskipswurd) ‘Friese producten te bevatten (zoals schaatsen, Beerenburg, pepermunt, suikerbrood, etc.).’ Ja, it is wat, want dy redens, bearenburch en pipermuntsjes wurde, hiel typysk, krekt foaral bûten Fryslân makke. En Bakker Bart, mei mear as hûndert fêstigings yn hiel Nederlân, makket grif ek hiel lekkere sûkerbôle. Ik reitsje net útlêzen, want yn itselde frisse en Fryske plan wurdt sein dat Fryslân ‘weliswaar in oppervlakte de grootste provincie is, maar dat de gemeenschap te overzien is, evenals het aantal gemeenten, en Fryslân heeft’, en no komt it klapstik, ‘een bevolking met een mentaliteit die positief gericht is wat betreft zorg voor een leefbare en kwalitatief hoogstaande samenleving’. Sa, dat wol ik even sein hawwe, kom dêr ris yn oare provinsjes om. Dochs spitich dat sa’n beliedsplan dat allegearre sa nei ûnderen hellet. Hawar, lykas ik al skreau, de Steaten hawwe it plan lokkich fersmiten, mar de oerheidskommunikaasje hie syn skea al oprûn.
tut Kommunikaasje-adviseurs betinke fan alles en noch wat om baas en wurk mar yn it publike omtinken te krijen. Sa binne chatsessys fan bestjoerders mei benammen de jeugd ûnderwilens in oantreklik oefenterrein foar, ja, foar wa winliken? Wa’t de chatsessy fan de Fryske kommissaris fan de keninginne mei in tal jonges en famkes, foarich jier novimber, nochris op de provinsjale webside neilêst, kriget net allinne lêst fan plakferfangende skamte, mar ek meilibjen mei in bestjoerder dy’t by God net wit wat him
oerkomt. It soe Nijpels trouwens slagje om ein july hiel wat mear tongen yn beweging te krijen, doe’t er de winner fan it jierlikse skûtsjesilen mei in tút beleanne. Dy opmerklike foarm fan oerheidskommunikaasje ferskynde de oare deis prominint op de foarste side fan de Leeuwarder Courant. Hiel wat, net allinne ynstimmende, reaksjes folgen. Meindert Visser, deselde achternamme as dy fan skûtsjekampioen Douwe Visser, wiist Nijpels yn in ynstjoerd stik derop dat hy elk tútsje mei, man, prins karnaval of de hiele famylje, mar nea en never in skûtsjeskipper: ‘Kommissaris, dit kin net!’ Sa’n tút en trelit meitsje dochs op syn minst dúdlik dat it net ienfâldich is om hannen en fuotten oan it needsaaklik gesach en de ûnmisbere yntegriteit fan de oerheid te jaan.
goed en kwea ‘Overheidscommunicatie dient feitelijk van aard en zakelijk van toonzetting te zijn. Ook dient de communicatie herkenbaar te zijn als afkomstig van de overheid’, sa seit de kommisje-Wallage yn syn rapport oer oerheidskommunikaasje. Sa is it mar krekt. Der hoecht gjin ideaalbyld presintearre te wurden om’t de werklikheid no ienris net goedernôch is. Der hoecht gjin nijs betocht te wurden, lit stean in kommunikaasje-adviseur oanlutsen te wurden, allinne om’t it ferlet om yn de krante te kommen befredige wurde moat. Ik ferset my tsjin mislieden en manipulearjen, tsjin mantsje- en wyfkemakkerij en oare windowdressing en tsjin it foarbygean oan it eksklusive karakter fan de publike saak. Ik bin foar iepenheid en it ôflizzen fan ferantwurding, mar tsjin it rjochtpraten fan wat krom is. En ik pleitsje foaral foar diliginsje en in harkjend ear. Lit my it nochris op ’e nij sizze: it is de heechste tiid dat de oerheid syn tsjinstfeint, boargemaster, deputearre of kommunikaasje-adviseur, in opmerksum hert jout om it folk rjochtfeardich te bestjoeren en goed en kwea te ûnderskieden. Wa wit, wurdt it mei de oerheidskommunikaasje dan ek noch wolris wat.
atze van wieren
De bouwmeester van Mildam Een gebogen rug temidden van steenhopen. De man die, geknield, met een tuinschopje bezig is grond te egaliseren, merkt mij niet op. Ik kuch. Hij komt overeind, monstert mij met blauwgrijze ogen en vraagt: ‘bent u de bouwmeester?’ ‘Nee.’ ‘Wie bent u dan? Wat wilt u?’ Ik voel mij enigszins overrompeld door zijn directe vragen en de afweer die ik bij hem bespeur. Wie is dit? De man draagt een grijswitte overall met de bovenste knopen los. Grijs krullend borsthaar. Doordat hij wat lager staat, zie ik, door de ongekamde grijze haren heen, neer op een bruin gevlekte schedel. Hoe oud is deze man, zeventig, vijfenzeventig? ‘Bent u Le Roy?,’ gok ik. ‘Ja.’ Ik leg uit dat ik over zijn ecokathedraal heb gelezen, al lang
van plan was eens te gaan kijken, dat het er alsmaar niet van kwam, dat ik ook vroeger al, in de zeventiger jaren, geboeid was door zijn ideeën over tuinaanleg. ‘Ik maak geen tuinen,’ onderbreekt hij nors. ‘Maar u had toch wel een bepaald concept,’ probeer ik. ‘Welnee, juist geen concept.’ We staan zwijgend tegenover elkaar. De wind ruist in de hoge bomen. ‘Ik heb geen zin het allemaal uit te leggen,’ hervat hij, ‘ik moet aan het werk. Ga eerst maar eens lopen, dan zie je het wel’. ‘Wat doet ú eigenlijk?’ Zijn ogen houden de mijne onderzoekend vast. Ik lees er, naast afweer, ook lichte ironie in. ‘Ik ben sinds kort met de VUT, ik was loopbaanadviseur.’ ‘Loopbaanassistent?’ Hij kijkt mij niet begrijpend aan.
46
de Moanne
Ik leg uit wat het werk inhield en voor welke organisatie ik dat deed. ‘Ach zo,’ zegt hij misprijzend, ‘ambtenaar dus.’ Mis, denk ik. ‘Nu vooruit, ga lopen, en kom dan straks nog even terug. Ik moet verder met m’n werk. Je kunt er trouwens op internet alles over lezen op www.ecokathedraal.nl Weet je wat nl betekent? ‘Nederland.’ ‘Nee, niet lullen.’ Hij lacht. Het ijs lijkt gebroken.
47
Het is een stralende nazomerdag, begin september. De hete, droge zomer heeft ook de bomen in de dorpsstraat van Mildam een vervroegd herfstige aanblik gegeven. Ik ben al twee keer langzaam met de auto door het dorpje heen en weer gereden, speurend naar een bordje met ‘ecokathedraal’ of zoiets. Geen enkele aanwijzing, en dat in Nederland, waar toch bijna alles is dood bewegwijzerd. Ik vraag het aan een boer die met zijn vrouw voor hun boerderij op het grasveld koffie zit te drinken. Zijn aanwijzingen brengen mij in Katlijk. Weer vragen. Dit keer blijk ik op weg naar Bontebok. Keren. Ah!, een hoveniersbedrijf. Daar zal men het vast en zeker weten. Klopt. De hovenier begint omstandig zijn visie op Le Roy uiteen te zetten. Niet zijn ‘cup of tea’, zoveel is duidelijk. Ik weet mij, achteruitlopend, met enige moeite, los te maken uit zijn betoog. In het bezit, gelukkig, van een duidelijke uitleg waar de ecokathedraal te vinden. Tegenover een armoedig ogend kerkje in Mildam sla ik de Van Aylvastraat in. Deze versmalt zich al snel tot niet veel meer dan een verhard bospad, de IJntzelaan. Ik rij langzaam, kijk om mij heen. Weet niet wat ik moet verwachten. Ecokathedraal klinkt wel héél groots. Dan zie ik rechts een roodwitte slagboom met het opschrift: Betreden op eigen risico. Door de begroeiing heen zie ik hopen steen blinken. Hier zal het zijn. Ik parkeer de auto, stap over de slagboom heen en loop het terrein op. Ik zie rechts kolossale partijen steen en puin, die pas gestort lijken. Ik klauter er tegen op en zie dan pas dat ik hier niet alleen ben. Tussen de stenen is, voorovergebogen, iemand aan het werk. Ga eerst maar eens lopen, had hij gezegd. Begin maar in het oudste gedeelte. Ik loop over een smal paadje, of paadje, eigenlijk is het platgetreden gras en mos. Het is stil. Alleen gekwetter van vogels en het ruisen van de wind in de boomtoppen. Zonlicht valt door de bladeren van de hoge bomen - eiken, beuken, populieren - op merkwaardige bouwsels van steen die links en rechts van mij opduiken: muurtjes, torens die taps toelopen, sommige met kantelen, maar ook massieve bolwerken als stoere stadsmuren. ‘De verborgen stad,’ mompel ik zacht. Alles is gebouwd door stenen op elkaar te stapelen, in allerlei patronen en zonder blijkbaar gebruik te hebben gemaakt van cement. Maar niet alleen stenen en klinkers, ik zie ook stoeptegels, putdeksels, trottoirbanden in streng verband met elkaar. Zelfs stuit ik op een brokstuk van een grafsteen uit 1833. En al deze bouwsels zijn opgenomen in de natuur, begroeid met gras, mos, struiken en planten. Bloemen bloeien, witte vlinders fladderen op, een libel weet mij maar net te ontwijken.
/
De uitbundige natuur blijkt zelfs een ‘echt’ huisje ingekapseld te hebben. Ik loer door de ramen naar binnen: een tafel met vreemde, stoffige voorwerpen, grote schilderijen staan tegen de achterwand. Rommelig. Het lijkt een in onbruik geraakt atelier. Ik loop verder. Er gaat een merkwaardige bekoring uit van deze plek. Het is alsof je door een overwoekerde stad van de Azteken loopt. Ik ga zitten. Ik ben verbaasd over wat ik zie. Al die bouwsels. Dit kan toch onmogelijk door één man tot stand zijn gebracht? De populieren lispelen, ver weg blaft een hond, dichterbij kraait een haan, een hommel zoemt voorbij. Ik zou hier heel lang willen blijven zitten, tussen de stenen, temidden van bomen, planten, struiken, vogels. Maar ik heb beloofd hem verslag uit te brengen. ‘Wat is het idee erachter,’ herhaalt hij mijn vraag. Zweet staat in dikke druppels op zijn voorhoofd. ‘Ach, dat ga ik niet allemaal uitleggen. Lees mijn boeken maar.’ Hij maakt een afwerend gebaar met het rode tuinschepje. ‘Maar…,’ probeer ik. Vorsend kijkt hij mij aan vanonder de grijze wenkbrauwen. ‘Symbiose. In de stad staan mens en natuur elkaar tegenover. ‘Het gras niet betreden’. Ik wil eenheid. De mens moet de natuur
foto’s: stichting tijd
48
zijn gang laten gaan, moet zijn creativiteit, zijn speelsheid erin kwijt kunnen. Maar de beleidsmakers gunnen mij de tijd niet. Alles is korte termijn politiek tegenwoordig en mijn projecten hebben tijd nodig. Heel veel tijd. Eeuwen tijd. Dit hier – hij
Ik wijs op een zware rioolput. ‘Zoiets is alleen toch niet te tillen?’ ‘Ik til niks. Ik gebruik mijn hersens en er zijn technieken om zoiets te verplaatsen.’
‘Mijnheer Balkenende, de wéreld staat in brand!’ ‘De mensen kunnen niks meer. Machines en computers doen het werk’ zwaait, en slaat mij bijna het notitieboekje uit handen - moet minstens tot 3000 doorgaan. ‘Maar,’ zeg ik, ‘u bent straks dood en wat dan?’ ‘Ik heb de Stichting Tijd opgericht. Wij leiden mensen op die mijn werk voortzetten. Ik krijg hier duizenden bezoekers per jaar, architecten uit de hele wereld komen kijken. Men begint langzamerhand te beseffen wat ik aan het doen ben.’ ‘Ik verbeeldde mij in een stad van de Azteken te zijn,’ zeg ik. ‘Ach, de Azteken… Mooie buitenkant, maar van binnen een rommeltje. Mijn gebouwen zijn volledig massief. Als een Zwitsers precisiehorloge. Dit staat over duizenden jaren nog. En alles met deze twee handen en dit schepje.’ ‘Helemaal alleen?’ ‘Ja. Toen ik hier meer dan twintig jaar geleden begon, was dit hier weiland. En zie nu eens. Wat één mens vermag.’
‘Weet je,’ hij komt dichterbij als om een geheim te verklappen, ‘de mensen kunnen niks meer. Machines en computers doen het werk. Kinderen leren alleen nog dingen opzoeken, informatie vergaren. Mensen gebruiken hun hersens niet meer. Die leer je gebruiken als je met je handen werkt.’ ‘Ik vind het zo kunstig gestapeld,’ zeg ik. Hij schudt nijdig het hoofd. De grijze baardstoppels vangen het zonlicht, lichten op. ‘Ik stapel niet. Ik bouw. Maar ik gebruik geen cement. Ik wil ook alleen maar schoon stratenmakersafval. Er mogen geen resten cement opzitten. Tonnen per jaar worden hier gestort.’ Ik kijk om mij heen. Stenen, stoeptegels, rioolbuizen, afwateringsputten. Wat bezielt deze man om die niet opdrogende stroom dag in, dag uit, jaar in, jaar uit te ordenen, te schikken,
de Moanne
/
49
vorm te geven. Achter hem neemt de natuur er bezit van en drukt er haar stempel op, maar dan is hij al weer verder. Wat drijft hem? Wat wil deze man de wereld bewijzen? Of bouwt hij aan zijn eigen graftombe, zijn eigen piramide? ‘Hoe oud bent u,’ vraag ik. ‘Tachtig.’ Hij legt zijn hand vriendschappelijk op mijn arm. ‘Weet je, politici begrijpen hier niets van. Onlangs had ik Thom de Graaf hier. Ze begrijpen het niet. Korte termijn denkers. En dan die Balkenende met zijn waarden en normen…’ Hij zet zijn handen als een megafoon aan de mond en roept: ‘Mijnheer Balkenende, de wéreld staat in brand!’ ‘Kom,’ zegt hij met een zucht, ‘ik moet nodig weer aan het werk. Loop nog maar even hier om het nieuwe gedeelte heen. Kom nog even langs voordat je weggaat.’ Om het nieuwe gedeelte heenlopend, het deel waar de natuur nog niet, of amper, bezit van heeft genomen, besef ik pas goed welk gigantisch karwei deze man hier klaart. Kolossale bouwsels. Niet rechttoe, rechtaan, maar met fraaie artistieke patronen. Weer bij hem terug, zeg ik dat. Van dat artistieke. Hij glimlacht. ‘ik ben een universele kunstenaar, mijnheer. Ik kan rekenen, ben assistent accountant geweest. Ik ben architect, heb ziekenhuizen gebouwd, tuinen ontworpen. Het atelier hier op het terrein heb ik helemaal zelf gebouwd. Ik schilder, momenteel werk ik aan een doek van 600m?. Ik schrijf boeken.’
Weer legt hij zijn hand op mijn arm en zegt, iedere lettergreep benadrukkend: ‘niet lullen, maar doen.’ ‘Ik hoop dat u nog lang gezond blijft,’ zeg ik. De man is mij sympathiek geworden. ‘Kom je nog eens langs?’ vraagt hij. Ik knik en zeg dat ik blij ben dit gezien, en hem ontmoet te hebben. ‘Blij dat je ervan geniet,’ zegt hij, ‘dat geeft míj ook een goed gevoel.’ We staan tegenover elkaar. Ik weet niet goed hoe afscheid te nemen. Ik zou hem nog zoveel willen vragen. Deze man moet boordevol interessante ideeën en verhalen zitten. Alsof hij het aanvoelt, zegt hij: ‘bel me maar eens op, ik sta gewoon in het telefoonboek.’ Komisch, denk ik, in het begin één en al afweer en nu mag ik gewoon opbellen. Ik groet en zoek mijn weg over de stenen. ‘Hoe laat is het, kwart voor twaalf?’ roept hij me na. Ik kijk op mijn horloge. ‘Klopt!’ ‘Dat dacht ik al,’ zegt hij lachend. Als ik bij de uitgang nog een keer achterom kijk, ligt hij alweer gebogen tussen de stenen. Zie ook www.ecokathedraal.nl en www.stichtingtijd.nl
In foto as medisyn
50
De moarns stie der in foto yn de Volkskrant, makke op de parsekonferinsje (1 oktober) dêr’t de gearwurking fan KLM en Air France bekendmakke waard. Dy foto makke wat yn my los. De jûns seach ik it hiele barren yn it sjoernaal, mar in foto wurket oars, yngeander. Kinst him op tafel dellizze en der hieltyd wer nei sjen. Dy blaueagige, breedlaitsjende, mûtele KLM-stewardess stuts letterlik en figuerlik fier boppe har dûnkere, spjochtige Frânske kollega út. Dy twa sille net tafallich keazen wêze om it histoaryske momint glâns te jaan. It binne wiere ikoanen, net allinne fan harren loftfeartmaatskippijen, mar net minder fan harren naasjes.
(Fergelykje dat ris mei al dy hearen, allegear yn dûnkere pakken!) De KLM’se moat Freya, de Germaanske goadinne, wêze. By dy fan Air France haw ik net daliks assosjaasjes. Of dochs, earne yn myn boekekast moat it fotoboek Meisjes van Parijs omsweve. Dêryn tilt it op fan sokke oh la la-froulju. Ik sykje it op - it is fan 1961- en sjoch, no sjit it my wer tebinnen, de prachtige foto’s binne fan Janine Nièpce! It wie har foarfaar Nicéphore Nièpce, dy’t yn 1816 de earste fiksearde fotografyske opname makke, sa seit it byskrift by it portret fan Janine. As men sjocht nei de ikoanen, soe men net ferwachtsje dat
de Moanne
51
krekt de KLM ea yn de swierrichheden reitsje soe. Boppedat, al sûnt myn jeugd haw ik in tige grut betrouwen yn de KLM. Dat is it gefolch fan de ekskurzje dy’t wy yn 1956 mei de sneinsskoalle nei Skiphol makken. Yn dy skrale fyftiger jierren, doe’t yn ús strjitte allinne mynhear S. in auto hie en wy ús rêde moasten mei in âld rykrak fan in fyts, waarden wy by dy prachtige fleanmasines lâns fierd. Hokker jonge soe him dêr net fuortendalik as piloat melde wolle, hokker famke dreamde der net fan om stewardess te wurden! Har suterige klean te ferruiljen foar in strak unifoarm. Yn letter jierren, as ik wolris tryst waard fanwege de tastân yn de wrâld of dy fan mysels, dan hoegde ik it âlde foto-album mar te pakken, de groepsfoto mar op te slaan en myn dipke ferdwûn op slach! Gjin wûnder mei yngrediïnten as mei de sneinsskoalle op reis, de moaie juf mei ljocht hier, dêr’t ik yn alle stilte fereale op wie, sinneskynwaar, it meiinoar posearjen foar de Albert Plesman! The Flying Dutchman. Mar lykas Fokker, Hoogovens, DAF en noch hiel wat mear bedriuwen dêr’t Nederlân sa grutsk op wie, sil de KLM oplosse as de moarnsdauwe foar de sinne. Gefolch: de terapeutyske krêft fan de groepsfoto nimt ôf. Ik merk bygelyks dúdlik dat de foto machteleas is tsjin de deprimearjende effekten fan de skandalen dêr’t ús keningshûs yn fersylt. De iene prins trout de dochter fan in pylder fan in min rezjym, de oare ferslingert him oan de ekswrakselkat fan in krimineel. Och, wat mis ik ek Anton Constandse sokke tiden. Mei syn kreakjende stimme ûntraffele hy foar de VPRO-radio yn in pear minuten de yngewikkeldste problemen. Dan koest wer fierder. By al dy treurigens komt noch dat wy in krêftich medisyn tsjin malêze-gefoelens samar út hannen jûn hawwe: Dick Bruna’s Nijntje! Opkocht troch it swier besochte New York om de stêd in freonlike, betroude, aaibere útstrieling te jaan. Sels bliuwe wy sitten mei Jip en Janneke, dy’t jin yn de HEMA fan alle kanten bespringe. Mei myn dippen witte dy ûnnoazele berntsjes gjin ried. Ik freegje my - ûngerêst en ûnrêstich - ôf: Erik de Noarman, soe dy wat betsjutte kinne? Of Bokke Heidehipper en syn doarpsgenoaten? Wa ken se noch, dy ûnfersetlike striders tsjin lyts en grut ûnrjucht? Under harren bewâld soe men jûns wer oer de dyk doarre, rêstich sliepe, de takomst wer treast wêze. No ja, yn elk gefal plak ik dy ljochte, blaueagige stewardess op de binnekant fan de húskedoar. (Baat het niet, het schaadt ook niet.) Willem Winters okt. 2003
/
Gedichtedei op de lêste tongersdei yn jannewaris Op 29 jannewaris 2004 wurdt de fyfde edysje hâlden fan de lanlike Gedichtedei. It tema is dan HELDEDICHT. Yn Fryslân sil ek in tal aktiviteiten op priemmen set wurde. Op de websiden www.omropfryslan.nl en www.tresoar.nl wurdt in folslein oersjoch byhâlden fan wat der dy deis te rêden is. Foar de twadde kear iepenet de SLAL de lanlike Gedichtedei yn Ljouwert mei in poëtyske moarnsbrogge yn stedsskouboarch De Harmonie. Under oaren Youp van ’t Hek, Henk Kroes, Jos Thie, Anneke Douma en Foppe de Haan komme mei har favorite heldedicht. En fierder binne de oersettings te beharkjen dy’t foar dy gelegenheid spesjaal makke binne fan it ferneamde ‘A working class hero’ fan John Lennon. In sjuery siket de bêste oersettings út en alle talen dy’t yn dizze provinsje praat wurde meie derfoar brûkt wurde. De Harmonie is de moarns om healwei achten iepen en it programma duorret oant likernôch njoggen oere. OMROP FRYSLÂN RADIO sil minsken oproppe om in gedicht te skriuwen oer har persoanlike held. Dat kin ien wêze fan doe of fan no, stil bewûndere of algemien bekend, dat mei allegear. Guon fan dy gedichten sille yn de fjirtjin dagen foar de Gedichtedei útstjoerd wurde yn it radioprogramma Omnium, foarlêzen troch de makker sels. Op de eigenste dei sil OF Radio de hiele dei troch omtinken jaan oan de Gedichtedei. Alle oeren stiet dan in oare Fryske dichter en syn/har poëzij sintraal. By in ferslachjouwer ûnderweis sille allerhanne minsken oan it wurd komme, bygelyks in fan fan de dichter, in buorfrou, de útjouwer of de dichter sels. IT FRYSKE BOEK sil de lûdsopnamen fan de finale fan it Ferstival (op 6 desimber 2003 yn De Lawei) op cd útbringe en kado dwaan oan de likernôch 250 abonnees fan It Sprutsen Frysk Boek. Op 1 jannewaris 2004 stappe de abonnees oer op digitale werjefte en de cd mei poëzij, foardroegen troch jongerein, is bedoeld as in presintsje by dy feroaring. TRESOAR fersoarget de jûns fan 20.00 oere ôf in Grutte Dichtersjûn yn Theater Romein yn Ljouwert. Der sille optredens wêze fan acht bekende dichters út Fryslân en Nederlân: Al Galidi, Eva Gerlach, Ilja Pfeijffer, Rob Schouten, Tsjêbbe Hettinga, Margryt Poortstra, Jacobus Q. Smink en Albertina Soepboer. De muzyk is fan Bauke van der Woude & Campbell Forbes en de presintaasje wurdt dien troch Rennie Veenstra. It programma biedt in oantreklike ôfwikseling fan Frysk en Nederlânsk en allerhanne stilen fan dichtsjen. Yntree 4 9,–; foarferkeap fan 5 jannewaris ôf tusken 12.00 en 17.00 oere of tillefoanysk op (058) 215 82 15. Op www.doar.nl, it literêre ynternettydskrift foar ûnder-detritigers, stiet yn jannewaris it gedichtedeitema ‘Heldedicht’ sintraal.
selsportret by staniastate
52
de Moanne
/
‘It moarnsljocht hat my yn ’e besnijing’ Fotografe Elske Riemersma
marita de jong
53
Fotografe Elske Riemersma út Ljouwert hat de foto’s makke foar de Skriuwerskalinder 2004. Dy foto’s reizgje no by in tal Fryske bibleteken lâns. Dit jier is it tema ‘Sinnebyld’. Riemersma makke seis dûbelportretten en seis foto’s fan Fryske loften. Se woe al hiel lang bysûnder ljocht fotografearje. “Dêr moatst der betiid foar ôf. Dit wie in oanlieding om dat ek echt te dwaan. Nachts gie ik de doar út en alle apparatuer stie klear as de sinne opkaam. It is hiel spesifyk ljocht, der sit noch in bytsje fan de nacht yn.” “It klisjee fan de ûndergeande sinne wie my te maklik. Moarns betiid, by de opgeande sinne, is it ljocht oars. Ik bin noch lang net klear mei dit ûnderwerp. Dizze foto’s binne yn april en maaie makke. Ik wol ek nochris opnamen meitsje yn desimber. Dat lânskip, dêr bin ik noch hieltyd mei dwaande. Ik doch der ‘ûndersyk’ nei. Wat docht it ljocht mei it lânskip en wat docht it mei my. It moarnsljocht hat my yn ’e besnijing, ik wol der fierder mei. Ik soe ek graach ris op oare plakken sjen wolle, yn Nederlân mar ek yn Europa.” “Ik ha de gedichten dy’t op de kalinder steane goed lêzen. It tema ‘leafde’ komt der faak yn foar. Neist de seis lânskippen woe ik ek dûbelportretten meitsje, fan jong nei âld. Want yn dy lânskippen wenje minsken. Mei dy portretten wol ik dúdlik meitsje dat yntimiteit tusken minsken oeral yn sitte kin.” “It is miskien in reaksje op in ûntwikkeling yn de fotografy, dy’t ôfstanliker is. In soad foto’s striele iensumheid út. Dêr ha ik net safolle mei, it heart net by my. Ik bin ek net fan doel om dêroan mei te dwaan. Dit is wat ik meitsje en dêr moatte de minsken it mar mei dwaan.” Riemersma studearre oan de Academie voor Educatieve Vorming yn Baarn. Nei har oplieding hat se yn Haarlem wurke mei rânegroepjongerein. “As begjinnend jongereinwurker wie dat fierstente swier. Wy hiene te krijen mei Hell’s Angels en kompleet traumatisearre jongerein, dy’t mei pistoalen omsjoude.” Troch in tafal kaam Elske telâne op in kursus fotografy en doe wist se: dit is it. “Foto’s meitsje koe ik hielendal sels dwaan en op dy wize myn eigen wrâld meitsje. Yn Amsterdam ha wy doe mei in pear froulju it Vrouwen Foto Kollektief oprjochte. Al gau krigen wy in grutte opdracht fan Teleac, dy’t dwaande wie mei in kursus foar Turkske en Marokkaanske froulju. It gie om analfabeten. Yn it kursusboek kaam dan ek gjin tekst foar, allinnich foto’s.” “Nei dy opdracht bin ik twa jier nei de fotofakskoalle gien. Ik woe ek de technyske kant fan it fak behearskje. Efterôf bin ik bliid dat ik nei twa jier ophâlden bin. Je moasten hiel neutraal wurkje. As jo in eigen byldtaal ûntwikkelje woene, boarren se dat de grûn yn. It wie tiid om myn eigen wei te gean.” “Al gau krige ik wurk by De Blauwe Stoep. Ik wenne doe wer
yn Ljouwert. Ik joech kursussen fotografy en dat doch ik noch hieltyd. Wy hawwe, no by Parnas, in relatyf grutte ôfdieling fotografy. It fernuveret my dat safolle minsken ynteressearre binne yn swart-wyt fotografy. Ek de jongerein hat nocht oan dat ambachtlike fan it sels foto’s ôfdrukken.” “Neist myn wurk as dosint bin ik mei eigen projekten dwaande, sa as ‘Stien en Wetter’. Tine Betlehem frege my om tegearre in boek te meitsjen. Ik hie foto’s makke fan in rivierke yn Frankryk dat oer en by stiennen lâns streamt. Dy searje hie ik de wurktitel ‘Wetter en Stien’ jûn. Ik hie noch in kear werom west om mear opnamen te meitsjen. Dat foel moai gear. Ik stuitsje geregeldwei op ûnderwerpen dy’t my reitsje. Dêr gean ik mei oan ’e gong. Dat wie ek mei dat rivierke it gefal. Foardat ik wer weromgie, hie ik yn myn holle al in soad foto’s makke. Je kinne dat sjen as in soart fan ûndersyk. It foarwurk doch ik thús.” “Minsken ha faak it idee dat fotografearje simpelwei in druk op ’e knop is, mear net. Se ferjitte dat je as fotograaf al lang mei in ûnderwerp dwaande binne. Je binne der noait frij fan. “Sa no en dan sis ik tsjin mysels: no hast in dei frij. As ik mei myn gesin op stap gean, besykje ik my derfoar ôf te sluten. Yn ’e fakânsje gean ik der altyd in dei op út. Mar dat slagget net altyd.” “Ik meitsje benammen portretten en lânskipsfoto’s. Dêrneist doch ik opdrachten, bygelyks foar it COS en ferskate dûns- en teatergroepen. Dêrneist bin ik dwaande mei allegear projekten dy’t ik sels betink. Ik meitsje der in plan foar, besykje om subsydzje te krijen en ik gean oan ’e slach. Sa ha ik in searje makke oer de kapperssaak fan ús heit op ’e Tynje. Hy hold ein 1998, op 71-jierrige leeftyd, op mei syn saak. De eksposyje makke diel út fan Noorderlicht. De kapperssaak hie in emosjonele wearde foar in soad âlde minsken út it doarp. Sommige klanten kamen as lyts jonkje al by ús heit yn ’e saak. De foto’s lizze in part fan it doarpslibben fêst.” “Dêrneist ha ik plannen om wat te dwaan mei foto’s dy’t ik makke ha fan âlde bushokjes yn Tsjechië. Ik soe se graach eksposearje wolle yn ’e wachtrûmte fan Arriva hjir yn Ljouwert. De bysûndere arsjitektuer en de wize sa’t de húskes yn it lânskip steane spruts my oan. Der sitte prachtige dinkjes tusken, soms mei in ferdjipping derop, âlde, nije en sommige hingjend op in brêge. It moaiste soe wêze: yn kombinaasje mei teksten fan in Tsjechyske skriuwer. Dat fyn ik hiel moai. Proaza en byld. Dat wie ek it moaie fan de skriuwerskalinder. Itselde tema yn wurd en byld.” De fototentoanstelling ‘Sinnebyld’ is te sjen yn de folgjende bibleteken: yn Drachten oant en mei 30 jannewaris en yn Balk fan 2 oant 27 febrewaris. Yn maart giet de eksposysje nei de Centrale Bibliotheek yn Ljouwert.
parels uit het noorden
Fryslân, ús Foppe en ik
bouke van der hem
54
‘Van Groningen’, sei ik, en nochris, no dúdliker, ‘van-gro-ning-en, doctorandus Van Groningen’; ik luts myn kaartsje al út it bûske, ‘hier hebt u mijn...’ ‘Van Nazaret’, klonk it ienfâldich, ‘sis mar gewoan “Foppe” en “do”’. Ik fielde dat de earste slach sûnder mis foar him wie, al ha ik it oars net botte stean op âldere manlju dy’t de hiele dei yn joggingklean omspane. ‘Ja, kijk...’, begûn ik, min op myn gemak, ‘over dat ongevalletje van hedenmiddag, ik bedoel, mijn zoon kwam van rechts, maar...’ -‘Jawis’ ‘... ik fielde my as heit dochs ferplicht om ris te sjen hoe’t jo it der ôfbrocht ha en dan woe ik ’t der tagelyk mei jo oer ha...’ ‘Hat de jonge him slim sear dien?’, ûnderbruts er mei in minder nasale, no hast sêfte stim. ‘Nee, dat no net, mar syn fyts, syn fyts, dy seach der wol mâl út!’, doarde ik yn te bringen. ‘Syn fyts?!’, klonk it ynienen lûd en helder, hast ferheard. Syn donkere eagen sochten my, wylst ik der even net wêze woe. ‘Ja, syn fyts’, hearde ik mysels noch bearen, ‘syn fyts, ja!’ Earst no’t er sa ûnferwachts út ’e sit omheechkaam, seach ik hoe grut en hecht oft hy winliken wol wie. ‘Kom’, wie it. Oars neat as ‘kom’. Doe’t er foar my út troch de gong nei de foardoar rûn, sei er neat, mar it swijen op dat stuit kaam mear oan it gefoel as de geve taal fan niiskrekt. Hy die de doar foar my iepen en mei in keale hânbeweging nei de fytsen tsjin ’e muorre, sei er: ‘Sykje mar wat gaadliks út, hja steane derfoar’. Daliks rûn er de gong wer op, de doar bleau iepenstean. Doe’t ik in fyts útsocht hie – net te nij, mar ek net sa’n âld kring, by eintsjebeslút hie de soan in pear jier ferlyn noch in knappe healsliten fan my krigen – seach ik, foardat ik opstappe soe, noch ien kear de keamer yn:
pasteltinten, in fiifsitsbank en in keardel mei sulvergriis stikelhier en in lege foarholle; hy draaide de rêch nei it rút ta – fanwege it ljocht fansels – en eh..., dy grutte pier siet al fan in boek te genietsjen, ja, sorry dat ik it him ôfnoaske: it gong oer himsels. Ik luts oan de skouders en woe út ein sette, mar ik wie noch net om ’e hoeke of ik seach in frou lizzen yn in smoarge garaazjeoverall en mei in Sportclub Heerenveen-petsje op; heal ûnder in beplakte scooter dy’t skea hie. Op de seame fan har boarstbûse stie mei reade letters ‘techn. ass.’; boppe de wurdsjes sweefde noch in pompebledsje. ‘Ongelukje?’, frege ik kwasy-ûnnoazel, fan it fehikel nei de man-fan-it-boek wizend. Der klettere allinnich in skroevedraaier op de tegels. It scooterke fierde gjin plaatsje achterop. ‘Verzekerd?’, besocht ik nochris. It frommes ûnder de brommer gniisde no lang en lûd. Doe sei dy tange: ‘Ha, ha, dat makket net út, ju. It wie sines net iens, hy berydt normaliter allinnich yn de timpel fan ús Abe sa’n ding en dan noch leafst ien sûnder sponsorstickers, mar do hast it hartstikke troffen dêr op dat krúspunt!’ Ik smiet de fyts tsjin de muorre, dûkte de spacewagon yn en ried fuort, sa hurd en sa fier as mar koe. Nei de twadde rotonde moast ik derút: spuie, ferskriklik koarje. Wer op wei en de flecht hast folbrocht by Fryske Peallen, kaam mei in swaai fan de rutewisker it byld werom: in âlde reus sûnder wryt of slyt, de brave held, foarsisbere moraalridder, klisjee-blauwe strielen út djippe eachholten nei in jubelboek mei rimen en teltsjes. En oeral yn ’t rûn korrekt folk mids smûk skaadzjend beamtegrien. Brrr. Sokke ikoanen. ‘Plankgas!’, fjurre ik mysels oan, ‘Friesland is niet jouw ding’.
literer tydskrift sunt 1969
Trotwaer 55
/
Trotwaer
de Moanne
poezy III Sa’n honger nei it libben hiest, in djippe langst om alles mei te nimmen. In rôfdier
baukje wytsma
wiest, dat hime by myn ear. En kear op kear waard ik befongen troch in huver, koe net ûntkomme oan dit swiet gefjocht. Do lietst my keninklik op wite wolken ride. IV Wiene der bûten ús noch minsken? Wy libben foar in appel en in aai, it waaide yn de beammen,
in boat dreau fan de wal
ik woe wol fjouwer bern. Do soest wol sjen, want do woest my net diele. Allinnich as se op my liken, dan wol. Dan woest wol fiif. Dyn holle op myn liif. Wa wie de smid fan ús gelok, wa hie de kaai?
I
V
Der wie eins gjin ferwin op, alles kaam sa as it kaam. In boat dreau fan de wâl,
It ljocht, de tsjoen, it rekke wei. Gjin wurden om it te beneamen. Der wie gewoan wat fuort dat grif
mear net. It wie te let om noch te praten, it woe net mear, in holle op in skouder,
gjin namme hie. Of eat dat net bestie. Soms gûlden wy om in ferhaal fan treast oer minsken dy’t net libje koene,
tegearre hân yn hân en dan gewoan wat sizze, deastil lizze as it reinde yn de nacht.
om ûntarikkendheid it meast. Wy wisten dat der gjin ferwin op wie, want neat soe ea wer wurde wat it wie.
II
VI
Sa tichtby dat ik hearde oan dyn azem dat de sliep dy yn syn earmen naam en do
Gjin fjoer, gjin flam, gjin langst dy’t noch wat iepenbruts. De hannen sochten op ’e taast,
dy einlings oerjoechst. Dyn ferhaal dat yn de keamer hingjen bleau, licht resonearre.
mar fûnen neat. Sa streaken wy ús yn ’e sliep, mar sliepten net. Oant ien it lûdop sizze doarst
En asto wekker waardst, prinshearlik tusken lekkens, ien bleate foet al hast wer op ’e grûn.
dat leafde net bestiet. Alteast foar ivich net miskien. Of miskien wol, in ink’le kear.
poëzie
egbert born
de gekooide man wacht op een goede vrijdag...
En het wérkelijke leven openbaarde zich aan hem door een náchtmerrie die echt wáár bleek te zijn gebeurd, zomaar…, zónder dat hij het wíst, zondaar dat hij wist, wiste hij het uit zijn geheugen, had hem in de steek gelaten op een nare manier… Hij bleek ‘anders’ te zijn, ánders dan zijn verbeelding, en hoewel hij in zekere zin was bevrijd, kan níémand aan zichzélf ontsnáppen, dat snápte hij, hij wíst niet wat hij nooit gewéten had, maar het was hem verteld door iemand die hij gelóófde, iemand, niet zómaar iemand, maar iemand die van hem had gehouden, maar toen bang geworden was, niet láng, dát niet, dat beángstigde tóch… En hoewel hij niet achter trálies zat wáchtte hij, op een vrijdag met twee zachte handen, gevangen in het lichaam met die geestesklier… Leeuwarden, 31 maart 2003
/
Trotwaer
de Moanne
poëzie
egbert born
het sláápvervangend ontwerp van het hoofd - waar al chemie bestond
De insomnueuze agent wás al voorbij het vertrekpunt van verdáchte gebieden, tijdens de náchtdienst verloor hij de inktzwárte realiteit van de tweesprong, door de ijselijke gedáchte dat het wáken en slápen mogelijk pas ná de Styx gecontroleerd zou zijn… Op de onmételijk witte vlakte van de toendra opende de deur als vervanging van twéé deuren en de honderd paar ogen als meteoren, fungéérden als reflectoren – maar alléén de serene chirurge, die de stilstaande, genagelde, éérbewijzende dansvloer opschreed kon zien dat zij kéken… De májestueuze, róódgemármerde operátietafel stond gereed in de róde kámer van de discotheek; lichtelijk geholpen door een lucíde gebaar van Merlijn, de assassinator, had de diender zijn schédelkap reeds hálf gelícht – toen zij haar taak volvoerd volbracht… Vér verwijderd op een Alpenweide lag een meisje kauwend op een groene spriet, omwonderd door het miraculeuze van de bergen, régendruppels gutsten op haar zuiverhuid, ze nam een colaatje, het giste, ze vroeg haar hoofd, in de wolken, naar de mystificátie – het ik te scheiden van het onbewúste… Drie maanden later liep hij mechanisch fluitend langs het blauwe water van de havenstad, de honderd toezichthouders van de Orde van April waren onopvallend neergestreken als een amorfe amoebe – door de vertekening van zijn zonnevenster zag hij een Zwitsers meisje met blauwe doos; bleek een bláck-bóx te zijn… Leeuwarden, 23 juli 2003
de Moanne
/
Trotwaer
poezy
yn tel klaas feenstra
Hoe sil ’k dy neame: wjittering of feart, kinst meunst’rje tsjin romroftige kompanen lyk Swette, Bonke, Ie, as winters oer har banen fûleindich de alvestêderider avenseart? Do, himpen stream dy’t nei it âld Ljouwert wynt, bist net ferneamd, mar grif by my yn tel, net in rivier mei gâns in sitadel, wêrneist men it stânbyld fan de bouwer fynt. Wêrom dochs ha ’k in swak foar dy, - it bliuwt foar my te rieden – Dyn namme yn myn siele skrast, oantinken oan de krisistiid alear - de earmoed yn syn hear en fear – En dan: ús mem oan it itensieden: potmarge, streksume winterkost.
proaza
In aaklik bist
geertruida van assen In hiel skoft bliuwt de man op it dak. “Ik bin net sa bliid mei sokke gekken”, ropt er nei heit, as er wer op de heechste trime fan de ljedder stapt. “Se meitsje sokke aaklike bisten fan spinnen. Se hawwe it sa krekt neidien dat ik hast sizze soe dat hjir wier in spin libbet. Mar jo en ik binne net gek en dat litte wy ús ek net meitsje. Wy witte dat sokke bisten net...” Dan giet it ynienen hiel hurd. In ûnbidich grut ding fljocht krekt by de Spinneman lâns nei ûnderen ta. Wat it is, kin Sander sa gau net sjen. Heit hat him by de earm krigen. Sander raast sa hurd as er kin. De fuotten binne him hielendal slop, rinne kin er net. Mar dat hoecht net, heit skuort him mei yn ’e hûs. Earst as hja yn ’e hûs binne, sjocht Sander dat heit Nykle ek mei yn ’e hûs skuord hat. Hja rinne troch oant hja yn ’e keuken binne. It dak kinne se net sjen, de ljedder dêr’t de Spinneman op stiet ek net. Mar wol de hage, de hege griene konifearehage en dêr... Under dy hage, dêr sit it... swart en hierrich. Seis grutte, glinsterjende eagen loere nei de ljedder. Sander wol net sjen, mar it liket wol oft de eagen net oars dwaan kinne, hy moat nei it bist sjen. It bist beweecht net, hiel stil bliuwt er sitten. Soe de Spinneman noch op de ljedder stean? “Acht poaten!” flústeret Nykle ûntdien. “Sa stil bliuwt in spin sitten oant er oanfalt! De Spinneman is dochs wol fuortkaam!?” Mar Sander seit neat, hy wit it net. “Sille wy de brânwacht belje?” freget Nykle ynienen, “dy kinne dat bist fuortspuitsje, dan kin de Spinneman... nee, dochs mar net, de plysje is better, dy kinne...” “Nee,” pipet de stim fan heit frjemd, “dy sille der neat fan leauwe. Se sille hiel hurd gnize, sizze dat der in auto ûnderweis is en dan de hoarn wer dellizze en wy kinne dan wachtsje oant dy spin ferfellet... Wy sille sels wat betinke moatte.” Dan is er stil, syn mûle falt in hiel ein iepen, de eagen wurde wol trije kear sa grut. Triljend giet de wiisfinger omheech oant er it rút oanwiist. Sander sjocht wêr’t heit nei wiist. Stiif fan skrik sjocht er wat dêr bûten is. Nykle triuwt him oan ’e kant, grypt wat fan it oanrjocht en stoot nei de doar. Sander stiet wer foar it rút, mei ôfgriis sjocht er nei bûten. Mem en Margo rinne fierder, wyld swaait Sander mei de hannen, mar hja begripe it net. Margo swaait sels werom. Hja rinne troch oant flak by de hage, dêr bliuwe se stean. Se sjogge it bist no ek. It bist sit oars as niiskrekt, ien fan de poaten giet omheech. De grouwe teisters of kaken - dat wit Sander net sa krekt - mar it is beide like slim, geane hinne en wer. No moatte se sjen dat se derwei komme, oars... mar it is fêst al te let. It bist sakket in bytsje troch de poaten, it is klear foar de grutte sprong. Hast docht Sander de eagen ticht, as er in soad leven heart. It is Nykle, hy ropt en raast as in healwize. Yn ’e hân hat er heit syn grutte bûslampe. Mei grutte stappen rint er op it
60
61
/
grutte bist ta, de bûslampe is oan. De striel ljocht skynt lyk yn ’e seis grutte eagen. Krekt lang genôch om it bist skrikke te litten. Mem en Margo rinne sa hurd as se kinne fuort. Grif nei de achterdoar, Nykle komt al gau achter har oan. Sander sjocht de Spinneman no ek, hiel hurd rint er nei de auto oan ’e oare kant fan ’e dyk. Samar sit er yn ’e auto en fuort is er. It bist bliuwt in setsje ûnbeweechlik sitten ûnder de hage. Nykle raast earne by de achterdoar. Heit fljocht dêr fuortendaliks hinne, Sander net, hy kin net mear rinne. Hy sjocht nei it grouwe bist, it is fuort. It hat dochs net... Mar dêr komt heit al wer werom, Margo, Nykle en mem binne by him. Alle fjouwer binne se like wyt om ’e holle. “Krekt op ’e tiid,” himet Nykle, “ik die de achterdoar ticht, en doe’t ik nei bûten seach stie dat bist der al.” “En de Spinneman is fuort”, seit Sander lilk. “Hy docht neat, hy lit ús stikke!” “Dat tink ik net”, flústeret mem. Har blauwe eagen lykje hast swart yn it wite gesicht. “Wat kin sa’n man no allinne dwaan tsjin sa’n ûnbidich grut bist. Hy hellet fêst wat op. Lit ús no mar...” “Stiet myn rút noch iepen?” ropt Margo ynienen. Eefkes liket it oft mem ûnderút gean sil. “De oaren ek”, pipet se hiel frjemd. En al gau stiet Sander wer allinne yn ’e keuken. De fjouwer oare minsken binne allegear nei boppen ta stood. Hja sille alle ruten tichtdwaan, mar Sander tinkt oan it kattelûk. Soe dy grouwe spin dat...? En oe, dy barst yn it rút, it rút fan ’e achterdoar! Sa’n grut bist moat ôfgryslik sterk wêze! Hy moat wat dwaan. Betink dan wat. Bliuw hjir dochs net stean. Doch dan... Immen jout in aaklike skreau. It komt fan boppen. Margo? Sander fielt de fuotten wer. Se hawwe him boppe nedich. Hiel hurd, mar mei in hert sa lûd bûnzjend dat it bist it wol hearre moat draaft er nei boppen ta. “Triuwe,” raast heit, “mei-inoar, kom op, dat bist sil belies jaan!” Heit, mem, Margo en Nykle, mei-inoar wolle se it grutte rút fan Margo har sliepkeamer tichttriuwe. It is in draairút. It bist stiet bûten. It triuwt ek tsjin it rút. Hast passe de grouwe poaten troch de lytse iepening, dy’t stadichoan grutter wurdt. En as dat bart, dan... Mei de eagen ticht stoot Sander nei it rút, hy kin noch krekt tusken heit en Nykle yn stean. Hy fielt him sa sterk as in bear en faaks fiele de oaren har ynienen ek sterker, want de spin moat no belies jaan. It rút giet stadichoan ticht. As it hielendal tichtsit, slút heit it ôf. Mei in sucht fan ferromming lit er him op it bêd fan Margo delfalle. De spin sit noch bûten. De seis eagen sjogge lilk troch it rút. “Heit, it bist kin der noch ynkomme”, pipet Sander benaud. “It kattelûk is iepen, as it bist dat no grutter byt? Of dat rút, it rút fan ’e achterdoar, dêr sit ommers in hiel grouwe barst yn!” “Do hast gelyk!” ropt heit ferstuivere, wylst er oereinsjit. Mei grutte stappen rint er nei de trep. Samar is er ûnder, mar ek mem en de trije bern binne samar ûnder. “Wy sette de grutte kast foar it rút”, flústeret heit, krekt as mei it bist it net hearre. “Dat kattelûk litte wy gewurde, ik tink net dat it bist it besykje sil dêr troch te kommen.” Heit krijt de kruk fan ’e doar nei de bykeuken al fêst. Gau lûkt er de doar iepen. Hy draaft troch nei de doar fan it hok. Dan bliuwt er stean. Sander heart it aaklike lûd, hy heart wêrom’t heit stean bliuwt. Skrrrstt skrrrrr, giet it yn it hok. It bist is der al yn. “Ik gean nei de keamer”, flústeret mem, “dêrwei kin ik sjen oft it rút stikken is. As dat sa is, binne wy der wis fan dat it bist yn it hok sit.” Sander giet mei, yn ’e keamer kin er dat aaklike lûd net hearre. Mar as er yn ’e keamer komt en troch it rút nei bûten sjocht, fielt er him net better. It rút fan de achterdoar leit der hielendal út. Op ’e grûn glinsterje tûzenen stikjes glês yn it skynsel fan ’e moanne.
Trotwaer
de Moanne
proaza
in aaklik bist
Mem draaft werom nei de bykeuken. Triljend fan bangens giet Sander mar wer achter har oan. “De spin is der al yn”, himet mem. “Wy moatte sjen dat wy hjirwei komme. It sil net sa lang mear duorje of hy komt ek troch dizze doar.” “Nei’t wy dy kast foar de doar skood hawwe,” beslút heit. Mar mem is it dêr alhiel net mei iens. “Sa goed slút dy doar net, dat witsto sels ek wol. Dat bist krijt dy doar iepen en dy kast jout neat, moatst dy romte ûnder de kast mar ris sjen. Wy geane nei de kelder!” Trije pear eagen sjogge har ferstuivere oan, sjocht Sander. En as er syn eigen meirekkenet, binne it fjouwer pear. “Wolsto wier nei sa’n kâld en tsjuster plak flechtsje?” freget heit sêft. “In plak dêr’t spinnen graach wêze meie?” “Gewoane spinnen, ja,” seit mem beslist, “mar dit bist is net gewoan en dy oaren sille wy nea wer bang fan wêze, tinkt my. Sjit no mar op, aanst binne wy te let, aanst krijt dat bist ús te pakken.” Gau krijt se de jassen fan ’e kapstok. “Doch oan!” byt se de oaren ta, wylst se de jassen nei harren ta smyt. Tsjinakselje docht Sander diskear net. Hy hat in grouwéligen hekel oan ’e kelder. Mar as er it mei de bykeuken fan aansens ferliket, sil de kelder diskear in gaadlik plakje wurde. It is kâld yn ’e kelder. Nykle en Sander sitte stiif tsjininoar oan op in ierappelkistke. Heit en mem sitte ek stiif tsjininoar oan, mem hat in kleed fan ’e ierappels krigen. Dat hat hja op ’e kâlde grûn dellein. Margo sit by mem op ’e skurte. “Hoe lang bliuwe wy hjir eins sitten?” freget Nykle ynienen. “It wie bûten al tsjuster, ik tink dat ik al thús wêze moatten hie. Aanst hellet ús mem my op. Da...” “O blinder, dêr seist wat!” ropt mem ûntdien. “Dat mei beslist net, as hja by de doar komt, sil dat bist... Wy moatte wat betinke!” “Wy kinne har fansels belje”, begjint heit. “Ja, en dan? Sizze wy it fan dat grouwe bist? Stiet se grif by ús op ’e stoepe. Tinkt se dat it ús yn ’e plasse slein is. Nee, wy moatte wat oars betinke, en in bytsje gau.” “Wy freegje at Nykle hjir sliepe mei”, seit Margo. “Dat komt dan ek wol hiel hurd opsetten,” reagearret mem, “mar wy kinne it besykje, lit ús dat dan mar dwaan. En wa bellet? Net ien hat in mobile tillefoan, tink?” “Ik gean wol nei de keamer, ik nim in wapen mei”, seit heit, wylst er de grutte bûslampe sjen lit. Dan rint heit nei de trep. Hiel foarsichtich triuwt er it lûk iepen. As heit de doar ek iepentriuwt, sjocht Sander it ljocht út ’e keuken wei yn ’e kelder fallen. Der komt gjin ûnbidich grut bist de kelder ynstowen. It bist is lokkich noch net yn ’e keuken. En ek noch net yn ’e bykeuken, mar dat wol Sander fansels ek mar al te graach leauwe. Dan wurdt it wer skimerich yn ’e kelder. Heit hat de doar tichtdien. It lytse ljochtsje kin de oare minsken mar krekt sichtber meitsje foar Sander. Dat mem altyd samar yn ’e kelder doart, mei sa’n bytsje ljocht. Kinst net folle sjen, ek net oft der grouwe spinnen sitte... Nykle grommelet eefkes as Sander him hast fan it ierappelkistke triuwt. It is stil yn ’e kelder. As Sander goed syn bêst docht om te harkjen, kin er út en troch heit praten hearre. “... komme sa ... sitten bliuwe ... wachtsje ... spin.” Dan is it hielendal stil. In hiel skoft bliuwt it ek aaklik stil. Mem seit neat, Margo en Nykle ek net. Krekt as Sander beslút om dochs mar wat te sizzen, wurdt it ynienen hiel ljocht yn ’e kelder. Skrrrstt, skrrrrr, heart Sander tagelyk. Like hurd as it ljocht wie, wurdt it ek wer skimerich. Heit hat de doar wer tichtdien. Hy stiet no op ’e trep. Foarsichtich slút er it lûk wer. “It komt goed”, seit er. “De Spinneman is net fuortgien, hy hat de plysje warskôge en de âlden fan Nykle. Se sille ús helpe, mar wy moatte salang wol yn ’e kelder sitten bliuwe.”
62
63
/
It is wer stil yn ’e kelder, allinne Nykle suchte fan ferromming doe’t er hearde dat syn âlden net by de doar komme soene. Sander hearde Margo en mem net suchtsjen, hy die it sels ek net. Hy tocht allinne mar: wannear? Komme wy hjir eins wol wer wei? Komt de plysje op ’e tiid? En wat as de plysjes ek net sterk genôch binne? It bist is wol hiel grut. Dan is it net mear stil. “Ha haaa, ha ha haaaa!” Heit leit dûbel fan it laitsjen. Mem sjocht him ferskuorrend oan. “Wat mankeart dy! Do wolst dochs net sizze datst dit grappich fynst, wol? Want dat is it alhiel net. It is hjir kâld, myn fuotten lykje wol iispylken. Dat skimerige ljochtsje benearet my. Ik bin wurch en dat sille de bern fêst ek wêze. En dan sa’n bist dat net heart te bestean.” “It spyt my,” snokt heit, “ik kin der neat oan dwaan, mar ferskûle yn in kelder. In plak dêr’t gewoanwei spinnen har ferskûlje, i...” “Hâld dy stil, man”, snaut mem. “Betink leaver wat, helje ús hjirwei.” Heit seit neat, hy laket ek net mear, hy stoarret wat foar him út. It is noch hieltyd kâld yn ’e kelder, Sander hat noch nea sa stiif tsjin Nykle oansitten. Waarmer wurdt er der net fan, mar oars hiene hja allebeide noch kâlder west. Sander sjocht nei it lûk. Hy hearde niiskrekt dochs ‘Skrrrstt skrrrrr’, doe’t heit wer yn ’e kelder kaam? Heit hat neat sein, hy lake allinne sa frjemd. Sander doart ek neat te freegjen. Soe it bist no yn ’e bykeuken wêze? It kin dochs net in lûk iepen krije? Nee, dat kin net, dêr is Sander wis fan. En ruten binne der ek net yn ’e kelder, sa kin it bist der ek net ynkomme. Hja sitte hjir... Dan skrikt Sander sa bot dat er in lûde gjalp jout. Heit, mem, Margo en Nykle, alle fjouwer sjogge se him mei grutte eagen oan. Dan folgje hja syn wiisfinger, dy’t nei it gat yn ’e muorre wiist. It hat der altyd al sitten, allegear wisten se it, mar net ien hie deroan tocht. Yn it skimer foel it ek net sa bot op, mar no’t de eagen wend binne oan sa’n bytsje ljocht, sjocht Sander it wol. En hy sjocht ek dat it bist mei gemak troch it gat past. It gat moat ticht. Heit skoot de kistkes mei ierappels foar it gat. Margo en mem helje alle planken leech. Nykle en Sander besykje de ûnderste planke los te krijen. It slagget net sa bêst, heit hat de planke goed fêstskroeve en it ark hat er fansels net yn ’e kelder lizze litten. “Ik hear wat!” ropt Sander ynienen. “It liket wol oft der sketten wurdt”, seit mem. “De Spinneman is werom,” ropt Nykle optein, “hy hat it bist delsketten! Wy binne frij!” Hy stiet al op ’e trep as heit him ropt om te wachtsjen. “Lit my no mar foarop gean,” seit er, “wy moatte der wis fan wêze dat it bist útskeakele is, in ferwûne spin kin noch gefaarliker wêze.” Heit triuwt it lûk iepen en set it fêst. Dan triuwt er de doar in hiel lyts eintsje iepen. It is tsjuster yn ’e keuken, de lampe baarnt net mear. “Wachtsje”, flústeret heit, wylst er yn ’e tsjustere keuken stapt. Dan giet it ljocht ynienen oan. “Hjir is neat, allinne de lampe boppe de tafel docht it net mear. Fierder liket alles hjir gewoan”, flústeret heit nei de minsken yn ’e kelder. Sander stiet fuort efter Nykle op ’e trep, sa kin er krekt sjen wat heit allegear docht. “Ik doch no de doar nei de bykeuken iepen.” Heit krijt de doarskruk, hy sil de doar in lyts eintsje iependwaan, mar as er de kruk nei ûnderen triuwt, giet de doar mei in grutte swaai iepen. “Fuort, werom!” raast heit ferbjustere. Yn in pear stappen is er werom by de trep fan ’e kelder. Sander en Nykle rûgelje fan ’e trep ôf, om’t heit sa hastich de kelder ynsjit. “Sikkema,” hearre se dan, “binne jimme dêr allegear? Is dêr alles goed? It is feilich hear, it bist is dea.” Earst as heit der wis fan is dat beide jonges net slim ferwûne binne, ropt er dat alles goed is. Dan krûpe hja alle fiif de kelder út. It bist leit op ’e drompel,
Trotwaer
de Moanne
proaza
in aaklik bist
de grouwe poaten lizze stiif tsjin it hierrige liif oan. Se binne dûbelteard, mar stekke sa dochs noch in hiel ein boppe it liif út. Sander kin mar kwealik oer it bist hinne sjen. Hy sjocht plysjepetten. Der moatte allegear plysjeminsken yn ’e bykeuken wêze. De Spinneman kin er net sjen. Dan lûke syn eagen wer nei it grutte bist ta. It liif is swart, it sit fol mei grutte lange, meast swarte hierren, mar ek brune en wite. De grouwe teisters of soene it kaken wêze, lizze ûnbeweechlik op ’e grûn. Teisters moatte it wêze, betinkt Sander as er de oare grutte dingen ticht by de kop lizzen sjocht. It liket wol in stel grouwe kapmessen, dat sille grif de kaken wêze. De seis grutte eagen yn ’e swarte kop fan it bist stoarje nei Sander, mar lokkich glinsterje hja net. Mem docht it lûk en de doar fan ’e kelder ticht, dan kriget hja Sander by ’t skouder. Mei ôfgriis sjocht hja nei it grutte bist, dat har de tagong nei de bykeuken tsjinkeart. En wylst hja Sander nei har talûkt, freget se oan ’e Spinneman: “Komme jo nei de foardoar? Of wolle jo oer it bist hinne krûpe?”
64
de Moanne
/
Trotwaer
egotripkes
reindert van der leest
65 by it lemieren Der wurdt wolris sein, dat by streamingen yn ’e keunst net it bêste, mar wol faak it moaiste oan it begjin stiet. Ik leau dat it wier is en dat it ek jildt foar it yndividu, dat oan in nije faze yn syn kreative ûntjouwing begjint. Wat is moaier as de ûnderfining dy’t je by it skriuwen fan je earste gedichten ûndergeane? Dêr kin gjin foldwaning oer in better slagge wurkstik yn in lettere perioade tsjinoan. Midden yn ’e nacht wekker wurde, fan ’t bêd ôf en ien wurd of in rigeltsje delkwattelje. En de berûzing dat je wat fûn hawwe, sûnder dat je derom sochten. En by stikjes en bytsjes it gedicht bleatlizze, dat der eins al wie, mar dat je sels noch ûntdekke moasten. Ja, net it bêste, mar yn de belibbing al it moaiste, stiet oan it begjin. By it ûndergean fan keunst troch oaren makke, is it yn myn ûnderfining net oars. Noait hat foar my Matisse in moaier skilderij mield as De goudfisken út 1911. In grutte reproduksje derfan hinge yn de etalaazje fan in keunstwinkel yn de St. Japiksstrjitte te Ljouwert en ik wie fyftjin. Noait hat Marsman foar my in moaier fers skreaun as ‘De zon scheen als helse steen / in het schuimende dal der Durance’, nûmer 47 út de syklus Tempel en Kruis. Dat lies ik foar it earst yn it sammelbondeltsje De Muze op reis fan 1950. Jierren letter wie dat noch sa. Yn myn belibbing hat Tjitte Piebenga noait moaier dichte as syn Fersen foar Marida en hat foar my Jan Bylsma noait moaier skreaun as yn Striptease. Doe’t ik beide bondels lêzen hie, tocht ik: dat wol ik ek. En doe bin ik sels mei it skriuwen yn it Frysk begûn.
boeken en boekwinkels Om 1950 hinne hie Ljouwert wol tsien boekwinkels. Sa’n ien kear yn ’e fjirtjin dagen die ik myn omgong der bylâns. Dan wiene de etalaazjes meast feroare, mar it oanbod wie noch net botte grut. Dat faak stiene deselde boeken op in oar plakje. Ik bleau in skoft foar de etalaazjes stean en fergelike, want je gongen doe as grutjonge net samar in boekwinkel yn om wat om te sneupen. En it bûsjild moast goed bestege wurde. Dêrby wie it my net te dwaan om boeken dy’t gongber wiene of dy’t maklik fan de bibleteek liend wurde koene.
Soms die ik in gelokkige greep. Snippers op de rivier fan Marja, De teerling is geworpen fan Sartre en Monpti fan Von Vazary fûn ik tige de muoite wurdich. Ien kear haw ik in boek inkeld op de titel kocht. Dy fûn ik sa moai hearren en ik koe wat Dútsk lêze. Boppedat, it wie in boekje út de goedkeape Rororo-rige: Venus am Abendhimmel. Mar der wie neat oan. It gong oer in mêtresse fan Talleyrand yn 1815. Yn 1948 lei de etalaazje fan de AP-boekwinkel op de Twibaksmerk fol mei de roman Fioele en faem fan Anne Wadman. Wol tweintich eksimplaren op in rychje neistinoar tsjin de skeane kant ûnderoan efter it glês. Ik haw it boek net kocht. In pear jier letter kocht ik al myn earste Fryske boek, foar heal jild by De Tille op ’e Wurdumerdyk: de dichtbondel Swart en wyt fan Marten Sikkema. It waard in ôffaller. Dat wie Tegenspoed is niet te koop fan Alfred Kossmann by deselde winkel wei net. In boekje mei de tekst foar in opera buffa, yn in lytse oplaach, mei yllustraasjes nei houtfiken fan Theo Kurpershoek. Doe’t ik tweintich jier letter Kossmann sels in kear trof, fertelde er oan my, dat syn heit der noch muzyk by makke hie, mar dat it stik noait opfierd wie. Yn 1955 kocht ik by Broese yn Utert it toanielstik Een bruid in de morgen fan Hugo Claus. Oplaach 700 eksimplaren, dûbeld safolle as dy fan Kossmann syn boekje. Foar tsien jier sei ik tsjin de baas fan in literêr antikwariaat yn Nijmegen, dat ik de earste printinge hie fan Een bruid in de morgen. “O”, sei er, “dat is fan wearde, dat soe ik wol fan jo keapje wolle.” Ik sei: “Mar ik haw noch wat, dat mear bysûnder is. It sjocht der moaier út, is seldsumer en mar ien kear printe. Tegenspoed is niet te koop fan Alfred Kossmann.” Hy skodholle. “Dêr kin ik jo net safolle foar jaan.” Dat fernuvere my. “Wêrom net?” Hy sei: “Omdat Hugo Claus stikken bekender is as Alfred Kossmann.”
Trije nêsten jelle krol
Oer: Lieuwe Hornstra, Trije nêsten / Tri gnedza Oersetting: Atti Groot Tekeningen en blyndruk: Lolkje van der Kooi Utjûn troch: Stichting Stedenband Leeuwarden-Orjol Fersoarge troch: Jan A. de Waard fan de Mooi Rood Pers Ljouwert, 2003 Oplaach 200 eksimplaren; 30 dêrfan mei blyndruk 66
De Lieuwe Hornstra-kenner Gerrit van der Meer wiisde de Stichting Stedenband Leeuwarden-Orjol jierren lyn op it feit dat Ljouwert en Orjol beide yn ien Frysk ferhaal foarkomme, nammentlik yn it ferhaal “Trije nêsten” fan Lieuwe Hornstra. Foar dy stifting wie dat oanlieding om it ferhaal oersette te litten yn it Russysk. As lêste died fan de stifting, dy’t himsels op 25 juny 2003 ophefte, waard Hornstra syn ferhaal mei de Russyske fertaling yn Tresoar, lokaasje Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, yn in prachtich bibliofyl útjûn dûbelboek - mei op it lofter plat it Fryske en op it rjochter plat it Russyske ferhaal - oanbean. It earste eksimplaar fan it boek mei prachtige tekeningen fan Lolkje van der Kooi waard yn ûntfangst nommen troch Janny Vlietstra, no boargemaster fan Winschoten, mar yndertiid de wethâlder fan Ljouwert dy’t de foarstap ta de stêdebân naam. Yn it ûndersteande stik, dat ik de 25ste juny sa likernôch by de presintaasje fan it boek útspriek, gean ik yn op it ûntstean fan it ferhaal en de diskusje dêr’t it ferhaal oanlieding ta joech. De “Trije nêsten” is skreaun yn de simmer fan 1974, doe’t Lieuwe Hornstra en syn frou Johanna Hornstra-Verwer in fakânsjereis troch East-Europa makken. Op it hânskrift fan it ferhaal, dat by it FLMD berêst, hat Hornstra oan it begjin twa plaknammen mei dêrefter twa data skreaun: Oriol, 12 juny 1974 en Bakhuzen, 23 july 1974. Oan ’e ein stiet dan noch de datum 1 augustus 1974. Faaks hat er dêrmei oanjaan wollen dat er de earste oanset yn Orjol makke hat en dat er echt mei it skriuwen fan it ferhaal yn Bakhuzen út ein set is. De fakânsjereis gyng, neffens gegevens fan Gerrit van der Meer, fan Moskou nei Orjol. Dêrwei nei de Ukraynske stêden Kiev en Lwów, it eardere Lemberg, en dêrnei fia Praach werom nei Nederlân (tillefoanysk troch Gerrit van der Meer út syn oantekens wei opjûn op 23-6-2003). De reden dat Orjol oandien waard hie benammen te krijen mei Hornstra’s niget oan de grutte Russyske skriuwers dy’t dêr wenne hiene, yn it bysûnder de yn 1818 yn Orjol berne skriuwer Ivan Sergeevi? Turgénew.
Yn it ferhaal komt Turgénew geregeldwei foar en sûnder dy syn roman It Adelsnêst (1859) is it ferhaal “Trije nêsten” eins net tinkber. Lykas Hornstra syn ferhaal bewoartele is yn It Adelsnêst fan Turgénew, sa is Turgénew syn roman net tinkber sûnder it ferhaal fan dy syn freon en buorman Karatev, waans hânskriften oer dy syn leafde foar Larisa hy gauris oan oaren foarlies. Is dat op himsels al in trijeslach, ek op oare manieren is it getal trije wichtich. Yn It Adelsnêst is de haadrol weilein foar de grûnbesitter Fjodor Lawretski. Yn it koart komt it ferhaal del op syn grutte leafde foar Liza, dy’t er yn Orjol moetet as er werom is by syn famylje, nei’t er syn frou, dy’t him ûntrou wurden is, yn Parys benefterlitten hat. Mei Liza hopet er in nije, suvere leafde diele te kinnen, as er yn in krante lêst dat syn frou ferstoarn is. Mar op ’t lêst komt syn frou dochs ûnferwachte werom en kin in houlik mei Liza net trochgean. Yn It Adelsnêst wurdt wiidweidich yngien op Lawretski syn foarteam, syn heit en syn pake: de nêsten dêr’t hy út fuortkomt en dy’t makke ha dat Lawretski him hâldt en draacht sa’t er dat no ienris docht. Dy trije slachten binne yn “Trije nêsten” ek fan belang. Hornstra syn froulike haadrolspylster hyt krekt as dy yn It Adelsnêst Liza. Har dochter en har mem, beide Lamkjes, hawwe in rol, mar benammen Liza har heit spilet, alteast neffens Fimme, de manlike haadrolspylder, psychologysk net swak by. Hy is neffens Fimme de oarsaak fan Liza har mislearre houlik. Liza soe neffens him troud wêze “om jim heit hâlden te jaan dat er dy net lije mocht, om it him ivich en erflik te ferwiten”. It plak dêr’t men wei komt is wichtich, sa liket de haadrolspylder sizze te wollen. Mar it karakter sels is ek fan belang, sa’t it skynt. Fimme set Liza nammentlik oan ta it meitsjen fan in kar. As lêzer freget men jin lykwols ôf yn hoefier’t de kar dy’t Liza úteinliken makket har eigen kar is, om’t sy dêr sa bot troch Fimme ta oantrúnd wurdt. Letterlik komme de trije nêsten al earder op it aljemint: it binne de nêsten dy’t Fimme boppe it balkon fan syn hotel yn Orjol
de Moanne
67
/
Oant no haw ik it ferhaal as in autonome literêre tekst beskôge, ek it net-fiksjonele part oer de roman fan Turgénew. Ik haw noch de ferteller noch ien fan de haadpersoanen lykslein mei de skriuwer. Wol haw ik al in bytsje oer de skriuwer ferteld. It liket my sa ta, dat hoe autonoom oft men in tekst ek beskôgje wol, altyd bestiet der in relaasje tusken skriuwer en tekst: de skriuwer hat de tekst no ienris skreaun en de tekst is it produkt fan de skriuwer. Ik kom op dat sjapiter, om’t yn de wichtichste krityk op Sniejacht (1976), de bondel dêr’t “Trije nêsten” yn stien hat, dy diskusje fan it grutste belang achte wurdt. Dy krityk is fan de hân fan Trinus Riemersma en hat de titel “Súppermon en súppertrut” meikrige (Trotwaer, 1977-1, s. 60-66). Trinus Riemersma steurt him yn dy krityk oan benammen twa dingen. Yn it foarste plak oan it feit dat Lieuwe Hornstra him net – alteast neffens Trinus Riemersma net – oan de gongbere regels hâldt en twad dat kritisy skriuwers gauris beoardielje as persoan oan de hân fan harren teksten, of oarsom de teksten beoardielje neffens it persoanlik libben fan de skriuwer. Neffens Riemersma is it aparte fan Sniejacht dat der tekstdielen yn foarkomme dy’t har net rjocht yn it fiksjonele ramt skikke wolle. En dan doelt er ûnder oare op de ynformaasje oer It Adelsnêst yn “Trije nêsten”, lykas de gearfetting, dy’t begjint mei: “Yn de simmer fan 1842 hie Fjodor Lawretski syn nicht Marja Kalítina mei har dochters Liza en Lenotsjka en noch in fanke to gast útnoege op Wasiljewskoje” ensfh.. Neffens him is dy ynformaasje net yntegrearre yn de ferhalen. “Ut lyket mij ta dot de skrjower him net goedernôch bevust vest hat fon ut fiksjoneel-vêzen fon un lyterêre tekst, dot vol yn dut gefal seze: ut net-rillefont-vêzen fon ut fait dot der un skrjower “Tûrgéenjew” bestien hat dyt “It Adelsnêst” skreon hat.” Fierders ferwyt Riemersma Hornstra dat er mear as de helte fan de ferhalen yn de bondel Sniejacht spylje lit yn in wrâld dêr’t Riemersma as lêzer de skema’s net folslein fan ken, sadat it him net mooglik is om nei te gean oft de persoanen psychologysk neffens de realiteit tekene binne. “De mon yn dusse ferhalen twingt himsels un beskate rol te spyljen, en hij twingt de frau un rol óp. De frau mat bijgelyks un rôk drage [...] De frau
Trotwaer
sjocht as er dêr is om ûnder oare te sjen wêr’t Turgénew wenne hat en wêr’t er de haadpersoanen fan syn roman It Adelsnêst situearre hat. Hy konstatearret dêr dat ien swellenêst leech is, dat er ien is mei jongen: “de âlden fleagen ôf en oan”; “mar it tredde,” sa freget er him ôf: “wie dêr in swel dy’t net doarst?” (s. 19). Hornstra makket op dy wize de nêsten ta symboal en Liza liket in soad te hawwen fan de swel dy’t net doart. In tredde reden wêrom’t it getal trije wichtich is, hat út soarte te krijen mei de trije ferhalen dy’t ferteld wurde. Yn it earste plak it neifertellen fan de roman It Adelsnêst, mei as haadpersoan in man dy’t der net ta komme kin om foar syn leafde te kiezen en dus fan syn frou te skieden. It twadde ferhaal oer de man Fimme, dy’t yn Orjol de kreaze Olga Nekràssowa moetet en dy’t him dúdlik makket dat er net fierder mei syn avânses gean moat. En dan it, yn de folchoarder fan tiid, lêste ferhaal oer Fimme, dy’t wer in oare frou, Liza, moetet en har oanpoent om fan har man te skieden en yn wa’t er de earste skrutene tekens sjocht fan har kar foar ûnôfhinklikens.
vurdt fjidder ferplichte óm frissels yn ut hier te dwan. [...] Tusken de rigels tróch blykt gin inkele twivel oan of spot mai de vissegheden en vaanviisheden fon de monspersoanen. Dusse ópblaasde kikkets lykje dus de miening fon de mon achter ut vurk út te dragen. Mun sû vinskje dot dy mon mear fon de minsken, of fon himsels, ô vist.” (s. 65). Yn dy lêste sin docht Riemersma wat er oaren ferwyt: troch syn winsk út te sprekken jout er oan dat er Hornstra syn minskekennis op in pypfol hat en beoardielet er de skriuwer as persoan oan de hân fan syn tekst. Mei Riemersma bin ik it net iens oer wat er seit oangeande it opnimmen fan it part oer Turgénew syn boek yn it ferhaal “Trije nêsten”. Nei myn betinken foegje de ferwizings fan de iene Liza nei de oare Liza in diminsje ta oan it ferhaal. It is dúdlik dat de lêzers ferge wurde op in ferliking tusken de beide Liza’s. Mar mei Riemersma bin ik it wol iens dat Hornstra yn de figuer fan Fimme in ûnsympatike, nuvere en waanwize manspersoan skildere hat. Dat leit neffens my net sasear oan de wrâld dy’t Hornstra yn syn ferhaal tekenet en it feit dat de lêzer dêr de skema’s en regels net fan ken. De trije ferhalen yn “Trije nêsten” hawwe alle trije har eigen sfear: it ferhaal oer Fimme yn Orjol is net folle oars as in reisferslach, it part oer It Adelsnêst is min ofte mear in gearfetting fan beskate parten fan dy roman en it ferhaal oer Fimme en Liza in symboalysk-realistyske fertelling, om by Hornstra syn sjenre-oantsjutting oan te sluten. Troch it brûken fan symboalen (lykas nêsten en frissels) en de ferwizingen hinne en wer kriget it ferhaal dochs wat ekstra’s, ek al kin men wòl fan tinken ha, dat de psychology fan de persoanen yn it ferhaal oer Fimme en Liza wat al te skematysk opset is. Yn in fraachpetear mei in sjoernalist fan de Ljouwerter Krante (“Lieuwe Hornstra: Marx had gelijk – een mens kan alles leren”, LC, 9-3-1974) hie Hornstra noch sein dat syn berop, nammentlik
dat fan doe noch praktisearjend psycho-analytikus, net sa bot ynfloed hie op syn literêr wurk. As men de psychologyske ferklearrings oan de ein fan “Trije nêsten” lêst, leaut men dat net sa tige. Fimme ferklearret dêr it feit dat Liza troud is mei in man dy’t graach mei oare froulju omslacht út it feit dat Liza har heit syn oare, âldere bern leaver hie en it feit dat Liza in broek draacht út de omstannichheid dat Liza har heit better mei jonges koe as mei famkes. Hoewol’t it dus oan de wearde fan it ferhaal op himsels neat feroaret, kin de kennis oer it libben fan in skriuwer wol wat fertelle oer it ûntstean fan in ferhaal. Dy eftergrûnkennis kin jin helpe om it ferhaal tsjin in beskate eftergrûn te pleatsen. Op dy manier kinne jo it bytiden ek yn in oar ljocht pleatse. It ferhaal hie dy wearde dan al yn him, mar de beljochting kin dan dochs meitsje dat it foar de lêzer in oare wearde kriget. Wat dat oangiet kin it dochs nijsgjirrich wêze om wat mear oer Hornstra te sizzen. De “óphege, archaysearjende en ónechte taal” dy’t Hornstra neffens Riemersma brûkt, kin faaks yn ferbân brocht wurde mei it feit dat Hornstra it Frysk earst op lettere leeftyd oanleard hat. It hoecht dus net yn it foarste plak as in bewust keazen stylmiddel sjoen te wurden. It is faaks gewoan “de” taal dy’t Hornstra as de Fryske taal beskôgje woe, doe’t er him yn de 60’er jierren yn Bakhuzen nei wenjen sette. Hy wie as Leo Hornstra yn 1908 yn Rotterdam op ’e wrâld kommen en hie thús altyd Hollânsk praat. Letter feroare er syn namme ta Lieuwe: nei syn pake Lieuwe Fimmes Hornstra, nei wa’t er op syn Hollânsk yndertiid ferneamd wie. Fan de nije bibeloersetting fan Bernard Smilde c.s. moast er neat hawwe en yn de santiger jierren woe er neat witte fan staveringsferoaring. Yn syn testamint liet er sels fêstlizze dat syn wurk net yn de nije stavering ferskine meie soe. Net allinne yn taal wie er o sa behâldend. Ek wat de rolpatroanen foar man en frou oangie. Hy griisde fan kresjes: hy woe de frou thús hawwe. Oan de oare kant wie er lofts-radikaal. It giet te fier om hjir in rige wapenfeiten te jaan fan Hornstra syn brede belangstelling, mar yn ferbân mei “Trije nêsten” is it grif dochs goed om oan te jaan dat er as kommunist en as marksist geregeldwei de SovjetUny besocht hat. Nijsgjirrich sûnder mis is, dat doe’t Hornstra “Trije nêsten” foar it earst yn Alternatyf publisearre, hy dat ferhaal opdroech oan Olga Nekràssowa. Dy frou, dy’t yn it ferhaal “Trije nêsten” in rol spilet, hat ek in yn werklikheid besteande gids yn Orjol west. Sy hat grif mei de oanlieding west foar Hornstra ta it skriuwen fan syn ferhaal. Yn syn literêre neilittenskip is de kladferzje te finen fan de brief dy’t er oan har stjoerd hat. Dat er dy brief ek echt oan har stjoerd hat, fertelt er letter oan Gerrit van der Meer. Oangeande dy brief lit er Gerrit van der Meer neffens dy syn oantekeningen witte: “Ik haw nea andert krigen. Dus hy is net oankommen.” (oantekens Gerrit van der Meer, my tafakst op 23-6-2003) Faaks hat it nea beänderjen fan Olga Nekràssowa oanlieding west foar it feit dat yn Sniejacht de opdracht net mear boppe it ferhaal set is. De brief is datearre 25. Juli 1974 en giet sa:
Liebe Olga Nekrassowa, Vielleicht erinnern Sie sich noch der Niederländischen Gruppe die am 12. Juni d[ieses] J[ahres] in Oriol, Motel Schipka, eintraf. Sie haben Ihr Feierabend geopfert und uns die Stadt gezeigt, und über den Krieg, das Monument, u.s.w. erzählt, und Sie und ich, wir haben über Turgenjew, Leskow, Bunin, Andrejew gesprochen, über Das Adelsnest und Lisa Kalitina. Die alten Linden stehen noch da. Nun möchte ich Sie fragen mir ein Strassenplan von Oriol zu schicken, am liebsten Deutsch, Französich oder English, aber auch Russisch ist gut: ich kann die Buchstaben wohl entziffern. Vielleicht könnten Sie die Häuser und Museen von Turgenew, Leskow, u.s.w. mit einem Zeichen angeben, und wenn es noch Postkarten oder Fotografien dieser Museen und Schriftsteller und des Hauses der Kalitins gibt, würde das mir sehr freuen. Ich schicke dazu einiges Niederländisches Geld, denn ich weiss dass Sie das leicht wechseln können. Wozu brauche ich diese Sachen? Weil ich einer Erzählung schreibe worin auch Oriol vorkommt; wenn sie publiziert worden ist, schicke ich sie Ihnen, obwohl Sie die Friesische Sprache nicht lesen können. Ich werde sie Ihnen widmen. So wie man die Sowjet-Union nicht Russland nennen darf, sollte man die Niederlande nicht Holland nennen, denn Holland (Nord- und Süd-Holland) sind nur zwei von unseren elf Provinzen, zwar mit Städten wie Amsterdam, den Haag und Rotterdam, aber doch ... Wir haben eine sehr schöne Reise gemacht; ich möchte sofort zurück, nicht mit einer Gruppe, und dann längere Zeit in Moskau und ... Oriol. Wir haben vieles gelernt, gesehen, verstanden, geahnt, uns von Vorurteilen befreit, und wir möchten das fortsetzen. Ob das je möglich sein wird? Jedenfalls, wenn Sie je nach West-Europa kommen würden, nach der Bundesrepublik zum Beispiel, so kommen Sie zu uns. Wir wohnen ganz im Norden, nicht weit von Bremen und Hamburg. Sie können bei uns zu Gast sein so lange Sie wollen. Es ist hier sicherlich nicht so schön wie in Ihr Vaterland, aber dennoch ist es immer interessant andere Länder zu besuchen. Ich habe Ihnen bereits erzählt dass ich mein ganzes Leben Psychiater war in Holland und erst in meinem Alter Schriftsteller und Dichter (in Friesland, mein Vaterland). Und jetzt möchte ich über Oriol schreiben. Bitte nehmen Sie mir meine Fragen nicht übel. Meine Frau und ich grüssen Sie herzlich, und wir hoffen auf ein wiedersehen. Wir wünschen Ihnen und Ihrer Familie Glück und Gesundheit. Ihr ergebener [Lieuwe Hornstra] Ik hoopje dat ik jimme op dizze wize sadanich wat fan de eftergrûnen fan it ûntstean fan “Trije nêsten” sjen litten haw, dat jim it ferhaal faaks wat better pleatse kinne. De yntrinsike literêre wearde fan it ferhaal is dêr fansels net oars fan wurden. Mar de wurdearring en it begripen fan it ferhaal troch ús as lêzers faaks wol.
68
de Moanne
/
anneke reitsma
69
Herman de Coninck (1944-1997) was een onvermoeibaar ambassadeur voor de poëzie. Het door hem opgerichte Nieuw Wereldtijdschrift was niet alleen een internationaal dichterspodium, maar ook een spraakmakend discussieplatform, waarop poëticale kwesties met een aanstekelijke toewijding werden uitgevochten. De poëzie was hem ernst, maar nooit van het loodzware soort. Vast en zeker zou hij zich bemoeid hebben met de polemiek die Ilja Leonard Pfeiffer een paar jaar geleden in gang zette met zijn bewering: ‘moeilijk verstaanbare poëzie is altijd beter dan makkelijke poëzie’. Gelukkig kunnen we ons dankzij zijn essays wel een voorstelling maken van hoe De Coninck gereageerd zou hebben. Zo schreef hij, in Intimiteit onder de melkweg (1994): ‘Poëzie stelt vragen. De poëzie die mij het liefste is, is begrijpelijk en stelt desondanks vragen. Onbegrijpelijke poëzie stelt valse vragen, stelt hoofdzakelijk de vraag: wat betekent dit allemaal? Na veel moeite blijkt het antwoord meestal: niets’. Bovenstaand gedichtje (het verkleinwoord is een beproefd stijlmiddel bij de Coninck, die zichzelf een ‘journalistje van de ziel’ noemde) is een perfecte illustratie van deze opvatting. De tekst is afkomstig uit zijn debuutbundel De lenige liefde (1969) en probeert antwoord te geven op de - onuitgesproken - vraag: wat ìs ‘nevel’ eigenlijk? Nu kun je bij dergelijke vragen natuurlijk wel de Van Dale raadplegen, maar dan kom je uit bij kale begripsdefinities en daar is De Coninck niet naar op zoek. Hij weet heus wel dat nevel ‘door verdichting zichtbaar geworden waterdamp in de lucht’ is, maar dat is een type wetenschap dat meer lijkt op een perscommuniqué dan op een gedicht. ‘Het wonder van de poëzie,’ aldus De Coninck, ‘zal er wel in bestaan dat er ergens een helder raadsel blijft. Als dat wonder er niet is, dat vraagteken achter de mededeling, heb je te maken met een perscommuniqué’. Daarom opent De Coninck zijn gedicht met een paradox, omdat deze stijlfiguur ruimte laat aan tegenstrijdigheden: Nevel is ’t niet meer voorbijgaan / van iets moois dat al volbracht is. Door deze formulering worden we gedwongen de wereld van de meteorologie te verlaten en een ander domein te betreden: dat van de verbeelding. De nevel van Herman de Coninck blijkt iets
Trotwaer
albumbled
Nevel is ’t niet meer voorbijgaan van iets moois dat al volbracht is. Nevel is gelukkig haast niet meer bestaan, niet meer moeten en nog even mogen. Je was lang gebleven. Nevel is even daarna. Ik zie haast nog je ogen. Nevel is: nog bijna. Herman de Coninck
te kunnen wat soms ook lukt in poëzie: iets moois dat al volbracht is te laten voortbestaan. Zoals lucht water vasthoudt, zo doet poëzie dat - langs de weg van verdichting - met de werkelijkheid. Via de taal creëert de dichter de vrijheid van ‘niet meer moeten / en nog even mogen’. Ook de liefde laat ons, als het goed is, veel mogen. Zij verlengt de tijdelijkheid van het moment: ‘Je was lang gebleven. / Nevel is even / daarna’. De geliefde is nog bijna zichtbaar in de kamer aanwezig (‘Ik zie haast nog je ogen’) en zo krijgen we - via een subtiele omkering - nòg een paradox in de schoot geworpen: ‘Nevel is: nog bijna’. Het verrassingseffect van de slotregel wordt veroorzaakt door het feit dat ‘bijna’ hier niet betrekking heeft op iets wat nog gebeuren moet, maar op ‘iets moois dat al volbracht is’. Nevel is - net als liefde en poëzie - verlengd verleden. De manier waarop De Coninck hier met uiterst minieme middelen een taalspel opvoert, is kenmerkend voor zijn bescheiden poëtica: ‘Zoals een beroepsinbreker aan een cijferslot prutst: zo klikt een gedicht soms ineens’. Natuurlijk heeft de ‘gespierde’ en spectaculaire poëzie van Pfeiffer en consorten ook bestaansrecht, maar (zo schreef De Coninck in een gedicht voor collega Cees Buddingh) ‘ik hou eigenlijk nog meer / van een groep woorden die zich samen / plotseling bijzonder intiem gaan voelen / en zeggen: laat ons nou maar altijd / bij elkaar, er hoeft geen meer bij te komen’. Ik hou wel van poëzie die zo onnadrukkelijk bij je binnenkomt als hier gebeurt. Niks postmoderne intertekstualiteit of neologistisch spektakel. Gewoon een paar woorden die bij elkaar willen horen. Zo vanzelfsprekend kan poëzie zijn. Zo ‘bijna’. Zo nabij.
proaza
It krystmiel
mindert wijnstra Op in kâlde dei yn it lêst fan desimber brocht de foks in besite oan syn freon de hoanne. Bôke siet iensum en allinnich op stôk. Rein seach ris om him hinne. It hinnehok lei der leech en ferlitten by. Dêr waard er net fleuriger fan. ‘Ik ha fan ’t jier as mâle Jan yn ’e hinnen omslein’, sei Rein, ‘dêr ha ’k no spyt fan.’ ‘Berou komt nei de sûnde’, sei Bôke. ‘Ja’, knikte Rein, ‘it muoit my wier. Mei de krystdagen yn sicht wurd ik altyd wat mankelyk. Sterker noch – ik sil ’t dy earlik sizze – ik ha ’t der dreech mei. Komsto de feestdagen wat troch?’ ‘Och’, suchte Bôke, ‘it is stil hjir. Ik ha net folle mear te dwaan.’ ‘Dêr wie ’k al bang foar’, knikte Rein, ‘dêrom woe ’k dy útnoegje foar it krystmiel by my thús. Om wat goed te meitsjen. Earste krystdei, kinst dan?’ ‘Goed’, knikte Bôke, ‘dat is aardich fan dy. Komme der noch mear?’ ‘Kalkoen ha ’k ek frege en de krielhintsjes fan hjirneist.’ ‘Dat is oars myn soarte net’, sei Bôke, ‘mar dêr moat ik my dan mar oerhinne sette. It giet om de krystgedachte op ’t lêst, is ’t n’t wier?’ ‘Ja’, suchte Rein, ‘it is it feest fan frede. Ik ferwachtsje dy om seis oere jûns.’ Earste krystdei wie it in drokte fan belang yn ’e foksehoale. Rein makke der wurk fan. Hy helle fan alles yn ’e hûs, se soene net te min ha. Hy struide rojaal grit oer de grûn, sette rogge- en weetkerrels yn skjinne bakjes op ’e tafel, in pear skaaltsjes wetter derby, en hy stiek ek noch in kearske op. Fan spjirretûken hie er in mânske krystkrâns teard. Dy hong er bûten oan ’e foardoar as teken dat hjir goed folk wenne. De gasten wiene ûnder de yndruk fan safolle gastfrijens. Elk krige in plak oan ’e tafel, Kalkoen en Bôke beide op in ein, de krielhintsjes gesellich tusken harren yn. Dy woene fuort mar oanfalle, mar dêr striek Rein in skoatteltsje foar. ‘Lit ús der in sfearfol feest fan meitsje’, sei er, ‘ik woe graach begjinne mei in minút stilte om te betinken wa’t ús dit jier allegearre ûntfallen binne.’ Bôke koe de eagen net droech hâlde. ‘Acht wyfkes bin ’k kwytrekke’, snottere de hoanne, ‘achtfâldich widner bin ’k no, jim meie it wol witte. Dan binne sokke feestdagen dûbeld dreech.’ Rein naam in slokje wetter, skrabe de kiel en sei: ‘Wy moatte earst mar even sjonge meiinoar. Ik stel foar - spesjaal foar Bôke - om te begjinnen mei Stille acht, Hillige acht, de wize kenne jim wol.’ Der waard mei ynmoed songen, mearstimmich. Allinnich Kalkoen keakele der wat
70
/
Trotwaer
de Moanne
yllustraasje babs wijnstra
71
proaza
it krystmiel
falsk boppe-út. Dêr ergeren de oaren har oan, mar se lieten har net fan ’e wize bringe en namen it hiele krystrepertoire troch oant en mei In Excelsis Deo. Bôke song mei triennen yn ’e eagen oan ien tried wei ‘In Excelsis dea’, mar hy fleure wer op doe’t se ta beslút ek noch De Bisteboel fan Omke Roel en It lot fan Tea diene. Kalkoen woe as útsmiter graach noch even Knoopkes sjonge, it leafst allinnich, want hy koe it hiele liet út ’e holle, mar dêr woene de oaren neat fan witte. De foks sei dat it no tiid wie om oan te fallen en gong njonken Bôke oan tafel sitten. Dy haffele al gau yn ’e roggekerrels om. It griisde Rein oan. Hy hie al trije dagen gjin iten hân. De mage rammele him derfan, mar dat hinnefoer koe er út noch yn net troch de strôte krije. Kalkoen wol. Dy hie syn eigen pantsje al leech en pikte no driftich yn ’e bakjes fan de krielhintsjes om. ‘Kalkoen is ferfelend’, flústere Rein, ‘hy bedjert ús hiele feest. Ik sil him aanst even apart nimme.’ ‘Doch dat’, sei Bôke, ‘ik krij pineholle fan dat bist.’ Nei it iten en it gebed setten se opnij út ein mei krystlieten. Se songen as klysters. It iene liet helle it oare út. By Wêr bisto krige Bôke it wer te krap, mar De Wâldsang joech him nije krêft en by It Heitelân begûn er sels mei in krielhintsje oer de flier te swieren. De stimming kaam der no aardich yn, se waarden wat langer wat losser. Allinnich Kalkoen wist him gjin hâlding te jaan. Doe’t er ek noch begûn te lêbjen oer Hintsje Kokkelintsje wie Rein syn geduld op. “Kom do mar mei nei de keuken’, sei er, ‘ik moat even mei dy prate.’ It waard in heftich petear. De oare bisten koene troch de doar hinne hearre dat it der raar om en ta gong. Kalkoen raasde moard en brân, mar Rein krige him stil. ‘Sa’, sei er, doe’t er der wer ynkaam, ‘ik ha him goed de wierheid sein. Hy is lytsman no, wy sjogge him hjir jûn net wer. Hy past net yn ’e groep, fyn ik, hy bedjert it foar ús allegear.’ De krielhintsjes wiene wat oanslein fan it trelit. De wille fan it sjongen wie oer. Bôke besocht mei it foardragen fan De Ballade fan Longerhou om de stimming der wer yn te bringen, mar it woe gjin echt feest mear wurde. Se ieten noch in neigesetsje en doe makke Rein der mar in ein oan. Sêd en foldien sette elkenien ôf. It hie doch in moaie krystjûn west. Doe’t se foar it keukensrút lâns rûnen, seagen se dat Rein in grutte panne op it fjoer stean hie. ‘Hea’, sei Bôke, ‘soe der oars noch mear te iten west ha?’
72
/
De diggels fan Che lolkje hoekstra
Oer: Greet Andringa, De diggels fan Che. Ferhalen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2003. 127 siden.
73
Trouwe lêzers fan Trotwaer ha yn de ôfrûne trije jier al in stik as wat ferhalen fan Greet Andringa lêze kind. Andringa hat trochskreaun en no sjocht har debútbondel De diggels fan Che it ljocht. Se hat de bondel opdroegen oan har âld-skiednislearaar Jan Pieter Janzen, mei wa’t se troch de jierren altyd noch kontakt hâlden hat. Fansels kenne wy Janzen better as de man dy’t lang haadredakteur fan Trotwaer en letter de Moanne wie. In debút hat altyd wat spannends. Al hielendal as de skriuwer noch jong is, want dan kin der ommers noch folle mear komme. Mei har 32 jier is Andringa in jonge debutante. Har libben kin alle kanten noch op. De flaptekst fertelt ús dat Andringa dokter is, ko-assistint west hat en ûnder mear yn de drugshelpferliening warber is/west hat. De ûnderfinings dy’t se yn har wurk opdien hat, brûkte se foar guon ferhalen. Help, de dokter verzuipt? Fan de fjirtjin ferhalen dy’t yn de bondel steane, binne trije hiel direkt yn ferbining te bringen mei dy medyske achtergrûn. ‘De earste kear’ is it ferhaal fan in ko-assistint, de ik, dy’t troch personielskrapte ynienen dwaan moat as hat se al folslein foech as dokter. Se hat fuort wol troch dat har pasjint, in âld wyfke, in foarse oerhaal hân hat, dêr’t se wol yn bliuwe sil. De man fan it âld wyfke is folslein fan it sintrum, in gewoane minske. Hiel apart is it as de ko-assistint de man treast en dat se dan fynt dat se net profesjoneel is, want se moat oan har eigen pake tinke. Eins is it in ferhaal oer hoe’t in ûnwisse ko-assistint har bêst docht om net al te ûnwis oer te kommen, wat him lêze lit as ien dy’t dokterke oan it boartsjen is. Mei as hichtepunt dat se foar de earste kear de dea fêststelle moat, wylst se dêrta net it foech hat. Fansels makket it foar dy widner neat út wa’t sizze sil dat syn frou stoarn is. Dat se kroandea is, kin er sels ek wol sjen. Dêrfoar hie er ek wol troch dat it ôfrinne soe mei har. It iennichste profesjonele dat de assistint yn dit hiele ferhaal dien hat, wie de man in bûsdoekje oanjaan. Is yn earste ynstansje de ko-assistint gewoan ûnwis, want hoe mei de man om te gean, wat medikaasje wol of net tatsjinje, as it ferhaal ôfrûn is, freegje je je dochs ôf oft ien dy’t hoe dan ek gjin bern mear is en al safier mei har stúdzje, werklik sa ûnnoazel wêze kin as it om de dea giet. De flagge hinget der hiel oars by yn ‘Ridder Hilbrand’, in flitsend ferhaal dat as story-line bepaald net misstean soe yn de Amerikaanske searje ER. “More Epi!” raast de sjirurch. “My call: Time of death…” En op it lêst nei Magoo, de diner. Mar dan dus net yn it Ingelsk. ‘Ridder Hilbrand’ is in hiel spannend ferhaal. Je
hoopje dat de man op de snijtafel it hellet fansels. En wa is dy man? Wat is dy man? Hearlik, krekt ER. It tredde doktersferhaal hjit ‘Ut balans’. It giet oer in froulike dokter dy’t yn de drugshelpferliening wurket. In junky dêr’t se noch in healjier by op de basisskoalle sitten hat komt te ferstjerren. De dokter freget har ôf oft se no in flater makke hat of
Trotwaer
de Moanne
net, se fielt har skurf. Dat se de junk net genôch tiid jûn hat om syn ferhaal te dwaan, want dan, dan… En de mem fan de jonge bellet har ek noch om har op har ‘flaters’ te wizen. Yn dit ferhaal besteane der aardich wat wierheden. Dy fan de mem dy’t graach dochs wol dat ien har jonge deadien hat, dat it net lein hat oan syn sykte. Dy fan de grutter groeiende dokter, dy’t de junk dus net te tichtby komme lit, dy’t net alles leaut wat er seit, en yn de iene of oare sin dêrtroch synysk en kâld oan it wurden is. Wat har net befalt en ek ferrifelt. Dêr’t hout kappe wurdt, falle spuonnen. Dat dokters fouten meitsje wit elkenien, it binne minsken en se dogge minskewurk. Yn de trije medyske ferhalen fan Andringa falle der deaden, mar net troch it al of net hanneljen fan de dokter. Dy dokters hawwe wol troch dat se God net binne, der sitte grinzen oan wat je ferhelpe kinne. Alle trije dokters binne har der hiel bot bewust fan dat se synysk en hurd oan it wurden binne of dat se dat al binne of dat dat noflik is as je dokter binne. Andringa spilet mei dizze ferhalen beslist heech spul. Se folget yn har ferhalen hiel trou de dokter, de minske. Dy dokters binne net allinnich dwaande mei harren wurk, sa goed as je kinne de pasjint helpe, mar binne foar in part ek yn de besnijing fan har eigen wierheidsûndersyk. Dat makket se machteleas, ûnwis en yn beskate sin slachtoffer, om mar net te sizzen pasjint. Dat is spannend om te lêzen, en net yn it minste plak omdat Andringa hiel goed skriuwe kin. Ek al is in wichtige byrol yn dizze ferhalen foar de Dea weilein, Andringa falt net yn de kûle fan it klisjee, mar boartet wol op it rântsje fan it sentimint. Relativearring of humor docht Andringa net oan, se is kompromisleas. Itselde jildt foar de oare ferhalen yn dizze debútbondel. Andringa nimt har ferhalen en personaazjes hiel, hiel serieus, oft se no it ferrin yn de bân tusken heit en dochter beskriuwt of tusken man en frou. Sekuer nimt se de balâns op en skriuwt mei wisse hân mei as doel wierheidsbetrachting. Har haadpersonaazjes, meast froulju fan tusken de tweintich en tritich, besykje om in skiednis te skriuwen. Wolle in ferhâlding trochgrûnje, befetsje. Wolle witte wêrom’t it gien is sa’t it gien is. Sitte deroer yn dat se fouten meitsje, skamje har faak, fiele har skuldich, hawwe perfeksjonistyske kantsjes en kinne min oer ferlies. Fernuverje har oer it grutwurden en dat der oan it libben nuvere kantsjes sitte. Klasgenoatsjes fan alear wurde junk of timmerfeint, gjin dokter. Minsken geane dea, passy giet op yn reek en heit wurdt siik en stjerlik. Op in dei binne je gjin bern mear. Dat is net leuk, nee, net sa leuk. Yn ien fan har ferhalen, ‘Op de drompel’, skriuwt in studinte medisinen in soarte fan brief oan harsels om gryp te krijen op har mankelikens. In stikje dêrút: De takomst hat my nea bjuster ynteressearre. Fansels hie ik bepaalde plannen foar letter. Ik woe de wrâld ek ferbetterje, mar as sels miljoenedemonstraasjes de driging fan De Bom net keare kinne, wat moat in lyts famke dan? Ik hie de wiersister net nedich om te witten wat it libben bringe soe. Elke dei koe de lêste wêze yn de tiid dat ik opgroeide. Op in minne dei soe de man by de knop him fersinne en
de hiele wrâld yn ien klap nei de oare wrâld helpe. In oare wrâld dy’t der foar my as lyts ateïstsje ek net wie. Wy Kâlde Oarlochsberntsjes libben wol, mar altyd wie der dy net te befetsjen driging, dat wy nea de kâns krije soene wat dwaan te kinnen. As tsienjierrigen hiene we beslist wat fan swiersettige bejaarden. (…) Doe’t de earste puberjierren achter de rêch wiene, wêryn’t ik alles as absolút ferlern beskôge hie, besleat ik de wrâld noch mar ris in kâns te jaan. Ik doarst dêr net te djip oer nei te tinken, ik wie benaud op ’e nij de muorren tsjin te kommen út myn eardere jierren. Ik sleat my oan by allerhande bewegings, dy’t meiïnoar wat dwaan woene oan de ellinde yn de wrâld. Dêr moete ik Piet. Myn ynterresse foar de wrâldskiednis belune, mar ik hechte no wol mear oan wat ik oan ’t no ta sels belibbe hie. Dat hie ik yn alle gefallen mar belibbe. Wat der hjoed barde, wisten jo mar noait en yn depressive buien frege ik my no en dan noch wolris ôf oft der wol in moarn wie. Dêrmei jout de ik-figuer út dat ferhaal foer foar in psycho-analyze fan hast alle haadpersonaazjes yn de bondel. Swiersettich en net bepaald minsken dêr’t de beslútfeardichheid fan yn it each springt. Net foarút sjen, mar ompiele yn It Sels en de Persoanlike Skiednis. No en dan wurdt dat tefolle. Net yn alle ferhalen driget Andringa mei mankelikens en destruksje. It ferhaal oer in moeting tusken ynbrekker en húseigenares, ‘Nachtbesite’, is gewoan in hiel leaf en ja, suver in fleurich ferhaal. Ek de frou dy’t har jild út de bûse prate lit yn ‘De filatelist’ is lollich. Je skrikke der suver fan. Al mei al set Andringa har mei dit debút stevich del as skriuwster. De ferhalen binne nijsgjirrich, ôfwikseljend en bytiden spannend. Mar goed, hoe detaillearre en hoe sekuer Andringa ek te wurk giet, wat relativearring en no en dan in skop ûnder de kont fan har haadpersonaazjes soe de bondel fan opfleure. Ek de groteske oansetten dy’t yn de measte fan har ferhalen opdûke, nimme dat gefoel net wei. Nee, de dokter is net fersûpt, dizze dokter driuwt poerbêst fierder. It wachtsjen is op har folgjende bondel mei wat mear flinterslach en crawlwurk deryn.
74
proaza
/
Sinnekear
johannes dijkman
75
Hoe lang rin ik hjir al? It hat tsjuster west en ljocht. Ik ha hyt west en kâld. Sân oeren, trije dagen, in wike? Fierder rin ik. Stof hat my bedutsen en rein my skjinspield. Der is mar ien paad en dat is dêr’t ik rin. Mei eltse stap meitsje ik it paad langer. Achter my is neat. Ik sleep de leechte achter my oan. Yn ’e muorre in poarte mei in draaidoar. Kom ik noch op ’e tiid? Even bliuw ik stean en de koelte fan ieuwenâlde stiennen krûpt om my hinne. Ik hingje myn mantel oan in rustige spiker en fuorje de dowen oan myn fuotten. Ynienen fleane se omheech. Ik stap de tún yn. Dy is oan trije kanten ôfsluten troch in hege, stiennen muorre. Foar my in trep, dêr’t de treeën fan oant yn de himel lykje te rikken. Twa mânske, út stien bekappe liuwen lizze oan wjerskanten. Harren koppen binne sa draaid dat se by de trep omheech sjogge, as ferwachtsje se immen. Of sjogge se nei immen dy’t al foarbygien is? Yn ’e midden, dêr’t beide paden, dy’t de tún yn fjouweren diele, byinoar komme, stiet in pylder. Op ’e pylder in swiere izeren skaal dêr’t fjoer yn brânt. Yn alle fakken is in gat groeven, it iene grutter as it oare. Utsein in gat, eins mar in begjin fan in gat, ticht by de poarte. Dêr binne allinne de seadden ôfstutsen en rûnom steapele. De skeppe leit der noch, achterlitten troch immen dy’t hastich fuortrûn is? It is as rôlet fan de trep ôf in wyn de tún yn. De flammen lôgje op en lekke oer de râne fan de skaal. Tagelyk ferskynt der in man op ’e trep, in bûntkleure doaze ûnder de earm. Ha ik him earder moete? Hoeden, as hat er in ynboud meganyk, stapt er fan tree nei tree. Nei trije stappen bliuwt er stean en sjocht nei lofts, dan nei rjochts en -wat langer- nei foarren. Dêrnei op ’e nij: trije stappen - lofts - rjochts - nei foarren.
Trotwaer
de Moanne
proaza
Sa werhellet dat him, oant de man ûnder tusken de twa liuwen stiet. Yn it smelle, bleke gesicht steane twa stielblauwe eagen, dy’t rjochte binne op eat achter my. Under de lytse swarte snor sit in smelle, bloedreade streep. Syn lippen sa stiif opinoar as is der noch nea in lûd mei foarme. No sjoch ik dat de liuwen harren koppen ek draaid ha. Krekt as de man sjogge sy nei wat achter my is. Ik draai my om, neat te sjen. Oars net as de grutte leechte, dy’t achter my oan toffele is.
sinnekear Wy moetsje elkoar by de pylder, dêr’t it fjoer liket te dûnsjen yn de skaal. De man stekt in hân út en noeget my nei in útgroeven gat. Tegearre rinne wy, sûnder in wurd te sizzen, oer it gers. Hy lit him op ’e knibbels sakje en sjocht my oan. Ik knibbelje ek. It gat, sa grut as in iepentearde krante, is net djipper as in heale meter. De boaiem is griis, lykas iis op in beferzen wetterplasse. De man pakt de doaze en skoddet. Kleurige blommebledsjes dwarrelje nei de boaiem. In mozayk, dat liket op te ljochtsjen. De kleuren rinne yn- en oerinoar en ik sjoch in gesicht… it gesicht fan Judith… Do nimst in hap út ’e perzik. Glinsterjende spoaren foarmje har ta drippen, dy’t falle. Donkere spatten op dyn giele shirt. Parmantich binne dyn boarsten, dy’t as dinich wetter kalm op en del geane. Rêst, nei de stoarm fan fannacht. Us leavjen yn ’e wylde see, dêr’t wy swommen oant de sinne opkaam. De sinne dy’t al heech stie, doe’t wy de eagen iepen diene. Do lakest ferlegen. Dyn lippen wiene droech. Do seist: “Lit ús rinne nei de hichte dêr’t wy foarich jier dreamden ûnder in blauwe loft.” Sa sitte wy en leafde hinget om ús hinne. Wy stoarje yn ’e fierte, it bosk, de giele fjilden. Heech boppe ús sweeft in earn. Nimst noch in hap út de perzik. Judith… De man komt oerein, pakt de doaze en rint nei in oar gat. Grutter as it earste, ek djipper. Op ’e boaiem in laachje wetter. Dit kear bliuwe wy stean. Hy skoddet in ies sulverfiskjes út ’e doaze. It wetter liket glês te wurden. Op it glês sitte spatten, der komme hieltyd mear. Dan… as ik hast neat mear sjoch, skoot de rutewisker hinne en wer. Ik sjoch nei de wite strepen, de giele ljochten dy’t tichteby komme. “Foarsichtich, hear.” Do sjochst nei my. “Hjir komt in flauwe bocht!” In doffe dreun. It is as skuorre se myn holle derôf. Tsjuster is it, stil, deastil. Ik taast nei rjochts. “Judith, wetter. Der komt wetter yn de auto!” Fertwivele skodzje ik oan dy om. “Judith!” Stadich komt it wetter heger.
76
/
Ik draai my om. Yn ’e skaal brânt noch it fjoer. De man stiet te wachtsjen, syn stielblauwe eagen op my rjochte. Ik gean foar him oer stean, it tredde gat tusken ús yn. Hy skoddet mei de doaze oant der in tsjokke laach reade roazebledsjes op ’e boaiem leit, as hat der in feest west. Der ferskynt in frou. Neaken. Folle, reade lippen. Har swiere boarsten hingje wat fansiden. Hja laket nei my en knypeaget. Mei har finger streaket se oer har boarsten, har búk en fierder. Even doch ik de eagen ticht. Mar ien kear hat se west, ien kear. Ik skop tsjin de bult modder. Swarte grûn rûgelet yn it gat. De man is ferdwûn, allinne de doaze stiet der noch.
77
It lûd fan ûntelbere murmurearjende minsken gûnzelet my yn ’e holle. Ik hear it net allinne, ik fiel it ek. Dan, in doar dy’t tichtslacht. It lûd fan in startende auto, dy’t nei in pear kear besykjen protteljend op gong komt. Fêst it frommes fan nûmer 13. Mei de sjook wiid iepen rydt se de strjitte út. Deastil lis ik op ’e rêch. Teannen en noas omheech, de earms stiif nêst it lichem. Ik hear Judith sizzen: “Bist foar de kiste oan it oefenjen?” Hja hat no al mear oefene as ik. Kjel doch ik de eagen iepen. It is noch te tsjuster. De minsken yn ’e holle begjinne te razen, hieltyd lûder en lûder. Stadich beweech ik de holle hinne-en-wer. Ynienen ferskynt wer de man fan de trep. Hy docht itselde, hy beweecht syn gesicht ek fan lofts nei rjochts. It gerop en geraas wurdt fûler, as wolle se him oanmoedigje. As it hast net mear fol te hâlden is, til ik de holle in eintsje. It gesicht fan de man is no flakby. De bloedreade lippen lykje my te tútsjen, mar dan hear ik dúdlik: “Fermoarde!” Ik lit my wer yn it kessen falle. Mei myn lofterhân taast ik fansiden. Neat, myn hân glidet foarsichtich oer it koele lekken. Bil, búk, even hâld ik stil. “Boarst,” hear ik mysels sizzen. Noch in kear: “Boarst.” Mei krêft helje ik út en slach mei de platte hân tsjin de foarholle. De kop sûzet my. Triennen rôlje oer de wangen. By de mûle bliuwe se even hingjen. Ik priuw se. Foarsichtich glidet myn tonge oer de lippen. Judith har lippen. Ik bin der wis fan. “Judith,” flústerje ik. Ik draai my wat fansiden en sjoch nei de wekker: 08.05. Ienentweintich desimber en hjir lis ik. Allinne, al seis jier. Hjoed, hjoed moat ik sterk wêze. Sasto dat wiest. Yn ’e stúdzje, by de swierrichheden op ’e saak. Ast foar my stiest mei glinsterjende eagen: “Kom op, even oangean, wa is hjir de sterkste?” Do wist net fan ophâlden. Wiest folle mear in fjochter as ik. Moed fandelje, moed út alle hoeken fan de keamer, út alle kieren fan ús hûs. Hjoed is it noch ús hûs. Yn hiele grutte letters, dy’t út en oan ljochtsje sil ik it op de gevel sette: US HUS, kom, kom deryn. Noch ien kear sil ik dy hjir yn ’e hûs ha, noch ien kear.
Trotwaer
de Moanne
proaza
sinnekear
Dan rôlje ik my om. Stiif sit it dekbêd om my hinne. Gewonden in doeken, tink ik. “Judith!” Ik besykje my te konsintrearjen. Seis jier is lang. Seis jier net in wurd, gjin laits, gjin werkenning. Net in sel yn dat lichem, dat my sa leaf is, dy’t my witte lit datst fan myn bestean ôfwitst. “Dat my leaf is,” sis ik, “dat my leaf - wie!” Miskien skillet dokter aanst: “Jo moatte komme, der is wat yn har tastân feroare.” Hoe faak ha ik dêroan tocht, derfoar bidden, flokt, gûld, tsjin har raasd, hoe lang har hân fêsthâlden? “Toe, jou my har werom. Ien lyts tekentsje, God, jou my ien hiel lyts teken.” Ik sjoch nei de wekker, 08.30. Ik moat derôf, nó! Ik rôlje my werom. Ik hear har stim: “Kom, komst noch even tsjin my oan lizzen?” Ik ferlûk myn mûle as wol ik besykje te laitsjen. Dan stap ik derôf. De tafel ha ’k klearmakke. Hjoed foar ús twaen. De stoel wat achterút skood, as is se nei de kast om nije bûter, in pak jus d’orange of sil se mei twa kroissantsjes weromkomme? Hoe faak ha wy hjir net sitten, tsjin inoar oer. Prate, laitsje, buorman mei syn nije auto, witst noch? Sietst mei de rêch nei it oanrjocht, maklik wie dat en koest sa moai de tún yn sjen. “Sjochst dat readboarstke?” of “Sjoch, toe hoe hjit er no, in…” “Tomke”, sei ik en beide seagen wy nei bûten. Ik geat de tee meast yn en joech dy in tút yn ’e nekke. Nee, net alle kearen, sa no en dan. Witst noch fan dy kear dat ik dy in tút joech en de tee neist it kopke geat? Dat fûnst nèt moai. Ik sjoch op de klok. Noch fjouwer oeren en dan… Mei de finger fei ik de krûmels nei de râne fan it board. Wat moat ik tsjin mem sizze? Wat sil sy sizze? Hast alle dagen skillet se. It is foarby, mem. ’k Ha it noch net tsjin har sein, moarn miskien, letter, wa wit. Ik sjoch nei de lege stoel. Net twivelje, no net begjinne te twiveljen. It mes kletteret op it itensboard. It hert slacht my yn ’e kiel. “Besykje no rêstich te bliuwen, net weidreame. Hjoed, hjoed meist net flechtsje,” sis ik tsjin mysels en pak de tee. Kâld. Dochs mar opdrinke. Dan romje ik de tafel op, ’k wol it netsjes achterlitte. De grutte wizer stiet al op ’e trije. ’k Moat fuort. ’k Wol der ek net tsjinoan ride. Kalm sko ik de beide stuollen ûnder de tafel. De grutte draaidoar hat syn eigen gong. Ik moat myn stap ynhâlde. It is hjir grut en rom; dochs fielt it as grypt in ûnsichtbere hân my by de kiel. Ik bliuw stean en sykhelje in pear kear djip. Dan triuw ik de hannen djip yn ’e bûsen fan de jas, lûk de skouders nei achteren en rin fierder. Twa grutte swarte wizers jouwe de tiid oan. ’t Kin noch wol, tink ik en gean nei it restaurant. “Koffie met gebak, 4.50” hâldt in houten kelner my foar. “Kofje graach”, sis ik tsjin it famke achter de bar. “Met gebak, meneer?” Ik skodholje en rin nei in taffeltsje by it rút. As ik it kopke delset, stiet der in stealtsje kofje yn it pantsje. “It is ek altyd itselde mei dy”, hear ik Judith sizzen.
78
79
/
Ik rin de gong op. Dêrnei in grutte stiennen trep, in doar en dan de lange gong mei de rige foto’s. It deistige libben yn swart-wyt. Ik rin by dat libben lâns. By de lêste foto bliuw ik stean. In man, op ’e rêch sjoen, fytst de dyk út. In keale dyk mei yn ’e fierte in toer. In suster rint foarby. Ik knik en sjoch har nei. Yn myn hân fiel ik de blommen, it fochtige papier. De doar giet iepen as ha se my oankommen sjoen, dwers troch de muorre hinne. “Goeie, dêr wiene jo al, moai op ’e tiid.” Ik knik. Hy hat de doktersklean net oan. As fansels til ik de hân mei de blommen omheech. Beide sjogge wy dernei. Ik rin nei it taffeltsje, fersko de foto en lis de blommen dernêst. Hjoed 21 desimber, tink ik, sinnekear. Aanst begjinne de dagen wer te lingjen.
Trotwaer
de Moanne
Yn de ferhalebondel In kop fol bylden hawwe Mentha de Jong en Goasse Brouwer fyftich ferhalen út it oeuvre fan Froukje Annema sammele, wêrby’t se neffens it kolofon hifke ha op ferskaat troch de jierren hinne. De ferhalen binne yndield op gronologyske folchoarder en net op ûnderwerp of tema. Efteryn stiet wêr’t de ferhalen earder publisearre binne (almeast yn Frysk en Frij en yn ien fan de sammelbondels) en wannear. Njoggen fan de opnommen ferhalen binne net earder bondele. As der ien ding is dat In kop fol bylden sjen lit, dan is it wol, dat de flotte toan troch de jierren hinne altyd bleaun is, dat dingen út it deistich libben gauris ta ûnderwerp keazen binne en dat de kwaliteit syn útfallen wolris hie. Froukje Annema hat mei har wurk altyd in grut publyk berikt, om’t se dingen sa sizze koe, dat minsken it idee hiene dat it oer harsels gong. Dat litte dizze ferhalen ek dúdlik sjen.
heit en mem út it perspektyf fan ien fan de bern wei, in frou dy’t har man op ’e souder opslút. Hiel aardich is bygelyks ek ‘It fraachpetear’, in hiel realistysk en humoristysk ferslach fan in besite oan minsken der’t de skriuwster in fraachpetear mei hâldt, mar dêr’t se mar net mei troch de fragen hinne komme kin. Fierders steane der in tal krystferhalen yn, in pear sinteklazeferhalen en in stik of wat reisferhalen. Ien fan de toppers dêrfan is it titelferhaal, oer in reis troch Amearika. Prachtich, hiel persoanlik en tagelyk mei de fan Annema bekende humor en koartswyl beskreaun. Ien fan de moaiste ferhalen fyn ik ‘Der binne grinzen’. Flymskerp, suver wat absurdistysk set de skriuwster mei 80
Ferhalen Froukje Annema trochsteane de tiid jitske kingma
Froukje Annema-Noordenbos, In kop fol bylden en oare ferhalen. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert, 287 siden, 4 18,50.
It earste ferhaal, ‘Pasjint yn ’e frjemdte’, jout in dúdlik tiidsbyld fan hoe’t it yn de santiger jierren (it ferhaal is fan 1973) yn húshâldingen gauris om en ta gong: mei fakânsje, foar ’t earst fier fuort (nei België) en dan moat de lytse jonge spuie. Heit wit fansels net wat er dwaan moat, mem moat dermei rêde en it draait deropút dat se mei in bulte smoarge wask wer op hûs tasette. Sokke ferhâldings tusken heit en mem komme gauris foar en wiene benammen yn de tiid dat it skreaun is tige werkenber. By in protte ferhalen is der sprake fan goedmoedige spot en selsspot: de man by de operette, dy’t der leafst sa gau mooglik wer út wol, de frou yn ’e trein, dy’t ta argewaasje fan har man oan elk fertelt dat se beppe wurden is, de twa froulju dy’t foar de iene winkelje, mar mei spul foar de oare thúskomme, de fjirtigers dy’t har net mear op har plak fiele yn in bar, út te iten yn in lúkse restaurant mei Frânske termen. Bern binne ek in tankber ûnderwerp; it bern dat yn alle frijmoedigens seit wat de folwoeksenen allinne mar tinke, it famke mei har minne rapport, dat it wykein fan har mem nei gychem helpt. Meast binne it koartswilige ferhalen mei net al te folle djipgong. Mar soms kiest Annema it perspektyf fan de iensume frou yn in dea houlik, dat faaks dochs wer it libben meikrijt, in frou dy’t it opnimme moat tsjin in 25 jier jongere rivale, in âlde leafde dy’t de haadpersoan ûnferwacht wer moetet, rúzje tusken
doelbewuste halen in situaasje del dêr’t se yn ôfweeft mei in muoike dy’t har iderkear mar foar har drave lit, wylst se har sels ek wol rêde kin. Har dialogen binne tige sterk en de mooglikheid om mei in pear streken in situaasje del te setten is ien fan har dúdlike kwaliteiten. Selsspot, humor en it ferhaal krekt wat in oare draai jaan binne oaren. Jierren letter binne de measte ferhalen ek noch altyd aardich om te lêzen, se trochsteane de tiid. De útjouwer hat de ferhalen wat oanpast oan de hjoeddeiske tiid. Net-aktuele begripen/feiten waarden oanpast of weilitten. De taal is modernisearre. Op himsels allegear okee, mar de euro’s fan de tachtiger jierren binne har tiid krekt wat te fier foarút.
/
Henk de Haan set tradysje as ferteller fuort jitske kingma
81
Henk de Haan hâldt derfan om foar syn boeken yn it ferline te dollen. Gong er foar syn yn 2002 ferskynde debút De nacht fan de stroffelstiennen in generaasje werom, mei Marije. Oarloch en leafde yn ’e Spaanske tiid giet er werom nei de tiid fan de ridder fan Snits, de twadde helte fan de sechtsjinde ieu. Haadpersoan is wachtmaster Koene Franken, dy’t mear dea as libben by boer Pier telâne komt en him fuort de leafde fan twa froulju oanleune litte mei. Hy knapt net al te flot op fan syn ferwûnings en yntusken kin er in relaasje opbouwe mei de minsken yn syn omjouwing. Hy leart de húshâlding lêzen. Der binne gjin boeken, allinne de bibel, mar dochs wolle se it graach leare, benammen it eigenwize dochterke Yfke. It doarp, Jobbegea-Skuorregea, hat in moai Marijebyld hân, mar dat is ferdwûn. Koene krijt opdracht om it werom te finen. Dy speurtocht nei it byld is de belangrykste line yn it ferhaal. Tagelyk moat er ek it each wat hâlde op de Spaanske troepebewegings. Yntusken is it frij serieus wurden mei Maaike, de dochter fan de boer dêr’t Koene sa gastfrij ûntfongen is. Maaike fynt syn rol as soldaat eins mar neat. Mar dat er derop útstjoerd wurdt om it Marijebyld wer te finen, noasket har wol.
speurtocht Fan it momint dat Koene syn ommelânske syktocht nei it byld begjint ôf krijt de roman wat speurderseftichs: Koene ûnderfreget allegear minsken oer it byld en komt iderkear fierder. By de efterbliuwers is yntusken ek fan alles oan ’e hân, want Lys, de dochter fan Grelda dy’t Koene better makke hat, is swier en it koe wolris fan Koene wêze. It boek slút moai ôf, mei in oannimlike klû. Henk de Haan hat foar dit boek ek wer in losse ferteltrant foar kar nommen, dy’t de lêzer maklik meinimt. It is allegear goed nei te kommen en der sitte gjin djippere lagen yn it ferhaal, teminsten, ik haw se net ûntdekke kind. Henk de Haan is in goed ferteller. Dat hie er yn syn earste boek al sjen litten en dat befestiget er hjir opnij. Hy wit de lêzer mei te slepen. Dat is wat my oanbelanget de grutste fertsjinste fan dit boek. In manko fyn ik, dat der suver gjin humor yn sit. Gjin grapkes, boarterijkes, mominten om der spanning yn te bringen. Allinne Yfke, it eigenwize suske fan serieuze Maaike, wit troch har boartlikens it ferhaal wat ekstra libben en faasje mei te jaan. Sa freget Yfke soldaat Koene it himd fan it liif. Se wol dingen witte, dy’t de lêzer ek wol witte wol en sa op plezierige wize oan ’e weet komt. In moaie fynst. Yfke is fierwei it aardichste karakter. Goed tekene, aardige tekst en in natuerlike funksje as oerdrager fan allerlei boadskippen fia har fragen oan Koene.
spanning Henk de Haan syn taaleigen is fersoarge, mar net hiel útsûnderlik, op in inkele aardige útdrukking nei lykas ‘De skonk slacht my as in Turkse tromme’. Der sit wol spanning yn it ferhaal. Njonken de speurtocht nei it byld is der ek noch de grutte fraach: wat is der mei Lys. Op in moarn komt se tsjin melkerstiid thús, smoarch en smoardronken. Se seit dat se net mear wit wat der bard is, wol der ek net oer prate, mar dêrnei sjocht se der alle dagen suterich út. Hiel aardich is hoe’t De Haan gebrûken út de tiid fan de byldestoarm in plakje jout. Dat kin fansels ek net oars by in histoaryske roman, sa’t it parseberjocht dit boek neamt. Dat is oars in grut wurd foar in roman dy’t dan wol baseard is op histoaryske gegevens, mar oars mear hat fan in leafdes- of speurdersroman mei histoarysk dekor. Foar in echte histoaryske roman hat it wat te min ynhouten. De ûndertitel jout goed wer wêr’t it by dit boek om giet: Oarloch en leafde yn ’e Spaanske tiid. Dat dekt de lading wol sawat. Henk de Haan, Marije. Oarloch en leafde yn ’e Spaanske tiid. Friese Pers Boekerij, Ljouwert. 192 siden, 4 15,-.
Trotwaer
de Moanne
Van der Leest fantastysk op dreef yn It moaiste famke fan Antarctica jitske kingma
Utjouwerij Venus, opsetten mei de pioniers fan de Koperative Utjowerij, hat as ien fan de earste útjeften de reynkarnaasje fan It moaiste famke fan Antarctica fan Reinder Rienk van der Leest fersoarge. Se hat in nij uterlik, deselde streken as eartiids, mar kriget no – sa fernijt de skriuwer – de kâns om harsels sjen te litten sa’t de skriuwer har bedoeld hat, mei de typografy sa’t hy dy woe en tekstuele feroaringen dy’t er foarsteld hie, mar dy’t syn beslach doedestiids net mear krije koene. Van der Leest hat it hiele boek, dat foar it earst yn 1974 ferskynde by útjouwerij Alternatyf yn Bûtenpost, werskreaun, foar it grutste part neffens de oanwizingen fan tritich jier lyn. Hy hat gebrûk makke fan nije technyske mooglikheden. Sa sitte der fadeouts yn it boek, de tekst wurdt fan faach nei skerp of fan skerp nei faach op guon foar de skriuwer logyske (of miskien krekt ûnlogyske, mar bewust betiizjende) plakken. Sa’n fade-out sil – lykas mear Van der Leest-grapkes – faaks net troch elkenien op wearde skat wurde: it liket as is it net goed printe. Ik bin dan ek benijd oft minsken mei it boek nei de winkel gien binne om it om te ruiljen. It boek begjint mei in koarte yntroduksje, bepalend foar it hiele ferhaal. As by in film rôlje tuskentroch nammen fan haadrolspilers oer de siden: Kaak Harington en Ros Drinkwater, Henk-Jan-Willem van Pompom, Geertrui Hooiopper, Miz en professor Heeregott, Motz Antares. En dan begjint it boek nochris, mei in nije titelside. It boek sit fol mei sokke grapkes. Wat der yn it boek bart wurdt yllustrearre mei stikken út kranten, advertinsjes en proklamaasjes. Dy meitsje it tagelyk makliker en dreger om te begripen. Mar begrepen te wurden is net it doel, lêzer en skriuwer spylje tegearre in spul, in skynbeweging sa stiet op ’e efterflap te lêzen. Sa kin it yn ynteraksje mei de skriuwer foar de iene lêzer hiel wat oars wêze as foar de oar. Ik kin my by dit boek ek in toanielspul foarstelle, iderkear wer oars, ôfhinklik fan wa’t meidocht.
taaleigen Van der Leest komt je mei syn hearlike taaleigen fuort noflik op ’e lije side oan. “Hy hat him skeard mei de skerpe kant fan in wollen tekken”, “Alles giet by har lâns as in film dy’t se net snapt en dêr’t se foar opbliuwe moat”. Hy hat it fermogen om nije wurden en útdrukkingen oan de taalskat ta te foegjen: “lulbalke”, “sa rêstich as yn it ûnderste burolaad fan in minister”, “leabrekkend leafdewurk”. En hy is tige orizjineel yn it beskriuwen fan minsken: Dynte har mûle stiet har earst tsien foar twaen, letter tweintich foar fjouweren, noch letter fiif oer alven; de skoalskjinmakster hat it figuer fan in bosk woartels. De skriuwer is dúdlik oanwêzich yn it boek sels: “… en slokt de rest fan de stippeltsjes yn”, “‘Do lychst
Side 33-34: in sêne fan de fjochtpartij tusken Nier Hinnebruier, Kaak Harington en Ros Drinkwater:
“Op de fyftjinde tel traktearret Ros in loftse hoeke. Nier springt sydlings foar it presintsje wei. It is in skampstomp, mar de follings rattelje him yn ’e kiezzen. Noch foar’t Ros it lykwicht werom hat, stapt er yn mei in opslach. Syn knokkels flitse tusken de kaakbonken troch yn it weake fan de noas-kielholte. Ros guorrelt as in kolkje dat it wetter net ferwurkje kin. Mar hy pleatst noch al in ribbedúst. Dy bedarret op it mulruft. Nier rint leech as in lekke ballon, hy slingert op ’e skonken. Hy hâldt him steande oan it trekkerke fan in rits en skuort it omheech. It fel fan Ros syn strôte sit dertusken. Piipjend maait dy mei de earms, sûnder beroai. Nier hat alle tiid om wyn te happen. Hy triuwt Ros tsjin de muorre. Wat in raakflak, frij pik. De lêste klap is in pracht. De skonken gliere ûnder Ros wei. Mei in wipke komt er op ’e kont del, as in bern fan de glydbaan. Even skoddet er hinne-enwer, dan batst syn holle tsjin de muorre. Kaak slacht de kastlein it fel oer de eagen en bemuoit him dan mei Nier. Hy hat net de krollefûstdynamyk fan syn maat. Hy is mear in dûnser. Gjin sierlikenien, mar hy mêdet Nier moai ôf. Hy pakt in bierfleske fan de râne fan it biljert en slacht de boaiem der út. De glêspunten flimerje, skermesearjend hipt er op Nier ta. Dy brûkt in stoel as skyld. Mei in poat reaget er Kaak it fleske út ’e hân. Mar hy feecht te fier. Hy swaait efter de stoel oan en rekket op ien knibbel. Foar’t er it wer op fuotten krijt, stiet Kaak al mei in optild taffeltsje oer him. In hite luchtstream klapt him yn it gesicht, in lift sûzet op him del. Hy heart it knallen fan fjoerwurk, mar hy sjocht it net.”
82
oft it drukt stiet’, en it stiet hjir ek printe.” En fansels syn orizjinaliteit yn it betinken fan nammen: Pil Maatsuiker, Greep Balkenbrij, Chick Anus, Kurt Isane.
libbenselikser
/
De priis
underwizers
83
Dizze reis melde Dynte Planteit en Nier Hinnebruier har oan foar in baantsje oan in skoalle yn Vollarum. Dynte krijt mei help fan har ferliedingskeunsten fan in amtner, dy’t se dêrmei boppe syn nearzich bestean úttilt, har bewiis fan goed gedrach. Nier hat net folle sin oan it baantsje, mar Dynte set troch. It foarige skoalhaad en syn frou binne yn it skoalhûs fermoarde, dêrfandinne dat se dêr sa min oan personiel komme kinne. Nier is net sa bang foar in gewelddiedich ein: “Ik gean hjir fansels wol dea.” Lykwols, it duorret net lang of se boargerje dochs yn. Dynte rydt op in fyts mei in sûnensseal en út Nier syn boarstbûske stekt in batterij pinnen. Nier kin mei de bern lêze en skriuwe. Dat docht er dan ek meastal: lêze en skriuwe. Hoecht er ek net folle nei te sjen. De neibliuwers stjoert er altyd sa fluch mooglik nei hûs, sels wol er ek net neibliuwe. Mar dan fersteurt Henk-Jan-Willem van Pompom de rêst. Se kinne allinne in fergunning foar in útwreiding fan de skoalle krije as Dynte wer even ferdivedaasjefamke spilet, har âlde fak. Se hat mei har ferline brutsen, mar har ferline net mei har, sa’t Van der Leest it formulearret. Se klaait har sa truttich mooglik, mar Van Pompom set har de bril ôf en hellet it breidwurkje op har efterholle út. “Sa, no bist Dynte wer.” It helpt lykwols al foar de fergunning. Dynte giet sa yn it skoalwurk op, dat Nier har in iisberch neamt: it moaiste famke fan Antarctica. Nier: “Ik kin likegoed mei in djipfrieshin op bêd gean.” Dynte: “Der leit noch wol ien yn ’e koelkast.” Fansels bart der dan noch fan alles, lykas de fans dat fan Van der Leest wend binne. It giet der need om wei en Nier en Dynte komme beide yn situaasjes dy’t fataal lykje te wêzen. Mar lykas altyd lizze der foar helden oare wegen iepen as foar sljochtweihinne minsken. De fraach is allinne altyd, wa’t de helden binne.
masterstikje De persoanen ha faak allegear in hiel eigen wize fan praten, konsekwint folhâlden en aardich om te lêzen. It hiele boek is oars in masterstikje, fol grapkes, kwinkslaggen, boarterijkes en foaral gjin fêstichheden. It is echt in boek om mear as ien kear te lêzen. De earste kear ûntgeane je dingen, dy’t by twadde lêzing opfalle. In prachtich boek, moai dat it wer te besetten is. Om my komme ek diel 4, 5 en 6 (Morfeus yn de ûnderwrâld, Hertenfrou en Skoppenboer en Frouljusgambyt) opnij út, dan is de hiele searje wer beskikber. Van der Leest hat in rige klassikers skreaun, dy’t de jierren treast binne en dy’t ek no noch beskikber wêze moatte soene. R.R. van der Leest, It moaiste famke fan Antarctica. Utjouwerij Venus, Frjentsjer, 115 siden, 4 12,90.
jitske kingma
Anne helle my op fan it stasjon. As werkenningsteken soe ik mei it blêd swaaie dêr’t se foar wurke en dêr’t wy in manuskriptewedstryd mei organisearre hiene. In keurige frou stuts de hân nei my op, doe’t ik it blêd oan alle wachtsjende minsken sjen liet. Wy soene tegearre in feestje bouwe. Se wie hielendal wei fan har favoryt. Ik fûn dy ek de bêste, dat hy soe de earste priis krije. Anne lei my wol. Unopfallend by de earste yndruk, mar mei genôch wylde hierren om har it libben smeitsje te litten. Op de jûn sels wie se yn in balstjurrige stimming. Neffens har direkteur hie se in jaloerske man en kaam se hast nea út ’e ploai. Mar dit wie de gelegenheid om ris lekker los te gean. Wy begûnen mei sjampanje. Dat sette de toan. Nei de priisútrikking wie de winner út ’e skroeven. Hy hie nea ferwachte, dat hy it helje soe. Syn frou hie ommers altyd sein, dat it lang net doogde mei syn skriuwerij en net allinne dêrmei. “Jou my noch mar in pilske!” rôp er iderkear. “Soest dat no wol dwaan?” sei syn frou dan wer. “Do rydst, leave. Ik kin net... bin echt net by steat...” Se seach sunich by dat “leave”, mar noch folle suniger doe’t Anne in cd opsette en mei de heupen begûn te draaien. Hy woe wol dûnsje, mar leaver noch oer syn boek prate. Sy werhelle alles wat er sei en dêr waard er noch dronkener fan. Op in stuit tekene Anne wat op in bierfiltsje en stuts dat yn syn boesgroen. Foar syn frou it sein om fuort it feest te ferlitten. Foar my ek. Der wiene dochs noch mar twa feestgongers oer. Midden yn ’e nacht gong myn telefoan. Se klonk noch altyd dronken. “Bist al thús?” frege ik. “Ja,” sei se en suchte. “En?” “Ik snap no wêrom’t dat boek De befrijing hjit.” “Wat dan?” “Hy is homo.”
Trotwaer
de Moanne
Anders Rozendal groeit hieltyd mear yn syn skriuwersrol jitske kingma
Anders Rozendal hat syn tredde KFFB-roman ôflevere, De baas traktearret, en is dêrmei, yn in tradysje sa’t de KFFB dy ken, in fêste leveransier fan proaza wurden sa’t in protte minsken dat graach lêze: net te dreech, flot skreaun en mei in werkenber probleem. Yn De baas traktearret draait it om in ploechje manlju op in fabryk, dy’t meiïnoar in produksje-ienheid foarmje. Se draaie al in moai skoftsje har tsjinsten, ha al jierren deselde grapkes en it libben fan al den dei hat sa syn ups en downs, mar it giet nea yn it rare. De iene is wat makliker as de oare en se kinne ek net allegear like goed meiïnoar, mar dat wurdt meast mei in bekerke kofje wer oersljochte. Dan falt de bom en dejinge dy’t him it earst oankommen sjocht is der ek earst by om in sa goed mooglik plakje yn de nije ferhâldingen binnen te slepen. Fan hegerhân is besletten, dat it middenkader der tuskenút kin. Immen fan de wurkflier sil ferantwurdlik makke wurde foar it goed rinnen fan de ferskillende produksje-ienheden. Sa’n saneamde Earste Man hat mear oansjen en ferantwurdlikheid en by him sil it ek gau wat rommer sopje, sa tinke se allegearre. Dat dat letter ôffalt: mear wurk, mear soargen, mar earst gjin jild derby, witte se dan noch net. Salang’t net dúdlik is wa’t EM wurdt, giet it noch wol mei de ûnderlinge relaasjes, al sjogge se wat oars nei inoar as dêrfoar. Mar as dan Tys dat baantsje taskood krijt, binne de rapen foargoed gear. Want hy is der eins net op taret en moat iderkear de help fan oaren ha. Boppedat kin er net mei minsken omgean. Dat makket it libben foar elkenien der net makliker op. Benammen Tys krijt der de rekken fan, om’t er him hiel oars gedraacht as er EM is. Hy mei no stjoere, mar dat kin er net. Om’t er dat sels net sjocht, rint it hieltyd fierder út ’e hân.
oannimlik Rozendal hat in nijsgjirrich ûnderwerp keazen, dêr’t in protte minsken harsels of oaren yn werkenne kinne. It ferhaal is oer ’t generaal goed opboud. Benammen de dialogen fan de wurkploech meitsje it ferhaal libben en hâlde de faasje deryn. It tekenjen fan de karakters bliuwt lykwols oer it generaal frijwat oerflakkich. Allinne Tys wurdt frij aardich beskreaun, mar skaait dochs wat út nei it stereotype. It is Rozendal nei myn betinken goed slagge om de sfear yn it fabryk en de ûnderlinge ferhâldingen te sketsen. Bygelyks as EM Tys de tiid fan kommen skerp yn ’e gaten hâldt en iderkear demonstratyf op syn horloazje sjocht, dan seit ien fan de mannen: “In nij klokje, Tys?” Benammen sokke lytse dinkjes sketse de sfear en omstannichheden en it liket wol as wurdt Rozendal dêr iderkear
bedreauner yn. Dochs hat er it ferhaal noch net folslein natuerlik yn de fingers. It komt soms noch wat betocht en forseard oer. It ferhaal soe oan krêft winne as er him wat mear yn syn haadpersoanen mei har lekken en brekken ynlibbe en se tekst joech dy’t har inerlik dúdliker toande. Wat ek wolris steurt, is dat de alwittende ferteller konklúzjes lûkt dy’t de lêzer sels ek wol lûke kin en dus lûke wol. Net hielendal oertsjûgjend is it feit dat de direksje gefoelich is foar it argumint dat de û.r. by de achterban skoare moat. Wol dat de direksje dat sa traktearret, mar dan soe de skriuwer dat net bringe moatte as leaut er der sels yn. Ek in ynienen hiel felle diskusje mei de û.r. oer beleanning fan de EM wurdt net al te logysk traktearre, it komt hielendal út de loft fallen. It giet der krekt allegear frij mijen oan ta. En de baas traktearret sa faak op sigaren út eigen doaze, dat it frjemd is dat der net folle mear en earder wjerstân ûntstiet. Dat der dan ynienen wol in kear, ien kear, in stoarm komt, komt net logysk oer. Dizze roman fan Rozendal is reedlik slagge en, om’t hy dochs in hieltyd groeiende behearsking fan syn ûnderwerpen sjen lit, de muoite wurdich om it brede publyk te krijen dêr’t it op rjochte is. Anders M. Rozendal, De baas traktearret. Utjouwerij KFFB, 191 siden, 4 14,-.
84
justus syn
/
De koele kamera fan Poortstra:
oardiel
klinyske yntegriteit yn telegramstyl
***
85
Resinsje fan Margryt Poortstra, Kâldfjoer, Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert, 172 siden. It plot: mem giet stadichoan dea en de bern komme dêrtroch tichter byinoar. Dat wol sizze, der komme wat famyljegeheimen boppe wetter. Nijsgjirrichheid wurdt befredige. Dat alles wurdt sjoen troch it perspektyf fan ’e haadpersoan, dy’t ien fan dy bern is. De skriuwer Poortstra set de haadpersoan del as seach se (Poortstra) hieltyd troch in kamera. Dy selsregistraasje, dat selsbewustwêzen makket dat de roman in klinyske yndruk makket. Sels as de haadpersoan lilk is, of as it moed har fol sjit, heart men as lêzer de kamera rinnen. It ramt fan de roman is lykwols moai konstruearre. De haadpersoan makket miniatuerhuzen fan besteande huzen. Har partner riedt har oan om in miniatuer fan it âlderlik hûs te meitsjen. Dat bringt har wer allegear oantinkens en fragen yn it sin. Om dy fragen te beanderjen nimt se kontakt op mei broer Jan en suster Afke, en sa komme dy tichter byinoar. En se moetsje inoar by de sike mem yn it ferpleechhûs fansels. Wylst it miniatuerhûs fierder stal kriget, komme de famyljegeheimen los, kriget it ynderlike hûs fan de oantinkens en it klearkommen mei it ferline ek stal. Mar dat is in rasjonele appresjaasje. De haadpersoan hat in oare frou as partner. Wylst it deistich libben mei dy oare frou (Nynke) beskreaun wurdt, assosjearret de haadpersoan regelmjittich fan it no nei it ferline. De roman is typysk in gefal fan in “monologue intérieur”, in ynderlike monolooch. De roman is dan ek yn de ik-foarm skreaun. As ik myn sin sis, is de haadpersoan sa sletten as in bus. Men kin wol mei de kamera beskriuwe hoe’t men pisset of jins partner, mar dat is gjin yntym feit. Yntime feiten binne feiten of barrens of ûntjouwings dy’t it karakter fan ’e haadpersoan bleatjouwe. De haadpersoan, de skriuwer, ferberget har achter de ik-foarm, achter de kamera. Emoasje wurdt rapportearre, mar wat moat de lêzer mei in rapport? Dy wol meifiele. Dat moat de skriuwer troch tûk te skriuwen ôftwinge, mooglik meitsje. Der binne minsken dy’t einleas oer harsels prate kinne en dochs neat oer harsels fertelle. Dy yndruk fan ûnpersoanlikens hie Justus by dit boek fol selsobservaasje, in soarte fan ûnpersoanlikens dy’t Justus ek faak by psychologystudinten obstrewearre doe’t er sels noch studint wie.
De famyljegeheimen dy’t boppe wetter komme, benammen dy fan ’e haadpersoan, binne út en troch spannend, mar it boek kin der net op driuwe. Yn it middenstik eamelet it mar troch. De fakânsje fan de haadpersoan en partner is suvere blêdfolling en hâlde de ferhaalline op. Oan ’e ein wurdt it pas wer spannend. De yndruk fan ûnpersoanlikens en ûnspontanens (ferjou my it wurd) wurdt fersterke troch de ôfwêzichheid fan humor. Ik ha net ien kear lake. It stiet my net by dat de haadpersoan lake hat. De titel “Kâldfjoer” liket hast in blyk fan selskennis te wêzen. Dochs is it ek net in min boek. It ferfalt net ta sentimintelens, it ferfalt net ta swart-wyt tinken, it ferfalt net ta klisjees. Dat is opfallend: as Justus de deugden fan it boek opneame wol, dan binne it allegear ‘negative’ deugden. Sa fan: dy flater net, dy flater net, mar in boek sûnder flaters is noch gjin goed boek. Der binne boeken dy sitte fol mei flaters, mar dochs binne se ek meinimmend en briljant. Dit boek is beskaafd, ynteger, mar ek sa griis, sa objektyf, sa saai. Op in bepaalde manier is it ek wol knap dat de skriuwer allinnich mar registrearret, mar gjin miening jout. Dochs hat Justus leaver mei it yrrasjonele yn ’e minske te krijen. Wêr kin er oars op rache en skelle? Dit boek is ynteger, te ynteger, dêr is neat mis mei. Mar wat is der goed oan? Memorabele sitaten misse folslein. Soe it oan Justus lizze? In willekeurige greep dan mar. “It is drok yn Frankryk. By de grins gong it moai flot, mar wat fierder wy komme, wat stadiger it giet. It is gleonhyt. As wy om Parys hinne binne, til ik de Michelingids omheech en skuor in side los dy’t my oan ’e billen fêstplakken bliuwt. Nynke moat derom laitsje. ‘No wurdt it tiid om te stopjen’, mient se.” Trije stjerren dan mar fan Justus, want oars wurdt er ek noch fan polityk ynkorrekt of sels frou-ûnfreonlik hâlden en dragen betichte.
Trotwaer
de Moanne
poezijlan
Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze rubryk oer út oan de hân fan fyftjin fêste fragen. As fiifde komt Harmen Wind (1945) oan it wurd.
henk van der veer
86
Harmen Wind:
‘In prachtich gedicht leveret altyd nije ferrassings op’ 1. Besteane der neffens dy op dit stuit streamingen yn ’e Fryske poëzij? By it begryp ‘streaming’ tink ik oan in brede beweging mei in útsprutsen keunstopfetting, in program. Dat is yn it hjoeddeiske Fryslân net oan ’e oarder. Der binne wol útienrinnende lûden te hearren, mar ik ha de yndruk dat Fryske dichters noch krekt wat yndividualistysker binne as Nederlânsktalige. Se organisearje har net sa gau. 2. Stiet de Fryske poëzij op ’e dea, of is der noch fernijing mooglik? It is mar hoe’t jo it hifkje. Ik bin net pessimistysk oer de Fryske poëzij. It taalgebiet is lyts, mar just in taal dy’t yn ’e knipe sit, smyt dichters op. As lid fan de Slauerhoffpriis-sjuery sjoch ik om ’e twa jier hûnderten fersen fan pubers, ek in soad Fryske, dy’t faak omraak ynhouten ha. Jonge dichters timmerje moai oan ’e wei, nij talint komt oan bar yn tydskriften as De Blauwe Fedde en Farsk. Poëzij hat ek in geef poadium yn De Moanne. Trouwens, sa’n ‘Dei fan ’e Fryske literatuer’ yn Amsterdam in pear jier lyn wie in súkses. De Spegel, dy’t in jier of acht lyn ferskynde by Meulenhoff, hat syn wei fûn en it Frysk is (benammen troch De Kast en Twarres) ek yn de popkultuer populêr wurden yn it hiele lân. In Fryske bondel (by Utjouwerij Fryslân) hat yn trochsneed in oplaach fan 250-300, in Hollânske (by de Arbeiderspers) 500750. Twa kear safolle, wylst it potinsjeel it fyftjinfâldige is. Yn ferhâlding wurdt yn Fryslân mear (poëzij) lêzen as dêrbûten. Ik tink – al kin de winsk dêr wolris de heit fan wêze – dat dy literêre belangstelling genôch ynwoartele is om it libben te hâlden en dat betsjut ek dat der grûn en romte is foar fernijing.
3. Wat fynsto fan de kwaliteit fan de hjoeddeistige Fryske poëzij? Dy leit yn it generaal net leger as de Nederlânsktalige. Miskien is der wat minder ferskaat yn styl en tematyk, mar ik leau net dat de latte minder heech leit. Dat bgl. Albertine Soepboer, Tsead Bruinja, Josse de Haan en iksels yn beide talen publisearje, seit ek wol wat. Wat de publikaasjekritearia oanbelanget, it ferskynsel ‘lêskommisje’, besteande út erkende skriuwers, om in nij manuskript te hifkjen, fyn ik net sa gek, al kin it yn in lytse wrâld ek ta yntylt liede. Nammers de krityk, dy’t ek in ikerjende funksje ha moat, hat wol fearren litten. 4. Wat fynsto fan de kwaliteit fan ’e poëzijkrityk yn Fryslân? Dêr bin ik dus net optein oer. Nije bondels wurde net, of te let, besprutsen. En faak bart it dan oerflakkich of wurde dêr lju foar ynhierd dy’t it der mar sa’n bytsje bydogge. Soms wurdt it wurk as in hite ierpel trochskood fan de iene nei de oare… Sels krij ik ek gauris sa’n fersyk. Al fyn ik it de muoite wurdich om my yn in roman of dichtbondel te bejaan en te besykjen om ta in ôfwoegen oardiel te kommen, ik fiel my gjin resinsint yn ’e sin fan hifker, beoardieler. Ik besykje safolle mooglik ynlibjend te lêzen. Slagget my dat net, dan komt dêr de krityk út fuort. Ik bin no ienris gjin beropslêzer. Dy ha wy te min yn Fryslân. It gefolch is dat de persoan fan de beskôger, mei syn foarkarren en argewaasjes, beskiedend wurdt. Erkende literêre mjitstêven ûntbrekke. Sa ferliest de resinsint syn gesach en de skriuwer syn toetskader. Op’en doer komt dêr ferfal út fuort. 5. Moat poëzij lêzen wurde of moat dernei harke wurde? It giet net om ien fan beiden. Ik fyn it wichtich om poëzij lûd te
/
Trotwaer
de Moanne
87
jaan. Mar net alles lient him foar ‘de seal’. Wa’t syn wurk op ’e planken bringt, wurdt ‘performer’, bringt in ‘act’, docht in appèl op oare sintugen en sil it ek ynhâldlik oanpasse. Soks kin liede ta nije foarmen en rjochtingen, mar smyt ek syn beheiningen op. Poëzij rint de kâns om oerflakkich te wurden: it publyk moat yn ’e besnijing bliuwe, en dat bart dan faak mei in garnearring fan grutte wurden en ‘skokeffekten’, ljocht- en lûdtrúkjes of klisjees. It wurdt gauris kabaret. Foar yndividuele refleksje is yn in sealoptreden gjin romte. Dan fyn ik bgl. ‘Dichter aan huis’, sa’t Den Haach dat om ’e twa jier die, in fynst. Tusken de tsien en tritich minsken yn in keamer, petear mooglik, fragen, taljochting. Der moat gelegenheid wêze om geastlik yn te stimmen, it moat yn de taharker del. Dat ferget konsintraasje, sfear. Al te kryptyske fersen liene har dêr net foar. Mar ek foar de tagonklike gedichten jildt dat se fral ek lêzen wurde moatte. Allinne, mei dat boekje, op josels. Lêze en wer lêze. Tiid dwaan. Dy tekst bereizgje, jo eigen meitsje. Yn alle rêst. 6. Wat is de mearwearde fan in beat, ritme of flow by it foardragen fan in gedicht? In net te beantwurdzjen fraach. Sjoch hjirboppe. Wat is de mearwearde fan it op muzyk setten fan in fers? As it goed bart, kin it in ferrassing opsmite. Mar net alles lient him derfoar. Yn immen as Bob Dylan falt de dichter gear mei de sjonger, as bard, trûbadoer. In gedicht kin troch it te ‘ferrappen’ ek ferroppe wurde. Ik ha sa gau gjin foarbylden, mar ik sjoch wolris performances dy’t op my mear de yndruk meitsje fan rûchhouwerij as poëzij. Dan moat der wat oerstimd wurde. (Dat wol dus net sizze dat ik net fan in goeie rap hâld.) 7. Is it in taak fan de Fryske oerheid om de Frsyke poëzij nei de minsken te bringen?
De oerheid hat in kultuerbelied, dêr’t poëzij fansels diel fan útmakket. Yn dy sin – en mei noch wat mear klam, om’t it ek om de posysje fan it Frysk giet – hat er in taak. Mar dat ‘nei de minsken bringe’ fyn ik te paternalistysk (of fersoargingssteat-eftich) hearren. ‘De minsken‘ meitsje sels wol út wat se sjogge, hearre of lêze. Se moatte de kar ha. Dat is in oerheidstaak: soargje foar genôch ferskaat en in positive wurdearring fan dichtkeunst, los fan alle ekonomyske belangen. Betingsten skeppe. Wa hat noch yn ’e rekken dat poëzij de geast fan it folk wekker hâldt? Dat blykt pas as in oerheid repressyf wurdt. 8. Fynsto dat út de poëzijwrâld wei genôch war dien wurdt om it grutte publyk te berikken? Wat is ‘de poëzijwrâld’? De opjefte foar in dichter is: gedichten skriuwe. Hy hoecht gjin útdrager of foardrager te wêzen. Der moat winliken publisearre wurde, oanbean, ferkocht. Promoasje heart der wol by, en dan is it wurd ek oan de ‘plankedichters’, mar it is neffens my yn earsten in taak fan de útjouwers. En dan dat ‘grutte publyk’: in âlde (sosjalistyske) winsk: folksferheffing of -opfieding. Mar wy krije elkenien no ienris net it museum en de konsertseal yn. It grutte publyk berikke betsjut: popularisearje, hapkleare brokken, levertraan yn in sûkerklûntsje. Minsken ha de frijheid om wol fan André Hazes en net fan Tsjaikovski te hâlden, wol fan André van Duin en net fan Gerrit Kouwenaar. Lykwols, om de ambiguïteit oan te jaan: it doocht fansels ek net om jin del te lizzen by de konstatearring ‘poëzij hat no ienris in lyts publyk’. Wa’t net wit wat der te keap is, kin ek gjin kar meitsje. Ik tink dat manifestaasjes, poëzij op radio en tv, sutelaksjes, wedstriden, prizen noch wol wat minsken oer de streek lûke kinne. Dêr wurdt nea genôch oan dien. Lytse talen oppenearje har (mei rjocht) yn dizze tiid fan sintralisaasje en mondialisme.
Sa’n inisjatyf as dizze simmer mei Stichting Cepher: in bondel oer it tema De Reis, mei alle dagen in Fryske dichter op ’e radio, in cd en in Hollânske en Ingelske oersetting, is ek promosjoneel in boppeslach. Sokke projekten meie gjin ynsidinten bliuwe, oars smite se noch neat op. 9. Soe it doel ha as Fryslân, yn neifolging fan it ynstitút Dichter des Vaderlands, in Frysktalich ekwivalint krige? Dat argayske ynstitút, oernommen út Ingelân, leit my net. It docht my datearre oan (en net allinne wat de titel oangiet). Gerrit Komrij is yn dy rol wurden wat er spilet: de hofnar. Syn obligate, moralistyske gelegenheidswurk rint mei prinsedeihuodden op. Foar ‘it folk’ is er in kuriosum, in kultivearre Jan de Roos. Nee dus.
gear mei it tekoart oan betûfte kritisy en mei it lytse wrâldsje. Nim no dy bondele reaksjes op kritiken fan Jabik Veenbaas, In dynamyske diskusje. Veenbaas hat dat baltsje sels opsmiten mei syn oanfal op de Q-skriuwers en de útspraak: ‘Wa’t it net mei my iens is, wit my wol te finen.’ Ik ha dêr in ynlieding op skreaun, om’t ik syn oanfal en de ferdigening fan de oaren nijsgjirrich fûn. Ik ha wol wurdearring foar Jabik Veenbaas. Hy komt iepen, út en troch provosearjend, foar syn miening út. It risseltaat, syn samling De lêzer is in duvel, is yn oanlis in polemyk. Mar ik bin bang dat it yn dat hinne-en-werke stykjen bliuwt: skriuwers (en kritisy) fiele har te gau persoanlik oansprutsen, tekoart dien, sjogge it as in oanslach. Net it boadskip wurdt hifke, mar de man of frou dy’t it útsprekt. Sa’n hâlding fan frustraasje sjochst út en troch ek yn dy beide boekjes. En dy slacht elke diskusje dea. 88
10. Ha de útjouwers soks as in poëzijbelied? Dat hearre se te hawwen, mar ik sjoch der net folle fan. Bornmeer is miskien in útsûndering. Poëzij is gjin bûter yn ’e brij, mar in útjouwer dy’t himsels serieus nimt, hat dichters yn syn fûns. Dat is op himsels gjin fertsjinste. Yn Fryslân is, fanwege de subsydzjeregeling, it risiko lang net sa grut as by Hollânske útjouwers. (Sa’n Productie- en Vertalingenfonds beoardielet, ear’t it mei jild op ’e lapen komt, alle bondels ek nochris op kwaliteit.) Dus soene se wol wat mear dwaan meie as soargje dat der minstens twa kreas oanklaaide útjeften yn ’t jier komme. Dat sa’n gearwurkingsprojekt fan trije útjouwerijen, ‘Fryske Modernen’ (yn neifolging fan ‘Fryske Klassiken’), allinne op proaza rjochte is (foar folwoeksenen en bern), liket my yn dat ljocht typearjend. 11. Is der wol polemyk yn de Fryske poëzij? Nee, dy is der net. Der is wolris ien dy’t himsels graach roppen hearre mei en hopet dat oaren dat ek dogge, mar út sa’n boarne komt nea in deeglike pinnestriid omheech. It hinget neffens my
12. Hoe is it nivo fan de Fryske poëzij yn ferliking mei de Hollânsktalige? Dêr ha ik al wat fan sein. Nimst de taalmooglikheden as útgongspunt, dan ha ik de ûnderfining dat it Frysk klankriker, sjongsumer is as it Hollânsk. Fan fersen dy’t ik yn beide talen makke ha, fyn ik faak de Fryske fersy moaier. (Mar dat is net objektyf te bewizen fansels. Ik bin – hoe twatalich ek – gefoelsmjittich oan it Frysk no ienris mear besibbe as oan it Hollânsk.) 13. Stiesto ek yn in poëtyske tradysje? Net bewust. Ik bin fia Achterberg en Nijhoff (op skoalle) de poëzij ynrôle. Thús wiene it dichters as Fedde Schurer en Douwe Tamminga. Sadwaande is de foarm wichtich, en sitte byldzjende, persoanlike, beskôgjende eleminten der altyd wol yn. Mar ek eroatyske en religieuze. Poëzij is myn refleksje op it libben, mei in beswarrende wurking. Oft dat my yn in tradysje set, moat in oar mar útmeitsje. Ik hâld net fan optochten.
14. Oan watfoar kritearia moat foar dy it ideale gedicht foldwaan? Dat wit ik net. It ideale gedicht bestiet net. Dat soe de ein fan it dichtsjen betsjutte. En dêr komt by: dy kritearia foarmje net de betingsten foar it gedicht, mar it gedicht smyt se op by analyze, of leaver, by it belibjen derfan. It komt sadwaande boppe de mjitstêven út. In prachtich gedicht leveret altyd nije ferrassings op. Dy kinst dan ‘kritearia’ neame, mar dat suggerearret dat it om in resept giet foar nije fersen. Sa wurket it lokkich net. 15. Wat is dyn meast eigene gedicht? It meast eigene… Ik lit in gedicht net los, ear’t it my folslein eigen is. Mar fansels bliuwt it iene gedicht mear in taflecht as it oare. En it lêste wurk is noch waarm. In fers dat hiel iepen foar my stiet, is ‘Moetsjen’ út By heech en by leech.
89
/
Eigene… Wat stiet my it neist, wat leit my it heechst, hie ik sels skriuwe wollen… Gjin Frysk, dat is pas letter kaam. Yn Wrâld, finster, gedicht neam ik Van Eyck, ‘De tuinman en de dood’. Mar it is Achterberg, dy’t my geregeld yn ’e plasse omnúndert. Foar my is it gedicht ‘Vervulling’ (út de bondel Existentie) in boppeslach:
vervulling Het beste van voor jaren dringt vanavond tot mij door. Al je gewone vragen vinden weer gehoor. Regent het. Ja het regent. Goede nacht. Laten we nu gaan slapen, zeg je zacht. Wij luisteren en liggen. Wind beweegt het raam. Blijf zo maar liggen, zeg ik en ik noem je naam. Alles wat antwoord is gaat van mij uit. Je wordt vervuld van de oneindigheid. Ik hie it skriuwe wollen, de ferrifeljende ienfâld fan dy acht koarte sintsjes. Sil ik it dan mar oersette?
ferfolling It bêste fan foar jierren kringt jûn samar ta my troch. Al dyn gewoane fragen binn’ net mear omdoch. Reint it. It reint ja. Goenacht. No, lit ús mar lekker sliepe, lústersto. Wy lizze en wy harkje. Wyn beweecht it rút. Bliuw sa mar lizzen, sis ik, sprek dyn namme út. Alles wat antwurd is ûntstiet oan my. Uneinigens ferfollet him yn dy. moetsjen Krekt net. Mar it bliuwt moai.
Wie it dyn mûle dy’t it die? Dyn laits? Begear fan fonkeltosken yn dat noegjend libbensread, gebeart fan langstme en geniet, de tsjoen dy’t dyn gesicht op slach ferljochte? Wie it dyn waarmte dy’t it die? Dyn rook? In soele wyn oer maitiidsfjilden dy’t dy late, odeur fan wille, leidich blomkjen, hite twang, it rûkersguod fan slij en roppich boartsjen? It wie in lûd, de rissel fan dyn rok. In sucht. Doesto my rekkest yn dyn gean, it iennichste kontakt, ien amerij, stoffe dy’t stoffe streake, de ûnfergonklikens fan opgean yn de nacht.
Trotwaer
de Moanne
In ympuls foar Rink van der Velde? jan pieter janzen
De dea fan in populêre skriuwer komt de ferkeap fan syn wurk te’n goede. Eefkes mar, want no’t er syn boeken net sels mear mei ûnder de minsken bringe kin en der gjin nije mear bijkomme, giet de bân mei de lêzers stadichoan ferlern. Wurdt der ek net mear oer him skreaun of filme, dan is er ek as auteur in ein hinne dea. 90
Safier is it mei Rink van der Velde (1932–2001) noch net. Der is fan ’t simmer in boek oer him ferskynd: Mozayk fan in libben, einredaksje Pieter de Groot, en takom jier wurdt foar it earst de Rink van der Veldepriis útrikt. Dêr stiet foaroer dat fan syn 36 boeken noch mar twa bij de útjouwer op foarried lizze: it lêste, It Guozzeroer (2001) en de twadde printinge fan De lange jacht (1985). engaazjemint Oan Mozayk fan in libben ha trettjin skriuwers en sjoernalisten meiwurke. De bondel is dúdlik opset as in earbetoan oan de ferstoarne skriuwer. Trinus Riemersma soarget wat dat oangiet foar de iennichste dissonant, yn mear as ien opsicht. Dy hat foar de gelegenheid nochris it “Rink-boek” lêzen dat him “it neist stiet”: Forliezers, de trêde roman. Ien sin is him altiten bijbleaun: “Op in stuit lûkt de manlike haadpersoan syn faam de broek fan it gat en dan seit sy: ‘It moat der dochs in kear fan komme’. Dat sizzen fûn ik, foar in jong frommes, om fan te gûlen. As my dat oerkommen wie by myn faam, wie ik op in draaf fuortrûn. Dy útlitting liket my tekenjend foar it wurk en de persoan fan Rink van der Velde. Ik haw him net kennen leard as in man mei idealen en doelen, mar as ien dy’t him driuwe liet en no en dan de drift wat korrizjearre.” Net dat Riemersma syn kollega-skriuwer sa goed koe. Yn it begjin fan har karriêre ha se “minder as fiif kear” praat en nei Chamsyn (1969) hat er him net wer lêzen, “útsein jierren letter in boek oer hynstefokkers, en dat wie in ôffaller” [De heidenen, 1981]. Van der Velde siet yn it ferkearde rûntsje. Hij keas net foar de dynamyske avant-garde fan Trotwaer en de Koperative Utjowerij (al is dêr yn 1971 wol de earste samling kroechferhalen útkommen), mar foar “in klubke fan minsken dat nei eigen oardeel net goed teplak kommen is en oanhâld en treast byinoar siket en as legitimaasje foar it noflik gearkommen in tydskrift útjout” [De Strikel]. Spitich dat Riemersma dat net wat fierder útwurket. Mar ja, hoe soed er ek? Fierwei it measte fan Van der Velde hat er
ommers net lêzen. En dy iene sin dy’t him altyd bijbleaun is, wie ek krekt even oars, sa skriuwt er yn in noat: “Myn ûnthâld, docht bliken, is nei de letter net suver. Der stiet: ‘Toe dan mar, it komt der dochs fan’, hie se ynienen sein en tagelyk har swimpak útlutsen.’ Helendal net immen dus dy’t syn faam “de broek fan it gat [lûkt].” En wêrom soe in feint yn sa’n situaasje eins “op in draaf ” fuortrinne moatte? Rink van der Velde hie fansels wol deeglik syn ‘idealen en doelen’. Syn boeken sitte der fol fan. “It giet meastentiids om in wat aparten-ien,” skriuwt Tineke Steenmeijer-Wielenga yn har ferhelderjende analyze fan it oeuvre, “in Einzelgänger, dy’t it mier hat oan macht en gesach en him it measte net oanlûkt fan maatskiplike konvinsjes. Yn har yndividualisme en eigensinnigens, har wjeraksel tsjin boargerlikheid en gesach hawwe hja trekjes mei de skriuwer mien. Ut niget oan har ferhalen en út tagedienens foar de lytse man, foar ûnmaatskipliken en ferhûddûken makke Van der Velde har ta syn helden.” “Sjoch, ik ha myn dreamen hân en net te min.” Sa seit de skriuwer it sels yn ‘Brief oan myn pakesizzer’, in prachtich egodokumint, oernommen út de nijsgjirrige autobiografyske sammelbondel Sa wie ’t sawat (1997). Van der Velde syn engaazjemint hie net yn ’t lêste plak te meitsjen mei Fryslân, de Fryske taal en de Fryske skriuwerij. Dêr hat er him as skriuwer en as sjoernalist en ek as organisator wakker drok om makke. Sjoch Durk Hibma syn bijdrage ‘De arsjitekt fan de sutelaksje’. Ek foar de Friese Pers Boekerij hat er mei de earste stien lein. En sa is der mear. Syn striid foar it Frysk en it Fryske yn de Ljouwerter Krante bygelyks. Dêroer seit Hylke Speerstra: “Syn
/
Trotwaer
de Moanne
91
argewaasje fan de lêste jierren wie dat de krante neffens Rink te fier fan de Fryske identiteit ôf kaam te stean, te ûnfrysk wie en net allinne fanwegen it te min brûken fan it Frysk.”
hastich De âld-haadredakteur docht dy útspraak yn in ynterview mei Fokke Wester, dat neffens de titel giet oer Van der Velde as ‘kollega-redakteur by de Koerier’. En dat bringt my op in swak punt fan it boek: it is net konsistint fan opset. Guon krije de kâns om sels op te skriuwen wat se te fertellen ha, oaren, lykas Hylke Speerstra, dy’t dat ek wol kinne soenen, moatte ta mei in ynterview. It nivo fan de bijdragen wikselt ek nochal. It iene stik is mei gâns mear soarch útwurke as it oare. Sa jout Pieter de Groot yn it iepeningsferhaal wol in aardige ympresje fan Van der Velde syn libbensrin, mar is er nochal ynkonsekwint yn de omgong mei jiertallen. Domela Nieuwenhuis krijt dy wol, heit Hindrik en mem Hindrikje van der Velde moatte it sûnder dwaan. En hoe fier at de lytse Rink achter syn fjouwer suskes oankaam, wurde je ek net gewaar. De lingte fan de stikken hat ek wat willekeurichs. André Bralts hat foar syn fraaie en karakteristike skets fan de gong fan saken bij De Strikel likefolle romte krigen as Hylke Tromp foar syn mear egosintryske bijdrage ‘De muzykfreonen fan Stil Fertriet’. Dit mozayk fan Rink van der Velde syn libben is royaal yllustrearre mei faak ûnbekende foto’s. Moai genôch, mar wêrom binne de measte bijskriften sa summier en wat de datearring oangiet ûnfolslein? En wêrom steane guon net teplak? Of is dat om te yllustrearjen dat it libben, it wurk as sjoernalist en it wurk as skriuwer net te skieden wienen? En dat de trijedieling fan it boek dus eins net doocht?
It hat der op mear plakken fan dat it mei de redaksje en produksje fan dit boek wat hastich gongen is. Dat docht oan de dokumintêre wearde derfan net folle ôf: Mozayk fan in libben is in terjochte hommaazje oan de populêrste Fryske skriuwer fan de twadde helte fan de tweintichste ieu, dy’t ek ien fan de bêsten wie.
breed publyk De Rink van der Veldepriis – in byldsje fan Anne Woudwyk en 1250 euro – is ynsteld troch de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân yn ’e mande mei It Fryske Boek. Hij wurdt yn de Fryske Boekewike foar it earst útrikt. De doelstelling hie dúdliker kinnen: “De nije priis is ornearre foar oarspronklik, nij Frysk proaza (of proaza yn ien fan de streektalen dy’t yn Fryslân brûkt wurde), dat yn de twa kalinderjierren foarôfgeande oan de útrikking fan de priis yn boekfoarm publisearre is en dat by steat is om in breed lêzerspublyk oan te sprekken.” Wêrom net it bêste ‘brede’ boek? En hoe relatyf is dat brede lêzerspublyk? Jilde foar it Stellingwerfsk en it Biltsk oare mjitstêven as foar it Frysk? As dat sa is, dan is Johan Veenstra fansels dé kandidaat. At dy alteast oanmeld is (skriuwers en útjouwers koenen oant 1 novimber sollisitearje troch it ynstjoeren fan trije eksimplaren fan in geskikt proazaboek). De sjuery bestiet út Alie Dijk (boekferkeapster), Gurbe Douwstra (radiopresintator en trûbadoer) en Rena Wagenaar (biblioteekmeiwurkster). Yn de earste wike fan febrewaarje witte wy mear. Soe dan ek de ferkeap fan Rink van der Velde syn wurk in nije ympuls krije? Pieter de Groot (einred.), Mozayk fan in libben. Rink van der Velde (1932–2001). Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2003. 132 siden. 4 17,50.
Muze ferlern, dichter feroardiele Abma op syk nei Abma e. hettinga
Reizgje is lêze en oarsom. Yn In Ierse nimf, de lêste roman fan G. Willem Abma, giet de reis nei it ‘skimeryk’ dat Ierlân neamd wurdt. It ferhaal is in syktocht nei in Ierske strjittedichteres dy’t de skriuwer oait kennen hat. Fine sil er har net, noch yn it lân fan de âlde Kelten noch yn de literatuer. Op basis fan dat gegeven skriuwt Abma in nijsgjirrige fariant op de klassike Orpheusmyte. De Ierske faam stiet yn dizzen foar Euridyce, oftewol: de ferlerne Muze. i Yn de roman wurde twa wizen fan reizgjen foarelkoar oer set. Oan ’e iene kant de tocht troch Ierlân, oan ’e oare kant in reis troch literatuer en poëzij. It gehiel is fêstlein yn in grienmank fan foarmen: deiboekfragminten, polemyske en esseeistyske skôgings, gedichten, oersettingen en reisferslaggen. In Ierse nimf is it predikaat roman meijûn. Dat ûnderstelt in fiktyf gehiel. It tsjindiel is lykwols it gefal, al wie it mar omdat de ik-ferteller fierhinne gearfalt mei it ik-personaazje Willem Abma, dy’t ûnder mear yn deiboekfragminten de lêzer fermakket mei alderlei autobiografyske notysjes en anekdoates. Bygelyks oer in ôftakjende freonskip mei de literêre swietwettermatroas Michaël Zeeman, moetings mei Sybe Sybesma, lessen Frysk by mynhear Stienstra yn Goutum, ensafuorthinne. Mei it each op Abma syn lêsaventoeren en de skôgings dêroer soe In Ierse nimf likegoed in ego-dokumint neamd wurde kinne.
de reis nei ierlan It boek is eins ien grutte leafdesferklearring oan Ierlân, syn histoarje, natoer en dichters. As boike al fernuveret de skriuwer him oer dat lân op de meast westlike kant fan Europa. Syn lettere belangstelling foar de Ierske fertellers- en skriuwerstradysje nimt geandewei de roman obsessive trekken oan. As út in konfettykanon fjurret Abma tûzen-en-ien skriuwers- en dichtersnammen op de lêzer ôf. Yeats, Butler, Joyce, Beckett, Wilde, Seamus Heaney (Abma skriuwt trouwens Heany), se passearje allegearre de revu. De Ierske leafde krijt in diminsje mear wannear’t de ikferteller as studint op in winternacht yn Grins in Ierske dichteresse fan ’e strjitte fandelet. Se is troch har freontsje de hûs útskopt. As rêdende ingel biedt ús studint har bêd-en-brochje.
Deselde nacht noch hellet er op har âlde adres har guod op. As er op syn hok weromkomt, blykt de ‘kwetsbere nimf ’ pleite. It ôfskiedsbriefke lêst: Oant sjen yn Ierlân. Ferjitte sil er har noait wer. Goed tweintich jier letter is it oantinken oan de nimf ien fan de oanliedings foar de reis nei Ierlân. De dei foardat de haadpersoan ôfset, treft er yn hotel De Pauw yn Ljouwert in mysterieuze, spirituele dichteres, Hedwich. Pratend oer Ierlân, syn ferlerne nimf en it fenomeen reizgjen makket se him op in stuit syn kweeste dúdlik: do sikest har om dysels te sykjen. Dat sizzen (as kaam it rjochtstreeks út de strofen fan de midsieuske dichteres Hadewijch) is by alle reis- en lêsaventoeren it driuwende leitmotiv fan In Ierse nimf.
kluftich Al wa’t it ik-personaazje op reis yn it Ierske ‘skimeryk’ tsjinkomt, net syn ferlerne faam. Wol rint er yn Dublin in strjittedichter tsjin it liif. De knaap hearde oait by in dichtersbent dêr’t ek de Ierske nimf diel fan útmakke. Op in dei is se ferdwûn. Mei har geile poepert blykt se in Grinzer studintsje achterneireizge, soks ta einleas fertriet fan har skarrel, de Ierske poëet. As er safolle jier letter op ien fan syn strjitte-optredens de Fryske skriuwer moetet, mient er de skriuwer is de Grinzer loverboy dy’t him syn leafde rôve hat. De Ierske poëet hâldt him dêrom foar de oarsaak fan syn ûngelok. Koartsein, ús poëet wol wraak. De wize sa’t Abma dat ferhaal útwurket, is spannend, by it thrillereftige ôf. Yn opdracht fan de poëet rint in spion de gongen fan de Fryske skriuwer nei. De sênes binne bytiden de komyske kant neist, net allinnich omdat spion James as twa drippen wetter op Maarten ’t Hart liket, mar ek omdat er heldersjend is. Like kluftich is de ûntfiering yn it nachtlik Dublin. De poëet ûntdekt
92
/
dêr’t dea is libbet dea en wat tydlik hjit is bewustwêzen fan de dea tydlik is ek de leafde – Euridyce hat by Abma syn syktocht mear as ien ferskiningsfoarm. By in reis troch Portugal dûkt se op yn it stal fan in geil hoteltsjinsterke. Op prachtige, fel realistyske wize – Jetske Bilker soe der nei alle gedachten daalks har fatsoensregels op loslitte en it spultsje ferbiede – wurdt in keihurde neuksêne beskreaun. By it ôfskied fan dy hardcore Euridyce beseft de haadfiguer dat er har noait weromsjen sil. Oars sein, it bliuwt sykjen om faam, nimf en muze. Grappich binne fandatoangeande de deiboeknotysjes dêr’t Abma as skieden man de betingsten yn jout dêr’t in mooglik takomstige faam oan foldwaan moat: se moat op syn minst syn sokken stopje kinne. Sokke Euridyskes binne der tsjintwurdich net mear. Dat wit Abma fansels ek wol. Dat, sa wurdt suggerearre, lykas Orpheus kin ik net oars as my weromlûke. Konkreet: yn in wrâld fan lêzen en skriuwen, oftewol yn de keunst.
93 by dat aventoer dat er mei de Fryske skriuwer de ferkearde Grinzer studint foar hat. Dy persoansferwikseling wurdt befêstige troch de spion. En hy kin it witte, hy hat de iennige west dy’t it freontsje fan de Ierske nimf oait yn it echt sjoen hat. De kidnap jout in aardich stik ferdivedaasje, mar logysk is de sêne net. Spion James hie syn opdrachtjouwer ommers ek daalk wol fertelle kinnen: Hea jonkje, ik ha dy Fryske skriuwer ris efkes goed oansjoen, mar de dieder is er net. Mooglik hat Abma mei dat thrillerteltsje sjen litte wollen dat guon dichters by har syktocht nei de Muze ivich en erflik mei lege hannen sitten bliuwe. Lit dat sa wêze. It nimt net wei dat de útwurking fan it gehiel te min dramatyske krêft hat om werklik te oertsjûgjen. Op suver fertelnivo jildt dat tekoart eins foar de hiele roman: de personaazjes bliuwe de uterlike kant neist. It ferhaal wol tefolle adstruksje wêze fan de âlde, klassike Orpheusmyte. It jout de roman bytiden in wat forsearre yndruk.
abma’s sokstopjende euridyce Orpheus wie de sjonger dy’t it by de goaden fersierde dat er syn faam Euridyce út de ûnderwrâld meinimme mocht op betingst dat er ûnderweis, werom nei de ierde, net omsjen soe. Dat docht dy sokses krekt al. Dêrmei feroardielet er himsels ta in treurige steat fan iensumens en skuld. Narsistysk as er is, wijt er him fierders oan de keunst. Leafdesoansiken stegeret er ôf, hy wol trou bliuwe oan syn Euridyce. Dy hâlding makket in frommeske dat nochal sljocht op him is sa hellich dat se him om hals helpt. Gelokje by in ûngelok: it bringt Orpheus werom by syn beminde Euridyce yn Hades’ skimeryk. It mei dúdlik wêze dat de Ierske faam yn Abma syn reisroman in metafoar foar Euridyce is. En watfoar faam! Mear as in persoan fan fleis en bloed… ‘Wiisheid en poëzij, beide hie se, beide wie se,’ lit de skriuwer de Ierske poëet moai teatraal sizze. Ien fan Abma syn eigen ynterpretaasjes fan de myte (s. 156) seit:
ii De kar foar de keunst foarmet yn In Ierse nimf de oare, twadde reis: dy fan it ik-personaazje Willem Abma, dy’t ferslach docht fan syn streuptochten troch it lân fan literatuer en poëzij. Want, sa wurdt steld: Lêze is reizgje (s. 131). En dat wurdt yn de roman net te min dien. Yn in foech 170 siden blaast de skriuwer de hiele Ierske literatuer troch. Dêr’t de Orpheusmyte oan ’e oarder is, lit de skriuwer, soms wat al te koket, sjen hoe djip de myte yn de Westeuropeeske literatuer bewoartele is. Neist Rilke en syn Sonnetten der Orpheus wurdt Ingeborg Bachmann op ’t aljemint brocht. Fan har is it fers ‘Dunkles zu sagen’ oanhelle. Wie Orpheus spiel ich / auf den Saiten des Lebens den Tod // As Orpheus spile ik / op de snaren fan it libben de dea / (...) It tiidwurd ‘spielen’ hat Abma yn de doetiid oerset. Dêrmei taast er spitigernôch wol de essinsje fan it gedicht oan, nammentlik: de spjalt troch de Dea, wêrfan’t it drama foar wa’t achterbliuwt fansels oars net belibbe wurde kin as yn de notiid. Hawar, it feit dat ien fan myn meast favorite dichters oanhelle wurdt, makket yn dizzen in soad goed.
hybride In Ierse nimf beslacht likernôch fjirtich jier, in tiidrek dat yn fjouwer parten opdield is, t.w. dat fan it jonkje op ’e pleats yn Folsgeare, de studint yn Grins, de deiboekskriuwende learaarboargerman en de reizger yn Ierlân. De tiidslagen binne it kompositoarysk semint foar de struktuer fan dizze roman. Foar de rest is de roman nei foarm los sân. Neist deiboekfragminten, koarte polemyske stikken (b.g. tsjin Riemersma), esseeistyske eksposees (û.m. oer Joyce as postmodernist avant la lettre), skôgings (b.g. oer it ferskynsel reizgjen) binne der de reisferslaggen. By lêstneamde foarm bout de skriuwer ek nochris in thrillerferhaal yn. It is allegearre krekt wat tefolle fan it goede. Wat dy hybride struktuer oangiet lit In Ierse nimf tinke oan
Trotwaer
de Moanne
Anne Wadman syn Tinke oan âlde tiden. Ek dy roman gie troch in oerdied oan foarmen (brieven, lykredes en sels in kompleet toanielstik) kopke-ûnder. Better slagge en gâns nijsgjirriger is In Ierse nimf op suver referinsjeel nivo, en dan haw ik it û.m. oer ferwizings, dy’t funksjoneel yn tsjinst steane fan de Orpheusmythe, dy’t de grûnslach foarmet fan dizze roman. Yn it ferlingde dêrfan komt Abma mei tal fan opfettings oer literatuer en poëzij. Om in pear te neamen: Tusken wat ik kin, sjen litten haw en wat ik wol, moat ik mysels tsjinkomme. Yn poëzij as it heal kin. Gedichten as definysjes. It sizzen is Abma syn ynterpretaasje en konklúzje fan in stelling fan de Ierske dichter Seamus Heaney: Elke dichter komt nei ferrin fan tiid op in punt dat er himsels definiearje moat. In oar, net minder nijsgjirrich ‘kredo’ seit: Wêr’t wy ek fleane, de wichtichste reis is dy troch eigen inerlik lânskip. It skriuwen sels is reizgjen, is sykjen: it fers is in died, in sinjouwing; it leveret boustiennen foar identiteit. Sels soe ik de útspraak leaver omkeare en sizze: poëzij leveret boustiennen foar in ûntfestigjen fan dat wat wy miene dat (ús) identiteit is. Want wat is, kin net wêze, n’t wier?
guchelwurk Wat poëzij is, wit ik net. It is hjir ek net it plak om dêroer te hottefyljen. Lykwols ien ding: as poëzij dan dochs wat wêze moat, dan is se in abattoir, dat – o paradoks – tagelyk in feestlik paradys is. Dat is net it gefolch fan in yn ’t foar opset wollen, mar it resultaat fan altyd driuwende mar yn tiid net (mear) te efterheljen oarsaken. As dy de Muze(n) neamd wurde, bêst genôch. Se jouwe yn alle gefallen foer oan it tinken dat út destruksje wei poëzij it libben in feestlike, it Ik ferskuorrende kadaverbaktaal skept (!). Foar my sit dêr gjin krom metafysika by. Foar Abma leit dat oars, hy skriuwt teminsten: Poëzij is mear as ritme, betsjutting, byld en riedsel (s. 166). Noch méar as riedsel? Dat liket my sterk. As dat sa is, smyt it tinken dêroer oars net op as literêr-metafysysk sweef- en gûchelwurk. Ien stap fierder en Abma sit by de spiritualiteit fan in dichteres as Soepboer, dy’t yn har lêste bondel hiel trendy mei in moderne Kristus opdraven komt of by skriuwers as Marga Claus, dy’t de harmony fan de hillige Fransiscus ûntdutsen hat. Halleluja. Mei In Ierse nimf op struktureel nivo net alhiel slagge wêze, op referinsjeel-skôgjend mêd is de roman sûnder mis ûnderhâldend en nijsgjirrich, soks net yn it lêste plak troch Abma syn meinimmende styl fan skriuwen. Bykommend foardiel fan In Ierse nimf is dat elk dy’t mear witte wol oer de dichter G. Willem Abma dizze reisroman tenei ek lêze kin as in yntroduksje op syn poëtysk oeuvre.
Riemersma’s healwize oanslaggen willem winters
94
Wat beweecht in skriuwer om in senario te skriuwen, wylst der gjin sicht is op realisearring, op in film? Mooglik hat hy der ienfâldichwei niget oan om soks te meitsjen. Mar om it dan as boek op de merk te smiten, dat is in oar ferhaal. Want in senario is neat oars as in omskriuwing hoe’t de filmer te wurk gean moat. Trinus Riemersma hat him deroan weage. By syn eigen útjouwerij Venus ferskynde Healwize oanslaggen, in senario foar in rampefilm. Aardich om te lêzen? Nee, it is in dreech stik. Mar miskien dat immen dy’t de partituer leaver hat as it muzykstik live, dy’t in learboek skilderjen mei oaljeferve foar kar nimt boppe it keunstwurk, der oars oer tinkt. Riemersma motivearret syn died mei it argumint dat it wer ris wat oars is: ‘Ik sit altiten ferlegen om goede foarmen dêr’t ik myn ideeën yn jitte kin.’ Yn Healwize oanslaggen - as it ferfilme wurdt sa’t it no op papier stiet - ûntbrekt it oan Hitchcockiaanske metoaden om de sjogger yn ’e besnijing te krijen. Der bloeie gjin bysûndere relaasjes op tusken Riemersma’s personaazjes. It ferhaal is boppedat te rjochtlinich: Lefèbre, in wittenskipper, ûntdekt de baktearje dy’t eksplosive deminsy [in betinksel fan Riemersma] feroarsaket. Ta syn eare jout it ynstitút dêr’t er wurket in feestje. Fan dy gelegenheid makket in terroristyske organisaasje gebrûk om twa buiskes mei dy supergefaarlike baktearje te stellen. Se ûntfiere Lefèbre en syn frou en twinge him om mear baksillen te kweken. Fraach: wêrom stelle se fuort net in pear buiskes mear, dan hie dat hiele, foar de bindeleden, riskante gedoch mei dy ûntfiering net nedich west. De net neier omskreaune terroristen binne fan doel om oer de hiele wrâld dy baktearje op de minsken los te litten. Dêrnei soe, neffens it Brein, dy wrâld der hiel wat better hinne lizze. Fraach: hoe stelt it Brein him dat foar? De lêzer komt it net te witen, want hy hâldt mar ien koarte taspraak en dêryn is gjin idee, ideology of doel te finen. Oer wat him en syn helpers driuwt, wurde wy net folle mear gewaar as dit: ‘Moarnier gonne jimme op reis. Jim lêste reis en de alderwichtichste yn jim libben. Jimme wurkje mei oan in nije wrâld, dêr’t gerjochtichheid hearskje sil.’ Gerjochtichheid troch deminsy? Hoedatsa? Wêrom tinke se dat?
95
It slagget de terroristen om de baktearje te fersprieden. Earst yn Jeropa en dan al gau oer de hiele ierde dogge him gefallen fan eksplosive deminsy foar. Twa fragen: as dy baktearjes sa gefaarlik binne, is it dan wol oannimlik dat al dy minsken op dat feestje yn it laboratoarium mei de noas op de kontener mei ynferzen baktearjes steane? En twad: is it in grapke fan Riemersma of tinkt hy wier dat men de Fryske útdrukking ‘yn ’e bernskens wêze’ letterlik nimme moat? Hy beskriuwt it as karakteristyk foar eksplosive deminsy dat de besmette lju har gedrage as lytse bern. Se treintsjeboartsje mei stuollen, prate op bernige wize, meitsje papieren fleantúchjes, ensfh. Noch nea haw ik fan in deminsypasjint heard by wa’t soks sa letterlik it gefal wie. Flitsen, Riemersma’s senario tilt derfan op. Tal fan kearen folgje de sênes mekoar yn rap tempo op. Is dat, as it filme wurdt neffens Riemersma’s ynstruksjes, noch wol by te hâlden? Nim side 82, dêr sjogge wy [1] in pear lju yn in Italjaanske stêd út in trein
dwers strie Sûnder aan haw ik ris de plannen foar in Fryske spylfilm torpedeard. Dat kaam sa. Yn 1977 soe de roman De dei is forroun fan Piter Terpstra ferfilme wurde troch it Italjaanske Marissa Productions. Fan dy maatskippij makke Urena Corporation diel út. Dy lêste organisaasje stie ûnder lieding fan sakeman Hendrik Rienstra. Doe’t hy Terpstra’s boek lies, seach er fuortendalik dat it him liende foar ferfilming. Der waard in skript makke, mar de film kaam der net. Want Rienstra rekke yn finansjele problemen. Rienstra wie nammentlik ek eigner fan Kollum Chemie út Aldwâld. Ik wenne yn dy tiid yn Aldwâld en wie sûnt 1974 lid fan in aksjegroep dy’t sluting fan it fabryk easke, om’t der gefaarlike stoffen ferwurke waarden dy’t fanwege minne foarsjennings de omjouwing fersmoargen. Neffens de direkteur wie der gjin sprake fan gefaar, hy doarst fan alle grûnstoffen yn it fabryk wol in hap te nimmen. It gemeentebestjoer ûntkende de gefaren. Mar úteinlik waard de omjouwing ûndersocht en it die bliken dat der sprake wie fan slimme fersmoarging. It fabryk moast ticht. Troch dy tsjinfaller hie Rienstra gjin jild mear foar de film. Dat wy mei ús striid tsjin Kollum Chemie ek in film nei gychem holpen, hearde ik pas in pear jier lyn fan Piter Terpstra sels. Mar miskien is der in filmer dy’t der nochris oer neitinke wol... Ik sil him diskear gjin strie dwers lizze. WW
/
stappen, [2] deselden op in merk, [3] in pear lju by in bushalte, [4] in gong yn in finzenis, [5] it plein foar dy finzenis, [6] in TGV jaget troch Frankryk, [7] in flits fan it ynterieur en dan [8] binne wy op side 83 yn in wenkeamer yn Ingelân en wurde de sênes wer wat langer. Rappe montaazje is tige modern, mar it liket hjir flugger te gean as yn in muzykklip! In oar stikje technyk wurdt ek te faak - sa’n fyftjin kear brûkt. De earste kears op side 12: ‘It tillefyzjebyld wikselt nei in opname fan in jonge ynterviewer dy’t in man yn in wite jas fragen stelt. It byld wurdt ûnder it ynterview stadichoan grutter, oant it de hiele keamer follet.’ It is in trúkje om de sjogger fan de iene wurklikheid nei in oare te ferhúzjen, mar lykas mei alle technyske filmyske trúkjes, wurdt soks gau flau. En fansels, de plysje is sleau en sjocht leaver in oare kant op, wylst de politisy it publyk wiismeitsje wolle dat der neat oan de hân is. Yn de ferneamde plysjeromans fan Sjöwall & Wahlöö komt in duo foar dat leaver net út de tsjinstauto komt. Hja sette de radiostjoerder út of ride nei plakken dêr’t garandeard net ien misdiediger te finen is. Dat is humor! Mar spitich genôch is Healwize oanslaggen net grappich, net satirysk, net spannend, net oangripend. Tige wiidweidich lit Riemersma sjen wat de gefolgen fan de oanslaggen binne. Wy hoppe de hiele wrâld oer en it is oeral itselde. Mei safolle deminten funksjonearret it maatskiplik systeem net mear. Fabriken lizze stil, it elektrysk falt út, der is hieltyd minder iten te besetten. Gaos, oeral gaos, de minskewrâld liket net mear te rêden. Mar dan komme Ruslân en Sina yn aksje. Ruslân sil op grutte skaal rûnom de befolking faksinearje en Sineeske troepen komme yn New York oan om de oarder te hanthavenjen. Even ûntstiet by de lêzer de yndruk dat Sina en Ruslân efter de oanslaggen sitte en sa it bewâld oer Amearika en Jeropa yn hannen krije sille. Mar nee, al nei in pear wike is ‘de goarre útraasd’. Hoe’t dat sa gau kin mei sa’n besmetlike sykte, is my net dúdlik. En sadree’t harren taak derop sit, geane de Russen en Sinezen wer kreas op hûs oan. Mar hawar, de ekonomy en it sosjale libben komme - tuike, tuike - wer op gong. En hoe fergiet it de haadpersonaazjes? By de ûntdekker fan de baktearje en syn frou hat de eksplosive deminsy taslein en de fersprieders hawwe harsels fan kant makke. Fraach: wie der foar harren gjin plak yn de nije wrâld? Hja soene dochs as moedige befrijers sjoen wurde moatte? En it Brein? Hy komt yn de lêste sêne nochris, ‘hingjend’ yn in stoel, yn byld: ‘Hy smookt in sigaar en nipt no en dan fan in glês wite wyn dat op ’e tafel stiet. Hy hat in boek yn ’e hannen, mar lêst amper.’ As syn frou út it swimbad nei him takomt, skinkt er har ek in glês yn. Hoe dat te ynterpretearjen? Wiist dat hingjen derop dat er demint is? En dat blomkebaaipak fan syn frou, is dat in baaipak út har jeugd? Moatte wy begripe dat hja ek demint is? Is dat wat him foar eagen stie? ’t Is grif wat oars, sa’n senario. Mar dêr is it foar de lêzer wol mei sein. Trinus Riemersma, Healwize oanslaggen, Utjouwerij Venus, Frjentsjer, 2003, 4 16,90.
Trotwaer
de Moanne
Meiwurkers
Nim in (proef)abonnemint of jou ien kado. Brûk it antwurdkaartsje. geertruida van assen (1965) skriuwt koarte ferhalen. Wurket mei bern, makket leskisten foar in NME-sintrum (natuer- en miljeu-edukaasje) en hat in reuzespin makke dy’t sa út en troch útfanhûs is. egbert born (1966) is dichter, meer is op dit moment niet van belang. Sommige mensen kennen hem van radio en TV en internet. hans brans (Nijmegen 1951) studeerde wijsbegeerte en theaterwetenschap. Speelde bij het studententoneel en gaf les aan de Theaterschool. Hans Brans is bij Keunstwurk in dienst als dramaturg voor het amateurtoneel en voor de bevordering van de (Friese) toneelschrijverij. Schreef onder meer op het gebied van theater, recensies voor de Leeuwarder Courant en enkele toneelstukken. ulke brolsma (1943) wurket as foarljochter by de gemeente Saanstêd. Debutearre yn 1999 yn Trotwaer mei in ferhaal. Wûn in Rely Jorritsmapriis en publisearre yn 2001 Ioana, in bondel mei acht ferhalen. johannes dijkman (1954) wurket as learmaster-strjitmakker by in oannimmingsbedriuw yn Snits. Hat de kursus ‘ferhale-skriuwe’ folge by Akky van der Veer en Hylke Tromp. Sit sûnt dit jier by de skriuwploech Hysp. gryt van duinen (1950), redaktrise fan Omrop Fryslân, earst by de radio, sûnt 1992 by de lanlike televyzje. klaas feenstra (1929) krige, nei’t er as amtner fan in tal gemeenten – mei Tytsjerksteradiel as lêste – de pinne dellein hie, dy wer op om yn syn frije tiid mei poëzij te pielen. In kearmannich is der wat fan syn hân publisearre, û.m. yn De Stim fan Fryslân, Frysk en Frij en de Leeuwarder Courant. tony feitsma (1928) is frisist. Se wurke fan 1967 oant 1993 oan de subfakulteit Frysk fan de Vrije Universiteit yn Amsterdam, de lêste sechtjin jier as heechlearaar. Har dissertaasje is fan 1974: De autografemen yn it wurk fan Gysbert Japicx (2 dln.). Tony Feitsma hat in grutte rige publikaasjes op har namme stean op it mêd fan de frisistyk en de Fryske beweging. johan frieswijk (1943) is as histoarikus ferbûn oan de Fryske Akademy. Hy hat binammen oer it sosjalisme en de arbeidersbeweging yn Fryslân skreaun. Op 23 oktober 2003 waard yn Grou oan him de dr. Joost Halbertsmapriis útrikt foar syn hiele oeuvre. bouke van der hem (1946) is jurist yn Grins, skriuwt sûnt in jiermannich wer Frysk wurk. Foarich jier ferskynde syn ferhaleroman Sloppe Opels. piet hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Hâldt him dêr benammen dwaande mei de fraach op hokfoar wize it oerheidsbelied oangeande regionale talen yn West-Europa ta stân komt. eeltsje hettinga wûn de Fedde Schurerpriis 1999. Lêste publikaasje Yn ’e fal fan jûn, tegearre mei Eric Hoekstra. Skriuwt yn opdracht fan útjouwerij Venus in essee oer tsien jier Fryske poëzij (1993-2003). Oare jier ferskynt fan him de nije bondel Apreos en in bondel mei essays en gedichten fan Ingeborg Bachmann. Hettinga hat in âld-izer hannel, docht hjoed-de-dei ek yn gloeilampen en bestudearret yn syn frije tiid rotten. www.erosmos.nl lolkje hoekstra (1968) skriuwt koarte ferhalen en toanielteksten. Krige foar twa ferhalen de Rely Jorritsma-priis (1994 en 1995), wûn yn 1993 de earste Afûk-jongereinpriis. klaas jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy’t by de KFFB útjûn wurde: Om Teatske (1995), De fermisten (1998) en De Slach om Transkei (1999). Hat frijwat non-fiction skreaun (oer Frysk toaniel, korpsmuzyk, skûtsjes en regionale skiednis) en kabaret (foar Ratattette en It Wâld). jan pieter janzen (1945) wurket as learaar skiednis en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, wie (ein)redakteur fan Trotwaer en de Moanne. Skriuwt oer skiednis, kultuer, polityk en media. marita de jong (1954) is redaktrise fan De Koerier, it streekblêd fan It
Hearrenfean e.o., en fan de Moanne. Hat lang warber west yn de SLAH (Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen). justus (60) is in Renessânseman dy’t yn syn libben keunst, wittenskip en polityk kombinearret. Hy leaut yn ’e Leafde, mar is dat oarsom ek sa? Hy wennet ticht by de grêftegurdle en nettsjinsteande is er faak yn it Heitelân te finen. Yn syn frije tiid is er ûnder oaren kampanjelieder, heit en kompostknipper. Ut prinsipe hat er gjin auto. jitske kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad, de lêste jierren as sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn ’e Ganges, yn 1999 oanfolle mei In twadde libben. Wurket by útjouwerij Gopher yn Grins en is redakteur fan de Moanne. jelle krol (1957) studearre Ingelsk en Frysk, wie learaar, wurke op it FLMD en op de PB, is optheden fakreferint Frysk en oare moderne talen en sit yn it managementteam fan Tresoar om de saneamde ‘Fryske saken’ te behertigjen. Jelle Krol wie redakteur fan Trotwaer en resinsint Frysk proaza fan de LC. reinder r. van der leest (1933) is sûnt 1966 by riten warber yn it Frysk. Publisearre dichtbondels, ferhalen, in jeugdboek en in sândielige romansyklus. Makke ek tekeningen en skilderijen. karin de mik (1960) is historica en zelfstandig journalist. Ze is onder meer vaste correspondent voor NRC Handelsblad in Noord-Nederland. coen peppelenbos (1964) is docent aan de Noordelijke Hogeschool, recensent bij de LC, auteur van diverse schoolboeken en hoofdredacteur van Tzum. Publiceerde eerder dit jaar samen met Doeke Sijens de roman Tavenier. www.coenp.cistron.nl anneke reitsma (1949) is dichter en essayist. Haar laatste dichtbundel was Wonen in het Avondland (1998). Zij schrijft over Nederlandse poëzie en is verbonden aan het tijdschrift Ons Erfdeel. In 2002 verscheen haar essaybundel Het woord te vondeling. Een eeuw Nederlandse poëzie in zeventien portretten. henk van der veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan de Moanne en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Publisearre ferskate dichtbondels – de lêste wie Kajapoetoaly (2000) – en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995) oer 25 jier Koperative Utjouwerij. www.henkvanderveer.nl atze van wieren (1943) schrijft poëzie en proza. In veel verzamelbundels is werk van hem opgenomen. Won meerdere prijzen, waaronder de SNSLiteratuurprijs 2002 voor een cyclus van zeven gedichten. www.atzevanwieren.nl babs wijnstra (1969) studearre ‘frije rjochting’ oan keunstakademy Minerva, is letter ôfstudearre op yllustraasje. Wurket as yllustrator fan berneboeken, tydskriften en skoaltelefyzje, makket dekors foar (berne)teater en projekten. mindert wijnstra (1945) ferhaleferteller, skriuwer, kollumnist, skoalmaster en putsjeskepper. Simke Kloostermanpriis (1992), Ibby-honourlist (1994). willem winters (1946) sosjolooch, publisist en útjouwer (lyts). Publisearre oer de âldereisoarch, skreau foar De Strikel, de LC, Hjir en Trotwaer oer – koartsein – keunst en kultuer. Skreau in essay oer typearjende aspekten fan de Fryske literatuer: De wite skelk fan Richt (Hjir, desimber 1999). baukje wytsma (1946), yn it ferline redaktrise fan De Strikel, is redakteur by Utjouwerij Fryslan fan de Afûk en wurket as sjoernalist mei oan de F-side, de tematydskriften en de Friesland Post. Skriuwt kabaretteksten en lieten foar ûnderskate groepen en artysten, publisearre gâns boeken foar bern. Yn 2001 ferskynde har sânde dichtbondel foar folwoeksenen, Kom mei in koer. antine zijlstra (1965) die sawol ‘Minerva’ as ‘Keunst en keunstbelied’ (Universiteit fan Grins), mei as spesjalisaasjes: byldzjende keunst en teater. Se wie jierren ‘haad marketing’ by Tryater. Sûnt in jier wurket se fulltime as skriuwer en ûntwikkelder en begelieder fan kulturele projekten en - organisaasjes foar ‘Antine Zijlstra, konsept en tekst’. Basearre op troch de auteurs levere gegevens.
96