Steatekommisje Lân, Loft en Wetter Datum gearkomste: 9 april 2008 Wurklistpunt: 3
STEATEKOMMISJE LAN, LOFT EN WETTER 10
20
Ferslach fan de gearkomste op 5 maart 2008 yn it Doarpshûs fan Seisbierrum. Oanwêzich: De kommisjeleden: W.J.M. Haarsma (PvdA),foarsitter, mefrou H.C.G. van Asten (PvdA), D. Bijlsma (FNP), T.M. van de Bles (GrienLinks), S.J. Boorsma (ChristenUnie), mefrou P.H. de Graaf-vd Meer (FNP), A.B. v.d. Ham (CDA), mefrou C.E. Hartholt-vd Veen (CDA), J.W. vd Hoek (SP), R.H.J.M. Klerks (SP), mefrou B.A. Miedema (VVD), A. Oostland (ChristenUnie), mefrou S.A.E. Poepjes (CDA), mefrou F.B. Teernstra (CDA), H. vd Veen (CDA), mefrou H. vd Vlugt (PvdA), mefrou J.P. Welfing (GrienLinks) Fan de griffy: mefrou A. Zijlstra (sekretaris), mefrou K. Spiekstra (ferslach), Foar it kolleezje: deputearre mefrou A.M. Andriesen, R. Siebers (Westergozone) ====================================================================== 01.
30
iepenjen en fêststellen fan de wurklist
Om 18.00 oere iepenet de foarsitter de gearkomste. - Meidielings: De kommisjeleden wurdt frege harren oan te melden foar de wurkbesite oan Donkerbroek (N381) Der is in memo rûnparte mei in útstel foar de ynfolling fan de oriïntearjende kommisjegearkomste op 9 april. Sa’t it no liket binne der foar de advisearjende gearkomste gjin punten; as der gjin advisearjende kommisje hâlden hoecht te wurden sil de oriïntearjende kommisje mooglik jûns plakfine. De kommisje stimt yn mei it útstel. De wurklist wurdt sûnder wizigings fêststeld.
40
02.
50
Samenwerkingsovereenkomst Waddenglas (SOK)
De hear H. van der Werf sprekt yn op persoanlike titel (sjoch taheakke) Mefrou Teernstra (CDA) fynt it spitich dat der gjin tiid sit tusken de wurkbesite en de behanneling fan it útstel yn de kommisje. Sa is der gjin romte om oer de yndrukken dy’t yn de wurkbesite opdien binne te praten yn seksje of fraksje. Se freget tenei mear romte te jaan foar neier oerlis. Wurdt der ek mei gemeenten praat om de ambysje (450 ha glêstúnbou) noch te heljen? Dizze wize fan ynsetten fan jild, as oanjaachfunksje, krijt de stipe fan har fraksje; se hopet dat it jild oer 10 jier, ynklusyf rinte, fereffene wurde kin. Op ferskate plakken yn Nederlân is der sprake fan ûntjouwings op it mêd fan de glêstúnbou; binne de nijste sifers yn it foarlizzende stik meinaam? Mevrouw Van Asten (PvdA) kijkt terug op het tot nu toe gevoerde beleid met betrekking tot de glastuinbouw. ___________________________________________________________________ steatekommisje Lân, Loft en Wetter ferslach gearkomste 05-03-2008
side 1 .
10
20
30
40
50
Glastuinbouw is belangrijk voor Noordwest Fryslân omdat het directe en indirecte werkgelegenheid oplevert; die werkgelegenheid kan de streek goed gebruiken. De uitbreiding van het glastuinbouwgebied zal aan een aantal voorwaarden moeten voldoen, waarbij een goede landschappelijke inpassing, ruimtelijke kwaliteit, innovatie, milieuveiligheid en het voorkomen van lichtvervuiling. De partiele streekplanherziening voor de glastuinbouw zou in de oorspronkelijke planning in april aan de staten worden voorgelegd; waarom wordt dat nu naar juni geschoven en is het niet beter die herziening tegelijk met de SOK aan de staten voor te leggen? Verder steunt spreekster de opmerking van het CDA: er zou meer tijd moeten zitten tussen het werkbezoek en de commissiebehandeling. Het voorstel kan nu niet als H-punt aan de staten worden voorgelegd omdat er onvoldoende tijd is geweest voor bespreking in de fractie. Het overbrengen van glastuinbouw uit andere gebieden van Nederland naar Fryslân is tot stilstand gekomen. Het glastuinbouwgebied bij Berlikum is zonder subsidie tot stand gekomen. Kan Noordwest Fryslân blijvend de concurrentie met Berlikum aangaan? Zal de glastuinbouw in Sexbierum een goede rol spelen als het gaat om innovatie? Kan in het gebied aan ketenmaximalisatie worden gedaan? Daarbij wordt een zo efficiënt mogelijk logistiek systeem opgezet. Of heeft Sexbierum andere sterke punten? In een aantal stukken staat dat er 100 ha. nodig is om bij groenteteelt aanpalende werkgelegenheid te ontwikkelen. Die hectares staan nu in dit plan, maar hoe kan worden gegarandeerd dat het te veel wordt versnipperd en groenteteelt wordt vervangen door bloementeelt? Kan de stuurgroep groenteteelt afdwingen? Kunnen GS straks een goed exploitatiesaldo behalen en tegelijkertijd gaan voor een goede landschappelijke inpassing en innovatieve projecten? Hoe kan er voor worden gezorgd dat die beide doelen elkaar niet in de weg zitten? In de projectorganisatie van de Westergozone is een rol weggelegd voor het Wetterskip. Kunnen de natuur- en milieuorganisaties ook een dergelijke rol krijgen? Hoe wordt voorkomen dat de termijnen voor de subsidie niet worden gehaald en de initiatiefnemers toch zelf voor de investeringen opdraaien? Een deel van de subsidie is bedoeld voor ruimtelijke kwaliteit, stimulering van duurzame productie en een acceptabele logistieke ontsluiting; is er voor die doelen nog meer (subsidie) geld beschikbaar, of is het budget taakstellend? Er is gekozen voor ontsluiting van het gebied langs de Slachtedyk; kan dat wel? Kunnen er eisen worden gesteld aan het voorkomen van lichthinder, die verder gaan dan wat in de wettelijke regeling staat? Is er gedacht aan woningen voor eigenaren en personeel binnen het gebied? De PvdA-fractie is voorstander van glastuinbouw in het gebied, maar binnen een aantal randvoorwaarden. De locatie moet worden afgewogen tegen andere mogelijke locaties. Nei oanlieding fan it konsept-beslút dat by it útstel sit freget de hear Bijlsma (FNP) ferdúdliking. Yn dat beslút wurdt de steaten frege yn te stimmen mei de SOK, yn it stik sels stiet dat DS it beslút nimme en de ‘wensen en bedenkingen’ fan de steaten hifkje. Wat wurdt no krekt fan PS frege. Is it net de omkearde wei dat de kommisje no praat oer de gearwurkingsoerienkomst, wylst de oanpassing fan it Streekplan der noch net leit? De Fryske Miljeufederaasje jout oan dat de lokaasje Seisbierrum yn in earste seleksje as nûmer 13 op de list fan foarkar-lokaasjes stie, by de twadde seleksje waard it ynienen nûmer 2; hoe is dat te ferklearjen? Foar de kommisjeleden leinen in tal rapporten op besjen. Benammen de sifers oangeande wurkgelegenheid binne wichtich foar it meitsjen fan in politike ôfwaging. Kinne dy sifers iepenbier makke wurde? Hoe grut is it ferlet oan túnbougebiet by bedriuwen fan bûten de provinsje? Sprekker freget in aktueel byld te jaan.
___________________________________________________________________ steatekommisje Lân, Loft en Wetter ferslach gearkomste 05-03-2008
side 2 .
10
20
30
40
50
De sifers oangeande de wurkgelegenheid yn de glêstúnbou rinne nochal útien. Kin der in ûnderbouwing jûn wurde fan dy sifers? Wat is, kwalitatyf en kwantitatyf, it ferlet en wat is it oanbod? De romtlike oardening yn it gebiet is in saak fan de gemeente; kin de deputearre garandearje dat it provinsjaal belied dêryn trochwurket? By de behanneling fan it Streekplan binne in tal moasjes en amendeminten yntsjinne oangeande ljochthinder by kassen; hoe kinne de steaten stjoere op sa min mooglik hinder? Hoe grut is it risiko foar de provinsje as bliken docht dat net alle grûn yn eksploitaasje komt? De heer Van de Bles (GrienLinks) kijkt terug op de standpunten die zijn fractie eerder heeft ingenomen op het gebied van de glastuinbouw. Hij vraagt de gedeputeerde hoe groot de kans van slagen van het project in Sexbierum is; hoe groot is de ‘glashonger’? Is er voldoende aanbod van personeel? Het mag geen ‘werkverschaffingsproject’ worden. Met de FNP vraagt hij de kwantiteit en de kwaliteit van vraag en aanbod van personeel aan elkaar te koppelen. Verder vraagt spreker de volgende voorwaarden op te nemen in de SOK: * in betere landschappelijke inpassing; * beperking van het gebruik van bestrijdingsmiddelen; er worden zijns inziens nu oude gegevens gebruikt; * innovatie als dwingende eis; * het beter regelen van de aan- en afvoerroutes; er moet een meer rechtstreekse route komen; * energiebesparing als harde eis; daarbij moet ook aandacht zijn voor waterkwaliteit. In part fan de al stelde fragen krijt de stipe fan de hear Van der Hoek (SP) Foar syn fraksje binne de neifolgjende saken wichtich: 1e: de folchoarder fan beslútfoarming. It is frjemd dat dit stik al foarleit foar de oanpassing fan it Streekplan oan ‘e oarder is. 2e: de wurkgelegenheidseffekten; der binne twifels oer de sifers yn it stik. * hoe hurd binne de neamde sifers; * hoe grut is de regio dêr’t de wurknimmers út komme; * wat is it effekt op it forinzenferkear. 3e: de ekonomyske helberens Op oare plakken yn Nederlân binne ûntjouwings geande dy’t ynfloed hawwe op de mooglikheden fan de glêstúnbou yn Noardwest Fryslân. De helberensstúdzje liket op dat stik fan saken efterhelle; kinne der aktuele sifers jûn wurde? 4e: de ûntsluting fan it gebiet Der wurdt foar de ûntsluting fan it gebiet te maklik gebrûk makke fan in stik fan de Slachtedyk. Mefrou Miedema (VVD) is fan betinken dat de kommisje net prate moat oer saken wêryn de steaten net it foech hawwe. Sy konstatearret dat in tal saken dy’t troch oare sprekkers nei foaren brocht wurde (bygelyks de romtlike ynpassing) by de oanpassing fan it Streekplan foarlein wurde. Se freget hoe’t de rapportaazje nei de steaten (trije kear yn it jier) syn beslach krijt. Glêstúnbou past wol by Fryslân, seit de hear Boorsma (Chr.Uny). Hy freget oft de basisomfang noch foldwaande is no’t der 250 ha. net realisearre wurde kin; kinne we in konkurrearjende posysje sa wol wier meitsje? Hoe komt it mei de kandidaat-ynfestearders as de eask ‘fernijend’ op tafel lein wurdt; sil dy eask in behindering of in foarsprong wêze. Is liket wat frjemd dat de rinte fan de liening yn de begrutting opnaam wurdt; de rinte moat yn de begrutting sichtber bliuwe yn gearhing mei it bedrach dat op de liening ôflost wurdt. Sprekker freget in taljochting op de passaazje oangeande it ûnderling ôfrekkenjen tusken DLG en provinsje. Nei oanlieding fan de ynbring fan de ynsprekker seit er dat de provinsje net oer de CAO fan de wurknimmers giet, mar de stjoergroep kin de kwestje fan goede leanen (betelling neffens CAO) wol oankaarte by de wurkjouwers. Wol de deputearre dat ynbringe yn de stjoergroep? ___________________________________________________________________ steatekommisje Lân, Loft en Wetter ferslach gearkomste 05-03-2008
side 3 .
10
20
30
40
50
Nei oanlieding fan de opmerkings oer de proseduere seit deputearre mefrou Andriesen dat it plannen fan de ekskurzje en de kommisjegearkomste net de ferantwurdlikens fan it kolleezje is, mar fan it presidium. It oangean fan de gearwurkingsoerienkomst is it foech fan it kolleezje; it kolleezje docht dat yn opdracht fan de steaten. De oerienkomst moat op grûn fan kêst 167 fan de provinsjewet oan de steaten foarlein wurde om harren de kâns te jaan winsken en betinkingen yn te bringen. De romtlike ynpassing komt letter, by de partsjele oanpassing fan it Streekplan, oan ‘e oarder. De SOK moat sa gau as mooglik tekene wurde om trochwurkje te kinnen. De hear Bijlsma wiist der op dat mei de SOK op in tal punten besluten naam wurde mei gefolgen foar de oanpassing fan it Streekplan; de lokaasje wurdt der mei fêstlein. It gebiet is fêstlein yn it Streekplan, seit deputearre mefrou Andriesen. De fraach dy’t no foarleit is: hawwe de steaten beswier tsjin dizze foarm fan gearwurkjen, op dit plak. As by de oanpassing fan it Streekplan, letter dit jier, de lokaasje ôfwiisd wurdt, is der sprake fan in nije sitewaasje. Troch it kolleezje is de opdracht fan PS útlein as: ‘gean sa gau as mooglik oan it wurk’. Yn it oanbelangjende gebiet is ferlet fan mear romte foar glêstúnbou. Mevrouw Van Asten vindt het jammer dat uit het voorliggende stuk blijkt dat de streekplanherziening niet in april komt, zoals eerder aangekondigd, maar later (naar verwachting in juni). Zij had beide stukken graag tegelijk behandeld. De hear Van der Hoek freget wat de ‘yngripende gefolgen’ binne dy’t it needsaaklik meitsje dat de SOK oan PS foarlein wurdt, wylst it fêststellen dêrfan it foech fan DS is. Dat moat as der sprake is fan grutte finansjele risiko’s, seit deputearre mefrou Andriesen. Dêrom leit der ynformaasje fertroulik op besjen. Provinsje, gemeente en DLG binne der fan oertsjoege dat dit projekt finansjeel helber is. De fraach wêrom de oanpassing fan it Streekplan letter komt as earder oankundige kin se op dit stuit net beäntwurdzje. Nei oanlieding fan de fragen en opmerkings oer de glêstúnbou op oare plakken yn Nederlân seit de deputearre dat op oare plakken somtiden in oare folchoarder fan wurkjen keazen is. De romtelike kant fan projekten waard regele mar letter waard dúdlik dat de grûn net kocht wurde koe. Dêrom is, nei oerlis yn de steaten, der hjir foar keazen earst de grûn te keapjen; no moat it romtelik regele wurde. As reaksje op de opmerkings fan mefrou Teernstra seit de deputearre dat yn it Streekplan 'romte foar maksimaal 450 ha. glêstúnbou' stiet. Frjentsjerteradiel wie ree dêr in part fan yn te follen; oan no ta is it net slagge noch in gemeente te finen dy't belangstelling hat foar de oerbleaune hektares. It kolleezje wol graach meiwurkje oan de plannen by Seisbierrum en hopet noch in gemeente te finen dy't meidwaan wol. Se wiist der op dat de provinsje net earder foar dit doel grûn kocht hat. De 'marktverkenning' dy't by de stikken sit is aktueel; der is dúdlik fraach nei romte foar glêstúnbou yn it oanbelangende gebiet. De oerrin út oare parten fan it lân wei rint net mear sa hurd as west hat, mar yn it gebiet sels sitte sterke bedriuwen dy't graach útwreidzje wolle. Volgens de heer Siebers is het marktonderzoek van 2007. Hij wijst er verder op dat gesprekken zijn gevoerd met tuinders uit het gebied rond Sexbierum en met tuinders uit Berlikum. Nei oanlieding fan de fragen en opmerkings fan de PvdA seit deputearre mefrou Andriesen dat it kolleezje graach troch wol mei de glêstúnbou yn Noardwest Fryslân; dat is ek bepleite by it ministearje. It subsydzjejild (€ 3,7 miljoen) is al tekend; it leit fêst ILG-oerienkomst. Se wiist der foar it oare op dat yn it DS stik in flater stiet; de passaazje oer de rintekosten op de 3e side hie der net yn stean moatten; de rintelêsten wurde net fia in begruttingswiziging út de provinsjale begrutting helle mar ferrekkene mei de grûneksploitaasje. De foarsitter konkludearret op dat dêrmei ek it 4e punt fan it behannelútstel ferfalt. Mevrouw Van Asten vraagt hoe groot het risico is dat we het geld mislopen door de lange termijnen. Neffens deputearre mefrou Andriesen rint de provinsje allinnich risiko as net foldien wurde kin oan de stelde rânebetingsten. It budzjet is taakstellend; it jild is al binnen kaam. ___________________________________________________________________ steatekommisje Lân, Loft en Wetter ferslach gearkomste 05-03-2008
side 4 .
10
20
30
40
50
De heer Siebers merkt op dat aan het ministerie is gevraagd of men nadere voorwaarden wil stellen; dat blijkt niet het geval te zijn. As reaksje op de opmerkings oer ljochthinder wiist deputearre mefrou Andriesen der op dat Noardwest Fryslân in gebiet is fan grientetelers. En it binne benammen de besteande bedriuwen dy't útwreidzje wolle. Fan ljochtfersmoarging is benammen sprake by blommetielt. Oan de nije bedriuwen sille easken steld wurde op it mêd fan ljochtfersmoarging. Der wurdt besocht nije techniken (wêrby let-ferljochting) sa folle as mooglik yn te bringen. By de fierdere útwreiding fan de glêstúnbou sil ek de ôfliede wurkgelegenheid him yn it gebiet fierder ûntwikkelje; der is dan minder ferkear nedich. Mevrouw Van Asten wijst op het rapport waaruit blijkt dat tenminste 100 ha groenteteelt nodig is voor zaken als onderzoek enzovoort. Neffens deputearre mefrou Andriesen is it it doel fan it totale gebiet yn Noardwest Fryslân in gearhingjend gebiet te meitsjen, mar mei in sprieding fan lokaasjes yn ferbân mei de wurkgelegenheid. Mei de besteande glêstúnbou yn Seisbierrum en Berltsum binne der foldwaande hektares. De heer Siebers merkt op dat de door mevrouw Van Asten bedoelde werkgelegenheid minder locatieafhankelijk is. Foar it oare wiist deputearre mefrou Andriesen der op dat de provinsje yn de stjoergroep sitte sil dy't de plannen útwurket. De fertsjintwurdiger fan de provinsje sil goed lette op de betingsten dy't wy stelle by dizze gearwurkingsoerienkomst. De romtelike kwaliteit sil yn de bestimmingsplannen 'ien op ien' regele wurde moatte. De list mei maatregels dy't ús by de romtelike kwaliteit foar eagen stean, stiet yn de taheakke by de SOK. Nei de ûntsluting fan it gebiet is wiidweidich sjoen. It doarp wie wol posityf oer it plan, mar frege ek mei neidruk oandacht foar de ûntsluting. In 6 meter brede dyk is it maksimaal helbere; dat docht rjocht oan it monumint dat de Slachtedyk is. Nei in ynterrupsje fan mefrou Van Asten seit de deputearre dat in ûndersyk nei de ferkearsfeiligens oanjout dat de dyk ek nei de útwreiding fan de glêstúnbou feilich wêze sil. As reaksje op de opmerkings oer de wurkgelegenheid en de wentebou seit se dat it projekt benammen bedoeld is foar minsken dy't yn it gebiet wenje; dat gebiet rint oan Ljouwert ta. It is dúdlik dat der in soad minsken oan it wurk wolle. In tal pleatsen dat yn it gebiet kocht is kin klear makke wurde foar wenjen. De gegevens fan de merkeferkenning kinne de steateleden yn it iepenbier brûke, sa lang't it net giet om gegevens fan yndividuele bedriuwen. As reaksje op in ynterrupsje fan de hear Bijlsma seit de deputearre ta dat der in gearfetting komt fan de merkeferkenning, mei dêryn de sifers dy't yn it iepenbier brûkt wurde kinne. Foar it oare wiist se op de hjoeddeiske wurkgelegenheid yn de glêstúnbou fan Berltsum en Seisbierrum. De stjoergroep sil mei de oanbelangjende túnders prate oer de wurkomstannichheden en de leanen fan de minsken dy't yn de kassen komme te wurkjen. It stânpunt fan GrienLinks oangeande de glêstúnbou is bekend, mar it kolleezje wurket yn opdracht fan in mearderheid fan de steaten. De inisjatyfnimmers binne fan betinken dat der al in soad dien wurdt aan ynnovaasje en romtelike ynpassing. In fierdere oanskerping liket net needsaaklik; yn de SOK is wat dat oangeande foldwaande fêstlein. De opbringst fan de ferkeap fan de grûn wurdt ûnder oare brûkt foar it oanklaaien fan it lânskip. It wetter is beslist gjin slútpost yn it projekt. Nei oanlieding fan de ynbring fan de VVD seit de deputearre dat oer de fuortgong fan it projekt skriftlik rapportearre wurde sil oan de steaten en de gemeenteried. As de steaten der om freegje kin de rapportaazje agindearre wurde foar in kommisje- of steategearkomste. As reaksje op de ynbring fan de hear Boorsma seit se dat der op dit stuit bij Waddenkas op inisjatyf fan ûndernimmers sprake is fan in tal fernijende inisjativen; dêr is subsydzje foar beskikber. Geotermy soe in prachtige tapassing wêze, mar op dit stuit is it noch te djoer. Der wurdt no besjoen oft it troch in kollektive oanpak helber is. ___________________________________________________________________ steatekommisje Lân, Loft en Wetter ferslach gearkomste 05-03-2008
side 5 .
10
20
30
40
De fraach oer de finansiering is foar in part al beäntwurde. De heer Siebers merkt op dat de drie deelnemende partijen ieder evenveel ontwikkelrisico lopen. Ze zullen zich alle drie inspannen om te realiseren wat in de GREX is vastgelegd. Bij 'plussen en minnen' hebben de partijen evenveel stemrecht. Neffens deputearre mefrou Andriesen rekkent de provinsje oan de ein ôf mei DLG omdat it foar DLG net mooglik is op foarhân jild út te lûken. Hja sitte foar 1/3 part risikodragend yn it projekt. Mevrouw Van Asten vraagt een reactie op haar vraag of in de projectorganisatie een rol weggelegd is voor natuur- en milieuorganisaties. Se komme net yn de projektorganisaasje, seit deputearre mefrou Andriesen; hja binne gjin partij yn it projekt. Der sil wol regelmjittich oerlein wurde mei de miljeu-organisaasjes; hja soenen, krekt as it doarp, yn de klakboerdgroep kinne foar it útwurkjen fan de plannen. De hear Bijlsma freget of de gearwurkingsoerienkomst net tagelyk mei de oanpassing fan it Streekplan oan de steaten foarlein wurde kin. Leaver net, seit deputearre mefrou Andriesen; dat soe it proses te folle opkeare. It binne twa prosessen dy't los fan elkoar behannele wurde kinne. Dat is de hear Bijlsma net mei de deputearre iens; troch de oerienkomst no fêst te stellen leit de lokaasje fêst. Deputearre mefrou Andriesen wiist der op dat de steaten de oerienkomst net fêststelle; it kolleezje fan DS stelt de oereienkomst, mei it kolleezje fan B&W fan Frjentsjerteradiel en de DLG fêst, neidat it kolleezje fan DS de steaten de kâns jûn hat der op- en oanmerkings oer te meitsjen. De lokaasje is al fêstlein by it Streekplan. De steaten stelle wol de partsjele streekplanoanpassing fêst; as hja it útstel fan DS ôfwize, sil it wurk stillein wurde. konklúzje De foarsitter stelt fêst dat der no in juridyske oerienkomst tusken trije partijen foarleit, wêroer it kolleezje fan DS it oardiel fan de steaten freegje, foardat hja de oerienkomst ûndertekenje. Yn de partsjele oanpassing fan it streekplan wurdt de romlike kant fan it projekt regele; dat útstel wurdt letter foar beslútfoarming oan de steaten foarlein. Dy partsjele oanpassing sil, mei it bestimmingsplan dat de gemeente meitsje moat, as taheakke by de oerienkomst foege wurde. De deputearre hat tasein dat der in koarte gearfetting fan de merkeferkenning makke wurdt, wêrby de klam lizze sil op de wurkgelegenheidseffekten; dy sifers kinne yn de iepenbiere diskusje brûkt wurde. Foar it oare hat de deputearre oanjûn dat der gjin begruttingswiziging by de Berap komt omdat de rintekosten meinaam wurde yn de grûneksploitaasje. It stik sil as besprekpunt foarlein wurde moatte oan de steaten omdat de kommisjeleden oanjouwe net foldwaande tiid hân te hawwen foar oerlis yn de fraksje. Nei in ynterrupsje fan mefrou Poepjes, dy't der op wiist dat op grûn fan de provinsjewet it kolleezje de steaten net om ynstimming hoege te freegjen, freget de foarsitter de deputearre it konsept-beslút sa nedich oan te passen. Oan de steaten soe dan frege wurde moatte de oerienkomst foar kundskip oan te nimmen. Deputearre mefrou Andriesen seit ta it DS stik oan te passen en it konsept-beslút te wizigjen. 03.
ferslach fan de harksit en de kommisjegearkomste op 30-01-2008.
03A: it ferslach fan de harksit 'Evaluaasje Wynenerzjy'. It ferslach wurdt sûnder wizigings fêststeld.
50
03B: it ferslach fan de kommisjegearkomste op 30-01-2008 Side 5, regel 8: 'in de Waddenzee' wurdt feroare yn 'op de Waddeneilanden'' Foar it oare wurdt it ferslach sûnder wizigings fêststeld.
___________________________________________________________________ steatekommisje Lân, Loft en Wetter ferslach gearkomste 05-03-2008
side 6 .
04.
omfreegjen en sluten
Mefrou Welfing (GrienLinks) wiist op de tasizzing fan deputearre Adema dat er werom komme sil op de knipepunten yn it Iepenbier Ferfier. Se freget dat punt te agindearjen foar de earstkommende kommisjegearkomste. De fraach om in reaksje is troch de sekretaris al skriftlik oan de deputearre foarlein, seit de foarsitter. 10
Om 20.00 oere slút er de gearkomste.
___________________________________________________________________ steatekommisje Lân, Loft en Wetter ferslach gearkomste 05-03-2008
side 7 .
TAHEAKKE
10
Beste mensen, Met de ontwikkeling van het plan "Waddenglas" toont u lef en inzet voor meer werkgelegenheid. U heeft zich uitgesproken om dit proces maatschappelijk verantwoord te willen bewerkstelligen. 20
Dan kunt u van de nieuwe tuinders verlangen dat zij voor de structurele medewerkers in ieder geval de afgesloten tuinbouw CAO toepassen. De naleving hiervan behoeft bijval. Tuinders die niet lid zijn van de NLTO ontwijken dit vaak tot dat de minister van landbouw de CAO algemeen verbindend verklaard. En dan blijft het nog moeilijk in de sector voor de handhaving. Er zijn nu duidelijke aanwijzingen dat personeel tekort komt.
30
Als u het project "Waddenglas" maatschappelijk tot succes wilt maken is het noodzakelijk om tuinders hieraan te houden. Doet men dit niet, dan is de kans zeer groot dat personeel tegen afbraaklonen te wer wordt gesteld. Oprecht hoop ik op succes.
Mei freonlike groetnis, Henk vd Werf kaderlid Bondgenoten FNV, Agrarisch Groen en Veilingen. 40
___________________________________________________________________ steatekommisje Lân, Loft en Wetter ferslach gearkomste 05-03-2008
side 8 .