po@dium in persoanlik moanneblêd fan
Bennie Huisman
Ynhâld Fakânsje
2
Ut it fakânsje-rút
3
Skylge (liet)
5
Skylge 2000
6
De ‘link’ fan Formerum (in trije-lûk)
12
Colofon
26
Nûmer 10 & 11 juli & augustus 2015
Fakânsje De trouwe lêzers fan dit blêd hienen it al gau opmurken en sa reinde it mailtsjes begjin augustus. Se fariearden yn ynhâld fan: ‘ik ha de nije Po@dium noch net krigen’ oant: ‘…jo hâlde der dochs net mei op?’ De earste waarnimming kloppe, want nr. 10 fan - july - wie ek net ferstjoerd. Op de besoarge fraach kin ik gelokkich antwurdzje: ik bin fan doel noch moai wat troch te gean mei Po@dium, al wit ik fansels net hoe lang. Mar de boel rekke wat fan it spoar doe’t begjin july de fakânsje begûn. Dat is foar my altyd in tige ûntregeljende rite; ik reitsje alle kearen wer út myn ‘gewoane dwaan’. Dat ‘gewoane dwaan’ bestiet oer it generaal – en dêryn ûndeskied ik my net fan de measte minsken – út in subtyl en brekber lykwicht tusken belangen en ôfspraken dêroer fan ûnderskate aard en gewoante: Saaklike ôfspraken: dy steane faak sterk, want dêr wurdt jild mei fertsjinne en dêr liket altyd te min fan te wêzen. Ofspraken mei Leafdes, bern, freonen en sibben: dy binne wiffer, want dêr is troch de jierren hinne altyd oer troch-ûnderhannele; en ‘behaalde resultaten in het verleden…’ ensfh. Dan binne der noch de ôfspraken, dy’t ik mei mysels meitsje: dat hiele komplisearde knutselwurk fan ferbylding, langsten, dreamen & driuw, dêr’t elk minske yn wennet en dêr’t er besiket in thús yn te finen. Dy ôfspraken binne by my geduerich yn beweging, fêste foarnimmens ferdwine soms even gau as se opkomme, winst & ferlies kinne fan plak wikselje en de iennichste wissichheid is dat de tiid ûnfersteurber ferrint. Hoe sjocht dat ‘gewoane dwaan der út’ yn myn ferbylding? Want ik wit fansels al lang dat it in illúzje is en dat sels in ‘lege dei’ yn de aginda samar wer folrinne kin mei ûnferwachte aksjes, dy’t fuortendaliks om in réaksje freegje. Mar dochs binne der dagen dat ik moarns opstean, klar im Kopf fan in goede nachtrêst, kofje & in flaubyt meitsje, mysels fersoargje, wat dingen opskriuw dy’t ik by it wekker wurden betocht en oan de slach gean mei de foarlizzende Po@dium of, as ik dy ûnder kontrôle ha, mei foarkommende wurksumheden mei de hannen. Neat jaget my, ik meitsje foar alles tiid tuskentroch, even sjonge, even kofjedrinke en wat langer lunsje mei elkoar, even sjonge, soms in tukje, in slach om op ‘e fyts… Jûns sjoch ik noch even of myn AOW al kommen is en moarn is der wer in dei.
2
Mar no wie it fakânsje en mids de grutte migraasje-weach dreau ik ek nei eksoatyske oarden lykas Skylge, de Fryske marren & Noard-Dútslân en stiet Portugal noch op it programma. It is allegearre moai & nijsgjirrich, en ik fiel my soms in bedoarn bern, mar ik kaam oan skriuwen te min ta. Doe ha ‘k fan de need mar in deugd makke en besletten in dûbbelnûmer te meitsjen. In Simmer-Po@dium, foar july & augustus. Dat stiet eins ek wol foarnaam. Tuskentroch hie ‘k wol tiid & romte om wat nei te tinken oer foarm & ynhâld fan de kommende jiergong. Dêroer hearre jim mear yn it Septimbernûmer.
Ut it fakânsje-rút
troch iere moarn & skiere polder skarrelt stadich skylger boer 3
cowboy op 4 - tsjillich hynderke wapene mei slaai skerpe eagen geduld kalme slachjes along the borders this land = my land aanst kij ferweidzje earst it neisjen fan pealtsjes & fredings
4
Skylge harkje / luisteren
Der is in eilân, it is net fier, Dêr kom ik altyd wol in kear yn ’t jier. Dan wurd ik freon fan waar en wyn, Fan stoarm en rein, fan sinneskyn. O, Skylge, frjemde maat, Eigenwiis tusken see en waad. Wêr’t ik oait op ’e wrâld ek socht, Nearne fûn ik sa’n pracht, Yn sok wûnder ljocht. In grutte fearboat skarrelt oer it Waad, It frije wetter bynt him oan in wynderjend paad. Hy docht in slach lâns it Griene Strân, En komt dan yn it haventsje oan. De Skylger fiske yn ’e âlde tiid, Focht mei de see in wrede striid. No fisket elk it hiele jier Nei klanten foar herberch, ferhier, fertier. Dêr is it simmerfeest as way of live, Dêr bin de mantsjes yn har fourwheeldrive. Dêr sjochst it roufolk nei de burren gean, Sunich klaaid folk bliuwt ferwûndere stean. Winterdei jaget in stoarm oer ‘t strân, Greidfûgels bringe de maaitiid oan. Sinne, dy’t simmers oer de waadsee gloeit, Heide, dy’t yn oktober bloeit. 5
Skylge 2000 Vijftien jaar geleden schreef ik een friestalig reisverhaal over Terschelling, waar ik ook toen al ieder jaar een paar weken vakantie vierde. Het kreeg een plek in Quatta, een bundeltje reisverhalen. Onderstaand verhaal in een -enigzins bekorte- vertaling daarvan.
1. Vanuit de ‘Terminal’ zie ik de veerboot over de Waddenzee aankomen. Om de altijd volle zaterdagmiddagboot te ontlopen hebben we gekozen voor de extra boot, de oude Midslân. Tien jaar geleden was dat nog dé veerboot en werd op drukke dagen een nog antieker geval ingezet. De oudere versies spreken toch het meest tot de verbeelding. Dit exemplaar is weliswaar wat gemoderniseerd en voorzien vann modernere kleuren, maar wat er van toen nog overgebleven is geeft het interieur toch nog een ietwat weemoedige grandeur. Zoals bij de plek waar het eten en drinken kan worden afgehaald. Daar ruikt het nog vanouds naar koffie, moet worden afgerekend met de man of vrouw achter de nog oorspronklijke balie, die er ook rustig de tijd voor neemt. Druk is het niet. Later hoor ik dat zelfs de reguliere veerboot niet helemaal vol was en het lijkt erop dat deze extra boot ook vooral is ingezet voor de auto’s. Dat deel is namelijk wel afgeladen. Ieder jaar lijken er meer auto’s te komen en de modellen worden ook groter en luxer. Terschelling als barometer van de economische vooruitgang. Rondom ons vrij veel niet meer zo heel jonge stellen met kleine kinderen. De meeste vaders lijken nog niet helemaal de overgang gemaakt te hebben van de werkorde en vertrouwde overzichtelijkheid naar de alles in beslagnemende chaos van het full-time ouderschap, waar een ‘moment voor je zelf’ – cq de krant moet worden veroverd binnen een ingewikkeld relatie-spel. De moeders voeren hun eigen gevechten en laveren moeizaam tussen verantwoordelijkheid, loaialiteit en opkomende irritatie. Een hoog inkomen lost ook dit niet meer op. De van de ander gewenste houding is niet te koop.
6
Al hebben ze geld voor een kinderoppas of een moderne variant op de ouderwetse gouvernante, ze willen liever een meelevende partner, die zijn verantwoordelijkheid neemt, nu hij daar de tijd voor heeft. En met een zucht wordt de krant dichtgevouwen en moeten de beursberichten en de politieke analyses maar even wachten. Dan maar met de kleine meid naar het bovendek en daar in de strakke wind staan kijken, want de zon komt zo noordelijk niet vandaag. Kijk, papa, een vogel… Zeemeeuwen vliegen boven en naast de boot, zeilend op stille vleugels. Millenia van evolutie hebben hen geprogrammeerd om moeiteloos een vrije doorgang te vinden in de termiek. Het handjevol mensen op het bovendek heeft de handen diep in de zakken en lijkt niet van zins het meegebrachte eten aan de vliegende artiesten uit te serveren. Daarom kantelen de kopjes in een sierlijk ritme heen en weer en vallen ze zo nu en dan letterlijk terug op het vertrouwde diëet van wat de Waddenzee heeft te bieden. De boot volgt een slingerpad om de steeds weer verschuivende ondieptes heen. Het frisse weer en de stormachtige wind houdt de meeste wadzeilers in de havens. Een leeg Wad is het mooiste wad, vinden veel mensen. Dat is een opvatting die bij mooi weer en de huidige welvaart een paradox opleverd.
2. ´Wadventura´, lees ik bij mijn eerste ommetje door het centrum van WestTerschelling. Woordgrapjes horen bij het etaleren van modern ondernemersschap, maar ´avontuur´ is niet het eerste, dat in mij opkomt als ik aan Terschelling denk. Dat heeft ook te maken met het karakter van ons verblijf. We komen al zo lang hier, in altijd dezelfde historische boerderij, die we met dezelfde familie en soms vrienden bevolken. Het eiland ligt als een grote, al zo vaak doorzworven speeltuin om ons heen en iedereen heeft daar zijn eigen favoriete plekken, rituelen en spelen. Voor mijzelf is dat ook het zingen en spelen op straat. Once upon a time there was a tavern, where we used to raise a glass or two Remember how we laughed away the hours, and dreamed of all the great things we would do...
...zing ik op mijn vertrouwde stekje in ´West´, hoewel ik zelf de gespeelde onschuld op blote voeten al lang voorbij ben. Maar als alle la, la, la..´s weggelaten worden blijft er een mooi en weemoedig liedje over, dat zich ook als een lichte tango laat zingen. Dat past ook goed bij de tekst, die al enigszins gedateerd was toen het een hit was.
7
Der wie ris, lang ferlyn, in aardich kroechje; Dêr stutsen we alle dagen eefkes oan. We laken en ferpraten dan de oeren, En dreamden ús de takomst yn ‘e hân.
Want voor de jeugd van 12 tot 32, die deze zomerweken het eiland aandoen als tijdelijk hoogtepunt van
Dat wie ús gouden tiid, myn freon, ús libben wie In driuw, in dream, in net te kearen stream. Om ‘t wa ‘t sa libje woe it net ferlieze koe; Wy wienen jong, wy leauwden yn ús dream.
een eeuwigdurend dorpsfeest is het niet de bedoeling dat het bij een ´glass or two´ blijft. Dat is geëvolueerd naar een pilsje of twintig, dertig per dag.
Doe kamen foar ús dochs de drege jierren. Oertsjoeging slite aardich ûnderweis. En seach ik dy tafallich yn it kroechje, Dan lakest wat fertroulik en dan seist:
Om dat te kunnen bekostigen is er maandenlang gewerkt, gespaard of gezeurd om verruiming van de ouderlijke toelages. En nu staat op het ei-
Op in jûn lêst stie ik foar it kroechje. Neat like noch hoe ‘t it earder wie. It finsterglês wie krekt in frjemde spegel, Wie ik it ienlik mantsje dat dêr stie?
land een legertje ondernemers parraat om de budgetten vakkundig uit te melken.
Ut ‘e doar kaam âld- fertroude wille; Ik seach dy, hearde hoe ‘t dyn stim my socht. Myn freon, wy binn‘ no âlder mar net wizer, Wy koesterje deselde dreamen noch.
Er liggen kansen op het gebied van huisvesting, vervoer, verhuur en
dansgelegenheden met ruime tapmogelijkheden. Dat zijn overigens bij mijn weten de enige plekken, waar je een toegangsprijs moet betalen zonder veel meer daarvoor te krijgen dan een toeslag op de prijs van de drankjes. Om bij dit dure nachtleven toch nog alle consumptierecords te kunnen breken is het kopen, leegmaken en opstapelen van bierkratten een vast folkloristisch onderdeel van deze cultuur geworden. Het lijkt plat, maar het heeft een nuttige funktie. Het is een subtiel systeem, dat helpt om alle Sturm und Drang, overschreeuwde onzekerheid, geilheid en de rudimentaire behoefte om aan initialiseringsriten mee te doen, om dat hele explosieve mengsel wat binnen maatschappelijk acceptabele grenzen te houden. Voor de grensoverschrijdende bijkomstigheden waaraan niets te verdienen is zorgt de politie met een ´lik-op-stuk-beleid. Toch gaat het soms echt mis. Ons vakantieverblijf ligt aan een van de aan- en afvoerroutes tussen ‘De Appelhof’, de populairste jongerencamping en ‘where the party is’ en dat levert altijd een nachtlijk uurtje herrie op. Maar dan blijft het een nacht stil, angstig stil. De volgende ochtend hangt op een andere campng de vlag halfstok en markeert een bos bloemen de plek waar een jongen op een scooter is verongelukt.
8
Feit en verbeelding zoemen een paar dagen over het eiland. Dan hebben wij onze zoon al weer veilig onder de vleugels, even uitgeput van als enthousiast over alle nachtelijk rondzwerven met een achttal schoolvrienden. Het lijken ons ontberingen, maar voor hen is het een mix van verkenning, uitdaging en avontuur, al zijn de bergen die worden beklommen nog zo banaal. Wat de Appelhof is voor de jongeren vanaf 12 jaar, is Oerol voor de generatie van hun ouders en zelfs grootouders. Behalve een podium voor theater en muziek is het ook een favorite plek om vreemd te gaan en voor andere uitspattingen. Om Remco Campert te parafraseren: ...alles zoop en naaide, heel Terschelling was één grote matras... Dat is de Appelhof in de maanden daarna ook, maar er is toch een verschil. In Oerolmaand juni is er een piek in ongelukken met psychedelische drugs, in de maanden daarna staan problemen met coma-zuipen op nr. 1.
3. Wanneer de zon niet al te uitbundig schijnt en de wind het droge zand wat met rust laat ben ik er graag: het Noordzeestrand. Ik wandel met gelijkgestemde zielen langs de eeuwig ruisende zee, raak verloren in de leegte en verwonder me over de diehards van middelbare leeftijd die vastbesloten de branding tegemoet lopen. Als de zomerzon het voor het zeggen heeft trek ik mij liever terug op beschaduwde terrasplekken bij een strandtent. Daar vermaak ik mij met de gratis voorstelling van het strandspektakel, tegen het decor van verdwaalde witte zeiltjes en vrijwel onmerkbaar over de horizon glijdende containervrachtschepen. De meest oostlijke strandtent, ter hoogte van Oosterend, draagt de naam: Heartbreak Hotel. Het heeft een ietwat ‘vrijgevochten’ imago, opgebouwd rond de film- en popiconen uit de jaren ’50 en ’60 en Elvis Presley in het bijzonder.
9
Het lijkt de erfenis van de ludieke jaren ’70, toen het Amsterdamse Festival of Fools op het eiland een dependance kreeg onder de naam Oerol. Dat was in het begin een vrolijke chaos, met muziek, dwaasheden en straattheater. Terwijl het Festival of Fools al lang niet meer bestond evolueerde Oerol naar een hogere status, dat van officiëel erkend Kultureel Festival met de daarbij behorende subsidiemogelijkheden en sponsoring. Het trekt bewoners van grachtengordels uit het hele land, zonder dat het z’n ‘Fools’-karakter helemaal is kwijtgeraakt. Het Heartbreak Hotel is in die evolutie meegegaan. De parkeerplaats onder aan de duinen staat deze zomermiddag helemaal vol met auto’s en een meer dan evenredig deel daarvan is uitgesproken bovenmodaal en uitgerust om jonge gezinnen met kinderen samen met het nu daarbij horen speelgoed en uitrusting te kunnen vervoeren. Oosterend was het voeteneind van het eiland en daardoor in trek bij natuurliefhebbers en rustzoekers onder de beter gesitueerden. Nu worden de vakantieverblijven in hoog tempo aangepast aan de explosief toegenomen budgetten en evenredig gegroeide comfort-eisen van de doelgroep, die hier met het mooie weer het strand opgaat en aansluitend neerstrijkt op het terras van deze tent, die hen een aantreklijke mix voorzet van sjofelheid, vijftigerjarenknipoog en een relaxte bediening, die de bestellingen digitaal doorstuurt naar bar en keuken. Speelsheid én beide ondernemersvoeten op de grond houden, het is een combinatie, die hier op Terschelling z’n subtielste en vruchtbaarste vorm lijkt te hebben gevonden.
4. ’s Avonds, bij het open haardvuur, lees ik voor uit De Hobbit het boek, dat aan Tolkiens beroemde In de ban van de ring - triologie voorafgaat. Hoofdpersoon Bilbo Balings laat zich door de tovenaar Gandalf overhalen tot het ondernemen van een gevaarlijk avontuur, hoewel hij liever met z’n luie reet in de comfortabele kussens wil blijven zitten, denkend aan het volgende overvloedige diner. Maar het avontuurlijke bloed van grootmoeder Toek is net even sterker dan de Balingsgewoontes en hij gaat.
10
De uitdagingen halen het beste uit hem boven. Avonturen en uitdagingen zijn goed voor de mens en daarom zijn deze produkten vandaag de dag in alle maten en soorten te koop. Zelfs ‘de baas’ stuurt ons in zijn tijd en van zijn geld op overlevingstochten, want hij is dol op ‘ons beste’. Of dat van een ander, als dat van ons op is. De nacht valt. We slapen, anderen worden nu eerst wakker en gaan pas slapen wanneer wij aan de nieuwe dag beginnen, fris en klaar om wat dan ook te ondernemen. Alle ‘reis’ op Terschelling gaat over uitgesleten paden, in wisselend gezelschap. Alles wat we ondernemen is meer spel dan avontuur. Vandaag staat de ‘Acht van Formerum’ op het programma. Zelfbedacht en bestaande uit de langste fietstocht die op het eiland is te maken. Met minimaal twee keer een onderzoek naar de kwaliteit van de plaatslijke horeca. De eerste etappe: de ‘oost’ om langs het Wad. Tegenover de lichtzinnige Noordzeekust met z’n juttermentaliteit, staat de strakke, strenge Waddenkust met de lage polders, die moeten worden beschermd tegen de uitbarstingen in het onvoorspelbare huwlijk tussen Noordzee en Waddenzee. Nu is recent de catechismus van het bedijkingsgeloof nog eens goed bestudeerd, zijn de verantwoordelijkheden opnieuw geformuleerd en kan ik iedere dag vanuit het vakantieverblijf de onverstoorbare graafmachines zien, bezig met het laatste traject van de dijksverhoging. Maar hier gaan veiligheid en vermaak hand in hand en zo ontstaat een buitendijks fietspad, met uitzicht over de Waddenzee. Een uniek traject, dat zeker populair wordt als het helemaal klaar is. Bij de Wierschuur langs, door een stuk van de Bosplaat en een slingerpad onder de duinen langs bereiken we onze eerste pleisterplaats: de strandtent bij Hoorn, aan de binnenkant van de duinen. Ook hier weer een voorbeeld van speelsheid in de vorm van een Simmer-2000-koe, waarvan hier met de nodige ironie een ‘fietskoe’ is gemaakt. De lichtheid van het bestaan lijkt hier niet ondraaglijk. Aan de tweede helft van de ‘Acht’ wordt begonnen door een kleiner gezelschap en na het passeren van ‘West’ blijf ik over met mijn jongste zoon. We laden ons nog even op bij een uitzicht over het Groene Strand en storten ons op het ommetje over de Noordsvaarder. Het eerste stuk valt ons nog niets op, maar als we het bos in duiken richting Longway worden we ons er van bewust, dat we nog maar samen zijn. Meer dan twintig minuten lang komen we op dit zo populaitre traject niemand tegen. Pas bij Paal Acht treffen we weer iemand. Als ik een blik werp op mijn horloge begrijp ik het: ‘etenstijd’!
11
1.
8
De
fan Formerum’
Fyftjen jier lyn betocht ik ‘De 8 fan Formerum’.
Sûnt hat de digitale revolúsje net inkeld ús libben yngripend feroare, mar ek it úterlik fan de taal ynfektearre mei in soarte fan ‘sms-steno’. Al wit meikoarten de jongste generaasje net mear wat ’sms’ is, se sille ôfkoartings as 2U of 4U kenne en tapasse. Dêrom ha ‘k yn dizze eigentiidse fariant de titel wat feroare. Mar hoe neam ik it boppe-steande teken, dat geografysk de rûte better werjout dan in 8? Link? De ‘Acht’ wie betocht as in selsskipsspul, in útdaging foar jong, âld & alles dêrtusken. ‘Jong’ is al lang útswalke oer de wrâld, mar waait út & troch oan. Ald bin ik sels, mar net fersliten. En alhiel allinne bin ik ek net op dizze solo-fariant, want skriuwer, waarnimmer & oertinker reizgje mei. En ik ‘link’ alles oan inoar.
Earst mar eastlik om. It ‘spul fan de measte km’s’ stjoert my earst pal noardlik, troch it bosk hinne nei de strânoergong by Formearum oan see. Dat is de favorite hotspot foar in ‘sunny afternoon’ fan alle bluisterich jongfolk. As de nacht wat ferwurke is wurde se hjir by moai waar ôfset troch ôf- en oanridende taksi-buskes. No is it noch ‘sunny’, noch ‘afternoon’ en leit de gloednije rotonde, dy’t foar dize logestike operaasje oanlein is (de twadde fan it eilân) der ferlitten by.
12
Oer in slingerpaad troch de fierste dunen fan De Koegelwieck en achter it Formerumer bosk del kom ik op de fytshighway nei Oosterend om by Hoorn wer in bosk yn te dûken, rjochting de see.
In beklimminkje en de drokte leit achter my. Oer bakboard brekt de boskseam iepen en jout in bankje útsjoch, op it Hêdredersplak. Even sitte. Even skriuwe.
bedimme wyn bespilet de snaren fan ‘e bosk in iisbaan rêst yn griene simmerklean yn kalme wissens dat de winter komt ik wrakselje tsjin en hâldt my fêst oan oktoberljocht, dat lang al yn my wennet
Ut it Hoornse bosk wei fierder eastlik. Lavearjend yn de stive wyn op, oer in ferlitten fytspaad tusken hege dunen, heidefjilden en ferdwaalde hoekjes greide troch. It paad komt út op de Oosterender Badweg, in al wer wat datearre namme yn de rekréaasjerevolúsje, dy’t Skylge yn betreklik koarte tiid fan de earmoed yn de rykdom brocht hat. In flagge wabert yn ‘e fierte: Heartbreakhotel. Dat is yn famyljeútstapkes in oanstekplak, bedoeld om de sportive ûndernimmings ek oantreklik te meitsjen foar it jongfolk. It bern yn my begjint te seuren en de skriuwer falt by en wa bin ik om it dan noch tsjin te hâlden en krekt foar de grutste lunsj-drokte út even in kulinêre sondearring te dwaan? In plakje út de wyn, in moai útsjoch, glês reade wyn en: - wat nijs - vegetaryske bitterballen. Dy binne even troch de kokos rôle en lekkerder as gewoane. It skriuwboekje giet iepen foar de earste oantekeningen. It moat wurk bliuwe. Ik sjoch út oer de Noardsee, dy’t by dizze stive wyn wat yndruk meitsje wol op it brede, noch frijwol ferlitten strân. Dat wurdt der lykwols net oars fan. Fan de Badwei ôf docht it fytspaad in slach-om oer de Bosplaat, in Jeropeesk Natoermonumint. Geduerich yn beweging, oerlitten oan de eleminten. Mar alle feroarings hawwe harren eigen tiid, los fan it minslik tiidsbesef. We sjogge de beammen en it strewelleguod troch de tiden fan it jier feroarjen, we registrearje dat de wylde apelbeamkes groeid binne, mar it ferskowen en ferstowen fan ‘e dunen is yn it foarbykommen net te folgjen.
13
De see om it eilân hinne is it ivige fruchtwetter fan it ûntstean, fan it fergean. Se is noait fierôf, we rûke har, fiele har, bewûnderje har. Se is wreed én moai as se stoarmich te kear giet, mar se bliuwt ek aaiber, we kinne sels yn har swimme, mar altyd hoeden en weromhâldend. Tagelyk liket it eilân syn oarsprong betwongen te hawwen. Diken en dunen beskermje it minskewurk en de grutte wylde romte dêromhinne is ferkavele yn fiskgrûnen, fear- en farrûtes. We jouwe har út en troch in hap sânfretten en wize har fierder it plak of we akseptearje har nukken en farre in eintsje om. Mar dyselde see is ek al ieuwenlang in hôf. Tûzenen skippen en harren bemannings rêste op en yn har beweeglike boaijum. Fergien yn in stoarm of ta sinken brocht yn in oarloch. Se rêste yn frede. Of net. Want yn de oer de boaijum sleepjende netten fan de fiskers bliuwt wolris wat heakjen. Tafallich. En komt in brokstik boppe wetter dat nei ferhalen rûkt. Fassinearjende ferhalen. En sokke ferhalen meitsje benijd nei dy ûnderwetterwrâld en roppich nei mear ferhalen en noch mear. Sjoch mar.
De bewenne wrâld kundigt him oan mei in pleats, dy’t as twadde tûke in hanneltsje hat yn 2e -hâns berneklean. Mar dy bin ik al ûntgroeid en myn pakesizzer libbet yn weelde. By it Waad stiet sûnt jier en dei de Wierschuur, ivige bemidler tusken generaasjes jongfolk en de natoer om harren hinne. Se ha der útfanhûze en fan dêrút oer waad en plaat swalke. It soe oars samar feroarje kinne yn in lúks konferinsjeoard mei djoere kursussen foar managers yn de finansjele sektor. Dy soenen lykwols mear ha oan de besteande sitewaasje. Foar de wyn by it waad del. Ik fyts ek oer de itenstafel fan de seefûgels, dy’t harren hurdskalige fangsten fan grutte hichte op it asfalt falle litte om harren dêrnei oan it weake miel te setten. It is frij helder, de fêste wâl is goed te sjen. Gun mysels in ferlitten bankje om yn alle rêst it poëtysk gea te skôgjen. Haw fytspaad en waad súver foar my allinne. Alles swijt.
14
ik bin it praten ûntkommen it spul fan fraach en oanbod foar kommende tiden haw ik my oerjûn oan Spielerei skep flinters fan ferbylding lit los & wachtsje swijend sjoch ik de see oer fierôf it ferwaaide roppen fan gastfûgels wachtsje oant myn útfleine tinzen nei my weromkeare oer see
wachtsje
15
2.
As ‘k yn ‘e iere middei werom bin op de útfalsbasis befalt my de lea. Rûzigens, fan de stive wyn, fan de reade wyn, myn súdlik bloed en - toe dan mar - myn jierren. Yn neifolging fan de Pater Familias beslút ik ta in tukje en ik jou my del ûnder it ieuwenâlde tek mei de knik yn ‘e naal. Tapaslik, want de oerlevering hat dêr in moai ferhaal fan makke, dêr’t de reade wyn ek in grutte rol yn spilet, alteast yn de ferbylding fan Douwe Tamminga, dy’t der in ballade oer makke. Tamminga wie befreone mei de Grinzer keunstner Willem Valk en syn frou Ella Goodijk en hie ek wolris syn kommen op Skylge, yn it fakânsjeferbliuw mei de ’iepen doarren’ foar famylje, freonen en kunde. Valk, dy’t ek dosint wie oan Minerva, kocht it âlde pleatske al foar de oarloch, doe’t de lêste boer en bewenner der mei ophold. Yn de oarloch moast er it ôfstean oan de besetter, mar nei de oarloch, yn al dy lange fakânsjes, libbe hy him út op de âlde pleats en makke der it keunstwurk fan, dat it no noch altyd is. Der is net in hoekje hjir, dat net syn handtekening dracht.
De ‘Ballade fan it Spylske hûs’ waard skreaun yn 1955, publisearre yn it literêre moanneblêd De Tsjerne en krige in jier letter in plakje yn Tamminga syn bondel Balladen. Yn 1959 bestie de pleats 200 jier en waard it fers fansels troch de auteur foardroegen. Mar ta gelegenheid fan it jubileum waard der foar alle gasten - en benammen de famylje - in spesjale útjefte fan makke, op moai papier en mei in houtfyk fan in kollega fan Valk op Minerva, de Grinzer keunstner Nico Bulder.
16
1
2
Kom freonen, skik wat by it fjoer En lit de skoarstien bromme. By’t fier en jûnich seegerûs Moat dit ferhaal fan ’t Spylske hûs Gjinien fan jim ûntkomme.
Sa is it no, sa wie ‘t alear. Dy readbepanne skuorre, Ferware yn rein en sinneskyn Is boud twa rûge ieuwen lyn Sa lêst men op de muorre.
Wa’t no de Eilânswei oer giet Te foet of yn sân hasten, Fernimt fan ’t Hûs al fier foarút Deun by de Mole om ‘e súd De wytbestrutsen foarsten.
Mar wa’t de griene pôle op rint Tinkt fuort oan ûnk en evel. De skuorrenaal, hoe kin ’t sa bryk, In spylske kowerêch allyk, Rint bochtsjend nei de gevel.
17
3. En hjir begjint dan ‘t bryk ferhaal Twahûndert jier foar dizzen Wie Tsjaard fan Jort fan Jap fan Hee te riede woarn om op dit stee de earste stien te lizzen.
4.
De spuonfeint mei in boppelêst Lei sliepende yn de jouwer. En Tsjaard fan Jort hold op ‘e naal In oanspraak yn de Spaanske taal En die de Skotske Fjouwer.
Syn holster loek yn ’t bolle sân In streek, - dat wie de bridte. En al it boerefolk gie los, It each wie harren wetterpas, De juttersheak har mjitte.
Sa floeide dêr in simmer lang De Spaanske wyn by kannen. Oant nei in lêste dolle roes It hiele hollebolle hûs Siet ûnder tek en pannen.
In houtlêst, by it floedmerk fûn, Tôgen hja oan op weinen. Op Tsjaard syn pôlle waard it lost, Ta hoannebalke en bynt ferklost, Iken en Riga ’s greinen.
Doe’t alman ’s lever skodde hie, It stegerwurk weinommen, Rôp ider tusken dyk en dún: Dy hele nije boereskún Is dronken, pot mei blommen.
Mar alle mjitte en roai wie wei Doe ’t westlik by Peal Alve In skip mei Spaanske wyn fergie, Hja dronken it oft ’t wetter wie, En’t smakke har as salve.
No bin de bouwers lang fertein, De jierren krieme en keare. Noch hat it Hûs dy spylske bocht, It swiete Spaanske drúvefocht Ta ûnfolpriizge eare.
Al spyljend bouden hja it hûs. It geafolk stie te gnuven. De opperman song as in alk En mong syn droege mitselkolk Mei oalje fan ‘e druven.
Gjin wûnder, dat it nommel folk, Dat dêr no fiert de leie, Oeribel hâldt fan sang en dûns En by har gearsit jerne jûns In Spaanske taapje meie.
De boppebaas mei tizich sin Soe ’t steande wurk ris sichte. Mar fij, naam hy de dyk yn ’t each Dan wie’t oft hy de dunen seach, Sá hie ús maat de hichte. >>
Want as de koark de loft yn poft Dan bart der ’t iene en oare. Dan rûst it heimich út de kap En heart men Tsjaard fan Jort en Jap Sêft sizzen: Si Signore.
Sa wie ’t ferhaal fan ’t Spylske hûs. Sa, freonen, waard it makke. ’t Wie wol de brike kant wat nei, mar dochs, it wie te goed om wei. Ik hoopje ’t hat jim smakke.
18
Tamminga krige foar syn dichtbondel Balladen, dêr’t de Ballade fan it Spylske Hûs yn publisearre waard, yn 1957 de heechste literêre priis yn de fryske taal: de Gysbert Japicx-priis. It portret hjirneist waard doe makke om in plakje te krijen yn de galerij fan winners troch de tiid hinne. Al dy portretten hingje no yn de Gysbert Japicxseal fan Tresoar, yn Ljouwert. De Ballade is net it iennichste fers oer Skylge dat Tamminga skreau. Yn deselde jiergong fan De Tsjerne is ek it fers te finen: Fan it Skylger lân, in neidichting fan in earder fers fan Obe Postma mei as titel: Fan it Fryske lân. Dat begjint sa: Haww’ jimm’ wol west op de terp te Biessum, en binne de reed syn suvere ring goun De huzen dêr oan, de bûtdoar nei de wei keard? In tsjerke koe net wurde; folslein oars it karspel. Of dan te weiwurd - folmakke - de tsjerke it mulpunt, Of te Marsum ferdold, mar it hôfke behâlden? Te Ezing fansels binn’ jim kundich; mar ha jimm’ ek stien te Oostum? Of te Wierum op ‘t heechste en de fjilden sjoe wiid om jimm’ hinne? Dat alles is Fryslân.
Tamminga folget it foarbyld fan Postma tige krekt. Dêryn spylje de pleatslike toponimen - krekt as by Postma - in grutte rol. Omt ik net alles thúsbringe koe ha ‘k it foarlein oan in kenner fan Skylge: Teunis Schol, de ’boekeboer fan FormerumZuid en net tsjinsteande syn argaïske foarkommen wol sa by de tiid, dat er myn mail per omgeande beantwurde. - yn it Skylgers. Op de folgjende side it fers fan Douwe Tamminga en oanslutend it kommintaar fan Teunis Schol.
19
Douwe Annes Tamminga is op 22 novimber 1909 yn Winsum (Fr.) berne. Nei de legere skoalle moast er by de boer oan it wurk, letter kaam er yn de bou, mar beide soarten wurk foldiene him net, hy woe leare. Fia de kristlike ulo en normaallessen yn Frjentsjer waard er ûnderwizer. Trochdat der yn de krisisjierren te min fakatueres by it ûnderwiis wiene, slagge er earst noch net as sadanich oan wurk, mar bedarre er yn it foarmingswurk foar jonge wurkleazen. Nei de oarloch wie Tamminga dosint oan de Ryks- lânbouwinterskoalle (R.L.W.S.) en de Ryks-h.b.s. yn Snits. Hy studearre foar de middelbere akten Nederlânsk en Frysk en wie fan 1962 oant syn pinsjoen yn 1974 as wittenskiplik meiwurker ferbûn oan de Fryske Akademy foar it wurdboekwurk. Tamminga wie warber op frijwol elk literêr mêd: as dichter, kritikus en satirikus, oersetter, romanskriuwer, biograaf en lietsjesskriuwer. Hy stoar op 5 april 2002 yn Ljouwert.
(boarne: Sirkwy, Tresoar)
D. A. Tamminga
FAN IT SKYLGER LAN.
Haww’ jimm’ wol west oan it waad by Kinum, en binne de keech syn nuver berin goun De huzen in kloft, de mendoar nei ’t lij keard? In tsjerke koe net wurde; folslein oars de himrik. Of dan te Hoarne – fersakke – de tsjerke in kalklaach. Of te Stryp, fersloopt, mar it hôfke behâlden? By Halfweg fansels binn’ jimm’ kundich; mar haww’ jimm’ ek stien te Stortum, Of te Horp op it heechste en de mienskar oereage deun om jimm’ hinne? Dat alles is Skylge. Kenn’ jimm’ it gat yn de Kaaidyk by ‘Strein? Haww’ jimm’ belibbe op it strân om uterste Aast oan it Boarndjip Wytsinge plondertocht? Faaks binne jimm’ tein mei Douwe Spanjer syn reau nei briedplak en Bosplaat ta Om de kobben te hearren en de ‘barningen’ rizen te sjen! Mar haww’ jimm’ ek west mank it reid en de prip fan de blaustikel field? En haww’ jimm’ de cranberries preaun út de seame fan ’t Hordredersplak? Dat alles is Skylge. Op Dellewâl hawwe jimm’west, mar haww’ jimm’ de dyk by de Oeltsjes sjoen en de wiel lyk efter de lobbe? En hawwe jimme wolris beklommen – sa moat ik noch freegje – de Stins, Sintrum fan Popma ’s gesach, kearn fan de eilander frijmacht? Kenn’ jimm’ de nammen Actania en Wexalia yn skiednis’ ferrin? En de koaien, de swarte, help ta it âldste wurk? En hawwe jimm’ stien by Kaerdt of by Hee en de âlden dêr ‘preitse’ heard oer strân en oer sibben? Dat alles is Skylge. Goeie Bennie Huisman, Tamminga hat et Aaster Hêdredersplak yn et Wester Schylingers schruoun. De Kaaidyk bi Strein wae un ôde binnendyk bi Aastrein. Borndjip is Borndiep un ôd fearwetter tusken Schyljelôn en de Boschplaat. Wytsinge seit mi niks. De Oeltsjes is bútendyks lon. De wiel is et restant fon un dyktrochbraak. Lobbe?? Kon dot Dôbe wêze? Actania en Wuxalia bin ôde namen fon Schyljelôn. De Popma's wannen ooit de " heren van Der Schelling en Griend en Grietmannen van Wuxalia". Jo wennen yn de Stins, nog te finen achter Hotel de Boschplaat yn Aastrein. Mei gelok bin jim wer wot wiizer worren. groet T.
20
3.
Westlik om
De twadde helte fan de ‘Link’ fiert my wer earst noardlik, rjochting de strânoergong by Formerum, mar healwei it lêste ein stek ik oer, om oer it fytspaad it westen yn te fytsen. Dat oerstekken falt noch net ta. Taksibuskes mei jongfolk ride ôf en oan, no’t de nacht wat ferwurke is en de sinne ‘der wer wat mear bykomt’. Al gau ferskine oan stjoerboard de earste simmerhúskes fan it keunstmjittige doarpke Midsland aan Zee. It bestiet krekt as West aan Zee fierderop alhiel út simmerwenten. En dy binne meast yn it besit fan in aparte minskesoarte: dy mei jild. No is dat in relatyf begryp, want sels bin ik wolfarender as myn pake ea west hat – mar dit is dochs fan in oare kategory. Doe’t noch foar de 2e wrâldoarloch de earste, beskieden simmerhúskes hjir kamen, wie dat noch net sa dúdlik, mar troch de tiid hinne binne dit gouden plakjes wurden. Dy earste generaasje wienen simpele houten húskes mei amper foarsjennings. Letter, benammen nei de oarloch kaam in twadde generaasje, stien, wat lúkser en wat rejaler. Dêrfan steane der ek no noch guon. Oant se te keap komme, want se steane op tige eksklusive plakken, yn de dunen en tichte by see en strân. Dan wurdt meast it plak ferkocht en meitsje det oarspronklike húskes plak foar kapitale fakânsjewenten, faak ûnder argitektuer boud. Dy binne oars ek yn oare sin eksklusyf, want waarden de sobere foargongers neist it eigen gebrûk noch ferhierd – om de kosten draagliker te meitsjen – in soad fan harren opfolgers bliuwe faak leech stean.
21
Want of it no wyt of swart jild is, der is genôch. De needsaak om te ferhieren is der net en de eksklusiviteit is wichtiger as it eilân en har bewenners sels. Dy binne dan ek not amused, want it ûnderferhieren bûten eigen gebrûk wie en is altyd ien fan de kuorken, dêr’t de pleatslike ekonomy op dreau. En driuwt, al is der hjoeddedei ûnder de eilânbewenners net folle earmoed mear te finen. Ik ferken de fierste hoekjes fan de beide doarpen en lit ta beslút ek noch even in skalk eachje falle op it nijmoadrige optrekje fan Jort Kelder, dy’t suver in eigen strânoergong hat. It falt my net ôf. It hat de Friesland Bank de kop kostte, mar dan ha jo ek wat. Ik hie yn in glossy al even binnendoar sjoen en der is alsa ek gjin needsaak om oan te beljen. Wylst ik wer opstap en my noch ôffreegje wa’t it no it measte troffen hat – dizze BN-er of dizze AF-er (Anonime Fries) - ferleit de oandacht him al nei in oare foarm fan rykdom. Dat waard eins triggere troch wêr’t it each op foel fan de dyk ôf tusken de beide doarpkes yn: in dún-delte (“duinvallei’), grôtfol mei fûgels. Yn in tiidsbestek fan sa ‘n 15 jier is op ûnderskate plakken yn it dúngebied de iensidige begroeiing fan de dellings – strewelleguod, brommelstrúken, helmgers – mei masjinaal gewelt ôfskrape oant it keale sân wer foar ’t ljocht kaam. It wetterpeil wie jierrenlang keunstmjittich leech holden om de boeren te gerieven, mar krijt no hjir en dêr wer de romte, lykas fierderop lâns de Longway, dêr’t by it plak mei de ‘simmerhúske-namme ’Eldorado’ losrinnende, swarte kij yn omstappe.
22
SKYLGE
Victor Westhoff
De brand der zon, ‘t gezoem der bijen verzonk in ‘t donker lied der zee. Koelte rijst in de duinvalleien ─ een ijle geur zweeft mee. Het duinlandschap verwijdt in schemer; een diepe eenheid omvat weer het witte kraterzand en ons en ‘t zilverbronzen knopbiesmeer Ut: Levend Barnsteen (1944) Mear fersen: http://peter-sandifort.com/ Se binne fan it Galloway-ras en om foar te kommen, dat se de kninen achternei gean binne se kastreard. De oarspronklike sitewaasje op it eilân (eartiids koenen se winterdei op redens troch de dunen fan West nei Aast ride) komt net werom, mar wêr’t it feroare is sjocht it der prachtich út. Fûgelrykdom, plante-soarterykdom en al dat oare, dêr’t ik gjin determinearjend talint foar ha, der rejaal op ta. Dêr’t de strânoergong by Peal 8 begjint leit de Badhûskule ek wer oarspronklik moai te wêzen en dêr tref ik in byldsje fan Victor Westhoff, in ferneamd Nederlânse biolooch. Der steane noch 5 krekt sokke byldsjes op ûnderskate plakken yn Nederlân, dêr’t syn ynset en ynsichten fan belang wienen. Want mei troch syn baanbrekkend wurk binne de wizen fan natoerbehear feroare en dêr hawwe we dizze dún-deltes ek oan te tankjen. Dêrneist wie er ek dichter en skreau er skôgings oer it minslik bestean. Op wiki is in koarte biografyske skets te finen: (https://nl.wikipedia.org/wiki/Victor_Westhoff)
De Longway waard yn de jierren fan de 1e Wrâldkriich oanlein yn it ramt fan ‘wurkferskaffing’. Se krige har namme fan it doe populêre soldatelietsje, dat de wurkleaze arbeiders songen as se moarns nei harren wurk ‘marsjeerden’: It ’s a long way to Tipperary…
23
Eldorado Dat wurk bestie út it ferhurdzjen mei skulpen fan de sânwei nei it strân tusken Peal 8 en 9, dêr’t yn dyselde jierren in ‘badhotel’ boud waard (1916). No wol in neisaat fan de doetiidse útbater dêr in moderne replika delsette fan dat badhotel, dat yn 1943 troch de Dútsers sloopt waard. Fansels is dêr opposysje tsjin en komt de rjochter der oan te pas. Ik fyn it in moai idee; as dan tagelyk de besteande hotelbunker by Peal 8 sloopt wurdt. De Longway wurdt drok befolke troch de fytsende pakesizzers fan de doedetiidse arbeiders, sels faak ek wer mei harren pakesizzers. Meast noch op eigen kracht: de stipe út ‘e stekker is hjir populêrder by it jongfolk. It paad noeget my út om no streekrjocht it haadplak fan it eilân oan te fytsen, mar ik nim myn favorite slach-om troch in hoekje Noordsvaarder en de bosken boppe West hinne om westlik fan West by it skier eineleaze Griene Strân út te kommen. Inkeld al om it útsjoch de muoite wurdich. Utsjoch op Flylân, de fiere skiere kimen en it wide Waad, dêr’t de hurde werklikheid fan skippers en fiskers plak makke hat foar de Homo Ludens. Der wurdt hjir boartte, mei inoar, mei it sân, mei boatsjes, draakjes & surfplankjes – want sels it grutste seeweardige jacht liket op dizze distânsje en yn de wide romte in ‘boatsje’.
24
Ik jou my del op in terras yn it mierenêst fan West, mei útsjoch op it plak, dêr’t ik juster noch even spylman wie. En foarich jier, en dêrfoar; want it is al in heal libben lang in spul, dat troch de tiid hinne geande holden is troch wikseljende driuwfearren. It begûn út in romantysk byld wei, dat rûkte nei frijheid, mar it waard al gau foar in skoft in finansjele needsaak. Letter it praktisearjen fan in feardichheid, dy’t my op takomstige fiere & aventoerlike reizen fan pas komme soe. Mar de reizen kamen net of waarden minder aventoerlik en no is it inkeld noch in spul, dêr’t de echo’s fan eardere bedoelings noch wat melangolysk yn trochnúnderje. Soms besykje ik wat djipper troch te kringen yn it spul & de betsjutting. Lykas juster, doe ’t ik my op dizze selde stoel, oan itselde taffeltsje de tiid gunde om my al skriuwende wat te besinnen: ik sykje net it grutte spul, it steamen fan streamen minsken it rücksichtlos stoarmjen nei hokker? middelpunt
ik sjong myn lieten yn útsochte strjitten fisker nei oandacht & jild spitst op wat heakjen bliuwt yn myn mannichfâldichnet it is ambacht & pose ferlieding & parody
my lokt it Kammerspiel, eagental & ûnderskieden stimmen & stilte
dêrûnder de skriuwer dy’t alles yn each hâldt dêrachter de sjonger dy’t syn stim útlient en weromhâldt as it kostberste djoerder as herteklop leafde & hope
boppenal hâld ik fan stille Augenblicken
man siegt nicht die Welt man sucht Sie
krekt foar muzyk begjint
25
Nei alle oertinkings & filosofyen kin myn wêzen skjinwaaie op it lêste stik, fan West ôf, bûtendyks by it Waad del. De hege dyk hellet soms de skerpste kantsjes wat ôf fan de noch altyd stive noard-eastenwyn, mar it is ek noflik dat it fysike it prakkeseardrige even ferdriuwt. Op ‘e pôle is fan myn partikuliere skriuwplak ôf it útsjoch al wer feroare. De jûns helje ik myn jongste soan fan de boat. Hy sit fol yn de tsjinwyn fan it libben en siket even de lijte fan famylje. By de fiskkream op de haven diele we in bakje kibbeling. Ik sil it út mysels net gau keapje, mar sa - we beprate ûndertusken even it wichtigste transfêrnijs en de ferwachtings foar ‘t Feen’ yn de kommende kompetysje - smakket it my ‘as salve’.
Colofon Skylge: tekst, zang & instrumenten: Bennie Huisman melodie: (Oh, Island in the sun...) Lord Burgess Walske side 25: Bennie Huisman, útfiering Herman Peenstra
po@dium is in digitaal moanneblêd fan Bennie Huisman It komt alle moannen út op ien fan de lêste dagen fan dy moanne. Dit is it Simmer-dûbbelnûmer fan july & augustus 2015 Alle ôfleveringen steane ek op myn site: www.benniehuisman.nl/po@dium/
26