Stifting ArgHis
Jaargang 10, 2006
1
Klaaikluten Nijsbrief fan de Stifting ArgHis
1
Stifting ArgHis
COLOFON Klaaikluten verschijnt enkele malen per jaar en wordt uitgegeven door de Stifting ArgHis: ARGEOLOGYSK-HISTOARYSKE RUNTE LITTENSERADIEL
Bestuur: S.Fopma J. Scheffer J. Kersbergen Ph. H. Breuker Th. Kuipers H. Meijering
voorzitter secretaris penningmeester bestuurslid bestuurslid bestuurslid
Redactie Klaaikluten:
Ph. H. Breuker Th. Kuipers
Vormgeving en opmaak: Correspondentie- adres:
F.J. Sieperda, De Finne 20, 9022 AZ Mantgum
[email protected]
Philippus Breuker, Singel 1, 8635 MK Boazum Th. Kuipers, De Ponge 4, 9022 BA Mantgum e-mail:
[email protected]
Het lidmaatschap van de Stifting ArgHis bedraagt € 12,50 per jaar. Het blad Klaaikluten krijgt u dan gratis toegestuurd. Adreswijziging: KB-Registratie Titel: Klaaikluten ISSN: 1572 - 1191
2
J. Scheffer De Terp 11, 8831 ZG Winsum (Fr.)
[email protected]
Foarôfwurd
ArgHis bestiet tsien jier en Klaaikluten dêrmei ek. As taheakke by dit nûmer ferskynt dêrom in register op tsien jier Klaaikluten, dat Jelle Miedema betocht en ek makke hat. Dat hat net in lyts kerwei west. Wy tankje him dêr tige foar. Miedema hat ek wer in bydrage oan dit nûmer sels. Dat is neat minder as in lytse ûntdekking. Hy fûn nammentlik in keatse- baan yn Easterein. Dêr wie neat fan bekend. Ek de beide redaksjeleden hawwe wer in by- drage. De iene giet oer de boargerwapening te Mantgum yn de Frânske tiid, de oare oer aparte beroppen en bezichheden yn it Baarde- radiel fan dy tiid. Arjen Versloot skriuwt oer de nammen fan fearten yn de gemeente. Dy ELQQHNRDUWO\QRI¿VMHHOIrVWVWHOG+\KDWVHOV in grut oanpart hân yn it meitsjen fan útstel- len foar dy wetters, net allinnich trouwens yn Littenseradiel, mar yn hiele Fryslân. It is syn earste, mar nei’t wy hoopje net syn lêste bydrage. It nûmer iepenet mei in oankondiging fan de hân fan foarsitter Simen Fopma fan it programma foar 29 april, de dei dat it tsien- jierrich bestean betocht wurdt. Oant dan as ‘t treft! De redaksje
Stifting ArgHis
Stifting ArgHis bestaat tien jaar De activiteiten bestaan uit de volgende onderdelen:
Stifting ArgHis is begin 1996 opgericht en bestaat nu 10 jaar. Wij zijn er in geslaagd om het blad Klaaikluten regelmatig uit te brengen en onder onze begunstigers te verspreiden. Daardoor hebben wij u goed op de hoogte kunnen houden van de activiteiten die de Stifting heeft ontplooid. De Stif- ting is inmiddels goed bekend en heeft erkenning gekregen van instanties als het ROB, gemeente Littenseradiel, provincie Fryslân, de FLTO en diverse andere organisaties. Uit de opkomst op de jaarvergaderingen en een gestage toename van het aantal donateurs blijkt dat het werk van de Stifting wordt gewaardeerd. Aan het tienjarig bestaan van de Stifting ArgHis zal extra aandacht worden besteed door op zaterdag 29 april 2006 een aantal boeiende publieksactiviteiten te organiseren. Deze activiteiten vinden plaats in het multifunctioneel centrum “De Wjukken” in Mantgum.
1. 2. 3.
In De Wjukken wordt een archeologische- en historische markt georganiseerd. Er worden een aantal stands ingericht waarin diverse organisa- ties, verenigingen, bedrijven en particulieren hun materiaal of verzameling op het gebied van archeologie en (cultuur)historie zullen tentoon- stellen. De ArgHis-markt begint om 11.00 uur. Met een antieke autobus wordt op deze dag tweemaal een excursie door de gemeente Littenseradiel gehouden, waarbij Jaap Scheffer en Philippus Breuker zullen fungeren als des- kundige begeleiders. Onderweg zullen zij u wijzen op diverse locaties met een grote archeologische- en/of cultuur-historische waarde. Ook zal enkele malen worden gestopt om bepaalde locaties aan een nader onderzoek te onderwerpen. Vetrektijden bus: 9.30 en 11.30 uur vanaf De Wjukken in Mantgum. Als klap op de vuurpijl zal ´s middags vanaf 13.30 uur in en rondom De Wjukken voor het eerst in de historie van de gemeente Litten- seradiel een concours voor Stads- en dorps-- omroepers worden georganiseerd. Dit concours wordt georganiseerd in samenwerking met de “Eerste Vereniging van Stads- en Dorps- omroepers Nederland”. Het Stads- en Dorps- omroepers concours is een kleurig, luidruchtig en vooral spectaculair schouwspel waarvoor veel belangstelling wordt verwacht. Eén van de deelnemers is de heer Siep van der Meulen uit Easterein, bij velen van u vast wel bekend.
Tot slot: Mocht u in het bezit zijn van een verzameling op historisch- en/of archeologisch gebied en u wilt uw kennis daarover delen met anderen, dan stellen wij u gratis in de gelegenheid om aan de historische markt deel te nemen. U kunt zich hiervoor aanmelden bij Theo Kuipers, De Ponge 4, 9022 BA te Mantgum. Namens het bestuur: Simen Fopma, voorzitter
3
Stifting ArgHis
De burgerbewapening yn Mantgum (1797) Theo Kuipers Yn de jierren tachtich fan de 18de ieu waarden der rûnom yn Fryslân, wapenkorpsen oprjochte. It doel wie ynearsten om te tsjinjen as boargerbewapening mar de korpsen waarden al ridlik gau broeiplakken fan patriottyske gesindheid. Mar doe’t yn 1787 it besykjen ta in patriottyske steatsgreep yn Frjentsjer mislearre, wie it ynearsten gau dien mei de wapen- korpsen. Lang soe dy delgong net duorje want doe’t de Frân- sen yn 1795 de Rijn oerstutsen sloegen de patriotten ûnder Frânske beskerming wêr foar master op. Ek yn Fryslân kamen de patriotten út har skûlplakje. De prinsgesinde bestjoerders moasten úteinlik wike foar in nij gearstald bestjoer fan “volksrepresentanten”. It nije bestjoer moedige it op ‘e nij ta libben rop- pen fan de wapenkorpsen oan. It beskôge dat as syn pleatslike kaders, wêr’t yn tiden fan need in berop op dien wurde koe. It wie foar it sintrale bestjoer yn Fryslân dan ek han- GLFKRPWHZLWWHQKRH¶WGHSDWULRWW\VNHÀDJJHGHU\Q de ferskate gritenijen by hong. Dêrfoar waarden alle gritenijbestjoeren oanskreaun om opjefte te dwaan fan alle wapene manlju yn de doarpen.. Om krekt
te wêzen in “beschrijving van alle MANSPERS- ZOONEN boven de 18 jaaren oud, gelijk ook van weduwen en vrijsters, Alles volgens het plan tot de algemeene Burger-wapening bij de NATIONAALE VERGADERING geärresteerd.” Ek de nammelisten fan alle doarpen yn Hinnaarderadiel en Baardera- diel binne bewarre bleaun. Yn dizze koarte stúdzje ZROLNZDWVSHVL¿NHU\QJHDQRSGHGRDUSVOLVWIDQ Mantgum. Ik ha de list kombinearre mei gegevens dy’t ik fan de ynwenners fan Mantgum út dy perioade ha út oare boarnen. Op de Mantgumer list stean yn totaal 58 nammen. Trije dêrfan binne widdo en hja falle bûten de oprop. Allinnich Harmen Jans Kooistra, Andries Smeding, Ds. Nicolaas Pluim, Jacob Jacobs de Jong en Wiebe Reinders Rispens wurde neamd mei in famyljenamme. We meie dus oannimme dat de oare Mantgumers noch gjin famyljenamme brûk- ten. Dochs is it my slagge om de measten op de list út 1797 te ferbinen mei it register fan de oanjefte fan famyljenammen út 1811.
voornaam/patronym familienaam wel/niet bewapend wel/niet bewapend geschikt
leeftijd
opmerking
Job Jacobs Jentje Durks Johannes Pieters Sjerp Jans Aise Piers Abraham Jacobs Claas Cornelis Rinze Jentjes Durk Eeltjes Roelof Hoites Eeltje Durks Nanne Piers Einte Geerts Sjoerd Aukes Hendrik Idzes Harmen Jans Wouter Wiebes
36 64 23 43 44 33 41 37 58 25 20 47 28 55 24 47 18
ontslag onwillig ontslag ontslag ontslag ontslag onwillig ontslag gerechtsdienaar onwillig
4
De Jong Rollema Jorna Swierstra Dijkstra Bonnema Kortrijk Kortrijk Swierstra Algera Kooistra
gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend
wel te oud wel wel niet toe vertrouwd wel wel gebrekkig te oud wel wel te oud wel te oud niet toe vertrouwd wel wel
Stifting ArgHis
Job Harmens Hoite Wiebes Bontje Meintes Tjerk Franzes Jacob Beerents Riens Doedes Sjoerd Sijbrens Andries Sakes Gerben Piers Tjerk Ages Hessel Jelles Harmen Hessels Jan Eelkes Ties Jacobs Gerben Ages Folkert Sijbrens Bouke Folkerts Einte Wiebrens Durk Reinders Ype Lieuwes Hendrik Baukes Jacob Johannes Jan Johannes Harmen Jans Jan Durks Rinke Johannes Sjoerd Christiaans Rinze Minnes Jan Laazes Ruurd Hettes Wiebe Reinders Andries Hansen Gerrit Hettes Nicolaas Thomas Andries Job Fokkes Meindert Ages
Faber Meintema Zijlstra Kamstra Smeding Fopma Van Stavoren Langedijk Kamstra Kamstra Kamstra Hoekstra Beyma Jansen Boerma Steensma Hogedijk Hiemstra Sytinga Rispens Hettema Pluim Visser Miedema
gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend gewapend
In pear konklúzjes Fan de 54 mannen wiene der 20 dy’t opjoegen dat se in wapen hiene. Dat is likernôch 37% fan alle man- nen út it doarp. Fan dy 54 wiene der 15 net ferplichte ta de wapentsjinst. Sy wiene allegearre boppe de 45 en blykber hoegde it dan net mear. Ek Wiebe Rein- ders Rispens koe der fanwege syn skoalmasterskip ûnderút. Kastelein Andries Hansen stiet omskreaun as “gebrekkig” en wie dêrmei ek frij. It selde jilde foar Rinze Jentjes en Hette Hettes. Fan trije mannen wie op ien of oare wize net fertroud dat se in wapen hiene. Mooglik wiene hja prinsgezind. Alve mins- ken stean omskreaun as “onwillig”. It is net rjocht dúdlik wat hjirmei bedoeld wurdt, mar ik nim oan dat hja “onwillig” wiene om de wapens te dragen. Mooglik wiene sy menist en wie it harren ferbean om mei sjitark om te gean. De omskriuwing “ont- slag, onbevoegd en vrij” moat wol slaan op leeftiid en omstannichheden as earmoed en lichemsgebrek-
wel wel wel wel wel wel te oud wel wel te oud oud+gebrekkig wel niet toevertrouwd wel oud+gebrekkig wel wel wel wel wel te oud te oud oud+gebrekkig wel wel wel wel te oud wel schoolmeester gebrek gebrek te oud te oud oud+ behoeftig
40 35 36 28 48 19 48 29 40 70 72 34 33 49 66 48 18 47 49 55 48 60 52 27 30 48 37 51 21 37 31 37 44 60 47 45 70
onwillig onwillig ontslag onwillig ontslag ontslag ontslag onwillig onbevoegd vrij ontslag vrij ontslag ontslag onwillig onwillig onwillg ontslag onwillig ontslag kastelein ontslag predikant ontslag ontslag vrij
ken. Tritich fan de 54 Mantgumers wiene neffens de ynventarisaasje geskikt om de wapens te dragen as der needsaak ta wie. Ien op de trije hie dus sels gjin gewear. Boarnen: Naamlijst van manspersonen opgemaakt voor de organisatie van de gewapende burgerwacht. Tresoar. Argyf van de BRF. ynventarisnümer 602. Internetside www.tresoar.nl en dan it bestân famylje- nammen 1811. Ph.H. Breuker. Oersjoch en ûntjowing fan de wapenkorp- sen en folkssosiëteiten yn Fryslân tusken 1783 en 1813. Yn: It Beaken. 1970. W. Bergsma e.a. For uwz lân, wyv en bern. De patriotten- tijd in Friesland. Leeuwarden, 1987. Jaques Kuiper. Een revolutie ontrafeld. Politiek in Fries- land 1795 – 1798. Franeker, 2002.
5
Stifting ArgHis
In Keatsebaan yn Easterein yn ’e 17e en 18e ieu Jelle Miedema Ek Easterein falt ûnder de doarpen yn de Greid- hoeke fan Fryslân dêr’t yn ’e rin fan de 17e ieu in keatsebaan kaam. Earder berjocht dêroer is fan 1704, mar no is der in akte fûn dy’t oannimlik mak- ket dat Easterein al yn1662 in keatsebaan hie. En ek is in akte fûn dy’t dúdlik makket dat dy keatsebaan dêr oant yn 1758 noch wie.
It Skilplein yn Easterein (foto JM 2006)
6
It earste berjocht oant no ta oer in keatsebaan yn Easterein, teminsten it earste berjocht yn Klaaiklu- ten, is fan 1704 (Miedema 2004/2:14, noat 5). Dat berjocht datearret út it begjin fan de 18e ieu, mar faak komt yn akten de skriuwtaal in pear jier efter de sprektaal oan. Sa kin dan steld wurde dat Easterein al op ’e ein fan de 17e ieu in keatsebaan hie en dat wie ek sa, yn 1697 (folget). Yn dizze bydrage gean LNO\NZROVQRFKLQVWDS¿HUGHU)RDUGHMLHUUHQ
Stifting ArgHis
1663 is in proklamaasje-akte boppe wetter kommen dyt, yn kombinaasje mei lettere akten, oannimlik makket dat Easterein al yn it midden fan de 17e ieu in keatsebaan krige. Hjirûnder wurkjend fan it bekende nei it ûnbekende, nim ik de akte fan 1704 as fertrekpunt.
1704 Homme Wopckes, mr. skuonmakker te Rauwert en syn frou Janke Jans begeare yn 1704 bod en konsint op de keap fan: ‘sekere huijsenge ende erve, mitsgaders kuijp en kalck dobbe cum annexis (…) staande tot Oosterend in de buiren bij de vercoper wordende bewoont[,] hebbende Rins Baukes bewoonde huijsinge ten Zuij- den[,] Aane Wabis als eijgenaar ten Noor-
den, de kaetse baan ten Oosten, ende het kerkhoff ten Westen’ (prokl. Hinnaardera- diel 1704, ynv. 49, fol. 36). Direkt falt op dat by it hûs in ‘kuijp en kalck dobbe’ hearde en dat wiist op in learloaierij fan in skuon- makker (1). En yndied, it hûs waard ferkocht troch Aane Tieerdts ‘mr. schoenmaker tot Oosterend’ en wol ûnder de kondysje dat ‘de vercoopers in ’t dorp Oosterend het hand werk van schoenmaken ten ge- nen daege en bij leeven van de echteluijden coopers niet sal mogen doen’. Lykwols, de earder neamde ‘echteluijden’ waarden net de nije eigeners, want Cornelis Goslix, ek ‘mr. schoenmaker tot Ooste- rendt’, lei as sibbe fan Anne Tieerdts mei sukses it niaar (rjocht fan earste keap) op de transaksje. Fierders fernimme we dat it hûs frij fan grûnpacht wie en ek dat de keapsom 380 karoli gûne mei noch
It Skilplein te Easterein om 1900 hinne (út: De Boer, Kooistra en Reitsma 1995, p. 100;; mei tank oan dhr. Folkert K. Reitsma)
7
Stifting ArgHis
in ‘silvern ducaton’ wie. Der stiet mear yn de akte, mar hjir binne neist de ferkeaper(s) foaral de neist- lizzers fan belang. Dat binne ûnder oaren (2) westlik it tsjerkhôf en eastlik de keatsebaan en dêrmei is sûnder mis dúdlik dat dy keatsebaan op it hjoedd- eiske Skilplein socht wurde moat.
1697 We geane no nei de eastkant fan it Skilplein. Yn 1697 begeare Jan Tomas en Antie Jeltes, man en frou te Easterein, bod en konsint op de keap fan: ‘drie vierde parten van een huijs, hovinge ende plaatse, waar van de resterende vierde part selfs is toebehorende de coopers[,] staande ende gelegen in den dorpe Ooste- rend, hebbende de achterbuijren ofte caat- sebaan ten Westen, de kercke [possessie?] van meergenoemde dorpe ten Noorden, de gemeene vaart ten Oosten, ende de gemeene buiren ten Zuijden te naasten’ (prokl. Hinn. ynv. 48, fol. 275/276). De Eastereinder keatsebaan waard doetiids yn akten faak ek ‘efterbuorren’ neamd, in oantsjutting dy ’t tink âlder is as ‘keatsebaan’. We sille dy ‘Efterbuor- ren’ noch faker tsjinkomme. Op it boppeneamde hûs kom ik straks noch wêrom (sjoch ûnder it jier 1731). ,NJHDQQRHDUVW¿HUGHUPHLLWHDUGHUQHDPGHKVIDQ 1704.
1684 By dekreet fan it gerjocht fan Hinnaarderadiel wurdt yn juni 1684 ferkocht: ‘seekere huijsinge schuijre sampt steede met een kalck dobbe ende 2 kuijpen, tot voors. huisinge behoorende, staende ende gele- gen in den dorpe Oosterend (…) hebbende de achterbuieren ten Oosten, de wed. van Baucke Intes ten Zuijden, het kerckhoff ten Westen en Wabe [Anes?] ten Noorden ten naasten (prokl. Hinnaarderadiel 1684, ynv. 48, fol. 36). Allinnich al op basis fan dizze omskriuwing sil dúdlik wêze dat we hjir mei itselde hûs te dwaan ha as dat fan 1704. It hûs waard foar 383 goud gûne en 14 stoeren ferkocht oan Ane Tieerdts (ferkeaper yn 1704) en ûnder de neistlizzers fan 1684 treffe
8
we, lyk as noch yn 1704, ek de nammen Baucke en :DEHRDQVMRFK¿HUGHUVQRDW :DWZH\Q QpWQGHUGHQHLVWOL]]HUVIDQ¿QHLVLQNHDW- sebaan. Mar wol is op’e nij sprake fan westlik in tsjerkhôf en dat is ek fan belang (folget). Fierders is yn de akte fan (juni) 1684 ek wêr sprake fan in ‘kalck dobbe’ en út de namme fan de âld-eige- ner kin opmakke wurde dat dêr doe ek al in skuon- makker siet. Oer dy âld eigener lêze we ‘…laest bij w: Jelle Eelckes als eijgenaer gebruijckt ende met de doodt ontruijmpt’ en yn in oare akte út 1684 lêze we: ‘Jelle Eelckes mr. schoenmaker binnen den dorpe Oosterend voor mij selve ende als man en vooghd over Sieu Tiaards dr mijn wijff’. Hy hie doe in skuld fan 50 karoli gûne oan Seerp Juus Braardt en Grijtie Aettes, man en frou te Wommels (recesboek Hin- naarderadiel, augustus 1684, ynv. 64, fol. 59/60), (3).
1662/1663
Yn 1662 en 1663 wurdt proklameerd – de 1e prokla- maasje is op 23 april 1662, de 2e op 30 oktober en de 3e op 25 febrewaris 1663 – dat in Melis Sytses en Sjouk Kay (de wurden ‘en Siouck Kay’ lykje yn de akte trochstreept), wenjend te Easterein, dêr in hûs keapje wolle. Omdat de akte der net better op wurdt en foar de keatserij (en foar Easterein) fan histoarysk belang is, folget hjir in transkripsje fan de hiele akte QRQHWIDQLQPLFUR¿FKHPDUQHIIHQVLQNRS\IDQLW orisjineel yn it argyf fan Tresoar;; mei tank oan Theo Kuipers foar de kopy): ‘Melis Sytses ende Siouck Kay wonende tot Oosterend b[egeren] bod en consent op d’coop van een huijs schuirre, hov[inge] ende plantagie staende binnen Oosterend, hebbende d’ k[aatse] baen ten oosten, Baucke Intes ten suijden, het k[erck] hoff ten Westen[,] vrij van alle uitgaende rent[en?] doch staende tusschen Baucke Intes op een mande[lige] sydmuir, met een loden goot tusschen beijde tot g[emene] last te onderhouden[,] voorts met sodanige servituten ende gerechtigheden daertoe ende aen beho- rende, met be[…] dat d’ vercopers ’t schoenmakers hantwerck
Stifting ArgHis
binnen Oost[erend niet] verder sullen mogen exerceren[,] bij hen in cope beco[men van] Simen Jans ende Acke Lieuwes dr voor de Somma [van] seven hondert twaleff goud gulden 14 stui- vers met een g[oed duca-] ton[.] (prokl. 1662/1663, inv. 47, fol. 176). Neffens my giet it hjir om itselde hûs as yn 1684 en 1704, al leit de priis yn 1662/63 in stik heger as bygelyks yn 1684. Net allinnich hat dit hûs as âld- eigener wêr in skuonmakker, ek hat it as westlike neistlizzer op’e nij in ‘k[…]hoff’ én as súdlike neist- lizzer Baucke Intes, dat wol sizze, yn 1684 en 1704 wennet dêr Baucke Intes’ widdo (4). Fan belang yn de akte fan 1662/1663 binne de hiaten (yn de akte oan ’e ein fan rigele 3 en 4) dy’t foarôf gean oan de wurden ‘baen’ en ‘hoff’ (oan it begjin fan rigele 4 en 5). De tekst oan de rjochter- side fan de akte is troch ferfjurjen net mear goed te lêzen, mar sjoen én de earste letter én de wurden op dat plak yn lettere akten moat dêr yn 1662/63 wol ‘kerckhoff’ en ‘kaatse baen’ stien ha (5).
Binne der út it midden fan de 17e ieu dan net oare akten, wêryn’t de Eastereinder efterbuorren as keatsebaan te boek stiet? It antwurd op dy fraach is (foarlopich?) nee. Mei dat proklamaasje-akten oer de perioade 1644-1660 ûntbrekke, ha ik yn dy akten fan fóar 1644 en oant no ta gjin keatsebaan fûn en foar de perioade 1643-1697 ek net yn oare akten. (6) Dat komt faaks meí omdat om de Eastereinder ef- terbuorren hinne ek ‘kerckehuijsen’ stiene (ferlykje Van der Vaart en Talsma 1994, foar it jier 1832) en VRNNHKX]HQ¿QHMHDVUHJHOQHWJDXZHURP\QDNWHQ Wol ha ik foar it jier 1683 noch in akte fûn oer de ferkeap fan in hûs op de eastkant fan de efterbuorren (prokl. Hinn. inv. 48, fol. 17), mar dy buorren wurdt dan wêr ‘achterbuieren’ neamd. Mar as eastlike neistlizzer hat dat hûs ‘de kosterie ses pondematen’ en dat gegeven komt hjirnei wêr fan pas. Dan no noch koart in pear berjochten út de 18e ieu, fan nei 1704. It earste berjocht is faaks oer itselde hûs as dat fan 1697, oan de éastkant fan de Easter- einder efterbuorren, en de oare berjochten oer huzen oan de westkant fan de efterbuorren.
Legenda 1. Foarbuorren 2. Tsjerkhôf 3. Efterbuorren / keatsbaan no Skilplein 4. Koster landen 5. Heechhiem 6. Haven Sketskaartsje fan Easterein om 1750 hinne, frij nei Halma 1718 en de kadasterkaart fan 1832 (Van der Vaart en Talsma 1994)
9
Stifting ArgHis
1731
1758
Yn 1731 begeare Harmen Harmens en Reinu Sijbes, man en frou te Easterein, ‘inwijzinge’ op de keap fan:
Yn 1758 wurdt it hûs ferkocht fan Djurre Jans ‘in leven wever te Oosterend’ en dat hûs hat as neistliz- zers:
‘sekere huysenge, schiphuis en hovenge cum annexis, staende en gelegen tot Oosterend in de buiren, bij Antie Jeltes bewoont en nae- gelaten (….), hebbende de koster landen ten Oosten, de Kaatsebaan ten Westen, Folkert Lous ten Suiden, en de kercke ten Noorden’ (proklamaasjes inv. 50, fol. 85). Dy ‘koster landen’ leine noardeastlik fan de ef- terbuorren en binne no sportfjilden. Mei ‘kercke’ sil hjir wol in hûs fan de tsjerke, in ‘kerckehuis’, bedoeld wêze en mei dat skiphûs sitte we tink by de noardlike ôfsplitsing-mei-opfeart fan de haven fan Easterein (sjoch it kaartsje). Mar ús giet it hjir om de westlike neistlizzer en dy wurdt yn 1731, lyk as yn 1704, iensidich ‘Kaatsebaan’ neamd.
1738 Foar it jier 1738 ha ik twa proklamaasje-akten oer huzen oan de ‘efterbuorren’ fûn, mei as neistlizzers fan dy huzen (fan noard nei súd): a. ‘hebbende de Kaatsebaan ten Oosten, Jelte Harmens gekochte huis ten Zuiden, ’t kerk- hof ten Westen en de kerke huisinge ten Noorden (ynv. 50, fol 144 l.). b. ‘hebbende het kerkhof ten Westen, de agterbuiren ten Oosten, de kosterie huisin- ge ten Zuiden en ’t huis bij Djurre Jans gekocht ten Noorden’ (ynv. 50, fol 143). We sjogge no dat yn 1738, lyk as yn 1697, de nammen ‘Achterbuiren’ en ‘Kaatsebaan’ wêr neist elkoarren brûkt wurde, mar dat wie noch net it ein fan de Eastereinder keatsebaan.
10
‘de kaa[t]sbaan ten Oosten, ’t Kerkhoff ten Westen, de kerkehuisinge ten Noorden’ (prokl. ynv. 51, fol. 66). Fraai is hjir te sjen hoe ’t yn akten âlde en nijere stavering neist elkoar brûkt wurde (wol noch ‘hoff’, net mear ‘huijsinge’). Letter waarden wurden faakris koarter (hof, huis), mar mei ‘kaasbaan’ is de skriu- wer dúdlik te sunich mei de letters omsprongen. (7) Yn de akte fan 1758 wurdt net in súdlike neistlizzer neamd, mar hjir wol ik it noch even oer de westlike neistlizzer ha. Fanôf 1662 oant yn 1758 is foar de huzen oan de westkant fan de efterbuorren hieltyd sprake fan it tsjerkhôf as westlike neistlizzer en dan kin it net oars as doetiids lei dêr mar ien rigele huzen. En dat jout dan trije mooglikheden: of dy huzen leine direkt westlik fan it tsjerkhôf (no de Tsjerkebuorren), of direkt westlik fan no it Skilplein, of dêr tuskenyn. De earste opsje liket it oantreklikst (de keatsers hiene dan faaks mear romte), mar dy opsje liket net op te gean as we ôfgean op de kadas- terkaart fan Easterein út 1832 (yn Van der Vaart en Talsma 1994). Wol is op dy kaart, oars as dat no it gefal is, sprake fan íen rigele huzen (op twa huzen noardlik by de steech nei), mar dy huzen lykje meast tichter oan de efterbuorren as oan it tsjerkhôf te stean. Lykwols, tusken 1758 en 1832 kin der in soad feroarje wêze en miskyn kaam in nij hûs wolris yn de eftertûn fan it âlde hûs telâne. We witte it net, mar mooglik hearde by de efterbuor- ren yn de 17e en 18e ieu in rommer plein as yn de 19e ieu en rakke it keatsen dêr út ’e moade doe’t op en om it plein hinne mear huzen kamen te stean. Alde fûneminten, of krekt it ûntbrekken dêrfan, en saken as in âlde kalk dobbe soene ús wizer meitsje kinne oer de bewenning en grutte fan it Skilplein yn eardere tiden.
Stifting ArgHis
Noaten:
Ferwizingen:
(1)
Mei tank oan Philippus Breuker, dyt foar Boazum itselde fûn, en tank oan Wim Wanders út Den Haag, dyt oer in skuonmakkerij yn Idaarderadiel û.o. de oantekening fûn: ‘de cuijpen ende calck dobbe ende het leer daerin’ (Idaarderadiel ynv. 54, s. 90).
Algemien Proclamatie- en Recesboeken Nedergerecht Hennaardera- GHHOPLFUR¿FKHV&%*'HQ+DDJ
(2)
Rins Bauckes fan 1704 is grif Rins/Rinscke Hijltjes, widdo fan Baucke Intes (neamd yn 1684, folget) en Ane Wabes fan 1704 sil wol in soan west ha fan Wabe NN, (ek neamd yn 1684).
(3)
Frjemd is dy liening net, want Jelle Eelckes kaam fan Wommels (fan it Stroek, sjoch de foarige Klaai- kluten). Frjemd is wol dat Jelle Eelckes yn de akte fan juni 1684 al wei is, wylst hy yn de akte fan augustus 1684 noch yn wêzen is. Wie dat lêste mar sabeare, omdat postuum noch in skuld fêstlein wurde moast (en is dát de reden dat it hûs per dekreet ferkocht waard)?
(4)
Grif is Rins Hijltjes widdo Baucke Intes âld wurden. Yn de klapper op it lidmatenboek fan de Herfoarme gemeente Easterein-Hidaard lêze we: ‘Rinscke Bauckes oude wed., afwezig avondmaal 1695 en 16.8.1696, zwakheid;; idem 1697-98;; vaak afw. 1699-1701 ouderdom;; afw. avondm. 1702.’
(5)
Al mei al lykje de buordoarpen Easterein en Wom- mels wat de komst fan in keatsebaan oanbelanget aardich gelyk op spile te hawwen, want it earste (skreaune) berjocht oant no ta fûn oer de Keatsebaan fan Wommels is fan 1664 (Miedema 2004a, b;; 2005).
(6)
Yn 1640 wurdt te Easterein ek in skuonmakkershûs mei kûpen en in kalk dobbe ferkocht, dan kompleet mei it ‘schoenmakers gereedschap van leesten en andersins daerbij ende in de winckel sijnde’, mar yn dy akte wurde allinnich in noardlike en in súdlike neistlizzer neamd.
(7)
Ek yn Wommels hiet yn’e 18e ieu ‘kaatsebaan’ yniens ‘kaasbaan’ en ek yn patronimen lit de(selde) skriuwer wolris in -t- fuort: Gerrit Heers of Andries *HUULV\QSODNIDQ*HUULW+HHUWVUHVSHNW\ÀLN$QGULHV Gerrits.
Boer, Marten L. de, Klaas Kooistra en Folkert K. Reitsma 1995 Easterein. Easterein: Van der Eems. Halma-Schotanus 1718 Uitbeelding der heerlijkheit Friesland (…), door D. Bern. Schotanus à Sterringa, uitgegeven door Francois Halma. Miedema, Jelle 2004a ‘Fan de Wommelser Keatsebaan (1666)’, Klaaikluten 2004/2:10-15. E µ:RPPHOV,W¿NDU\KVHQK{IPHL de Hofkamp en de Keatsebaan’, Klaaikluten 2004/3:37-47. 2005 ‘Fan de Wommelser Keatsebaan (1664)’, Klaaikluten 2004/3:14-15. Van der Vaart, J.H.P en S. Talsma 1994 Blad D1, yn: Kadastrale atlas fan Fryslân;; Diel 8, Hinnaarderadiel. Ljouwert: Fryske Akademy.
11
Proklamaasje-akte Hinnaarderadiel ynventaris 47, fol. 176. Yn de lofter marzje fan it orizjineel stiet dat de earste proklamaasje op 23 april 1662 wie en de lêste op 25 februaris 1663. Yn de rjochter marzje binne troch ferfjurjen stikken tekst fuortfallen.
Stifting ArgHis
12
Stifting ArgHis
Fryslân, myn wetterlân...... Yn ús twatalige provinsje hawwe de measte wet- ters in Fryske en in Nederlânske namme. En yn ‘e regel is de Fryske de âldste. Dat is dan ek ien fan de reden dat de provinsje der alwer in skoft oan wurket om de Fryske nammen tenei ek op de kaarten te krijen. Ik haw in pear jier ferlyn de opdracht krige om út te sykjen hoe’t dy nammen yn it Frysk dan krekt skreaun wurde sille. Dat wie net altyd like maklik want faak binne der meardere mooglikheden dy’t allegear net ferkeard binne. Op de ien of oare wize moatte dan knopen trochhakke wurde. Alde en nije kaarten, mar ek ynformaasje fan minsken yn de provinsje, hawwe dêrby holpen.
Te uzes binne it net sasear de marren, as wol de fearten, dy’t it lânskip mei bepale. De measte wetternammen yn Littenseradiel binne fan it type PLAKNAMME-er (Op)feart. De Boalserter Feart is bekend genôch. Oant de opkomst fan de trein en justjes letter de auto – noch mar in goed hûndert jier lyn - foarmen wetters de belangrykste ferkears- ferbinings. Mei in skip oer it wetter gean, neame Z\IDUUH)DP\OMHOHGHQIDQGDWZXUG¿QHZ\RHUDO dêr’t Germaansk praat wurdt. In wetter dat fral as ferkearswei bedoeld wie, neamden se yn it Aldfrysk in fer. Se skreaunen dat wurd oars op ferskate wizen. De âldste fynplakken datearje út de 14de ieu;; út de 16de binne in hiele protte ferren bekend.
Op 15 maart 2006 hawwe Provinsjale Steaten besletten dat: “De wateren in de provincie Fryslân, voorzover ze gelegen zijn buiten de bebouwde kom, worden aan- geduid in hetzij de Friese taal hetzij de Nederlandse taal hetzij in het Bildts of Stellingwerfs overeenkom- stig het bepaalde in bijlage I.” (NB: de erkenning fan it Frysk giet net VD¿HUGDWLQRDUGHULQJ\QLW)U\VN opsteld wêze mei, sûnder in Neder- lânske oersetting. Yn de deistige praktyk dêr’t elk wol Nederlânsk kin, wurde sokke teksten dus stan- dert yn it Nederlânsk opmakke!)
Yn it âldere Nederlânsk makken se fan varen it wurd vaart. Mei in /t/ oan de ein, sa’t fan graven ek graft PDNNHZDDUG'HJHDQGHZHLVWHUNHUH\QÀRHGIDQ it Nederlânsk op it Frysk (sûnt de 16de ieu doe’t Fryslân ien fan de Nederlannen wie) hat makke dat de Friezen dat Nederlânske wurd begûnen te brûken.
It giet fansels om dy bylage I, dêr’t foar de measte wetters yn Frys- lân no in Fryske of streektalige namme opnaam is. Soks op basis fan myn foarstúdzje en oanfolle mei kommentaar fanút de Fryske gemeenten. Yn de list binne oars inkeld nammen opnommen dy’t no op de topografyske kaarten fermeld steane. De gemeente hat dêr sels in pear oan taheakke, mar dat binne fansels net alle wetternammen dy’t \Q/LWWHQVHUDGLHOWH¿QHQELQQH De pandyksbrêge tusken Leons en Hûns.
13
Stifting ArgHis
Om’t yn dyselde tiid (gauris) in Fryske lange /aa/ him stadichoan ûntjoech ta de hjoeddeiske /ea/, hat dat vaart him ûntjûn ta feart. It Aldfryske wurdsje fer is geandewei feroare ta far. Op in pear plakken is dat âlde wurd noch bewarre bleaun. Wa’t út it easten wei Heech yn fart, komt troch it Hegemer Far.
men, net hielendal dúdlik. Ek net wis is it ferbân mei bygelyks it Reit(diep) yn Grinslân of it wurd reid. Oan de foarm fan de measte ‘ryd-en’ te sjen binne it meastentiids âlde slinken. De twa stikken Aldrij yn ús gemeente hawwe grif wat mei it stream- gebiet fan de eardere Middelsee te krijen.
Yn it doarp dêr’t ik wenje hawwe wy ús eigen Hilaarder Feart. De histoaryske kaarten litte sjen, dat dy earder net it dearinnende stik wetter wie, dy’t er tsjinwurdich is. Nei de brêge yn de buorren rûn er troch nei Hesens. De Hesenserreed wie net mear as in paad troch de greiden en de wichtichste ferbining fan Hesens mei de bûtenwrâld rûn oer it wetter. It stik lân tusken Hilaard en Hesens, dêr’t de feart earder trochrûn, is altyd noch in leech stik lân. Westlik fan Hesens lei sels noch in echte mar. Yn de lettere ferkaveling is dy mar foar in part noch werom WH¿QHQ
Hielendal yn it noarden fan de gemeente leit it Bok- sumer Soal. It giet om it wetter dat súd-eastlik fan de provinsjale dyk leit, op nei Boksum. It begjint as ôfsplitsing fan de Hilaarder Feart. Fia Pypsterbuor- ren rint de feart by de Algrawei lâns nei de Swette ta. Op de moderne topografyske kaart hat it wetter de namme Boxumervaart, mar yn it Frysk hyt it fan âlds Boksumer Soal. Op de kaart fan Schotanus/Hal- PD~WLVLWDV%R[XPHU=RROWH¿QHQ
Nei de ynpoldering fan de Hesenser Mar yn 1834 ferfoel de trochgong nei de Boalserter Feart. Op kaarten út de 19e ieu falt te sjen dat dêrfoaroer in ferbining makke wie tusken Hesens en de Jorwerter Feart, sa rûchwei achter de tsjinwurdige manege lâns. Al dy wetters binne tsjinwurdich noch wol ZHURPWH¿QHQPDUELQQHODQJHUQHWPHDUDVVOHDW- ten. De nammen dy’t net mei (Op)feart foarme binne, binne yn ús gemeente mar in hantsjefol, lykas De Swette, Aldrij en Aldmear. Dy lêste hiet yn it Ne- derlânsk Oudmeer en dat koe maklik ferkeard omset wurde nei it Frysk as *Aldmar. It Fryske mear hat lykwols neat mei it Nederlânske meer út te stean, mar alles mei de fearten dy’t yn Grinslân maar hite. It giet om in Aldfrysk wurd dat nei alle gedachten soks as ‘grinswetter’ betsjutte. Dyselde betsjutting fan ‘grinswetter’ jildt foar De Swette. Dy is groeven dwers troch de eardere Mid- delsee en foarmet de grins tusken Westergoa en Eastergoa. Dat de Swette net de âlde slinke fan dy Middelsee folget, kinne jo hiel moai sjen oan de ferkaveling by Marsum en Easterwierrum. Wylst de ferkaveling de âlde slinke folget, rint de Swette der frij streekrjocht trochhinne. Yn it suden fan de gemeente leit de Aldrij. It komôf fan dy namme is, lykas fan in soad âlde wetternam-
14
In wetter dat tsjinwurdich net wichtich genôch is om op de topografyske kaart neamd te wurden is de Aldtsjonger. Dy rint noard-westlik fan de Wester- goawei, tusken de Hilaarder Feart en it Boksumer Soal. It is in frijwat bochtich wetter. De namme Tsjonger wurdt trochstrings achte wakker âld te wê- zen. Yn ‘e regel jildt lykwols wat âlder de namme, wat ûndúdliker de betsjutting. Ik wol my dêr dan ek mar net oan weagje. Dy Aldtsjonger en ek stikken fan oare fearten, binne foar in part de resten fan de natuerlike slinken dy’t yn de kwelder fan Westergoa rûnen foar dat de ear- ste diken hjir oanlein waarden. As jo op de reed fan it pompstasjon nei Bekkum rinne, leit op ‘e healwei in barte oer de Hilaarder Feart hinne. Fan dat punt ôf sjogge jo hiel moai, hoe’t de feart yn in slinke leit dy’t kreas troch it lânskip bochtet. Ek de bochten yn Boalserter Feart súdlik fan Hoptille binne resten fan in natuerlik wetter. Hiel oars is it bygelyks mei it Boksumer Soal dat hiel dúdlik yn in min of mear rjochte line groeven is. De namme ‘soal’ tsjut dêr ek op. Arjen Versloot Hoptilsterdyk 32 Hilaard Foar dizze tekst is û.o. gebrûk makke fan it boekje: Wetternammen, skreaun troch K.F. Gildemacher en A.P. Versloot, útjûn troch PENN Communicatie, Ljouwert, 2005.
De Boalserterfeart by De Hem tusken Mantgum en Baard. Yllustraasje by it artikel fan Arjen Versloot.
Stifting ArgHis
15
Stifting ArgHis
Min of mear aparte of minder deistige beroppen en bezichheden yn Baarderadiel om 1810 hinne Philippus Breuker Yn Patintregisters wurde lju neamd dy’t fergunnin- gen nedich hienen foar it gebrûk fan bepaalde dingen of foar har hannel of tsjinstferliening en dy’t dêr dan belesting foar betelje moasten. De âldste registers fan Baarderadiel binne út de jierren 1808 oant 1810. Foar in folslein oersjoch fan beroppen binne der oare boarnen, mar it bysûndere fan dy Patintregisters is dat der beroppen en ek oare dingen yn steane dy’t men earne oars net fynt. Ik neam bygelyks barbiers, kreamers, lju dy’t hierpoeier brûke of in jachtakte hawwe, betelje moatte omt se fertsjinje oan de (jier- likse ) hurddraverij yn har doarp, turfmjitter binne of PRGGHUIHU¿HUH)DDNJLHWLWGXVRPE\IHUWVMLQVWHQ Ik sil de mear aparte bezichheden en beroppen hjir neame. Skuonmakkers, keaplju, smidden, fervers, kûpers, timmerlju, kleanmakkers, naaisters, kast- OHLQVZLQNHOOMXÀHLVKRXZHUVHQVODFKWHUVEDNNHUV en skoalmasters slaan ik oer, as dy teminsten net om in oare reden ek oanslein waarden. Dy wienen der yn de measte plakken wol, teminsten yn de gruttere. As ik neffens Boazum rekkenje, dan wienen der doe in soad keaplju (dy foaral: yn Boazum yn 1808 mar leafst tweintich op in totaal fan likernôch 99 húshâl- GLQJHQ HQHNZROKRHZROJkQVPLQGHUÀHLVKRX- wers en timmerlju. Lang net elk doarp hie in smid. Bakkers wienen der yn Jorwert, Weidum, Mantgum, Easterwierrum, Boazum, Britswert, Littens (dêr twa), Winsum, Baard (ek twa) en Hilaard. Tapers ha ik ek net oantekene, wol dat der yn Jorwert 5 wienen, yn Weidum 4, te Mantgum ek 4, yn Easter- wierrum mar leafst 16, yn Boazum 3, Wiuwert 1, Britswert ek 1, Littens 2, Winsum 6, Baard 4, Húns 2, Hilaard 3 en Bears 2. Easterwierrum springt der wat dy tapers oangiet, fansels út om syn ferneamde hynstemerk. Blykber koe men dêr dan by wize fan sprekken rûnom bier krije. Ek foar wettermolen moast betelle wurde. Yn it gehiel wienen der doe 25 wettermolen yn de gritenij.
16
Wol it neamen wurdich is dat der by de lju dy’t om in wettermole betelje moasten, ek twa skoalmasters wienen, Auke Pieters (Sierdsma) fan Weidum en W.R. Rispens fan Mantgum. Dy wienen dus meiïens ek boer. Dûmnys wienen frijsteld. Oft dêr doe ek noch guon fan sels buorke hawwe? Yn de achttjinde ieu waard dat lykas bekend noch wol dien. Ds. Alta fan Boazum is in bekend foarbyld. Barbiers Se hjitte burdskearder of hiersnijer. Op alle doarpen wienen se wol, mar ik ha oer de hiele gritenij al- linnich mar oantekene de skoalmasters dy’t skear- den (knippe dienen se blykber net). Dat wienen Y. Greidanus yn Jorwert, H.L. Elsinga yn Boazum en O. Kiestra yn Littens. Kostskoallehâlders Skoalmaster H.L. Elsinga te Boazum. Mooglik ha ik ds. Tenckink fan Britswert oer de holle sjoen, want dy hie ek kostlearlingen, sa’t wy yn in eardere {ÀHYHULQJVHDJHQ Hierpoeier Hierpoeier brûkten (ik nim teminsten oan dat net bedoeld wurdt dat se it te keap hienen): ds. Penninga te Jorwert en J.L. Huber te Weidum. Dy hawwe dus noch in prúk droegen. Huber wie advokaat, miskyn hearde in prúk dêr doe noch by. Hynstekeaplju Klaas Pieters (Kleiterp) te Mantgum, Feite Het- tes (Sytinga) en Simen Sijes (Algra) te Boazum en Meinte Sjoerds (Meinsma) te Bears. Dy fan Easter- wierrum wienen doe blykber útstoarn.
Stifting ArgHis
“Korenmolen Baard, eind 18de eeuw.
Sjirurgijns en med. doktoren N. Soet te Weidum en A. Blom yn Littens wienen sjirurgijn, dr. Radijs wurdt allinnich yn 1810 as med. dr. te Jorwert neamd. Advokaten J.L. Huber te Weidum en allinnich yn 1810 ek noch W. Tuinhout te Jorwert. Jachtaktehâlders Foar de jacht moasten betelje: J.L. Huber en L.J. Huber te Weidum, Keimpe Gerbens (de Jong), dy’t yn 1804 fan Easterwierrum nei Boazum ferfearn wie, en yn 1809 allinnich ek noch Sybren Hyltjes (Wiarda), ek te Boazum, en P.J. Goslinga te Bears. Ik nim oan dat it hjir giet om lju dy’t in jachtkrite hienen.
Grossier yn winen J.H. Clasen te Jorwert, dy’t ek taper wie. Wevers Joannes Hanewald yn Weidum en Cornelis Gerrits en Albert Smids te Boazum en (yn 1808 ek noch ien yn Hilaard en mooglik op in pear oare plakken). Ik ha it idee dat dy der earder wolris mear west hawwe kinne. Koperslaggers A. Kuppens yn Easterwierrum. Hy hie twa feinten, dus dat wie nochal wat in bedriuw. Weinmakkers Yde Wybes en Harmen Rypkes, beide yn Easterwier- rum. Mooglik hâldt dat ferbân mei de hynstekeaplju, dy’t ek in spesjaliteit fan Easterwierrum wienen.
17
Stifting ArgHis
Hurddraverij Nieske Durks Kortrijk yn Easterwierrum en Gerryt Pylgers te Weidum. Dat wienen beide kastleins. Kastmakkers Jan Reinders (Radersma) te Wiuwert, de bekende oargelbouwer. Skipstimmerlju Abe Gerbens (van der Werf) te Britswert. Hy hie ek in feint. Ik ha earder yn Klaaikluten alris oer de Van der Werf’en op Kromwâl skreaun. Wolkjimmers Rienk Sytses te Littens. Hy hie mar leafst 5 fein- ten. Soan Sytse Rienks folge him yn 1810 op. Dy ZLHWDJHO\NIHOOHEOHDWHU(N\Q%DDUGZLHLQ¿NVH wolkjimmerij. Oege Willems (dy’t ek in winkel hie en keapman wie) en Gerrit van Tuinen hienen dêre tegearre ek 5 feinten. En dan hie Winsum ek noch in wolkjimmer, Willem Hanzes. De Winsumers hjitten nei it spinnen spinpûden. Dêr wienen in soad froulju en bern dy’t foar Frjentsjerter wolkjimmers spûnen, bygelyks foar Eise Eisinga. Seachmole In seachmole hie Fedde Rymers te Littens. Hy wie ek timmerman en keapman. Modderskipper ”Kleijvoerder”, sa’’t it hjit, wie Jan Hessels fan Littens. It sil wol om terpmodder gongen hawwe. It ôfgraven fan terpen wie doe noch lang gjin regel. Dat waard it stadichoan yn de ieu mear. Turfmjitters Jorwert hie in turfmjitter en noch in oar plak. Dat ha ik net oantekene. In turfmjitter moast kontrolea- rje oft de turfskippers kuorren fan de goeie mjitte hienen. Nôtmole Sjoerd Dirks yn Baard hie in nôtmole. Panwurk Wybren Riemers te Húns hie in panwurk. Hy wie ek timmernan en hie in feint.
18
Kreamers Oan de nammen te sjen, giet it hjir om lju dy’t mei lapkeguod sutelen. Ik leau net dat ik elk opskreaun ha, yn Jorwert wie yn alle gefallen ek ien, mar yn Bears sieten Harmen Heeger (grif famylje fan de let- tere kleansaak yn Ljouwert) en Geert H. Leidig, en yn 1810 te Weidum in Guldemeier of Gildemeier.
Stifting ArgHis
Yn boppesteande list wurde in oantal eigners en riders fan hynsten neamt út Baarderadiel en Hinnaarderadiel. Breuker neamt yn syn stik de hynstekeapman Klaas Pieters Kleiterp. Yn de list stean syn soannen Rinke en Luitzen. Ek sjogge we der noch Johannes Gosliga fan Beers, Jouke Rutgers Fopma fan Weidum, Hotze Teakes Koopmans fan Jorwert, Jan Johannes de Boer fan Edens en Jelle Sijbouts fan Kûbaard. De list komt út it argyf fan Lucas Britzel ynventaris nûmer 77 (Tresoar, Ljouwert).
19
Stifting ArgHis
Het plaatsen van een gevelsteen bij nieuwe woningen is gelukkig geen voltooid verleden tijd. Toen Nynke en Germ de Jong in 1993 in Mantgum kwamen wonen, hebben zij een gevelsteen laten maken die past bij de straatnaam. Het verbeeldt een boer die in De Jister zijn pas gewonnen melk via een tjems in de melkbus giet. Germe en Nynke wonen aan De Jister 8 in Mantgum.
De Jister 8 - Mantgum
20