DOARPSNIJS Nûmer 360
febrewaris 2013 1
KOLOFON “Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982. Kopij foar “Doarpsnijs” kin oant in wike foar de ferskining ynlevere wurde, dus oant de op ien nei lêste tongersdei fan ‘e moanne. Op dy dei is der in redaksjegearkomste en wurdt it krantsje gearstald. De redaksje: Wiepkje Holtrop Arnold Rozema Annie de Kleine Jantsje Akkerman Tiete Bangma
Lyklamawei 49 Hoitebuorren 22 Lyklamawei 34 Lyklamawei 27 Heaburgen 26
571310 571896 571364 571889 571980
E-mailadres:
[email protected] Website: www.nijemardum.nl
It bestjoer fan Doarpsbelang: Yme Wiersma (voorz) Omrin 1 571557 Bauke Beukens (secr.) Hege Bouwen 2a 06-24140972 Gerrie van der Veen Omrin 10 572019 (penningmeester, bankrek. 3052.44.159) Sjoukje Kramer Wissebuurt 12 571785 Joop de Vries Lyklamawei 15 571956 Piet Rienstra Omrin 2 571866 Rienk Nadema Hege Bouwen 25 572101 E-mailadres buurtplysje:
[email protected]
2
STOARN Op sneon 9 febrewaris is stoarn Johannes Tiemersma fan de Lysterfanger 2 út Aldemardum.
BERNE Sneon 16 febrewaris:
Myrthe famke fan Hendrik Feenstra en Liona Verf. Lyklamawei 37 8566 JJ Nijemardum
NIJE YNWENNER Nanda Mouw is kaam te wenjen op de Omrin 22 yn Nijemardum.
SIMAVI KOLLEKTE Yn de wike fan 17-23 maart kinne jo wer in kollektant fan SIMAVI oan de doar krije. Fansels dogge jimme, krekt as alle jierren, de doar wer wagewiid iepen en jouwe gol. Dit kear ha se as projekt YES I CAN! Yn Ghana wurdt oan memmen ynformaasje jûn oer it foarkommen fan sykten, it belang fan faksinearjen en goede hygiëne. Tank sij dit projekt ferbetterje se de sûnens fan 5000 bern en 3000 froulju yn it noarden fan Ghana. Alfêst bedankt en oant sjen. Wiepkje 3
KOLLEKTE Tagelyk mei it moaie waar komme ek de kollektanten wer út harren wintersliep. Jo kinne se wer ferwachtsje. Ek de ‘ ZOA-kollekte’ freget wer om in bijdrage, lyts of grut. Wêr stiet dat ek alwer foar? Froeger wie it in ôfkoarting fan Zuid-Oost-Azië mar dy namme kloppet net mear. Der wurdt no holpen oeral wêr’t hulp nedich is. De offisjele namme is no : ‘Hulp Hoop en Herstel’. Help oan minsken dy ‘t troffen binne troch in natuerramp of oarloch. Hoop foar de takomst en Herstel sadat se wer selsstandich fierder kinne. ZOA bestiet dit jier 40 jier. Miljoenen minsken binne al holpen en as it oan ZOA leit gean se der mei troch salang it nedich is. Yn ‘e lêste wike fan maart komme wy bij jo oan ‘e doar. Wy sitte dan yn ‘e stille wike mar it is fêst net slim dat er dan it lûd fan fallende munten te hearren is. Coby Hospes-Pietersma
HA JIM ´T AL HEARD? In wike lang niks sizze…soene jim dat kinne?? “Dat kin net “, soene jo sizze, mar it kin wol! Fan ‘e wike [28-1] moast ik holpen wurde oan myn stimbannen. Omdat myn stim faker op fakânsje wie as ik sels, waard der ûndersyk dien. “Kystes” sei de bêste dokter..”operatie van 30 minuten, valt mee mevrouw”. Okee…maar nou komt het: “ je krijgt een week spreekverbod…”. “Pardon..echt??? Dat kin toch net…” Ik koe prate wat ik woe [koe doe noch], mar de dokter bleau der by. No en dêr siet ik dan yn’e hûs mei myn skriuwblokje op ‘e knibbels.. “Memmm!” skreauden de bern. Wat is it nuver ast dan neat werom sizze kinst. 4
En ferdikke, ik betrape mysels ek al ris doe`t ik meisong mei de radio.... Jan fûn der hielendal neat oan.!! Gelokkich hie hy it yn dy wike smoardrok, dus wied er hast net thús. Mar goed ek, want ik hie dochs neat te fertellen. Alles gyng fia de e-mail en mobyl. Myn mobyltsje hat noch noait sa faak rattele. It wie omraak sms-kes..suver gesellich. Sa no en dan kaam der ien foarsichtich troch de doar. Dy hâlden har de mûle dan ek al ticht. Jim kinne wol prate skreau ik dan mar wer.Oh ja, dat is ek sa.. Guon tochten dat ik ek oan de earen holpen wie, want dy begûnen ynienen lûd te skreauwen. Prachtich, ik moast der ek wol om laitsje.[Dat mocht wol, mar net te gek] Gelokkich sit it der hast wer op. Jan kin wer ôfskied nimme fan syn ‘stille leafde’ De bern ha harren mem wer werom. Dy kin wer gewoan prate en foarsichtich raze as it nedich is. Leave minsken, tige tank foar jim omtinken. Alle dagen lei der wol in kaart mei in moai ferhaaltsje yn ‘e bus. Op ien kaart stie: eartiids hiene wy op de Hege Bouwen in Stille Wiepk, no ha we op de Lyklamawei ek ien. Âlde tiden komme wer werom. Fansels ûntbrieken de sprekwurden net, sa as: Spreken is zilver, zwijgen is goud, het is stil aan de overkant...en oh Wiep ik bin sprakeleas...dêr binne gjin wurden foar en brek my de bek net iepen. Hartstikke leuk allegear, bedankt, wat wenje wy hjir yn in moai doarp!! Dit wie it wer foar dizze kear, oare kear mear. Groetnis WTHP
5
Op woansdei 27 febrewaris bestiet it doarpshûs 60 jier. Dat wolle wy fiere op sneon 2 maart. Fan 16.00 oere oant 18.00 oere is der in filmmiddei foar alle bern fan 2-12 jier. Mei as yntreebewiis de tekening. Bern komme sêd wer thús. De jûns fan 20.00 oere ôf is der in gesellige jûn foar alle leden. Dat belooft in hiele gesellige jûn te wurden. De jûn duorret oant 22.00 oere ta. Letter op de jûn spilet DISCO SILVER,de pannen fan it dak. Jim komme dochs wol hé, dit feest meie jim net misse. Ha jo problemen mei it ferfier…belje nei 571310 of 571746….. De lokaalferiening
BINGO Sneon 16 maart is der wer in gesellige bingo yn it doarpshûs. Mei dit kear wer allegear moaie jildprizen. We beginne om 20.00 oere. Jim komme toch allegear wol wer ??? Miskien komme jim wol mei mear jild thús dan dat jim der kommen wienen.. Oant 16 maart.
De lokaalferiening
6
VOORLICHTING BRANDWEER Na de vergadering van het plaatselijk Belang op 6 februari jl. is door de brandweer voorlichting gegeven over brandveiligheid. Aanleiding was de brand bij de familie Bommel aan de Hege Bouwen op 26 juni 2012. De brandweer heeft uitgelegd wat hun werkwijze is tijdens een uitruk. Ook is verteld hoe de waterwinning in het gebied rond Nijemirdum is geregeld. Door het ontbreken van sloten en vaarten in het gebied maakt de brandweer voornamelijk gebruik van brandkranen, die zijn aangesloten op de waterleiding. Op het volgende kaartje staan de brandkranen in de buurt van Nijemirdum aangegeven.
Het is belangrijk dat een brandkraan gemakkelijk toegankelijk is. De gemeente en Vitens voeren incidenteel controles uit, maar ook kunt u er zelf voor zorgen 7
dat de brandweer bij een brand de brandkraan snel kan vinden. Door u op de hoogte te stellen waar de dichtstbijzijnde brandkraan bij uw huis ligt kunt bij een calamiteit de brandweer helpen om zo snel mogelijk de brandkraan te vinden. Ook het in de winter sneeuwvrij maken van de brandkranen kan de brandweer veel kostbare tijd besparen bij het zoeken naar een brandkraan.
Daarnaast was er ook aandacht hoe men zelf preventieve maatregelen kan nemen. De meest voorkomende oorzaken van brand zijn het verkeerd gebruiken van (elektrische) apparatuur of defecten aan apparatuur. Het regelmatig reinigen van bijvoorbeeld de wasdroger en het uitschakelen van stroom voerende apparaten kan er toe bijdragen dat de kans op brand wordt verkleind. Ook door brandstichting, (brandgevaarlijke) werkzaamheden, broei en roken ontstaan veel branden. Waarom het zo belangrijk is dat men rookmelders in een woning aanbrengt wordt aan de hand van een film geïllustreerd. Een brand kan zich in een korte tijd heel snel ontwikkelen waardoor een levensbedreigende situatie kan ontstaan. Het is daarom ook van groot belang dat men van te voren heeft nagedacht hoe men gaat vluchten als bijvoorbeeld ’s nachts de rookmelder afgaat.
8
Mocht u nog vragen hebben kunt u gerust contact opnemen met de Brandweer De Friese Meren. Zij zijn te bereiken via het centrale telefoonnummer van de gemeente 140514. U kunt dan vragen naar de afdeling preventie van de brandweer.
Namens dorpsbelang, Bauke Beukens
9
WA BIN IK? De tillefoan giet.” Ha Jantsje, it is mei Marijke Veldman. Ik tink dat ik wit wa’t it is”. Wa’t it is?? O ja, it is ek sa. Wiepkje hat in sprekferbod en no kinne de minsken dy’t witte wa ’t op ‘e foto stiet, my belje “Is it Klaske Feenstra?” No Marijke do bist waarm, mar it is net goed. “Och jammer……mar no wat oars. Dy foto fan ús Haring yn it jannewaris krantsje, dat is Haring net …..mar dat is Steffen! Ik seach it daliks.” Ja Aaltsje (sy hie ús wiismakke dat it Haring wie), it is soms wat yngewikkeld om in man te hawwen dêr ‘t in duplikaat fan is. It famke op de foto wie Froukje Prins. Dêr binne wy wis fan. De appel falt net fier fan de beam want har suske Klaske en mem Janny Feenstra waarden ek faak neamd. Der gongen dizze kear 6 goede antwurden yn de hege hoed fan notaris Rozema.
De sûkerbôle giet nei Kobus ‘Jo, lokwinske!
No wer in kreas mantsje.
Wa bin ik????
It beladres bliuwt yn’t ferfolch Jantsje Akkerman, belje gau 571889. Groetnis Jantsje 10
OP ‘E KOFJE BY….. Op in moaie sinnige winterdei kom ik oan by Sieger Beukens . ‘’ Der ynkomme !“ ropt Sieger. Hy wennet op Heaburgen 38 , is hielendal klear foar it ynterview en wachtet my op mei kofje, koeke en sûkelaadsjes dy ’t ik allegear opite moat as it oan him leit. Foardat we begjinne ha we it al oer safolle dingen hân, soe ik dat opskreaun ha, dan hie it krantsje al fol stien mei de moaiste ferhalen sûnder dat ik ek mar ien fraach steld hie. Mar net alles dat hy fertelt wol Sieger yn it krantsje ha en dat is mar goed ek want ik kin jim wol sizze dat de kaken my sear diene fan ’t laitsjen. Sieger is 74 jier en troud mei Nanny van Rijs. Hja ha trije bern, twa jongens en in famke, 5 pake en beppesizzers en hja binne ek al oerpake en beppe. De âldste soan en de dochter wenje tichteby, de oare soan hielendal yn Auckland N.S. Nei in beroerte hat Nanny earst revalidearre yn Beetstersweach en dêrnei hat hja in skoft yn De Finke yn Koudum wenne. No wennet hja yn Talmahiem yn Balk en hat it dêr o sa nei ’t sin. Hy is bliid dat syn Nanny dêr sa ‘n poerbêst plak hat. Jo wiene yn dy tiid dochs ek sa siik? Ja, en omdat ik ek siik wie yn dy selde tiid koe se net allinnich thús wêze, oars hie ik har thús hâlden fansels. Ik ha in heal jier yn it sikehûs lein en tuskentiden noch in moanne yn de Flecke op ’e Jouwer. We wiene beide slim siik! Lokkich hat hja it yn Talmahiem sa nei’t sin . Ik kin altyd wol mei ite as ik wol. “As ik by har bin en it is tiid foar har om wat oars te dwaan dan stjoert se my fuort”, seit Sieger mei in glimke. Ja, de bern ha it wol drok mei ús hân……( dan, mei de finger omheech ) Mar hja ken my gelokkich noch, dat is belangryk , dat is moai. Ús dochter hâlde eltse dei yn in skrift by wat der yn dy tiid sa al barde. Letter hat hja ús dat jûn. Jo binne no fansels pensjonearre mar hok wurk ha jo earder altyd dien? Mei myn broer Gerrit ha ik altyd feehâlden op de buorkerij hjir njonken dêr’t Gerrit noch altyd wennet en buorket. We hiene kij en bargen. Yn ferbân mei it natoergebeuren koe dat net langer. Oare bedriuwen waarden al mar grutter. Doe’t ik 62 jier waard seine de bern:” hâld der mar mei op”. Dat die ik en Gerrit is allinnich fierder gien. No sit ik noch wat yn ’e mollefangerij en sa. Ik sit noait ledich. 11
Om in praatsje binne jo net faak ferlegen tink? De minsken sizze wolris tsjin my: “Jo kinne wol prate. As jo no allinnich sitte, hoe moat it dan? Kin ik my ris even stilhâlde ,’’ sis ik dan. Wat woene jo as bern graach wurde? Ik woe graach boer wurde yn Kalifornië. Ús heit sei: ”Dan kin ik ek wol ophâlde”. Doe bin ’k der net hinne gien. Letter ha ik der wol ris west! (ik hie it noait betinke kinnen mar Sieger hat de hiele wrâld sawat oer reizge , in wiere globetrotter hear) Amearika, Australië, Súd-Afrika, Portugal, Spanje en fansels Nij-Seelân dêr’t soan Herke wennet, binne û.o. de lannen dêr’t hy sa al west hat. Wat fine jo it moaist om te dwaan? Mollefange, sjouwe yn de natoer! Ik fyn it sa sûnde dat de measte bern hjoed de dei sa’n bytsje om ‘e natoer jouwe. It hiele fûgelbarren seit harren net folle mear. Mei Lykele Jagersma út Nijemardum en De Boer út Sondel doch ik fanôf oktober mei oan de jachterij yn ‘e omkriten fan Jorwert. De jacht op ’e guozzen is hielendal út ‘e hân rûn: der binne safolle guozzen. Se frette alles op. As jo in Blesgoes ( Kolgans ) sjitte, binne jo strafber. Dat is foar de boeren funest. De ljip en de skries ha hjir gjin plak mear. De foks is de grutste predator, dy rommet hiel wat fan dy fûgels op. Ik sjoch se oerdei wol rinnen. Froeger net. Wêr mei men jo midden yn ’e nacht wol foar wekker meitsje? No, mocht ik der ôf moatte om te pisjen, dan soe ik wol in sâlte hjerring meie. Wat fine jo in grutte ergernis? Dat men altyd mar achter de kompjûter sit of sa ’n ding yn’ e hân hat dêr ’t se mei oan it sms-sen en sa binne. Krekt as oft der oars neat mear is yn ’t libben. En wat fine jo in moai boek. Lêze, dêr fyn ik no hielendal neat oan, allinnich it wurd al. No ja, doe ’t ik jong wie de Donald Duck, mar dat is ek foarby. Ik ha de krystboeken dy ‘t wy eartiids op skoalle krigen noch net iens út! De krante, dy mei ik graach lêze. De Telegraaf dan hé ? As ik kieze moast tusken de Ljouwerter en de Telegraaf dan naam ik de lêste. Moarns stipt om fiif oere hear ik de brievebus wol. Dan gean ik der noch net ôf mar ik bin noait let. Hokker t.v. programma of film fine jo it moaiste? It Journaal en Omrop Fryslân en dan is de koek op. 12
Wat foar muzyk meie jo graach hearre? Muzyk jou ik net folle om, dy âlde ferskes fan froeger, no ja…….mar nee! (Sieger hat der even wat tusken troch) “ Jo freegje it my miskien net, mar yn ‘e húshâlding kin ik my aardich rêde hear! Dat moast wol doe ’t Nanny siik waard, ik fyn it ek moai wurk ‘’! Wat wie jo moaiste jierdei oait? Och, allegear wol, de iene wie net better as de oare . Myn 55 ste jierdei ha we by Foekje fierd en dat is dêrnei sa bleaun. No fiere we wolris in jierdei yn Talmahiem. Wat is it fierste plak dêr ’t jo op ’e wrâld west ha? Gisborne, dat leit op it Noardereilân yn Nij-Seelân, fierder kinne jo net komme. Tidens de ieuwiksel (it Milenium) wie dit plak it tichtst by de datumgrins. Dêr koe waarnommen wurde oft de kompjûters wol of net fan slach reitsje soene. Jo meast favorite fakânsjeplak wêr is dat? De Kanaryske Eilannen, de strannen binne dêr wol sá prachtich moai! Hokker hûs meie se om jo fuotdaliks wol ôfbrekke? Hja hoege om my neat ôf te brekken mar dat skeve hûs yn Aldemardum fyn ik net moai. En wat is it moaiste plakje, gebou of hûs? Myn moaiste plak is de Iselmarkust achter Heaburgen!!! Ik dangelje der faak om, mar meist lang net oeral komme. Der hat my wolris ien frege: “asto no ergens bist dêrst net komme meist en ien freget dy wat, wat seist dan? ‘’ Ik sei: “dat hinget der fan ôf wat der frege wurd‘‘ Bestiet ús Fryske taal noch oer 100 jier ? It wurdt der net better op fansels. We hiene op skoalle Ingelsk leare moatten. Ik hie ris in kear fjouwer Ingelske wurdsjes út ‘e holle leard. De oare deis wist ik noch mar ien wurdsje, doe bin ik der mei ophâlden . Yn geef Frysk neam je in loophek (box) bernejister, dat hoecht om my ek net. Wêr kinne jo beslist net sûnder? (bin noch net útpraat as it antwurd is der al ) Prûmtabak! Ik ha wol smookt hear, Nanny sei in kear : “Moast mar ris nei de dokter, do hoastest sa”, ik sei: “Hjir leit it pakje en ha nea wer smookt “. Sparje jo ek wat? Postsegels, mar dat is foarby. 13
Misse jo de winkels ek yn ús doarp? Nee, as jo allinnich binne hoege jo net safolle mear. Wat soene jo net graach misse wolle yn jo wenkeamer. In stoel. Wat in fraach! Ach, ik ha noch wol wat moaie foto’s mar dêr wol ik net sa faak nei sjen, want doe wie ’k noch jong en dynamysk. Binne jo earne bang foar ? Nee, no ja, natoer-eleminten, mar bang, nee. Wat kin absolút net neffens jo? Inoar om neat deasjitte of de kop ynslaan. Wêr tinke jo mei plesier oan werom? As ik hiel earlik bin tink ik oan alles mei plesier werom, sels oan de tiid doe’t ik yn ’t sikehûs lei! ( ik sil Sieger wol ferheard oansjoen ha want hy leit it even út.) Jo sjogge my oan mar jo binne hjir net by in man dy ’t negatyf is hear (mar jo binne wol ûndogensk ) Ik bin in optimist! Is der in lân dêr’t jo noch wol ris hinne wolle? Men moat in kear tefreden wêze, je hoege net mear, dus….. Wat is jo lekkerste resept? Koalraap, ierappels, skouderkarbonade en speklapkes yn stikjes snije, alles siede , dan trochinoar stampe. Wat jittik en wite piper der oer. En der by bliuwe. In goede kok bliuwtyn ’e keuken oant it iten klear is. Ik soe noch wolris op in ‘kookkursus´ wolle, mar dêr meitsje se alles dat je thús net meie. Ik prate ris mei in man dy hie op sa’n kursus west en in gerjocht makke mei hazze mar noait gjin hazze preaun, wylst hy seker wist dat it der yn siet! Dit wie de lêste fraach al wer, wolle jo oars noch wat kwyt? En dan wurdt de filosoof yn Sieger wekker en skoddet hy samar in oantal wize siswizen út ‘e mouwe. Ik set se der noch even by. _ De tiid kin jo meitsje en brekke _ _ Jo witte wol wa as jo binne mar net dy ’t jo wurde _ _ Groeie, bloeie en fersinke …….._ Moai net ? Sieger, mei ik jo hiel hertlik betankje foar it meiwurkjen oan dit ynterview? In ynterview mei earnst mar foaral humor. It wie my in wier genoegen! Marre van Steinvoorn 14
BBRAINSTORM Dit jier bestiet de band Bbrainstorm 10 jier. Dat wurdt fierd op sneon 9 maart yn de Klink te Koudum. Mei as tema Bbrainstorm allstars. Alle muzikanten dy yn de ôfrûne 10 jier mei spile ha,passearje de revue. It belooft in super gesellige jûn te wurden. De jûn begint om 21.30 oere en de entree is 5 euro. Dus net stinne mar der hinne. Jan Holtrop
ROLSTOELDEI YN ALDEMARDUM Yn ‘e maitiid fan 1994 kaam in groep minsken byinoar. Sy betochten dat it wol hiel moai wêze soe om yn ‘e prachtige bosken fan Aldemardum in kuiertocht te organisearjen foar minsken dy’t oan ‘e rolstoel bûn binne. Op sneon 28 maaie 1994 stie de Inisjatyfgroep “Lopers voor Rollers” klear om har gasten wolkom te hjitten yn Doarpshûs “it Klif”. Earst in bakje kofje drinke en mei inoar yn ‘e kunde komme. “Wa hat sin oan in advokaatsje of in slokje?” Dan komme de ferhalen los…… “ Sille we even wat sjonge?” In shantykoar set yn en al gau klinkt it “Wat bisto leaflik”. No, dat wurdt ek net alle dagen tsjin je sein. Guon gasten fertelle oer it wurk, dat se earder dien ha. Oaren drage in earnstich of in snedich gedicht foar. Snúf, snúf…mmmm, der wurdt sop kôke. ” Minsken, de kopkes en glêzen moatte fan ‘e tafel!” Wat is it gesellich om mei sa’n grutte groep minsken te iten. In hearlik stikje fleis en wol trije soarten jirpels. Der is ek griente by de rûs. “Jonges, ik ha yn tiden net safolle iten” en dan komt der ek noch in neigesetsje. 15
De broeksrym moat wat rommer. “Hé, hé…..goede bekomst allegearre”. No gau de jassen oan want wy geane op ‘en paad. Mar earst moat elkenien noch nei it húske. It duorret wol efkes foardat alle minsken yn harren rolstoel sitte. Bûtendoar steane de skowers, frijwilligers dy’t útnoege binne om mei de gasten troch de bosk te kuierjen. By de fiver is it ho! Ien dy’t der alles fan wit, fertelt oer it ûntstean fan de fiver. Guon gasten witte noch goed dat se harren earste tút by de fiver krigen ha. Ja, yn dy tiid wie it dêr sneins swart fan ‘e fammen en feinten. We kuierje wer fierder. Wat is it by de Skou ek prachtich. Mar dan moatte we wer op it Doarpshûs oan, dêr’t de kofje en tee al klear stiet. Noch neigloeiend fan de sinne en wyn sprekke we wurden fan tank oan alle gasten, stipers en frijwilligers. Elkenien krijt goede winsken en in reade roas mei nei hûs. Oant oare jier? Sa teagen tradisjoneel op ‘e sneon nei Pinkster, hiel wat minsken út GaasterlânSleat en wide omkriten nei Aldemardum om dêr fan dizze moaie dei te genietsjen…… oant de scootmobyl syn yntree die. Wat in prachtige útfining! Senioaren kinne hieltyd langer selsstannich reizgje en wenje. Se geane net sa gau mear “op keamers” yn Talma of oare soarchsintra. As men dêr úteinlik belânet, dan biedt de aktiviteitenkommisje in hiel soad fertier. Ferline jier koe de rolstoeldei net troch gean fanwege te min oanmeldingen. Reden foar de organisaasje om der no in punt achter te setten. Achttjin kear de Rolstoeldei fiere, wat wie it moai, mar it hoecht net mear. Ut namme fan de Inisjatyfgroep “Lopers voor Rollers” : Tank oan alle frijwilligers en gasten út Aldemardum, mar benammen ek út Nijemardum.
Annie de Kleine
16
NOCH BY JUF Oan de ein fan de Omrin stiet it hûs fan Niels v/d Goot . Dêr wennet er mei mem Tryntsje en grutte broer Remco (11). Niels is 6 jier en hy sit yn groep 2 by juf Antsje. Mar no is Niels net op skoalle want it is woansdeitemiddei. As ik oanbelje om Niels wat fragen te stellen foar it doarpskrantsje, docht hy sels iepen. Wy gean nei de gesellige keuken dêr’t mem ek is. Niels giet der efkes goed foar sitten mei de earms oerinoar, hy is der klear foar. Ha jim ek húsdieren ? Wy ha in knyn hân, dy siet wol by my op skoat, mar dy is no dea. Hoe fynst it op skoalle? No wol leuk, mar it leukste is bûten boartsje! En as it reint? Dan dogge wy binnen gymnastyk, oer de banken springe en sa. Wat wolst wurde as’t grut bist? Drummer. Hast dat wolris dien? Ja by Wietse Prins fan de bakker, dy hat ek in drumstel en der mocht ik wolris op slaan. Wat fynst moai om te dwaan ? Kompjûterje, racespultsjes, farmingsimulator 2013 spelletjes.nl en tillevyzje sjen. Wat fynst leuk om op tillevyzje te sjen ? Nickelodeon en Disney. Wat foar boek fynst moai om te lêzen ? No Niels lit him leaver troch mem foarlêze, faak jûns as er op bêd giet, oer Tomke, kabouter Plop of frachtauto’s. Wat fynst moaie muzyk? Dûnsmuzyk. Doch mar efkes foar seit mem, mar dêrfoar is Niels net yn ‘e stimming. Dus moat mem yn ‘ e bocht wylst Niels ynstruksjes jout. Op de kont rûntsjes draaie, en ek op de kop (no it is mem wol bêst sa) 17
Wy binne der derefter dat it hip hop is. Dochst ek oan sport? No ik ha op gymnastyk sitten, en no sit ik op swimles yn Wikel. Ik ha al in A-diploma (yn in pear moannen helle, it is in echte wetterrôt seit mem) en no doch ik B. Nei de winterstop sil ik op fuotbaljen earst traine en dan wedstriid spylje. Wat foar boartersguod fynst it moaist ? Lego. Boartest wolris bûten? Ja ! Mei de trekkers en freontsjes fan skoalle. ( It falt net ta foar in bûtenminske om sa lang stil te sitten , dus moat Niels sa no en dan efkes op de stoel stean.) Wat fynst it lekkerste om te iten? Pizza salamy, en gewoan iten ? ……….sla? Ja slaad. Dan giet de tillefoan en as in raket sjit Niels derhinne, mar it is foar mem. Kin it dy ek skele hokke klean ast oan hast ? Nee mem keapet myn klean . Mar as it jild op is kin se gjin klean mear keapje. No dan mei se wol wat by my út de sparpot helje (wat leaf !) Dy sit dochs fol, want ik ha al in hiel soad jild. Want ik sparje foar in quad. Sander hat ek ien en dan mei ik wolris mei him ride yn it lân. Dat is wol stoer! Helpst mem wolris ? Soms mei tafeldekke, mar dat is net sa leuk. (Niels moat no echt efkes op it oanrjocht sitte) Hast ek op fakânsje west en wêrhinne? Wy ha twa kear op fakânsje west nei Dútslan yn in húske en fan ’e simmer yn de tinte. Dêr ha ik mei in hele hege trep boppe yn ’e beammen west, en dan moast oan in tou hinne en wer glydzje, en op it ein hâlde in man my tsjin oars gongst botse. Ik ha ek faak yn it speeltúntsje boarte. Mar it wie moarnsbetiid wol hiel ljocht yn ‘e tinte, en de bern yn de tinte neist ús wurde dan wekker en begûnen dan te praten, en dan wie ik ek wekker ! Hast ek op it iis west? Ja op de iisbaan yn Wikel en op de Fûgelhoeke. Dêr ha ik twa rûntsjes riden. Op redens mei ekstra izers? Nee op gewoane. No knap hear ! Dit wie alwer de lêste fraach, en dat komt moai út, want Niels moat nedich 18
op de kompjûter om syn motorcrossspultsje te spyljen. Niels stjoert de motorrider oer allerhanne bulten en kûlen, dy makket soms rare nekslaggen mar stapt wer fleurich op. En ja hear, dêr is de finish level 3 is helle op nei nûmer 4. Niels, ik fûn it hartstikke leuk om dy fan alles te freegjen, bedankt! En in soad sukses mei de swimles (mar dat komt wol klear)
SINNICH MEI SINNE Naar aanleiding van de gehouden informatie avond over zonnepanelen en zonnecollectoren zijn de geïnteresseerden door ons in december en januari middels de mail benaderd. Wij wilden graag wat meer inzicht krijgen in de hoeveelheid zonnepanelen van hen die mee willen doen in het collectief. Dit om bij een offerte aanvraag redelijk de omvang van het aantal zonnepanelen dan wel het gevraagde stroomvermogen in watt piek aan te kunnen geven. Er zijn nu ca. 25 belangstellenden die hebben aangegeven in ca. 375 panelen geïnteresseerd te zijn. Met deze informatie zijn meerdere offertes aangevraagd voor zonnepanelen, de prijzen voor zonneboilersystemen moeten per geval bekeken worden, hiervoor volgt een offerteronde nadat de keus gemaakt is voor een leverancier van de zonnepalen. Wij hopen begin maart de offertes binnen te hebben. Dinsdagavond 26 maart as. om 20.15 uur willen wij weer een informatie avond beleggen in het dorpshuis te Nijemirdum. Hier willen wij de beste uitgebrachte offertes presenteren en met de belangstellenden bespreken. Wellicht zijn hier een of twee leveranciers bij aanwezig die ook de nodige informatie gaan uitwisselen. Tijdens dit schrijven is net de KIWA met het nieuws naar buiten gekomen dat lang niet alle producten voldoen aan de juiste kwaliteit. Deze informatie gaan we zeker meenemen bij de beoordeling van de uitgebrachte offertes. Als commissie zijn wij ingenomen met het aantal concrete belangstellenden in zonnepanelen en zonnecollectoren. De belangstellenden die bij de commissie bekend zijn worden per mail voor de informatie avond uitgenodigd. Zij die niet bij de cie. bekend zijn of niet bij de vorige informatie 19
avond konden zijn maar wel interesse hebben worden ook van harte uitgenodigd voor de as. informatie avond. U kunt zich dan, maar zeker ook later nog, vrijblijvend opgeven om mee te doen in het collectief. Voor vragen of verdere informatie kunt u altijd een mail sturen aan
[email protected] en natuurlijk kunt u ook de cie. leden aanspreken. Wij hopen tot ziens op dinsdagavond 26 maart as. om 20.15 uur in het dorpshuis in Nijemirdum. De commissie Sinnich mei Sinne, Jan van der Tol, Roelof Jorritsma, Ronald Schouten en Rienk Nadema (namens dorpsbelang)
SISWIZE FAN DE MOANNE
Elkenien nimt mij sa’t ik bin, no ik noch
20
DE STIPERS Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht wurde: Paul Baas Harmen en Lieske Bangma Albert en Jeannet Bekedam Bauke Beukens Willem Beukens Doede Bosma Harm van Bommel Jan Buma Johan A. Dijkstra Jelle Eppinga Henk en Lian de Graaf Arjan Hendriks Halbe Hielkema Tryntsje de Jong-Rienstra Ede Groenhof Siska Kroondijk Cees en Johannes v.d. Meer Henny Muis Hendrik Postma Marijke Postma Douwe en Froukje Prins Fam. K. Rienstra Runia Fourage BV Runia Transport BV Esther Thibaudier Jan-Dirk van der Tol VandeLinde Associates Earnst P. Veenstra Annoesjka de Vries De Vries
De Klussenbaas Camping De Groninger Melkveehouderij/luxe appartementen Garant Zaden Onderhoud & timmerbedrijf Klussenbedrijf Straetus Incasso Buma Handel Dierenarts Boomkwekerij Koeienmuseum/melkveehouderij SDS Balk Startmotoren en dynamo’s Bouw- en onderhoudsbedrijf Kapsalon Tryntsje Transportbedrijf/verhuizingen Kroontje Grafisch Ontwerp & Vormgeving Van der Meer Mechanisatie Stucadoorbedrijf Motorenrevisie/reparatie It Kniphúske Bakkerij Prins, Harich Beheerders dorpshuis (Klein)diervoeders, aardappelen enz. Transportbedrijf Salon “Moai” Feedcentre B.V. Journalistieke Producties Hovenier Pedicure Slagerij, Oudemirdum
De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste tongersdei fan 'e moanne by de minsken thús komt.
21
AGINDA 27 febrewaris: Ledegearkomste lokaalferiening 2 maart: 60-jierrich jubileum Doarpshûs 16 maart: Bingo 26 maart: Informatieavond Sinnich mei Sinne, 20.15 uur. 30 april: Fytstocht en playbackshow 27, 28 en 29 juny: Doarpsfeest 18 maaie: Rommelmerke Elke tongersdei fan 11.00 oant 12.15 oere is de Lytse Byb iepen op de Stapstien. Elke 3e sneon fan ‘e moanne wurdt it âld papier ophelle.
IT FOLGJENDE KRANTSJE ferskynt op tongersdei 28 maart 2013 KOPIJ YNLEVERJE foar tongersdei 21 maart 2013 by ien fan de redaksjeleden in e-mail stjoere kin ek:
[email protected]
22