DOARPSNIJS Nûmer 363
maaie 2013
1
KOLOFON “Doarpsnijs” is in útjefte fan de Feriening foar Doarpsbelang Nijemardum en ferskynt op elke lêste tongersdei fan de moanne. It earste krantsje kaam út yn april 1982. Kopij foar “Doarpsnijs” kin oant in wike foar de ferskining ynlevere wurde, dus oant de op ien nei lêste tongersdei fan ‘e moanne. Op dy dei is der in redaksjegearkomste en wurdt it krantsje gearstald. De redaksje: Wiepkje Holtrop Hedwig Beukens Annie de Kleine Jantsje Akkerman Tiete Bangma Coby Hospes
Lyklamawei 49 Hege Bouwen 2a Lyklamawei 34 Lyklamawei 27 Heaburgen 26 Lyklamawei 23
571310 572278 571364 571889 571980 571855
E-mailadres:
[email protected] Website: www.nijemardum.nl
It bestjoer fan Doarpsbelang: Yme Wiersma (voorz) Omrin 1 571557 Bauke Beukens (secr.) Hege Bouwen 2a 06-24140972 Gerrie van der Veen Omrin 10 572019 (penningmeester, bankrek. 3052.44.159) Sjoukje Kramer Wissebuurt 12 571785 Joop de Vries Lyklamawei 15 571956 Piet Rienstra Omrin 2 571866 Rienk Nadema Hege Bouwen 25 572101 E-mailadres buurtplysje:
[email protected]
2
BERNE Op 11 maaie 2013 is berne: Hoite Anthonius Cees Alders Maartje Wildeman en Jeroen Alders, Broerke fan Tonke en Dieuke Lyklamawei 13
BEDANKT Wy wolle elkenien hertlik tank sizze, foar alle felisitaasjes, kaarten, blommen en kado's dy't wy krigen ha op ús 25 jierrige troudei. Dat der safolle minsken oan je tinke, wát moai!! Groetnis Thys, Aukje, Albert-Menno en Jetske
BEDANKT Hierbij wil ik, ook namens Anne, iedereen hartelijk bedanken voor de vele kaarten, bloemen, fruit en andere attenties die ik heb mogen ontvangen tijdens mijn verblijf in het ziekenhuis en bij mijn thuiskomst. Jetske en Anne Rienstra
3
WARME KLEINE WERELD Sinds twee jaar heb ik een vervelende aandoening waarbij o.a. mijn mobiliteit behoorlijk is afgenomen. Mijn familie woont ver weg, maar wat een fijne mensen heb ik om me heen. Ritjes naar het ziekenhuis in Sneek of Groningen. Altijd was er wel iemand die wilde en kon rijden. De gekste dingen kon ik even niet, maar dan was er wel weer iemand. B.v. om wat plakjes kaas te snijden voor de boterham. Mee laten eten, soep of een ovenschoteltje langs brengen. Boodschappen doen, niks was te gek. Nou wordt mijn tuin onderhanden genomen, onkruid wieden, oude troep weg, nestkastjes opgehangen, nieuwe aanplant. Wat voel ik mij gelukkig dat ik hier in een dorp woon waar men je kent en helpt daar waar nodig is. Wat voel ik mij rijk dat ik al deze mensen mag kennen. Ik hoop dat dit een prachtige zomer wordt zodat al deze lieve mensen eens in het zonnetje worden gezet. Willy
COLLECTE De jaarlijkse collecte tijdens de Nationale Hartweek van 14 t/m 20 april heeft in Nijemirdum € 412,65 opgebracht. De Nederlandse Hartstichting bedankt haar collectanten en gevers van harte voor het behalen van dit goede resultaat! Tj. Baukema Altena
4
HA JIM IT AL HEARD? Stiet by jim de kalinder ek sa fol?Goh, om my kinne der wol mear oeren yn in dei.. of soe ik gewoan earder fan ‘t bêd komme moatte? Skoalreiskes, rommelmerk, volleybal, avondvierdaagse… en it doarpsfeest sjit ek alwer aardich op. Foardat we it witte sitte we alwer yn it bûtenlân en sit it skoaljier der wer op. De skoalwike dy`t master Bode sa`n 40 jier lyn opsette, bestiet spitigernôch net mear. It wie altyd in hiel gesellige wike foar hiel Nijemardum. Der barde alle dagen wol wat. Wat fleagen der altyd moaie foksen troch it doarp. Foksen dy`t de hinnen mei rêst lieten en de minsken oan it laitsjen makken. Hawar, tiden ha tiden.. al bliuwt it spitich.. no moat ik ek ophâlde te eameljen. Ien fan ús markante ynwenners sil Nijemardum ferlitte, gelokkich wol libben! Sieger Beukens fan de Sintel giet ynkoarten nei Balk. Syn hiele libben hat hy hjir wenne. Mar hjir is ‘ t ek wer: tiden ha tiden. “It hat moai west” seit hy, “ik sil my yn Balk ek bêst fermeitsje”. No, dêr sit ik ek net oer yn, mar wy sille him hjir wol misse. Soene we him fan ‘t simmer noait mear by see of yn ‘e bosk omskarreljen sjen yn syn blaubaitsje? Ja dochs wol? Ik hoopje tenminsten fan wol en oars moatte we der goed omtinke as we yn Balk by de Teernstrabrêge lâns ride. Dan sil Sieger wol gauris op it ligersbankje sitte. Goh, wat treffe dy oare meiligers dat.. wat sille se dêr in wille ha. Balk fleuret op!! In hiel goede tiid tawinske Sieger!! De jierlikse rommelmerk wie ek wer in grut sukses. Wat hiene we wer in soad rommel, mar gelokkich ek in soad keapers. 250 minsken hellen in stimpel by Rozema!! It assortimint wie wer grut, der wie foar elk wol wat. 5
Ek in moaie “loopband”. Paul Baas hie dêr wol sin oan. “Goh, draafst wol faker?” frege ik.. “Nee ik niet, maar het lijkt me wel handig voor de hond. Dan hoef ik die niet meer uit te laten..” En hoe wie it dochs mooglik: Sjan[5] wie har bril kwytrekke. Neidat har heit en mem alles ôfsocht hienen en harren der al by deljûn hienen, fûn Halbe by it opromjen it lytse briltsje wer tusken de lampen en tv`s… Dit wie it wer foar dizze kear, oare kear wer mear. Groetnis WTHP>
ZATERDAGAVONDEN DORPSHUIS I.v.m. te weinig animo om de zaterdagavonden uit te gaan in ons eigen dorp, zijn we met ingang van 1juni a.s. ZATERDAGS GESLOTEN. Dorpshuis Nijemirdum (in september gaan we weer open) Klaas en Harmke
VERHUISD Nadat we in 1991 uit Nijemirdum vertrokken, hebben we naar alle tevredenheid al die jaren in Balk gewoond. Vanwege onze gezondheid zijn we nu verhuisd en wel naar Bos- en Meerzicht in Oudemirdum. Het adres is: Jan Schotanuswei 102-9, 8567 HH Oudemirdum. Ons telefoonnummer is ongewijzigd gebleven. Piet en Ineke Bode 6
HOE SOE IT NO MEI ..ús âlde garde wêze? In skoftke lyn betocht de redaksje fan it Doarpsnijs dat it miskien wol aardich wêze soe om út en troch ris in fraachpetear te hawwen mei minsken dy’t jierren yn Nijemardum wenne ha en letter “op keamers “ yn in fersoargingshûs gien binne. Ik naam kontakt op mei Rinske Yntema. Sy wenne dik sechtich jier yn Nijemardum en no al wer goed fjouwer jier yn Talmahiem yn Balk. Lêze jo it Doarpsnijs? “Jawis, ik krij it oer de post tastjoerd. No’t de eagen minder wurde, lêst buorfrou Jeltsje it my altyd foar. Dy krijt it krantsje fan Aldemardum, mar dat is lang sa moai net hear.(!!!) Soe ik by jo komme meie foar in fraachpetear? In fraachpetear mei my??? Dat ha ‘k noch nea betocht…. Eh ja, wêrom ek net? Kom mar op in jûn, want dan haw ik it wol oan tiid.” In goed wike letter skarrelje ik yn ‘e gongen fan Talmahiem om. Nûmer 006. In klopke op ‘e doar…“Kom der mar yn!” Frou Yntema set daliks útein as ik de famyljeportretten besjoch. “Dat binne de bern mei harren bern en bernsbern. Dy foto’s binne fan in pear jier lyn hear”. Ut in doaze wurde foto’s fan lytse poppen socht…., “ik ha 19 beppesizzers en no al 20 oerbeppesizzers”. Wy jouwe ús del yn maklike stuollen. Myn skriuwblok yn ‘e oanslach….. No Frou Yntema, hoe is it mei jo hjir yn Talmahiem? Ik ha it hjir prima nei ’t sin. It is krekt in hotel. Ha jo wat nedich, dan drukke jo op ‘e belle en dan komt der ien om help te bieden. Ik ha gjin tel ûnwennich west fan Nijemardum en hie hjir al gau maten. Fedde’ Neel en Frou Otter en Nardus’ Gryt wennen hjir ek. Doe’t ik besletten hie om my by Talma ynskriuwe te litten, duorre it net iens sa lang en der wie al in keamer foar my . It kaam my suver wat oer it mêd. Men kriget dan mar in pear dagen betinktiid. “Mem, it hoecht noch net hear” sei ús Douwe, mar ik ha it wol dien. Myn eigen âlden ha hjir ek wenne en sa bêst nei ’t sin hân. It like my wol goed ta om de oerstap te meitsjen en ik ha der gjin spyt fan. 7
It wie wol in grutte feroaring tink? Dan rekket Rinske op ‘e tekst oer har libben yn Talma. Sy fertelt sûnder ophâlden en fol fjoer oer it kofjedrinken en it iten, de tsjerketsjinst op snein, de gimmestyk ende bingo. De kofje yn ‘e túnseal en it sjongen. It sjoeljen en it dûsen. De fragen by de harsensgimmestyk en de libbensfragen by it bibellêzen. It spuljen en scrabbeljen. It fytsen, by moai waar mei frijwilligers bûtendoar op dy “dûbele” fytsen. It optreden fan muzyk- en sjonggroepen……… (sitte der wol genôch dagen yn in wike?) “Troch al dy aktiviteiten ûntsteane goede kontakten mei de oare bewenners . Soks is sa belangryk”. Sy sprekt ek mei waarme wurden oer al har bern dy’t sa goed foar har binne en hast alle wiken by har oanwippe. It lizzen fan kontakten giet jo goed ôf. Hat dat altyd al sa west? Ik kom út in grutte húshâlding en ik mocht graach mei oare bern boartsje. Wêr binne jo berne? Rinske Yntema is op 26 augustus 1926 berne yn ‘e Hommerts Watfoar oplieding ha jo dien? Ik ha de legere skoalle dien en doe moast ik oan it wurk by Bakker Bootsma. By in boer yn ‘e Hommerts ha ik it melken leard. Ik mocht dat graach dwaan. Letter bin ik nei in boer yn Tirns ferhuze. Moarns en jûns melke en oerdei yn ‘e húshâlding oan it wurk. It wie doe oarloch en der ha ek wol Dútsers oer de flier west. Wy koenen it bombardemint fan it spoar hiel goed sjen en mei de befrijing ha wy yn Snits feest fierd. It wie in spannende tiid, mar we hienen ek wol wille. Wiene jo net ûnwennich of bang? Nee, want ik bin altyd goed troch myn bazen behannele. Ik fielde my wol feilich by harren. Wat woene jo as bern graach wurde? Húsfrou. En dat is wol slagge net? Rinske krige ferkearing mei Rients Rienstra fan Aldegea W. Sy trouden en setten harren te wenjen yn de bakkerij fan Theunis Klompmaker op ‘e Lyklamawei yn Nijemardum. (Gert en Tjitske Baukema wenje der no) Dus earst as bern by bakker Bootsma en doe as frou fan ‘e waarme bakker Rienstra oan ‘e slach? Jawis, mar ik fûn dat moai hear. Wy hienen de winkel en ik sutele middeis wol mei bôleguod op ‘e Bouwen en Nij Amearika. Wy krigen seis bern. Us Douwe, 8
Piet, Paul en Jannie wenje yn Nijemardum, ús Jeltsje yn Himmelom en Jetse yn Aldemardum. Doe’t ús Douwe in jier as trettjin wie, binne wy opholden mei de bakkerij, want der moast fanalles fernijd wurde. Rients koe by Lankhorst yn Snits oan ‘e slach. Dat wie in grutte feroaring. It wurk fan ‘e bakkerij wie der net mear, mar ik hie al gau in pear wurkhúskes: bij âlde frou Plug en by Homme’Harmke (de smid) en letter wol by Anne en Jetske(Rienstra). Wy brochten doe ek kranten en wykblêden rûn. Ik koe net goed thús sitte. Us Jannie kin dat ek net. Rinske rekke wer yn ferwachting: tsien jier nei Jetse waard der noch in jonkje berne. It popke wie net sûn en hat mar in pear wiken libbe. Us Douwe siet doe al yn tsjinst. Yn it begjin fan de tachtiger jierren kaam der in húske frij op Heaburgen en doe binne wy ferhuze. Us Piet wenne yn Sondel, mar hy woe wol wer nei Nijemardum, dus dy hat ús hûs kocht. In nije start. Rients en Rinske hienen in hiel drok bestean hân mei 6 opgroeiende bern. It slagge harren net langer om tegearre ûnder ien dak te libjen. Der moast ferromming komme. Rients besocht yn Aldemardum in nij bestean op te bouwen en Rinske bleau op Heaburgen. De bern stipen beide âlden tige om har libben wer op ‘e rails te krijen. Spitigernôch hat Rients doe noch mar in pear jier libbe. “De bern en bernsbern ha my troch dy drege tiid hinne sleept” seit Rinske en dan begjint se opnij mei in gloedfol petear oer al har beppesizzers dy’t hast alle dagen by har op Heaburgen oer de flier kamen en dy’t se it spuljen leard hat. Se kamen ek faak te iten en letter kampearden sy by my yn ‘e tún. Dizze Beppe wie doe hast in twadde mem? (Wêr soe Jannie op lykje?) Ik ha in soad op harren passe, en mei wille. De beppesizzers, dy’t foar in grut part tichteby wenje, komme no ek noch gauris yn Talma op besite. Ha jo noch tiid om tillefyzje te sjen of boeken te lêzen? Omdat myn eagen sa min binne ha ik in spesjale bril krigen. Ik folgje it nijs wol wat en de spultsjeprogramma’s: Lingo,Twee voor Twaalf ensa. Boeken lêze kin net mear, mar der binne ek “luisterboeken.” Watfoar muzyk meie jo graach hearre? André Rieu syn optredens binne altyd moai. 9
Wat fine jo in grutte ergernis? Froeger wienen der oare noarmen. Wy sprieken âlderen, de dokter en de dûmny net oan mei “ do”. Der wie mear ôfstân, mar ek folle mear respekt. Tsjintwurdich is dat soms fier te sykjen en dat is spitich. Ha jo faak mei fakânsje west? Mei ús Jeltsje en Jan nei Seelân en mei myn suster nei Drinte. Fierders ha Rients en ik in kruser hân yn ‘e Hommerts en dêr gyngen wy mei te farren. Soe it Frysk oer 100 jier noch bestean? It mei net ophâlde. Op in pear nei, prate al myn beppesizzers Frysk. Wat soenen jo net misse kinne yn jo wenkeamer? Myn rollator. Ik doar net mear “los” te rinnen. Wêr tinke jo mei nocht oan werom? Oan alles hast wol, mar myn “tienertiid”, dy wie moai. Al wie it oarloch, wat hienen wy in wille. Ik soe it sa oerdwaan wolle. Wêr soenen jo noch graach hinne wolle? Nei Nijemardum. Wy fiere dêr myn jierdei altyd. Alle bern en bernsbern en myn bruorren en susters komme dan. Mei myn tachtichste jierdei hat ús Piet in fotoboekje makke fan it feest. Dat is in prachtich oantinken wurden. Wolle jo fierder noch wat sizze tsjin de minsken fan Nijemardum? Och nee, ik ha dêr safolle moaie kontakten hân en no ek noch. Ik belje noch geregeld mei guon…, mar ik bin hjir no sa “op myn plak”. Ik soe sizze: ”doch se allegearre de groetnis mar fan my”. By it oerein gean sjoch ik op ‘e klok: “Is it al hast njoggen oere? Dan ha wy hast twa oeren sitten te praten!? ” Ja Annie, myn mûltsje is noch goed” seit Rinske. Se bringt my nei de resepsje. “Sa, om in oere as healwei tsienen komt der ien om my op bêd te helpen. Ik nim noch in pear piltsjes en dan lekker sliepe.” Wy nimme ôfskied. Rinske Yntema, jo ha mei jo húshâlding in soad betsjutten foar Nijemardum. Tige tank foar alles en noch in goede tiid yn Talma tawinske! Annie de Kleine 10
WA BIN IK ? It wie dreech te rieden diskear. Minsken seagen der wol wat bekends yn mar it dûbeltsje woe net falle. Guon fregen dan ek om in" hint", mar dan koe ik allinne mar sizze: " jimme kinne him goed", want as ik ferklapte dat er graach in prûmke mei, wist elkenien dat it Sieger Beukens wie. Sieger koe noch moai efkes meidwaan oan ús fotorubryk, want ynkoarten sil er it yn Balk besykje. Diskear mar 4 nammen yn de hoed: Kobus ‘Jo, Minke Roelevink, Roelie Veen en Jeltsje Hoekstra. De sûkerbôle giet nei Roelie Veen. En dan dizze kear wer in fleurich moai famke:
Jantje 11
Hallo Nijemirdum! Het feest is alweer in aantocht en daarom willen wij jullie even op de hoogte stellen van een paar veranderingen! Op donderdagavond is zoals altijd de optocht en die zal beginnen om 7 uur. Zo is bijvoorbeeld de 50+ middag verzet naar de vrijdagmiddag 28 juni. Dit keer gaan we naar DE museum inJoure waar we een rondleiding krijgen in het museum met na afloop natuurlijk een heerlijk kopje koffie met wat lekkers!! Erg leuk natuurlijk! Wie mee wil graag voor 17 juni as opgeven bij: Tryntsje de Jong-Rienstra, Lyklamawei 33, tel. 0514-571116 of 0514-851909 We vertrekken om half 2 vanaf het dorpshuis en u kunt uw DE punten meenemen als u dat wilt want ook die kunnen worden ingeleverd. Vrijdagavond blijft het toneelstukje staan.
Zaterdagochtend om half 10 begint voor de kinderen van de basisschool de kinderochtend, we verwachten alle kinderen!!(bij afwezigheid graag bericht!!) Ook horen natuurlijk alle kinderen die niet hier op de basisschool zitten er bij!! Voor de peuters hebben we een speelruimte gemaakt en is er een springkussen zodat die zich ook kunnen vermaken. En om 11 uur begint de strijd tussen de buurten en maken we er met z’n allen weer een gezellige dag van! Zaterdagavond kunnen we weer gezellig swingen in het dorpshuis!! Om dit alles mogelijk te maken komen we week 25 (17-25 juni)langs voor een vrijwillige bijdrage. 12
Een richtlijn is € 7,50 p.p. voor jong en oud. Wij hopen dat jullie er net zoveel zin in hebben als wij!! Als er nog vragen zijn dan horen wij het graag! Groetjes uw feestcommissie. Wiepie Hoekstra Ans Bosma Sander Mollema Yke van der Wal Hendrik Jan Postma Harm van Bommel Tryntsje de Jong
GJIN WIZE RIE OAN WIZE MINSKEN It is al gau sa fier, dan ha wy it Doarpsfeest en moatte de wize minsken fan Nijemardum har de holle wer brekke oer de fragen en opdrachten yn it ûnderdiel “Raad der Wijzen”. By it feest fan 2000 ha wy, dat wol sizze Paul Rienstra en Jan Albada, fan te foaren in stikje yn it doarpskrantsje setten mei tips en (stille) winken. Dêr hawwe guon buerten – net allegearre! - tankber gebrûk fan makke. Ien buert ferskiet punten trochdat se ús stikje net serieus nommen hiene. Wy soene dat stikje fan 2000 suver sa wol wer pleatse kinne, mar dat dogge wy net; wy fertelle no wat ien buert oerkomd is, mei dat se ús rie opfolge hawwe. Ien fan ‘e kearnleden fan ‘e RfW is op in jûn mei syn frou mei in boskje blommen nei dy ferneamde âldmuoike (sjoch nû 332 fan Doarpsnijs) riden. Se koene it âldminske amper, mar it bliek noch in hiel helder en alderaardichst wyfke te wêzen en ek noch wol in bytsje famyljesiik. Al pratende foel de namme Albada en doe ljochten har eagen op en se frege: hat dy man ûnderwizer west? En doe’t er wat útskildere waard - burd, keale plasse – ja, doe wie se der wol wis fan, dat wie deselde dy’t yn Hidaard oan skoalle stien hie. Hja hie him wol troffen by de Bouma’s dêr’t se oan besibbe wie. “Echt hynstefolk, dy Bouma’s”, sei se en har eagen glinsteren glûpsk, “mar ik hie mear niget oan dy frijgeselle ûnderwizer!” 13
It praat kaam ek op har sibben en foarteam; en doe kaam de âlde doaze foar ‘t ljocht: roubrieven en bertekaartsjes, hiele âlde mei de postsegels der noch op fan ien sint en oardel sint en fan twa- en- in- hea (“tredde-heal” sei se!). Der kamen ek âlde berneboekjes foar ‘t ljocht, noch yn ‘e âlde spelling fan loopen mei twa o’s en sa. It waard dy jûne noch let ek, want hja rekke op ‘e tekst oer hár beppe fan memme kant, dy’t út ‘e Wâlden kaam. Hja koe sa smakelik fertelle oer wat se as bern fan dy beppe heard hie, ferhalen út ‘e foarfoarige ieu, oer foartsjirmerij bygelyks en begangels. By it fuortgean moasten se belove gauris wer te kommen en se krigen de groetnis mei foar dy Jan Albada en se moasten mar tsjin him sizze, dat as er der belang by hie dan mocht er wol ris yn dy “âlde doaze” sjen, wa wit siet der wat gaadliks foar him by, ja, hy moast mar ris del komme. Dat lêste “kommen” is him net mear wurden, dat earste “kommen” al: nei har begraffenis. In pear wike nei dy besite krige hja in oerhaal en binnen trije dagen wie se wei. By it lytse tsjerkje fan Jouswier is se te hôf brocht. In neef fan har wie boelberêder en dy hie gjin each foar âldheden – alles is op ‘e brânbult kommen! Is ‘t net in griis? Ja, sa kin it gean. Paul en ik binne no drok dwaande mei it betinken fan fragen en opdrachten, Paul de drege en ik de maklike (nou ja, Paul beweart krekt oarsom!) Wy hoopje op in moai feest en in spannend, hektysk, stresserich, mar boppe-al gesellich “Raad der Wijzen”. Mei de groetnis, ek fan Paul Rienstra,
Jan Albada
ROMMELMARKT NOK Vrijdag 14 juni van 17.00 tot 19.30 uur rommelmarkt bij NOK op Sportpark De Skelp in Oudemirdum. Wiepie 14
Beste dorpsgenoten, Op woensdag 26 Juni a.s. van 15:00 – 20:00 uur is een ieder van harte welkom voor een bezoek aan ons melkveebedrijf. Misschien wilt u/willen jullie wel eens zien en weten: -Hoe een koe automatisch wordt gemolken -Hoe een ‘kalvertaxi’ er uit ziet of -Duurzame landbouw, wat betekent dat in de praktijk? Gedurende deze dag is de groepsaccommodatie open voor een kop koffie, thee of limonade. Graag tot ziens! Familie Albert en Jeannet Bekedam Hoitebuorren 12
OPROEP!!!! We hebben eigenlijk nog enkele personen nodig die bij ons de herhalingscursus BHV willen volgen om het door te laten gaan. Het gaat uit van het Nordwincollege (voorheen AOC). 10 JUNI EHBO 17 JUNI BRAND Voor opgave bel met Harmke Rienstra 571606
15
HOE IS IT NO MEI ....... Ditkear fyts ik de Sintel yn, ik ha in ôfspraak mei Hindrick Willem Strampel. In jonge dyst altyd fleanen sjochst...Sintel yn, Sintel út. Hindrick is krekt 23 jier wurden en wennet op Heaburgen 1 mei syn heit Jan, mem Sietske en jongere broer Simon Ale. Om hûs skarrelje wat hinnen, geiten, kninen enkealtsjes. Yn ‘e hûs leit de herdershûn hearlik te gnoarren. Praatst altyd Frysk? Ja, as it heal kin wol, mar as immen Hollânsk tsjin my begjint te praten, dan nim ik dat gau oer. Wat foar oplieding hast dien? Ik ha op it Groenhorstcollege yn Emmeloord de oplieding MBO Landbouw en Veeteelt dien. Dat wie in 4 jierrige oplieding. Doe’t ik klear wie bin ik direkt nei Nij Seelân gien. Dêr ha ik in jier taholden. Dêrnei haw ik de kursus Management training Melkveehouderij dien yn Oentsjerk. Nei it beheljen fan myn diploma mocht ik my “ bedrijfsleider” neame. Hast dêr ek wurk yn fûn? Ik wurkje no yn Balk by feehâlderij Albada. En dat befalt goed? Jaseker, hartstikke leuk en moai tichtby. Kinst der moarns wat ôfkomme? Ja, as ik nei it wurk moat wol, mar as ik der net ôf hoech, dan kin ik it hiel lang daaie. Wat foar muzyk fynst moai? Fan alles wol. Ik gean fan`t simmer nei Bruce Springsteen ta mei myn maten. Dêr ha ik wol sin oan. En countrymuzyk mei ik ek graach hearre. ..yeahh ofcourse, dat hat hy faak heard yn Kanada en Nij Seelân. Wêr sjochst graach nei op tv? Earlik sein sjoch ik hast noait nei de tv. Fynst Nijemardum in moai plak om te wenjen? Jaseker wol. Tinkst datst hjir noch wol ris wei giest? Ik tink net dat ik hjir altyd 16
bliuw te wenjen, mar wol yn Gaasterlân. En net oer de grutte plasse? Dat hie ik altyd wol wat by dy tocht.. Nee, ik fûn it hartstikke moai, dy bûtenlânske aventoeren, mar ik soe net emigrearje kinne. Famylje en freondin fyn ik wol hiel belangryk. Wat fynst noch mear belangryk yn it libben? Sûnens en dat it je goed giet. Dat je de dingen dwaan kinne dy’t je graach dwaan wolle. Hoe let komst wykeins meastal thús? As ik melke moat dan gean ik meastal net fuort. En oars is`t mar krekt wat der te dwaan is. Hoe fynst it dat der wolris wat fernield wurdt by it stappen? Ja, als de drank is in de man…Ik tink dat we allegear wolris wat dien ha en dan de oare deis wekker wurde fan ..oh ja..dat hie net moatten. Mar echt dingen ferniele, dat kin fansels net.. Hast ek in hobby? Froeger sei ik altyd: melke is myn hobby.. mar dat is no net mear sa. Ik hâld de sneon no wol frij foar oare dingen. Lekker wat ompiele en ik ha myn eigen kij ek noch yn de Sintel rinnen. Ja, Hindrick hat in leaf Koudumer Beantsje troffen en dêr stekt hy no syn tiid yn. Hy hat sels in hinnehok foar syn skoanmem makke as ferrassing foar memmedei.. No, dêr kinne de measte skoanmemmen dochs allinne mar fan dreame.. Sitst ek op club? Ik soe dizze fraach oerslaan, mar Hindrick fertelde dat hy yn it nije jier club jaan sil.. en dan wierskynlik yn Sondel. Wêr meie se dy midden yn de nacht foar wekker meitsje? Allinne foar keallerij en oars moatte se my mar lekker sliepe litte. Hast ek in muzykynstrumint? Ja, in blokfluit, mar dêr spylje ik net mear op. Ik soe wol hiel graach gitaarspylje wolle, mar it leafst soe ik dan wolle as ik it yn ien kear koe. Ik ha net safolle geduld…dat is wolris jammer. Makkest wolris iten klear? Thús einliks noait, mar ik kin it wol. Yn Nij Seelân moasten wy ús wol rêde, alhoewol ‘t wy dêr ek wer de taken ferdield hiene. Ik dyng meastal de wask en húshâlding en de oare mannen stiene 17
yn ‘e keuken. Ik ha ien kear lasagne makke. Dêr ha se it noch hieltyd oer…Hoesa, seach it der net út as lasagne? It seach der wol út mar it smakke wat oars leau ik..[hij laket]. Dochst ek oan sport? Nee, ik ha in blau moandei op fuotbaljen sitten en hynsteriden ha ik ek noch besocht, mar dat wie it ek net. Wêr giest hinne op fakânsje? Ik gean it leafst nei it bûtenlân, tintsje mei en lekker kampearje yn ‘e bergen. Wêr soest hiel graach nochris hinne wolle? Nei Australië, Nij Seelân en Amearika liket my ek noch wol ris leuk. Wat op dy grutte bedriuwen omsneupe. Wy binne der alwer trochhinne, bedankt Hindrick foar dyn tiid en de kofje. It wie gesellich en wy binne wer hiel wat gewaar wurden.. Wiepkje
SINNICH MEI SINNE Ondertussen is het overgrote deel van de deelnemers voorzien van een offerte. Op een paar mensen na die afwijkende wensen hebben en waar iets meer tijd gaan zitten in het zoeken naar oplossingen. Mochten er mensen zijn die nog geen offerte gehad hebben neem dan even contact met ons op via onderstaand emailadres zodat wij even kunnen navragen waar het mis is gegaan. Zodra de installaties geïnstalleerd zijn willen wij mensen die een PV installatie hebben laten plaatsen iedere maand op de 1e dag van de maand een mail sturen om de opbrengst van de panelen aan ons door te geven. Dit om een overzicht te krijgen van de werking van de systemen en als controle om afwijkingen op te sporen (niet goed werkende omvormers of storing in een paneel bijv.) Wij hopen op een (voor)spoedige plaatsing van de installaties en een zomer met veel zonneproductie. 18
Na de zomer willen we als commissie in gaan steken op andere duurzame oplossingen, zoals o.a. isolatie, energiebesparing etc. de datum en het programma voor de volgende informatieavond word t.z.t. bekend gemaakt. Voor vragen of verdere informatie kunt u altijd een mail sturen aan
[email protected] en natuurlijk kunt u ook de cie. leden aanspreken. Met vriendelijke groet, Commissie Sinnich mei Sinne Jan van der Tol, Roelof Jorritsma, Ronald Schouten en Rienk Nadema (namens dorpsbelang)
FAN DE REDAKSJE It docht ús deugd dat wy op ús gearkomste fan 23 maaie 2013 Coby HospesPietersma wolkom hjitte mochten as nij lid fan de redaksje.
Wachtsje net oant de stoarm foarby is, lear dûnsjen yn’e rein.
19
DE STIPERS Mei tank oan de folgjende minsken/bedriuwen kin Doarpsnijs elke moanne útbrocht wurde: Paul Baas Harmen en Lieske Bangma Albert en Jeannet Bekedam Bauke Beukens Willem Beukens Doede Bosma Harm van Bommel Jan Buma Johan A. Dijkstra Jelle Eppinga Henk en Lian de Graaf Arjan Hendriks Halbe Hielkema Tryntsje de Jong-Rienstra Ede Groenhof Siska Kroondijk Cees en Johannes v.d. Meer Henny Muis Hendrik Postma Marijke Postma Douwe en Froukje Prins Fam. K. Rienstra Runia Fourage BV Runia Transport BV Esther Thibaudier Jan-Dirk van der Tol VandeLinde Associates Earnst P. Veenstra Annoesjka de Vries De Vries
De Klussenbaas Camping De Groninger Melkveehouderij/luxe appartementen Garant Zaden Onderhoud & timmerbedrijf Klussenbedrijf Straetus Incasso Buma Handel Dierenarts Boomkwekerij Koeienmuseum/melkveehouderij SDS Balk Startmotoren en dynamo’s Bouw- en onderhoudsbedrijf Kapsalon Tryntsje Transportbedrijf/verhuizingen Kroontje Grafisch Ontwerp & Vormgeving Van der Meer Mechanisatie Stucadoorbedrijf Motorenrevisie/reparatie It Kniphúske Bakkerij Prins, Harich Beheerders dorpshuis (Klein)diervoeders, aardappelen enz. Transportbedrijf Salon “Moai” Feedcentre B.V. Journalistieke Producties Hovenier Pedicure Slagerij, Oudemirdum
De famylje Kramer soarget derfoar dat it krantsje elke lêste tongersdei fan 'e moanne by de minsken thús komt.
20
AGINDA 28 en 31 maaie: 14 juny: 26 juny: 27, 28 en 29 juny: 17 augustus: 31 augustus: 14 septimber:
Volleybaltoernoai Rommelmerk NOK Iepen dei Fam. Bekedam Doarpsfeest Tobbedûnsje, Eastersee Fiskwedstriid Frijmerk
Elke tongersdei fan 11.00 oant 12.15 oere is de Lytse Byb iepen op de Stapstien. Elke 3e sneon fan ‘e moanne wurdt it âld papier ophelle.
!!!!! It folgjende krantsje ferskynt op tongersdei 4 july 2013
KOPIJ YNLEVERJE foar tongersdei 20 juny 2013 by ien fan de redaksjeleden in e-mail stjoere kin ek:
[email protected]
21